The Call of the Wild (film út 2020)

film út 2019 fan Chris Sanders

The Call of the Wild is in Amerikaanske aventoerefilm, famyljefilm en northern út 2020 ûnder rezjy fan Chris Sanders, mei yn 'e haadrollen Harrison Ford, Omar Sy en Cara Gee. De titel betsjut "De Rop fan 'e Wyldernis". De film waard basearre op 'e ferneamde aventoereroman mei deselde namme út 1903 fan Jack London en op in eardere ferfilming fan dat ferhaal. De plot giet oer de hûn Buck, dy't yn 'e 1890-er jierren stellen wurdt om yn 'e Yukon as wurkhûn ferkocht te wurden ûnder de Goudkoarts fan Klondike. Hy belibbet ferskate aventoeren en rekket befreone mei in âldman dy't rouwet om 'e dea fan syn soan. Uteinlik harket er nei de rop fan 'e wyldernis en begjint er nij libben yn 'e taiga. The Call of the Wild krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar hie nei alle gedachten in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen wurde kinnen. Dêr waard in tsjûke streek troch helle troch de lockdowns dy't ûnder de koroanapandemy fan krêft waarden, mei as gefolch dat de film swier ferlies draaide.

The Call of the Wild
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Chris Sanders
produsint Erwin Stoff
James Mangold
senario Michael Green
basearre op de roman fan Jack London
de film út 1935 fan Gene Fowler
kamerarezjy Janusz Kamiński
muzyk John Powell
filmstudio 20th Century Studios
TSG Entertainment
3 Arts Entertainment
distribúsje 20th Century Studios
spilers
haadrollen Harrison Ford
Omar Sy
Cara Gee
voice-over Harrison Ford
byrollen Dan Stevens
Karen Gillan
Bradley Whitford
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 21 febrewaris 2020
foarm langspylfilm
sjenre aventoerefilm, northern
taal Ingelsk (ek in bytsje Frânsk)
spyltiid 100 minuten
budget en resultaten
budget $125-150 miljoen
opbringst $110,8 miljoen

Plot bewurkje seksje

Yn 'e 1890-er jierren libbet Buck, in grutte, freonlike krusing fan in Sint-Bernardshûn mei in Ingelske hardershûn, tefreden mei syn baaske, rjochter Miller, yn it Kalifornyske Santa Clara. Buck is in bedoarne hûn, dy't ornaris yn hast alle saken syn sin kriget of trochdriuwt. Mar as er op in dei it jierdeisfeest fan 'e rjochter bedjert troch it hiele feestmiel op te fretten wylst de foltallige famylje posearret foar in groepsfoto, wurdt er dy jûns foar straf ferballe nei de weranda.

In jongeman op trochreis, dy't om wurk siket, hat Buck earder dy deis sjoen. Om't er wit dat der yn Alaska en de Yukon by de oangeande Goudkoarts fan Klondike ferlet is fan in protte sterke wurkhûnen, dêr't grou jild foar bean wurdt, lokket er Buck by nacht fan it hiem fan 'e Millers ôf en slút him op yn in grutte kiste. Hy ferkeapet de hûn oan in lûsje seekaptein, dy't in hiele lading hûnen nei Skagway, yn Alaska, fart. Underweis besykje de seelju Buck hearrigens te learen troch him mei de kneppel te jaan. Dat is gjin grut súkses.

Oankommen yn Skagway wurdt Buck oerdroegen oan in pleatslike hûnekeapman. Hy brekt lykwols los en komt yn botsing mei in âldere man, in John Thornton. As dy wer oerein klaut en syn paad ferfolget, sjocht Buck dat him in mûlharmoanika út 'e bûse rûgele is. Hy giet efter Thornton oan om it ynstrumint werom te jaan, wêrmei't er der ûnbedoeld foar soarget dat er de man altyd bybliuwe sil.

Nei't de hûnekeapman Buck weromhelle hat, wurdt er letter ferkocht oan 'e swarte Frânsk-Kanadeeske postrinner Perrault. Dyselde nimt him mei nei syn kamp, dêr't Buck yn 'e kunde komt mei Perrault syn slidehûneteam, dat ûnder lieding stiet fan in gemiene ridellieder dy't Spitz hjit. Perrault syn assistinte en minneresse, de Yndiaanske Françoise, is net boppe wiis mei Perrault syn kar foar slidehûn, mei't se eins ferlet hiene fan twa hûnen en om't se Buck folslein ûngeskikt achtet om slidehûn te wurden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underweis mei de postslide troch de wyldernis fan 'e Yukon liket it earst wol as hat Françoise gelyk, mar as Buck ienris begrypt wat der fan him ferwachte wurdt, blykt der in earsten slidehûn yn him te sitten. Hy wint it fertrouwen fan Françoise as hja op in rivier troch it iis sakket en troch de streaming ûnder it iis spield wurdt; Buck springt har efternei en raamt in nij wjek yn it iis dêr't se tegearre troch ûntkomme kinne. De oare slidehûnen wit er op syn hân te krijen troch syn freonlik karakter, eat dêr't er him bot mei ûnderskiedt fan Spitz. Inkeld Spitz sels is net bliid mei de komst fan Buck. Underwilens begjint Buck spirituele fizioenen te krijen fan in foarâlderlike swarte wolf dy't syn gids yn 'e wyldernis wurdt.

Op in nacht fangt Buck in knyn wat er dêrnei wer frijlit om't er inkeld boartsje woe. It bistke wurdt lykwols daliks dêrnei deabiten troch Spitz om syn dominânsje oer Buck te befêstigjen. Dat foarfal liedt ta in fjochtpartij tusken de beide hûnen, dêr't Buck belies by jaan moat om't it him net genôch skele kin om fan Spitz te winnen. As Spitz him dêrnei lykwols tsjin ien fan 'e oare hûnen keart dy't Buck helpe woe, wurdt de wiere fjochter yn Buck wekker. Hy springt Spitz op 'e hûd en ferslacht him sûnder folle swierrichheden. Dêrmei nimt er syn plak as alfa fan 'e slidehûnetroep oer, en Spitz glûpt slûksturtsjend fuort om te ferdwinen yn 'e wyldernis.

De oare deis is Perrault min te sprekken oer it hommels weiwurden fan syn liedhûn, mar hy hat post te besoargjen en docht it him net oan tiid om lang te sykjen. Hy wol ien fan syn oare langjierrige slidehûnen no yn 'e liedersposysje fêstgaspje, mar de hûnen meitsje him dúdlik dat Buck no de alfa is, in feit dat Perrault, ta hilariteit fan Françoise, mar mei tsjinnichheid akseptearret. Mar mei Buck syn faasje en krêft foaroan en in ridel dy't foar it earst de lieder stipet, blykt it neitiid echt te gean dat it slydjaget. De slidehûnen jeie sa troch dat it harren slagget om oan in lawine te ûntkommen en foar it earst sûnt Perrault mei syn rûte begûn is, wurdt de post op 'e tiid yn Dawson City oanbrocht. Dêre hat John Thornton him ûnderwilens yn in blokhutte nei wenjen set. It docht bliken dat er net om it goud nei de Yukon kommen is, mar om te ferjitten. Hy rouwet om syn soan, dy't jong ferstoarn is, en ek om syn houlik, dat troch dat barren bedoarn is om't er gjin utering oan syn fertriet jaan koe. No hat er einlings in brief oan syn eks-frou skreaun, wêryn't er har útleit wêrom't er by har weigien is. It brief soe krekt op 'e jierdei fan syn soan by syn frou arrivearje moatte, mar ear't Thornton it op 'e post dwaan kin, falt er lykwols mei in flesse sterke drank yn 'e sliep. De oare deis is er te let om 'e brief noch op 'e post te dwaan, mei't Perrault al ôfset as Thornton deroan draven komt. Buck ken lykwols Thornton syn stim wer, dat hy lit de slide tsjin 'e oarders fan Perrault yn hohâlde. As de yrritearre Perrault it brief net oannimme wol, pakt Buck it Thornton út 'e hannen en bringt it sels nei Perrault ta.

Inkele moannen geane foarby en Buck is mei syn nije libben as lieder fan 'e slidehûnetroep like tefreden as er wie doe't er noch de bedoarne hûshûn fan rjochter Miller wie. Hy ferliest lykwols op 'e nij alles as de tillegraaf Dawson City berikt en de postrûte fan Perrault opheft wurdt. Om't se gjin jild hawwe om in troep slidehûnen itende te hâlden, binne Perrault en Françoise mei triennen yn 'e eagen twongen om 'e hûnen te ferkeapjen.

De hûnen bedarje by in hûnekeapman yn Dawson City, fan wa't se oankocht wurde troch Hal, in erchtinkende dandy sûnder lykfol hokker kennis fan 'e wyldernis, dy't mient dat er eefkes ryk wurde sil fan syn goudclaim. As de hûnen syn slide net fan it plak krije om't de gliders oan 'e grûn fêstferzen binne, is derfan oertsjûge dat it loaie bisten binne en wol er harren mei in kneppel te liif. Aldergeloks is Thornton oanwêzich, dy't him tsjinhâldt en útleit wat der wurklik oan 'e hân is. Hal beskôget dat as in publike fernedering en fettet in djippe haat foar de oare man op. Mei't de winter suver foarby is en it iis op 'e rivieren op it punt stiet fuort te teien, riedt Thornton him oan om 'e koarte noardlike simmer ôf te wachtsjen en pas yn it neijier op 'en paad te gean, mar dêr wol Hal neat fan witte.

De folgjende wiken boalet Hal de hûnen sa ôf dat se folslein útput reitsje, wylst er se mar amperoan fuorret. Se moatte in swier beladen slide lûke yn teiwaar wêrby't op plakken suver gjin snie mear leit. Thornton, dy't it net oansjen kin, is him efternei reizge en treft him wer as er oan 'e igge fan mar stiet dy't er tsjin eltse priis oerstekke wol. Buck wegeret om foarút, en Hal lûkt syn revolver en wol de hûn yn razernij deasjitte, mar fannijs wurdt er tsjinholden troch Thornton. Dyselde snijt Buck los, en de hûn is sa ynein dat er dêrnei delfalt en foar dea lizzen bliuwt. Wylst Hal de oare hûnen twingt om it ynstabile iis fan 'e mar op, nimt Thornton de mânske lading fan Buck op it skouder en bringt him werom nei syn blokhutte, dêr't de hûn twa dagen oan ien wei troch sliept foar't er wer by besleur komt.

Dy jûns set Thornton, dy't in drankprobleem hat, nei de saloon yn Dawson City ta. Dêr komt Hal him oer it mad en slacht him del. De man is alhiel breinroer, want de oare hûnen binne útnaaid mei al syn spul en op 'e iene of oare manear is dat Thornton syn skuld. Buck, dy't Thornton folge is, komt syn minsklike freon te help en falt Hal oan. Dyselde besiket dat as bewiis oan te fieren dat Buck gefaarlik is en ôfmakke wurde moat, mar de ynwenners fan Dawson City, dy't Buck heger achtsje as Hal, litte har net bedrage en smite Hal de saloon út.

Neitiid bliuwt Buck by Thornton te wenjen. Hy helpt de man fan 'e drank ôf troch eltse kear syn flesse ôf te pakken en dermei út te naaien. Op in jûn fertelt Thornton yn in emosjonele bui oan Buck dat syn soan eartiids altyd sljocht wie nei lânkaarten, mar hy fûn it altyd ynteressanter wat der foarby de râne fan 'e kaart wie as wat er eins op 'e kaart sels stie. Hy stelt foar om foarby de râne fan syn lânkaart fan 'e Yukon te reizgjen om te sjen wat se dêr fine kinne. Salang't er by Thornton bliuwe kin, is dat Buck fansels wol bêst. Underwilens hat Hal himsels derfan oertsjûge dat al syn tsjinrampen mei opsetsin feroarsake binne troch Thornton, dy't Hal by de goudclaim wei hâlde woe dy't er kocht hie. Want Thornton wol fansels it goud dat dêr sit, sels ynpikke. Hy set efter Thornton en Buck oan mei as doel om wraak te nimmen.

As se tegearre yn 'e wyldernis binne, wurdt de bân tusken Thornton en Buck noch sterker fanwegen alle deistige aktiviteiten dy't se mei-inoar dogge. Se reizgje fan 'e kaart ôf en ûntdekke op in dei in leechsteande, ferfallen blokhutte oan 'e igge fan in beekje. Dêr beslút Thornton him nei wenjen te setten. It docht bliken dat it beekje smoarfol goud sit, dat Thornton begjint mei goudsykjen, wylst Buck de omkriten ferkent. Dêr komt er in wite wolvinne op it spoar, dêr't er freonskip mei besiket te sluten troch har in poat te jaan. Sy moat dêr neat fan hawwe en makket him dat ek goed dúdlik. Nei't er lykwols in lid fan har ridel rêdt, dat yn 'e streamfersnellings fan in rivier driget te ferdrinken, betinkt se har. Buck bringt dêrnei almar mear tiid troch mei de wolveridel, mar keart eltse jûn werom nei de blokhutte om by Thornton te wêzen. Hy wurdt ferskuord trochdat er oan 'e iene kant graach by de wolvinne yn 'e wyldernis libje wol en oare kant dochs syn baaske net allinne litte wol.

Tsjin ein fan 'e simmer beslút Thornton dat it tiid is om op hûs oan. Hy bedoelt net: werom nei Dawson City, mar: werom nei syn eks-frou, mei't syn rite yn 'e wyldernis syn kwetste geast genêzen hat. Hy smyt frijwol al it goud dat er fûn hat, werom de beek yn en nimt ôfskie fan Buck, dy't hjir mar moai yn 'e wyldernis bliuwe moat, ornearret er. Buck giet it wâld yn en jout him del njonken de wolvinne, al hat er net alhiel frede mei dy kar. Dy nachts fynt Hal de blokhutte fan Thornton en besiket de âldman dea te sjitten. Thornton lit fan skrik in oaljelampe kneppelje en binnen de koartste kearen stiet de hiele blokhutte yn ljochte lôge. As Hal deryn komme wol, grypt Thornton de loop fan syn gewear. Bûtendoar wrakselje beide mannen om it wapen, wêrby't Hal Thornton yn 'e búk sjit. As er de ferwûne man ôfmeitsje wol, arrivearret Buck, dy't it skot heard hat. Hy skuort Hal earst syn gewear út 'e hannen en dan syn kneppel, wêrnei't er de man tebektriuwt nei de blokhutte en nei binnen smyt. Fuort letter stoart it gebou yn, en Hal komt om yn 'e flammen.

 
Harrison Ford.
 
Omar Sy.
 
Cara Gee.

De stjerrende Thornton seit tsjin Buck dat er no foar himsels libje moat en dat de wyldernis no syn thús is. De oare moarns wurdt Buck ophelle troch de wolvinne, dy't him meitroait nei it wâld. Buck hâldt ferskate kearen ho om mei drôvens om te sjen nei de útbaarnde blokhutte, mar giet úteinlik mei har. Yn neikommende jierren is de krite om 'e blokhutte hinne it domein fan in aparte wolveridel, mei in krusing fan in Sint-Bernardshûn en in Ingelske hardershûn as alfa en it iene nei it oare nêst jonge wolfshûntsjes as nije leden.

Rolferdieling bewurkje seksje

haadrollen
personaazje akteur/aktrise   
John Thornton / voice-over Harrison Ford
Perrault Omar Sy
Françoise Cara Gee


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Hal Dan Stevens
Mercedes Karen Gillan
rjochter Miller Bradley Whitford
Katie Miller Jean Louisa Kelly
Charles Colin Woodell
Edenshaw Michael Horse
hûnedief Adam Fergus
hûnekeapman yn Skagway Brad Greenquist

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

The Call of the Wild waard regissearre troch Chris Sanders nei in senario fan Michael Green. It skript gie tebek op sawol de ferneamde aventoereroman The Call of the Wild fan Jack London út 1903, as op in eardere ferfilming, Call of the Wild fan Gene Fowler út 1935, mei Clark Gable yn 'e haadrol. De nije film is bernefreonliker as it boek, wat bgl. bliken docht as de antagonist Hal fertelt dat de slidehûnen mei syn slide útnaaid binne (yn it boek komme se om). As produsinten wiene Erwin Stoff en James Mangold by it projekt belutsen foar de filmstudio's 20th Century Studios, TSG Entertainment en 3 Arts Entertainment. (The Call of the Wild wie de earste film dy't troch 20th Century Studios, foarh. 20th Century Fox, útbrocht waard ûnder de nije namme.) Foar de film wie in budget beskikber fan $125 oant 150 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Janusz Kamiński, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Powell.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar The Call of the Wild setten ein septimber 2018 útein. De film waard yn syn gehiel opnommen yn Kalifornje, foar it meastepart yn 'e studio yn Los Angeles en foar in lyts part op filmsets bûtendoar yn Santa Clarita. Foar Buck waard gjin echte hûn brûkt; ynstee waard er kreëarre út special effects; by de opnamen fungearre Terry Notary foar him as stand-in, sadat de akteurs wat hiene dêr't se har op rjochtsje koene.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan The Call of the Wild waard fersoarge troch 20th Century Studios. De film gie op 21 febrewaris 2020 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 21 febrewaris 2020 by platemaatskippij Hollywood Records. The Call of the Wild kaam op 27 maart 2020 beskikber as digitale download en waard op 12 maaie fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige The Call of the Wild mingde resinsjes. Sa priizge Owen Gleiberman fan it tydskrift Variety de aktearprestaasje fan Harrison Ford, dy't er omskreau as "in minimalistysk optreden". In protte oare resinsinten wiene dat mei him iens. Der wie lykwols in protte krityk op Buck en de oare hûnen dy't útslutend mei special effects ta stân brocht wiene. In soad filmkritisy fûnen dy der nep útsjen.

Common Sense Media parte The Call of the Wild 4 fan 5 stjerren ta. Dêrby waard opmurken: "Aldelju moatte witte dat The Call of the Wild in famyljefreonlike adaptaasje is fan 'e klassike roman fan Jack London. […] it is in ienfâldiger, wat behimmele fariant fan it ferhaal (wat it foechsumer makket foar jongere sjoggers), mar de tema's en boadskippen fan it wurk fan London binne [yn dizze film] noch like fris as in sinne-opgong yn 'e Yukon."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Call of the Wild in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 206 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It wurdt ûndermine troch ôfliedende en ûnnedige special effects, mar it hertferwaarmjende Call of the Wild bliuwt dochs in klassyk ferhaal, dat leafdefol werferteld wurdt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Call of the Wild in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 43 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

The Call of the Wild brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $62,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $48,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $110,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $125 oant 150 miljoen betsjut dat in ferlies fan $14,2 oant 39,2 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by opteld wurde moat. Fanwegen de hege produksje- en marketingkosten hie The Call of the Wild ferlet fan in opbringst an $250 oant 275 miljoen om kyt te spyljen. Dat hie skoan slagje kind as de koroanapandemy de boel net bedoarn hie. Troch de lockdowns dy't yn ferbân dêrmei fan krêft waarden, moasten de bioskopen ticht en kaam der foartidich in ein oan 'e fertoaning fan 'e film dêre. Saakkundigen hâlde it derop dat The Call of the Wild dêrtroch úteinlik $50 oant 100 miljoen ferlies draaid hat.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.