The Shadowed Sun
The Shadowed Sun is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster N.K. Jemisin. De titel betsjut letterlik: "De Beskade Sinne". De plot fan it boek draait om 'e befrijing fan 'e stêd Gujaareh fan 'e útlânske oerhearsking. The Shadowed Sun is it twadde diel fan 'e duology The Dreamblood, en folget as sadanich op The Killing Moon. De beide dielen steane lykwols fierhinne op harsels, en kinne skoan apart lêzen wurde (hoewol't yn The Shadowed Sun de útkomst fan 'e plot fan The Killing Moon ferteld wurdt). The Shadowed Sun waard yn 2012 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Orbit U.S., wêrnei't datselde jiers noch in werútjefte foar de Jeropeeske merk folge by Orbit Books yn Londen. Yn 2016 waard de roman tegearre mei The Killing Moon werpublisearre yn 'e omnibusedysje The Dreamblood Duology. The Shadowed Sun wûn yn 2012 de Romantic Times Reviewers' Choice Award yn 'e kategory bêste fantasyroman.
The Shadowed Sun | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | N.K. Jemisin | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2012, New York | |
oarspr. útjwr. | Orbit U.S. | |
prizen | RT Reviewers' Choice Award | |
rige | ||
rige | The Dreamblood-duology | |
● foarich diel | The Killing Moon | |
● folgjend diel | ― (lêste diel) | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 35 65 00 775 |
Ynhâld
bewurkje seksje(Sjoch hjirre foar mear ynformaasje oer de stêd Gujaareh, de preesters fan 'e Hetawa en de Gujaareenske maatskippij.)
The Shadowed Sun spilet tsien jier nei de foarfallen dy't beskreaun binne yn The Killing Moon (sjoch dêre). Gujaareh suchtet no al in desennium ûnder de besetting troch it súdlike buorlân Kisua. Yn 't earstoan wie dat in frij goedaardige sitewaasje, mar de lêste tiid boazje de spannings fluch oan. De besetting is, ekonomysk sjoen, in boaiemleaze put foar Kisua, en dat lân besiket dêrom syn finansjele ferliezen goed te meitsjen troch te besykjen en lûk de hannel fan Gujaareh nei Kisua sels ta. Gujaareh hat no sadwaande wol ûnbeheinde tagong ta de merken fan it suden, fia Kisua, mar de Kisuaten hawwe tige hege ynfiertariven en oare beheinings oplein foar de ymportguod út it noarden en easten, dêr't Gujaareh tradisjoneel hannel mei dreau.
Fan gefolgen is de progressive aadlike kaste fan 'e zhinha alhiel ferearmoede rekke, wylst de tradisjonalistyske aadlike kaste fan 'e shunha, dy't de geunst fan 'e Kisuaten hat, mar amper de holle boppe wetter hâlde kin. De keaplju binne massaal úteinset mei smokkeljen, wylst mear as de helte fan 'e grutske krigerskaste gjin oare kar hân hat as om wurk te sykjen as hierling. Underwilens rekket de besetting by de befolking yn Kisua sels almar ympopulêrder fanwegen alle jild dat deroan opgiet. Om it eigen folk tefreden te stellen, hat de Ried fan Beskermers (it oligargysk regear fan Kisua) hegere belestings ynfierd yn Gujaareh, dy't de sitewaasje noch minder meitsje.
De hegere belestings en hannelsbeheinings rinne foar Kisua lykwols op in teloarstelling út. Want as harren de tagong ta ymportguod út it noarden en easten ûntsein wurdt, keapje Gujaarenen net it súdlike guod dat Kisua harren opkringe wol, mar leare se harsels om sûnder sok guod te libjen. As se bygelyks inkeld noch Kisuatysk timmerhout krije kinne, hâlde se simpelwei op mei bouwen. En as de Kisuaten de Gujaareenske hegerein twinge wolle om harren tsjinstfolk te binen mei kontrakten dy't yn 'e praktyk delkomme op slavernij (in Kisuatysk ferskynsel dat yn Gujaareh net foarkomt), stjoere de Gujaarenen harren tsjinners nei famyljeleden oersee om soks foar te kommen. Fan gefolgen ûntstiet der in tekoart oan arbeidskrêften yn Gujaareh, en it is inkeld in kwestje fan tiid ear't der ek tekoarten oan iten, klean en oare dingen wêze sille.
Tsjin dy eftergrûn besykje Sunandi Jeh Kalawe, de Kisuatyske gûverneur, en har man, generaal Anzi Seh Ainunu, dy't it goed mei Gujaareh miene, om 'e oarder te bewarjen, wylst trije ûnderskate Gujaareenske faksjes yntrigearje om in ein oan 'e Kisuatyske besetting te meitsjen. Wanahomen, de âldste soan en erfgenamt fan Eninket, de lêste prins fan Gujaareh, hat no tsien jier yn ballingskip libbe mank de Banbarra, in folk fan woastynbedoeïnen. Syn krewearjen om oarlochslieder fan 'e Banbarra te wurden en de bedoeïnen as leger yn te setten om Gujaareh te befrijen en himsels op 'e troan te bringen, berikt no sa stadichoan har klimaks. Yn Gujaareh sels hat Sanfi, in ealman fan 'e shunha-kaste, in gearspanning fan shunha- en zhinha-eallju, leden fan 'e krigerskaste, keaplju en oaren gearbrocht om in ynterne opstân ta te rieden. Hy ûnderhannelet ek mei Wanahomen, en beart dat er dyselde stypje wol om prins te wurden, mar syn wiere doel is om yn Gujaareh in oligargyske regearingsfoarm te stiftsjen lykas Kisua ek hat, mei himsels oan it haad. En dan is der noch de Gujaareenske geastlikheid yn 'e Hetawa, it ûnbidige timpelkompleks yn it sintrum fan 'e stêd. Under lieding fan 'e opperpreester en de Sammelders Sonta-i, Rabbaneh, Nijiri en Inmu hat dy lang it Kisuatyske bewâld yn Gujaareh stipe, mar wat de Hetawa wol, is frede yn 'e stêd, mei't dat it heechste doel is fan it Hananjaanske leauwe. En de preesters skrilje der net foar tebek om dy frede mei oarloch ta stân te bringen.
Hanani is de earste preesteresse fan 'e Hetawa, en de earste froulike Dieler. Hja is ûnder druk fan 'e Kisuatyske besetters ta de oplieding talitten, en hat jierrenlang opbokse moatten tsjin 'e foaroardielen dy't de Gujaareenske preesters tsjin froulju hawwe. As se nei in oerfal fan 'e Banbarra by wize fan beproeving foar it earst op eigen manneboet in ferwûne rekke soldaat genêst, giet der ta har ûntsetting wat folslein mis. De genêzing op himsels ferrint poerbêst, mar de donor Bahenamin, dy't ekstra dreamfloeistoffen foar de genêzing beskikber stelde, en Hanani har jonge akolyt Dayuhotem, dy't dy dreamfloeistoffen fan 'e donor nei har ta oerhevelje moast, reitsje allebeide troch in ûnbekende oarsaak dea. Guon fan 'e preesters wite dat daliks oan Hanani har froulikens, en hingjende it ûndersyk nei de saak wurdt har ferbean om noch genêzings te ferrjochtsjen. As Hanani neitiid de widdo fan 'e donor besiket, in keapmansfrou dy't Danneh hjit, fertelt dy har dat har man al dagenlang lêst hie fan in nachtmerje, dy't sa skriklik wie dat er him úteinlik net mear doarst del te jaan. Dêrom wied er nei de Hetawa gien, sadat de preesters him fan dy dream befrije koene.
Op 'e weromweis nei de Hetawa stjit Hanani op twa Kisuatyske soldaten dy't in Gujaareenske strjitsutelder yninoar slane en skoppe. Hja sprekt harren oan op harren hâlden en dragen, en wurdt dan sels op in hier nei ek mishannele of mooglik sels seksueel oantaast; inkeld dat oare lju fan it ynsidint tsjûge binne, wjerhâldt de soldaten dêrfan. Neitiid genêst Hanani de slim tramtearre sutelder sûnder dat it by har opkomt dat har dat ferbean is. As har letter it ferbod op genêzing wer yn 't sin komt, beseft se dat se it no helte minder makke hat foar harsels. Werom yn 'e Hetawa wurdt se by de opperpreester roppen, dêr't se ek de Sammelder Nijiri treft. As se fertelt oer de nachtmerje, dêr't Danneh it oer hie, wol Nijiri it petear mei eigen eagen sjen. Hanani stimt dêryn ta, en Nijiri kringt dan har tinzen binnen om mei har har oantinkens oan it petear op 'e nij te belibjen. As er merkt dat se wat foar him besiket te ferbergjen, folget er ek har oantinkens nei it ynsidint mei de beide soldaten. De Sammelder ûntstekt dan yn grutte grime en sjocht de beide soldaten lang oan om harren gesichten te ûnthâlden.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Neitiid seit Nijiri tsjin Hanani dat hy der wis fan is dat de dea fan Dayuhotem en de donor neat mei har te krijen hie. Mar der binne genôch lju yn 'e Hetawa dy't dat nea leauwe sille. Har beproeving, ek al wie dy slagge, is dêrtroch besmodzge rekke. Nijiri biedt Hanani in nije beproeving oan, ien dy't sa dreech wêze sil, dat nimmen har noch wat neidrage kinne sil as se derfoar slagget. Hanani stimt yn mei dy nije beproeving sûnder te witten wêr't it krekt om giet. Nijiri fertelt har inkeld dat se der de stêd foar ferlitte moatte sil. Underwilens wurdt de oare deis Danneh yn 'e Hetawa brocht: hja sliept en is net mear wekker te krijen, en hat oerdúdlik lêst fan in nachtmerje, deselde dy't ek har man silger tramtearre. De Dieler Nhen-ne-verra besiket har te genêzen, mar komt mar krekt mei de skrik frij; de Sammelder Sonta-i besiket it, en rekket dea, tegearre mei Danneh sels. Sonta-i syn lêste wurden binne de iennichste oanwizing: "De Wylde Dreamer is in bern." Yn 'e folgjende dagen wurde mear minsken yn 'e Hetawa brocht, wêrûnder it tsjinstfamke fan Danneh. De nachtmerje ferspriedt him fan sliepende nei sliepende as in besmetlike sykte, en it iennichste dat de Dielers deroan dwaan kinne is de lju dy't deroan lije, yn karantêne te pleatsen. Sa hoopje se de útbraak úteinlik út te rûgjen.
Underwilens set Hanani mei har mentor Mni-inh en Sammelder Nijiri ôf út Gujaareh. Se reizgje nei in plak yn 'e woastyn dêr't se prins Wanahomen en de krigers fan 'e Banbarra treffe. Nijiri slút dêr út namme fan 'e Hetawa in ferbûn mei de prins tsjin 'e Kisuatyske besetters. As teken fan goede wil draacht er de ferbjustere Hanani en Mni-inh (dy't foarôf net oer dizze gong fan saken ynformearre wiene) as gizelders oer oan Wanahomen. De prins nimt de beide Dielers mei nei Merik-ren-aferu, in oäzedelling yn in woastynberchtme, dêr't de Yusir-stamme fan 'e Banbarra it grutste part fan it jier libbet. Wanahomen jout de Hetawa de skuld fan 'e dea fan syn heit, tsien jier lyn, en moat neat fan 'e preesters hawwe. Allinnich it feit dat er sûnder stipe fan 'e Hetawa gjin inkele kâns makket om syn heite troan te bemachtigjen, hat him derta brocht om in ferbûn mei de geastlikheid oan te gean.
De prins hechtet lykwols mear fertrouwen oan 'e stipe fan 'e Banbarra. As oannommen soan fan it stamhaad Unte hat er de stipe fan 'e Yusir al wûn. Yn 'e kommende dagen sille lykwols de oare fiif stammen fan 'e Banbarra yn Merik-ren-aferu gearkomme om te stimmen oer de fraach oft se meifjochtsje sille om Gujaareh fan 'e Kisuatyske oerhearsking te befrijen. En de útkomst fan dy stimming is alles behalve wis, temear om't Wanahomen syn swarde fijannen fan 'e Dzikeh-stamme betiid arrivearre binne sadat se de oare fjouwer stammen beprate kinne. De ûnferwachtse oanwêzichheid fan 'e preesteresse Hanani yn it Banbarra-kamp, in frou dy't har sa folslein oars hâldt en draacht as de grutske Banbarra-froulju, bringt Wanahomen lykwols op in idee. Hy lit har yn it bywêzen fan Azima, de oarlochslieder fan 'e Dzikeh-Banbarra, in wûne genêze dy't er yn in mêsgefjocht oprûn hat. Dêrby jout er har oarders op in wize en toan dy't in Banbarra-frou nea akseptearje soe. Hanani, lykwols, is yn 'e Hetawa net oars wend. Nei de genêzing jout Wanahomen har in tút op 'e lippen, dy't har yn betizing efterlit, mar ek dêr protestearret se net tsjin.
Azima hat troch har hâlden en dragen lykwols de yndruk krigen dat Hanani Wanahomen syn slavinne is, en dy nachts kringt er har tinte yn om har te ferkrêftsjen en sa Wanahomen in slach ta te bringen. Dat wie krekt Wanahomen syn bedoeling, want troch te besykjen in frije frou ta seks te twingen, en ek noch ien dy't fanwegen it selibaat fan Gujaareenske preesters noch faam is, brekt Azima it gastrjocht en withoefolle oare ûnskreaune regels fan 'e Banbarra-maatskippij. Fan gefolgen sille hy en de Dzikeh sterk yn achting sakje, sadat se de oare stammen net mear oertsjûgje kinne om tsjin dielname oan Wanahomen syn oarloch te stimmen. Allinnich, Wanahomen hie net tocht dat Azima sa fluch fanwegen komme soe, dat it ûntkomt him. Hy is sadwaande net yn 'e buert om 'e ferkrêfting tsjin te kearen, en de iennichste dy't Azima tsjinhâldt is Hanani sels, dy't yn deadseangst mei har genêzerstalint syn hert stilset. Om't in Dieler fan Hananja nea in genêzerstalint brûke mei om kwea te dwaan, rekket se dêrtroch yn in djippe morele krisis, noch ôfsjoen fan it trauma dat se oprint om't se hast ferkrêfte wie. Hoewol't de hiele kwestje de winske útwurking hat, en de stammen fan 'e Banbarra foar de oarloch stimme, fielt Wanahomen him letter tige skuldich oer syn ûnmeilydsume brûken fan 'e jonge preesteresse (in gefoel dat noch fuortsterke wurdt as er konfrontearre wurdt mei in poerrazene Mni-inh, dy't him in koekje fan eigen daai jout troch Wanahomen syn hert in lyts skoftsje stil te setten).
Underwilens hat de ealman Sanfi syn húshâlding út syn bûtenhûs yn 'e delling fan 'e rivier de Goadinnebloed oerbrocht nei in hûs yn Gujaareh. It gesin bestiet út syn sljochtsinnige frou Insurret, harren byldmoaie dochter Tiaanet, mei wa't Sanfi in ynsestueuze relaasje fan misbrûk ûnderhâldt, en it seisjierrige bern Tantufi, sabeare Tiaanet har jongere suster, mar eins har dochter. Dat bern wurdt troch en yn opdracht fan Sanfi al har hiele libben mishannele: foar in part om't er in hekel oan it bern hat, dat ommers it resultaat is fan syn eigen ûntalitber hâlden en dragen; foar in part om Tiaanet derûnder te hâlden, dy't fan it famke hâldt; en foar in part om foar te kommen dat it bern op ûngelokkige tiden yn 'e sliep falt. Want Tantufi is de Wylde Dreamer, yn wa har nachtmerje alle oaren dy't deunby sliepe, betize reitsje oant se stjerre. No't er syn húshâlding werombrocht hat nei Gujaareh, brûkt Sanfi de sliepende Tantufi as wapen om dejingen út te skeakeljen, dy't er as syn wichtichste rivalen foar de macht yn 'e stêd beskôget: de preesters. Yn in wein lit er it bern by de muorre fan 'e Hetawa yn 'e sliep falle en dreame, mei as gefolch in nije útbraak fan 'e nachtmerje, dêr't diskear mear as de helte fan 'e Dielers by omkomt.
Inkele dagen letter nimme de Banbarra in frou finzen fan 'e Shadoun, in oar woastynfolk, dêr't se al iuwenlang mei yn oarloch binne. Se fertinke de Shadoun derfan dat se Merik-ren-aferu bespionearje woe, mar it frommes slacht sa'n wartaal út, dat Unte, de haadman fan 'e Yusir-Banbarra, oan Mni-inh en Hanani freget om fêst te stellen oft se soms sljochtsinnich is. As Mni-inh de frou yn 'e sliep falle lit en har geast yngiet, komme se lykwols allebeide hast fuortendaliks te ferstjerren: de frou kaam út Gujaareh en litte oan 'e nachtmerje fan 'e Wylde Dreamer. Om't se wist dat se stjerre soe, brûkte se harsels as wapen tsjin 'e fijannen fan har folk, de Banbarra, mei as bedoeling om 'e nachtmerje oan harren troch te jaan. Troch Mni-inh syn dea steane de Banbarra djip by Hanani yn 'e skuld, mar sysels rekket suver bûten harsels fan fertriet, want har mentor wie as in heit foar har en nei de dea fan Dayuhotem, dy't se as har jongere bruorke seach, wie hy de iennichste freon dy't se noch oer hie. Se besiket al har emoasjes binnen te hâlden, mar let dy jûns lit se har einlings gean yn it bywêzen fan Wanahomen, dy't har treastet. Neitiid bedriuwe se de leafde. Yn 'e dagen dêrnei ûntjout der him in nuveraardige ferhâlding tusken harren beiden.
Yn 'e tuskentiid binne de beide Kisuatyske soldaten dy't de strjitsutelder mishannelen, net fergetten. As se in Suster fan Hananja besykje te ferkrêftsjen, docht bliken dat se de lêste tiid oanhâldend yn 'e rekken holden binne: de Sammelder Rabbaneh ferskynt hast daliks, en dielt harren mei dat se korrupt befûn binne. Dêrop sammelet er harren sielen foar it each fan in lulke kliber stedsjers dy't op it punt stie en nim it rjocht yn eigen hannen troch de beide soldaten te lynchen. Gûverneur Sunandi Seh Kalawe besiket dit ynsidint, en de lulke reäksje fan Kisuatyske kant, del te bêdzjen, mar se wurdt datoangeande weromfluite as der in delegaasje fan fjouwer leden fan 'e Ried fan Beskermers fan Kisua yn Gujaareh arrivearret. Se giet dan sels mei in ôfdieling soldaten nei de Hetawa, dêr't se de Sammelders Rabbaneh, Nijiri en Inmu, en teffens de opperpreester fan 'e Hetawa, arrestearret en yn boeiens fuortfiert, dwers troch in deastille mar poerrazene Gujaareenske minskemannichte. It fjouwertal wurdt fêstset yn Yanya-iyan, foarhinne it paleis fan 'e prins, mar no de residinsje fan 'e Kisuatyske gûverneur. Neitiid jout Nijiri yn in dream oan Hanani in boadskip foar prins Wanahomen troch: de Hetawa hawwe de stêd sá klearmakke foar in opstân, dat de sitewaasje suver op springen stiet.
It leger fan 'e Banbarra tsjocht op nei Gujaareh, en ferienet him ûnderweis mei de troepen fan 'e shunha-, zhinha- en krigerskasten, en mei in kliber keaplju en sljochtwei folk dy't him dêrby jûn hat. As de stofwolken fan dat leger yn 'e stêd te sjen binne, riede de Kisuaten de ferdigening ta, mar tagelyk komt de stedsbefolking yn opstân. Tsjin 'e tiid dat it leger fan Wanahomen de poarte berikt, stiet dy wiid iepen, om't it poartegebou ferovere is troch de Gujaarenen. De prins kin sadwaande daliks de stêd yntsjen, dêr't er it paleis Yanya-iyan lofts lizze lit en ynstee opmarsjearret nei de Hetawa, yn it sintrum fan 'e stêd. Underwilens ynfiltrearje de Skyldwachten, de kriger-preesters fan 'e Hetawa, Yanya-iyan en nimme dat fan binnenút yn. De opperpreester fan 'e Hetawa en de Sammelders wurde befrijd, hoewol't de Sammelder Rabbaneh dêrby noch it libben lit. Mar Sunandi Jeh Kalawe, generaal Anzi Seh Ainunu en de fjouwer besykjende Beskermers fan Kisua, wurde allegear finzen nommen. As Wanahomen lykwols de Hetawa berikt, en dêr binnengean wol om him foar it each fan it folk te fermoedsoenjen mei de preesters, wurdt er delsketten mei pylk-en-bôge en yn 'e mande mei Hanani finzen nommen: in ôfdieling Kisuatyske soldaten hat hillichskeining dien en de Hetawa mei wapengeweld ynnommen. As dat nijs Yanya-iyan berikt, sammelje Nijiri en Inmu daliks de sielen fan 'e beide Beskermers fan Kisua dy't dêrfoar ferantwurdlik binne: de keapman Aksata en generaal Moib. De oare beide Beskermers, Sasannante en 'mem' Yao, stjoere generaal Seh Ainunu nei de Hetawa ta om 'e oerjefte fan 'e Kisuatyske besetters te bewurkmasterjen.
Underwilens binne yn 'e Hetawa troch de Kisuatyske soldaten alle oerlibjende preesters yn ien romte gearbrocht mei de sliepers dy't oan 'e nachtmerjepleach lije en de leden fan 'e aadlike famyljes dy't de Kisuaten earder as gizelders meifierd hiene. Under dy gizelders binne ek Tiaanet en har dochterke Tantufi, dy't op in stuit opmurken wurde troch de preesters as de sliepers de bewegings en it praat wjergalmje dat Tantufi yn har sliep makket. Hanani rêdt it libben fan 'e troch pylken ferwûne rekke prins Wanahomen, dy't driget dea te blieden. Om't se yn 'e oanwêzichheid fan 'e sliepers gjin narkomânsje (slieptsjoenderij) brûke kin, makket se dêrfoar gebrûk fan in âlderwetske operaasje, wêrby't Wanahomen it hiele skoft wekker holden wurde moat. De behanneling slaget wûnderwol, mar blykt om 'e nocht as de prins neitiid troch in needlottige gearrin fan omstannichheden dochs noch it bewustwêzen ferliest. Hanani wegeret ek him te ferliezen, en kringt syn dream binnen ear't immen har tsjinhâlde kin. Dêr ferslacht se yn in epysk gefjocht, troch al har ûnderdrukte emoasjes de frije rin te litten, in meunster dat Wanahomen en de oare sliepers tramtearret. As se it deadzje sil, feroaret it lykwols yn in ûngelokkich lyts famke, dat troch oanhâldende mishannelings ek geastlik sa stikken makke is, dat se nea wer genêzen wurde kin, sels net yn 'e dream. Hanani treastget hat en ferlost har dan út har lijen. Dêrop begjinne alle sliepers wekker te wurden.
Neitiid wurdt Wanahomen kroane ta prins fan Gujaareh. De Kisuatyske kriichsfinzenen wurde frijlitten en mei iten foar ûnderweis weromstjoerd nei Kisua. Yn 'e gaos wit Tiaanet fuort te glûpen; hja keart werom nei it hûs fan har famylje, dêr't se har heit Sanfi oantreft. Nei't se him fermoarde hat, pakt se rykdommen en oare foarrieden yn en ferlit se Gujaareh mei ûnbekende bestimming. Hanani, dy't no foar de twadde kear deade hat ynstee fan genêzen, fielt har net mear thús yn 'e Hetawa. Hja bringt noch in nacht troch mei Wanahomen, mar ferlit dan mei stille tromme de stêd en keart werom nei Merik-ren-aferu, dêr't se in nij bestean begjint as genêzeresse fan 'e Banbarra. In jier letter, as se einlings wiis wurde kin út 'e tizeboel fan har eigen emoasjes, stjoert se berjocht nei Gujaareh, en dêrop komt prins Wanahomen by har. Hy wol dat se syn earste frou wurdt, nettsjinsteande it feit dat se mar fan sljochtwei komôf is. Uteinlik lit Hanani har beprate om mei him te trouwen, mei as betingst dat se net weromkeare sil nei Gujaareh: as Wanahomen har hawwe wol, kin er har besykje yn Merik-ren-aferu.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|