The Little Things (film út 2021)
The Little Things is in Amerikaanske histoaryske psychologyske skriller en neo-noir-plysjefilm út 2021 ûnder rezjy fan John Lee Hancock, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington en Rami Malek. De titel betsjut "De Lytse Dinkjes". It ferhaal folget Joe Deacon, in helpsheriff fan it plattelân fan Kalifornje, dy't yn 'e iere 1990-er jierren foar syn wurk nei Los Angeles moat, dêr't er foarhinne resjersjeur wie. In jongere kollega freget syn help by de jacht op in searjemoardner. Geandewei it ûndersyk sjocht Deacon oerienkomsten mei in âlde moardsaak dy't er nea oplosse kinnen hat. Underwilens komme der lykwols ek almar ûntrêstgjender dingen oer syn eigen ferline oan it ljocht. The Little Things krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en kaam yn 'e bioskopen net út 'e kosten. Akteur Jared Leto waard foar syn rol yn The Little Things nominearre foar sawol in Golden Globe as foar in Screen Actors Guild Award.
The Little Things | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Lee Hancock | |
produsint | Mark Johnson John Lee Hancock | |
senario | John Lee Hancock | |
kamerarezjy | John Schwartzman | |
muzyk | Thomas Newman | |
filmstudio | Gran Via Productions | |
distribúsje | Warner Bros. HBO Max | |
spilers | ||
haadrollen | Denzel Washington Rami Malek | |
byrollen | Jared Leto Chris Bauer Michael Hyatt Natalie Morales | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 29 jannewaris 2021 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | psychologyske misdieskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 128 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $30 miljoen | |
opbringst | $31,0 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeOp in lette jûn yn 1990 riidt in teenagefamke yn har auto oer in iensume autodyk, dêr't se stalkt wurdt troch in manlike automobilist. Se hâldt ho by in benzinestasjon yn 'e hope dêr help te krijen, mar de winkel dy't derby heart, is foar de nacht sletten. Der is nimmen te bekennen en alle doarren sitte op 'e slot. Underwilens is de stalker ek by de benzinepomp stean bleaun. It fanke flechtet yn panyk de omlizzende woastyn yn, dêr't se efterfolge wurdt troch de stalker oant se de wei wer berikt op it stuit dat dêr in frachtwein lâns riidt, dy't se wit oan te hâlden.
In ûnbeskate tiid letter hâldt helpsheriff Joe Deacon fan it Kern County Sheriff's Office (KCSO) yn Bakersfield (Kalifornje) him dwaande mei lichte misdriuwen, lykas fandalisme troch baldiedige bern. Sy baas, haadynspekteur Henry Davis, stjoert him nei Los Angeles om by it technysk laboratoarium fan it Los Angeles County Sheriff's Department (LASD) in bewiisstik op te heljen yn 'e saak fan in resint misdriuw dat de oare deis al foar de rjochter komt. Yn Los Angeles wurdt Deacon op it kantoar fan it LASD net mei flagge en wimpel ynhelle; it docht bliken dat er dêr foarhinne wurke hat as resjersjeur en dat er der mei swierrichheden wei rekke is. De iennichste freonen dy't er der noch hat, binne resjersjeur Sal Rizoli en patolooch-anatoom Flo Dunigan. Haadynspekteur Carl Farris sjocht him lykwols leaver sa gau mooglik wer ôfsetten.
De jonge resjersjeur Jim Baxter hat by it LASD de lieding oer it ûndersyk nei ferskate moarden op jonge froulju, dy't nei alle gedachten it wurk binne fan in searjemoardner. It slagget him lykwols net de saak op te lossen en syn superieuren hawwe him oansein dat se deroer tinke om 'e federale resjerzje, de FBI, by de saak te belûken. Baxter beart dat er alles ûnder kontrôle hat, mar eins sit er mei de hannen yn it hier. Wannear't er heard dat Joe Deacon yn Los Angeles is, fan wa't er wit dat dy by it LASD gauris ûnoplosber achte saken oploste, beslút er him om help te freegjen. Mei't Baxter pas by it LASD kommen is nei't Deacon dêr al wei wie, hat er fierders gjin inkele miening oer de man en de wjersin dy't haadynspekteur Farris en de measte oaren tsjin him hawwe, komt him mar nuver oan.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Deacon, dy't útleit dat it gauris "de lytse dinkjes" binne dêr't men dieders op pakke kin, giet mei Baxter en Rizoli nei it plak delikt fan in nije moard op in jonge frou. Hy bewiist syn wearde troch te ûntdekken wêrom't de moardner oeren nei de moard werom kommen is om it slachtoffer te ferslepen en sittend tsjin 'e bûtendoar fan it appartemint oan te postearjen: sa koed er har út it leechsteande gebou oarekant de strjitte wei besjen. Deacon merkt fierders ferskate oerienkomsten op mei wat er seit dat in ûnoploste saak yn Kern County is, mar wat al rillegau in ûnoploste trijedûbele moard út syn eigen ferline by it LASD yn Los Angeles blykt te wêzen. Dyseldichste jûns wurdt in jonge frou, in Ronda Rathbun, folge troch in man yn in auto as se allinnich oan it joggen is. De oare deis jouwe har âldelju har op as fermist.
Haadynspekteur Farris is net botte gelokkich as er der lucht fan kriget dat Baxter Deacon mei op sleeptou nommen hat, en dat wurdt noch helte minder as er Deacon syn baas Davis opskillet en te hearren kriget dat Deacon in pear wiken ferlof opnommen hat. Farris hat der gjin yllúzjes oer wêr't Deacon dy frije tiid trochbringe wol. Baxter lûkt him lykwols neat oan fan 'e ôfkarring fan syn baas, om't er beseft dat er de searjemoarden op eigen manneboet net oplosse kin. Farris warskôget him dat Deacon ûnbetrouber is. De lêste saak dy't er foar it LASD behannele, in trijedûbele moard, waard in obsesje foar him. Dêrtroch rûn syn houlik op 'e klippen, tocht er sa min om syn eigen sûnens dat er in hertoanfal krige, en rekke er úteinlik syn baan kwyt. Underwilens giet Deacon nei it mortuarium, dêr't Flo Dunigan him yllegaal oan in âld dossier helpt, mar se seit der daliks by dat se diskear gjin lyk foar him ferdwine litte kin as er yn 'e swierrichheden rekket.
De oare jûns wurdt in nij slachtoffer fan deselde searjemoardner ûntdutsen, dat oanspield is by in brêge. Baxter stelt fêst dat it Ronda Rathbun net is, mar dat de wurkwize wol oerienkomt mei de earder fûne slachtoffers. Deacon giet werom nei it earste plak delikt dêr't Baxter him hinne meinaam. Hy sjocht der nochris om him hinne en ûnderfreget op 'e nij de hospita. It docht bliken dat de kuolkast al in pear dagen stikken wie en dat der in monteur besteld wie foar in reparaasje. Mei't it slachtoffer de dieder sels yn it appartemint litten hat, begjint Deacon him ôf te freegjen oft it soms in kuolkastmonteur wie. Hy giet nei de saak dêr't de hospita hinne belle hie en freget dêr de persoansgegevens fan 'e monteurs op. Ien springt derút, in Albert Sparma, en Deacon begjint him nei te lûken. As Sparma der yn 'e auto op útgiet, folget Deacon him, mar Sparma hat him al rillegau yn 'e rekken en makket der in spultsje fan, ta groeiende argewaasje fan Deacon.
Deacon set dêrop Baxter op it spoar fan Sparma. De man wurdt nei it plysjeburo brocht foar in ferhear, mar se hawwe lang net genôch bewiismateriaal om him te arrestearjen, en Sparma wit dat. Hy ferget ûnder it ferhear de plysjes op alderhanne wize, oant Deacon syn selsbehearsking ferliest en him op in hier nei in wan bruien jout. Se moatte Sparma gean litte, temear mei't it tsjûgenis fan it fanke dat yn 'e woastyn troch in man efternei sitten waard, ûnbrûkber wurden is troch in flater fan Baxter syn partner, resjersjeur Jamie Estrada. (It fanke sjocht Sparma yn hânboeiens binnenbrocht wurden en kin dêrnei gjin objektive identifikaasje mear ôflizze.) It is op dat stuit freed, en haadynspekteur Farris seit Baxter oan dat de FBI de saak op moandei oernimme sil. Foar Baxter en Deacon betsjut dat dat se noch twa dagen hawwe om bewiis tsjin Sparma te finen. Farris warskôget Baxter dat Sparma in misdiekenner en in fantast is, dy't acht jier earder alris in bekentenis ôflein hat foar in moard dêr't er letter neat mei te krijen bliek te hawwen.
Nettsjinsteande dat geane Baxter en Deacon troch mei harren ûndersyk nei Sparma. In fingerôfdruk fan Sparma, dy't se fine, liket op dy fan 'e searjemoardner, mar om't der in grut part fan ûntbrekt, kin it laboratoarium fan it LASD net mei wissichheid sizze oft it om deselde persoan giet. Mei't de tiid begjint te driuwen, nimme Baxter en Deacon op sneontejûn harren taflecht ta in yllegale hûssiking. Baxter lokket Sparma mei in tillefoantsje út 'e hûs wei, wêrnei't Deacon der ynbrekt. Hy fynt gjin direkt bewiismateriaal tsjin Sparma, mar ûnder in lûk yn 'e flier treft er wol in metalen kistke oan mei útknipte krante-artikels oer alle moardsaken dêr't er fan fertocht wurdt en ferskate oaren, wêrûnder de trijedûbele moard dy't Deacon sa dwers sit. Sparma, dy't ek net gek is, begrypt wol wat der geande is, dat hy skillet it alaarmnûmer op en rapportearret dat der op syn eigen adres in plysjeman delsketten is. Om't syn wente yn it jurisdiksjegebiet fan it Los Angeles Police Department (LAPD) stiet, kin Baxter, dy't foar it Los Angeles County Sheriff's Department (LASD) wurket, gjin direkte ynfloed op 'e oprop útoefenje. It LAPD falt mei grou geweld it hûs binnen, mar om't Sparma syn plysjescanner oanstean litten hie, wist Deacon dat de plysje ûnderweis wie. It slagget him krekt op 'e tiid en klim op it dak, en fia de dakken fan oanbuorjende huzen wit er te ûntkommen en sûnder sjoen te wurden de auto fan Baxter te berikken.
Wylst se sneintejûns let wer yn 'e auto sitte by Sparma syn hûs om syn dwaan en litten yn 'e rekken te hâlden, giet Deacon eefkes nei in nachtwinkel dêr yn 'e buert om kofje en wat te iten te heljen. Krekt as er fuort is, komt Sparma út 'e hûs om Baxter in bytsje te narjen. Baxter easket dat er fertelt wêr't er it lyk fan Ronda Rathbun brocht hat, en Sparma pakt syn eigen auto en biedt Baxter oan om him dêrhinne te riden. Baxter wifket eefkes, mar beslút dan dat er dizze kâns net gewurde litte kin, mei't de saak foar him al krekt sa'n obsesje wurden is as de trijedûbele moard foar Deacon wie. As Deacon weromkomt mei de kofje sjocht er noch krekt de auto fan Sparma mei Baxter op 'e passazjiersstoel fuortriden. Hy set temûk de efterfolging yn mei Baxter syn auto. Sparma nimt Baxter mei nei in ôfhandich plak yn 'e woastyn, dêr't er him in skeppe jout en it plak oanwiisd dêr't er grave moat. Tsjin 'e tiid dat Baxter in flink gat groeven hat, seit er dat er him fersind hat en wiist er in oar plak oan. Baxter bringt de nacht troch mei it graven fan it iene nei it oare gat, want hoewol't er skeptysk is oer de oprjochtens fan Sparma, kin er de lytse kâns net rinne litte om it lichem fan Ronda Rathbun te finen. Mar it is om 'e nocht, want hy fynt neat. Underwilens hinget Sparma wat om en strúnt om Baxter hinne en beskimpt him oan ien wei troch. As er op 't langelêst oer Baxter syn frou Ana en syn dochterkes Jennifer en Chloe begjint en seit hoe dom oft Baxter west hat om 'e oandacht fan in searjemoardner te lûken as er safolle te ferliezen hat, ferliest de plysjeman einlings syn selsbehearsking en huft er Sparma mei de skeppe tsjin 'e holle oan.
Koarte tiid letter arrivearret Deacon, dy't Sparma en Baxter yn 'e woastyn kwytrekke wie, einlings op it plak dêr't er wêze moat. Hy treft Sparma dea oan en Baxter alhiel oerémis. Hy jout Baxter opdracht om Sparma te begraven yn ien fan 'e kûlen dy't er dobbe hat. Sels set er ôf yn 'e auto fan Sparma, dy't er yn in minne buert fan Los Angeles efterlit by in kloft omhingjende swarte jongemannen dy't er de kaaikes tasmyt. Hy giet nei de wente fan Sparma, dêr't er alle besittings fan 'e man yn jiskepûden ferpakt en yn syn eigen auto laadt. As er it kistke ûnder it lûk yn 'e flier wer iependocht, kriget er in flashback nei syn eigen ferline as resjersjeur yn Los Angeles en sjocht er wer de foarfallen fan 'e jûn dat hy en Farris yn in park twa froulju fûnen dy't deastutsen wiene. Deacon gie fierderop yn it park op ûndersyk út, hearde wat yn it strewelleguod en skeat foar't er seach wat it wie. It bliek in trêde jonge frou te wêzen. Neitiid holpen Farris en Flo Dunigan him om it spul te behimmeljen en kaam it misdriuw te boek te stean as in trijedûbele moard.
De oare moarns keart Deacon werom yn 'e woastyn, dêr't er sjocht dat Baxter ûnderwilens Sparma net begroeven hat, mar ynstee it stik lân feroare hat yn in gatsjepanne fan kûlen, noch hieltyd op 'e siik nei it lichem fan Ronda Rathbun. Hy is nammentlik wanhopich om te bewizen dat Sparma yndie de moardner wie en dat er net in yrritante mar ûnskuldige man deaslein hat. Deacon, waans wekjen en sliepen tramtearre wurde troch de jonge frou dy't er deasketten hat en de beide oare moardslachtoffers fan deselde jûn, rikkemandearret Baxter mei klam oan om 'e saak fierders rêste te litten, oars sil it him de rest fan syn libben efterfolgje. Hy begraaft Sparma yn ien fan 'e djippere gatten, goait de oare kûlen fol en sljochtet se oer, en soarget dat Baxter nei hûs giet. Sels keart er werom nei hûs yn Kern County, dêr't er de besittings fan Sparma ferbaarnt.
Underwilens nimt yn it haadkertier fan it LASD in spesjaal agint fan 'e FBI de lieding oer it ûndersyk nei de searjemoardner oer. Hy jout oan syn meiwurkers in diederprofyl dat op alle punten oerien komt mei Sparma, mar stelt dat alle eardere fertochten dúdlik neat mei de saak te krijen hiene en dat se hielendal wer fan it begjin ôf begjinne moatte. Letter bringt Rizoli in kefert by Baxter, dy't mei in burn-out thússit. It is in berjocht fan Deacon, mei in bryfke wêryn't er him nochris op it hert drukt om 'e saak te ferjitten, en fierders in reade hierspjelde lykas Ronda Rathbun neffens har âlden altyd droech ûnder it joggen. Baxter lit in sucht fan ferromming slûpe, mei't er oannimt dat Deacon it ding tusken de besittings fan Sparma oantroffen hat. Thús yn Kern County goait Deacon as lêste in nij pakje hierspjelden yn 'e flammen. Dêr mist in readenien út, en der sit noch in plestik pûdsje en in kassabon by. Dan rint er fuort.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
helpsheriff Joe Deacon | Denzel Washington |
resjersjeur Jim Baxter | Rami Malek |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Albert Sparma | Jared Leto |
resjersjeur Sal Rizoli | Chris Bauer |
patolooch-anatoom Flo Dunigan | Michael Hyatt |
resjersjeur Jamie Estrada | Natalie Morales |
haadynspekteur Carl Farris | Terry Kinney |
Ana Baxter | Isabel Arraiza |
Tina Salvatore | Sofia Vassilieva |
resjersjeur Rogers | Joris Jarsky |
haadynspekteur Henry Davis | Glenn Morshower |
Marsha, Deacon syn eks-frou | Judith Scott |
Stan Peters | Frederick Koehler |
plysje Henderson | John Harlan Kim |
Ronda Rathbun | Maya Kazan |
manlike jogger | Matt Morrison |
Jennifer Baxter | Sophia Castro |
Chloe Baxter | Calliah Sophie Estrada |
ûndersiker fan it LASD | Eric Satterberg |
resepsjonist suterich hotel | Dimiter D. Marinov |
hospita | Lee Garlington |
Mary Roberts | Anna McKitrick |
Paige Callahan | Sheila Houlahan |
Tamara Ewing | Ebony N. Mayo |
resjersjeur Williams | Jason James Richter |
Julie Brock | Tiffany Gonzalez |
Amy Anders | Olivia Washington |
sleepautosjauffeur | Kiff Vandenheuvel |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeThe Little Things spilet yn 'e iere 1990-er jierren om't it senario al yn 1993 troch John Lee Hancock skreaun waard foar regisseur Steven Spielberg. Dyselde betanke dêr lykwols foar om't er it ferhaal te dûnker fûn. Yn 'e perioade fan krapoan tritich jier dat it senario op 'e planke lei, wie der op in stuit sprake fan dat Clint Eastwood de film regissearje soe, en letter wie men yn oerlis mei Warren Beatty en dêrnei mei Danny DeVito. Dat rûn lykwols allegear op 'e non, en tsjin 2019 besleat Hancock om de film sels te regissearjen.
Behalven as regisseur en senarioskriuwer wied er ek as filmprodusint by it projekt belutsen, yn 'e mande mei Mark Johnson. De produksjemaatskippij wie Gran Via Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Schwartzman, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Thomas Newman. De opnamen foar The Little Things setten op 2 septimber 2019 útein en duorren oant yn desimber fan dat jier. De measte sênes waarden op lokaasje yn Los Angeles opnommen, mar der waard ek filme yn Santa Clarita en Ventura. De iepeningssêne wêryn't in jonge frou efterfolge wurdt by in benzinestasjon yn nearnehuzen waard opnommen yn 'e neite fan Lancaster (Kalifornje).
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan The Little Things waard fersoarge troch Warner Bros. Omreden fan 'e lockdowns yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy waard de premiêre fan 'e film útsteld oant yn 2021. The Little Things iepene op 29 jannewaris fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen. Tagelyk wie de film ek 31 dagen lang op 'e streamingtsjinst HBO Max te sjen, lykas alle nije produksjes fan Warner Bros. dat jier by wize fan kompinsaasje foar de beheinings dêr't bioskoopbesyk doe noch altyd oan bûn wie. The Little Things kaam op 20 april 2021 beskikber as digitale download en waard op 4 maaie fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray. Sûn 17 juny 2021 is de film ek wer te streamen fia HBO Max.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige The Little Things mingde resinsjes. Party resinsinten seagen oerienkomsten tusken dizze film en de klassiker Seven (1995), mei Morgan Freeman en Brad Pitt, sawol wat it ferhaal as de toansetting oanbelange. David Ehrlich fan IndieWire joech The Little Things in 71/2 op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau: "[It] is pulperich en healwiis en men moat jins ûnleauwe der gâns foar negearje, mar […] je soene sels sizze kinne dat it moai is." Yn The Hollywood Reporter skreau David Rooney: "As it oer it algemien strakke, orizjinele senario fan 'e regisseur sels útkomt by in ein dy't te kryptysk is om folslein te befredigjen, dan biede de aktearprestaasjes fan Denzel Washington en Rami Malek as plysjes fan 'e âlde en de nije skoalle dy't mear gemien hawwe as ferwachte, genôch lym om alles byinoar te hâlden." Hy konkludearre dat de film "in spannende misdieskriller mei in dûnkere alluere" wie.
Barry Hertz fan 'e Kanadeeske krante The Globe and Mail parte The Little Things 21/2 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: Hancock soarget derfoar dat de aksje net stilfalt en amper tonale betizing hat. Dêrmei lit er sjen wat in oppoetste favoryt fan 'e grutte filmstudio's dwaan kin as er sekken fol jild kriget en rekken hoecht te hâlden mei nul auteursrjochten." Yn 'e Britske krante The Guardian joech Benjamin Lee de film 2 fan 5 stjerren. Hy fûn dat "it jin allegearre in bytsje te bekend foarkomt" en dat "it te lyts oandocht" yn in tiid "dat sels plysjesearjes op 'e tillefyzje resjersjeurs mei permanint fronsele wynbrauwen omrinnen hawwe dy't in grutter diel fan 'e tiid efterfolge wurde troch harren ferline as dat se yn it hjoed misdriuwen oplosse." Brian Tallerico joech The Little Things op 'e webside RogerEbert.com 2 fan 4 stjerren. Hy murk op dat regisseur Hancock neffens him in ferhaal fertelle woe "oer hoe't in saak de ûndersikers útinoar skuorre kin op in manear dy't harren foar ivich brutsen efterlit – mar hy kriget it mar net foarinoar om dêr tagelyk in yntrigearjend moardmystearje fan te meitsjen."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Little Things in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 264 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "The Little Things is útsûnderlik goed cast en sil as âlderwetske skriller foar de fans bekend oanfiele, sawol yn 'e goede as de ferkearde sin." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Little Things in goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 48 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeThe Little Things brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $15,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $15,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $31,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $1 miljoen. As men dêr de marketingkosten noch ôflûkt, betsjut it lykwols dat de film ferlies draaide. Dêr moat wol by oantekene wurde dat soks benammen feroarsake waard troch de beheinings dy't yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy oan bioskoopbesyk oplein wiene. Op 'e streamingtsjinst HBO Max wie The Little Things yn 'e earste moanne de meast besjoene film, dy't troch mear as 3 miljoen Amerikaanske húshâldings streamd waard.
Prizen
bewurkje seksjeJared Leto waard foar syn rol yn The Little Things as de sinistere moardfertochte Albert Sparma nominearre foar sawol de Golden Globe as de Screen Actors Guild Award foar bêste byrol fan in akteur.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |