Burnaby (Britsk-Kolumbia)
Burnaby is stêd op it Legere Fêstelân, yn it súdwestlike kustgebiet fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. It is in foarstêd fan Vancouver oan 'e súdigge fan Burrardynham. Burnaby stiet bekend om 'e kampussen fan ferskate foaroansteande universiteiten en hich-tech-yndustry, en as it mulpunt fan 'e filmyndustry fan Kanadeeske westkust oftewol "Hollywood North". Neffens in offisjele skatting út 2021 hie de stêd doe goed 260.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte it trêde plak fan Britsk-Kolumbia is.
Burnaby | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kanada | |
Provinsje | Britsk-Kolumbia | |
reg. distrikt | Metro Vancouver | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 260.918 (2021) | |
Oerflak | 98,6 km² (ynkl. wetter) 90,6 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 2.880,8 / km² | |
Stêdekloft | Vancouver | |
Hichte | 0–370 m | |
Oar | ||
Stifting | 1891 | |
Tiidsône | UTC –8 | |
Simmertiid | UTC –7 | |
Koördinaten | 49°16′N 122°58′W | |
Offisjele webside | ||
burnaby.ca | ||
Kaart | ||
De lokaasje fan Burnaby (read) werjûn yn 'e stêdekloft fan Vancouver en (yn 'e griene ynset) yn 'e provinsje Britsk-Kolumbia. |
Geografy
bewurkje seksjeBurnaby leit yn it súdwestlike kustgebiet fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, midden op it Burrardskiereilân, dat diel útmakket fan it Legere Fêstelân. It grinzget yn it westen oan 'e stêd Vancouver, dy't de útein fan it skiereilân beslacht. Yn it noarden wurdt it omsletten troch de Burrardynham, in see-earm dy't djip it binnenlân yn kringt, mei oan 'e noardkant dêrfan it distrikt North Vancouver. Yn it noardeasten wurdt Burnaby begrinzge troch de stêd Port Moody, yn it easten troch Coquitlam en yn it súdeasten troch New Westminster. Yn it suden en súdwesten foarmet de grutte rivier de Fraser de skieding mei Richmond.
Burnaby is in foarstêd fan it gruttere Vancouver en leit likernôch yn 'e midden fan it regionaal distrikt Metro Vancouver. Dêrom is it bestjoer fan dat gebiet ek yn Burnaby fêstige. De stêd beslacht in oerflak fan 98,6 km², wêrfan't 90,6 km² út lân bestiet en 8 km² út oerflaktewetter. De hichte rint útinoar fan seenivo oant 370 m boppe seenivo. Burnaby hat fjouwer sintra dy't tige tichtbefolke binne, de saneamde "town centres": Lougheed, Edmonds, Metrotown en Brentwood. Fan alle grûngebiet fan Burnaby bestiet 25% út parken en oar ûnbeboud lân, wat ien fan 'e heechste persintaazjes is fan alle stêden yn Noard-Amearika.
Skiednis
bewurkje seksjeBurnaby leit yn it foarâlderlik wengebiet en it ûnôfstiene heitelân fan 'e Halkomelem- en Skwammisj-sprekkende Kust-Salisjanen, in konglomeraasje fan nau oaninoar besibbe Yndiaanske etnyske groepen. Neffens de mûnlinge oerlevering fan dy groepen sa't dy trochdien wie oan opperhaad Charlie Qiyəplenəxw, waard oan 'e noardigge fan wat no Burnaby is, by de twadde ingte fan 'e Burrardynham, ienris in grutte fjildslach útfochten troch de oanfallende Lekwiltok en de ferdigenjende Muskwiim. Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan it gebiet troch de Jeropeänen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw telden de Kust-Salisjanen fan súdwestlik Britsk-Kolumbia en it oanbuorjende part fan 'e Amerikaanske steat Washington mear as 100.000 sielen.
De kolonisaasje sette yn 1858 útein mei de Goudkoarts fan 'e Fraser Canyon, dy't mear as 30.000 blanke goudsikers nei it gebiet brocht. Mei't dêrûnder withoefolle Amerikanen wiene, begûnen de Britten in Amerikaanske anneksaasje fan 'e krite te eangjen. Om dat foar te wêzen, waard yn 1858 de Koloanje Britsk-Kolumbia oprjochte, dy't syn haadstêd yn New Westminster hie, fuort súdeastlik fan wêr't Burnaby no leit. Yn Burnaby koene kolonisten oan lân komme troch in proses dat "pre-empsje" hiet. Dêrby kappe men in stik bosk, boude der in blokhutte en sette jin dêr nei wenjen, wêrnei't men it lân as eigen besit fêstlizze koe. Yndianen wiene fan "pre-empsje" útsletten. Ynstee waarden dyselden troch Britske troepen fan harren lân op it Burrardskiereilân ferdreaun, wêrnei't de útstrutsen wâlden yn it súdlike diel fan it skiereilân troch de nije bewenners foar grou jild kappe waarden.
Yn 1859 waard de mar yn it sintrum fan wat no Burnaby is, yn kaart brocht troch de Britske kolonel Richard Moody. Dyselde neamde it de Burnabymar, nei de ûntdekkingsreizger Robert Burnaby. Oan 'e mar ûntliende letter de stêd syn namme. Burnaby waard as plak stifte yn 1891 en waard yn 1892 in gemeente. Mei't it op fruchtber lân lei tusken de úttynjende stedssintra fan New Westminster en Vancouver yn, setten har der almar mear minsken nei wenjen. Mei Richmond en de stêd North Vancouver waard Burnaby ien 'e earsterangs foarstêden fan Vancouver, dy't it eigentlike Vancouver omsleaten. Mids tweintichste iuw naam de befolkingsgroei fan Burnaby hân oer hân ta. Fan 1962 ôf krige it stadichoan almar mear it oansjen fan in stêd. Yn 1992, mear as hûndert jier nei syn stifting, krige Burnaby stedsrjochten.
Ekonomy
bewurkje seksjeDe ekonomy fan Burnaby linet swier op 'e high-tech-sektor. Wichtige bedriuwen dy't har haadkertier yn 'e stêd hawwe, binne Ballard Power Systems (brânstofsellen), D-Wave Systems (kwantumkompjûters), Clio (software) en Creo (byldwerjouwing). Ek oare grutte bedriuwen hawwe wichtige fêstigings yn Burnaby, lykas supermerkkeatling Best Buy, feilinghûs Ritchie Bros. Auctioneers, mobile tillefoanprodusint Nokia, online-feilinghûs eBay en autoprodusint Mercedes-Benz. Yn it noarden fan 'e stêd is by de igge fan 'e Burrardynham lâns swiere yndustry te finen, mei fêstigings fan oaljemaatskippijen as Chevron en Petro-Canada.
In oare pylder fan 'e pleatslike ekonomy wurdt foarme troch de Kanadeeske filmyndustry fan 'e westkust, dy't ek wol oantsjut wurdt as "Hollywood North". Dêrby giet it om filmstudio's as The Bridge Studios en Electronic Arts, en studiokompleksen as Mammoth Studios. Mear as 60% fan alle studioromte yn Britsk-Kolumbia is fêstige yn Burnaby.
Yn Burnaby lizze ek de haadkampussen fan twa wichtige ynstellings foar heger ûnderwiis. De Simon Fraser Universiteit hat mear as 30.000 studinten en 950 stêfleden. It Ynstitút foar Technology fan Britsk-Kolumbia (BCIT) hat mear as 56.000 studinten. De Metropolis at Metrotown yn Burnaby is it grutste winkelsintrum yn Britsk-Kolumia, it op fjouwer nei grutste yn hiel Kanada en it op twa nei meast besochte fan Kanada. It wichtichste museum fan 'e stêd is it Burnaby Village Museum, in iepenloftmuseum dat in Kanadeesk doarp út 'e 1920-er jierren preservearret.
Susterstêden
bewurkje seksjeBurnaby hat 4 susterstêden, hjirûnder werjûn op folchoarder fan it oangean fan 'e stêdebân.
Demografy
bewurkje seksjeYn 1921 hie Burnaby noch mar 13.000 ynwenners, mar geandewei de tweintichste iuw woeks dat tal gau oan, fia 26.000 yn 1931, 30.000 yn 1941, 58.000 yn 1951, 100.000 yn 1961, 126.000 yn 1971, 136.000 yn 1981, 159.000 yn 1991, 194.000 yn 2001 nei 223.000 yn 2011. Neffens in offisjele skatting troch Statistics Canada, it buro foar statistyk fan 'e Kanadeeske oerheid, hie Burnaby yn 2021 in befolking fan 260.918 minsken. De befolkingstichtens bedroech 2.880,8 minsken de km². Dêrmei is Burnaby no kwa befolkingsgrutte de trêde stêd fan Britsk-Kolumbia, nei Vancouver en Surrey.
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking yn Burnaby oangiet, dy wie yn 2021 sa: 38,6 Eastaziaten; 30,5% blanken; 9,4% Súdaziaten; 8,4 Súdeastaziaten; 3,7% Middeneastliken; 2,5% Latino's; 2,0% Afro-Kanadezen en Afrikanen; 1,7% Yndianen, 3,2 oaren of fan mingd etnysk komôf.
Op taalkundich mêd waard fêststeld dat yn Burnaby yn 2016 it Ingelsk de memmetaal fan 41,3% fan 'e befolking wie. Op it twadde plak kaam it Mandarynsk mei 14,5%, folge troch in oare Sinityske taal, it Kantoneesk, mei 12,3%. De top 10 waard folmakke troch Tagalok (3,4%), Koreaansk (3,2%), Pûndzjabysk (2,3%), Spaansk (1,9%), Perzysk (1,8%), Italjaansk (1,8%) en Russysk (1,2%). De measte lju dy't Pûndzjabysk sprekke, hearre ta de mânske Sikh-mienskip yn Burnaby.
Neffens de folkstelling út 2021 bestie doe op religieus mêd fan 'e befolking fan Burnaby 48,4% út ateïsten en agnosten; 35,2% yn kristenen, 5,6% út moslims, 3,7% út boedisten, 3,1% út hindoes, 2,8% út sikhs, 0,3% út joaden en 0,2% út Westerske heidens, wylst 0,1% in lânseigen religy oanhong en 0,3% in oare godstsjinst.
Berne yn Burnaby
bewurkje seksje- Christy Clark (1965), premier fan Britsk-Kolumbia 2011-2017
- Carrie-Anne Moss (1967), aktrise
- Michael Bublé (1975), sjonger
Klimaat
bewurkje seksjeBurnaby hat in seeklimaat, mei mylde simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 21,2 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 5,1 °C. De stêd kriget jiers trochinoar 1.921 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 89,3 sm snie. Dêrby moat lykwols oantekene wurde dat it waarstasjon dêr't dizze wearden metten binne, op it heechste punt fan 'e stêd leit, sadat it meastepart fan Burnaby it jier yn 't rûn justjes hegere temperatueren en winterdeis minder snie hat.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|