Emden is mei 49.751 ynwenners (desimber 2012) de grutste stêd fan Eastfryslân en de lytste Kreisfreie Stadt fan de dielsteat Leechsaksen. De meast westlike havenstêd fan Dútslân leit oan de mûning fan de Iems, oan de noardlike igge fan de Doalert.

Emden
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Leechsaksen
Regio East-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 50.535 (2022)[1]
Oerflak 112,33 km²
Befolkingsticht. 450 km²
Hichte 1 m. boppe seenivo
Oar
Postkoade 26721, 26723, 26725
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 22' N, 7° 12' E
Offisjele webside
www.emden.de

De stêd is om it jier 800 ûntstien as Frysk hannelsplak mei in seehaven dy't yn de skiednis fan Emden altyd in grutte rol spile hat. Yn de tweintichste iuw waard de basis lein foar in moderne seehaven mei ferskillende yndustriële ûndernimmingen. As ekonomysk sintrum en de iennichste Kreisfreie Stadt fan Eastfryslân hat Emden in sintrumrol op it mêd fan wurk en ûnderwiis en ferdivedaasje. Sûnt 1973 hat Emden in hegeskoalle binnen syn stedsgrinzen.

Yn it jier 1530 waarden 300 folwoeksenen yn de Grutte Tsjerke dope troch Melchior Hoffman. Dat foarfal kin sjoen wurde as it begjin fan de dopersbeweging yn it noardwesten fan Dútslân en de Nederlannen. Yn de tiid fan de Reformaasje teagen grutte groepen religieuze flechtlingen út de Nederlannen op de stêd oan, dy't opfongen waarden yn de Grutte Tsjerke. Yn 1660 stifte harren neiteam út tankberens de Nije Tsjerke of Neue Kirche, eastlik fan de Grutte Tsjerke, en neamden dy tsjerke „moederkerk“ of „Mutterkirche“. Yn 1571 waard de earste Synoade fan de Nederlânsk Grifformearde Tsjerke yn Emden holden. Troch syn betsjuttende rol yn de tiid fan Reformaasje krige Emden yn desimber 2013 fan de Mienskip fan Protestantske Tsjerken yn Europa as earste stêd op it Europeeske kontinint de titel „Europeeske Stêd fan de Reformaasje“.[2]

 
Iems en Doalert.

Emden leit yn it westen fan de regio East-Fryslân, yn de Dútske dielsteat Leechsaksen. It is de meast westlike havenstêd fan Dútslân en by de Knock, wat it meast westlik punt fan Emden is, leit it meast súdwestlike punt fan it East-Fryske skiereilân.

De stêd leit sa likernôch 25 kilometer noardwestlik fan Lier, en sa'n 25 kilometer súdwestlik fan Auwerk. Oare gruttere stêden yn de omkriten binne Aldenboarch (goed 70 kilometer eastlik) en Bremen (goed 110 kilometer eastsúdeastlik). De stêd Grins leit goed 50 kilometer westsúdwestlik fan Lier, mar mei de trein of mei de auto is de ôfstân in stik langer omdat men om de Doalert hinne moat. De stêd Wilhelmshaven leit sa'n 60 kilometer eastnoardeastlik.

It stedsgebiet leit krekt boppe seenivo. De heechste punten fan it stedsgebiet binne in terp út de midsiuwen (7,5 meter boppe seenivo) en in ôffalberch (15 meter boppe seenivo).

 
Stedsgrêft.

De stêd leit oan 'e mûning fan de Iems dy't súdlik fan de stêd troch de Doalert streamt. De haven fan Emden leit 38 seemilen fan it plak dêr't de Iems by Boarkum oergiet yn de Noardsee. De stêd, wêrfan't it grutste part noch mar krekt boppe seenivo leit, wurdt troch de Iemsdyk beskerme tsjin ynfloeden fan de see. Ferskillende mei de hân ôfgroeven wetters lykas de havens en kanalen en sluzen wurde mei de natuerlike streamen dy't ornaris oanjûn binne mei '-djip' (Tief) brûkt foar ôffier fan wetter. By it plak Pewsum is in gemaal dat ûnder oaren brûkt wurdt foar de ôffier fan wetter út it Emder stedsgebiet.[3]

Binnen de stedsgrinzen is Emden ek ryk oan wetter. 770 hektare wetter leit der binnen de stedsgrinzen, wat 6,85 persint fan it totale stedsgebiet beslacht. In grut part fan it wetteroerflak leit yn it havengebiet, in oar substansjeel oanpart hawwe de grêften en kanalen dy't mei-inoar sa'n 150 kilometer lang binne. In diel fan de grêften en kanalen binne fanâlds natuerlike streamen dy't letter kanalisearre binne, in oar diel is útgroeven. Yn de 17e iuw waard de stedsgrêft oanlein mei in ierden wâl dy't de stêd tsjin frjemde troepen beskermje moast. Dêrneist binne der noch kanalen groeven foar de skipfeart lykas it Treckfahrtstief, it Ems-Seitenkanal en it Iems-Jade-Kanaal. Boppedat binne der noch twa marren, de Uphuzer Mar en de Bansmar, dy't ûnderdiel binne fan it stedsgebiet. Alle marren binne mei kanalen ferbûn mei de haven en oare wetterwegen yn de regio. It Hinter Tief en it Larrelter Tief ferbine de stêd mei oare kanalen yn it noarden en westen en binne úteinlik ek ferbûn mei de wetterkrite fan de Krummhörn, it Fehntjer Tief en Iems-Jade-Kanaal ferbine de stêd mei oare kanalen eastlik fan de stêd. Troch it Iems-Jade-Kanaal en oare streamen en kanalen kin men mei de boat ek nei Aldenboarch en de Wezer ta komme. Yn de haven fan Emden binne twa seesluzen.

 
Stedsdielen fan Emden.

Emden hat 26 stedsdielen. Yn de statistiken wurde se net altiten separaat neamd, de ferskillende stedsdielen wurde dan as ien bestjoerlik stedsgebiet presintearre. It stedsgebiet fan noard nei súd is maksimaal 7,7 kilometer lang, fan west nei east strekt it stedsgebiet him maksimaal oer 20,4 kilometer út.

By lokale weryndielingen yn 1928, 1945 en 1972 is it stedsgebiet groeid omdat buorgemeenten ûnderdiel waarden fan de Kreisfreie Stadt. Benammen troch de lêste bestjoerlike weryndieling fan 1972 is it stedsgebiet aardich grutter wurden. De neikommende doarpen/gemeenten binne yn de 20e iuw ûnderdiel wurden fan de stêd Emden:

  • 1928: Borssum, Hilmarsum
  • 1945/46: Larrelt, Uphusen/Marienwehr, Harsweg
  • 1972: Wybelsum, Logumer Vorwerk, Twixlum, Petkum, Widdelswehr/Jarßum

It sintrum fan de stêd kin yn de neikommende wiken ferdield wurde: Altstadt, Behördenviertel, Bentinkshof, Boltentor, Groß-Faldern en Klein-Faldern. Neffens statistiken fan de stêd Emden binne de trije grutste stedsdielen it sintrum (sa’n 8700 ynwenners), Barenburg (sa’n 7000 ynwenners) en Borssum/Hilmarsum (sa’n 6100 ynwenners).

It sintrum fan Emden is yn ferliking ta oare Dútske stêden fan deselde grutte of noch grutter frij ticht befolke. Dat hat foar it neist te krijen mei de bestimmingsplannen foar it wer opbouwen fan de stêd, dy’t yn ‘e oarloch swier troffen wie troch bombardeminten. In protte bouwurken yn it sintrum waarden fanâlds brûkt foar kommersjele doelen. Yn de bestimmingsplannen foar it wer opbouwen fan de stêd kaam dêr yn in hiel soad gefallen inkeld wenromte foar yn ‘t plak. It súdlike diel fan it sintrum kin mei syn lytsere oerslachhavens en werven as ûnderdiel fan it havengebiet sjoen wurde. De haven fan Emden is ûnderdiel fan ferskillende stedsdielen lykas Transvaal, Borssum, Friesland en it sintrum.

Emden leit yn in matige klimaatsône dat beynfloede wurdt troch de Noardsee. Binnen de matige sône heart Emden by it Klimabezirk Niedersächsisches Flachland Nordsee-Küste. Yn de simmer binne de temperatueren oerdeis leger as yn it binnenlân, yn de winter binne de temperatueren meastal heger. Simmerdeis is der relatyf mear delslach as yn 'e winter.

Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen leit Emden yn in gebiet mei de yndieling Cfb. (tuskenbeiden seeklimaat).[4]

Moanne Jan Feb Maart Apr Maaie Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Trochsneed jier
Temperatuer (°C) 1,3 1,5 4,1 7,3 11,8 14,9 16,4 16,3 13,7 10 5,6 2,6
8,8
Rein (mm) 67,1 45,5 62,3 48,6 60,2 70,5 82,1 72,8 66,6 72,8 83 73,5
805
Sinne (oeren) 1,32 2,57 3,61 5,36 6,77 6,6 6,26 6,35 4,73 3,09 1,9 1,03
4,1
 
Emden om 1575 hinne.

Om it jier 800 hinne begjint de skiednis fan Emden mei hannelsdelsetting oan de Iems. De stêd wie yn it earstoan net mear as in stikmannich huzen op in terp, doe hiet it plak noch fan Amuthon. Yn de midsiuwen groeide it plakje stadich, en waard ek wol Embda, Emda en Embden neamd. Emden wie yn de 13e iuw ûnderdiel fan it Fryske goa mei de namme Emsigerlân. Yn 1252 waard Eemsgo ferkocht oan de biskop fan Münster, mar dy hie yn werklikheid net safolle te sizzen oer de stêd en Emden wie frijwat ûnôfhinklik ûnder it bewâld fan de famylje Abdena. Emden (en oare frijwat ûnôfhinklike stêden yn de omkriten) waarden ek wol boererepubliken neamd. De haadlingefamylje de Cirksenas ferovere de stêd yn 1433 mei help fan de Hânze. Emden wie fan 1464 ôf it plak dêr't Greve Ulrich I wei regearre.

Yn de 16e iuw wie Emden it plak fan de Reformaasje. Tûzenen kalvinistyske flechtlingen út Nederlân teagen nei de stêd. Om 1590 koene it stedsbestjoer en greve Edzard II fan East-Fryslân it net lykfine. De greve wie fan betinken dat de stêd tefolle op himsels stie en mear ûnderhearrich wêze moast oan East-Fryslân. De greve fan East-Fryslân wie Lutersk wylst it meastepart fan de stêd kalvinistysk wie. Yn 1603 wurdt de stêd semy-ûnôfhinklik nei swierrichheden mei de Nederlannen en East-Fryslân. It Nederlânsk wurdt lykwols de fiertaal yn 'e haven en by it boargerlike bestjoer. Op 26 maaie 1744 stjert de lêste prins fan East-Fryslân. Op dy dei waard East-Fryslân mei Emden anneksearre troch Prusen.

Yn 1751 waard troch Frederik II fan Prusen de Emder Eastaziatyske Hannelskompanjy oprjochte. De earste tochten nei Sina wienen in súkses en de meibrochte produkten waarden yn Emden mei grutte winst ferkocht. Mei it útein setten fan de Sânjierrige Kriich wie it dien mei it súkses. De direkteur naaide út nei it neutrale Delfsyl, twa skippen waarden yn 'e haven ôftuge, en it fjirde skip fan de kompanjy kaam yn de Ingelske haven Plymouth telâne. Nei de Sânjierrige Kriich waard de hannelskompanjy yn 1765 troch Frederik II fan Prusen opheft. Ekonomysk buorke de stêd ûnder Frederik II stadichoan in lyts bytsje foarút.

Yn 1806 waard Emden in Nederlânske stêd nei it tafoegjen fan East-Fryslân oan it Keninkryk Hollân. Yn 1810 waard it hiele Keninkryk Hollân troch Frankryk ferovere en Emden waard de haadsted fan it departemint Ems Oriental. Yn 1813 waard de sted ferovere troch it leger fan Prusen. Nei't de Frânsen by de Slach by Waterloo ferslein waarden yn 1815 kaam Emden by it Keninkryk Hannover, en yn 1866 wer by Prusen. Mei de stifting fan it Dútske Keizerryk yn 1871 bliuwe Emden en de rest fan Eastfryslân ûnderdiel fan Prusen. Yn 1885 wurdt de stêd Emden loskeppele fan it Kreis Emden en krijt dêrtroch de status fan Kreisfreie Stadt.

 
Autohaven fan Volkswagen.

Op septimber 1944 waard Emden, dat in wichtige haven- en yndustrystêd fan belang wie foar it Dútske leger, slim bombardearre troch sa'n 800 Amerikaanske fleanmasinen. Hast 80% fan de stêd wie skansearre, ek de histoaryske binnenstêd. 370 minsken stoaren by de bombardeminten.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard Emden op 'e nij in yndustry- en havenstêd. It wer opbouwen fan de skeinde stêd wie oan it begjin fan de sechtiger jierren fierhinne klear, mei de iepening fan it nije riedshûs yn 1962 kaam der offisjeel in ein oan. [5] Om’t de huzen noch net allegear klear wienen wennen der oan it begjin fan de sechtiger jierren noch hieltyd minsken yn barakkekampen. Wylst de stêd hurd troffen wie troch it oarlochsgeweld kamen der dochs flechtlingen út de eardere Dútske gebieten yn it easten dy’t Dútslân yn 1945 ôfstean moast oan oare lannen. Nei oantrunen fan it Alliearde militêre bestjoer waarden Larrelt, Uphusen en Harsweg bestjoerlik ûnderdiel fan de stêd Emden.

Yn de fyftiger jierren waarden der wer seeskippen en werven boud. In wichtige ûntjouwing foar de haven fan Emden wie de bou fan it Volkswagen fabryk dy’t yn 1964 begûn. Dêr waard yn 1965 begûn mei de bou fan de VW-kever. Mei de bestjoerlike weryndielings fan 1972 krige it stedsgebiet fan Emden syn hjoeddeiske formaat. By dy weryndieling kamen de stedsdielen Wybelsum, Logumer Vorwerk, Twixlum, Petkum, Widdelswehr en Jarßum derby. Under it nije stedsgebiet foel ek it hjoeddeiske yndustrygebiet Rysumer Nacken. Nei 1970 krige de stêd foarsjennings lykas in teäter, de Nordseehalle en de Hegeskoalle Emden/Lier. Yn de tachtiger jierren waard de Kunsthalle Emden boud, yn de njoggentiger jierren de Johannes a Lasco Biblioteek.

Ynwenners fan Emden wurde yn it Dútsk Emder neamd. Dêrneist wurdt ek it adjektyf Emdener brûkt. Yn it Frysk soe in ynwenner fan Emden as "Emdener" of "Emdner" oantsjut wurde kinne.

In diel fan de Emder befoking praat Eastfrysk Plat. Krekt as yn oare streken yn Eastfryslân nimt it tal platpraters ûnder de jongere ynwenners ôf. Dêr komme noch minsken by dy’t net mei it Plat grutbrocht binne en it ek net leard hawwe. Under oaren troch de hegeskoalle en de havenyndustry krige de stêd in ymport fan ynwenners dy’t net út Eastfryslân kamen.

Befolkingsûntjouwing fan de stêd Emden:

De sifers foar 1600 en 1744 binne rûsd. De ynwennertalllen fan foar 1970 komme fan de Eastfryske Lânskip[6] De ynwennertallen fan 1975 en letter binne de amtlike sifers.[7]

 
It âlde diel fan de Grutte Tsjerke.

Emden waard al yn de earste helte fan de 16e iuw in protestantske stêd. Healwei de 16e iuw kamen der in protte kalvinistyske flechtlingen út de Nederlannen nei Emden ta. Om 1600 hinne wie de stêd dêrom in broeinêst foar de protestantisme. De Grutte Tsjerke fan Emden wurdt ek wol de Moederkerk of Mutterkirche neamd fan it protestantisme yn Nederlân en Noard-Dútslân. Yn de iuwen nei 1600 groeide foaral it oantal luteranen yn stêd. De Luteranen hawwe hjoed-de-dei in mearheid yn de stêd.

Neffens sifers fan de stêd wienen der yn septimber 2012 sa'n 15.666 ynwenners fan Emden luteraansk-protestantsk[8] En 14.767 leauwigen wiene doe kalvinistysk-protestantsk. De earste katolike tsjerke nei de reformaasje waard yn it jier 1803 boud. Yn desimber 2010 wienen der 4100 katoliken yn de stêd. De menistetsjerke fan Emden is oer de hiele wrâld ien fan de âldsten. De tsjerke waard yn 'e midden fan de 16e iuw boud en is yndirekt in ynfloed fan it wurk fan Melchior Hoffman.

Foar de 1300 moslims yn de stêd waard yn 2009 de earste moskee fan Eastfryslân iepene.[9] Foar de Twadde Wrâldkriich hie Emden noch in Joadske mienskip, yn 1941 waarden de lêste Joaden út de stêd deportearre.

Ekonomy & fasiliteiten

bewurkje seksje
 
Nordseewerke
 
Ferkearskaart fan Eastfryslân.

De haven fan Emden oan 'e mûning fan de Iems wie al om it jier 1600 hinne in wichtige seehaven. Yn de iuwen dêrnei waard it belang fan de Emder haven hieltyd lytser, pas yn de lette 19e iuw begûn de hannel yn 'e haven wer mear te brûzjen. Der binne ferskillende grutte kanalen oanlein lykas it Iems-Jadekanaal en it Dortmund-Iemskanaal nei it Ruhrgebiet ta. Troch it Dortmund-Iemskanaal, dat yn 1847 iepene waard, kinne grutte skippen it binnenlân yn komme. Hjoed-de-dei is de betsjutting fan de binnenfeart minder wurden en wurde de kanalen hieltyd mear foar wettertoerisme brûkt.

De status fan de Emder haven as tredgrutste autohaven fan Europa komt foar it aldergrutste diel troch de auto's fan it bedriuw Volkswagen dy't dêrwei de wrâld oer gean. By Volkswagen wurkje mei-inoar sa'n 8600 minsken.[10] In oar grut bedriuw dat gebrûk makket fan de haven fan Emden is de wynmûnemakker Enercon. Yn de haven wurde ûnder oaren grutte skippen, marineskippen en baggerskippen produsearre. De primêre werf is de Nordseewerke, in dochterûndernimming fan ThyssenKrupp. Dêrneist is der út de haven wei in fearboatferbining mei Boarkum.

Fierders is Emden in wichtich plak foar de ynfier en útfier fan ierdgas. By Emden komt in 400 kilometer lange gaspiip út Noarwegen wei oan lân. Dat gas wurdt yn de stêd opslein yn in grutte terminal en út Emden wei trochfierd nei Nederlân, België en it Ruhrgebiet. Yn de Wybelsumer Polder yn it westen fan it stedsgebiet leit in it wynmûnepark mei yn totaal 54 wynmûnen ferdield oer 380 hektare. It wynmûnepark oan ‘e Iems hat in opbringst fan 70 megawatt.

Emden krige yn 1854 mei de Hannoversche Westbahn syn earste spoarferbining. Hjoed-de-dei is dat noch de wichtichste ferbining nei it suden ta. Der is ek in oare treinferbining benoarden de stêd nei Norden en it badplak Norddeich. Der binne twa treinstasjons yn de stêd; Emden Hauptbahnhof en stasjon Emden Außenhafen.

Fan de haven fan Emden sette fearboaten fan de AG Ems ôf nei it waadeilân Boarkum, simmerdeis fart der in fearboat nei Delfsyl. Fan it lytse fleanfjild fan Emden fljocht de Ostfriesische Lufttransport nei Boarkum en de oare Eastfryske Waadeilannen ta. It fleanfjild wurdt ek brûkt foar sportfleantugen. It grutste ynternasjonale fleanfjild, dat it tichst by Emden leit, is it fleanfjild Bremen.

De Bundesautobahn 31 is in sneldyk út it suden wei. Hy komt yn it súdeasten by de stêd oan en rint noardlik om de stêd hinne en bûcht dan wer as in heale ringwei nei it súdwesten ta. Dy sneldyk ferbynt de stêd en de rest fan East-Fryslân mei it Ruhrgebiet. De Bundesstraße 210 giet fan Emden nei Auwerk, Wytmûn. Jever en Wilhelmshaven en is de wichtichste east-west ferbining fan it East-Fryske skiereilân.

Yn de binnenstêd fan Emden binne trije autofrije sônes (tusken de twa silen, Große Straße, Brückstraße) en in oerdekt winkelsintrum. By it stasjon is ien parkeargaraazje, oare parkeargelegeheden binne der oan strjitten of op pleinen. Undergrûnse parkeargaraazjes binne der net omdat de wiete grûn de bou dêrfan lestiger en djoerder makket as oars.

Yn it jier 2000 waard de Hegeskoalle Eastfryslân fusearre mei de hegeskoalle fan Aldenboarch en Wilhelmshaven. Yn 2009 waard de hegeskoalle wer loskeppele en wurket wer selsstannich ûnder de namme Hochschule Emden/Leer. Yn Emden wurde stúdzjes oanbean op it mêd fan maatskiplik wurk/sûnens, technyk en ekonomy. Yn Leer wurde maritime stúdzjes oanbean. Yn 2013 hie de hegeskoalle sa’n 4300 studinten. Emden hat tsien basisskoallen. In relatyf grut part fan de skoalbern yn it fuortset ûnderwiis komt út it Landkreis Aurich. Dêrtroch hat Emden yn ferliking mei it oantal basisskoallen aardich wat skoallen dy’t fuortset ûnderwiis op ferskillende nivo’s oanbiede. Dêrneist hat de stêd noch in muzykskoalle, folkshegeskoalle en in keunstskoalle.

Yn Emden ferskine twa regionale kranten. Dat binne de Emder Zeitung en de regionale útjefte fan de Ostfriesen-Zeitung. Yn 'e stêd sit ek de haadredaksje fan it regionale radiostasjon Radio Ostfriesland.

Ferdivedaasje

bewurkje seksje
 
Grêfmonumint yn de Grutte Tsjerke (Johannes a Lasco biblioteek).

De Kunsthalle Emden is in museum foar moderne keunst. It Ostfriesische Landesmuseum yn it Emder Riedshûs is in regionaal museum dat him rjochtet op Emden, Fryslân en Europa. Pronkstik fan it Landesmuseum is de wapenkeamer. Yn 1986 waard it Otto-Huus iepene dat wijd is oan de ferneamde kabaretier Otto Waalkes. Neist oantinkens út syn jeugd wurde dêr stikken út syn konferinsjes sjen litten.

De Johannes a Lasco biblioteek yn de ruïnen fan de Grutte Tsjerke waard yn 1995 nei tritich jier boutiid iepene. Underdiel dêrfan binne in argyf en in samling boeken dy't de reformearde gemeente Emden sûnt 1559 bewarre hat en tsjinnet hjoed-de-dei as iepenbiere biblioteek mei as sintrale tema it reformearde protestantisme.

It Neue Theater Emden hat mear as 600 sitplakken en waard oan it begjin fan de santiger jierren fan de 20e iuw boud. It teäter is ûnderdiel fan it saneamde Kulturviertel (kulturele kwartier) dêr’t ek de evenmintehal Nordseehalle ûnderdiel fan is. It teäter wurdt sawol foar toanielstikken as foar konserten brûkt.

Oare bouwurken

bewurkje seksje
 
De wyk Klein-Faldern leit yn it sintrum en hat noch âlde huzen.

Troch de swiere bombardeminten fan de Twadde Wrâldkriich is der fan it histoaryske Emden net in protte oerbleaun. In lyts diel fan de platsmiten bouwurken is fannijs opboud of hersteld.

Yn de buert Klein-Faldern yn it sintrum fan Emden binne noch âlde strjitten mei histoaryske bouwurken bewarre bleaun. De Emder Stedswâl om it hjoeddeistige sintrum hinne is in ferdigeningswurk út de 17e iuw en tsjinnet hjoed-de-dei as stedspark. In diel fan de ierden wâl is út de loft wei werom te kennen en komt oerien mei âlde stedskaarten dêr’t de stedswâl ek op stiet. Oan it begjin fan de njoggentjinde iuw waarden op de hichten fan de stedswâl ferskillende wynmûnen boud wêrfan der no noch trije stean. Yn de earste helte fan de 17e iuw waarden ek ferskillende stedspoarten boud. Dêrfan is allinnich de Emder Havenpoarte fan 1635 bewarre bleaun. De Nije Tsjerke waard tusken 1643 en 1648 boud. By bombardeminten yn de oarloch waard de tsjerke ferneatige en binne allinnich de bûtenmuorren stean bleaun. Yn de jierren 1949/1950 waard de tsjerke wer opboud mar mei in oar ynterieur. Yn 1998 waard in feriening opsetten dy’t de Nije Tsjerke sa goed mooglik yn de âlde steat werombringe wol.[11] De Kesselschleuse is de iennichste slús yn Europa dy’t fjouwer wetterwegen mei elkoar ferbynt.

It Emder Riedshûs is noch hieltyd it symboal fan de stêd. Fannijs iepene yn 1962 giet it by it riedshûs om nijbou op it plak dêr’t foar de bombardeminten it iuwenâlde riedshûs stie. Oare bouwurken dy’t bepalend binne foar it stedsbyld binne de wettertoer en de grutte hyskraan fan de Nordseewerke.

 
It Ostfriesland-Stadion.

Troch de see en it binnenwetter hat Emden ek fasiliteiten foar wettersport. Jachthavens binne de te finen yn de binnen- en bûtenhaven, oan de Lytse Mar (Hieve), de Uphuser Mar, yn de stedsgrêft en yn it Ems-Seitenkanal. Troch de bau fan de Friesentherme Emden mei sawol in binnen- as bûtenbad binne der yn de stêd no trije iepenloftswimbaden en ien oerdekt swimbad. De Fryske sporten Boßeln en kloatsjitten wurde ek yn Emden dien. Emden hat as ûnderdiel fan Eastfryslân ek in relatyf goede ynfrastruktuer foar fytsers, it tal fytspaden leit dan ek in stik heger yn ferliking mei de rest fan Dútslân.

BSV Kickers Emden is grutste fuotbalklup fan de stêd en spilet op regionaal nivo mei yn de Landesliga Niedersachsen (Weser-Ems). De fuotbalklup spile yn seizoen 2008/2009 yn de 3. Liga, mar troch finansjele problemen is de klup doe frijwillich degradearre. De klup spilet yn it Ostfriesland-Stadion mei in kapasiteit foar 7200 besikers.

Ien kear yn it jier wurde it Matjesfest, it Delftfest en it Emder filmfest yn de maitiid en simmer holden. It Matjesfest wurdt foar it riedshûs yn de binnenstêd holden en is in earbetoan oan de hjerringfiskers út it Emder ferline. It Delftfest wurdt ornaris yn july holden yn it ramt fan it maritime karakter fan de stêd. Dêrby lizze dan ferskillende histoaryske boaten en rekreative boaten yn de 'Ratsdelft', in grêft dy't mei de binnenhaven yn ferbining stiet en oan it Emder riedshûs ta rint. It Ynternasjonale Filmfeest Emden-Norderney duorret acht dagen en waard yn 1990 foar it earst organisearre. Yn july en augustus wurdt de Musikalischen Sommer Ostfriesland/Groningen holden wêrfan op syn minst ien klassyk konsert yn de stêd Emden plakfynt. Yn desimber is der yn de 'Ratsdelft' in krystmerk mei diskes op it wetter.

Ferneamde Emders

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Landesbetrieb für Statistik und Kommunikationstechnologie Niedersachsen
  2. Emden als europäische Reformationsstadt ausgezeichnet. sjoen op 21 jannewaris 2014.
  3. entwaesserungsverband-emden.de webside oer it gemaal dat û.o. foar Emden ferantwurdlik is
  4. Wrâldkaart mei aktualisearre gegevens út de klimaatklassifikaasje fan Köppen
  5. Arbeitskreis Bunkermuseum: Örtliches Museum zur Zeit 1933-1945 in Emden
  6. Eastfryske Lânskip: Emden (PDF; 1,8 MB), sjoen op 7 july 2013
  7. Webside fan de stêd Emden: StatistikInfo 03/2011
  8. Statistiken stêd Emden op emden.de
  9. Emder Zeitung: Moschee soll Ort des Dialogs und der Integration sein
  10. Webside fan Volkswagen (sjoen op 16 desimber 2013)
  11. Webside feriening foar de Nije Tsjerke: neue-kirche.de
  Nedersaksen  
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte

Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

  ·   ·