Allahabad
Allahabad ( beharkje), dat sûnt oktober 2018 offisjeel Prayagraj hjit en ek wol bekendstiet as Illahabad en Prayag, is in stêd yn it súdlike part fan 'e Yndiaaske steat Uttar Pradesh. It leit binnen dy steat yn 'e difyzje Allahabad en is it haadplak fan it distrikt Allahabad. Yn Allahabad is it heechgerjochtshôf fan Uttar Pradesh fêstige. De stêd, dy't datearret út 'e Aldheid, leit oan 'e gearfloeiïng fan 'e rivieren de Ganges en de Yamuna, en is ien fan 'e hillichste plakken fan it hindoeïsme, dêr't eltse tolve jier tsientallen miljoenen pylgers gearkomme foar it Kumbh Mela-festival. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Allahabad doe in befolking fan goed 1,1 miljoen minsken, wêrmei't it de op seis nei grutste stêd fan Uttar Pradesh is en de op 37 nei grutste stêd fan Yndia. As stêdekloft, dus alle foarstêden ynbegrepen, hie Allahabad yn 2011 sa'n 1,2 miljoen ynwenners.
Allahabad Prayagraj | ||
Bestjoer | ||
Lân | Yndia | |
Steat | Uttar Pradesh | |
Difyzje | Allahabad (difyzje) | |
Distrikt | Allahabad (distrikt) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.117.094 (2011) | |
Oerflak | 82 km² | |
Befolkingsticht. | 13.623,1 / km² | |
Stêdekloft | 1.216.719 (2011) | |
Hichte | 98 m | |
Oar | ||
Stifting | Aldheid | |
Tiidsône | UTC +5:30 | |
Simmertiid | gjint | |
Koördinaten | 25°27′09″N 81°50′47″E | |
Offisjele webside | ||
prayagraj.nic.in | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Allahabad yn Yndia.
|
Namme
bewurkje seksjeDe oarspronklike namme fan Allahabad wie Prayag (útspr. likernôch.: "prajak") of Prayagraj (útspr. likernôch "prajakrazj"). Dy namme is in gearstalling fan 'e Sanskrityske wurden प्र:, pra ("earste") en यज्ञ, yajña ("ferearing" of "offer"). Yn dy letterlike, religieuze, betsjutting wurdt nei de stêd ferwiisd yn 'e Veda's, de âlde hillige geskriften fan it hindoeïsme. Prayag kin lykwols ek "gearfloeiïng fan rivieren" betsjutte (wêrby't de iene rivier himsels ommers 'offeret' oan 'e oare). Yn it gefal fan Allahabad giet it dêrby om 'e rivieren de Ganges en de Yamuna.
Nei't yn 'e sechstjinde iuw it Mogol-ryk yn noardlik Yndia fêstige wie, soe keizer Akbar de Grutte yn 1575 in besyk oan Prayag brocht hawwe, wêrby't er neffens it ferhaal sa ûnder de yndruk wie fan 'e strategyske lizzing fan 'e stêd, dat er der in fêsting bouwe liet. Tsjin 1584 liet er de stêd sels omneame ta Ilahabas, dat "Wente fan God" betsjut. Letter kaam de stêd ûnder Akbar syn pakesizzer Sjah Djahaan Allahabad te hjitten, hoewol't de Britske keunstner James Forbes oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw in pleatslike leginde optekene dy't hawwe woe dat Akbar syn soan Djahangir de stêd Allahabad neamde nei't er om 'e nocht besocht hie om 'e Akshayavat-beam te ferneatigjen.
Tsjintwurdich sprekt men yn 'e stêd sels in protte fan Allahabad, wylst dêrnjonken de foarm Illahabad wol brûkt wurdt, dy't "Wente fan 'e Goaden" betsjut (ynstee fan "Wente fan God"). Fromme hindoes hâlde fêst oan 'e namme fan foar de islamityske ynfallen: Prayagraj. De fûnemintalistyske hindoeïstyske politike partij BJP besocht fan 1992 ôf om fan 'Prayagraj' de offisjele namme fan 'e stêd te meitsjen. Yn 1992 en 2001 mislearre dat, mar yn oktober 2018 wist men de feroaring der einlings trochhinne te drukken. Bûten Yndia wurdt lykwols noch almeast de namme 'Allahabad' brûkt.
Geografy
bewurkje seksjeAllahabad leit yn it súdlike part fan 'e Noardyndiaaske steat Uttar Pradesh, op sa'n 90 m boppe seenivo. De stêd leit oan 'e râne fan 'e Doab-krite, en grinzget oan 'e regio's Bundelkhand yn it súdwesten, Baghelkhand yn it easten en súdeasten, en Awadh (âlde stavering: Oudh) yn it noarden en noardeasten. Yn of fuortby de stêd komme trije rivieren gear: de Ganges, de hillige rivier fan it hindoeïsme, en de Yamuna, mei dêropta de ûnsichtbere Sarasvati, dy't neffens hindoeïstyske leginden opwelje soe út 'e grûn. Behalven troch de rivier de Yamuna wurdt Allahabad ek midstwa spjalten troch in spoarline dy't yn east-westrjochting troch de stêd rint.
Skiednis
bewurkje seksjeAldheid oant de Renêssânse
bewurkje seksjeYn it ierste tiidrek fan syn bestean waard Allahabad Prayāga neamd (letter ferkoarte ta Prayag). Ut argeologyske opgravings is oan it ljocht kommen dat op it plak fan 'e hjoeddeiske stêd al yn 'e sânde iuw f.Kr. in delsetting bestie. Letter fêstige de Kuru-dynasty dy't regearre yn Hastinapur (yn 'e neite fan Delly), it stedsje Kaushambi deunby Allahabad. Wer letter makken se Kaushambi ta harren haadstêd, nei't Hastinapur ferwuostge wie troch oerstreamings. Doe't it ryk fan 'e Kurus omtrint 525 f.Kr. ûnder strûpt wie, waard de Doab-krite, dêr't Allahabad ta heart, behearske troch it iene ryk nei it oare. Sa makke it fan 'e fjirde oant en mei de twadde iuw f.Kr. diel út fan it Maurya-ryk en fan 'e trêde oant en mei de sechsde iuw (n.Kr.) fan it Gupta-ryk. Oer de pleatslike skiednis fan Allahabad is lykwols net in protte bekend oant it regear fan 'e Mogol-keizer Akbar de Grutte yn 'e twadde helte fan 'e sechstjinde iuw. Wol is witten dat der oant yn 'e Midsiuwen en mooglik oant yn 'e Renêssânse in beam yn Allahabad stie, de Akshayavat-beam, dy't in wichtige rol hie yn it hindoeïsme, en troch in diel fan 'e pylgers brûkt waard om ritueel selsmoard te dwaan troch deryn te klimmen en dan tepletter te springen.
Under de grut-mogols
bewurkje seksjeYn novimber 1583 brocht Akbar de Grutte in besyk oan Allahabad, dêr't er, fanwegen de strategyske lizzing, in grutte fêsting bouwe liet. Ek soed er neffens de kronykskriuwers fan 'e Mogol-keizers de fûneminten lizze litten hawwe foar de bou fan in grutte stêd, mar dêrby sil it earder om in útwreiding fan 'e besteande stêd gien wêze, mei't Allahabad doe al lang bestie. Akbar wie nei't it skynt wol ferantwurdlik foar it omneamen fan 'e stêd ta Ilahabas, dat tsjin 1584 syn beslach krigen hawwe moat. Under syn pakesizzer Sjah Djahaan waard de namme feroare yn Allahabad. Fierders reorganisearre Akbar syn ryk yn 1580 yn tolve provinsjes, saneamde subah; dêrby foege er de eardere provinsjes Jaunpur, Kara-Manikpur en de krite Bandhogarh gear ta de subah fan Allahabad.
Yn 1602 fêstige Akbar syn opstannige soan prins Salim (letter bekend as Djahangir) him yn Allahabad, dêr't er himsels ta in frijwol ûnôfhinklik hearsker makke. Sa liet er syn eigen namme neame yn it islamityske freedsgebed yn 'e moskeeën en ek liet er syn eigen muntjild slaan. Ek nei't er him koarte tiid letter mei syn heit fermoedsoene hie, bleau Salim noch oant 1604 yn Allahabad te wenjen. Yn 1624 oardere Sjah Djahaan de belegering fan Allahabad nei't er earder Jaunpur ferovere hie, mar de stêd waard ûntset doe't Parviz Mirza en Mahabat Khan it garnizoen te help kamen. Under de Súksesjeoarloch yn it Mogol-ryk wie Allahabad earst trou oan kroanprins Sjah Sjûdja, mar doe't bliken die dat dy de boargeroarloch ferlieze soe fan syn jongere broer Aurangzeb wist de kommandant fan it garnizoen de stêd op 12 jannewaris 1659 freedsum oan fertsjintwurdigers fan Aurangzeb oer te jaan.
De Britske Eastyndyske Kompanjy longere op 'e fêsting fan Allahabad om deselde redens as dat Akbar dy dêr boud hie. Yn 'e Slach by Buxar, yn oktober 1764 en yn 'e Slach by Kora yn maaie fan it jier dêrop waarden de legers fan 'e Mogol-keizer Sjah Alam II, de nawab fan Oudh Sjûdja-ûd-Daula, en de nawab fan Bingalen Mir Kasim ferslein troch de troepen fan 'e Kompanjy. Neitiid waarden as útfloeisel fan it dêrop sletten Ferdrach fan Allahabad yn 1765 foar it earst Britske soldaten yn Allahabad legere. Sjah Alam II moast him nei de nederlagen oerjaan oan 'e Britten en libbe doe seis jier ûnder Britsk tafersjoch yn 'e stêd, as in soarte fan kriichsfinzene of gizelder.
Yn 1771 sette er úteinlik ôf, werom nei syn haadstêd Delly, dy't koart dêrfoar yn Maratyske hannen fallen wie. Sjah Alam II liet de Maraten ferdriuwe troch syn generaal Mirza Nadjaf Khan, mar ûnder Tukoji Rao Holkar en Visaji Krushna Biniwale marsjearre yn 1772 in nij Maratysk leger nei it noarden, dat de troepen fan it Mogol-ryk fersloech by Delly. Sjah Alam II wie doe twongen om 'e Maraten ôf te keapjen troch harren (op papier) it besit fan Kora en Allahabad te jaan. Dêrop ferleine de Maraten harren oandacht nei it nawabskip fan Oudh, dat dy beide gebieten fysyk yn besit hold. Sjûdja-ûd-Daula, dy't yn namme in lienman Sjah Alam II wie, wie lykwols net ree om syn lân op te jaan en frege dêrom de Britten om help. Dy fersloegen de Maraten yn 'e Slach by Ramghat. Neitiid droech Warren Hastings by in ferdrach dat yn augustus en septimber 1773 sletten waard, Kora en Allahabad wer oer oan 'e nawab fan Oudh, foar de priis fan fiif miljoen rupees.
Yn 1798 sleat Saadat Ali Khan II, nei't er troch John Shore op 'e troan fan Oudh holpen wie, in nij ferdrach mei de Britske Eastyndyske Kompanjy, wêrby't er de fêsting fan Allahabad oan 'e Britten oerdroech. Trije jier letter kaam der wer in nij ferdrach tusken Oudh en de Kompanjy ta stân nei't Richard Wellesley drige hie om hiele Oudh mar te anneksearjen. It leger fan Oudh waard doe opheft en ferfongen troch troepen yn 'e tsjinst fan 'e Kompanjy, wylst Rohilkhand, Gorakhpur en Doab (dêr't ek Allahabad ta hearde) troch Oudh ôfstien waarden oan 'e Kompanjy.
Under de Britten
bewurkje seksjeUnder it bewâld fan 'e Britske Eastyndyske Kompanjy groeide Allahabad út ta in wichtich ekonomysk sintrum foar de hiele regio fan 'e Gangetyske Flakte. Yn 1833 waard it de haadstêd fan 'e Ofstiene en Ferovere Provinsjes, foar't yn 1835 Agra dy funksje oernaam. Doe't yn 1857 de Yndyske Opstân útbriek, joech ek Allahabad him dêrby. De opstannelingen yn 'e stêd stiene ûnder lieding fan Maulvi Liaquat Ali, waans oanhingers de Jeropeeske soldaten yn Allahabad ôfslachten.
Nei't de opstân bloedich ûnderdrukt wie, waard it bestjoer oer Britsk-Ynje de Kompanjy ûntnommen. De koloanje kaam doe ûnder it bewâld fan 'e Britske oerheid te stean. De proklamaasje fan keninginne Fiktoaria dêr't dy feroaring syn beslach yn krige, waard begjin 1858 troch Lord Canning yn it Minto Park yn Allahabad bekendmakke en foarlêzen. Canning, dy't de earste ûnderkening fan Britsk-Ynje wie, rjochte yn Allahabad in heechgerjochtshôf op en fêstige der ek in regionaal plysjehaadkertier. Nei in bestjoerlike herfoarming waard Allahabad yn 1858 de haadstêd fan 'e Noardwestlike Provinsjes, in funksje dy't de stêd behold oant 1877. Teffens wie Allahabad yn 1858 ien dei lang de haadstêd fan hiel Britsk-Ynje. Yn 1877 waarden de provinsjes Agra en Oudh gearfoege ta de Feriene Provinsjes, dêr't Allahabad fan 1902 oant 1920 de haadstêd fan wie.
Allahabad wie ek fan it begjin ôf oan in wichtich plak foar de Yndiaaske ûnôfhinklikheidsbeweging. Yn 1888 waard der al in gearkomste holden fan it Yndysk Nasjonaal Kongres, en tsjin 'e iuwwiksel wie de stêd útgroeid ta in sintrum fan revolúsjonêre aktiviteit. Dat bleau sa yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw, doe't yn 'e wenten fan 'e Nehru-famylje, Anand Bhavan en Swaraj Bhavan, de takomst fan in ûnôfhinklik Yndia útstippele waard, wylst ferskate militante ûnôfhinklikheidsaktivisten yn 'e stêd terroristyske oanslaggen diene op Britske doelen. Ek de ierste siedsjes foar de ûnôfhinklikheid fan Pakistan waarden yn Allahabad plante, te witten op 29 desimber 1930, doe't Allama Muhammad Iqbal yn in taspraak foar in gearkomste fan 'e Al-Yndyske Moslimliga de oprjochting fan in aparte steat bepleite dy't bestean moast út 'e regio's fan Britsk-Ynje dêr't moslims de mearderheid fan 'e befolking útmakken.
Sûnt de ûnôfhinklikheid
bewurkje seksjeAllahabad stiet bekend as de "Stêd fan 'e Premiers", mei't 7 fan 'e 15 premiers fan it ûnôfhinklike Yndia konneksjes mei de stêd hiene (Jawaharlal Nehru, Lal Bahadur Shastri, Indira Gandhi, Rajiv Gandhi, Gulzarilal Nanda, V.P. Singh en Chandra Shekhar). Dyselden waarden òf berne yn Allahabad, òf studearren der, òf waarden yn it Yndiaaske parlemint keazen foar it kiesdistrikt fan Allahabad.
Yn 2016 makke de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) yn syn Global Urban Ambient Air Pollution Database bekend dat Allahabad de op twa nei heechste foarm fan luchtfersmoarging (<2.5 μm diameter) hie fan alle 2.972 stêden dy't yn dat ûndersyk meinommen wiene. De iennichste stêden dêr't it noch minder steld wie mei de lucht, wiene Zabol yn Iraan en Gwalior yn Yndia.
Allahabad hjoed de dei
bewurkje seksjeDe ekonomy fan Allahabad is tige ferskaat en dêrtroch stabyl. Wichtige sektoaren foar de beropsbefolking fan 'e stêd binne û.m. de ryks- en steatsoerheden, it ûnderwiis, ûndersyksynstituten, de bou, de makelardij, de detailhannel, it bankwêzen, de horeka, de toeristyske sektor, de itensferwurkjende yndustry, de glêsyndustry en de transportsektor. Wichtige bedriuwen dy't harren haadkertieren yn Allahabad hawwe, binne Allahabad Bank, Bharat Pumps & Compressors en de boekhannelkeatling A.H. Wheeler. Yn it distrikt om 'e stêd hinne binne toerisme, fiskerij en lânbou de wichtichste ekonomyske sektoaren.
Allahabad hat trije universiteiten. De Universiteit fan Allahabad, oprjochte yn 1876, is de âldste universiteit fan Uttar Pradesh. It Motilal Nehru Nasjonaal Ynstitút foar Technology Allahabad is in technyske universiteit fan namme. En de Steatsuniversiteit fan Allahabad makket it trijetal fol. Fierders is yn Allahabad ek de Sam Higginbottom Universiteit foar Lânbou, Technology en Wittenskippen fêstige, in ynstitút foar heger ûnderwiis fan 'e kristlike minderheid út 'e omkriten fan 'e stêd. Dêropta hat Allahabad ek in iepen universiteit: de Uttar Pradesh Rajarshi Tandon Open University.
De âlde stêd fan Allahabad leit oan 'e súdkant fan 'e spoarline dy't de stêd yn east-westrjochting midstwa snijt. Dêr binne in protte gebouwen dy't mei Yndo-islamityske of Yndo-Saraseenske arsjitektuer noch de sfear fan it Ynje fan 'e grut-mogols azemje. De nije stêd, oan 'e noardkant fan it spoar, bestiet út wiken dy't boud binne yn 'e tiid fan it Britske koloniaal bestjoer. De wyk Civil Lines, yn 'e nije stêd, is it sakedistrikt fan 'e Allahabad, en stiet bekend om 'e moderne arsjitektuer, wolkekliuwers en kearsrjochte strjitten dy't neffens in roaster oanlein binne. De wyk waard boud fan 1857 ôf en wie it grutste stedsplanningsprojekt dat ea yn Yndia útfierd waard foar de oanlis fan 'e nije nasjonale haadstêd Nij-Delly.
Ferneamde gebouwen yn Allahabad binne û.o. it Allahabad Museum, de Iepenbiere Bibleteek fan Allahabad (ek bekend as Thornhill Mayne Memorial), it Fort fan Allahabad, de Nije Yamuna-brêge, de Universiteit fan Allahabad, de Alderheljenkatedraal en de filla Anand Bhavan. Oare besjensweardichheden binne Alfred Park, Minto Park, it Tinkteken foar Fiktoaria, it Allahabad Museum, it Jawahar Planetarium, de Pylder fan Asjoka en tún Khusro Bagh, dêr't ferskate grutte mausoleä steane. De wichtichste ghat (trep nei de igge fan 'e rivier) yn Allahabad is de Saraswati Ghat, oan 'e igge fan 'e Yamuna, dêr't fan trije kanten ôf treppens omleech liede nei it griene rivierwetter. Dêrnjonken binne der mear as hûndert saneamde 'rouwe' ghats yn 'e stêd (dêr't gjin treppens oanlein binne, mar dêr't de minsken wol tradisjoneel yn 'e rivier baaie en waskje.
Allahabad is ien fan 'e fjouwer hillichste plakken fan it hindoeïsme. Ienris yn 'e tolve jier wurdt yn 'e stêd de Maha ("grutte") Kumbh Mela holden, de grutste religieuze gearkomste yn 'e wrâld, dêr't tsientallen miljoenen pylgers op ôf komme. Yn it sechsde jier tusken de fierings fan 'e Kumbh Mela yn Allahabad yn, fynt yn 'e stêd de folle lytsere Ardh ("heale") Kumbh Mela plak. Fanwegen de religieuze betsjutting fan 'e stêd is yn Allahabad troch de jierren hinne de jiske fan in ferskate Yndiaaske nasjonale lieders útstruid oer it wetter fan 'e hillige rivier de Ganges. Dat waard bygelyks yn 1948 dien mei de jiske fan Mahatma Gandhi.
Demografy
bewurkje seksjeAllahabad hie yn 1981 neffens gegevens fan 'e folkstelling fan dat jier goed 642.000 ynwenners. Tsien jier letter, yn 1991, wie dat oantal oanwoeksen ta krapoan 793.000. Yn 2001 hie Allahabad in befolking fan goed 990.000 minsken, en yn 2011 hie de stêd 1.117.094 ynwenners. Op in oerflak fan 82 km² komt dat del op in befolkingstichtens fan 13.623 minsken de km². It persintaazje analfabeten leit ûnder de manlike ynwenners fan Allahabad op 8,2% en ûnder froulike ynwenners op 17,8%.
De ynwenners fan Allahabad binne yn grutte mearderheid etnyske Hindoestanen. De dominante taal dy't yn 'e stêd sprutsen wurdt, is it Hindy (of Hindoestaansk), dat ek de offisjele taal is fan 'e steat Uttar Pradesh. It Oerdû (de fiertaal fan 'e islamityske minderheid) en ferskate oare talen wurde yn 'e stêd ek sprutsen.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 besteane de ynwenners fan Allahabad yn religieus opsicht foar it meastepart út hindoes (76,0%), folge troch moslims (21,9%), kristenen (0,7%), sikhs (0,3%), boedisten (0,3%) en jaïna's (0,1%). Ateïsten en agnosten meitsje mar 0,9% fan 'e befolking út.
Berne yn Allahabad
bewurkje seksje- Jawaharlal Nehru (1889-1964), premier fan Yndia
- Indira Gandhi (1917-1984), premier fan Yndia
- V.P. Singh (1931-2008), premier fan Yndia
- Ashok Kumar (1941-2014), kameraregisseur
- Amitabh Bachchan (1942), akteur
- Aditya Srivastava (1968), akteur
Klimaat
bewurkje seksjeAllahabad hat in fochtich subtropysk klimaat, mei trije jiertiden: in gleonhjitte drûge simmer, in koele drûge winter en in hjitte neare moesson. De simmer duorret fan maart oant en mei novimber, tusken juny en augustus ûnderbrutsen troch de moesson. De winter rint fan desimber oant en mei febrewaris. Yn maaie, de hjitste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 41,6 °C, mei útsjitters oant rom boppe de 48 °C. Yn jannewaris, de kâldste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis likegoed noch 23,2 °C. Rekôrtemperatueren yn Allahabad wiene 48,8 °C yn 'e simmer en –0,7 °C yn 'e winter. De measte rein falt yn july en augustus. Sniefal is yn Allahabad noch nea waarnommen, mar wol hat de stêd yn it winterseizoen te krijen mei tichte smog troch de talrike hout- en koalfjurren, wat resultearret yn oansjenlik ferkears- en reisfertragings.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|