Westlike greidwrotmûs

(Trochferwiisd fan Chihuahuawrotmûs)

De westlike greidwrotmûs (wittenskiplike namme: Microtus drummondii) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus), dat foarkomt yn it noarden en de midden fan Noard-Amearika. Dit bist waard foarhinne beskôge as in ûndersoarte fan 'e eastlike greidwrotmûs (Microtus pennsylvanicus), mar út nij ûndersyk die yn 2020 bliken dat it eins in selsstannige soarte is.

westlike greidwrotmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus drummondii
Audubon & Bachman, 1854
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

De westlike greidwrotmûs komt foar yn hast hiel Kanada, útsein it Arktyske noarden, en yn it grutste part fan Alaska, mar net yn it noarden, oan 'e westkust, op 'e Aleoeten of yn it uterste súdeasten. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten libbet dit bist yn 'e noardlike en sintrale Rocky Mountains, op 'e noardlike Grutte Flakten en yn it gebiet besuden de Grutte Marren. Dêrby strekt syn areaal him út fan noardlik Kentucky oant de Hudsonbaai, fan sintraal Utah oant de Grutte Bearemar, en fan westlik Kebek oant noardlik Washington. In útrinner fan 'e fersprieding rikt nei it suden ta yn sintraal Colorado en noardlik Nij-Meksiko. Noch fierder súdlik bestiene foarhinne trije isolearre populaasjes: twa yn it suden fan Nij-Meksiko en ien yn it noarden fan 'e Meksikaanske steat Chihuahua. Dy binne lykwols sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw yn it neigean rekke. De westlike greidwrotmûs ûntbrekt op 'e measte eilannen foar de westkust fan Noard-Amearika, lykas Vancouvereilân, de Keninginne Sjarlotte-eilannen en de súdlike eilannen fan 'e Aleksanderarsjipel.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De westlike greidwrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7,7–11,7 sm, mei in sturtlingte fan 5–7,7 smen in gewicht fan 33–65 g. Hy hat in tichte pels, dy't op 'e rêch ljocht- oant dûnkerbrún is, en op 'e bealch witich. De sturt is frij lang foar in wrotmûs, oant 40% fan 'e kop-romplingte.

Westlike greidwrotmûzen jouwe de foarkar oan wieteftich greidlân mei in tichte boaiemfegetaasje fan gerzen of siggen. Se komme lykwols ek wol foar yn beboske kriten. Ek riviersiggen dy't begroeid binne mei strewelleguod, en heechgerzige prêrjes binne biotopen dêr't se goed út 'e fuotten kinne. De beslissende faktor liket de oanwêzigens fan wetter te wêzen. Op plakken dêr't de westlike greidwrotmûs syn ferspriedingsgebiet dielt mei de prêrjewrotmûs (Microtus ochrogaster) fynt der in habitatferdieling plak wêrby't de westlike greidwrotmûs him beheint ta de wietere dielen fan it biotoop, wylst de prêrjewrotmûs de drûgere parten bewennet.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Westlike greidwrotmûzen binne it hiele jier rûn aktyf, sawol nachts as oerdeis. Eltse 2–3 oeren is der in aktiviteitspiik dy't ferbân hâldt mei it feit dat se in flugge spiisfertarring hawwe en sadwaande geregeldwei ite moatte. Westlike greidwrotmûzen grave hoalen dêr't se foar it meastepart har ynaktive perioaden yn rêst trochbringe. Om har hoale hinne lizze se mûzerillen oan troch de boaiemfegetaasje. Har territoaria hawwe ûnregelmjittige foarmen en wurde foar in diel oerlape troch de territoaria fan oanbuorjende soartgenoaten, mar it binnenste diel wurdt fûleindich tsjin ynkringing fan oare westlike greidwrotmûzen ferdigene. De grutte fan 'e territoaria fariëarret fan 0,3–0,9 ha, wêrby't de territoaria fan wyfkes dúdlik lytser binne as dy fan mantsjes.

 
In westlike greidwrotmûs yn Michigan.

Yn prinsipe kinne westlike greidwrotmûzen har it hiele jier troch fuortplantsje, mar fanwegen ûngeunstige omstannichheden (dy't faak te meitsjen hawwe mei it klimaat) hâlde se faak even skoft tusken jannewaris en maart. De draachtiid duorret 20–23 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan 4–6 (mar yn ekstreme gefallen 1–11) keale en bline jongen smyt. Mei 3 dagen begjint it hier te groeien, en mei 8 dagen geane de eachjes iepen. As se 12–14 dagen âld binne, wurde se ôfwûn. De wyfkes binne soms mei 3 wiken al geslachtsryp, mar de mantsjes kinne har pas mei 6–8 wiken fuortplantsje. Westlike greidwrotmûzen hawwe yn it wyld in libbensferwachting fan trochinoar 1 jier en 4 moannen, mar yn finzenskip kinne se mear as 2 jier wurde.

De westlike greidwrotmûs fret benammentlik gerzen, siggen en oare beskikbere planten, wêrûnder in protte lânbougewaaksen. Blêden, blommen, fruchten en skimmels wurde ek in protte fretten. Hiel út en troch follet dit bist dat herbivoare dieet oan mei wat ynsekten en slakken. Winterdeis stiet ek beamskoars op it menu.

Natuerlike fijannen

bewurkje seksje

Rôfdieren dêr't de westlike greidwrotmûs foar oppasse moat, binne yn it foarste plak ûnderskate soarten rôffûgels, lykas de Amerikaanske blauwe hoanskrobber (Circus cyaneus) en de rûchpoatmûzefalk (Buteo lagopus), en ûlen, lykas de fjildûle (Asio flammeus). Ek oare fûgels kinne gefaarlik wêze, lykas de raven (Corvus corax), de Amerikaanske krie (Corvus brachyrhynchos), de Amerikaanske ekster (Pica hudsonica), de Amerikaanske ielreager (Ardea herodias) en de Noardamerikaanske reiddomp (Botaurus lentiginosus). Grûnrôfdieren dy't westlike greidwrotmûzen frette, binne martereftigen lykas de sulverdas (Taxidea taxus), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de wezeling (Mustela nivalis), de Amerikaanske marter (Martes americana), de Pasifyske marter (Martes caurina) en de Amerikaanske nerts (Neogale vison), en fierders de prêrjewolf (Canis latrans), de foks (Vulpes vulpes), de hûskat (Felis catus), it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis) en ferskate soarten slangen, lykas de prêrjerattelslange (Crotalus viridus). Sels forellen en de Pasifyske reuzesalamander (Dicampton ensatus) skine wolris in westlike greidwrotmûs te snippen.

De westlike greidwrotmûs hat anno 2024 noch gjin IUCN-beoardieling, mar mei't de eastlike greidwrotmûs (Microtus pennsylvanicus) as "net bedrige" beskôge wurdt, en de fersprieding fan 'e westlike greidwrotmûs fierwei it grutste part fan it areaal beslacht dat foarhinne oan 'e eastlike greidwrotmûs taskreaun waard, mei men derfan útgean dat de westlike greidwrotmûs likemin yn syn fuortbestean bedrige wurdt en dat de populaasje stabyl is. Dat jildt net foar de Chihuahuawrotmûs (Microtus drummondii chihuahuaensis), in reliktûndersoarte út it Pleistoseen mei in isolearre populaasje yn it uterste noarden fan Meksiko. Dat bist is net mear waarnommen sûnt 1988, wêrnei't syn moerassige habitat fernield waard troch de ynfloed fan minsklike aktiviteiten, yn 't bysûnder oerbeweiding troch fee, om úteinlik yn 'e iere 2000-er jierren hielendal drûchlein te wurden. De Chichuahuawrotmûs wurdt no as útstoarn beskôge, en itselde jildt foar twa oare isolearre populaasjes fan 'e westlike greidwrotmûs yn it suden en súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.