Alain Delon

(Trochferwiisd fan Delbeau Production)

Alain Delon (útspr.: [aˈlɛ̃ dǝˈlõ], likernôch: "alêng delong"; folút: Alain Fabien Maurice Marcel Delon; Sceaux, 8 novimber 1935Douchy, 18 augustus 2024) wie in Frânsk-Switsersk akteur, dy't fanôf it begjin fan syn karriêre yn 'e 1950-er jierren fluch opklom ta ien fan 'e meast foaroansteande filmstjerren fan syn heitelân. Hy waard ek wol 'de manlike Brigitte Bardot' neamd. Njonken syn aktearjen wied er ek aktyf as filmprodusint, senarioskriuwer en regisseur. Delon wie in hoart ferloofd mei de ferneamde Eastenrykske aktrise Romy Schneider, en wûn yn 1984 de César (de Frânske Oskar) yn 'e kategory bêste akteur. Yn 1999 naam er njonken syn Frânske nasjonaliteit ek it Switserske steatsboargerskip oan. Sûnt wenne er yn 'e omkriten fan Sjenêve.

Alain Delon
akteur
Delon yn 1959.
Delon yn 1959.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alain Fabien Maurice
   Marcel Delon
nasjonaliteit Frânsk
   Switsersk
berne 8 novimber 1935
berteplak Sceaux (Frankryk)
stoarn 18 augustus 2024
stjerplak Douchy (Frankryk)
etnisiteit Frânsk
Korsikaansk
jierren aktyf 19572019
prizen César 1985
Légion d'Honneur 1991
offisjele webside
www.alaindelon.ch

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Bernetiid en oplieding

bewurkje seksje

Delon waard yn 1935 berne yn Sceaux, in foarstêd fan Parys yn wat no it departemint Hauts-de-Seine is. Hy wie fan mingd Frânsk en Korsikaansk etnysk komôf, mei't syn beppe oan heitekant in Korsikaanse út Prunelli-di-Fiumorbo wie. Syn âlden, Fabien Delon en Édith Arnold, skieden doe't er fjouwer jier wie. Beiden wertrouden se, en dêrtroch hie Delon in jongere healsuster en twa jongere healbruorren. Delon genoat syn ûnderwiis û.m. oan in roomske kostskoalle, mar waard dêr fan skoalle stjoerd fanwegen ûnlijich hâlden en dragen. Om syn talint foar godstsjinstige saken besochten ferskate dosinten en bepraat him om preester te wurden, mar dêr woed er neat fan witte.

 
Delon yn 'e 1961.

Jonge jierren

bewurkje seksje

Mei fjirtjin jier gie Delon foargoed fan skoalle, wêrnei't er in skoft yn 'e slachterij fan syn styfheit wurke. Trije jier letter naam er tsjinst by de Frânske Marine, dêr't er marinier (fusilier marin) waard. Yn dy hoedanichheid focht er yn 1953 en 1954 mei yn 'e Earste Yndosineeske Oarloch yn Frânsk-Yndosina, tsjin 'e Viet Minh, de Fjetnameeske ûnôfhinklikheidsbeweging fan Ho Chi Minh. Nei eigen sizzen brocht er fan 'e fjouwer jier dat er by de marine wie, alve moanne yn it tichthûs troch foar ynsubordinaasje en oare gebrekken oan dissipline.

Nei't er yn 1956 earfol út militêre tsjinst ûntslein wie, kearde Delon nei Frankryk werom, dêr't er it krap hie en himsels mei los wurk besocht te ûnderhâlden. Hy wurke in skoft as ober yn in restaurant, mar ek as kroader op in treinstasjon, as klerk en as winkelbetsjinde. Yn dy snuorje rekke er befreone mei de aktrise Brigitte Auber, mei wa't er op in stuit nei Cannes ta reizge om it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes te besykjen. Dat wie wêr't Delon syn eigen aktearkarriêre begjinne soe.

Aktearkarriêre

bewurkje seksje

Yn Cannes krige in talintescout foar de Amerikaanske filmprodusint David O. Selznick Delon yn it each. Nei't er foar Selznick audysje dien hie, bea dyselde him in kontrakt as akteur oan, op betingst dat er Ingelsk leare soe. Delon gie doe werom nei Parys om him dy taal eigen te meitsjen, mar dêr krige er kunde oan 'e Frânske regisseur Yves Allégret, wêrnei't er besleat dat er ek akteur wurde koe sûnder Ingelsk te learen. Selznick stie him ta om it kontrakt op te sizzen, en dêrnei besoarge Allégret him yn 1957 syn akteardebút yn 'e film Quand la Femme s'en Mêle. It jiers dêrop spile Delon ek yn Sois Belle et Tais-toi en Christine, yn dy lêste film mei as tsjinspylster de Eastenrykske aktrise Romy Schneider. Syn fjirde film, Faibles Femmes (1959), draaide ek yn 'e Feriene Steaten yn 'e bioskopen, dêr't it in grut súkses waard.

 
Delon yn 'e Amerikaanske film Lost Command, út 1966.

Yn 1960 wie Delon te sjen yn 'e film Plein Soleil fan regisseur René Clément, dy't basearre wie op 'e roman The Talented Mr. Ripley, fan Patricia Highsmith. Dêryn fertolke Delon de haadrol fan Tom Ripley ta lûd jûchhei fan 'e resinsinten. Fuort dêrnei spile er yn Luchino Visconti syn Rocco e i Suoi Fratelli, in optreden dêr't de kritisy op 'e nij tige oer te sprekken wiene. Yn 1961 stie Delon foar it earst op 'e planken yn in opfiering yn Parys fan it toanielstik Tis Pity She's a Whore fan John Ford, mei as tsjinspylster op 'e nij Romy Schneider, wylst Visconti de rezjy die. Yn 1963 wurke Delon op 'e nij mei Visconti gear yn 'e film Il Gattopardo. Dêrnjonken wurke er ek mei Jean-Pierre Melville, dy't him regisearre yn 'e films Le Samouraï (1967), Le Cercle Rouge (1970) en Un Flic (1971). Ek spile Delon yn 1966 yn 'e Amerikaanske oarlochsfilm Lost Command, fan regisseur Mark Robson, mei as tsjinspilers û.m. Anthony Quinn, George Segal en Claudia Cardinale.

 
Delon yn 'e film Le clan des Siciliens (1969).

Yn 1964 wijde de Cinémathèque Française in presintaasje oan Delon syn films. Datselde jier rjochte er mei George Beaume syn eigen filmstudio op, mei as namme Delbeau Production. Harren earste film, L'Insoumis, moast fanwegen swierrichheden op it mêd fan auteursrjochten op 'e nij montearre wurde. Dêrop begûn Delon syn eigen studio, Adel, wêrfan't de film Jeff (1969), mei himsels yn 'e haadrol, de earste produksje wie. Neitiid produsearre en fertolke er de haadrol yn Borsalino (1970), mei as tsjinspilers Jean-Paul Belmondo en Catherine Rouvel, dat ien fan 'e meast opbringende Frânske films aller tiden waard. Yn 1973 naam Delon boppedat yn in duët mei de Frânske sjongster Dalida it popliet Paroles, Paroles op, in oersetting fan it Italjaanske liet Parole, Parole.

Yn 1975 spile Delon de titelrol yn 'e Italjaansk-Frânske film Zorro, en in jier letter hied er de haadrol yn it bekroande Monsieur Klein. Yn 1983 fertolke er de rol fan 'e baron fan Charlus, in aristokratyske dandy, yn 'e filmadaptaasje Un Amour de Swann fan 'e lyknammige roman fan Marcel Proust. Delon wûn yn 1984 de César (de Frânske Oskar) yn 'e kategory bêste akteur foar syn rol as Robert Avranches yn 'e film Notre Histoire fan regisseur Bertrand Blier. Yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren en yn 'e 1990-er jierren folge in hiele searje flopte films. Ien út dat rychje dy't derút sprong wie Nouvelle Vague, út 1990, wêryn't Delon in twilling spile. Syn lêste grutte filmrol hied er yn 1998 yn Une Chance sur Deux, fan regisseur Patrice Leconte.

Desyllúzjonearre oer syn brekme oan súkses makke Delon yn 1997 bekend dat er it aktearjen deroan joech, hoewol't er neitiid op ynsidintele basis noch altyd rollen akseptearre. Underwilens leid er him mear ta op it oan 'e man bringen fan in hiele kolleksje produkten dy't ûnder syn namme ferkocht waarden, lykas horloazjes, klean, sinnebrillen, briefpapier en sigaretten. Syn sinnebrillen waarden benammen yn Hongkong tige populêr nei't akteur Chow Yun-fat se droech yn 'e film A Better Tomorrow út 1986. Underwilens wie Delon yn 1991 as ridder (chevalier) opnommen yn it Frânske Légion d'Honneur, in ûnderskieding dy't yn 2005 omset waard yn 'e hegere rang fan ofsier (officier). Yn 2019 waard oan Delon in Gouden Earepalm takend troch it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

 
Delon yn 2010 mei syn dochter Anouchka.

Priveelibben

bewurkje seksje

Delon ferloofde him op 20 maart 1959 mei de ferneamde Eastenrykske aktrise Romy Schneider. Under harren ferloving ûnderhold Delon lykwols ek in relaasje mei de Dútske aktrise en sjongster Nico. Dyselde brocht op 11 augustus 1962 syn soan Christian Aaron te wrâld. De jonge waard foar it meastepart troch Delon syn âlden grutbrocht en soe letter ûnder de namme Ari Boulogne karriêre meitsje as fotograaf. Yn desimber 1963 brieken Schneider en Delon harren ferloving ôf, wêrnei't Delon op 13 augustus 1964 mei it Frânske fotomodel Nathalie Barthélemy troude. Harren soan, de lettere akteur Anthony Delon, waard in moanne letter berne. Delon en Barthélemy skieden faninoar op 14 febrewaris 1969.

Underwilens wie Delon nammentlik yn 1968 op 'e set fan 'e film Jeff yn 'e kunde kommen mei de Frânske aktrise Mireille Darc, mei wa't er daliks in relaasje begûn dy't duorre oant 1982. Yn 1987 mette Delon it Nederlânske model Rosalie van Breemen op 'e set fan 'e fideoclip foar syn nûmer Comme au Cinéma. Hja begûnen in relaasje dy't al rillegau útrûn op gearwenjen. Delon en Van Breemen krigen twa bern: Anouchka, dy't op 25 novimber 1990 berne waard, en Alain-Fabien, dy't op 18 maart 1994 te wrâld kaam. Yn oktober 2002 giene Delon en Van Breemen útinoar.

 
Delon yn 2019.

Nasjonaliteit en wenplak

bewurkje seksje

Op 23 septimber 1999 naam Delon ek it Switserske steatsboargerskip oannommen, sadat er fan dy tiid ôf in dûbele nasjonaliteit hie. Hy wenne sûnt jierrenlang yn Chêne-Bougeries, yn it kanton Sjenêve. Letter kocht er it lânhûs La Brûlerie oan, yn it doarp Douchy, yn it Middenfrânske departemint Loiret, dêr't er oan syn dea ta wenjen bleau.

Delon kaam al ier yn syn karriêre yn opspraak troch syn bannen mei de ûnderwrâld, dy't û.m. fia de Korsikaanske gangster François Marcantoni rûn hawwe soene. Yn 1968 waarden beide mannen en de lettere Frânske presidint Georges Pompidou ymplisearre yn 'e moard op Delon syn eardere liifwacht Stevan Marković (dy't tefolle witten hawwe soe). Dy saak kaam lykwols omreden fan gebrek oan bewiis nea foar de rjochter. Yn 1969 waard de akteur yn Itaalje by ferstek feroardiele ta fjouwer moannen finzenisstraf foar de mishanneling fan in Italjaanske parsefotograaf. Yn in fraachpetear yn 2013 spriek Delon mei klam syn stipe út foar de ekstreem-rjochtse Frânske politike partij Front National. Yn febrewaris 2024 die de plysje in hûssiking by Delon en naam 72 fjoerwapens en 3.000 patroanen yn beslach, mei't de akteur foar it besit fan dat arsenaal gjin inkele fergunning hie.

Delon rekke yn juny 2019 yn 'e minnichte, doe't er in oerhaal krige nei't er in skoft te lijen hân hie fan tûzelsinnigens en pineholle. Yn 2022 waard by him ek lymfeklierkanker fêststeld. Nei't syn soan Anthony yn syn autobiografy Entre chien et loup skreaun hie dat syn heit eutanasy as "wat folslein logysks en natuerliks" beskôge, waard der yn 'e Frânske media oer spekulearre dat de Delon in natuerlike dea net ôfwachtsje soe, mar neffens syn djipdrôven kaam de akteur op 18 augustus 2024 yn syn wente yn Douchy fredich te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 88 jier.

  • 1967 – Laetitia (foar de soundtrack fan Les Aventuriers)
  • 1973 – Paroles, paroles (single mei Dalida)
  • 1983 – Thought I'd Ring You (single mei Shirley Bassey)
  • 1985 – I Don't Know (mei Phyllis Nelson, foar de soundtrack fan Parole de flic)
  • 1987 – Comme au cinéma (single)
  • 2006 – Modern Style (fan Françoise Hardy, mei Alain Delon)
  • 2013 – Les Moulins de mon cœur (foar de auditive blomlêzing út it wurk fan Michel Legrand)
  • 2019 – Je n'aime que toi (single)
Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1949 Le rapt gangster koarte film
1957 Quand la femme s'en mêle Jo ynternasjonale titel: Send a Woman When the Devil Fails
1957 Sois belle et tais-toi Loulou ynternasjonale titel: Be Beautiful But Shut Up
1958 Christine Franz Lobheiner
1959 Faibles Femmes Julien Fenal ynternasjonale titel: Women Are Weak
1959 Le Chemin des écoliers Antoine Michaud ynternasjonale titel: Way of Youth
1960 Plein soleil Tom Ripley ynternasjonale titel: Purple Noon
1960 Rocco e i Suoi Fratelli Rocco Parondi ynternasjonale titel: Rocco and His Brothers
1961 Quelle joie de vivre Ulysse Cecconato ynternasjonale titel: The Joy of Living
1961 Les Amours célèbres hartoch Albrecht III fan Beieren ynternasjonale titel: Famous Love Affairs
1962 L'Eclisse Piero
1962 Die Rote passazjier yn Feneesje cameo; net fermeld op 'e ôftiteling; ynternasjonale titel: Redhead
1962 Le Diable et les Dix Commandements Pierre Messager ynternasjonale titel: The Devil and the Ten Commandments
1963 Il gattopardo prins Tancredi Falconeri ynternasjonale titel: The Leopard
1963 Mélodie en sous-sol Francis Verlot ynternasjonale titel: Any Number Can Win
1963 Carambolages dhr. Lambert net fermelden op 'e ôftiteling; ynternasjonale titel: Carom Shots
1964 La Tulipe noire Guillaume de Saint Preux
Julien de Saint Preux
de Swarte Tulp
ynternasjonale titel: The Black Tulip
1964 Les Félins Marc ynternasjonale titel: Joy House
1964 L'amour à la mer filmakteur ynternasjonale titel: Love at Sea
1964 L'Insoumis Thomas Vlassenroot ynternasjonale titel: The Unvanquished; ek filmprodusint
1964 The Yellow Rolls-Royce Stefano
1964 Le journal d'un combat n.f.t. koarte film; produsint
1965 Les Tueurs de San Francisco Eddie Pedak ynternasjonale titel Once a Thief
1966 Lost Command kaptein Philippe Esclavier
1966 Texas Across the River don Andrea Baldazar
1966 Paris brûle-t-il? Jacques Chaban-Delmas ynternasjonale titel Is Paris Burning?
1967 Les Aventuriers Manu Borelli ynternasjonale titel The Last Adventure
1967 Le Samouraï Jef Costello ynternasjonale titel The Samurai
1967 Diaboliquement vôtre Pierre Lagrange
Georges Campo
ynternasjonale titel Diabolically Yours
1968 Histoires extraordinaires William Wilson ynternasjonale titel Spirits of the Dead
1968 La motocyclette Daniel ynternasjonale titel The Girl on a Motorcycle; ek produsint
1968 Adieu l'ami Dino Barran ynternasjonale titel Farewell, Friend
1968 Ho! man yn lofthaven cameo; net fermelden op 'e ôftiteling
1969 La Piscine Jean-Paul Leroy ynternasjonale titel The Swimming Pool
1969 Jeff Laurent ek produsint
1969 Le clan des Siciliens Roger Sartet ynternasjonale titel The Sicilian Clan
1970 Borsalino Roch Siffredi ek produsint
1970 Sortie de secours n.f.t. produsint
1970 Le Cercle Rouge Corey ynternasjonale titel The Red Circle
1970 Madly Julien Dandieu ynternasjonale titel The Love Mates; ek produsint
1971 Fantasia chez les ploucs in kaïd cameo; net fermelden op 'e ôftiteling; ynternasjonale titel Fantasia Among the Squares
1971 Doucement les basses Simon Médieu ynternasjonale titel Easy, Down There!; ek produsint
1971 La planète des hommes n.f.t. koarte film; produsint
1971 Soleil rouge Gauche ynternasjonale titel Red Sun
1971 La Veuve Couderc Jean Lavigne ynternasjonale titel The Widow Couderc
1972 Il était une fois un flic man dy't oanbellet cameo; net fermelden op 'e ôftiteling
1972 L'assassinat de Trotsky Frank Jacson ynternasjonale titel The Assassination of Trotsky
1972 La Prima Notte di Quiete Daniele Dominici ynternasjonale titel Indian Summer; ek produsint
1972 Un flic kommissaris Édouard Coleman ynternasjonale titel A Cop
1973 Traitement de choc dokter Devilers ynternasjonale titel Shock Treatment
1973 Scorpio Jean Laurier
Scorpio
1973 Les granges brûlées rjochter Pierre Larcher ynternasjonale titel The Burned Barns
1973 Tony Arzenta Tony Arzenta ynternasjonale titel No Way Out; ek produsint
1973 Deux hommes dans la ville Gino Strabliggi ynternasjonale titel Two Men in Town; ek produsint
1974 La race des seigneurs Julien Dandieu ynternasjonale titel Creezy
1974 Les seins de glace Marc Rilson ynternasjonale titel Icy Breasts; ek produsint
1974 Borsalino & Co. Roch Siffredi ek produsint
1975 Zorro don Diego de la Vega
Zorro
1975 Flic Story Roger Borniche ynternasjonale titel Cop Story; ek produsint
1975 Le Gitan Hugo Sennart ynternasjonale titel The Gypsy; ek produsint
1976 Monsieur Klein Robert Klein ynternasjonale titel Mr. Klein; ek prosudint
1976 Comme un boomerang Jacques Batkin ynternasjonale titel Boomerang; ek produsint en senarioskriuwer
1977 Le Gang Robert "le Dingue" ynternasjonale titel The Gang; ek produsint
1977 Armaguedon dokter Michel Ambroise ynternasjonale titel Armageddon; ek produsint
1977 L'homme pressé Pierre Niox ynternasjonale titel Man in a Hurry; ek produsint
1977 Mort d'un pourri Xav Maréchal ynternasjonale titel Death of a Corrupt Man; ek produsint
1978 Attention, les enfants regardent "The Man" ynternasjonale titel Attention, the Kids Are Watching; ek produsint
1978 Le Jeu de la puissance n.f.t. ynternasjonale titel Power Play; produsint
1979 The Concorde ... Airport '79 Paul Metrand
1979 Le toubib Jean-Marie Desprée ynternasjonale titel The Medic; ek produsint
1980 Trois hommes à abattre Michel Gerfaut ynternasjonale titel Three Men to Kill; ek produsint en senarioskriuwer
1980 Téhéran 43: Nid d'espions ynspekteur Georges Foche ynternasjonale titel Teheran 43
1981 Pour la peau d'un flic Choucas ynternasjonale titel For a Cop's Hide; ek regisseur, produsint en senarioskriuwer
1982 Le choc Martin Terrier
Christian
ynternasjonale titel Shock; ek ko-regisseur en senarioskriuwer
1983 Le Battant Jacques Darnay ynternasjonale titel The Fighter; ek regisseur, produsint en senarioskriuwer
1983 Le jeune marié n.f.t. produsint
1984 Un amour de Swann Palamède de Guermantes, baron fan Charlus   ynternasjonale titel Swann in Love
1984 Notre histoire Robert Avranches ynternasjonale titel Our Story; ek produsint
1985 Parole de flic Daniel Pratt ynternasjonale titel Cop's Honour; ek produsint en senarioskriuwer
1986 Le passage Jean Diaz ynternasjonale titel The Passage; ek produsint en senarioskriuwer
1986 Les pros n.f.t. koarte film; produsint
1988 Ne réveillez pas un flic qui dort kommissaris Eugène Grindel ynternasjonale titel Let Sleeping Cops Lie; ek produsint en senarioskriuwer
1990 Nouvelle Vague Lui
Roger Lennox
Richard Lennox
ynternasjonale titel New Wave
1990 Dancing Machine Alan Wolf ek produsint en senarioskriuwer
1992 Le retour de Casanova Giacomo Casanova ynternasjonale titel The Return of Casanova; ek produsint
1993 Un crime Charles Dunand ynternasjonale titel A Crime; ek produsint en senarioskriuwer
1994 L'ours en peluche Jean Rivière ynternasjonale titel The Teddy Bear
1995 Les cent et une nuits de Simon Cinéma himsels ynternasjonale titel One Hundred and One Nights
1997 Le jour et la nuit Alexandre ynternasjonale titel Day and Night
1998 Une chance sur deux Julien Vignal ynternasjonale titel Half a Chance
2000 Les acteurs himsels ynternasjonale titel Actors
2008 Astérix aux Jeux olympiques Julius Caesar ynternasjonale titel Asterix at the Olympic Games
2012 S Nov'im Godom, Mam'! himsels ynternasjonale titel Happy New Year, Moms!
2019 Toute ressemblance... himsels ynternasjonale titel: Disclaimer
tillefyzje
1962 Le chien Lui tillefyzjefilm
1978 Le bel indifférent Émile tillefyzjefilm
1987 Dear America: Letters Home from Vietnam   n.f.t. voice-over by in dokumintêre
1988 Cinéma Julien Manda minysearje
2002 Fabio Montale Fabio Montale minysearje
2003 Le lion John Bullit tillefyzjefilm
2003–2004 Frank Riva Frank Riva minysearje; ek produsint
2010 Un mari de trop Maxime de Rougemont tillefyzjefilm
2011 L'Occupation intime n.f.t. voice-over by in dokumintêre

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.