Bad Times at the El Royale

film út 2018 fan Drew Goddard

Bad Times at the El Royale is in Amerikaanske histoaryske neo-noir-misdieskriller út 2018 ûnder rezjy fan Drew Goddard, mei yn 'e haadrollen Jeff Bridges en Cynthia Erivo. De titel betsjut "Minne Tiden yn it El Royale". It ferhaal, dat yn 1969 spilet, folget fjouwer frjemden dy't ynchecke yn it yn ferfal rekke hotel El Royale op 'e grins fan 'e Amerikaanske steaten Kalifornje en Nevada, mei dêropta de iennichst oerbleaune wurknimmer fan dat hotel. Alle fiif hawwe se tsjustere geheimen dy't op in reinige nacht mei swierwaar oan it ljocht komme. Bad Times at the El Royale krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar flopte yn 'e bioskopen en kaam net út 'e kosten. De film wûn wol de Saturn Award foar bêste skrillerfilm.

Bad Times at the El Royale
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Drew Goddard
produsint Jeremy Latcham
Drew Goddard
senario Drew Goddard
kamerarezjy Seamus McGarvey
muzyk Michael Giacchino
filmstudio TSG Entertainment
Goddard Textiles
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Jeff Bridges
Cynthia Erivo
byrollen Lewis Pullman
Dakota Johnson
Jon Hamm
Cailee Spaeny
Chris Hemsworth
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 septimber 2018
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske neo-noir-
   misdieskriller
taal Ingelsk
spyltiid 141 minuten
budget en resultaten
budget $32 miljoen
opbringst $31,9 miljoen
prizen 1 × Saturn Award

Plot bewurkje seksje

Yn 1959 ferberget Felix O'Kelley in tas fol jild ûnder de planken flier fan in hotelkeamer foar't er troch in ûnbekende man deasketten wurdt.

Tsien jier letter, yn 1969, arrivearje op ien en deselde dei de stofsûgerferkeaper Laramie Seymour Sullivan, de âlde pastoar Daniel Flynn, de sjongster Darlene Sweet en de sjegrinige hippy Emily Summerspring yn it El Royale, in hotel dat persiis op 'e grins stiet fan 'e Amerikaanske steaten Kalifornje en Nevada, net fier fan 'e stêd Reno (Nevada) ôf. Hoewol't it in hotel hjit te wêzen, docht de opset, mei hotelkeamers mei doarren dy't allegearre bûtendoar útkomme op in parkearterrein foar it haadgebou, mear tinken oan in motel. Foarhinne wie it in populêre bestimming foar de riken, mar sûnt it yn 1966 syn gokfergunning kwytrekke, is it mei it hotel yn 'e nederklits rekke. De gasten treffe yn 'e lobby inoar en (nei lang wachte te hawwen) de iennichste wurknimmer dy't it hotel no noch draaiende hâldt, de wat sleau oerkommende jongeman Miles Miller.

Sullivan wol beslist de breidssuite ôfhiere, om't er foar de opslach fan syn keapwaar ferlet hawwe soe fan in protte romte. Nei't er dêr yncheckt is, ûntmantelet er de tillefoan, dêr't er in ôflústerapparaatsje út ferwideret wêrfan't er dúdlik wist dat it der wêze soe. Unferwachts treft er lykwols noch in twadde ôflústerapparaatsje oan. Dêrop begjint Sullivan de hiele keamer nei te rinnen, wêrby't er likefolle fan beide soarten ôflústerapparaatsjes oantreft. Nei't er in skoftke prakkesearre hat, falt syn each op 'e grutte wandspegel. As er troch te fuotsjen earst de breedte fan 'e keamer en dêrnei bûtendoar de breedte fan it gebou neimjit, blykt it gebou oansjenlik breder te wêzen as de keamer.

Sullivan kringt de personielsromten fan it hotel binnen fia de doar efter de baalje yn 'e lobby. Miller leit dêr yn in keamer dêr't er dúdlik wennet, yn 'e sûs wei. Sullivan forsearret it slot fan in syddoar fierderop yn 'e personielsromte en ûntdekt dan in geheime gong dy't efter de hotelkeamers lâns rint. De spegels yn 'e keamers blike twasidich te wêzen, sadat men út 'e gong wei yn 'e keamers sjen kin. Sullivan fynt in filmkamera dy't dúdlik brûkt wurdt om te filmjen wat der yn 'e hotelkeamers bart, mar de filmdoas is leech.

Wylst er yn 'e gong is, wurdt Sullivan gewaar wat de oare trije gasten yn 'e skynbere privacy fan harren keamers útheve. Pastoar Flynn hat alle meubilêr nei ien kant fan 'e keamer skood, de flierbedekking oprôle en de houten flier iepenbrutsen. Darlene Sweet stiet mei útset lûd te sjongen. En Emily Summerspring (dy't yn it gasteboek ynstee fan har namme de wurden "Fal dea" skreaun hat), hellet út 'e kofferbak fan har foar de doar fan har keamer parkearre auto in bewusteleaze jonge frou, dy't se yn 'e keamer knevelet en fêstbynt op in stoel.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst it tsjin 'e jûn rint, giet Sullivan nei de tillefoansel bûtendoar, dêr't er sjocht dat it swurk belûkt. Hy skillet it haadkertier fan 'e FBI yn Washington, D.C. op en identifisearret himsels as spesjaal agint Dwight Broadbeck. Fuortendaliks wurdt er trochferbûn mei J. Edgar Hoover sels, de direkteur fan 'e FBI. Oan dyselde fertelt er dat er de ôflústerapparatuer ferwidere hat, mar ek dat er in identike set ôflústerapparatuer fan ûnbekende oarsprong oantroffen en in geheime gong mei trochsjochspegels en in filmkamera ûntdutsen hat. Hoover seit ta fuortendaliks fersterking te stjoeren om 'e boel út te sykjen. Hy jout Broadbeck opdracht om derfoar te soargjen dat net ien fan 'e oanwêzigen útpike kin oant dy fersterking arrivearret. As Broadbeck fertelt dat er in ûntfiering op it spoar kommen is, kriget er fan Hoover yn net mis te fersteane bewurdings befel om dat te negearjen en him der net mei te bemuoien. Nei't er ophongen hat, sabotearret Broadbeck de auto's fan alle hotelgasten.

Pastoar Flynn komt by Darlene Sweet oan 'e doar, fan wa't er earder gewaar wurden wie dat se tige krap by kas siet, en nûget har út om mei him te iten. Under iten prate se oer ferskate dingen, lykas Darlene har sjongkarriêre dy't yn 'e nederklits rekke is (hoewol't se weilit dat dat komt om't se net mei in machtige muzykprodusint op bêd woe). Flynn fertelt dat er stadichoan demint oan it reitsjen is. As de pastoar in slokje nimt, stimt Darlene der nei lang oantrúnjen mei yn om ek ien te nimmen. Om't de betsjinning (d.w.s. Miller) yn fjilden of wegen te bekennen is, skinkt Flynn sels by de bar de beide glêzen yn, wêrby't er dat fan Darlene fan in pear drippen foarsjocht út in lytse fleske dat er yn 'e bûse hat. As er him omdraait om 'e glêzen op te tsjinjen, slacht Darlene him bewusteleas mei in sjampanjeflesse.

In koart skoftke letter ûntdekt Miller de pastoar bewusteleas op 'e flier en bringt him wer by. Hoewol't de kop fan Flynn der dúdlik net nei stiet, liket it Miller, dy't in fromme katolyk is, nei't it skynt in útlêzen kâns ta om 'e skriklike dingen dy't er nei eigen wurden dien hat, op te bychtsjen. Hy liedt Flynn troch de personielsromte nei de geheime gong ta, dêr't er him de trochsjochspegels sjen lit en fertelt dat er tillefoanysk geregeldwei opdracht kriget om 'e dingen te filmjen dy't yn 'e hotelkeamers foarfalle. De resultearjende films stjoert er dan fia in postbusnûmer op nei it "management". Hy bekent dat er ien belêstgjende film fan in ûnderwilens ferstoarn bekend persoan efterholden hat, om't de man him freonlik behannele hie.

By harren kuier troch de geheime gong komme Flynn en Miller by de keamer fan Emily Summerspring lâns en wurde de ûntfiering gewaar. Flynn hjit Miller dat er him der net mei bemuoie moat en giet werom nei Miller syn keamer om 'e efterholden film te sykjen, en, nei't er dy dêr yndie fûn hat, te evaluëarjen. Miller bliuwt by de trochsjochspegel fan Emily har keamer efter. Underwilens is Darlene Sweet nei har delhuffen fan 'e pastoar nei bûten ta flechte, dêr't it no swierwaar is mei tonger en wjerljocht en al. Dêr is se der tsjûge fan hoe't Broadbeck de auto's sabotearret. Wylst se har ôffreget wat se no moat, sjocht se hoe't Broadbeck wer út syn hotelkeamer komt en nei de keamer fan Emily giet en dêr oankloppet.

Hy hat blykber besletten om it direkte befel fan Hoover oan syn lears te laapjen. Broadbeck beart dat Miller him frege hat om ris te sjen hoe't it mei Emily giet, mei't yn guon hotelkeamers de stroom útfallen is. Emily antwurdet dat der neat oan 'e hân is. Broadbeck wol deryn. Emily seit dat er opsokkebalje moat. Dêrop brekt Broadbeck de doar iepen en slacht Emily bewusteleas. Wylst er de fêstbûne jonge frou befrijt, is Emily yn in flashback wer in lyts famke dat troch har heit mishannele wurdt en alle war docht om har jongere suske Rosie te beskermjen. As se in heale minút letter wer bykomt, pakt se in jachtgewear dat se by har hie en rjochtet dat op Broadbeck, wylst se de no befrijde jonge frou, dy't har suster Rosie blykt te wêzen, opdracht jout om fansiden te stappen. Sadree't Rosie dat docht, sjit Emily Broadbeck dea.

Miller is tsjûge fan alles, en om't Broadbeck mei de rêch nei de spegel stie, sjit Emily mei it skot hagel ek de spegel oan gruzeleminten, mei as gefolch dat Miller yn 'e lofterside fan it gesicht rekke wurdt troch sawol inkele hagelkerlen as spegelskerven. As er lûd kjirmjend oer de grûn falt, ûntdekke Emily en Rosie, en ek de fan bûtenôf troch de iepensteande hotelkeamerdoar tasjende Darlene, dat der in geheime gong efter de spegel sit. Emily klimt troch it finster dêr't de spegel siet en giet op ûndersyk út. Rosie bliuwt earst noch yn 'e hotelkeamer om in tillefoantsje te dwaan, foar't se har suster folget. As de hotelkeamer leech is, giet Darlene der nei binnen om Broadbeck syn revolver te pakken en it ûnderdiel dat er ûnder de motorkap fan har auto weiskuord hat. Se besiket har auto te reparearjen, mar dat slagget net.

Wylst se yn har stikkene auto sit en God om ferlossing bidt, kloppet pastoar Flynn op it sydrút fan 'e doar. Wylst se him bedriget mei de revolver, lit Darlene de âldman deryn. Flynn leit út dat er net echt in pastoar is of Flynn hjit, en dat er net fan doel wie Darlene te ferkrêftsjen nei't er har bedwelme hie. It giet him nammentlik net om har, mar om har hotelkeamer. 'Flynn' (eins Donald O'Kelley, al fertelt er Darlene dat net) en syn broer Felix en in hantlanger hawwe tsien jier lyn in weardetransport berôve, en Felix is mei it jild nei it El Royale flechte, dêr't de bruorren ôfpraat hiene dat er de bút ûnder de flier fan syn hotelkeamer ferbergje soe. Flynn waard lykwols oppakt en siet neitiid tsien jier yn it tichthûs, wylst Felix troch in ûnbekende (wierskynlik de hantlanger) yn 'e hotelkeamer deasketten waard doe't er it jild al ferburgen hie.

Inkele dagen lyn is Flynn frijkommen, en hy is fuort nei it El Royale reizge om 'e bút op te heljen. Mar it ferhaal oer syn oanboazjende demintens is wier, en hy koe him it keamernûmer net mear tebinnenbringe. It wie keamer 4 of keamer 5, dat wist er noch wol, en by it ynchecken gokte er op 4, mar dêr siet neat ûnder de flier. Dat it moat keamer 5 wêze, mar dêr ferbliuwt Darlene al. Flynn wit Darlene te bepraten om him te helpen by it weromheljen fan 'e bút, troch har it oandiel fan syn deade broer ta te partsjen. Hysels hat net lang mear foar't er fan 'e wrâld net mear ôfwit, dat hy kin maklik mei syn eigen oandiel ta.

Underwilens wurdt Miller troch Emily en Rosie finzen holden yn 'e lobby fan it hotel, dêr't se him befreegje oer de geheime gong en it bespionearjen fan hotelgasten. Emily risselwearret om Miller dea te meitsjen, om't er sjoen hat hoe't sy in FBI-agint fermoarde. As se eefkes fuort is, besiket Miller Rosie te bepraten om him gean te litten, mar dy seit lykwols dat sy dêr net oer giet. En dat Emily dêr ek net oer giet. As Emily weromkomt, en Rosie dyselde útspraak nochris werhellet, slacht har de skrik om it hert. Yn in flashback komt oan it ljocht dat de geastlik labile Rosie yn 'e macht rekke is fan 'e narsistyske sektelieder Billy Lee, en dat se ûnder syn ynfloed tige gewelddiedich wurden is. (De dûbele moard op in rike dokter en filantroop en dy syn frou yn Malibu, dêr't allegeduerigen nijsberjochten oer op 'e radio en tillefyzje binne, blykt Rosie har dwaan te wêzen.) Emily hie har om Rosie ek by de sekte jûn, en koartby har se har suster mei geweld ûntfierd om har oan 'e ynfloed fan Billy Lee te ûntlûken. Foar't se har by Emily yn 'e geheime gong efter de spegel joech, hat Rosie lykwols Billy Lee opskille en trochjûn wêr't se binne.

Nei't se temûk it jild ûnder de flier fan Darlene har keamer weihelle hawwe, besykje Flynn en Sweet stilwei út te piken, mar it docht bliken dat dan krekt Billy Lee mei fjouwer leden fan syn sekte arrivearre is, en by it ferlitten fan Darlene har hotelkeamer wurde se finzennommen. Yn 'e lobby fan it hotel wurde se mei de oermastere Emily en Miller op stuollen fêstbûn om 'e rûlettetafel hinne. Billy ûnderfreget harren oer wat der yn it El Royale allegear geande is, en treft yn it besit fan Flynn net inkeld de tas mei jild, mar ek de film oan dy't Miller nea opstjoerd hie. As er sjocht wa't dêr op stiet, beseft er dat de film folle weardefoller is as it jild.

Ut klearebare wredens twingt Billy Lee syn finzenen en spylje in spultsje rûlette om dea: as it baltsje op read einiget mei de iene yn libben bliuwe, en as it op swart lizzen bliuwt, de oare. It earste spultsje giet tusken Emily en Miller, en einiget dermei dat Billy Lee Emily troch it hert sjit. Rosie sjocht ûnoandien ta wylst har suster stjert. In twadde spultsje mei Darlene en Flynn liket ôfkeard te wurden, oant Billy Lee Flynn syn wiere namme witte wol en de âldman beseft dat er net mear wit hoe't er echt hjit. By it yn gong setten fan 'e rûlette komt Billy Lee lykwols te tichtby en ferkeapet Flynn him in kopstjit, wêrnei't er him mei stoel en al oanfalt. By de slaanderij rekket de stoel stikken, sadat Flynn frijkomt. In pear hingjende fjoerskalen geane om, mei as gefolch dat der brân útbrekt.

Miller komt los, mar as de noch fêstbûne Darlene him freget om it fallen pistoal fan Billy Lee op te pakken en Flynn te helpen, wurdt dúdlik dat er oan posttraumatysk stress-syndroom lijt. Hy krûpt fuort yn in hoekje en smeket har om net noch mear minsken deameitsje te moatten. Darlene freget him hoefolle minsken oft er dan ombrocht hat, en hy antwurdet fan 123. Yn in nije flashback is te sjen hoe't Miller yn 'e Fjetnamoarloch oan it front as skerpskutter fan it Amerikaanske Leger tsjinne en dêrby de iene nei de oare Fjetnamees deasketten hat. As Darlene him úteinlik fertelt dat it goed is, en dat er net mear hoecht te deadzjen, grypt Miller ynienen de revolver. Underwilens is Billy Lee mei help fan Rosie einlings Flynn oermânsk wurden, en in gewear fan ien fan syn sekteleden oernimmend, risselwearret er om 'e âldman dea te sjitten. Ynienen ferskynt Miller efter him en sjit him troch de holle. Dêrnei makket er de beide sekteleden yn 'e lobby ôf en pakt it gewear fan Billy Lee en sjit dêrmei ek de beide sekteleden op it parkearterrein dea.

Rosie is alhiel oerémis troch de dea fan Billy Lee, dat hja lûkt in mês stekt dêrmei Miller yn 'e búk. Flynn sjit har dea, mar de stekwûne is fataal, en Miller leit yn it stjerren. Hy is deabenaud dat er nei de hel gean sil omreden fan al syn sûnden, dat op oantrún fan Darlene set Flynn syn toanielspyljen as pastoar fuort troch Miller formeel de bycht ôf te nimmen en absolúsje te skinken, wêrnei't er kalm stjert. Flynn en Darlene sykje gau-gau it jild byinoar, dat by it gefjocht oer de flier fersille rekke is, en smite sawol it gasteboek (mei Darlene har namme) as de troch Miller efterholden film yn it fjoer, foar't se it El Royale ferlitte. In ûnbeskaat skoft letter besiket Flynn yn Reno in optreden dat Darlene yn in nachtklub anneks kasino jout. As se him gewaar wurdt middenmank it oare publyk, wikselje se in waarme glimk út foar't Darlene begjint te sjongen.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Jeff Bridges.
 
Cyntia Erivo.
 
Dakota Johnson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
pastoar Daniel Flynn / Donald O'Kelley Jeff Bridges
Darlene Sweet Cynthia Erivo


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Miles Miller Lewis Pullman
Emily Summerspring Dakota Johnson
Laramie Seymour Sullivan / FBI-agint Dwight Broadbeck Jon Hamm
Rosie Summerspring Cailee Spaeny
Billy Lee Chris Hemsworth
Felix O'Kelley Nick Offerman
Buddy Sunday Xavier Dolan
dokter Woodbury Laurence Shea Whigham
Larsen Rogers Mark O'Brien
Sammy Wilds Charles Halford
Milton Wyrick Jim O'Heir
stim fan J. Edgar Hoover Stephen Stanton

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Bad Times at the El Royale waard regissearre troch Drew Goddard nei in senario dat er sels skreaun hie. Hy wie ek as produsint by it projekt belutsen, yn 'e mande mei Jeremy Latcham. Hja wurken yn opdracht fan 'e filmstudio's TSG Entertainment en Goddard Textiles. Foar de film wie in budget beskikber fan $32 miljoen, dat finansierd waard troch 20th Century Fox. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Seamus McGarvey, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino. In stikmannich ferneamde poplieten út 'e 1960-er jierren waard op oanstean fan regisseur Goddard, dy't in grut fan fan dat soarte muzyk is, oan 'e soundtrack tafoege. De rol fan Dwight Broadbeck soe oarspronklik spile wurde troch de Australyske akteur Russell Crowe, mar dyselde loek him koart foar't de opnamen begûnen werom. Syn oandiel yn 'e film waard oernommen troch Jon Hamm, dy't minder as in wike hie om fjirtjin siden dialooch út 'e holle te learen.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar Bad Times at the El Royale setten op 29 jannewaris 2018 útein en duorren oant en mei 6 april fan dat jier. It meastepart fan 'e sênes waard filme yn 'e Mammoth Studios yn it Kanadeeske Burnaby, in foarstêd fan Vancouver, dêr't in folsleine filmset fan it El Royale boud waard troch produksje-ûntwerper Martin Whist. (Dyselde hie earder mei Goddard gearwurke oan Cloverfield en The Cabin in the Woods.) De sêne oer de berôving fan it weardetransport fûn plak yn Agassiz (Britsk Kolumbia). De begjinsêne fan 'e film, wêryn't de personaazjes yntrodusearre wurde, wie eins ien fan 'e lêste sênes dy't opnommen waarden, mei't dêrfoar de fasade en lobby fan it hotel op lokaasje neiboud wurde moasten om't it by deiljocht spile. Alle oare sênes yn en om it hotel wiene by nacht of hielendal binnendoar en waarden yn 'e studio filme.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Bad Times at the El Royale waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 22 septimber 2018 yn premiêre yn it TCL Chinese Theatre yn Hollywood. Bad Times at the El Royale waard ek fertoand op it Fantastic Fest yn Austin (Teksas) en op it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián yn Spanje. Op 12 oktober 2018 iepene de film yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Republic Records. Op 18 desimber 2018 kaam Bad Times at the El Royale beskikber as digitale download, en op 1 jannewaris 2019 waard de film útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Bad Times at the El Royale oer it algemien positive resinsjes. Sa parte Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone de film 4 fan 5 stjerren ta. Hy priizge de kamerarezjy fan Seamus McGarvey, mar murk ek op dat de film "ferburgen djipten [hat] dy't nea ta wêzen komme". In protte resinsinten hiene fierders grutte lof foar it aktearjen fan sawol Jeff Bridges as Cynthia Erivo, mar ek krityk op 'e lange spyldoer en it stadige tempo. Op RogerEbert.com joech Glenn Kenny Bad Times at the El Royale mar 11/2 fan 4 stjerren, mei't er fûn dat de gâns ûnthjittende film yn it lêste fjirdepart ferfoel ta in "bloedige, lang oanhâldende ympasse […] wêrby't in pronkjende smjunt as in pau omstapt en him walchlik hâldt en draacht". Hy neamde dat "in ûngelokkich goede demonstraasje fan wat in fernimstige filmmaker oerkomme kin dy't té fernimstich wêze wol."

 
Regisseur Drew Goddard.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Bad Times at the El Royale in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 252 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, neamt de film "fernimstich, stylfol en folstoppe mei poerbêste aktearprestaasjes". Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Bad Times at the El Royale in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 43 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Bad Times at the El Royale brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $17,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $14,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $31,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $32 miljoen betsjut dat in marzjinale winst fan $100.000, mar om't de marketingkosten der noch ôflutsen wurde moatte, draaide Bad Times at the El Royale eins in flink ferlies.

Prizen bewurkje seksje

Bad Times at the El Royale waard yn 2019 nominearre foar fiif Saturn Awards, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste akteur (Jeff Bridges), bêste byrol fan in akteur (Lewis Pullman), bêste byrol fan in aktrise (Cynthia Erivo) en bêste senario. Bad Times at the El Royale wûn de Saturn Award foar bêste skrillerfilm.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.