Cocktail (film út 1988)
Cocktail is in Amerikaanske romantyske film út 1988 ûnder rezjy fan Roger Donaldson, mei yn 'e haadrollen Tom Cruise, Bryan Brown en Elisabeth Shue. De titel ferwiist nei alkohoalyske miksdrankjes. It ferhaal folget Brian Flanagan, in jonge Amerikaanske studint dy't in bybaantsje as barkeeper fynt, mar úteinlik syn stúdzje deroan jout en foltiids yn in bar oan it wurk giet. Hy hat dreamen om syn eigen saak te iepenjen, mar as er yn Jamaika Jordan Mooney moetet, feroaret dat syn libben. Cocktail krige fan 'e filmkritisy tige negative resinsjes, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses.
Cocktail | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Roger Donaldson | |
produsint | Ted Field Robert W. Cort | |
senario | Heywood Gould | |
basearre op | Cocktail fan Heywood Gould | |
kamerarezjy | Dean Semler | |
muzyk | J. Peter Robinson | |
filmstudio | Touchstone Pictures Silver Screen Partners III Interscope Communications | |
distribúsje | Buena Vista Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Tom Cruise Bryan Brown Elisabeth Shue | |
byrollen | Lisa Banes Gina Gershon Kelly Lynch | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 29 july 1988 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 103 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $20 miljoen | |
opbringst | $171,5 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeBrian Flanagan is in jonge út in arbeidersfermidden yn 'e New Yorkske borough Queens, dy't weromkomt út militêre tsjinst. Hy is derfan oertsjûge dat er de feardichheden hat om syn fortún te meitsjen, mei't New York de stêd fan 'e dreamen is. Hy begjint te sollisitearjen by bedriuwen yn 'e finansjele sektor op Wall Street, mar dêr nimme se inkeld lju oan dy't in stúdzje foltôge en op syn minst in bachelorgraad behelle hawwe. Hy kriget it advys om it mei syn flotte babbel ris yn 'e reklamebrâns te prebearjen, mar dêr wurdt er oeral ôfwiisd omreden fan syn gebrek oan wurkûnderfining. Hy komt ta de ûntdekking dat nimmen belangstelling hat foar wat er eins yn syn mars hat.
Ferbûke giet er op hûs oan, en sjocht dan by in kafee in bryfke oan it rút hingjen dat der ferlet is fan in nije barkeeper. Mei't er neat te ferliezen hat, besiket er it dêr ris. De haadbarkeeper, Doug Coughlin, sjocht wol wat yn him, dat hy wurdt oannommen, ek al hat er ek op dit fakmêd frijwol gjin wurkûnderfining. Nei in dreech begjin ûntjout Brian him ûnder it mentorskip fan Doug ta ien fan 'e bêste barkeepers fan New York en in master fan it flêrbarkeepen (wêrby't û.m. mei flessen drank jonglearre wurdt). De mannen reitsje ek befreone en bringe bûten it wurk om in protte tiid mei-inoar troch.
Brian wurket jûns en brûkt syn baan as barkeeper om him fan te ûnderhâlden wylst er oerdeis in stúzje ekonomy folget. Hy hat syn plannen om ryk te wurden nammentlik noch net opjûn. Meitiid wurde lykwols de jûnen almar langer en de dagen koarter. Nei in oanfarring mei in arrogante universitêr dosint, dy't der aardichheid oan hat om syn studinten leech te lizzen, beslút Brian syn stúdzje deroan te jaan en him foltiids op it barkeepen ta te lizzen. Hy makket plannen om yn gearwurking mei Doug in eigen bar te iepenjen, dy't Cocktails & Dreams komme moat te hjitten. Hy rekkenet foar dat soks útkinne moat as se in pear jier de simmers op Jamaika wurkje, dêr't barkeepers yn toeristyske resorts poerbêst jild fertsjinje kinne, wylst der amper belesting oer ôfdroegen hoecht te wurden. Doug hat niget oan Brian syn jeugdige entûsjasme, mar besiket syn plannen te bedimjen om't er dy finansjeel te riskant fynt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Nei ferrin fan tiid wurde de twamans optredens as jonglearjende barkeepers dy't Brian en Doug fertoane, sa populêr, dat harren in baan oanbean wurdt yn in trendy nachtklub. Ek dêr steane se folop yn 'e belangstelling fan it bewûnderjende publyk. Brian lûkt de oandacht fan 'e tsjeppe en rike fotografe Coral, mei wa't er deselde jûns noch op bêd rekket. Hja krije in relaajse. Brian is alhiel yn 'e wolkens, mar Doug warskôget him dat er foar Coral mar in fersetsje is en seit dat se foar de ein fan 'e wike mei in oare man op bêd west hawwe sil. Brian wol dêr neat fan witte, en de beide freonen slute der in weddenskip oer ôf. De oare jûns docht bliken dat Doug Coral manipulearre hat om mei himsels op bêd te gean. Dat bringe se oan Brian út troch yn syn bywêzen in lange, yntime tongtút út te wikseljen. Brian is poer. Hy slacht Doug del, seit dat er neat mear mei him te krijen hawwe wol, nimt ûntslach en jout him ôf.
Twa jier letter wurket Brian as barkeeper yn in resort op Jamaika, mei't er noch altyd dreamt fan in eigen bar. Dêr komt er yn 'e kunde mei Jordan Mooney, in servearster en aspirearjend keunstneresse út New York, dy't dêr mei har freondinnen op fakânsje is. Se fiele har ta-inoar oanlutsen en krije ferkearing. De serieuzens fan 'e relaasje komt ta utering yn it feit dat se pas nei in wike of dêromtrint foar it earst seks hawwe, wat foar Brian syn dwaan in útsûnderlik stadich tempo is. Underwilens komt Doug yn Jamaika opdaagjen. Brian hat him twa jier net sjoen, en de tiid hat it spul tusken harren saksearje litten, dat hy is bliid om syn âlde maat wer te moetsjen. Doug blykt no troud te wêzen mei in Kerry, dy't iepentlik mei oare manlju flirt. Sy komt út in smoarrike New Yorkske famylje, en it liket derop dat Doug benammen mei har troud is om har jild, wylst it houlik mei in sljochtwei barkeeper foar har fral in manear is om in middelfinger op te stekken nei har âldelju.
As de relaasje mei Jordan Brian eins wat al te serieus wurdt, en Doug him útdaget om sjen te litten dat er in nije toeriste, in rike âldere frou dy't Bonnie hjit, fersiere kin, lit Brian him útlokje om dêroan ta te jaan. Hy flirt mei Bonnie en wit har te fersieren, mar as er mei har nei har hotelkeamer giet, wurde se sjoen troch Jordan. Dy is ûntsteld troch Brian syn ûntrou, en stapt op it earste fleantúch werom nei New York. De oare moarns hat Brian spyt dat er mei Bonnie sliept hat. Hy siket Jordan, mar kriget fan ien fan har freondinnen te hearren dat hja nei hûs is en dat dat syn skuld is. Doug pleaget Brian mei de sitewaasje, mar drukt him op it hert dat er folle better ôf is mei de rike Bonnie as mei de earmoedige Jordan.
Nei't er yn New York weromkeard is, nimt Brian wat ûnwennich de rol oan fan Bonnie har boytoy. Hy besiket har safier te krijen dat se syn karriêre op gong helpt, mar se komt mei ferlechjes en hy fielt him oan it lyntsje holden. Dêr komt noch by dat er hielendal neat op hat mei de snobistyske sosjale fermiddens fan 'e New Yorkske high society dêr't sy har yn beweecht. By in cocktailparty yn in keunstgalery drinkt er tefolle en kriget er slaanderij mei de arrogante keunstner waans wurk dêr tentoansteld wurdt. Dêr krije hy en Bonnie bûtendoar in rûzje oer dy't dermei einiget dat Brian har oan 'e dyk set. Hy beseft dat er in rare misslach makke hat troch syn ferstân boppe syn hert prefalearje te litten en Bonnie oer Jordan te kiezen.
Dat, sadwaande giet er nei it kafetaria dêr't Jordan as servearster wurket. Dat misbeteart raar as sy him in board iten yn 'e skurte smyt en in board sop oer de holle jit. Mei't er beseft dat se it rjocht hat om nidich te wêzen, akseptearret er dat as syn fertsjinne straf. Dy jûns wachtet er har bûten op en besiket er it nochris. Jordan stegeret him noch hieltyd ôf, mar diskear praat se teminsten mei him. Dêrby fertelt se him dat se fan him yn ferwachting rekke is. Dêr wurdt Brian al rare kjel fan. Mar nei't er wat fan 'e skrik bekommen is, beslút er de oare deis om ferantwurdlikheid foar syn dieden te nimmen en Jordan te bewizen dat er weardige heit foar harren bern wêze sil.
As er Jordan thús opsiket, fertelt in buorfrou him dat se in pear dagen by har âldelju útfanhûzet. Dan komt Brian derefter dat Jordan har âlden guon fan 'e rykste lju fan New York binne, eat dat se op Jamaika foar him stilholden hie om't se bang wie dat er oars inkeld om it jild in relaasje mei har oangean soe. Brian set nei Jordan har âlden ta, dy't yn in penthouse op in wolkekliuwer yn Manhattan wenje mei útsjoch op Central Park. As er dêr arrivearret, is Jordan net thús, mar har heit ûntfangt him en biedt him $10.000 oan as er opsokkeballet en Jordan net mear lestich falt. Brian fertelt ynstee oan Jordan, dy't op dat stuit thúskomt, dat er fan har hâldt en in gesin mei har stiftsje wol. As se him op 'e nij ôfstegeret, ferskuort er lykwols, foar't er fuortgiet, de sjek dy't har heit him jûn hat.
Brian siket Doug op, dy't no, mei it jild fan syn frou Kerry, in eigen bar iepene hat. As se nei Doug syn nije boat yn 'e jachthaven geane, deunby de bar, bychtet Doug lykwols op dat er djip yn 'e swierrichheden sit. Hy hat op 'e oandielemerk oan it belizzen west, en troch in stikmannich ferkearde ynvestearrings is it jild no frijwol op. Hy stiet sadwaande op it punt om syn bar wer te ferliezen. En syn frou nei alle gedachten ek, as se ûntdekt wat er dien hat. Kerry komt harren út 'e bar efternei om't se nei hûs wol, mar Doug, dy't him bedronken hat, is net by steat om har thús te bringen. Dat ynstee riidt Brian har nei hûs ta. Hja nûget him by har appartemint deryn en besiket him dan te ferlieden. Dat giet Brian te fier, dat hy triuwt har by him wei en giet fuort, ta lulkens fan Kerry. Hy keart werom nei de jachthaven, mar as er dêr op Doug syn boat komt, fynt er syn maat dea, mei't Doug yn it tuskenskoft selsmoard dien hat troch himsels troch de holle te sjitten.
Brian rouwet om syn freon, mar hy leart ek fan Doug syn flaters. Hy beseft dat Doug te grutsk wie om help te sykjen oant it mei him al te fier hinne wie, en hy nimt him foar om soks sels net te dwaan. Dêrom bejout er him op 'e nij nei it penthouse fan Jordan har âldelju, dêr't er no inkeld noch mei de grutste muoite nei binnen glûpe kin, om noch in lêste kear te besykjen en bepraat har om by him werom te kommen. Hy fertelt Jordan oer de dea fan Doug en wat er dêrfan leard hat, en ûnthjit in goede man foar har en in goede heit foar har bern te wêzen. Jordan har heit set de portier en de butler yn om him fuort te krijen, en alle lûk- en triuwwurk helpt Jordan om ta in beslút te kommen. Se kiest foar Brian, ta argewaasje fan har heit, dy't driget har te ûntervjen. As dat har net op oare gedachten bringt, ferbrekt har heit alle bannen mei har. Jordan giet mei Brian fuort.
Neitiid trouwe Brian en Jordan yn it bywêzen fan syn famylje en de freonen fan syn en fan har wurk. De brulloft wurdt holden yn 'e kroech fan syn omke Pat yn Queens. Fan omke Pat lient Brian it bedrach dêr't er ferlet fan hat om mei syn sparjild by steat te wêzen en keapje syn eigen bar, dy't er Flanagan's Cocktails & Dreams neamt. By de feestlike iepening dêrfan fertoant Brian ien fan syn âlde trúkjes troch op 'e bar te klimmen en foar de hân wei in gedicht te betinken en foar te dragen. Diskear giet it oer syn noch net berne poppe en oft dat in jonkje of in famke wêze sil. As er klear is, seit Jordan dat se in ferrassing foar him hat: se is swier fan in twilling.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Brian Flanagan | Tom Cruise |
Doug Coughlin | Bryan Brown |
Jordan Mooney | Elisabeth Shue |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Bonnie | Lisa Banes |
Coral | Gina Gershon |
Kerry Coughlin | Kelly Lynch |
Mooney (Jordan har heit) | Laurence Luckinbill |
omke Pat | Ron Dean |
Eleanor | Ellen Foley |
ekonomydosint | Paul Benedict |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjePreproduksje
bewurkje seksjeCocktail waard basearre op 'e semy-autobiografyske roman Cocktail fan Heywood Gould, dy't yn 1984 ferskynde. Dat boek wie basearre op Gould syn eigen ûnderfinings en dy fan syn kollega's út 'e perioade dat er tusken 1969 en 1981 yn New York wurke as barkeeper om yn syn libbensûnderhâld te foarsjen wylst er in karriêre as skriuwer fan 'e grûn besocht te krijen. Yn 'e roman is de haadpersoan in âldere man dy't it idee begjint te krijen dat er mei syn libben de boat mist hat.
Doe't filmstudio Universal Pictures de filmrjochten op it boek oankocht, wurke Gould sels de roman om ta in ferfilmber senario. De studio seach úteinlik fan it projekt ôf om't Gould, nei eigen sizzen, de haadpersoan net sympatyk genôch meitsje woe. De filmrjochten waarden doe oerkocht troch The Walt Disney Company, dêr't Gould itselde op 'e nij belibbe: de studio woe dingen oan it senario feroare hawwe dy't hy net feroarje woe. Om't er besefte dat de film nea makke wurde soe as er foet by stik hold, besocht er de gouden middenwei te finen tusken wat it ferhaal neffens him wêze moast en wat Disney derfan meitsje woe. By in fraachpetear mei de Chicago Tribune yn 2013 joech Gould lykwols ta dat de studiobazen by Disney gelyk hân hiene. Hy sei: "Se woene filmpersonaazjes hawwe. Personaazjes dy't fleurich wiene en in happy end krije soene en takomst hiene yn harren libbens. Dat is wat je hawwe wolle yn in grutte Hollywood-film."
Doe't topakteur Tom Cruise oanjoech dat er belangstelling hie foar de haadrol, kaam dêrtroch de finansiering fan Cocktail flugger ree. Neffens akteur Bryan Brown, dy't de rol fan Doug Coughlin spile, wie it oarspronklike skript "ien fan 'e alderbêste senario's dy't ik ea lêzen hie. Hiel dûnker […]. Tom Cruise is in hiele leave man, dat wied er doe en is er noch. Mar doe't Tom by it projekt belutsen rekke, moast de film wol feroarje. De studio fierde oanpassings troch om 'e stjer te beskermjen, en dêrtroch waard it in folle oerflakkiger film."
Produksje
bewurkje seksjeCocktail waard regissearre troch Roger Donaldson. As produsinten wiene Ted Field en Robert W. Cort by it projekt belutsen foar de filmstudio's Touchstone Pictures (in dochterûndernimming fan Disney), Silver Screen Partners III en Interscope Communications. Foar de film wie in budget beskikber fan $20 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Semler. De filmmuzyk soe oarspronklik fersoarge wurde troch Maurice Jarre, mar dy waard op it lêste momint ferfongen troch J. Peter Robinson.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen fan Cocktail setten útein op 26 oktober 1987 en fûnen plak op lokaasje yn New York, it Kanadeeske Toronto en Port Antonio op Jamaika. Neffens senarioskriuwer Heywood Gould kaam it jonglearjen mei flessen drank net yn it boek of it oarspronklike skript foar, mar it wie wat dat er Tom Cruise en Bryan Brown sjen liet, dy't it harsels oanlearden en der in wichtich ûnderdiel fan 'e film fan makken.
Yn in fraachpetear mei The A.V. Club, in Amerikaanske online-krante, sei aktrise Kelly Lynch (dy't yn 'e film de rol fan Kerry Coughlin spile), dat de film "eins in tige yngewikkeld ferhaal oer de 1980-er jierren en macht en jild" wie. Dêr heakke se oan ta: "[De film] waard op sa'n manear wermontearre dat it eftergrûnferhaal fan myn personaazje folslein ferlern gie – har gebrek oan selsrespekt, wa't har heit wie, wêrom't se de persoan wie dy't se wie – mar it wie dúdlik in tige súksesfolle film, al wied er net sa goed as er wêze kinnen hie." Lynch hold út dat yn opdracht fan Disney "reshoots dien waarden fan likernôch in trêdepart fan 'e film", wêrby't in protte djipdollender stikken feroare waarden "yn it opgoaien fan flessen en sokssawat […]. Mar wy hiene in geweldige tiid. En mei Tom hiene we sa'n soad wille, it wie geweldich om mei him te wurkjen, sawol foar de kamera as efter de skermen."
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Cocktail waard fersoarge troch Buena Vista Pictures, in dochterûndernimming fan The Walt Disney Company. De film gie op 29 july 1988 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 2 augustus 1988 by platemaatskippij Elektra Records. It album waard diamant yn Kanada, fjouwer kear platina yn Austraalje en de Feriene Steaten, platina yn Nij-Seelân en goud yn it Feriene Keninkryk, Frankryk, Hongkong, Spanje, Sweden en Switserlân. It liet Kokomo, fan The Beach Boys, dat foar de soundtrack fan 'e film skreaun wie, waard in reuseftige hit.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Cocktail oer it algemien tige negative resinsjes. Sa omskreau Vincent Canby de film yn The New York Times as "in grutskaliger makke, folslein harsensdeade fariaasje op dy effisjinte âlde B-films út 'e 1930-er en 1940-er jierren oer de libbens, leafdes en feardichheden fan û.o. mynwurkers, boufakkers en tillefoanelektrisiêns." Yn 'e Chicago Sun-Times hie Roger Ebert ek krityk op Cocktail. Hy skreau: "Wat mear oft je neitinke oer wat der eins echt bart yn [de film], wat mear oft je beseffe hoe leech-by-de-grûnsk en forsearre oft it allegear is."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Cocktail in tige leech goedkarringspersintaazje fan 7%, basearre op 44 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Der sitte gjin ferrassings yn Cocktail, in oerflakkige romantyske film dy't net folle berikt op it mêd fan dramatyk, en [boppedat] de talinten fan Tom Cruise fergriemt oan wat delkomt op 'e banale fantasij oer in naïve barkeeper." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Cocktail in goedkarringspersintaazje fan 12%, basearre op 14 resinsjes. Tsjintwurdich hat Cocktail lykwols in beskate cultstatus berikt.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeCocktail brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $78,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $93,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $171,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $20 miljoen betsjut dat in winst fan $151,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Cocktail, nettsjinsteande de strieminne resinsjes, de op sân nei meast opbringende film fan 1988.
Prizen
bewurkje seksjeIt liet Kokomo, fan The Beach Boys, waard nominearre foar in Grammy Award en foar de Golden Globe foar bêste orizjinele liet. Cocktail 'wûn' fierders twa Golden Raspberry Awards (de prizen foar de minste prestaasjes op filmgebiet) foar minste film en minste senario. Fierders waard Roger Donaldson nominearre foar de Golden Raspberry Award yn 'e kategory minste regisseur en Tom Cruise yn 'e kategory minste akteur.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |