Rinse Brink
Rinse Brink (folút: Rinse Jan Hendrik Brink; Hornhuizen, 15 augustus 1894 – Ljouwert, 22 augustus 1980) wie in Frysk keatser en predikant dy't yn 'e iere tweintichste iuw trije kear de PC wûn. Teffens ried er de Alvestêdetocht fan 1917. Brink wurdt no sjoen as ien fan 'e alderbêste keatsers út 'e skiednis, benammen wat it opslaan oangiet. Boppedat waard er by syn libben algemien as ien fan 'e sympatykste keatsers beskôge. Nei't er syn yn syn amt befêstige wie as dûmny, keatste er lykwols nea wer.
Rinse Brink | ||
keatser | ||
Rinse Brink | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Rinse Jan Hendrik Brink | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 15 augustus 1894 | |
berteplak | Hornhuizen | |
stjerdatum | 22 augustus 1980 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynfo | ||
sport | keatsen | |
PC | 1912, 1914, 1916 (kening) | |
debút | 1912 | |
karriêre-ein | 1920 | |
wichtige prestaasjes | ||
NK keatsen foar senioaren: 2× twadde priis Jong Nederlânpartij: 1× twadde priis PC: 1× trêde priis NK keatsen foar senioaren: 1× trêde priis |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en komôf
bewurkje seksjeBrink waard yn 1894 berne yn it Grinslânske doarp Hornhuizen, dêr't syn heit doe stie as dûmny. Hy kaam út in laach dat foartiid al generaasjes efterinoar withoefolle predikanten levere hie. In pear jier nei syn berte ferfear it gesin nei Easterlittens, yn 'e doetiidske Fryske gemeente Baarderadiel, dêr't Brink syn heit 38 jier dûmny fan 'e pleatslike Nederlânsk-herfoarme gemeente wêze soe. Brink groeide op yn Easterlittens, dêr't er it keatsen al ier learde op it doarpsplein en yn it lân efter it molkfabryk. Yn 'e grutte tún fan 'e pastorij beskikte er suver oer in priveekeatsbaan, dêr't er himsels mei opsetsin oefene yn it opslaan. Letter stied er bekend om syn hege opslachballen.
Keatsen
bewurkje seksjeYn 1912, doe't er noch mar santjin jier wie, wûn er mei Sikke de Vries fan Harns en Sybolt M. Tigchelaar fan Dronryp de PC yn Frjentsjer. Tigchelaar waard dat jiers ta kening útroppen, mar neffens keatskenners hie dat Brink wêze moatten. Nei de simmer fan 1912 sette Brink oan 'e Ryksuniversiteit Leien útein mei in stúdzje teology. Hoewol't er yn Leien lid waard fan in keatsferiening, betsjutte dat dat er lang net oan alle keatspartijen yn Fryslân meidwaan koe, sadat er minder punten sammele as oars it gefal west hie. Fan 1914 ôf sette er syn oplieding fuort oan 'e Ryksuniversiteit Grins, mar dat feroare net folle oan syn keatssitewaasje.
Yn 1913 behelle er mei syn partoer in twadde priis op 'e Jong Nederlânpartij. Yn 1914 einige er mei Hendrik van Haitsma fan Frjentsjer en Germ Hoitsma fan Berltsum op it trêde plak by in ynternasjonale keatspartij yn Snits, dy't holden waard op 21 maaie. Letter dat jiers wûn er mei Germ Hoitsma en Rein Zaagemans fan Wytmarsum op 'e nij de PC. Hoitsma waard útroppen ta kening. Op 8 augustus 1915 behelle Brink mei Catharinus Werkhoven fan Wytmarsum en Klaas Faber fan Raerd in dielde earste priis op in ynternasjonale keatspartij yn Sondel. Ek einige er dat jiers op it twadde plak op 'e Bûnspartij foar senioaren.
Yn 1916 kaam Brink op 'e Bûnspartij foar senioaren net fierder as in trêde plak, mar op 25 juny fan dat jier wûn er mei André Rienstra fan Snits en Sikke de Vries fan Harns in ynternasjonale keatspartij yn Snits. Boppedat wûn er de PC dat jiers foar de trêde kear, no mei Ids Roukema út Harns en August van Lierde, in Belgysk militêr dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch yn Hurderwyk ynternearre wie. Diskear waard Brink einlings ta kening fan 'e PC útroppen.
Neitiid kaam Brink yn 1919 net fierder as in fyfde plak op 'e Bûnspartij foar Senioaren, mar it jiers dêrop behelle er mei syn partoer by dyselde keatspartij de twadde priis. Yn 1920 einige er by de PC nochris op it trêde plak. Letter dat jiers naam er yn Dokkum ôfskie fan it keatsen, wêrby't er medaljes krige foar de fierste boppeslach en foar de measte boppeslaggen. Yn totaal hied er doe twa keningskippen wûn en 116 punten foar it Ivich Keatsklassemint sammelen.
Reedriden
bewurkje seksjeBehalven in keatser wie Brink ek in talintearre reedrider. Hy die yn 1917 mei oan 'e Trêde Alvestêdetocht (doe't de rûte noch tsjin 'e klok yn ferriden waard). Hy ried oerenlang mei in groepke op kop yn 'e wedstryd, oant by Snits ien fan 'e oare riders kaam te fallen. De man rekke mei de holle it iis en ferlear it bewustwêzen. As oankommend predikant wie it Brink dy't syn oerwinningskânsen opoffere om by de ferwûne man te bliuwen oant der help kaam. Nettsjinsteande in efterstân fan stikmannich minuten kaam er yn Ljouwert dochs noch as sechstjinde oer de finish.
Fierdere libben
bewurkje seksjeYn 1921 kaam Brink as Nederlânsk-herfoarme predikant yn Kimswert te stean. Hy troude dat jiers ek mei in Jurrina Bouman. Letter stie Brink noch yn Borger, Ruinerwold, Wergea en Wurdum. Yn 1957 gied er fanwegen sûnensswierrichheden betider as gewoan mei emeritaat, wêrnei't er him mei de frou yn Bilthoven fêstige. Dêr fielde er him lykwols net thús, en nei in pear jier ferhuze it pear nei Ljouwert. Brink besocht elts jier trou de PC, hoewol't dy faak op 'e jierdei fan syn frou foel. Hy kaam yn 1980 yn 'e âlderdom fan 86 jier yn Ljouwert te ferstjerren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|