Kaapske hazze
De Kaapske hazze (wittenskiplike namme: Lepus capensis) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dizze soarte heart ta it ûnderskaai fan 'e steppehazzen (Proeulagus). De Kaapske hazze, dy't ferneamd is nei Kaap de Goede Hoop, komt foar yn grutte dielen fan Súdlik Afrika, East-Afrika, Noard-Afrika en de Sahel, mar ek yn West-Aazje oant de westlike Himalaya. It is in herbivoar nachtdier dat in beheinde mjitte fan seksuele dimorfy fertoant. De IUCN klassifisearret de Kaapske hazze as net bedrige.
Kaapske hazze | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lepus capensis | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
lânseigen fersprieding troch de minske yntrodusearre as eksoat |
Taksonomy
bewurkje seksjeDe Kaapske hazze wie ien fan 'e hûnderten sûchdieresoarten dy't wittenskiplik beskreaun waarden troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus yn syn baanbrekkende tsiende edysje fan 'e Systema Naturae út 1758. It bist krige de wittenskiplike namme Lepus capensis, oftewol "Kaapske hazze", mei't it fral bekend wie fan Kaap de Goede Hoop, dêr't de VOC, de Nederlânske hannelskompanjy dy't op East-Ynje fear, yn 1652 de Kaapkoloanje stifte hie.
De Kaapske hazze foarmet in soartekompleks. De Tolaihazze (Lepus tolai), de woastynhazze (Lepus tibetanus) en ferskate oare soarten hearden dêr oarspronklik ek ta, mar waarden dêr letter fan losmakke op basis fan geografyske fersprieding en molekulêre skaaimerken. De Kaapske hazze sa't dy hjoed de dei bestiet, is parafyletysk. Dat betsjut dat der, om in jildige taksonomyske ienheid te krijen, noch mear soarten fan losmakke wurde moatte.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe Kaapske hazze komt yn Súd-Afrika yn it grutste diel fan it lân foar, útsein de East-Kaap, it grutste part fan KwaZulu-Natal en it westen fan 'e âlde Transfaal. Yn Súdlik Afrika libbet dit bist fierders yn súdlik en westlik Namybje, súdlik en sintraal Botswana, it noardwesten fan Lesoto, hiel Swazylân en dielen fan it suden fan sawol Simbabwe as Mozambyk. In hiel ein nei it noarden komt dizze soarte yn East-Afrika foar yn noardlik Tanzania, frijwol hiel Kenia en it easten fan Oeganda. Op dat diel fan it ferspriedingsgebiet slút de fersprieding yn westlik Súd-Sûdaan en it uterste westen fan Etioopje oan. Noch fierder noardlik giet dy oer yn in ferspieding troch de hiele Sahel (de regio fuort besuden de eigentlike Saharawoastyn): fan Sûdaan fia Tsjaad, Niger, Boerkina Faso en Maly hielendal nei de kust fan 'e Atlantyske Oseaan yn Senegal en Mauretaanje.
Noch wer fierder noardlik komt de Kaapske hazze foar yn it noardeasten fan Sûdaan en it westen fan Eritreä. De fersprieding folget dêrwei de rin fan 'e Nyl fia eastlik Egypte nei de Middellânske See. Dit bist komt ek oan 'e noardkant fan 'e Sahara foar, yn Lybje en de Magreblannen Tuneezje, Algerije en Marokko. Ut dat lêste lân wei folget de fersprieding de Atlantyske kust nei de Westlike Sahara. Ut Egypte wei giet de fersprieding ek eastoan, fia it Sinaïskiereilân nei Israel, Palestina, Jordaanje en Libanon. Yn 'e Middellânske See is de Kaapske hazze lânseigen op Syprus, mar hy komt ek foar op it Italjaanske eilân Sardynje, dêr't er in troch de minske yntrodusearre eksoat is.
De fersprieding fan 'e Kaapske hazze yn Syrje, Irak en op it Arabysk Skiereilân, dêr't dit bist foarkomt yn Saûdy-Araabje, Jemen, Omaan, de Feriene Arabyske Emiraten, Katar, Bachrein en Koeweit, is tige fragmintearre. Yn Iraan komt de Kaapske hazze foar yn hast it hiele lân, útsein Iraansk-Koerdistan en Súd-Azerbeidzjan yn it noardwesten en de kust fan 'e Kaspyske See yn it noarden. Noch eastliker libbet dizze soarte ek yn súdwestlik Pakistan en dielen fan Afganistan. De eastlikste fersprieding is yn 'e westlike Himalaya en beslacht it noarden fan Pakistan en it westen fan 'e Yndiaaske dielsteat Kasjmier.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe Kaapske hazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 50–55 sm, in sturtlingte fan 7–15 sm en in gewicht fan 11/2–21/2 kg. Dêrmei is er in slach lytser as de (gewoane) hazze (Lepus europaeus). De pels is op 'e rêch grizich brún mei swarte hierren dertrochhinne, wylst de bealch witich is. Om 'e eagen hinne sitte wite rânen. De boppekant fan 'e pluzige sturt is swart en de ûnderkant wyt. De earen binne lang en hawwe swarte puntsjes. By it útnaaien fan dit bist falle de lange earen en de swart-wite sturt tige op. Der bestiet by de Kaapske hazze in beskate seksuele dimorfy yn 'e sin dat de moerhazzen sichtber grutter binne as de rammen.
Biotoop
bewurkje seksjeDe Kaapske hazze libbet yn drûge biotopen, wêrûnder savannes, healsteppes, steppes en healwoastinen. Dit bist komt ek yn berchtmen foar, bgl. yn it Atlasberchtme fan Marokko, it Ahaggarmassyf fan súdeastlik Algerije, it Sagrosberchtme fan westlik Iraan en de westlike útein fan 'e Himalaya. Kaapske hazzen sjocht men ek wol yn greiden en plantaazjes en op ikkers, mar se mije wâlden.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeDe Kaapske hazze is in nachtdier, dat him oerdeis ornaris om te rêsten weromlûkt yn in leger, in ûndjip dobke yn 'e grûn, dat er tusken opgeande begroeiïng makket. Wannear't er in rôfdier gewaar wurdt, fertrout de Kaapske hazze ynearsten op syn skutkleur, dy't him dreech waar te nimmen makket. Hy leit de earen plat yn 'e nekke en bliuwt sa stil mooglik sitten. Komt it rôfdier dochs tichterby, sij it by tafal of trochdat it de hazze op 'e iene of oare manear dochs opmurken hat, dan springt er ynienen op en naait sa fluch mooglik út.
Kaapske hazzen kinne in faasje fan 60 km/h berikke, sadat inkeld it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus) ek mar in kâns hat om se by te heljen. Alle oare natuerlike fijannen fan dit bist meitsje by de jacht gebrûk fan in mûklaach om 'e Kaapske hazze oer it mad te kommen, of binne opportunistyske jagers dy't it hawwe moatte fan tafalstreffers. Men kin dan tinke oan it loaihoars (Panthera pardus), de karakal (Caracal caracal), de bûnte hyena (Crocuta crocuta), de sealjakhals (Lupulella mesomelas), de goudjakhals (Canis aureus) en de wolf (Canis lupus). Behalven dat Kaapske hazzen hiel hurd drave, kinne se ek goed klimme en swimme.
Kaapske hazzen hawwe gjin fêste peartiid mar kinne har yn prinsipe it hiele jier troch fuortplantsje. De draachtiid duorret 42 dagen, wêrnei't de moerhazze in nêst fan 1–3 jongen smyt. Ien moerhazze kin wol 6–8 kear yn 't jier smite. It tal jongen is seizoenaal bûn en bedraacht yn septimber yn trochsneed 1,0 en yn jannewaris trochinoar 1,9. Ek de hichte fan it wengebiet hat dêr ynfloed op: yn heger leine kriten is de smeetgrutte oer it algemien wat lytser as yn leger leine kontreien. Yn trochsneed smyt ien moerhazze 11,6 jongen yn 't jier. De haskes weagje by de berte 80–130 g. Se hawwe al hier en de eachjes binne iepen, sadat se frijwol daliks mobyl binne. Nei 3 wiken begjinne se foar it earst fêst iten te fretten en nei 4 wiken wurde se ôfwûn. Mei 4–5 moannen binne se folwoeksen en mei 7–9 moannen berikke se geslachtsrypheid. Kaapske hazzen libje maksimaal 5–6 jier, mar in protte eksimplaren oerlibje it earste libbensjier net iens.
Fretten
bewurkje seksjeIt dieet fan 'e Kaapske hazze is herbivoar en bestiet út gerzen, krûden en de blêden, twigen en beien fan ferskate strewellen. It is bekend dat dizze soarte, krekt as bgl. de wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), oan kropofagy docht, wêrby't (in diel fan) de eigen kjitte wer opfretten wurdt om 'e maksimale hoemannichte fiedingsstoffen út it fretten te heljen.
Status
bewurkje seksjeDe Kaapske hazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne 12 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e Kaapske hazze (Lepus capensis):
- L. c. aegyptus
- L. c. aquilo
- L. c. arabicus
- L. c. atlanticus
- L. c. capensis
- L. c. carpi
- L. c. granti
- L. c. hawkeri
- L. c. isabellinus
- L. c. schlumbergi
- L. c. sinaiticus
- L. c. whitakeri
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.
|