Vlad de Speetser

(Trochferwiisd fan Vlad III fan Walachije)

Vlad III (* tusken 1428 en 1431 yn desimber 1476 of jannewaris 1477), byneamd Vlad de Speetser (Roemeensk: Vlad Ţepeş, útspr.: [vlad 'ʦepeʃ], likernôch: "vlad tsee-peesj") of Vlad Dracula (Roemeensk: Vlad Drăculea, útspr.: [vlad 'drəkulja], likernôch: "vlad druh-kûl-ja"), wie yn 1448, fan 1456 oant 1462 en nochris yn 1476 woiwode ("hartoch" of "foarst") fan it Foarstedom Walachije, in steat dy't it súdlike part fan it hjoeddeistige Roemeenje besloech. Hy wie de twadde soan fan Vlad II Dracul, dy't yn 1436 op 'e Walachyske troan kaam. Nei't syn heit en âldere broer Mircea II yn 1447 omkamen by in Hongaarske ynvaazje, brocht Vlad de Speetser jierren yn ballingskip troch.

Vlad de Speetser
aadlik persoan en/of hearsker
In skilderij út likernôch 1560, dat in kopy wêze soe fan in portret dat by syn libben makke wie.
In skilderij út likernôch 1560, dat in kopy wêze soe
fan in portret dat by syn libben makke wie.
echte namme Vlad III fan Walachije
nasjonaliteit Walachysk
bertedatum tusken 1428 en 1431
berteplak Sighişoara?
stjerdatum tusken desimber 1476 en
   jannewaris 1477
stjerplak Walachije
dynasty Hûs Drăculeşti
etnisiteit Roemeensk
woiwode fan Walachije
(1e regearperioade)
regear oktoberdesimber 1448
foargonger Vladislav II fan Walachije
opfolger Vladislav II fan Walachije
woiwode fan Walachije
(2e regearperioade)
regear 14561462
foargonger Vladislav II fan Walachije
opfolger Radu III fan Walachije
woiwode fan Walachije
(3e regearperioade)
regear novimber 1476desimber 1476
   of jannewaris 1477
foargonger Basarab III fan Walachije
opfolger Basarab III fan Walachije

Doe't er yn 1456 ienris fêst op 'e troan kommen wie, fierde er in bloedige suvering troch ûnder de Walachyske adel. Hy kaam yn konflikt mei de Transsylvaanske Saksers, in rike Dútsktalige minderheid, dy't ferskate oare troanpretendinten tsjin him stipen. Yn 1462 foel Vlad it Osmaanske Ryk binnen en brocht er de Turken swiere nederlagen ta. Doe't er nei Transsylvaanje reizge om dêr om Hongaarske stipe te freegjen, waard er ferret en finzenset. Nei't er yn 1475 frijlitten wie, wist er ein 1476 syn hearskippij wer oer Walachije te fêstigjen, mar syn tsjinstanner, Basarab III, kaam werom mei in Osmaansk leger en Vlad sneuvele yn 'e striid. Tsjin dy tiid wie syn wreedheid legindarysk wurden, en boeken oer dat ûnderwerp hearden ta de earste bestsellers fan it Dútske taalgebiet. Dy reputaasje en syn patronym ynspirearren yn 1897 de Ierske skriuwer Bram Stoker ta it personaazje greve Dracula yn syn roman Dracula. Nettsjinsteande dat wurdt Vlad de Speetser yn Roemeenje beskôge as in nasjonale held.

De namme 'Dracula', dy't no benammen bekend is as de namme fan 'e fiktive fampier greve Dracula, út Bram Stoker syn roman Dracula, wie iuwenlang bekend as in patronym fan Vlad de Speetser. De namme kaam fan 'e bynamme fan syn heit, Vlad Dracul, dy't yn it Roemeensk letterlik 'Vlad de Draak' betsjut (fan drac, "draak" + -ul, "de"). Hy kaam oan dy bynamme trochdat er yn 1431 opnommen wie yn 'e Oarder fan 'e Draak, in ridderoarder stifte troch Sigismund fan Lúksemboarch, de kening fan Hongarije, mei as doel om it kristendom te beskermjen en de opmars fan 'e (islamityske) Osmaanske Turken op 'e Balkan tsjin te kearen. Syn soan Vlad III waard neitiid oantsjut as "soan fan 'e Draak": Drăculea, fan Drakûla, de Slavyske genityf (twadde namfal of besitlike namfal). Sels ûndertekene Vlad de Speetser oan 'e ein fan syn libben syn brieven mei "Dragulja" of "Drakulja".

 
Vlad II Dracul, de heit fan Vlad de Speetser.

Vlad wie de twadde wettige soan fan Vlad II Dracul (dy't sels in oerwûne soan wie fan foarst Mircea I fan Walachije). Syn mem wie nei gedachten duomna Eupraxia, in dochter fan foarst Aleksander I fan Moldaavje. Mei't bekend is dat Vlad yn 1448 âld genôch wie om oanspraak op 'e Walachyske troan te meitsjen, moat er tusken 1428 en 1431 berne wêze. Histoarisy achtsje it oannimlik (mar net wis), dat er berne waard yn Sighişoara, nei't syn heit him yn 1429 yn dy Transsylvaanske stêd (yn ballingskip) nei wenjen set hie. (Transsylvaanje makke oant de ein fan 'e Earste Wrâldoarloch, yn 1919, diel út fan it Keninkryk Hongarije.)

Vlad II Dracul griep yn 1436 de troan fan it Foarstedom Walachije, nei't syn healbroer Aleksander I oan in sykte beswykt wie. Yn in oarkunde út 1437 wurde Vlad de Speetser en syn âldere broer Mircea neamd as har heite "earstberne soannen". Tusken 1437 en 1439 wurde se nochris neamd yn fjouwer oare oarkunden, wêrfan't de lêste ek gewach makket fan in trêde broer, Radu de Skiene.

Nei in moeting yn oktober of novimber 1441 mei Jan Hunyadi, de Hongaarske woiwode fan Transsylvaanje, besleat Vlad Dracul om 'e Osmaanske ynvaazje fan Transsylvaanje fan maart 1442 net te stypjen, ek al wied er yn namme in fazal fan 'e Osmaanske sultan Moerad II. Dêrop oardere de sultan him om oan syn hôf yn Adrianopel te ferskinen om syn trou te bewizen. Vlad Dracul droech dêrop it regear oer Walachije oer oan syn âldste soan Mircea, en sette mei syn soannen Vlad en Radu ôf nei Adrianopel. Dêr waarden se yn 'e hechten nommen en finzenset yn Gallipoli. Vlad Dracul waard foar de ein fan it jier wer frijlitten, en wist begjin 1443 op 'e nij syn hearskippij oer Walachije te fêstigjen.

 
It hûs yn Sighişoara, yn Transsylvaanje, dêr't Vlad syn heit, Vlad Dracul fan 1431 oant 1435 wenne en dêr't Vlad sels mooglik berne waard.

De jonge Vlad en Radu bleaune as gizelders foar syn goed gedrach efter yn it Osmaanske Ryk, dêr't se fêstholden waarden yn 'e fêsting Eğrigöz (no Doğrugöz). Harren libbens wiene yn grut gefaar doe't Vlad Dracul yn 'e simmer fan 1445 in ferbûn sleat mei in legerke krúsfarders út it Hartochdom Boergonje en mei harren in oanfal op it Osmaanske Ryk begûn. Letter sleaten ek Hongaarske troepen ûnder Jan Hunyadi har dêrby oan. It gie lykwols al rillegau berchôf mei de relaasjes tusken de Walachen en de Hongaren. Yn in brief dat er ein 1445 oan 'e boargemasters fan Braşov (yn Transsylvaanje) skreau, beklage Vlad him oer it feit dat Walachyske keaplju dêr arrestearre waarden, ek al hie hy syn "lytse bern ôfslachtsje litten foar de kristlike frede, sadat [hy] en [syn] lân ûnderdienen" fan 'e kening fan Hongarije wurde koene. Ut dy wurden bliek dat er himsels derfan oertsjûge hie dat syn beide jonge soannen yn it Osmaanske Ryk fermoarde wiene, hoewol't de sultan harren yn wurklikheid neat dien hie.

Yn 1446 of 1447 erkende Vlad Dracul op 'e nij de Osmaanske sultan as yn lienhear en stimde er deryn ta om in jierlikse skatting te beteljen. Yn novimber 1447 foel Jan Hunyadi, dy't tsjin dy tiid lânfâd oer Hongarije wurde wie foar de Poalske kening Wladislaus, Walachije binnen. Vlad Dracul en syn âldste soan Mircea waarden kriichsfinzen nommen en fermoarde, wêrnei't Hunyadi Vladislav II op 'e troan sette, dat in soan fan Vlad Dracul syn folle neef Dan II wie. De Byzantynske kronykskriuwer Michael Kritobulus skreau dat de jonge Vlad en syn broer Radu dêrnei de wyk namen nei it Osmaanske Ryk, wat ymplisearret dat sultan Moerad harren earder tastien hie om nei Walachije werom te kearen.

 
It Foarstedom Walachije omtrint 1390, ûnder it regear fan Vlad syn pake, Mircea I fan Walachije.

Earste regear

bewurkje seksje

Troch de dea fan syn heit en âldere broer waard Vlad de wichtichste Walachyske troanpretendint foar it Hûs Drăculeşti, de ôfstammelingen fan Vlad Dracul. Nei't Vladislav II yn septimber 1448 mei Jan Hunyadi op fjildtocht gie tsjin it Osmaanske Ryk, triek Vlad begjin oktober oan it haad fan in Osmaansk leger Walachije yn mei de bedoeling om himsels ta foarst te meitsjen. Dêrby moast er tastean dat de Osmanen it fêstingeilantsje Giurgiu, yn 'e Donau, weromnamen, dat syn heit yn 1445 mei muoite op harren ferovere hie. De Osmanen fersloegen it leger fan Hunyadi op 17 en 18 oktober yn 'e Slach op it Lysterfjild. Hunyadi syn ûnderbefelhawwer, Nikolaas Vízaknai, stie der by Vlad op oan om nei Transsylvaanje te reizgjen foar besprekkings, mar Vlad, dy't al berjocht hân hie fan 'e Osmaanske oerwinning, stegere him ôf. Doe't Vladislav II oan it haad fan wat der oer wie fan it Walachyske leger nei hûs weromkearde, wie Vlad twongen om op 'e nij yn ballingskip te gean yn it Osmaanske Ryk. Dat barde foàr 7 desimber 1448.

Vlad fêstige him earst yn Adrianopel, dêr't sultan Moerad II syn hofhâlding wie. Net folle letter ferfear er nei it Foarstedom Moldaavje, dêr't Bogdan II (nei alle gedachten syn omke oan memmekant) yn 'e hjerst fan 1449 mei stipe fan Hunyadi op 'e troan kommen wie. Doe't Bogdan yn oktober 1451 fermoarde waard troch Peter III Aäron, naam Vlad mei Bogdan syn soan Steffen de wyk nei Transsylvaanje, dêr't se stipe hopen te krijen fan Hunyadi. Dyselde sleat lykwols yn novimber 1451 in trijejierrich bestân mei de Osmanen, wêrby't fêstlein waard dat de Walachyske bojaren (eallju) it rjocht hiene om in opfolger foar Vladislav II te kiezen, mocht dy komme te ferstjerren.

 
It portret fan Vlad de Speetser ta de fuotten út.

Nei't it skynt woe Vlad him nei wenjen sette yn 'e Transsylvaanske stêd Braşov, dy't in sintrumfunksje ferfolle foar de Walachyske bojaren dy't troch Vladislav II ferballe wiene, mar yn in dokumint datearre op 6 febrewaris 1452 ferbea Hunyadi de boargers fan Braşov om Vlad ûnderdak te bieden. Dêrop kearde Vlad werom nei Moldaavje, dêr't ûnderwilens Aleksander II Peter III Aäron fan 'e troan staat hie. Ut 'e folgjende jierren is oer it libben fan Vlad frijwol neat oerlevere. Ut in brief fan Hunyadi oan 'e boargers fan Braşov, datearre op 3 july 1456, skreau dyselde dat er Vlad oansteld hie om 'e lieding oer de ferdigening oan 'e Transsylvaanske grins op him te nimmen. Dat betsjut dus dat Vlad foar dy tiid weromgien wêze moat nei Transsylvaanje.

Twadde regear

bewurkje seksje

Konsolidaasje

bewurkje seksje

De omstannichheden en datum fan 'e weromkear fan Vlad nei Walachije binne net oerlevere. Hy foel syn heitelân mei Hongaarske stipe binne yn april, july of oars augustus 1456. Vladislav II kaam om yn 'e striid. Syn ierste oerlevere brief as woiwode fan Walachije ferstjoerde Vlad op 10 septimber oan 'e boargers fan Braşov. Dêryn seid er harren beskerming ta foar it gefal fan in nije Osmaanske ynvaazje fan Transsylvaanje. Ferskate boarnen, wêrûnder de kronyk fan Laonikos Chalkokondyles, melde dat Vlad oan it begjin fan syn regear hûnderten of sels tûzenen minsken terjochtstelle liet. Hy sette útein mei in grutte suvering ûnder de bojaren dy't er as mandélich beskôge oan 'e moard op syn heit en âldere broer en ek ûnder dejingen dy't er om oare redens net fertroude. Neffens Chalkokondyles "soarge [Vlad] fluch foar grutte feroaring en sette er it spul yn Walachije op 'e kop" troch "jild, ûnreplik goed en oar guod" fan syn slachtoffers te konfiskearjen en oan syn oanhingers te jaan.

Konflikten mei de Transsylvaanske Saksers

bewurkje seksje

Op it mêd fan ynternasjonale relaasjes stjoerde Vlad de gebrûklike jierlikse skatting nei de sultan. Nei't Jan Hunyadi yn augustus 1456 stoar, waard er as lânfâd fan Hongarije opfolge troch syn âldste soan, Ladislaus Hunyadi. Dyselde beskuldige Vlad der yn in brief oan 'e boargers fan Braşov fan dat er "gjin inkele bedoeling [hie] om trou te bliuwen" oan 'e kening fan Hongarije. Hy oardere harren dêrom om Dan III, in broer fan Vladislav II, te stypjen. De boargers fan in oare Transsylvaanske stêd, Sibiu (doe oer it algemien Hermannstadt neamd), stipen in oare Walachyske troanpretendint, "in preester fan 'e Roemenen, dy't himsels de soan fan in foarst neamt." Dat wie Vlad de Mûnts, in oerwûne broer fan Vlad de Speetser, dy't him Amlaş yn fêstige, in Transsylvaanske besitting fan 'e foarsten fan Walachije.

 
De Midsiuwske distrikten dy't bewenne waarden troch de Transsylvaanske Saksers.

Kening Ladislaus V fan Hongarije liet Ladislaus Hunyadi yn maart 1457 eksekutearje, wêrnei't ûnder lieding fan Hunyadi syn mem, Erzsébet Szilágyi, en har broer, Michael Szilágyi, in iepen opstân útbriek. Vlad makke der gebrûk fan dat de Hongaren it te drok mei harsels hiene om syn neef Steffen de Grutte, de soan fan Bogdan II, yn juny 1457 op 'e troan fan Moldaavje te helpen. Ek died er in ynfal yn Transsylvaanje, wêrby't er it plattelân om Braşov en Sibiu hinne plondere. Dat wie in gebiet dat bewenne waard troch kolonisten út Dútslân wei, de saneamde Transsylvaanske Saksers. De ierste Dútsktalige ferhalen oer Vlad makken der gewach fan dat er manlju, froulju en bern as finzenen meifierde nei Walachije, dêr't er harren speetse liet, wat syn favorite wize fan terjochtstelling wie. Om't de Transsylvaanske Saksers trou bleaun wiene oan kening Ladislaus, fersterken Vlad syn oanfallen op harren de posysje fan 'e Hongaarske opstannelingen.

Fertsjintwurdigers fan Vlad namen diel oan fredesûnderhannelings tusken Michael Szilágyi en de Transsylvaanske Saksers. Neffens it resultearjende ferdrach stimden de boargers fan Braşov deryn ta om Dan III út harren gerjochtichheid te ferdriuwen. Vlad ûnthiet by deselde gelegenheid dat keaplju út Sibiu yn Walachije frij hanneldriuwe koene salang't itselde gou foar Walachyske keaplju yn Transsylvaanje. Yn in brief út desimber 1457 neamde Vlad Michael Szilágyi "myn hear en grutte broer". It die bliken dat Vlad op it juste hynder wedde hie, want yn jannewaris 1458 waard Mattias Korvinus, de jongere broer fan Ladislaus Hunyadi (en de omkesizzer fan Szilágyi), keazen ta kening fan Hongarije. Op 3 maart fan dat jier moanne dyselde de boargers fan Sibiu om frede te sluten mei Vlad. Yn in dokumint datearre op 20 septimber 1459 ferwiisde Vlad nei himsels as "hear en hearsker oer hiele Walachije en oer de hartochdommen Amlaş en Făgăraş", wat suggerearret dat er doe dy beide Walachyske eksklaves yn Transsylvaanje yn 'e hannen krigen hie.

Yn maaie 1458 frege Vlad de boargers fan Braşov om ambachtslju nei Walachije te stjoeren, mar ear't dat jier om wie, boaze syn relaasje mei de Transsylvaanske Saksers wer oan. Neffens guon moderne histoarisy kaam it nije konflikt fuort út Vlad syn wegering om Saksyske keaplju yn Walachije ta te litten, wêrmei't er harren twong om har keapwaar by de grins foar in legere priis oan Walachyske keaplju oer te dwaan. Fan sok proteksjonisme is lykwols neat oerlevere yn kontemporêne boarnen; ynstee hold Vlad yn 1476 mei klam út dat er altyd in grut foarstanner fan frijhannel west hie. Hoe dan ek, de Transsylvaanske Saksers namen it stiel yn beslach dat in Walachyske keapman yn Braşov kocht hie, sûnder dat se him foar dy konfiskaasje fergoeden. Dêrop liet Vlad guon Saksyske keaplju yn Walachije oppakke en martelje, alteast neffens in brief út jannewaris 1459 dy't skreaun wie troch syn fijân Basarab III (in soan fan Dan II fan Walachije). Dy Basarab hie him tsjin dy tiid as pretendint foar de troan fan Walachije yn it Transsylvaanske Sighişoara nei wenjen set. Mattias Korvinus hie ûnderwilens syn stipe tasein oan Dan III, dy't him op 'e nij yn Braşov fêstige hie. Neffens Dan III hie Vlad 41 Saksyske keaplju en 300 jonges út Braşov en Ţara Bârsei yn Walachije libben ferbrâne en speetse litten.

 
De ruïnes fan it Foarstlik Kastiel fan Târgovişte, dêr't Vlad residearre.

Yn it foarjier fan 1460 foel Dan III mei in legerke oanhingers Walachije binnen, mar Vlad fersloech him en naam him kriichsfinzen, wêrnei't er him foàr 22 april fan dat jier terjochtstelle liet. Dêrop died er sels in ynfal yn súdlik Transsylvaanje, wêrby't er de bûtenwiken fan Braşov mei de grûn lyk makke en befel joech dat alle manlju en froulju dy't finzen nommen wiene, speetst wurde moasten. Under de dêropfolgjende ûnderhannelings mei de boargemasters fan 'e stêd easke Vlad dat alle Walachyske ballings yn Braşov deade of út 'e stêd ferjage wurde moasten. Foàr 26 july 1460 wie it wer frede, want op dy datum stjoerde Vlad in brief oan 'e boargers fan Braşov wêryn't er harren taspriek as "bruorren en freonen". Yn augustus fan itselde jier die Vlad ek in ynfal yn it gebiet om Amlaş en Făgăraş hinne, om't de befolking dêr Dan III stipe hie.

Oarloch mei it Osmaanske Ryk

bewurkje seksje

Konstantin Mihailović, dy't by de Osmaanske janitsaren tsjinne, lei fêst dat Vlad op in stuit wegere en betelje langer de skatting oan sultan Mehmed II, de soan en opfolger fan Moerad II. Giovanni Maria degli Angiolelli, in histoarikus út 'e Renêssânse, skreau dat Vlad trije jier lang gjin skatting betelle. Beide ferslaggen suggerearren dat Vlad it al yn 1459 yn 'e kant sette tsjin 'e oerhearskippij fan 'e sultan, mar beide wurken waarden desennia letter skreaun, dat moderne skiedkundigen fine dat twifelich. Tursun Beg, in siktaris yn 'e hofhâlding fan Mehmed II, skreau dat Vlad pas yn 1461 foar it earst wegere en draach de ôfsprutsen skatting ôf, doe't de sultan behelle wie yn in lange fjildtocht tsjin it Keizerryk Trebizond (in restant fan it Byzantynske Ryk), oan 'e súdlike kust fan 'e Swarte See, yn Lyts-Aazje. Tursun Beg woe ek hawwe dat Vlad om dyselde tiid hinne temûk nije ûnderhannelings iepene mei de Hongaarske kening Mattias Korvinus, dêr't de sultan lykwols troch syn spionnen al rillegau fan op 'e hichte steld waard.

Dêrop stjoerde Mehmed syn gesant Thomas Katabolinos, in etnyske Gryk dy't ek bekend stie as Yunus Bey, nei Walachije mei in befel foar Vlad om yn Konstantinopel te kommen. Ek liet er oan Hamza, de bey fan 'e Osmaanske provinsje Nikopolis (yn wat no noardlik Bulgarije is) geheime ynstruksjes oerbringe om Vlad finzen te nimmen sadree't er de Donau oerstiek. Vlad hie lykwols syn eigen spionnen, en waard al gau gewaar wat Mehmed foar him yn petto hie. Troch bedragerij wist er sawol Katabolinos as Hamza finzen te nimmen, wêrnei't er harren speetse liet. Dêrop joech er yn floeiend Turksk de kommandant fan 'e eilânfêsting Giurgiu opdracht om 'e poarten te iepenjen, sadat Walachyske troepen it fort binnenkringe en feroverje koene.

 
De Osmaanske sultan Mehmed II.

Vlad foel dêrop mei syn hiele leger it Osmaanske Ryk binnen en makke in rige doarpen by de súdigge fan 'e Donau lâns mei de grûn lyk. Dat moat yn febrewaris 1462 west hawwe, want hy ynformearre Mattias Korvinus oer syn militêre operaasje yn in brief dat datearre is op 11 febrewaris. Dêryn bewearde er dat op syn befel al 23.884 Turken en Bulgaren deade wiene. Hy woe fan Mattias Korvinus militêre stipe hawwe, mei't er syn frede mei de sultan brutsen hie "foar de eare" fan 'e kening fan Hongarije en "foar it behâld fan it kristendom en de fuortsterking fan it roomske leauwe" (hoewol't er sels net roomsk mar Roemeensk-otterdoks wie). Hongarije wie foar Vlad de iennichste hope om stipe fan bûtenôf te krijen, mei't Walachije en Moldaavje ûnderwilens op spande foet mei-inoar kommen wiene te stean.

Doe't him tynge dien waard fan 'e Walachyske ynfal yn syn ryk, brocht Mehmed II in leger fan mear as 150.000 man op 'e foet, wêrfan't Chalkokondyles skreau dat inkeld it leger dat yn 1453 de Fal fan Konstantinopel beävensearre hie, grutter west hie. De grutte fan 'e legermacht suggerearret foar in soad histoarisy, lykas Franz Babinger, Radu Florescu en Nicolae Stoicescu, dat de sultan wolfergoed syn nocht hie fan Vlad en fan doel wie om Walachije te feroverjen. Oan 'e oare kant beneamde Mehmed foarôfgeande oan syn ynvaazje Vlad syn jongere broer Radu ta foarst fan Walachije, wat derop wiist dat er inkeld op rezjymferoaring út wie.

Yn maaie 1462 lâne in Osmaanske float yn Brăila, de iennichste Walachyske havenstêd oan 'e Donau. De haadmacht fan it Osmaanske leger stiek ûnder befel fan Mehmed sels op 4 juny noardlik fan Nikopolis de Donau oer. Fanwegen de oerweldigjende nûmerike oermacht fan 'e Osmanen paste Vlad de taktyk fan 'e ferskroeide ierde ta, en loek er him werom op syn haadstêd Târgovişte. Yn 'e nacht fan 16 op 17 juny fierde er dêr de ferneamde Nachtoanfal by Târgovişte út, wêrby't er mei syn troepen it Osmaanske legerkamp binnenkrong mei as doel om 'e sultan sels kriichsfinzen te nimmen of te deadzjen. As dat slagge wie, hie der gaos yn it Osmaanske leger útbrutsen en hie Vlad de oarloch nei alle gedachten winne kinnen. Neffens de ferslaggen rekken hy en syn Walachyske soldaten yn it mânske kamp lykwols paadbjuster, en foelen se ynstee fan 'e tinte fan 'e sultan de tinten fan 'e fiziers Mahmud Pasja Angelović en Isak Pasja oan. Uteinlik moasten se har by it lemieren sûnder wat bedijd te hawwen út it Osmaanske legerkamp weromlûke.

 
De Slach by Fakkelljocht, in skilderij fan Theodor Aman dat Vlad syn Nachtoanfal by Târgovişte foarstelt.

Doe't Mehmed oan 'e ein fan juny mei syn troepen Târgovişte yntriek, wie de stêd ferlitten, mar ta har ûntsteltenis ûntdieken de Osmanen (neffens Chalkokondyles) in "wâld fan speetsten", besteande út tûzenen peallen mei dêrop de stoflike omskotten fan manlju, froulju en bern, oant poppen ta, dy't allegear speetst wiene. Mehmed, sels dochs ek gjin sêftsinnich man, besaude him deroer, en soe (neffens Chalkokondyles) sein hawwe dat it net mooglik wie om in man syn lân te ûntnimmen, dy't sa'n duvelsk begryp hie oer hoe't men regearje moast. Neffens Tursun Beg hie it grutte Osmaanske leger ûnder de simmerkampanje fan 1462 te lijen ûnder hjittens en toarst. Om't Vlad wol oppaste om it net ta in iepen fjildslach komme te litten (dy't er net winne koe), besleat Mehmed op in stuit en brek de fjildtocht ôf. Hy joech befel ta in weromtocht nei Brăila.

Om dyselde tiid hinne besocht Steffen de Grutte fan Moldaavje de wichtige fêsting fan Kilija (no yn 'e Oekraïne) te feroverjen, dêr't in Hongaarsk garnizoen lei. Vlad hastige him dêrhinne om 'e oanfal ôf te slaan, mar liet in leger fan 6.000 man efter om mei guerrilja-eftige oanfallen de druk op 'e Osmanen te behâlden. Dat leger waard troch Mehmed syn legeroersten lykwols al rillegau yn 'e fal lokke en ferslein. Steffen fan Moldaavje rekke ferwûne by syn belegering fan Kilija, en hy loek him werom ear't Vlad dêr arrivearre.

De Osmaanske haadmacht loek him mei Mehmed út Walachije werom, mar Vlad syn jongere broer Radu bleau mei in lytsere Osmaanske troepemacht efter op 'e Bărăganflakte. Hy stjoerde boadskippers nei de Walachyske stêden, en brocht de pleatslike lieders yn 't sin dat de sultan it lân samar wer binnenfalle koe. Hoewol't Vlad yn 'e folgjende pear moannen Radu en dy syn Osmaanske bûnsgenoaten nederlagen tabrocht yn twa fjildslaggen, rûnen almar mear Walachen oer fan Vlad nei Radu. Uteinlik loek Vlad him werom yn 'e Karpaten, hoopjend dat Mattias Korvinus him helpe soe om syn troan te weroverjen. Mar Albrecht fan Istenmező, de pleatsferfanger fan 'e greve fan 'e Seeklers (in Hongaarske subgroep yn Transsylvaanje dy't seit fan 'e Hunnen ôf te stamjen) rikkemandearre mids augustus oan dat de Transsylvaanske Saksers Radu as foarst fan Walachije erkenne soen. Radu bea yn dyselde snuorje ek oan 'e boargers fan Braşov oan om harren hannelsprivileezjes te befêstigjen en harren in skeafergoeding ter hichte fan 15.000 dûkaten te beteljen om 'e ferliezen goed te meitsjen dy't se lit hiene troch Vlad syn beslissings.

Finzenskip yn Hongarije

bewurkje seksje

Yn novimber 1462 kaam Mattias Korvinus sels oer nei Transsylvaanje, dêr't er twa wiken lang ûnderhannelings fierde mei Vlad. De Hongaarske kening hie der op dat stuit gjin belang by om oarloch te fieren mei it Osmaanske Ryk, en wegere dêrom Vlad te stypjen. Ynstee liet er Vlad koarte tiid letter finzen nimme by Rucăr, yn Walachije, troch de Boheemske hierlingekommandant Jan Jiskra fan Brandýs.

 
It simmerpaleis fan Mattias Korvinus by Visegrád, dêr't Vlad fjirtjin jier lang finzen holden waard.

By wize fan útlis foar syn finzenname fan Vlad presintearre Mattias Korvinus trije brieven oan 'e fertsjintwurdigers fan paus Pius II en de Republyk Feneesje, dy't jild stjoerd hiene om Vlad syn oarloch tsjin 'e Osmanen te finansieren. Dy brieven soe Vlad op 7 novimber 1462 skreaun hawwe oan Mehmed II, Mahmud Pasja Angelović en Steffen de Grutte fan Moldaavje. Ut 'e tekst soe bliken dwaan dat Vlad oanbea om him oan te sluten by in Osmaansk-Moldavyske alliânsje tsjin Hongarije as de sultan him wer op 'e Walachyske troan helpe woe. De measte histoarisy binne it deroer iens dat dy trije brieven ferfalskings binne dy't makke waarden om Mattias Korvinus reden te jaan en nim Vlad yn 'e hechten. Mattias syn eigen hofkronykskriuwer, Antonio Bonfini, joech letter ta dat de redens foar Vlad syn finzenskip nea opheldere wiene. Neffens de histoarikus Radu Florescu jouwe de skriuwstyl, de ynhâld (dy't delkomt op nuete ûnderwerping), de knoffelige formulearrings en it minne Latyn allegear dúdlik oan dat Vlad net de skriuwer fan 'e brieven wie. Florescu fertinkt ynstee in Saksyske preester út Braşov.

Vlad waard neffens Chalkokondyles earst finzenholden "yn 'e stêd Belgrad(o)". Dat wie net it hjoeddeiske Belgrado, mar in oare 'Wite Stêd' (fan bel, Slavysk foar "wyt" en grad, "stêd"): it hjoeddeistige Alba Iulia yn Transsylvaanje. It duorre lykwols net lang ear't er oerpleatst waard nei it simmerpaleis fan Mattias Korvinus yn Visegrád, yn noardlik Hongarije, dêr't er de folgjende fjirtjin jier trochbrocht. Der binne út 'e perioade tusken 1462 en 1475 gjin brieven of oare dokuminten oerlevere dy't nei Vlad ferwize. Yn Walachije waard ûnderwilens Vlad syn broer Radu fan 'e troan staat troch Basarab III. Doe't dy him yn 1475 oan 'e Osmanen ûnderwurp, stjoerde Steffen de Grutte fan Moldaavje yn 'e simmer fan dat jier in brief oan Mattias Korvinus, wêryn't er dyselde frege om Vlad frij te litten en werom te stjoeren nei Walachije. Steffen woe dêr in foarst op 'e troan hawwe dy't in fijân fan it Osmaanske Ryk wie, mei't, sa skreau er "de Walachen as de Turken" binne foar de Moldaavjers. Neffens Slavyske ferhalen oer Vlad soed er lykwols pas loslitten wêze nei't er him fan 'e eastersk-otterdoksy bekeard hie ta it roomsk-katolisisme.

Trêde regear en dea

bewurkje seksje

Mattias Korvinus erkende Vlad wer as de rjochtmjittige foarst fan Walachije, mar hy joech him gjin militêre help om syn foarstedom te weroverjen. Vlad sette him dêrop nei wenjen yn in filla yn Pest. Doe't in groep Hongaarske soldaten dêr yn syn hûs ynbriek om't se efter in dief oansieten dy't dêr beskûl socht hie, liet Vlad, neffens in Slavysk folksferhaal oer him, de liedingjaande ofsier terjochtstelle om't dy him gjin tastimming frege hie om deryn te kommen. Yn juny 1475 ferfear Vlad nei Transsylvaanje, dêr't him yn Sibiu fêstige. Omtrint dyselde tiid erkende sultan Mehmed II Basarab III as de rjochtmjittige foarst fan Walachije. Op 21 septimber oardere Mattias Korvinus de boargers fan Sibiu om 200 gouden florinen út 'e keninklike belestings oan Vlad te jaan, mar dyselde ferliet Transsylvaanje yn oktober alwer. Hy kocht in hûs yn 'e Hongaarske stêd Pécs, dat letter yn it Hongaarsk bekend kaam te stean as Drakulya Haza ("Dracula's Hûs").

 
Basarab III fan Walachije koe troch de dea fan Vlad en mei Osmaanske stipe op 'e nij de Walachyske troan bestiigje.

Yn jannewaris 1476 fitere Jan Pongrác fan Dengeleg, de woiwode fan Transsylvaanje, de ynwenners fan Braşov oan om alle oanhingers fan Vlad dy't har yn 'e stêd nei wenjen set hiene, te ferdriuwen, mei't Mattias Korvinus in ferdrach sletten hie mei Basarab III. De relaasje tusken Basarab en de Transsylvaanske Saksers wie lykwols min en waard der ek net better op; yn 'e folgjende moannen beane de Saksers beskûl oan in hiele rige tsjinstanners fan Basarab. Underwilens stjoerde Mattias Korvinus begjin 1476 Vlad en de Servyske foaroanman Vuk Grgurević nei Bosnje ta om dêr tsjin 'e Osmanen te fjochtsjen. Yn febrewaris en maart feroveren sy en harren troepen dêr de stêd Srebrenica en ferskate oare fêstings.

Yn 'e simmer fan 1476 foel Mehmed II it Foarstedom Moldaavje binnen, dêr't er Steffen de Grutte op 26 july fersloech yn 'e Slach by Valea Albă. Mei Steffen V Báthory teagen Vlad en Vuk Grgurević doe oan it haad fan in Hongaarsk leger op nei Moldaavje, en ûntsetten dêr ein augustus de Sitadel fan Târgu Neamţ, dy't troch Mehmed belegere waard. Op 6 septimber stjoerde Mattias Korvinus in brief oan 'e Transsylvaanske Saksers wêryn't er harren oardere om 'e tariedings foar de ynvaazje fan Walachije ûnder lieding fan Báthory te stypjen. Dêrby fernijde er ek dat mei Steffen de Grutte ôfpraat wie dat dy tagelyk út Moldaavje wei ek in ynfal yn Walachije dwaan soe. Vlad ferbleau tsjin dy tiid yn Braşov, dêr't er op 7 oktober de hannelsprivileezjes fan 'e keaplju út dy stêd yn Walachije befêstige.

Doe't de ynvaazje úteinsette, ferovere Báthory op 8 novimber de Walachyske haadstêd Târgovişte. Vlad en Steffen de Grutte metten inoar dêr en sleaten mei grut seremonieel in ferbûn. Dêrnei feroveren se op 16 novimber Boekarest en twongen dêrmei Basarab III om him oer de Donau werom te lûken yn it Osmaanske Ryk. It is ûnbekend wannear't Vlad wer kroane waard ta foarst fan Walachije, mar dat moat foàr 26 novimber west hawwe. Basarab III kearde lykwols mei in Osmaansk leger werom nei Walachije, en yn 'e striid dêrtsjin kaam Vlad ein desimber 1476 of begjin jannewaris 1477 te sneuveljen. De krekte datum fan syn dea is ûnbekend, mar it moat foàr 10 jannewaris west hawwe, want dy deis skreau Steffen de Grutte in brief wêryn't er fertelde dat mei Vlad ek de Moldavyske leden fan syn gefolch omkommen wiene. Neffens Leonardo Botta, ambassadeur yn Hongarije foar it Hartochdom Milaan, waard Vlad syn lyk nei syn dea troch de Osmanen yn stikken houd. Antonio Bonfini, de kronykskriuwer fan Mattias Korvinus, makke der melding fan dat Vlad syn holle nei Mehmed II ta stjoerd waard.

It plak dêr't Vlad de Speetser begroeven leit, is ûnbekend. Neffens in folksferhaal (dat foar it earst yn 'e njoggentjinde iuw optekene waard) soed er begroeven lizzen yn it Kleaster fan Snagov. By opgravings yn 1933, ûnder lieding fan argeolooch Dinu V. Rosetti, waard ûnder wat de ûnmarkearre grêfstien fan Vlad hiet te wêzen, lykwols gjin grêf oantroffen, mar inkeld de bonken fan ferskate hynders. Neffens histoarikus Constantin Rezachevici is it meast wierskynlike begraafplak fan Vlad yn 'e earste tsjerke fan it Kleaster fan Comana, dat er sels stifte hie en dat deunby it slachfjild stiet dêr't er omkaam.

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Nikolaas Aleksander fan Walachije
 
 
 
 
 
 
 
Radu I fan Walachije
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Klara Dobokai
 
 
 
 
 
 
 
Mircea I fan Walachije
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Kalinikia
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Vlad II fan Walachije
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Vlad III fan Walachije
(Vlad de Speetser)
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Aleksander I fan Moldaavje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Eupraxia fan Moldaavje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 

Neffens moderne histoarisy soe Vlad de Speetser twa kear troud west hawwe. Syn earste frou soe neffens histoarikus Alexandru Simon skoan in oerwûne dochter fan Jan Hunyadi west hawwe kinne. Syn twadde frou wie Jusztina Szilágyi, in folle nicht fan 'e Hongaarske kening Mattias Korvinus. Hja wie de widdo fan Vencel Pongrác fan Szentmiklós doe't hja troude mei "Ladislaus Dragwlya", wierskynlik yn 1475. Jusztina oerlibbe Vlad, en wertroude letter noch twa kear, earst mei Pál Suki en dêrnei mei János Erdélyi.

It is ûndúdlik hoefolle bern oft Vlad krekt hie, mar hy hie yn elts gefal trije soannen. Syn âldste soan, Mihnea de Minne, waard yn 1462 berne. Syn twadde soan, fan wa't de namme net oerlevere is, kaam om, wierskynlik yn 'e striid, foàr 1486. Syn trêde soan, Vlad, besocht om 1495 hinne om 'e nocht op 'e Walachyske troan te kommen en wie de stamheit fan it aadlike skaai Dracula.

 
In gravuere fan Vlad de Speetser by Dútske grouwelferhalen oer syn regear.

Neilittenskip

bewurkje seksje

Reputaasje fan wreedheid

bewurkje seksje

Ferhalen oer Vlad syn wreedheid giene al doe't er noch libbe. De Transsylvaanske Saksers, dy't gauris mei him deilis wiene, tekenen de earsten fan dy ferhalen op en nei't er yn Hongarije finzenset wie, begûnen hôvelingen fan Mattias Korvinus de fersprieding fan geroften oer Vlad oan te fiterjen. De pauslike gesant yn Hongarije, Niccolò Modrussiense, berjochte yn 1462 paus Pius II oer sokke ferhalen. De minstreel Michael Beheim skreau in lang gedicht oer Vlad syn dieden, dat nei't it skynt basearre wie op in petear dat er fierd hie mei in mûnts dy't út it tichthûs yn Walachije ûntkommen wie. Dat gedicht, Von ainem Wutrich der heis Trakle Waida von der Walachei ("Fan in Moardsuchtige Gek mei de Namme Dracula, Woiwode fan Walachije") waard yn 'e winter fan 1463 songen yn Wiener Neustadt, oan it hof fan 'e Hillige Roomske keizer Freark III.

Neffens Beheim liet Vlad op in stuit twa mûntsen speetse om se te helpen gauwer yn 'e himel te kommen, en doe't harren ezel dêrop begûn te âljen, liet er it bist ek speetse. De Midsiuwske histoarikus Sebastian Münster fernijde it ferhaal dat op in kear Osmaanske boadskippers oan it hof fan Vlad kamen, mar wegeren om harren tulbannen foar him ôf te dwaan. Dêrop soed er de tulbannen by elts fan 'e mannen mei trije spikers oan 'e holle fêstspikerje litten hawwe, sadat se se tenei altyd op hâlde koene. Soksoarte sensasjonele ferhalen, dêr't Vlad út nei foarren komt as in sljochtsinnige psychopaat, laten ta de publikaasje fan 'e earste bestsellers fan it Dútske taagebiet. Der binne ek mear as tweintich Slavyske manuskripten (de saneamde Skazanije) oerlevere dy't fan 'e dieden fan Vlad de Speetser fertelle. Dy binne tusken de fyftjinde en de achttjinde iuw yn it Russysk skreaun, mar it is (fanwegen it gebrûk fan idioom dat yn it Russysk net gongber is) dúdlik dat it dêrby giet om kopyen fan âldere wurken yn in Súdslavyske taal (nei alle gedachten Bulgaarsk of Servysk). Yn dy hanskriften komme de grouweldieden fan Vlad ek oan bod, mar wurdt der eltse kear op wiisd dat Vlad syn wredens bedoeld wie om it sintrale regear fan Walachije te fersterkjen.

 
Vlad de Speetser ûntfangt Osmaanske gesanten, op in skilderij fan Theodor Aman.

Status fan nasjonale held

bewurkje seksje

De measte Roemeenske skriuwers en dichters seagen Vlad de Speetser letter as in rjochtfeardich hearsker en in reälistysk tiran, dy't kriminelen bestrafte en ferriedlike bojaren eksekutearre om syn gryp op 'e macht te ferstevigjen. Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw wijde Ion Budai-Deleanu it epyske gedicht Ţiganiada (it "Sigeunerepos") oan Vlad, dêr't er yn foarsteld wurdt as in held dy't it opnimt tsjin bojaren, Osmanen, fampieren en oare kweageasten oan it haad fan in leger dat bestiet út Roma en ingels. Yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw lei de dichter Dimitrie Bolintineanu yn syn Fjildslaggen fan de Roemenen de klam op Vlad syn oerwinnings op it slachfjild. Hy seach it gebrûk fan geweld troch Vlad as in needsaaklik kwea om it despotisme fan 'e bojaren tsjin te gean. Ien fan 'e grutste Roemeenske dichters, Mihai Eminescu, skreau in histoaryske ballade, It Trêde Brief, oer de dappere foarsten fan Walachije, wêrby't er Vlad oprôp om út it grêf op te stean en de fijannen fan 'e Roemenen te ferdylgjen.

Sûnt de midden fan 'e njoggentjinde iuw hawwe Roemeenske histoarisy Vlad de Speetser oer it algemien behannele as ien fan 'e grutste Roemeenske hearskers aller tiden, in status dy't se basearje op syn striid foar de ûnôfhinklikheid fan 'e Roemeenske foarstedommen Walachije en Moldaavje. Vlad syn wreedheden wurde yn dat ramt presintearre as rasjonele dieden dy't it nasjonaal belang tsjinnen. Alexandru Dimitrie Xenopol wie ien fan 'e earste skiedkundigen dy't riddenearre dat Vlad inkeld troch in skrikbewâld te fieren foarkomme koe dat de ûnderlinge strideraasjes fan 'e bojaren syn lân oan stikken skuorre soene. Constantin C. Giurescu ferwurde dat idee sa: "De martelingen en eksekúsjes dêr't [Vlad] opdracht ta joech, kamen net fuort út lumigens, mar hiene altyd in reden, en dat wie hiel faak in reden fan steat." Ioan Bogdan wie ien fan 'e mar in pear Roemeenske histoarisy dy't it heldhaftige byld fan Vlad net akseptearre. Yn syn wurk Vlad Ţepeş en de Dútske en Russyske Ferhalen konkludearre er dat de Roemenen har foar Vlad skamje moatte soene ynstee fan him foar te stellen as in rolmodel fan dapperens en heitelânsleafde. By in opinypeiling út 1999 keas 4,1% fan 'e dielnimmende Roemenen Vlad de Speetser út as "de wichtichste histoaryske persoan dy't it lot fan 'e Roemenen yn positive sin beynfloede hat."

Fampiere-mytology

bewurkje seksje

De grouwelferhalen oer Vlad de Speetser makken him ta de bekendste Midsiuwske hearsker fan 'e Roemeenske lannen. Hy waard lykwols nea yn ferbân brocht mei fampieren foar't de Ierske auteur Bram Stoker yn 1897 syn ferneamde roman Dracula publisearre. De antagonist yn dat boek, greve Dracula, soe basearre wêze op Vlad de Speetser. Stoker hie foartiid jierrenlang ûndersyk dien nei fampieren en wie yntrigearre rekke troch de bloedsûgende strigoi út 'e Roemeenske folkloare troch it essay Transylvanian Supertitions ("Transsylvaansk Byleauwe"), fan Emily Gerard, út 1885. Syn beheinde kennis fan 'e Midsiuwske skiednis fan Walachije krige er út Account of the Principalities of Wallachia and Moldavia with Political Observations Relative to Them ("Ferslach fan 'e Foarstedommen Walachije en Moldaavje mei Politike Oantekenings oer dat Underwerp") fan William Wilkinson, út 1820.

 
De foarside fan 'e earste printinge fan Dracula, de roman fan Bram Stoker.

Neffens guon letterkundigen, lykas Elizabeth Miller, wie Stoker op 'e namme 'Dracula' nei frijwol ûnkundich fan 'e histoaryske persoan fan Vlad de Speetser. Miller skreau dêroer dat er "beslist net genôch [oer Vlad wist] om mooglik te meitsjen dat wy sizze kinne dat Vlad de ynspiraasjeboarne wie foar" greve Dracula. Oan 'e oare kant lit Stoker greve Dracula yn haadstik 3, side 19 (oarspr. edysje) sizze:

"Wa wie it as it net ien fan myn eigen ras wie dy't as woiwode de Donau oerstiek en de Turk op syn eigen grûn fersloech? Dat wie pas in echte Dracula! En ûnk wie it dat syn eigen ûnweardige broer, nei't er fallen wie, syn folk oan 'e Turk ferkocht en de skande fan slavernij oer harren brocht!"

Dy passaazje giet ûntsjinsislik oer Vlad de Speetser, dy't ommers in ynfal yn it Osmaanske Ryk die en doe finzen nommen waard troch de Hongaren, wêrnei't syn jongere broer Radu III mei Osmaanske stipe foarst yn syn plak waard. Fierderop yn it boek, yn haadstik 18, side 145, stelt Dracula syn aartsfijân, de fampierejager Abraham van Helsing, fêst:

"Hy moat yndie dy woiwode Dracula west hawwe dy't syn reputaasje wûn [yn 'e striid] tsjin 'e Turk, oarekant de grutte rivier, fuort oan 'e grins fan Turkijelân."

Miller wiist ek op it feit dat greve Dracula yn 'e roman beweart in Seekler te wêzen. De Seeklers (Székely) binne in etnysk Hongaarske subgroep yn sintraal Transsylvaanje, dy't nei eigen sizzen ôfstammet fan 'e Hunnen. Yn it boek wol greve Dracula dan ek hawwe dat er sels in neikommeling is fan Attila de Hun. Dat strykt beslist net mei de histoaryske Vlad, dy't gjin etnyske Hongaar, mar in etnyske Roemeen wie. Mar der is fansels neat dat seit dat in romanskriuwer as Stoker net in personaazje op in histoarysk figuer basearje kin en dêr dan nei eigen beleavjen dingen oan feroarje mei. En dat is krekt wat der bard is: Stoker hat de ferhalen oer Vlad de Speetser nommen, dêr syn greve Dracula op basearre en doe noch in link lein nei in oare legindaryske wredert, Atilla de Hun, net om't dat histoarysk korrekt wie, mar om't dat him foar syn ferhaal goed útkaam.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further reading, op dizze side.