Snare (roman)
Snare is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Katharine Kerr. De titel betsjut: "Strûp", yn 'e sin fan in stik tou of izertried dat men yn it ramt fan 'e jacht útset om in wyld bist te fangen. It boek fertelt it ferhaal fan trije minsklike beskavings op in planeet dy't ek bewenne wurdt troch in wrâldseigen soarte yntelliginte bûtenierdske wêzens. De foarâlden fan 'e minsken rekken yn it ferline strâne op dy planeet en hawwe in systeem opset om harren neiteam en de wrâldseigen befolking útinoar te hâlden mei regels en leagens. Achthûndert jier letter stoart dat systeem yn. Snare is in op himsels steande roman, dy't yn itselde optochte universum spilet as de eardere romans Palace (1996), skreaun troch Kerr en Mark Kreighbaum, en The Eyes of God (1998), skreaun troch Kreighbaum allinnich. Snare waard yn 2003 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Voyager.
Snare | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Katharine Kerr | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2003, New York | |
oarspr. útjwr. | Voyager | |
kodearring | ||
ISBN | 0 00 64 80 39X |
Foarwurd
bewurkje seksjeDe skriuwster, Katharine Kerr, foege in koart foarwurd oan Snare ta, wêryn't se útbringt dat it ferhaal omtrint it jier 4200 spilet. Hja merkt fierders op dat de lêzer foar 't neist gewaarwurde sil dat de talen dy't yn it boek oan 'e oarder komme, Hirl-Onglay, Tekspeak, Vranz en Kazraki, basearre binne op it Ingelsk (twa kear), it Frânsk, resp. it Arabysk, dêr't se ek wier fan ôfstamje. De likenis is dizenich om't der ûnderwilens safolle tiid ferrûn is en libbene talen altyd feroarje. Boppedat hawwe se yn 'e tuskentiid de ynfloed fan ferskate bûtenierdske talen ûndergien. Op deselde wize hawwe ek de religyen dy't yn it ferhaal beskreaun wurde, ntl. de islaam en de Tsjerke fan 'e Iene God, dat in ferraning fan kristendom en joadendom is, troch de tiid hinne feroarings ûndergien. Yn it foarwurd sprekt Kerr har oprjochte hoop út dat hjoeddeistige leauwenden dêr gjin oantsjit oan nimme sille en wiist se derop dat it ferhaal poere fiksje is.
Yndieling
bewurkje seksjeSnare is yndield yn trije dielen:
- Part One: The Faithful ("Diel Ien: De Leauwenden")
- Part Two: The Lost ("Diel Twa: De Ferdwaalden")
- Part Three: The Damned ("Diel Trije: De Ferflokten")
Boppeneamde yndieling is de iennichste opdieling fan it ferhaal, mei't haadstikken ûntbrekke en de tekst fierders sûnder ûnderbrekking trochrint. De titels fan 'e trije dielen lykje te slaan op 'e Kazrakken en de Stammen (Diel Ien), de Kantonneurs (Diel Twa) en de Chof (Diel Trije). In epilooch, mei as titel The Fourth Prophet ("De Fjirde Profeet"), slút it boek ôf.
Beskriuwing fan 'e planeet Snare
bewurkje seksjeDe wrâld hat mar ien kontinint, in pangeä of superkontinint, dat yn it westen tsjin 'e destruktive gefolgen fan ekstreem tij beskerme wurdt troch in rige barriêre-eilannen. It superkontinint hat de foarm fan twa hannen mei de fingers rjochtút en byinoar, wêrby't de 'tomme' fan 'e rjochterhân tsjin 'e 'pink' fan 'e lofterhân oan holden wurdt. Yn 'e 'palm' fan beide hannen, fier fan eltse kust ôf, strekke har reuseftige woastinen út, mar eastlik en westlik dêrfan lizze berchtmen, heuvels en flakten, begroeid mei lânseigen fegetaasje dy't fariëarret yn kleur fan fiolet en pears oant maginta.
Yn it noardwesten leit it grutkhanaat Kazrajistan, dat de westlike útein fan 'e noardlike lânmassa beslacht. De ynwenners, de Kazrakken, sprekke Kazraki. It binne fromme oanhingers fan 'e islaam sa't dy harren leard is troch de trije profeten: Mohammed, de stifter fan 'e islaam; mûlla Agvar, dy't de Kazrakken út 'e oerhearsking fan demoanen befrijde en harren nei it nije lân ta fierde; en Kaleel Mahmet, dy't it grutkanaat ynstelde. De manlju meitsje mank de Kazrakken de tsjinst út, wylst froulju net yn tel binne. De Kazrakken leauwe dat se 800 jier lyn yn skippen nei Kazrajistan ta kommen binne fan oer see, fan in oar kontinint yn it westen. Yn Haz Kazrak, de haadstêd, regearret op 't heden grutkhan Gemet. Under syn bewâld rottet Kazrajistan fan binnenút. Hy hat al syn bruorren en healbruorren fermoardzje litten doe't er oan 'e macht kaam, en eltse utering dy't mooglikerwize útlein wurde kin as it tsjinsprekken fan 'e grutkhan leveret de deastraf op nei lange martelings. De geheime plysje fan 'e grutkhan, de Utkarden, binne oeral. De riken fûterje en kleie, wylst it sljochtwei folk ta de biddelstêf brocht wurdt troch de swiere belestings dy't Gemet opleit.
Fier nei it easten, dêr't it lân begjint op te dragen nei de bergen dy't de skieding foarmje mei it woastinige binnenlân fan it kontinint, lizze de Kantonnen (Bredanee, Burgunee, Dordan en Pegaree). Dêr wenje de Kantonneurs, dy't Vranz sprekke en foar it meastepart ateïsten binne, hoewol't in minderheid de Tsjerke fan 'e Iene God foarmet. Manlju en froulju hawwe yn harren kultuer gelikense maatskiplike status. De Kantonneurs binne 800 jier lyn yn dit part fan 'e wrâld arrivearre, en se hâlde út dat se yn 'e mande mei de Kazrakken fan oersee kommen binne om't dat sa fêstlein is yn 'e kêsten fan it Lâningsferdrach. Temûk witte se lykwols dat se eins mei fleanende skippen út 'e romte kommen binne, in oantins dy't oan 'e universiteiten yn Sarla en Kors en Nannes libben holden wurdt. De Kantonneurs hawwe griene planten dy't nearne oars foarkomme en fjouwerpoatige blaffende bisten dy't shens hjitte. Harres is in stjerrende beskaving dy't weromsjocht nei it ferline en de oarspronklike kolonisten ferflokt om't dyselden om ûndúdlike redens safolle kennis mei opsetsin ferneatige hawwe.
Tusken Kazrajistan en de Kantonnen yn strekke har ûnbidich grutte flakten út, dy't it domein binne fan 'e nomadyske Stammen. Dy sprekke Hirl-Onglay en hingje in eigen polyteïstyske religy oan wêrby't seis ûnderskate goaden fereare wurde. De Stammen leauwe dat se sûnt it oanbegjin fan 'e wrâld op 'e flakten libbe hawwe. Hja swalkje om yn groepen fan fyftich oant hûndert minsken, dy't comnees neamd wurde. Tusken sokke comnees besteane gauris fetes, dy't fan generaasje op generaasje oerdroegen en útfochten wurde. De Stammen fokke hynders, dy't it besit fan 'e froulju binne. De kearn fan in comnee wurdt foarme troch in groep froulju dy't allegearre besibbe binne. Manlju wurde achte om, as se folwoeksen wurde, by de comnee wei te gean en har by in oare comnee te jaan. De maatskiplike status fan manlju, dy't ûntliend wurdt oan harren feardichheden as jagers en krigers, is dúdlik leger as dy fan 'e froulju.
Yn 'e heuvels beëasten de Kantonnen en op 'e flakten, middenmank de Stammen, libje de Chof, dy't troch de minsken ChaMeech neamd wurde. Dat binne blauwe oant pearse wêzens twa oant twa en in heale meter lang, mei twa pear skonken en ien pear earms. Har holle is grut, mei twa pupillen ûnderinoar yn elts each. Troch minsken wurde de ChaMeech ornaris as net folle better as bisten beskôge, mar se brûke spearen en hawwe in eigen taal, hoewol't it stimlûd fan 'e manlju te leechtoanich foar it minsklik ear is om te hearren. Se binne oan ien wei troch yn oarloch mei de Kazrakken, dy't har yn 'e tiid fan 'e oprjochting fan it grutkhanaat de súdwestkust ôfnommen hawwe en teffens de eastlike provinsje dy't no Andjaro hjit. Fierder nei it easten ta hawwe se 400 jier lyn it fyfde Kanton, N'Dosha, ûnder de foet rûn en, neffens de Kantonneurs, oan 'e lêste minske ta útmoarde. Sûnt bestiet der in wapene frede tusken de ChaMeech en de Kantonneurs. Op 'e flakten geane de Stammen en de ChaMeech inoar út 'e wei, mar tusken harren hawwe nea swierrichheden bestien.
Ynhâld
bewurkje seksjeDiel Ien: De Leauwenden
bewurkje seksjeYn Haz Kazrak arrivearret in tsjoender út 'e Kantonnen, in man dy't Yarl Soutan hjit. Hy hat in brief by him dy't rjochte is oan riedshear Indan Alwazir en kaptein Idres Warkannan. De skriuwer is harren deawaande freon Jezro Khan, in healbroer fan grutkhan Gemet, dy't tsien jier earder, doe't er as ofsier by de kavalery oan 'e grins mei de flakten tsjinne, troch de Utkarden fermoarde wêze soe yn opdracht fan grutkhan Gemet. It docht bliken dat de moardners harren taak ferprutst hawwe. In swierferwûne Jezro flechte de flakten op, dêr't er oantroffen waard troch in comnee. De leden dêrfan fersoargen syn wûnen en ferpleegden him oant er opbettere. Dêrnei naam er de wyk nei de Kantonnen, dêr't er sûnt yn ballingskip libbe hat.
Alwazir en Warkannan spanne gear mei de widdo Nehzaym Wahud en Warkannan syn omkesizzer Arkazo Benjamil en begjinne plannen te meitsjen om Jezro Khan út ballingskip te heljen en yn it stee fan Gemet op 'e troan fan it grutkhanaat te bringen. Dêrfoar lizze se hoeden kontakten mei oare Kazrakyske foaroanlju, ûnder wa de grutgrûnbesitters yn 'e provinsje Andjaro, dy't histoaryske redens hawwe om 'e grutkhan te haatsjen. Ek behelje se Lubahva Shiraz yn harren dwaan, in muzikante oan it hof fan 'e grutkhan, war har âldelju op befel fan Gemet fermoarde binne. Warkannan en sy brûke harren temûke relaasje as dekmantel foar klandestine moetings wêrby't Lubahva de ynformaasje oan him trochjout dy't se as de spionne fan 'e gearspanners yn it paleis opdien hat. Warkannan-en-dy fertsjustermoanje harren aktiviteiten troch te bearen dat Soutan harren in lânkaart brocht hat mei it fynplak fan 'e mytyske branje dy't 'stienkoal' hjit. Se rjochtsje in ûndernimming op om 'e fiktive stienkoalmyn te eksploitearjen.
De Utkarden krije lucht fan 'e gearspanning om't it sa ûngewoan is dat immen út 'e Kantonnen wei alhiel nei Kazrajistan reizget. Ien fan ofsieren fan 'e geheime plysje, Zahir Benumar, hat mei Warkannan yn 'e kavalery oan 'e grins tsjinne. Hy kin de kaptein as in tige from en folslein rjochtskepen man, dy't it nea yn 'e kant sette soe tsjin 'e autoriteiten dy't troch God boppe him pleatst binne. Benumar ûntpraat syn oerhearrigen dêrom it arrestearjen en ûnderwerpen oan martelings fan Warkannan-en-dy. Ynstee wurdt besletten om Benumar derop út te stjoeren nei de Kantonnen om Soutan nei te lûken.
Om't Kazrakken net nei de Kantonnen reizgje, moat dêrfoar in oannimlik ferlechje betocht wurde. Under de falske identiteit fan in kavalery-ofsier dy't Zayn Hassan hjit, giet Benumar nei Blosk ta, in garnizoensplak oan 'e grins dêr't de comnees ienris yn 't jier delkomme om harren oerstallige hynders oan 'e Kazrakken te ferkeapjen. Op basis fan in troch de Utkarden falsifisearre arrestaasjebefel wurdt er dêr troch de autoriteiten oppakt foar de ferlieding fan 'e frou fan in oerhearrige. Hy wurdt ûnearfol ûntslein út it Kazrakske leger en kriget yn it iepenbier de liifstraf fan tweintich swypslaggen. As er neitiid ferrêde fan pine en amper noch oansprekber troch de stêd doarmet, nimt in geasteruter fan 'e Stammen, in froulik sjamaan dy't Ammadin hjit, him mei nei it kamp fan har comnee om him te fersoargjen. Hja wie tsjûge fan 'e liifstraf en rekke ûnder de yndruk fan Zayn syn selsbehearsking doe't de man it nea útskreaude fan pine. De folgjende wiken betteret er stadichoan op. Hy bliuwt by de comnee fan Ammadin, dêr't er meitiid akseptearre wurdt as de tsjinstfeint fan 'e geasteruter.
Fia Lubahva berikt Warkannan-en-dy it nijs dat de Utkarden ûndersyk dogge nei harren groep en dat der in spion útstjoerd is om it spoar fan Soutan werom te folgjen nei de Kantonnen. Se begripe dat se no fluch hannelje moatte, want as de Utkarde spion yn 'e Kantonnen gewaarwurde soe dat Jezro Khan noch libbe, soed er grif war dwaan om dy flater te korrizjearjen en de khan út 'e ljochten te helpen. Warkannan en syn omkesizzer Arkazo sette mei de ûnsympatike Soutan ôf om oer de flakten nei de Kantonnen te reizgjen en de spion foar te wêzen. Se geane yn Andjaro oan by de grutgrûnbesitter Kareem Alvado, dy't in liedende posysje yn 'e provinsje ynnimt en ien fan 'e wichtichste stipers fan 'e gearspanning tsjin grutkhan Gemet is. De soan fan Alvado, Tareev, jout him by it selskip. Fjouweresom sette se ôf oer de flakten.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Zayn, dy't Ammadin en har comnee inkeld brûkt om 'e flakten oer te stekken nei de Kantonnen, begjint him geandewei wat beswierre te fielen oer syn bedroch. Dat boazet gâns oan as er fereale rekket op Ammadin en in hechte freonskip slút mei ien fan 'e jagers, Dallador, de man fan Ammadin har bêste freondinne Maradin. Der is mar ien lid fan 'e comnee mei wa't er net oer de wei kin en dat is de jonge jager Palindor. Dyselde hat in eachje op Ammadin en sjocht Zayn as in obstakel om 'e geasteruter foar him te winnen, ek al hat Ammadin yn net mis te fersteane bewurdings oanjûn dat se neat fan him hawwe moat. Lang om let rint de sitewaasje sa út 'e hân dat Zayn in duël foarstelt tusken himsels en Palindor. De ferliezer sil dan de comnee ferlitte moatte. Palindor stimt dêrmei yn. By it gefjocht boartet Zayn mar wat mei Palindor om, want hy is troch de Utkarden jierrenlang traind yn manearen om lju te deadzjen en de jonge jager makket tsjin him gjin skyn fan kâns. Palindor moat úteinlings belies jaan en riidt beskamme fuort. Letter moetsje Warkannan-en-dy in comnee dêr't de op wraak sinnende Palindor him by oansletten hat. Sadree't de jonge jager foar it ferstân kriget dat de Kazrakken neat goeds yn 't sin hawwe mei Zayn, jout er him by harren.
Underwilens hat Ammadin har eigen swierrichheden. As geasteruter hat se it geastlik wolwêzen fan 'e comnee op 'e noed, mar it falt har hieltyd swierder om dêrfoar soarch te dragen om't se sels har twifels hat. In foarbyld binne de seis goaden fan 'e Stammen, dêr't eltse geasteruter lytse godsbyldsjes fan meitôget. Dy goaden binne fan útinoar rinnende foarm. Ien is dúdlik in minske, wylst twa oaren in dizenich minsklik stal hawwe. Mar de griene hat skobben ynstee fan in hûd en in kylfoarmige snút, wylst de lytse swarte kiuwen oan wjerskanten fan it boarst hat. De fjirde liket wol inkeld in torso te wêzen, oprizend út in ûndúdlike massa en mei gouden plakjes dy't eagen foarstelle moatte. De fyfde hat wjukken op 'e rêch dy't reuseftich binne yn ferhâlding ta it fragyl lykjende lichem mei in grut tal skonken. En de sechsde is in reuseftige wjirm mei tentakels oan 'e iene útein en in skulp oan 'e oare. Wêrom hawwe ús goaden sokke tipelsinnige foarmen? is in fraach dy't Ammadin dwaande hâldt.
Oare fragen fan harres hawwe te krijen mei de wurking fan 'e magyske kristallen bollen dy't alle geasteruters hawwe en dêr't se harsels en harren comnee yn weromsjen kinne, mar altyd fan boppenôf en net as it bewolke is. Ek it stelsel fan doemen begrypt se net. Wêrom is it doem om in griene plant dy't woartelsketten hat op 'e flakten gewurde te litten of om 'e saneamde geaste-aaien sels mar oan te reitsjen, dy't yn in beskate tiid fan it jier út 'e Mistlannen fia de Grutte Rivier ôfdriuwe nei see? De riedsels wurde foar Ammadin inkeld grutter as der fia har kristallen immen kontakt mei har opnimt dy't harsels 'Wetterfrou' neamt. De kommunikaasje is dreech, mar Ammadin begjint op in stuit te fermoedzjen dat se net mei in minske, mar mei in ChaMeech praat. As se dat planút freget, befêstiget Wetterfrou dat. Har wiere namme is Keevachartalchiri, dat oerset wurde kin as "wetterfrou". Se seit dat se kristallen krigen hat fan Sibyl, immen dy't se omskriuwt as "in stiennen frou", dy't yn in grot fier nei it easten ta libbet. Wetterfrou freget Ammadin har help by it tsjinhâlden fan 'e plannen fan 'e tsjoender Yarl Soutan, dy't neffens har fan doel is om it Kazrakske leger nei de eastkant fan 'e flakten ta te lieden op 'e siik nei de Ark fan it Ferbûn.
Om't Zayn him, as ûnderdiel fan syn dekmantel, foardocht as ien dy't yn Kazrajistan neat hat om nei werom te kearen, is it logysk dat er tahapt as Ammadin en de lieder fan har comnee, Apanador, him oanbiede om him as in folweardich lid yn 'e comnee op te nimmen. Om't er lykwols nea in 'geastesyktocht' dien hat, de inisjaasjerite dy't alle jonges fan 'e Stammen trochmeitsje om as folwoeksen manlju beskôge te wurden, moat er dat no noch dwaan. Dêrfoar moat er de Mistlannen yn, in troch de oanwêzigens fan waarmwetterboarnen oan ien wei troch yn mist ferhoalen moeras, dêr't de Grutte Rivier ûntspringt. Wylst er dêr ferkeard nei dagen fan fêstjen en ûnder ynfloed fan in hallusinant middel dat Ammadin him tatsjinne hat, sjocht er syn heit werom, like lulk as altyd, en de geasten fan in hiele rige lju dy't troch syn tadwaan troch de Utkarden om hals brocht binne. Ek kriget er in fizioen fan himsels as âldere man dy't alhiel ferbittere is en lossongen fan 'e wrâld. Hy beskôget dat as in teken dat er mei syn libben in oare rjochting út moat.
Wylst Zayn noch op geastesyktocht is yn 'e Mistlannen, wurdt er oanfallen troch Palindor, dy't er sûnder swierrichheden deadet. Yn 'e mist sjocht er mar ien fan 'e Palindor syn Kazrakske maten, de jonge Tareev, dy't er ek deamakket as Tareev him fan syn flechtrûte ôfsnijt. Nei dy jammerdearlik mislearre moardoanslach besykje Warkannan, Soutan en Arkazo om in oare manear te finen om Zayn út 'e ljochten te helpen, mar dat slagget net. Lang om let beslút Warkannan en goai it oer in oare boech troch sa fluch mooglik fierder te reizgjen om Jezro Khan te berikken foar't Zayn sels mar beseft dat Jezro noch libbet.
Werom by de comnee moat Zayn syn fizioenen besprekke mei Ammadin. Om út te lizzen wêrom't syn relaasje mei syn heit sa min is, bychtet er op dat er "duvelsbruod" is, in Kazrakske term foar in minske dy't ien of mear fan 'e tolve kear tolve ferbeane talinten hat dy't it teken binne dat er ferflokt is en duvelsbloed hat. Yn it gefal fan Zayn is dat talint in fotografysk ûnthâld dat sa sekuer is, dat er yn syn holle letterlik "foto's" fan dingen of tafrielen meitsje kin dy't er moannen of jierren letter oant it lytste detail úttekenje kin. Ek kin er elts boek dat er ea lêzen hat, wurd foar wurd opsizze. Doe't oan it ljocht kaam dat er duvelsbruod wie, naam syn heit him mei op sleeptou by de iene nei de oare mûlla lâns, dy't allegearre seine dat er it jonkje deameitsje moast. Zayn waard mishannele troch syn heit, dy't him sloech en úthongere. Ek bedrige er him dermei om him libben te ferbrânen.
Ammadin heart Zayn syn ferhaal oan en hâldt him dan foar dat dat it stomste is dat se ea heard hat. Eltsenien wit dat duvels gjin fysyk lichem hawwe, dus se soene nea bern oansette kinne by minsklike froulju. Zayn is skokt troch dy reäksje, mei't har wurden, hoe logysk ek, yn Kazrajistan ûnbesteanber wêze soene. As Zayn folhâldt dat syn heit nea fan him holden hat, freget Ammadin wêrom't er him dan nea deamakke hat, as er fan eltse religieuze foaroanman te hearren krige dat er dat dwaan moast. En wêrom't er him sloech en úthongere en mei de dea bedrige om him fan syn duvelske talint ôf te helpen en derfoar te soargjen dat er him der stil oer hold en it foar de bûtenwrâld ferburch. Sels rûn er gjin gefaar; wat hied er dan te ferliezen útsein syn soan? Mat dat soe betsjutte, sa beseft Zayn, dat syn heit… Hy kin dy gedachte net folgje ta syn logyske konklúzje.
Diel Twa: De Ferdwaalden
bewurkje seksjeOan 'e eastkant fan 'e flakten berikke Warkannan, Arkazo en Soutan it kanton Bredanee. Warkannan, dy't koartby ta it frijwat ûntstellende besef kommen is dat Soutan wier net goed richtich is, en dat hysels en Arkazo de flakten trochkrúst hawwe mei in gek as gids, wol no wol graach fan 'e tsjoender ôf, mar hy hat noch ferlet fan 'e man om him nei Jezro Khan te lieden. Yn Bredanee fine se earst beskûl by sinyur Alain, in rike stiper fan Soutan, en neitiid liedt de tsjoender syn selskipslju nei grut, oerwoekere ikewâld. Yn 'e midden dêrfan stiet op in iepen plak in grut stânbyld fan Aggnavvachur ("Sielejagerman"), de ChaMeech-god fan 'e dea, dat datearret fan foàr de kolonisaasje fan 'e Kantonnen. Om it byld hinne is in timpel boud, dêr't in moardsuchtige sekte fan Kantonneurs ûnder lieding fan in 'pastoar' Sharl minske-offers oan 'e god bringt.
Underwilens bejout de comnee fan Apanador, dêr't Zayn no in folweardich lid fan is, him nei Nannes, de westlikste stêd yn Bredanee, om 'e oerstallige hynders dy't se net oan 'e Kazrakken kwytkoene, te ferkeapjen oan 'e Kantonneurs. By nacht pykt Zayn út om syn misje foar de Utkarden te ferfoljen, mar Soutan, dy't krekt as de geasteriders oer kristallen beskikt, sjocht him gean en set mei pastoar Sharl-en-dy in mûklaach op. It plan is dat Sharl en syn oanhingers Zayn as minske-offer brûke sille. De fromme Warkannan is it alhiel net mei dy gong fan saken iens, mar Soutan oertsjûget him derfan dat se ferlet hawwe fan 'e help fan pastoar Sharl en dat Zayn de betelling wêze moat dy't Sharl hawwe wol. Zayn wurdt troch in grutte nûmerike oermacht oerweldige en as finzene nei de timpel fierd. Dêr moetet er Warkannan, dy't skokt is om yn Zayn syn âlde freon Zahir Benumar werom te kennen. As Warkannan him freget hoe't er derby kaam om him by de Utkarden te jaan, leit Zayn him út dat er duvelsbruod is, en dat itselde wier is foar alle Utkarden. De lju yn Kazrajistan miene mar dat "Utkarden" betsjut: de "Utkarden fan 'e Grutkhan", mar de wiere betsjutting is "Utkarden fan Iblis" [Iblis is de islamityske namme foar de duvel]. Warkannan set ôf mei Soutan en Arkazo foar't pastoar Sharl-en-dy Zayn by in offerritueel ombringe kinne. Neitiid bidt er oan ien wei troch oan God foar de rêding fan Zayn.
Zayn bliuwt efter yn 'e timpel fan 'e sekte, dêr't him oansein wurdt dat er dy jûns, as alle sekteleden ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster gearkommen binne, offere wurde sil oan Aggnavvachur. Hy mient dat syn lêste oere slein hat en ferwachtet gjin rêding mear. Mar hy hat net goed foar it ferstân wat it betsjut om ta in comnee te hearren: de comnee lit syn leden net sitte. Ammadin hat yn har eigen kristallen sjoen wat der mei Zayn bard is, en al is se poer op him om't er temûk weiwurden is en dêrby ek noch ien fan har hynders stellen hat, dochs riidt se út mei de jagers fan 'e comnee om him te befrijen. De leden fan 'e comnee arrivearje foar tsjuster by de timpel, dêr't se handich ôfweve mei eltse wjerstân en pastoar Sharl en twa fan syn assistinten finzen nimme. Sinyur Alain en in trêde assistint fan 'e pastoar besykje Zayn út 'e wei te romjen foar't er befrijd wurde kin, mar Zayn bringt de preester om en Dallador deadet Alayn. Neitiid, as bliken docht dat pastoar Sharl eins nimmen oars is as Sharlador, in ferballe geasteruter fan 'e Stammen, eksekutearret Ammadin him fuortendaliks troch him de kiel troch te snijen. Net inkeld litte de comnees har leden net sitte, mar se romje ek altyd har eigen ôffal op. As Soutan yn syn kristallen sjocht dat Zayn rêden is troch de comnee, beskôget Warkannan dat as in yngripen fan God.
Werom yn it kamp fan 'e comnee ûnderstiet Ammadin Zayn op lulke toan oer syn geheimen. Hy fertelt har oer de Utkarden en oer syn misje om ûndersyk te dwaan nei Soutan. Ek bringt er syn fermoeden te praat, op basis fan geroften dy't er mank de Stammen heard hat, dat Jezro Khan noch yn libben is. Zayn ken Jezro Khan goed, want hy hat mei him en Warkannan by de Kazrakske kavalery tsjinne. Op Ammadin har fraach oft er fan doel is de man te fermoardzjen, antwurdet er dat er dat sels net wit. Ammadin beslút dat Zayn syn yn 'e Mistlannen ûnderbrutsen geastesyktocht ôfmeitsje kin troch Jezro Khan te sykjen. Pas as er de man yn 'e eagen sjocht, sil er witte hokfoar soarte man oft er sels is. Sels set Ammadin ek de Kantonnen yn foar in moeting mei Wetterfrou, mei wa't se ôfsprutsen hat oan 'e eastkant fan it kanton Burgunee. Wetterfrou hat ûnthjitten om har mei te nimmen nei Sibyl, de 'stiennen frou'. It grutste part fan 'e wei troch de Kantonnen reizgje Zayn en Ammadin tegearre op, en no't der gjin geheimen mear tusken harren yn steane, wurde se minners.
Warkannan, Arkazo en Soutan berikke it wenplak fan Jezro Khan. Dat blykt in lângoed yn 'e neite fan 'e stêd Kors yn it kanton Burgunee te wêzen, dat eigendom is fan 'e smoarrike dookis Marya. Hja is de dochter fan in sljochtwei boer dy't op in dei in opslachplak mei technology út 'e tiid fan 'e kolonisaasje ûntdiek, en syn fortún makke troch dy technology by de tiid lâns by opbod te ferkeapjen. Jezro Khan is har sekretaris. It docht bliken dat er frijwol folslein it bewâld oer it lângoed en it jild hat, mei't Marya in klúznersbestean liedt. Jezro is bliid om Warkannan werom te sjen, mar as dyselde him fertelt oer de plannen om him op 'e troan fan 'e grutkhan te bringen yn it stee fan syn healbroer Gemet, is er net botte entûsjast. Hy hat yn 'e tsien jier dat er yn ballingskip is, in nij libben opboud yn 'e Kantonnen, wêrby't er úteinset is mei it alderienfâldichste wurk en himsels omheech klaud hat ta syn hjoeddeistige posysje. Syn ûnderfinings hawwe fan him in oare man makke as de befoarrjochte prins dy't Warkannan foarhinne koe. Hy seit dat er Warkannan syn plannen yn omtinken nimme sil.
Ammadin en Zayn reizgje ûnderwilens nei Sarla, de haadstêd fan it kanton Dordan. Zayn kriget yn 'e Kantonnen foar it ferstân dat syn oanberne talint foar ûnthâlden it resultaat is fan 'e genetyske manipulaasje fan syn foarâlden ynstee fan seksuele omgong fan in foarmem mei de duvel. Der bestiet in namme foar lju mei talinten lykas sines: 'ynbernen'. Minsken mei in ynberne fotografysk ûnthâld binne 'oproppers', yn 'e sin dat se elts oantinken sekuer oproppe kinne. Yn Sarla nimme Ammadin en Zayn op oanwizing fan 'e âldman Onree út Nannes, oan wa't se oer harren swierrichheden mei Soutan ferteld hiene, kontakt op mei Loy Millou. Hja is in kennismasteresse dy't in foaroansteand plak ynnimt yn it gilde fan 'e kennismasters fan 'e Kantonnen. ('Kennismaster', sa leit se út, is de eigentlike oantsjutting foar dejingen dy't bûten de Kantonnen bekendsteane as 'tsjoenders'.) It docht bliken dat Loy de mem is fan Rozi, in eardere studinte fan Soutan, dy't fassinearre rekke troch syn ideeën, ta proai foel oan syn manipulaasje en úteinlik troch him ferkrêfte waard. Sy wie net de earste fan syn studintes mei wa't er dat die, mar wol de earste troch wa't er yn 'e swierrichheden rekke. Want Loy hat derfoar soarge dat der in arrestaasjebefel tsjin him útfurdige is. Inkeld de beskerming fan syn rike patronesse, de dookis Marya, hat him oant no ta bûten har berik holden.
Loy har stúdzjefjild is de iere minsklike skiednis op 'e planeet dy't de Kantonneurs "Strûp" neame, om't se der bestrûpt rekken en net mear fuortkomme koene. As se heart dat Ammadin ûnderweis is foar in moeting mei in ChaMeech dy't Wetterfrou hjit, freget se Ammadin oft it mooglik is dat sy meikomt. Ammadin nimt dêroer fia har kristallen kontakt op mei Wetterfrou, dy't der gjin beswier tsjin hat. Ammadin en Loy reizgje út Sarla wei tegearre fierder yn eastlike rjochting, wylst Zayn it spoar fan Warkannan-en-dy nei it noarden ta folget, nei Burgunee. Dêr beslûpt er mei de feardichheid fan in folleard slûpmoardner by nacht de filla fan dookis Marya, noch hieltyd net wittende wat er dwaan sil as er Jezro Khan moetet. Wannear't Jezro him bûtendoar yn it tsjuster opwachtet en seit dat er bliid is om him wer te sjen, kin Zayn himsels der net ta bringe om syn âlde freon tenei te kommen. Jezro seit dat Warkannan him ferteld hat oer Zayn syn ferbeane talinten, en dat er him foarstelle kin dat it ferskriklik west hawwe moat om dy syn hiele libben te ferbergjen. Hy freget him hokker tramtearrings de Utkarden Zayn oan ûnderwurpen hawwe om him safier te krijen dat er him by harren oansleat, mar Zayn leit út dat it folstie om te sizzen dat er net mear allinnich wêze soe. It begrutsjen dat Jezro him dan toant, makket dat Zayn yn gûlen útbarst.
Diel Trije: De Ferflokten
bewurkje seksjeJezro en Warkannan nimme Zayn wer as freon oan, mar as Arkazo dat sjocht, is er poer. Hy hatet Zayn om 'e dea fan syn freon Tareev en rekket troch it skeel oer Zayn almar fierder by Warkannan wei. Ynstee kriget Soutan him yn 'e besnijing. Soutan hie Jezro Khan oanpraat dat de beskuldigings fan ferkrêfting falsk wiene en it wurk fan syn fijannen. Mar as Zayn fertelt dat er it slachtoffer, Rozi Millou, sels met hat en dat de beskuldigings op wierheid berêste, lit Jezro Soutan finzen nimme en opslute yn in foarriekeamer. It is syn bedoeling om 'e 'tsjoender' de oare moarns oer te dragen oan 'e zhundars, de Kantonnale plysje, mar de oare deis is de fûgel flein. It docht bliken dat Arkazo Soutan nachts befrijd hat, en dêrnei binne se tegearre yn eastlike rjochting fuortriden. Warkannan, Zayn en Jezro Khan sette de efterfolging yn, mar om't Jezro yn elts plak dêr't se komme, opholden wurdt troch oerlis mei de pleatslike autoriteiten, rint de foarsprong fan 'e beide fuortflechtigen almar fierder út.
Underweis nei it plak dêr't se ôfsprutsen hawwe mei Wetterfrou, bejouwe Ammadin en Loy harren oer de eastgrins fan Dordan yn it eardere, fjouwerhûndert jier lyn troch de ChaMeech ferovere kanton N'Dosha. Dêr komme se by it 'Wite Klif' lâns, in hege wite wand fan in bienhurd, keunstmjittich, wyt materiaal dat Loy identifisearret as 'fleksstien'. Dêrop hawwe de kolonisten fan 'e Kantonnen yn yllustraasjes en tekst harren skiednis fêstlein, blykber om foar te kommen dat dy ferlern gean soe. Op harren reis is Ammadin hieltyd lulker wurden op Loy, om't se derfan oertsjûge rekke is dat de Kantonneurs om ûnbekende redens de wierheid oer de skiednis ûnthâlde oan 'e leden fan 'e Stammen en dyselden foarlige. As Ammadin de plaatsjes op it Wite Klif sjocht, beslút Loy dat de geast út 'e flesse is en dat se likegoed fertelle kin hoe't it echt sit. Se leit Ammadin út dat achthûndert jier lyn yn it Lâningsferdrach fêstlein is dat de Stammen net witte meie wêr't se wei komme. Loy bewissiget Ammadin derfan dat it bedragen fan 'e Stammen net in idee wie dat út 'e koker fan 'e Kantonneurs kaam, mar eat dat Ammadin har eigen foarâlden ôftwongen. Ammadin is skokt om te hearren dat de kultuerhelden fan har folk, Lisadin, de Mem fan 'e Hynders, en Dallador, de Heit fan 'e Pylken, ûndertekeners fan it ferdrach wiene en de optinkers fan it bedroch.
Wetterfrou hie Ammadin al ferteld dat de Stammen net sûnt it oanbegjin fan 'e wrâld op 'e flakten libbe hawwe, sa't se sels altyd leaud hawwe. Ynstee binne se achthûndert jier lyn yn 'e mande mei de Kazrakken en de Kantonneurs earne oars wei kommen. Loy befêstiget dat en seit dat se allegearre mei fleanende skippen fan in oare planeet kommen binne. Dy wie fier, fier fuort, earne yn 'e dizenige kleaune fan ljocht oan 'e nachtlike himel dy't de Kazrakken de Spin, de Stammen de Keppel en de Kantonneurs de Molkewei neame. Loy fertelt dat de Kazrakken religieuze fûnemintalisten wiene, dy't in eigen planeet hawwe woene dêr't se gjin gedoente mear hawwe soene mei de troch dekadinsje en genetyske manipulaasje korrumpearre rest fan 'e minskheid. Dan soene se einlings in rein, from en ienfâldich libben liede kinne. Wa't de foarâlden fan 'e Stammen wiene en wat se krekt woene, is it grutte riedsel dêr't Loy sels nei desennia fan stúdzje neat oer oan 'e weet kommen is om 'e simpele reden dat nei dy earste generaasje nimmen it mear wist, om't se har eigen bern foarliigden dat se altyd al op 'e flakten libbe hiene. Wol is dúdlik dat ek de foarâlden fan 'e Stammen eins ûnderweis wiene nei in eigen planeet, dêr't se neat mear mei oare minsken te krijen hawwe soene. En it Skipfolk, de foarâlden fan 'e Kantonneurs, wiene de bemannings fan 'e float fan sechstich fleanende skippen dy't de Kazrakken en de foarâlden fan 'e Stammen nei harren nije planeten ta brochten. Sy woene har hielendal nearne nei wenjen sette, want se ûnderholden allinnich mar in soarte fan grutskalige feartsjinst.
Wat der misgie, is neffens Loy net oerlevere, mar op 'e iene of oare manear late in fout ta it fan koers reitsjen fan 'e hiele float. En net in bytsje, mar tige by tige. Se rekken safier fan 'e Molkewei ôf strâne, dat se nea wer weromkoene, ek al seagen se harren fiere thús eltse nacht op gekoanstekkende wize oan 'e loft ferskinen. Loy seit dat se in grut gelok by in ûngelok hiene dat se de planeet fûnen dy't de Kantonneurs Strûp neame. De kâns om safier fan it sintrum fan 'e Molkewei ôf in bewenbere wrâld oan te treffen, moatte astronomysk west hawwe. De opfarrenden fan 'e ferdwaalde float wiene dêrmei min ofte mear rêden, mar de ChaMeech waarden der de dupe fan. Sy wiene it yntelliginte ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen wie op Strûp, en sy sieten fan it iene op it oare stuit oantangele mei trije ûnderskate groepen minsken. De winsk fan 'e Kazrakken en de Stammen om yn folsleine isolaasje fan alle oaren te libjen, gie doe net mear op en eltsenien hie wol foar it ferstân dat der kompromissen sletten wurde moasten. Dêrom waard it Lâningsferdrach sletten troch in tal lieders fan alle groepen, ûnder wa de grutte mem Chursavva fan 'e ChaMeech, mûlla Agvar út namme fan 'e Kazrakken, Lisadin en Dallador foar de Stammen en admiraal Zhunmaree Raynar as foaroanman fan it Skipfolk. Dat ferdrach wie in alomfetsjende oerienkomst wêryn't de ûnderlinge kontakten fêstlein waarden en ôfpraat waard dat eltsenien tenei tsjininoar lige soe. In grut diel fan 'e details út 'e earste jierren fan 'e kolonisaasje binne Loy lykwols net dúdlik, mei't har foarâlden war dien lykje te hawwen om safolle mooglik ynformaasje te ferneatigjen. Wêrom't se dan dochs de útlis op it Wite Klif efterlitten hawwe, is wer in oar riedsel.
Warkannan, Zayn en Jezro Khan efterfolgje Soutan en Arkazo oer de eastgrins fan Burgunee nei it grûngebiet fan it eardere kanton N'Dosha. Dêr rinne se lykwols yn 'e fâle en wurde se finzen nommen troch in kloft ChaMeech. Se wurde meifierd nei it berchlân yn it easten, mar Zayn wit ûnderweis frij te kommen troch in sykte te simulearjen, wêrfan't Jezro harren bewekkers oanpraat dat dy besmetlik is foar ChaMeech. Zayn riidt werom yn 'e rjochting fan 'e Kantonnen en komt ûnderweis Ammadin en Loy tsjin, dy't foarstelle om Wetterfrou om help te freegjen.
Se moetsje Wetterfrou en har entoeraazje fan tsjinneressen en liifwachten op it ôfsprutsen plak. Wetterfrou fertelt dat de ChaMeech, of de Chof, sa't de wiere namme fan har soarte is, yn krisis ferkeare om't der hieltyd minder bern oerlibje om nei it folk werom te kearen. Se bringt út dat de libbenssyklus fan 'e Chof draait om it lizzen fan befruchte aaien yn 'e Mistlannen troch de wiere Chiri Michi, de aailizzende froulju fan 'e Chof. Dy aaien binne de saneamde 'geaste-aaien' dêr't foar leden fan 'e Stammen de swierste doem op leit om mei om te prutsen. De aaien wurde troch de Grutte Rivier nei see spield, dêr't se útkomme. De earste pear jier bringe de Chof yn see troch, oant se grut genôch groeid binne om oan lân te gean. Dêrby steane se bleat oan 'e oanfallen fan in beskate fûgelsoarte, de kri altri, dy't de harren opfrette wolle. Om 'e fûgels fuort te jeien en de bern op te fangen moatte de folwoeksen Chof harren dêrom op in beskate tiid fan it jier oan see opwachtsje. Tagong ta de strannen, dêr't de bern oan lân komme kinne, is dêrom fan wêzentlik belang foar it fuortbestean fan 'e Chof. Mar de Kazrakken hawwe nei de stifting fan harren grutkhanaat de hiele westkust fan it kontinint yn besit nommen en de Chof dêr ferjage. In ferwoastgjende fulkaanútbarsting hat fjouwerhûndert jier lyn de tagong ta de súdeastlike strannen ôfsnien. Dat wie de reden dat de Chof beslist it strân fan 'e Kantonnen berikke moasten fia N'Dosha. Doe't de Kantonneurs harren de tagong wegeren, late dat ta de oerweldiging en ferneatiging troch de Chof fan N'Dosha.
Tsjintwurdich komme der lykwols hieltyd minder bern by de Chof werom, en de Chof binne yn oantal oan it belúnjen. Se binne ûnderling deilis rekke oer de fraach wat dêr oan dien wurde kin en yn trije faksjes útinoar fallen. Ien faksje, de lytste, hat him beprate litten troch Soutan, dy't harren wiismakke hat dat alle minsken fuortgean sille as hy de Ark fan it Ferbûn mar fine kin. De Grutte Mem fan 'e Chof hechtet gjin wearde oan dat ferhaal en de pro-Soutan-faksje hat dêrom gjin ynfloed. In twadde faksje, oanfierd troch Krûdesammelfrou of Lastunnabrilchiri, wol dat Sibyl, de 'stiennen frou', harren fan technologysk avansearre wapenreau foarsjocht, sabeare om 'e kri altri mei út te rûgjen. Wetterfrou frezet lykwols dat as de faksje fan Krûdesammelfrou de wapens ienris hat, se ek tsjin 'e minsken ynset wurde sille. De trêde faksje, wêrfan't Wetterfrou sels de liedster is, wol alle swierrichheden troch ûnderhannelings oplosse. Warkannan en Jezro Khan wurde finzen holden troch de faksje fan Krûdesammelfrou, dy't harren as gizelders ynsette wol om Sibyl te twingen ta it oerdragen fan wapens.
As Ammadin, Zayn en Loy mei Wetterfrou en har oanhingers fierder nei it easten reizgje, komt der berjocht dat de grutte mem fan 'e Chof op kommendeweis is om it skeel tusken Wetterfrou en Krûdesammelfrou te besljochtsjen. Se reizgje fierder nei it doarp fan Krûdesammelfrou, dêr't Warkannan en Jezro fêstholden wurde. As de beide faksjes harren saak foar de grutte mem bringe, wiist dy it plan fan Krûdesammelfrou ôf. Boppedat beslút se om in skoftke yn it doarp fan Krûdesammelfrou te gast te bliuwen, wat betsjut dat Krûdesammelfrou sels ek net fuortkin en dat Wetterfrou sadwaande sûnder tsjinwurking fan har rivale fierder kin mei har eigen plannen. Warkannan en Jezro Khan wurde op befel fan 'e grutte mem frijlitten, mar pas nei't Jezro har by God sward hat dat er har gerjochtichheid ferlitte (en nea weromkeare) sil om grutkhan fan Kazrajistan te wurden. Warkannan, dy't Jezro oant no ta net beprate kinnen hie om mei nei hûs, is mei dy gong fan saken sa bliid as in bern. Oanfolle mei de beide Kazrakken reizget it selskip fan Wetterfrou fierder nei Veeduhn Dosha, de eardere haadstêd fan N'Dosha, dêr't de iere Kantonneurs wenten úthoud hawwe yn 'e sêfte fulkanyske dowestien fan in kleau. Dêr set Zayn mei de jagers fan Wetterfrou har gefolch, ûnder lieding fan 'e manlike Chof Sterkejagerman, ôf om Soutan en Arkazo op te spoaren, dy't har earne yn 'e grotten ophâlde.
Underwilens moetet Ammadin de stiennen frou Sibyl. Hja blykt in keunstmjittige yntelliginsje te wêzen dy't troch de kolonisten makke is troch it ferstân fan ien fan harren, de ksenobiologe Sibyl Davees, te uploaden nei in kompjûter. Sibyl is ta de konklúzje kommen dat it Lâningsferdrach troch de feroarings yn 'e wrâld net mear relevant is, en dêrom is se ree om al Ammadin har fragen te beäntwurdzjen. Se begjint mei út te lizzen dat de minsken op Strûp bedarren troch in springwikselûngemak dat de astrogaasje-ienheid skansearre. De oarsaak fan it ûngemak is nea útsocht om't men dêr op Strûp de middels net ta hie. It betsjutte lykwols dat de float net mear werom koe nei de Molkewei. De skippen fan 'e float binne der noch altyd, yn in baan om Strûp, dêr't se mei kamera's wei delsjogge op 'e planeet. It binne de bylden fan dy kamera's dy't Ammadin mei koadewurden oproppe kin yn har kristallen, dy't eins stimbestjoerde telekommunikaasje-apparaten binne.
Ammadin hat benammen ynteresse foar de skiednis fan 'e Stammen en har eigen foarâlden. Sibyl fertelt har dat dy sawol de slachtoffers as de dieders wiene fan in grutte misdie. Yn 'e Molkewei hiene de minsken kontakt mei in protte bûtenierdske beskavings. Mei guon foarmen se in gearwurkingsferbân, de Râneried. Der wie in oare soarte yntelliginte bûtenierdske wêzens dy't oare soarten yntelliginte wêzens bejeie en fersline woe sa't de Stammen de wylde bisten fan 'e flakten bejeie en opite. Doe't dúdlik waard dat de Râneried de oarloch tsjin dy wêzens oan it ferliezen wie, begûnen minsklike wittenskippers in leger fan supersoldaten te klonen, dy't tarist wiene mei boppeminsklike krêft en úthâldingsfermogen, gruttere tolerânsje fan pine en honger en folle skerpere sintugen en fermogens dy't gewoane minsken hielendal net hiene, lykas nachtsicht en it hearren fan toanen dy't heger en leger binne as in normaal gehoar opfange kin. De hûnderttûzenen klonen waarden kweekt yn keunstmjittige limoeren en troch ferflugging fan groei yn fjouwer jier folwoeksen makke mei alle kennis dy't se nedich hiene. Dêrnei waarden se op 'e thúsplaneet fan 'e fijân loslitten mei de opdracht om it kearnbrein fan 'e fijân te ferneatigjen. Dêrmei begiene se genoside, mar troch de útrûging fan 'e fijân waard de genoside fan withoefolle oare yntelliginte rassen foarkomd.
Fierwei de measte klonen sneuvelen yn 'e striid mei de fijân. Nei't se de oerwinning behelle hiene, siet de Râneried lykwols mei it weromkearde restant fan it kloneleger oantangele: tûzenen supersoldaten, foar wa't der neat wie wat se net deameitsje koene, nearne dêr't se har net ferskûlje koene, en dy't traind wiene om nea begrutsjen te fielen mei tsjinstanners. De Râneried wiisde harren in wenplak ta op it ûnbewenne kontinint fan 'e planeet fan 'e Hirrel, ien fan 'e lidrassen fan 'e Ried, mar der wiene ynsidinten en de sitewaasje wie dêr net hâldber. De lieders fan 'e klonen besleaten dat se in eigen planeet hawwe moasten, dêr't se yn isolaasje fan oare minsken libje koene en in ienfâldich bestean liede koene dat basearre wurde koe op dat fan in histoarysk folk út 'e Aldheid fan 'e Ierde: de Skyten. Doe't se op Strûp bedarren, moasten se har winsk om yn folsleine isolaasje te libjen, opjaan, mar fierders besochten se op 'e flakten sa sekuer mooglik in neibearde Skytyske beskaving op te bouwen, dy't fierhinne draaide om it besit fan hynders.
Ammadin wol witte wêrom't de goaden fan 'e Stammen sokke nuvere uterliken hawwe. Sibyl fertelt har dat it eins gjin goaden binne, mar de ôfbyldings fan 'e seis lidrassen fan 'e Râneried. Ammadin is poerrazen oer dat bedroch, mar Sibyl leit har út dat de kolonisten bang wiene foar de Stammen om't de genetysk manipulearre skaaimerken fan 'e supersoldaten sa oanbrocht binne, dat se dominante eigenskippen binne dy't oant yn ivichheid bestean bliuwe. De leden fan 'e Stammen binne dêrom nei achthûndert jier noch altyd folle sterker en flugger as gewoane minsken. De kolonisten woene net dat, as der ea in romteskip út 'e Molkewei Strûp berikke mocht, de Stammen de bemanning as ynkringers beskôgje en oanfalle soene.
Ammadin fernimt ek nei it stelsel fan taboes fan 'e Stammen, dy't se "doemen" neame. Sibyl begrypt net wat se op dy tweintich regels tsjin hawwe kin, dy't fierhinne bedoeld wiene om 'e fuortplantingssyklus fan 'e Chof te beskermjen, en se is ûntsteld as Ammadin har ferteld dat der gjin tweintich, mar hûnderten doemen besteane. Sibyl kin inkeld konkludearje dat de Stammen der letter op eigen manneboet regels bybetocht hawwe. Se wiist Ammadin derop dat in diel fan it bedroch ek bedoeld wie om 'e minsken te beskermjen tsjin 'e Chof, want eins hawwe de Chof in folle gruttere ynherinte yntelliginsje as minsken. It doel fan it Lâningsferdrach wie om alle groepen safolle mooglik útinoar te hâlden.
Zayn en Sterkejagerman jeie ûnderwilens Soutan en Arkazo djip de grotten fan Veeduhn Dosha yn, dêr't se ferdwale om't der kilometers oan tunnels ûnder de grûn rinne. Sibyl nimt fia in lûdsprekkersysteem yn dy tunnels kontakt mei Soutan op en liedt him en Arkazo nei har eigen grot ta. Soutan, dy't wol foar it ferstân hat dat him neat goeds stiet te wachtsjen as er foar it ljocht komt, nimt Arkazo yn gizeling en driget him dea te meitsjen as der net in hynder foar him klearset wurdt dêr't er op fuortride kin. Sibyl stimt dêrmei yn, mar freget tagelyk Ammadin om har yn 'e grot te ferstopjen. As Soutan en Arkazo út it tunnelstelsel komme, wol Soutan fan Sibyl witte wêr't er de Ark fan it Ferbûn fine kin. Sibyl begrypt dat er eins de astrogaasje-ienheid bedoelt en seit dat dy net mear yn syn oarspronklike foarm bestiet. Mei trochfreegjen bringt Soutan oan it ljocht dat de skippen fan 'e float mooglik ek sûnder de astrogaasje-ienheid ta kinne, mar as er witte wol wêr't de romtefearen ferburgen binne om 'e float mei te berikken, wachtet him in bittere teloarstelling.
Sibyl leit út dat in wichtich diel fan 'e kolonisten fan 'e Kantonnen it net iens wie mei it Lâningsferdrach, mei't dat harren oplei om in net-technologyske beskaving te foarmjen. Se seagen net yn wêrom't sy lije moasten ûnder oarmans problemen, dat se setten, yn striid mei it ferdrach, útein mei it oerbringen fan alderhanne technologyen fan 'e float nei it planeetoerflak. (Yn dy tiid waard bygelyks it Wite Klif mei syn ferslach fan 'e skiednis makke en ek waarden doe de earste shens produsearre út biologysk materiaal dat oan board fan 'e skippen ferfierd waard.) Admiraal Zhunmaree Raynar ynfiltrearre de rangen fan 'e rebellen troch te bearen dat er it mei harren iens wie. Op dy manear wist er krekt wannear't der mar ien romtefear op it planeetoerflak wie, wylst der nimmen oan board fan 'e skippen fan 'e float wie. Hy fleach it lêste romtefear werom nei de float en die dêr selsmoard, wêrmei't er de kolonisten fan it Skipfolk eltse mooglikheid ûntnaam om noch de float te berikken.
As Soutan by it hearren fan dat nijs ûntstekt yn razerij, besiket Arkazo los te brekken. Ammadin komt út har skûlplak foar it ljocht en ûntwapenet de 'tsjoender' sûnder swierrichheden troch him de pols te brekken. Soutan flechtet de grot út, mar bûtendoar wurdt er opwachte troch Loy Millou, dy't him deamakket mei in ferbean stik technologysk wapenreau dat se in 'gewear' neamt. Arkazo skammet him oer syn domme set om Soutan te fertrouwen. Hy fertelt dat er dat ek al besefte doe't er trije dagen mei de 'tsjoender' ûnderweis wie, mar syn ynteresse yn technologyske dingen wie syn swakke plak dêr't Soutan misbrûk fan makke om him te manipulearjen. Loy oppenearret de mooglikheid dat Arkazo studearje kinne soe oan in universiteit yn 'e Kantonnen, en Warkannan, dy't wol sjocht hoe graach oft de jonge dat wol, jout dêr mei pine yn it hert tastimming foar.
Ammadin ûnthjit Wetterfrou dat sy derfoar soargje sil dat de Chof tenei harren bern ek opwachtsje kinne oan 'e kusten dy't behearske wurde troch de Stammen. Fan Jezro Khan twingt se it ûnthjit ôf dat de Kazrakken tenei bern mei ynberne talinten, lykas Zayn, net mear ombringe sille, mar nei de Stammen stjoere, dy't harren opnimme sille. Ammadin besiket jitris Sibyl, dy't har opnamen fan 'e tsjûgenissen sjen lit fan har foarâlden: kolonel Lisa adin Bar (Lisadin, Mem fan 'e Hynders) en Dallas ador Jenz (Dallador, Heit fan 'e Pylken), de lêste oerlibjende generaal fan it kloneleger. Zayn hat in lange sesje fan mear as sechstjin oeren mei Sibyl, wêrby't se him alle dokumintaasje oer de Skyten en oer de skiednis fan 'e klonen en harren oarloch foarlêst, dy't troch Dallas ador Jenz sammele is. Zayn ûnthâldt it wurd foar wurd sadat er it neitiid trochjaan kin oan Ammadin en de oare geasteruters fan 'e Stammen.
Wetterfrou toant belangstelling foar de Koraan, dêr't de fromme Warkannan geregeldwei yn lêst, en de kaptein bringt har yn 'e kunde mei de islaam. Loy en Jezro Khan binne derfan oertsjûge dat de oprjochte ynteresse fan Wetterfrou alteast foar in part fermongen is mei politike berekkening. De Chof binne it leauwe yn harren eigen goaden, dy't har yn al harren tsjinrampen nea holpen hawwe, oan it ferliezen. As Wetterfrou harren in nije religy bringt, soe dat har kânsen op it opfolgjen fan 'e op jierren reitsjende grutte mem gâns fergrutsje. Ek soene de Chof dan neat mear te frezen hawwe fan 'e Kazrakken, mei't se ommers mei-moslims wêze soene. Dan soene se sels wer tagong krije ta de strannen fan Kazrajistan, dy't no foar harren tichtset binne. Lang om let sette Ammadin, Zayn, Warkannan en Jezro Khan ôf nei it westen. Wetterfrou en har gefolch geane har eigen wegen. Loy en Arkazo bliuwe efter yn Veeduhn Dosha om Sibyl selskip te hâlden oant der oare kennismasters út 'e Kantonnen komme kinne om in lyts ûndersyksstasjon yn Veeduhn Dosha te stiftsjen.
Epilooch: De Fjirde Profeet
bewurkje seksjeYn Kazrajistan is Lubahva fiif moanne swier fan 'e poppe fan Warkannan as it berjocht Haz Kazrak berikt dat Jezro Khan noch libbet en út ballingskip weromkeard is. Hy is arrivearre yn Andjaro, dêr't de grutgrûnbesitters har mei harren priveelegers har by him jouwe. As er oan syn opmars nei de haadstêd begjint, rinne de kavaleryrezjiminten ien foar ien nei him oer. Lubahva beslút dat it foar har te gefaarlik wurdt oan it hof, dat se makket har swierens, dy't se oant no ta ferburgen holden hat, buorkundich om yn skande fuortstjoerd te wurden.
Dat slagget, mar ear't se it paleis fan grutkhan Gemet ferlitte kin, wurdt se opwachte troch in ofsier fan 'e Utkarden, in kaptein Rashad. Lubahva mient dat har lêste oere slein hat, mar it docht bliken dat Rashad, dy't yn it ferline mei Warkannan by de kavalery tsjinne hat, kommen is om har te warskôgjen. Syn oerhearrigen binne fan doel om har en de widdo Nehzaym moarn op te pakken, om harren oan martelings te ûnderwerpen en úteinlik te eksekutearjen. Rashad fynt dat sinleas en beskamsum; hy wol mei ear foar de grutkhan stjerre. Lubahva ûnthjit him dat se har bern nei him ferneame sil as it in jonkje is. De oare moarns ier ferlitte Lubahva en Nehzaym middenmank in kliber oare flechtlingen Haz Kazrak. Nei in nuodlike reis, foar in pear froulju allinne, arrivearje se op it lângoed fan Indan Alwazir, dêr't se ûnderdak fine.
Ferskate moannen letter, as it leger fan Gemet ferslein is en de grutkhan him ferskânze hat yn it belegere Haz Kazrak, arrivearret Warkannan op it lângoed fan Alwazir. Dêr treft er net inkeld Lubahva oan, mar har poppe, in jonkje dat Rashad hjit. Hja leit it bern oan syn fuotten yn in oerâld fersyk om erkenning fan syn heitwêzen. Warkannan pakt de poppe op en nimt dy dêrmei oan. Wat Lubahva net ferwachte hie, is dat Warkannan derop stiet dat sy mei him trouwe sil, nettsjinsteande dat se bûten it houlik om mei him omslein hat of dat se in muzikante oan it hof is, in funksje dy't inkeld froulju beklaaie dy't leech yn achting steane.
Underwilens reizgje Zayn en Ammadin mei Wetterfrou en har gefolch nei de grins fan Kazrajistan. Dêr siket Zayn syn heit Bashir Benumar op, in widner dy't him weromlutsen hat yn in mienskip fan fromme âldere manlju dy't harsels de Bruorskip fan Lyktinkenden neame. Zayn fernimt nei syn jonkheid en wêrom't syn heit him nea deamakke hat sa't alle religieuze learaars him hieten te dwaan. Fansels soed er Zayn nea deamkke hawwe, seit Benumar. Dat soe dochs sinneklear wêze moatte; hy koe syn eigen soan net deameitsje. As Zayn him freget oft er der spyt fan hat dat er dat net dien hat, jout Benumar oan dat er dêr nea it minste berou foar field hat. En wat noch sûndiger wie: doe't Zayn in ofsier by de kavalery waard, wie Benumar grutsker as er ea west hie. Dêrmei berikke Zayn en syn heit in beskate fermoedsoening.
Zayn fertelt syn heit dat er om in geunst kommen is en freget nei de passaazje yn 'e Koraan dy't sprekt oer it opfangen fan froulju fan 'e fijân dy't it islamitysk leauwe folgje wolle. Benumar seit dy fersen út 'e holle foar syn soan op: "Jo sille harren opfange en harren mei freonlikens behannelje en manlju foar harren sykje." Ta alteraasje fan 'e âldman ropt Zayn dan Wetterfrou derby en hjit him dat hjir in frou fan 'e fijân is dy't it islamitysk leauwe leare wol om it mei werom te nimmen nei har folk en in profeet foar harren te wurden. In man hat se al (nammentlik Sterkejagerman), dat dêr't hoecht Benumar lokkigernôch net mei om te pakken. Zayn lit Wetterfrou op 'e noed fan syn fromme heit efter, yn it fertrouwen dat dy goed war dwaan sil om har de islaam te learen en miskien geandewei sels ek noch wat byleare sil.
Net folle letter binne Loy en Arkazo yn Veeduhn Dosha fia de kamera's fan 'e romtefloat tsjûge fan 'e triomfantlike yntocht fan 'e nije grutkhan Jezro yn Haz Kazrak. Dy jûns nei tsjuster fertrêdet Loy har wat yn 'e oerwoekere tunen fan N'Dosha, dêr't se opsjocht nei de Molkewei oan 'e nachtlike himel, miljoenen stjerren dy't delskine op planeten dy't sy nea sjen sil. Mar, tinkt se, wy hawwe hjir ek in planeet, ien dy't ik noch mar koartby begûn bin te begripen. "Sa is it," seit se lûdop, "We hawwe hjirre in hiele wrâld. En dêr moat it ferdomme mar mei takinne."
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|