12 Monkeys (film)
12 Monkeys, ek gauris stavere as Twelve Monkeys, is in Amerikaanske dyptopyske, apokalyptyske en teffens post-apokalyptyske neo-noir-science fiction-dramafilm út 1995. De film waard regissearre troch Terry Gilliam, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis en Madeleine Stowe. De titel betsjut "12 Apen". It ferhaal giet oer James Cole, in man dy't út 'e takomst troch tiidreizgjen weromstjoerd wurdt nei it jier 1996 om kritike ynformaasje te sammeljen oer it firus dat yn dat jier de minskheid frijwol útrûget. Mei't er oansjoen wurdt foar ien dy't geastlik net ynoarder is, bedarret er yn in psychiatrysk sikehûs. Dêr komt er yn kontakt mei sawol psychiater Kathryn Railly as mei-pasjint Jeffrey Goines. Dy lêste soe skoan dejinge wêze kinne dy't it firus mei opsetsin oer de wrâld ferspraat hat. 12 Monkeys krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar 2 Oscars, en Brad Pitt wûn de Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur. 12 Monkeys wûn ek trije Saturn Awards. Yn 2015 waard de film op 'e nij makke as in tillefyzjesearje fan fjouwer seizoenen.
12 Monkeys | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Terry Gilliam | |
produsint | Charles Roven | |
útfierend produsint |
Robert Kosberg | |
senario | David Peoples Janet Peoples | |
basearre op | La Jetée fan Chris Marker | |
kamerarezjy | Roger Pratt | |
muzyk | Paul Buckmaster | |
filmstudio | Atlas Entertainment Classico Entertainment | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Bruce Willis Madeleine Stowe | |
byrollen | Brad Pitt Christopher Plummer David Morse Christopher Meloni Jon Seda | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 29 desimber 1995 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | dyptopyske, apokalyptyske neo-noir-science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 129 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $29,5 miljoen | |
opbringst | $168,8 miljoen | |
prizen | 1 × Golden Globe 3 × Saturn Award |
Plot
bewurkje seksjeYn 2035 is James Cole in finzene yn in ûndergrûnsk kompleks ûnder wat foarhinne de Amerikaanske stêd Philadelphia wie. Hy wurdt útkeazen as "frijwilliger" om yn in luchtticht ôfsletten pak op ûndersyk út te gean boppe de grûn. Dêrby doarmet er om troch de ruïnes fan 'e stêd, dy't no inkeld troch bisten bewenne wurde. Stadichoan wurdt dúdlik dat de Ierde yn desimber 1996 troffen is troch de útbraak fan in foar bisten ûnskeadlik firus, dat lykwols binnen inkele moannen mear as 5 miljard minsken útrûge hat. De minmachtige oerlibbenen hawwe har ûnder de grûn weromlutsen om oan it firus te ûntkommen.
It kompleks ûnder Philadelphia wurdt regearre troch in groepke ûnmeilydsume âlde wittenskippers dy't derfan oertsjûge binne dat it firus net op natuerlike wize ûntstien is. Ynstee soe it mei opsetsin produsearre en doe loslitten wêze troch in mysterieuze groep dy't himsels "it Leger fan 'e Tolve Apen" neamt. Wannear't Cole syn taken oan it ierdoerflak mei súkses folbrocht hat, beslute de wittenskippers him troch in foarm fan tiidreizgjen dy't se ûntwikkele hawwe, werom yn 'e tiid te stjoeren nei 1996. Dêr moat er sjen út te finen wa't der efter it Leger fan 'e Tolve Apen sitte en hoe't dyselden te wurk gien binne. De bedoeling is dat de wittenskippers neitiid ien fan harrensels werom yn 'e tiid stjoere kinne om it firus te ûndersykjen, sadat se der in faksên tsjin meitsje kinne.
Underwilens wurdt Cole tramtearre troch libbene dreamen oer in foarfal dêr't er as bern tsjûge fan wie op 'e lofthaven fan Philadelphia, inkele wiken foar't de firusútbraak plakfûn. In mei in pistoal bewapene man draafde tusken de minsken yn 'e terminal troch, mar waard yn 'e rêch sketten troch in plysje en foel deadlik ferwûne del. In oerstjoere blonde frou draafde op him ta en knibbele by him del. Syn mei bloed besmodzge hân streake har oer it wang foar't er ferstoar.
Wannear't er weromstjoerd wurdt yn 'e tiid, arrivearret Cole yn Baltimore, mar net yn it neijier fan 1996, sa't de bedoeling wie, mar yn 1990. Troch syn praat oer tiidreizgjen en in deadlike pandemy wurdt er oansjoen foar ien dy't geastlik net ynoarder is. De pleatslike plysje pakt him op en draacht him oer oan 'e soarch fan in psychiatrysk sikehûs, dêr't er op 'e noed komt fan psychiater Kathryn Railly. Yn it psychiatrysk sikehûs komt Cole ek yn 'e kunde mei Jeffrey Goines, in oare pasjint dy't teffens in miljeu-aktivist is mei antykapitalistyske ideeën.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Cole wurdt troch in panel fan psychiaters befrege oer syn eftergrûn, en de antwurden dy't er jout, befêstigje harren miening dat er, ienfâldich útdrukt, in gefaarlike gek is. Om him kalm te hâlden, skriuwe se him medisinen foar dy't him it meastepart fan 'e dei lichtlik bedwelme hâlde. Yn dy steat fiert er in petear mei Goines oer natoerbeskerming en de negative ynfloed fan 'e minskheid op it miljeu, wêryn't Cole oppenearret dat it foar de ierde better wêze soe as de minskheid alhiel útrûge wurde soe. Dat is foar Goines in nij idee, dat him bot liket oan te sprekken. Nei't er besocht hat te ûntsnappen, wurdt Cole hielendal platspuite en fêstbûn op bêd yn in isolearsel opsletten. Wannear't de seldoar wer iependien wurdt, blykt er lykwols spoarleas weiwurden te wêzen.
Cole wurdt wekker yn 2035, dêr't er troch de wittenskippers dy't him weromhelle hawwe, befrege wurdt. Se binne bot feralterearre om te hearren dat er yn 1990 belâne wie ynstee fan yn 1996. Se spylje foar him in slim ferfoarme voicemailberjocht ôf, wêryn't de skiller beweart dat it Leger fan 'e Tolve Apen efter de firusútbraak sit. Fan Cole wolle se witte oft hy de skiller is, wat er ûntstriidt. Ek litte se him foto's sjen fan in grut tal persoanen dy't se derfan fertinke by it Leger fan 'e Tolve Apen belutsen te wêzen, ûnder wa Goines. De wittenskippers biede Cole in nije kâns om syn misje ôf te meitsjen en stjoere him fannijs werom yn 'e tiid, wêrby't se beweare dat er diskear wol yn 1996 útkomme sil. Dat blykt net sa te wêzen; ynstee bedarret er yn 'e rinfuorgen oan it Westfront yn 'e Earste Wrâldoarloch, dêr't er troch in Frânske ofsier, dy't him derfan fertinkt in Dútske spion te wêzen, yn syn boppeskonk sketten wurdt. Ear't er deamakke wurde kin, wurdt Cole lykwols dêrwei helle en diskear wol nei it juste jier brocht.
Begjin desimber 1996 jout Railly oan in groep fakgenoaten en oare belangstellenden in lêzing oer it Cassandrakompleks, in psychyske oandwaning wêrby't de pasjint mient de takomst foarsizze te kinne, mar tagelyk nimmen safier krije kin dat dy nei syn warskôgings harket. Nei ôfrin is der in sinjearsesje wêrby't Railly eksimplaren fan in boek dat se oer dit ûnderwerp skreaun hat, fan hantekenings foarsjocht. Dêrby moetet se dr. Peters, in wittenskipper dy't tsjin har seit dat apokalyptyske alarmisten eins de iennichste ferstannige miening ferkundigje, wylst de stadige ferneatiging fan it miljeu troch de minskheid de wiere gekte is. As se oan 'e ein fan 'e jûn nei har auto op it parkearterrein rint, wurdt Railly ûntfierd troch Cole, dy't har weromfûn hat fia posters dêr't de lêzing op oankundige waard. Om't er sels net autoride kin (om't er sûnt syn achste ûnder de grûn libbe hat), twingt er har om him nei Philadelphia te riden. Hy is der fan oertsjûge rekke dat it haadkertier fan 'e Leger fan 'e Tolve Apen dêr fêstige wêze moat.
Wylst se tegearre ûnderweis binne, begjint dokter Railly almar gruttere sympaty foar Cole te krijen, sasear sels, dat wannear't se in kear ûntsnappe kin, se dat net docht. Se beseft dat se lijt oan it Stockholmsyndroom, mar tagelyk hat se it gefoel dat Cole en sy op 'e iene of oare manear mei-inoar ferbûn binne. Wannear't Cole syn weromkearende dream oer it traumatyske foarfal út syn jonkheid wer kriget, fertelt er dêr neitiid oer en seit er dat er no beseft dat Railly de oerstjoere frou wie dy't by de delsketten man delknibbele. Sy besiket him oan it ferstân te krijen dat syn ûnderbewustwêzen dy frou no har gesicht jûn hat om't sy op dit stuit in protte yn syn gedachten is, mar Cole antwurdet dat er leaut dat sy it altyd al wie en dat er it earder nea trochhie. Ienris yn Philadelphia sleept Cole Railly mei yn in syktocht nei it Leger fan 'e Tolve Apen, wêrby't se harren op 'e ûnfeilichste plakken fan 'e stêd bejouwe. Yn in leechsteande, fertutearze skouboarch wurde se oerfallen troch in pear kriminelen, fan wa't de iene Cole mei in pistoal ûnder skot hâldt, wylst de oare risselwearret om Railly te ferkrêftsjen. Cole wurdt syn bewekker lykwols oermânsk en slacht de ferkrêfter dea foar't er Railly oanreitsje kin.
Lang om let fine se it haadkertier fan it Leger fan 'e Tolve Apen, dat in kloft ekstremistyske miljeu-aktivisten is dêr't Goines de oprjochter fan blykt te wêzen. Under bedriging mei it bútmakke pistoal fan syn eardere bewekker wit Cole fan inkele leden fan 'e groep los te krijen dat Goines de soan is fan 'e foaroanstande en smoarrike firolooch dr. Leland Goines. Mei de plysje op 'e hakken, dy't Cole siket yn ferbân mei de ferdwining fan Railly en de moard op 'e krimineel yn 'e skouboarch, bejouwe Cole en Railly har nei it lânhûs fan 'e famylje Goines. Cole kringt dêr binnen wylst der in feestlike soirée oan 'e gong is en konfrontearret Jeffrey Goines mei syn belutsenens by it Leger fan 'e Tolve Apen. Goines seit dat Cole him yn 1990 sels it idee foar de útrûging fan 'e minskheid jûn hat mei in firus dat er út it laboratoarium fan syn heit stelle kin. As befeiligingslju him efternei komme, naait Cole út, tramtearre troch de gedachte dat hy sels skoan ris ferantwurdlik wêze kinne soe foar de útrûging fan 'e minskheid. As er wer by Railly komt, dy't er sa lang yn 'e kofferbak fan 'e auto opsletten hie, bepraat sy him om him oer te jaan oan 'e plysje, dêr't se de sirenes yn 'e fierte al fan hearre kin. Wannear't se har eefkes omdraait, is Cole lykwols ynienen nearne mear te bekennen.
Cole is ûnderwilens wer yn 2035, dêr't er earst bot yn betizing liket te wêzen oer wat echt is en wat net. Nei't er in skoftke de tiid hân hat om te bekommen, bewissiget er de wittenskippers der lykwols fan dat hy de oanwiisde persoan is om jitris werom te stjoeren nei 1996 om foar iens en foar altyd út te sykjen hoe't it krekt gien is mei de fersprieding fan it firus. Hy is ommers de iennichste dy't alle spilers ken. Wannear't se him yndie foar de trêde kear werom yn 'e tiid stjoere, fynt Cole Railly werom. Har fertelt er lykwols dat se fan it begjin ôf oan gelyk hie: hy is geastlik net ynoarder en de episoades yn 2035 en de wittenskippers en alle lju dy't er dêr moetet, besteane inkeld yn syn holle. Railly is lykwols hielendal net bliid om dat te hearren, want, iroanysk genôch, hat sy ûnderwilens krekt dingen boppe wetter helle dy't bewize dat alles dat Cole bewearde, wier is, en dat hy yndie út 'e takomst wei werom yn 'e tiid stjoerd is. Railly skillet it tillefoannûmer dat Cole fan 'e wittenskippers krigen hie om boadskippen efter te litten en is ferromme dat it in tapytreinigingsbedriuw blykt te wêzen. Se ornearret dat se harsels dan miskien dochs mar bangmakke hat om neat. Se lit foar de grap in voicemailberjocht efter wêryn't se seit dat it Leger fan 'e Tolve Apen efter de firusútbraak sit. As se dat letter oan Cole fertelt, kin dy har wurd foar wurd fertelle wat se sein hat: it is it ferfoarme voicemailberjocht dat de wittenskippers foar him ôfspile hawwe.
Cole en Railly beseffe allebeide dat se fereale opinoar rekke binne en teffens dat se de fersprieding fan it firus net tsjinkeare kinne om't it, út Cole syn eachpunt wei, al bard is. Mei't Cole noch nea de see sjoen hat, keapet Railly fleantickets foar harren beiden nei de Florida Keys, dêr't se de lêste pear wiken útsitte sille. Of, as it allegear dochs net wier blykt te wêzen, dan sille se yn elts gefal in leuke fakânsje hawwe. Om't Cole noch altyd socht wurdt foar moard en ûntfiering, besoarget Railly him in momkape mei in prúk en in falske snor, wylst se sels har brune hier blond fervet. Dyselde nachts fiere Goines en syn Leger fan 'e Tolve Apen har grutte aksje út, wêrby't se alle bisten frijlitte út 'e Philadelphia Zoo en Goines syn heit Leland, dy't se earder ûntfierd hiene, yn 'e dieretún yn in koai opslute. Wannear't Cole en Railly de oare moarns nei de lofthaven geane om harren flecht nei de Florida Keys te heljen, binne der oeral yn 'e stêd ferkearsopstoppings fanwegen frij omrinnende wylde bisten. Cole en Railly binne opluchte dat de grutte aksje fan it Leger fan 'e Tolve Apen yn ferhâlding sa ludyk is, en hawwe no hope dat de firusútbraak útbliuwe sil.
Op 'e lofthaven oankommen lit Cole in voicemailberjocht efter foar de wittenskippers, wêryn't er seit dat it Leger fan 'e Tolve Apen in dead spoar is. Teffens fertelt er harren dat er diskear net fan doel is en kom werom. Fuort dêrnei wurdt er oanholden troch José, in maat fan him út 'e finzenis dêr't er yn 2035 fêstholden waard. Dyselde seit dat er troch de wittenskippers stjoerd is as reäksje op it voicemailberjocht dat Cole no krekt ynsprutsen hat. Hy langet Cole in pistoal oer en hjit him om te dwaan wat him opdroegen is, om't de wittenskippers oars Railly út 'e wei romje sille. Underwilens sjocht Railly op 'e lofthaven dr. Peters, de apokalypsteorist dy't teffens de assistint fan dr. Leland Goines blykt te wêzen. Peters boekt in reis om 'e wrâld wêrby't er de stêden oandocht (en persiis yn 'e juste folchoarder), dêr't it firus it earst de kop opstekke sil. Railly makket Cole dêr opmerksum op, en Cole set mei syn pistoal yn 'e oanslach efter Peters oan.
Underwilens is de plysje, noch altyd op 'e siik nei Cole, op 'e lofthaven arrivearre. As se Cole mei in pistoal troch de terminal draven sjogge, hjitte se him om it fjoerwapen falle te litten en him oer te jaan. Wannear't Cole harren negearret, sjitte se him yn 'e rêch. Deadlik ferwûne falt er del. In oerstjoere Railly draaft op him ta en knibbelet by him del. Syn mei bloed besmodzge hân streaket har oer it wang foar't er ferstjert. Railly beseft dat dit it oantinken út Cole syn weromkearende dream is, en sjocht om har hinne oant se in achtjierrich jonkje gewaar wurdt dat mei grutte eagen stiet ta te sjen. Se makket eachkontakt mei it jonkje: in jonge James Cole dy't tsjûge is fan syn eigen dea. Underwilens giet Peters oan board fan 'e ferkearsfleanmasine foar it earste stadium fan syn kweeste om 'e minskheid út te rûgjen. Njonken him giet in frou sitten dy't har foarsteld as "Jones" en seit dat se "yn 'e fersekeringsbrâns" wurket. It is ien fan 'e wittenskippers út 'e takomst. (Dêrmei wurdt suggerearre dat Cole syn misje folbrocht hat troch de ferantwurdlike efter de firusútbraak te identifisearjen, wêrnei't de wittenskippers ien fan harren ôffurdige hawwe om it firus te ûndersykjen, sadat se der in faksên tsjin meitsje kinne.) Fan it parkearterrein fan 'e lofthaven ôf sjocht de jonge James Cole ta hoe't it fleantúch opstiget.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
James Cole | Bruce Willis |
dokter Kathryn Railly | Madeleine Stowe |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jeffrey Goines | Brad Pitt |
dr. Leland Goines | Christopher Plummer |
dr. Peters | David Morse |
ynspekteur Halperin | Christopher Meloni |
José | Jon Seda |
dokter Fletcher | Frank Gorshin |
Tiny | Vernon Campbell |
Teddy | Lisa Gay Hamilton |
de geolooch | Bob Adrian |
de soölooch | Simon Jones |
de astrofysika / Jones | Carol Florence |
de mikrobiolooch | Bill Raymond |
froulike taksysjauffeur | Annie Golden |
strjitpreker | Thomas Roy |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeIt idee foar 12 Monkeys kaam fan útfierend produsint Robert Kosberg, dy't in fan wie fan 'e Frânske koarte film Le Jetée, út 1962. Mei't er it as in perfekte basis foar in lange science fiction-film seach, helle er de regisseur fan Le Jetée, Chris Marker, oer om him ta te stean in Ingelsktalige remake foar te stellen oan filmstudio Universal Pictures. De studio gie akkoart mei it oankeapjen fan 'e remakerjochten en hierde senarioskriuwers David en Janet Peoples yn om it senario te skriuwen. It ynfloedrike Amerikaanske fakbûn fan senariokriuwers, dat bepaalt wa't foar it senario in fermelding kriget op 'e begjintitels en de ôftiteling fan in film, wie letter trouwens skeptysk oer de tafoeging "ynspirearre troch La Jetée fan Chris Marker".
As produsint wie Charles Roven by 12 Monkeys belutsen foar de produksjemaatskippijen Atlas Entertainment en Classico Entertainment. It wie Roven dy't Terry Gilliam as regisseur yn it projekt behelle, mei't er fûn dat de regissearstyl fan Gilliam goed oansleat by de non-lineêre ferhaalline en de subplot oer tiidreizgjen. Hoewol't Gilliam der de foarkar oan joech om syn eigen skripts te skriuwen, rekke er bestrûpt yn it (neffens him) "yntrigearjende en yntelliginte senario" fan 'e Peoples'. Hy sei dêr fierders oer: "It ferhaal is ûntrêstgjend. It giet oer tiid, dwylsinnigens en de persepsje fan wat de wrâld al en net is. It is in stúdzje nei gekte en dreamen, nei dea en werberte, mei as eftergrûn in wrâld dy't útinoar falt."
It duorre langer as ferwachte foar't Universal, dat de film finansierde, it griene ljocht joech foar 12 Monkeys, ek al hie Gilliam twa filmstjerren dy't by it krúske tekene hiene (Bruce Willis en Brad Pitt) en in stevich budget fan $29,5 miljoen, wat mids 1990-er jierren oan 'e lege kant wie foar de mjitstêven fan 'e filmyndustry fan Hollywood. Om 'e saak op gong te helpen, beprate Gilliam Willis om syn normale fraachpriis te ferleegjen. Omreden fan syn eardere wurk yn 'e tsjinst fan Universal krige Gilliam (ynstee fan 'e studiobazen) sizzenskip oer de úteinlike filmmontaazje. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Roger Pratt, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Paul Buckmaster.
Casting
bewurkje seksjeRegisseur Terry Gilliam syn earste kar foar de haadrol fan James Cole wie Nick Nolte en foar de byrol fan Jeffrey Goines hied er Jeff Bridges yn 'e holle. Filmstudio Universal Pictures lei dêr it near op. Foar de haadrol caste Gilliam doe Bruce Willis, mei wa't er foar it earst yn 1991 yn 'e kunde kommen wie, doe't Willis audysje die foar de rol yn The Fisher King dy't úteinlik nei Bridges gien wie. Foar Bridges yn it plak parte Gilliam de rol fan Goines ta oan Brad Pitt, dy't doedestiden noch oan it begjin fan syn karriêre stie en noch ridlik goedkeap wie. Tsjin 'e tiid dat 12 Monkeys útkaam, wiene trije oare films fan Pitt (Interview with the Vampire, Legends of the Fall en Seven) grutte súksessen wurden, wat in protte ekstra belangstelling foar 12 Monkeys opsmiet. Gilliam caste Madeleine Stowe yn 'e froulike haadrol fan dokter Kathryn Railly om't er ûnder de yndruk wie fan har aktearprestaasje as in blyn misdieslachtoffer yn 'e skrillerfilm Blink (1994).
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar 12 Monkeys setten op 8 febrewaris 1995 útein en duorren oant en mei 6 maaie fan dat jier. De film waard hast hielendal op lokaasje yn Baltimore en Philadelphia opnommen. De sênes yn it psychiatrysk sikehûs waarden filme yn 'e Eastlike Steatsfinzenis en it Girard Kolleezje. De sêne yn 'e leechsteande skouboarch waard opnommen yn it Senator Theatre yn Baltimore. In sêne yn in motel waard filme yn Camden (Nij-Jersey). Foar de klimaktyske sêne op 'e lofthaven waarden eksterieurbylden makke by de Ynternasjonale Lofthaven Baltimore-Washington, wylst de binnendoarsêns filme waarden yn it Pennsylvania Convention Center. De opnamen foar 12 Monkeys hiene te lijen ûnder min waar by 't winter, en teffens mei kontinuïteitsflaters feroarsake troch de non-lineêre ferhaalline (mei as gefolch dat sênes op 'e nij filme wurde moasten). Ta oermjitte fan ramp ferwûne Gilliam himsels doe't er út te hynsteriden gie. Nettsjinsteande alle tsjinrampen levere er in film ôf dy't binnen it budget wie en mar in wike efter op skema lei.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan 12 Monkeys waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 29 desimber 1995 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. 12 Monkeys waard op 28 jannewaris 1997 útbrocht as VHS-keapfideo en op 31 maart 1998 ek op dvd. De earste blu-ray fan 'e film ferskynde op 28 july 2009.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige 12 Monkeys oer it algemien positive resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times ferliek de film mei Blade Runner (1982), dat deselde senarioskriuwer hie (David Peoples), en ek mei Brazil, dat deselde regisseur hie (Terry Gilliam). Hy omskreau 12 Monkeys sa: "in fiering fan dwylsinnigens en doem, mei in held dy't krewearret om it te winnen fan 'e gaos fan syn eigen oandwaning, mar dat net oprêdt." Hy beoardiele dat sa: "Dit fizioen is kâld, dûnker en damp, en sels de românse tusken [de personaazjes fan] Willis en Stowe fielt wanhopich oan ynstee fan freugdefol. It is allegearre hiel goed dien, en wat mear men ôfwit fan films (yn 't bysûnder de technyske styl), wat gauwer men [dizze film] bewûnderje sil."
Yn it tydskrift Rolling Stone skreau Peter Travers it súkses fan 12 Monkeys ta oan 'e rezjy fan Gilliam en it aktearjen fan Willis. De foaroansteande ynternetfilmkritikus James Berardinelli wurdearre it fral dat de senarioskriuwers in yntelligint en kreätyf motyf hiene foar de subplot oer tiidreizgjen: ynstee dat Cole weromstjoerd wurdt om it ferline te feroarjen, wurdt er stjoerd as waarnimmer om in bettere takomst te meitsjen. Richard Corliss fan it tydskrift Time wie folle minder oer 12 Monkeys te sprekken. Hy betitele it tiidreizgjende aspekt fan 'e film en de sombere ôfskildering fan in post-apokalyptyske takomst as klisjees. Dêr heakke er oan ta: "Yn syn healwize mingsel fan gaos, bloedferjitten en dieretúnbisten is 12 Monkeys krekt Jumanji foar folwoeksenen."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat 12 Monkeys in heech goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 74 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De plot is in bytsje in grimelgrammel, mar treflike aktearprestaasjes en geweldige draaiïngs yn it ferhaal meitsje fan 12 Monkeys in aparte, effektive ûnderfining." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet 12 Monkeys in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 20 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksje12 Monkeys brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $57,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $111,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $168,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $29,5 miljoen betsjut dat in winst fan $139,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
bewurkje seksjeYn 1996 waard 12 Monkeys by de Oscars nominearre foar prizen yn twa kategoryen. Brad Pitt waard nominearre foar de Oscar foar bêste byrol fan in akteur, mar ferlear fan Kevin Spacey yn The Usual Suspects, wylst Julie Weiss nominearre waard foar de priis foar bêste kostúmûntwerp. By de Golden Globes wûn Pitt lykwols àl de priis foar bêste byrol fan in akteur. Fierders wûn 12 Monkeys trije Saturn Awards, foar bêste science fiction-film, bêste byrol fan in akteur (Pitt) en bêste kostúmûntwerp. De film waard ek nominearre foar de Saturn Awards foar bêste regisseur, bêste akteur (Bruce Willis), bêste aktrise (Madeleine Stowe) en bêste orizjinele senario. Teffens sleepte 12 Monkeys by de Hugo Awards in nominaasje yn 'e wacht foar bêste dramatyske presintaasje.
Tillefyzje-adaptaasje
bewurkje seksjeYn 2013 waard der in tillefyzje-adaptaasje fan 12 Monkeys yn produksje nommen troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk Syfy. De searje, dy't ek 12 Monkeys hiet, rûn fjouwer seizoenen en wie fan 2015 oant en mei 2018 op 'e tillefyzje te sjen.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan 12 Monkeys
- (in) Ynformaasje oer 12 Monkeys yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |