Eastenryk
Eastenryk is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Wenen en de presidint fan de republyk is sûnt 2017 Alexander Van der Bellen. Mei in flakte fan 83.879 km2 is Eastenryk net folle grutter as Skotlân en lytser as Portugal. De steatsgrins is 2.706 kilometer lang en it lân hat sa'n 8,6 miljoen ynwenners. It lân is ûnderferdield yn njoggen bûnslannen.
Republik Östterreich | |
Folksliet: Land der Berge, Land am Strome "Lân fan de bergen, lân by de rivier" | |
Haadstêd | Wenen |
Offisjele taal | Dútsk |
Steatsfoarm | Parlemintêre republyk |
- presidint | Alexander Van der Bellen |
- regearlieder | Karl Nehammer |
Unôfhinklikheid | 1918 |
Oerflak | 83.879 km² |
- wetter | 1,7% |
Ynwennertal | 8.823.054 (2018) |
Befolkingstichtens | 104 ynwenners/km² |
Muntienheid | Euro (EUR) |
Tiidsône | MET (UTC+1) |
- simmertiid | MEST (UTC+2) |
Nasjonale feestdei | 26 oktober |
Ynternetdomein | .at |
Telefoan | +43 |
ISO 3166 | AT, AUT, 040 |
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeEastenryk hat in meinskiplike grins mei:
- Dútslân (816 km) yn it noarden,
- Tsjechje (466 km) yn it noardeasten,
- Slowakije (107 km) yn it easten,
- Hongarije (356 km) yn it súdeasten,
- Sloveenje (330 km) yn it suden,
- Itaalje (430 km) yn it súdwesten,
- Switserlân (166 km) en Lychtenstein (35 km) yn it westen.
De folsleine steatsgrins is 2.706 kilometer lang.
Lânskip
bewurkje seksjeEastenryk is fan west nei east likernôch 573 km, fan noard nei súd 294 km. Yn it westlike diel leit in korridor fan sa'n 60-70 kilometer fan noard nei súd. It lân hat in oerflak fan 83.879 km2.
Beskiedend foar it gea binne de Alpen dy't mear as de helte fan it lân beslagge. De heechste berch is de Großglockner mei 3797 meter. Oare hege bergen binne de Wildspitze (3768 m), de Weißkugel (3739 m), de Großvenediger (3674 m), de Hintere Schwärze (3628 m) en de Similaun (3606 m). Yn it easten bylâns de rivier de Donau wurdt it lânskip karakterisearre troch gloaiend hichten en flakten dat in diel foarmet fan it Pannonysk Bekken en it Hongaarsk leechlân. It leechste punt fan Eastenryk is Hedwighof yn Burgenlân mei 114 meter boppe seenivo.
De wichtichste rivieren binne de Donau (350 kilometer troch Eastenryk) en syn sydrivier de Inn mei leechflakten fan greiden en ikkers. Oare grutte rivieren binne de Salzach, Enns, Drau en Mur. De Rine foarmet de westgrins mei Switserlân. Skipfeart is lykwols allinnich op de Donau mooglik. In protte rivieren wurde foar enerzjysintrales brûkt. Eastenryk hat ek in protte marren. De grutsten binne de Bodensee, dy't Eastenryk mei Dútslân en Switserlân dielt, en de Neusiedler See yn it Burgenland.
Klimaat
bewurkje seksjeIt lân kin yn trije klimaatsônes yndield wurde. It alpine klimaat yn de bergen is mei in protte delslach. De simmers binne dêr koart en relatyf kâld, de wintertiid is lang mei in protte sniefal. Yn it heuvellân en op de flakten is sprake fan in lânklimaat. Atlantyske ynfloeden (westewyn) bringe simmerdeis faak stoarm en ferkuolling, yn 'e winter rein en snie. By drûge wyn út it easten binne de simmerdagen hyt en de winter oanhâldend kâld, faak mei dize oer de flakten en sinne yn 'e bergen. It hjerstwaar is meastal relatyf kalm en relatyf waarm. De Pannonyske flakte hat in lânklimaat mei folle minder delslach as it westen fan it lân. Nei in koarte maitiid folget in hite simmer mei mar in bytsje rein sadat de boaiem tige útdrûget. De hjerst is alsa like drûch, de winters binne dêr relatyf kâld.
Skiednis
bewurkje seksjeIt hjoeddeiske Eastenryk is in Dútsk oerbliuwsel fan in grut en machtich keizerryk, dat oant yn hjoeddeisk Roemeenje en Oekraïne rikte en dat regearre waard troch de Habsburgers. Keizer Frâns Joazef kaam yn 1848 op de troan. Yn 1867 waard it lân omfoarme ta de Dûbeldmonargy; fan doe ôf hiet it Habsburchse ryk "Eastenryk-Hongarije". It keninkryk Hongarije waard dêrmei formeel lykweardich oan Eastenryk. Nei de moard op troanopfolger Frâns Ferdinand en syn frou Sophie Chotek troch de Bosnyske nasjonalist Gavrilo Princip, laten de reaksjes fan de Dûbeldmonargy en syn tsjinstanners en bûnsgenoaten yn 1914 ta it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich. Nei't it lân de oarloch ferlern hie foel yn novimber 1918 de Dûbeldmonargy útelkoar en waard de republyk Dútsk-Eastenryk útroppen.
De nije koalysjeregering fan kristlik-sosjalen en sosjaal-demokraten stie ûnder lieding fan de matige sosjaal-demokraat Karl Renner. Hy stribbe nei de stifting fan in nij 'Grut-Dùtsk Ryk' dêr't Eastenryk dan ek wer part fan wêze soe. Syn motivaasje wie lykwols ekonomysk, net nasjonalistysk. By it fredesferdrach fan Saint Germain waard it Eastenrykske grûngebiet desimearre. De Entente wiisde in anschluss (oansluting) mei Dútslân fan de hân. Fan midden jierren tweintich waard Eastenryk regearre troch de kristlik-sosjalen fan bûnskânselier Ignaz Seipel, wylst Wenen yn hannen fan de sosjaal-demokraten bleau.
Yn 1931 waard de kristlik-sosjaal dr. Engelbert Dollfuss bûnskânselier. Sûnt 1933 regearre Dollfuss as diktator. De ûnôfhinklikens fan Eastenryk waard sûnt 1933 mei de opkomst yn Dútslân fan Hitler slim troch Dútslân bedrige, dat as beskerming ferbûn Dollfuss him mei it faksistyske Itaalje fan Mussolini. Op advys fan Mussolini ferbea Dollfuss de Eastenrykske NSDAP (Nazy's) en de sosjaal-demokratyske party. Yn febrewaris 1934 foel de Eastenrykske Bundeswehr steunt troch paramilitêre groepen de Weenske arbeiderswyk oan om it sosjalisme te brekken. Dit rûn op in koarte mar fûle boargeroarloch út, dy't yn it foardiel fan it regear besljochte waard. Nei it ferslaan fan de sosjalisten fierde Dollfuss in korporatyve grûnwet yn. Yn july 1934 waard Dollfuss by in mislearre nazi-steatsgreep fermoarde. Syn opfolger wie Kurt von Schuschnigg. Von Schuschnigg fierde deselde polityk as Dollfuss. Yn 1936 kaam in toluny mei Dútslân ta stân. Dútslân ferklearre doe noch dat it de soevereinens fan Eastenryk respektearje soe, mar yn febrewaris 1938 waard bûnskânselier Von Schuschnigg, by Hitler roppen. De Führer drige mei in militêre ynvaazje, as Eastenryk him net frijwillich by Dútslân oanslute soe. Earst woe Von Schuschnigg gjin belies jaan foar de druk, mar op 11 maart 1938 joech er it regear oer oan de nasjonaal-sosjalist Arthur Seyss-Inquart. Dizze stimde yn mei de anschluss, dy't op 12 maart 1938 syn beslach krige.
Nei de anschluss krige Eastenryk de namme Ostmark en waard it in provinsje fan it Tredde Ryk. Nei de Twadde Wrâldkriich waard Eastenryk troch de Alliearden beset en krektas Dútslân yn fjouwer besettingssônes opdield: in Britske, in Frânske, in Amerikaanske en in Sowjetrussyske sône, en krekt as mei Berlyn barde dat ek mei Wenen. Oan de sônes kaam yn 1955 in ein middels it Eastenrykske Steatsferdrach. Dêrby stelde de Sowjetuny it betingst dat Eastenryk him foar altiten neutraal ferklearje moast.
De earste nei-oarlochske bûnskânselier wie deselde Karl Renner dy't ek yn 1918 kânselier west hie. Al gau waard er bûnspresidint. Oant 1966 waard Eastenryk regearre troch koalysjes fan de ÖVP (kristen-demokraten) en SPÖ (sosjaal-demokraten). Soms wie de liberale FPÖ ek part fan in koalysje. Yn 1966 kaam der in kristen-demokratyske ienheidsregear, ûnder bûnskânselier Josef Klaus, yn 1970 folge troch in sosjaal-demokratysk ienheidsregear fan bûnskânselier Bruno Kreisky. Dy lêste stribbe nei in sosjalistyske wolfeartssteat nei Sweedsk model. Fan de jierren tachtich ôf oant 1999 waard Eastenryk wer regearre troch kristen-demokratyske/sosjaal-demokratyske koalysjes. Yn 1999 wûn de FPÖ de ferkiezings. Dy FPÖ waard sûnt it oprjochtsjen, yn de jierren fyftich, bedobbe mei âld-nazi's en oare ekstreem-rjochtse lju. Jörg Haider, FPÖ-partijlieder en gûverneur fan Karinsje, soarge der foar dat de FPÖ in koalysje mei de ÖVP fan Wolfgang Schüssel foarme (febrewaris 2000).
Demografy
bewurkje seksjeEastenryk hie yn 2006 likernôch 8,3 miljoen ynwenners. De haadstêd Wenen hat mear as 1,6 miljoen ynwenners (stêdekloft fan 2.2 miljoen), in fearnspart fan it ynwennertal fan Eastenryk. De twadgrutste stêd is Graz dêr't sa'n 250,000 minsken wenje. Oare grutte stêden binne Linz (189,000), Salzburch (150,000), en Innsbruck (117,000). Alle oare stêden hawwe minder as 100,000 ynwenners.
88,6 % fan de ynwenners hat Dútsk as memmetaal. De grutste allochtoane talen binne Turksk (2.3%), Servysk (2.2%), en Bosnysk (0.4%). De Slovenen yn Karinsje, de Kroaten en Hongaren yn Burgenland, binne erkend as minderheid.
Polityk
bewurkje seksjeBestjoerlike iendieling
bewurkje seksjeDielsteaten (Bundesländer) mei haadstêd:
|
Ynternasjonale gearwurking
bewurkje seksjeEastenryk is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1956 fan de Rie fan Jeropa en sûnt 1995 fan de Jeropeeske Uny.
Militêr
bewurkje seksje- Struktuer
De Eastenrykske definsje hat in lânmacht en loftmacht.
- Mankrêft
Yn 2005 wienen der 1.914.800 Eastenrykske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 1.550.441 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2005 wienen dat der 48.967.
- Budzjet
Militêr budzjet $1,5 miljard (fiskale jier 2001/02).
Persintaazje fan it BYP 0,9 % (2004).
Ekonomy
bewurkje seksjeBYP per persoan is $39.300 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 1,6% lânbou, 30,3% yndustry en 68% tsjinsten.
Transport
bewurkje seksjeWichtichste havens binne Enns, Krems, Linz en Wenen. Wenen hat it grutste fleanfjild fan Eastenryk. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.
Eastenryk hat (2006):
107.262 km ferhurde dyk.
6.383 km spoardyk.
358 km farwetter.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeDielsteaten fan Eastenryk | ||
---|---|---|
Burgenland • Karinsje • Neder-Eastenryk • Opper-Eastenryk • Salzburg • Stiermarken • Tiroal • Vorarlberg • Wenen | ||
· · |
Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Réunion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |