Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip

De Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip (Ingelsk: Shakopee Mdewakanton Dakota Community) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Minnesota.

Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip
Ingelsk Shakopee Mdewakanton Dakota
   Community
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Minnesota
haadkertier Prior Lake (Minnesota)
etnisiteit Eastlike Dakota
ledetal 330 (2010)
oprjochting 1886 (erkend 1969)
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat Shakopee Mdewakanton Ynd.res.
lokaasje súdeastlik Minnesota
oerflak 8,1 km²
ynwennertal 660 (2010)
offisjele webside
www.shakopeedakota.org
kaart
Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip (Minnesota)
Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Minnesota.

Algemien bewurkje seksje

In alternative namme is: Shakopee Mdewakanton Sû Mienskip (Shakopee Mdewakanton Sioux Community). De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1886, hat 330 leden, en it haadkertier is fêstige yn Prior Lake, yn Minnesota. De leden besteane út etnyske (Sioux), allegearre Eastlike Dakota, foar it meastepart fan 'e Mdewakanton-stamme, mei in hantsjefol Wahpekûte.

Reservaat bewurkje seksje

It reservaat fan 'e Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip is it lytse Shakopee Mdewakanton Yndianereservaat (Shakopee Mdewakanton Indian Reservation) fan súdeastlik Minnesota, dat in oerflak hat fan mar justjes mear as 8 km², en dêr't yn 2010 likernôch 660 minsken wennen (sawol blanken as Yndianen).

Skiednis bewurkje seksje

De Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip is ien fan fjouwer lytse, federaal erkende Sû-stammen yn súdlik Minnesota, dy't de restanten foarmje fan 'e Eastlike Dakota, de oarspronklike bewenners fan dat gebiet. Nei de Dakota-Oarloch fan 1862 waarden hja lykwols foar it meastepart út har heitelân wei deportearre nei de Dakota's en Nebraska, al namen party eigener beweging de wyk nei Kanada. Yn 1886 waard foar de Shakopee Mdewakanton-mienskip foar it earst in reservaat stifte, mar it duorre noch oant 1969 ear't se ek wier-wier federale erkenning krigen.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota