Adema's Tsjerke-oargelbou

Adema's Tsjerke-oargelbou is in bedriuw dat tsjerke-oargels bout en dat yn 1855 yn Ljouwert ûntstien is.

Adema-oargel út 1933 yn de Sint-Jozeftsjerke te Hillegom
Atelier fan Adema yn Hillegom, 2008

De oargelmakkerij waard mei úteinset troch de bruorren Carolus Borromeus Adema (1824-1905) en Petrus Josephus Adema (1828-1919). In tredde broer, Johannes Romanus Adema (1834-1862), wurke ek mei. In fjirde, Epko Adema, boude de kasten en ek de fyfde broer, de boukundige Adrianus Adema (1825-1870), holp wol mei. Beide bruorren krigen har oplieding by firma's lykas Van Dam yn Ljouwert, Willem Hardorff yn Ljouwert, Bätz & Witte yn Utert en Loret.

Yn dy tiid waarden de folgjende oargels boud:

Ljouwert en Amsterdam

bewurkje seksje

Nei't sa benammen yn Fryslân oargels boud wienen, gongen de Adema's no ek yn Amsterdam oan 't wurk, fanwegen in grutte opdracht foar de Mozes en Aärontsjerke. De folgjende oargels waarden boud:

Yn 1877 waard it bedriuw spjalte. It bedriuw yn Ljouwert bleau bestean ûnder lieding fan Carolus Borromeus en letter dy syn soannen Lambertus Theodorus Adema (1864- 1931) en Sybrandus Johannes Adema (1863-1941). Sy namen it bedriuw yn 1905 oer. Yn 1941 waard it opheft. De neifolgjende oargels waarden dêr makke:

Yn Amsterdam gie Petrus Josephus fierder, letter yn 'e mande mei en opfolge troch syn soannen. Oant 1984 wie dat bedriuw oan de Lauriergreft fêstige. Harren oargels:

Ek Sybrand Adema en Joseph Adema wurken dêr (1877-1943)

Fan Sybrand binne de oargels:

Fan Joseph binne de oargels:

Nei't Joseph Adema stoarn wie waard de lieding fan it bedriuw fuortset troch syn neef, Hubert Schreurs, en waarden de folgjende oargels boud:

Hubert Schreurs stoar yn 1981 en syn soan Antoine Schreurs gie mei it bedriuw fierder. Njonken in protte restauraasjes waard in nij oargel boud:

Fan 2002 ôf waard it bedriuw fuortset troch in meiwurker, Ronald van Baekel. Yn 2003 ferhuze it bedriuw nei Hillegom en fuortset ûnder de namme: Adema's Kerkorgelbouw, mar de famyljebân mei de Adema's wie doe ferbrutsen. Neist restauraasjes waard nij boud:

  • 2002 - Laren, Sint-Jansbasilyk

Keppeling om utens

bewurkje seksje