Endor (Star Wars)

(Trochferwiisd fan Boskmoanne Endor)

Endor (offisjele namme: IX3244-A) is in fiktive moanne út 'e Star Wars-franchise, dy't bekend waard út 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). It is de thúswrâld fan 'e skattige Ewoks. De opnamen foar de sênes dy't op Endor spylje, waarden dien yn it Steatspark Grizzly Creek Redwoods, deunby it stedsje Smith River yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje.

De boskmoanne Endor.

Beskriuwing bewurkje seksje

Endor stiet bekend om syn útstrutsen savannes, prêrjes en berchtmen, mar fral om syn wâlden. Dêrom wurdt de moanne ek wol de boskmoanne Endor neamd. Der binne trije gruttere seeën dy't wol oantsjut wurde as oseänen, mar oerflaktewetter makket mar 8% fan it oerflak fan Endor út. It is de thúswrâld fan 'e yntelliginte bûtenierdske Ewoks, Dulok en Yuzzum, en teffens fan 'e semy-yntelliginte Gorax en Wisties.

Endor is de grutste fan njoggen moannen fan in gasreus dy't yn it Ewokeesk bekend stiet as Tana. Dy draait rûntsjes om 'e binêre stjer fan it planetestelsel Endor, dat diel útmakket fan 'e sektor Moddell yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. De beide sinnen dy't har ljocht op 'e boskmoanne skine, binne Endor Primus-I en Endor Primus-II. Tana (en dus ek Endor) docht der 402 dagen oer en draai om 'e dûbelstjer hinne. Endor hat in sykhelbere, ierdsk-eftige atmosfear dêr't minsken goed mei takinne.

Yn Return of the Jedi bewurkje seksje

De Boskmoanne Endor waard ferneamd troch de foarfallen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). Dêryn hat it Galaktysk Keizerryk in fasiliteit op it oerflak fan 'e moanne boud dy't it enerzjyskyld opwekket dêr't de noch yn oanbou wêzende twadde Deadsstjer mei beskerme wurdt. It Rebelleferbûn beslút it massaferneatigingswapen te ferneatigjen ear't it foltôge wurde kin, en stjoert in kommando-ienheid nei Endor ta om 'e generatorfasiliteit te sabotearjen, sadat in oanfal mei romteskippen op 'e Deadsstjer mooglik wurde sil. De ienheid stiet ûnder befel fan Han Solo en prinsesse Leia en ek de Wookiee Chewbacca en de androïden C-3PO en R2-D2 meitsje der diel fan út. De Jedi-ridder Luke Skywalker beselskippet syn freonen inkeld yn it begjin.

 
It Steatspark Grizzly Creek Redwoods yn Kalifornje, dat yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi trochgie foar de boskmoanne Endor.

Op 'e moanne wurde Han en Leia-en-dy lykwols finzen nommen troch de primitive Ewoks, dy't noch in jager-sammelderbeskaving hawwe. Dyselden sjogge C-3PO, fanwegen syn fergulde beplating, oan foar in godheid. Luke brûkt de Krêft om dat idee fierder oan te fiterjen, sadat de Ewoks de selskipslju fan harren god frijlitte sille. Dy jûns fertelt C-3PO, dy't seis miljoen foarmen fan kommunikaasje behearsket, de Ewoks it ferhaal fan 'e opstân fan 'e moedige rebellen tsjin it boasaardige Galaktysk Keizerryk.

De oare deis rint de kommando-ienheid yn in mûklaach by in wraam op 'e generatorfasiliteit. Han en Leia-en-dy wurde finzen nommen, mar de Ewoks komme harren te help. Yn in bloedich treffen ferslane sy en de rebellen de Keizerlike stoarmtroepers dy't de generatorfasiliteit bewekje, wêrnei't it dochs noch wurde kin mei de sabotaazje. Nei de ferneatiging fan 'e Deadsstjer, dêr't de brokstikken fan delstoarte op 'e oseaanmoanne Kef Bir, in oarenien fan 'e njoggen moannen fan Tana, fiere de rebellen en Ewoks harren oerwinning. Luke bringt it stoflik omskot fan syn heit Anakin mei út 'e Deadsstjer, dat er neitiid op Endor kremearret.

Yn oare ûnderdielen fan 'e Star Wars-franchise bewurkje seksje

De lytse, pluzige, skattige Ewoks wiene by it publyk sa populêr, dat der ferskate wurken oan har wijd waarden. Der waarden twa tillefyzjefilms oer harren makke: Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) en Ewoks: The Battle for Endor (1985). Dêropta ferskynde der ek in tekenfilmsearje Ewoks, dy't rûn fan 1985 oant 1986. Alle ferhalen oer de Ewoks spylje op Endor. Ek yn ferskate romans, strips en fideospultsjes dy't yn it ramt fan Star Wars útjûn waarden, spilet Endor in rol.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin