Eare-Oscar

(Trochferwiisd fan Spesjale Oscar)

De Eare-Oscar (Ingelsk: Honorary Oscar, mar formeel eins Academy Honorary Award) is in Amerikaanske priis op it mêd fan 'e filmkeunst dy't elts jier ein oktober of (faker) begjin novimber oan ien of mear persoanen of organisaasjes útrikt wurdt, foar it meastepart by wize fan oeuvrepriis. It is ien fan 'e Oscars of Academy Awards, dy't útrikt wurde troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) yn Hollywood, de wyk fan Los Angeles dêr't de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre is.

Eare-Oscar
Academy Honorary Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar ● in bûtengewoan oeuvre
● bûtengewoane bydragen oan 'e
    filmkeunst
● treflike tsjinsten oan 'e AMPAS
útrikt troch Academy of Motion Pictures
Arts and Sciences
(AMPAS)
frekwinsje 1 of mear x jiers
datum oktober / novimber
plak Hollywood (Los Angeles)
ynsteld 1929 (Spesjale Oscar)
1e útrikking 1929 (Spesjale Oscar)
offisjele webside
oscars.org

De Eare-Oscar wurdt útrikt foar ien of mear fan 'e folgjende kritearia:

Winners binne tsjintwurdich oer it algemien persoanen, mar yn it ferline waard dizze priis ek geregeldwei útrikt oan in organisaasje of foar in film.

De Eare-Oscar ûntstie as de Spesjale Oscar (Academy Special Award), dy't yn 1929 op 'e earste útrikkingsseremoanje fan 'e Oscars al ferjûn waard. De priis waard fan it begjin ôf oan útrikt troch de bestjoersried (Board of Governors) fan 'e Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) foar bûtengewoane fertsjinsten op it mêd fan 'e film dy't bûten de oare Oscar-kategoryen foelen. Dêrta hearden ek bûtenlânske films yn in oare taal as it Ingelsk oant yn 1956 de Oscar foar Bêste Bûtenlânske Film ynsteld waard. De Spesjale Oscar waard yn 1950 (foar de útrikking fan 1951) omneamd ta 'Eare-Oscar' (Academy Honorary Award), en moat net betize wurde mei de yn 1971 (foar de útrikking fan 1972) ynstelde Oscar foar Spesjale Prestaasje (Academy Special Achievement Award). Sûnt 2009 wurdt de Eare-Oscar útrikt as ûnderdiel fan 'e Governors Awards ynstee fan de eigentlike Oscars (Academy Awards).

De Oscars wurde útrikt foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Oscars oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1950", fûn de útrikking fan dy priis plak yn 1951.

jier nasjonaliteit winner omskriuwing winner priis takend foar
Winners fan 'e Spesjale Oscar (1928 – 1950)
1927/1928   Amerikaansk Warner Bros. filmstudio The Jazz Singer
  Britsk Charlie Chaplin akteur, senarioskriuwer, regisseur, produsint The Circus
1928/1929 gjin priis takend
1929/1930 gjin priis takend
1930/1931 gjin priis takend
1931/1932   Amerikaansk Walt Disney animator, produsint de skepping fan Mickey Mouse
1932/1933 gjin priis takend
1934   Amerikaansk Shirley Temple aktrise bydragen oan 'e filmkeunst yn 1934
1935   Amerikaansk D.W. Griffith regisseur, produsint oeuvre
1936   Amerikaansk W. Howard Greene en Harold Rosson kameraregisseurs kleuresinematografy fan The Garden of Allah
  Amerikaansk The March of Time koarte film revolúsjonêre fernijings yn 'e filmtechnyk
1937   Amerikaansk Edgar Bergen akteur syn rol fan Charlie McCarthy
  Amerikaansk W. Howard Greene kameraregisseur kleuresinematografy fan A Star Is Born
  Amerikaansk de filmbibleteek fan it Museum of Modern Art filmargyf foar de preservearring fan films fan 1895 ôf
  Kanadeesk Mack Sennett akteur, regisseur, produsint syn bydragen oan 'e komeedzjetechnyk yn films
1938   Amerikaansk J. Arthur Ball direkteur Technicolor syn bydragen oan it mooglik meitsjen fan kleurefilm
  Amerikaansk Walt Disney animator, produsint Snow White and the Seven Dwarfs
  Kanadeesk
  Amerikaansk
Deanna Durbin en
Mickey Rooney
akteurs harren prestaasjes as berne-akteurs
ferskaat Gordon Jennings, Jan Domela,
Devereaux Jennings, Irmin Roberts, Art Smith,
Farciot Edouart, Loyal Griggs, Loren L. Ryder,
Harry D. Mills, Louis Mesenkop, Walter Oberst
special effects-technisy byld- en lûdseffekten yn Spawn of the North
  Amerikaansk Oliver T. Marsh en Allen Davey kameraregisseurs kleuresinematografy fan Sweethearts
  Amerikaansk Harry Warner produsint de produksje fan syn koarte films oer de Amerikaanske skiednis
1939   Amerikaansk Douglas Fairbanks akteur, regisseur, produsint oeuvre
  Amerikaansk Judy Garland aktrise, dûnseresse, sjongster bydragen oan 'e filmkeunst yn 1939
  Amerikaansk William Cameron Menzies produksje-ûntwerper, regisseur treflik gebrûk fan kleur yn Gone with the Wind
  Amerikaansk Motion Picture Relief Fund goed doel tsjinsten oan 'e filmyndustry yn 1939
  Amerikaansk Technicolor USA bedriuw bydragen oan it ûntwikkeljen fan 'e kleurefilm
1940   Amerikaansk Bob Hope komyk, akteur tsjinsten oan 'e filmyndustry
  Amerikaansk Nathan Levinson lûdstechnikus treflike tsjinsten oan 'e filmyndustry en it Amerikaanske Leger
de ôfrûne 9 jier
1941   Amerikaansk Walt Disney, William Garity,
John N.A. Hawkins, RCA Manufacturing Company
filmmakkers en elektroanikabedriuw nije ûntwikkelings op it mêd fan lûd yn films troch de produksje
fan Fantasia
  Britsk Leopold Stokowski en meiwurkers dirigint foar it kreëarjen fan in nije foarm fan fisualisearre muzyk yn Fantasia
  Amerikaansk Rey Scott kameraregisseur de dokumintêre Kukan (oer de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch),
opnommen ûnder de dreechste omstannichheden
  Britsk Britsk Ministearje fan Ynformaasje oerheidsynstelling de dokumintêre Target for Tonight, oer de Slach om Ingelân
1942   Frânsk Charles Boyer akteur oprjochting fan 'e French Research Foundation yn Los Angeles
  Britsk Noël Coward regisseur, akteur, filmkomponist produksje fan In Which We Serve
  Amerikaansk Metro-Goldwyn-Mayer filmstudio produksje fan 'e Andy Hardy-filmsearje
1943   Hongaarsk George Pal animator, regisseur, produsint ynnovaasje yn 'e rige koarte films Puppetoons
1944   Amerikaansk Bob Hope komyk, akteur tsjinsten oan 'e AMPAS
  Amerikaansk Margaret O'Brien aktrise bêste berne-aktrise fan 1944
1945   Amerikaansk Daniel J. Bloomberg en de lûdsôfdieling
fan Republic Studio
lûdstechnikus de bou fan in treflik auditoarium foar it opnimmen fan filmmuzyk
  Amerikaansk Peggy Ann Garner aktrise bêste berne-aktrise fan 1945
  Amerikaansk The House I Live In koarte film it boadskip fan tolerânsje
  Amerikaansk Walter Wanger produsint seisjierrich foarsitterskip fan 'e AMPAS
1946   Amerikaansk Claude Jarman jr. akteur bêste berne-akteur fan 1946
  Dútsk Ernst Lubitsch regisseur, produsint, akteur oeuvre
  Britsk Laurence Olivier akteur, regisseur, produsint produksje fan Henry V
  Kanadeesk Harold Russell akteur foar syn rol yn The Best Years of Our Lives
1947 ferskaat Thomas Armat, William Nicholas Selig,
Albert E. Smith, George Kirke Spoor
filmpioniers oeuvre
  Amerikaansk James Baskett akteur syn rol yn Song of the South
  Amerikaansk Bill and Coo film nije en artistike foarm fan filmkeunst
  Italjaansk Sciuscià (Shoe-Shine) film bêste film yn in frjemde taal
1948   Amerikaansk Sid Grauman ûndernimmer fertsjinsten oangeande it ferbetterjen fan bioskopen
  Frânsk Monsieur Vincent film bêste film yn in frjemde taal
  Hongaarsk Adolph Zukor produsint oeuvre
1949   Amerikaansk Fred Astaire akteur, dûnser, sjonger syn bydragen oan 'e technyk fan musicals
  Amerikaansk Cecil B. DeMille produsint, regisseur oeuvre
   Deensk Jean Hersholt akteur fertsjinsten yn 4 terminen as foarsitter fan 'e AMPAS
  Italjaansk Ladri di Biciclette (The Bicycle Thieves) film bêste film yn in frjemde taal
1950   Amerikaansk Louis B. Mayer produsint oeuvre
  Frânsk
  Italjaansk
Au-delà des Grilles (The Walls of Malapaga)
Le Mura di Malapaga
film bêste film yn in frjemde taal
  Amerikaansk George Murphy akteur, dûnser oeuvre
Winners fan 'e Eare-Oscar (1951 – no)
1951   Amerikaansk Gene Kelly akteur, dûnser, sjonger, regisseur, produsint oeuvre
  Japansk Rashōmon (Rashomon) film bêste film yn in frjemde taal
1952   Amerikaansk Merian C. Cooper regisseur, produsint oeuvre
  Amerikaansk Bob Hope komyk, akteur oeuvre
  Frânsk Jeux Interdits (Forbidden Games) film bêste film yn in frjemde taal
  Amerikaansk Harold Lloyd akteur oeuvre
  Amerikaansk George Mitchell kameraregisseur it ûntwerpen fan 'e Mitchell-kamera
  Russysk Joseph M. Schenck produsint oeuvre
1953   Amerikaansk 20th Century Fox filmstudio yntroduksje fan 'e CinemaScope-technology
  Amerikaansk Bell & Howell Company fabrikant fan filmtechnology bydragen oan 'e filmtechnyk
  Amerikaansk Joseph Breen sinsor gewissefol tapassen fan 'e Motion Picture Production Code
  Amerikaansk Pete Smith produsint fan koarte films Pete Smith Specialties-filmsearje
1954   Kanadeesk Bausch & Lomb kosmetikabedriuw bydragen (troch fisazjy) oan 'e filmyndustry
  Sweedsk Greta Garbo aktrise oeuvre
  Japansk Jigokumon (Gate of Hell) film bêste film yn in frjemde taal
  Amerikaansk Danny Kaye akteur, komyk, sjonger oeuvre
  Amerikaansk Kemp Niver argivaris ûntwikkeling fan it renovare-proses, dat de restauraasje fan 'e
papierfilmkolleksje fan 'e Library of Congress mooglik makke
  Britsk Jon Whiteley berne-akteur rol yn The Kidnappers
  Britsk Vincent Winter berne-akteur rol yn The Kidnappers
1955   Japansk Miyamoto Musashi (Samurai: The Legend of Musashi) film bêste film yn in frjemde taal
1956   Amerikaansk Eddie Cantor dûnser, sjonger, akteur, komyk oeuvre
1957   Amerikaansk Broncho Billy Anderson akteur, regisseur, produsint oeuvre
  Amerikaansk Charles Brackett produsint oeuvre
  Amerikaansk B.B. Kahane produsint oeuvre
ynternasjonaal Society of Motion Picture and Television
Engineers
(SMPTE)
ynternasjonale beropsorganisaasje bydragen oan 'e filmyndustry
1958   Frânsk Maurice Chevalier akteur oeuvre
1959   Amerikaansk Buster Keaton akteur, komyk, regisseur, produsint oeuvre
  Amerikaansk Lee de Forest útfiner syn útfinings dy't de yntroduksje fan 'e lûdsfilm mooglik makken
1960   Amerikaansk Gary Cooper akteur oeuvre
  Britsk Stan Laurel akteur, komyk oeuvre
  Britsk Hayley Mills aktrise bêste berne-aktrise fan 1960
1961   Amerikaansk William L. Hendricks produsint de produksje fan A Force in Readiness oer it Amerikaanske
Marinierskorps
  Amerikaansk Fred L. Metzler produsint syn tsjinsten oan 'e AMPAS
  Amerikaansk Jerome Robbins regisseur, goreograaf oeuvre
1962 gjin priis takend
1963 gjin priis takend
1964   Amerikaansk William J. Tuttle fisazjist syn wurk yn 7 Faces of Dr. Lao
1965   Amerikaansk Bob Hope komyk, akteur oeuvre
1966   Amerikaansk Yakima Canutt akteur, stuntman, regisseur syn karriêre as stuntman en syn ûntwikkeling fan feilichheids-
maatregels foar stuntlju
  Amerikaansk Y. Frank Freeman produsint oeuvre
1967   Amerikaansk Arthur Freed produsint oeuvre
1968   Amerikaansk John Chambers fisazjist syn wurk yn Planet of the Apes
  Kanadeesk Onna White dûnseresse, goreografe har wurk yn Oliver!
  Britsk Cary Grant akteur oeuvre
1970   Amerikaansk Lillian Gish aktrise oeuvre
  Amerikaansk Orson Welles akteur, regisseur, produsint oeuvre
1971   Britsk Charlie Chaplin komyk, akteur, regisseur, produsint, senarioskriuwer oeuvre
1972   Amerikaansk Charles S. Boren produsint oeuvre
  Roemeensk Edward G. Robinson (postúm) akteur oeuvre
1973   Frânsk Henri Langlois filmargivaris syn bydragen oan 'e preservearring fan 'e filmkeunst
  Amerikaansk Groucho Marx komyk, akteur, regisseur, produsint oeuvre
1974   Amerikaansk Howard Hawks regisseur, produsint oeuvre
  Frânsk Jean Renoir regisseur, akteur, produsint oeuvre
1975   Kanadeesk Mary Pickford aktrise, produsinte oeuvre
1976 gjin priis takend
1977   Amerikaansk Margaret Booth filmeditor oeuvre
1978   Amerikaansk Walter Lantz animator, produsint, regisseur, akteur oeuvre
  Amerikaansk Departemint Film fan it Museum of Modern Art museum bydragen oan it sjen fan films as in keunstfoarm
  Britsk Laurence Olivier akteur, regisseur, produsint oeuvre
  Amerikaansk King Vidor regisseur, produsint oeuvre
1979   Amerikaansk Hal Elias regisseur syn tsjinsten oan 'e AMPAS
  Britsk Alec Guinness akteur oeuvre
1980   Amerikaansk Henry Fonda akteur oeuvre
1981   Amerikaansk Barbara Stanwyck aktrise oeuvre
1982   Amerikaansk Mickey Rooney akteur, komyk, produsint oeuvre
1983   Amerikaansk Hal Roach produsint, regisseur, akteur oeuvre
1984   Amerikaansk National Endowment for the Arts oerheidsynstânsje 20-jierrich bestean en tawijing oan artistike en kreätive aktiviteiten
  Amerikaansk James Stewart akteur oeuvre
1985   Amerikaansk Paul Newman akteur, regisseur, produsint oeuvre
  Amerikaansk Alex North filmkomponist oeuvre
1986   Amerikaansk Ralph Bellamy akteur oeuvre
1987 gjin priis takend
1988   Amerikaansk Eastman Kodak fabrikant fan filmtechnology bydragen oan 'e filmyndustry en de filmkeunst
  Kanadeesk National Film Board of Canada (NFBC) oerheidsynstânsje 50-jierrich bestean en tawijing oan 'e filmkeunst
1989   Japansk Akira Kurosawa regisseur oeuvre
1990   Italjaansk Sophia Loren aktrise oeuvre
  Amerikaansk Myrna Loy aktrise oeuvre
1991   Yndiaask Satyajit Ray produsint, regisseur oeuvre
1992   Italjaansk Federico Fellini regisseur oeuvre
1993   Britsk Deborah Kerr aktrise oeuvre
1994   Italjaansk Michelangelo Antonioni regisseur oeuvre
1995   Amerikaansk Kirk Douglas akteur, regisseur, produsint oeuvre
  Amerikaansk Chuck Jones animator oeuvre
1996   Amerikaansk Michael Kidd goreograaf, dûnser, akteur oeuvre
1997   Amerikaansk Stanley Donen regisseur, goreograaf oeuvre
1998   Amerikaansk Elia Kazan regisseur oeuvre
1999   Poalsk Andrzej Wajda regisseur oeuvre
2000   Britsk Jack Cardiff kameraregisseur, regisseur oeuvre
  Amerikaansk Ernest Lehman senarioskriuwer oeuvre
2001   Bahamaansk Sidney Poitier akteur, regisseur oeuvre
  Amerikaansk Robert Redford akteur, regisseur, produsint oeuvre
2002   Britsk Peter O'Toole akteur oeuvre
2003   Amerikaansk Blake Edwards regisseur, produsint, senarioskriuwer oeuvre
2004   Amerikaansk Sidney Lumet regisseur, produsint, senarioskriuwer oeuvre
2005   Amerikaansk Robert Altman regisseur, produsint, senarioskriuwer oeuvre
2006   Italjaansk Ennio Morricone filmkomponist oeuvre
2007   Amerikaansk Robert F. Boyle regisseur, produksje-ûntwerper oeuvre
2008 gjin priis takend
2009   Amerikaansk Lauren Bacall aktrise oeuvre
  Amerikaansk Roger Corman regisseur, produsint, akteur oeuvre
  Amerikaansk Gordon Wills kameraregisseur, regisseur oeuvre
2010   Britsk Kevin Brownlow regisseur, dokumintêremakker, filmeditor oeuvre
  Frânsk Jean-Luc Godard regisseur, senarioskriuwer, filmkritikus oeuvre
  Amerikaansk Eli Wallach akteur oeuvre
2011   Amerikaansk James Earl Jones akteur oeuvre
  Amerikaansk Dick Smith fisazjist oeuvre
2012   Amerikaansk Hal Needham stuntman, regisseur, akteur oeuvre
  Amerikaansk D.A. Pennebaker dokumintêremakker oeuvre
  Amerikaansk George Stevens jr. regisseur, produsint oeuvre
2013   Britsk Angela Lansbury aktrise oeuvre
  Amerikaansk Steve Martin akteur, komyk oeuvre
  Italjaansk Piero Tosi kostúmûntwerper oeuvre
2014   Frânsk Jean-Claude Carrière senarioskriuwer, akteur oeuvre
  Japansk Hayao Miyazaki animator, regisseur, senarioskriuwer oeuvre
  Iersk Maureen O'Hara aktrise, sjongster oeuvre
2015   Amerikaansk Spike Lee regisseur, produsint oeuvre
  Amerikaansk Gena Rowlands aktrise oeuvre
2016   Hongkongsk Jackie Chan akteur, stuntman, regisseur, produsint oeuvre
  Britsk Anne V. Coates filmeditor oeuvre
  Amerikaansk Lynn Stalmaster casting director oeuvre
  Amerikaansk Frederick Wiseman regisseur, produsint oeuvre
2017   Amerikaansk Charles Burnett regisseur, produsint, kameraregisseur oeuvre
  Amerikaansk Owen Roizman kameraregisseur oeuvre
  Kanadeesk Donald Sutherland akteur oeuvre
  Belgysk Agnès Varda regisseur oeuvre
2018   Amerikaansk Marvin Levy marketing- en public relations-man syn tsjinsten oan de filmyndustry
  Argentynsk Lalo Schifrin filmkomponist oeuvre
  Amerikaansk Cicely Tyson aktrise oeuvre
2019   Amerikaansk David Lynch regisseur, produsint oeuvre
  Amerikaansk Wes Studi akteur, produsint oeuvre
  Italjaansk Lina Wertmüller senarioskriuwster, regisseur oeuvre
2020 gjin priis takend
2021   Amerikaansk Samuel L. Jackson akteur oeuvre
  Amerikaansk Elaine May regisseur, senarioskriuwster en aktrise oeuvre
   Noarsk Liv Ullman aktrise en regisseur oeuvre
2022   Martinikaansk Euzhan Palcy regisseur, senarioskriuwster, filmprodusinte oeuvre
  Amerikaansk Diane Warren lietsjeskriuwster bydragen oan filmmuzyk
  Australysk Peter Weir regisseur oeuvre

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.