The Big Country (film)

film út 1958 fan John Waters en William Wyler

The Big Country is in Amerikaanske Technicolor-westernfilm út 1958 ûnder rezjy fan William Wyler, mei yn 'e haadrollen Gregory Peck, Jean Simmons, Charlton Heston en Carroll Baker. De titel betsjut: "It Grutte Lân". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme (ek bekend as Ambush at Blanco Canyon), fan auteur Donald Hamilton. It ferhaal giet oer James McKay, spile troch Peck, in Easterling dy't syn ferloofde nei har âldershûs yn it Wylde Westen folget en dêr ta de ûntdekking komt dat er him midden yn in oangeande fete tusken twa ranchers bejûn hat. The Big Country wie ien fan mar in pear films fan Charlton Heston wêryn't dyselde net de sintrale rol spile. De filmkritisy hiene oer it algemien in protte lof foar de film, en Burl Ives wûn mei syn optreden yn 1959 sawol de Golden Globe as de Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur. Ek yn 'e bioskopen wie The Big Country in grut súkses.

The Big Country
film
makkers
regisseur William Wyler
(en Robert Swink)
produsint Gregory Peck
William Wyler
senario James R. Webb
Sy Bartlett
Robert Wilder
basearre op Ambush at Blanco Canyon
fan Donald Hamilton
kamerarezjy Franz F. Planer
muzyk Jerome Moross
filmstudio Anthony Productions
Worldwide Productions
distribúsje United Artists
Metro-Goldwyn-Mayer (sûnt 1981)
spilers
haadrollen Gregory Peck
Jean Simmons
Charlton Heston
Carroll Baker
byrollen Burl Ives
Charles Bickford
Alfonso Bedoya
Chuck Connors
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 13 augustus 1958
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Ingelsk
spyltiid 166 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $3,5 miljoen (Noard-Amearika)
prizen Oscar 1959
Golden Globe 1959

James McKay, in telch út in rike famylje út it Easten fan 'e Feriene Steaten, reizget nei it Wylde Westen ta om him by syn ferloofde Patricia ("Pat") te jaan, op 'e reuseftige ranch dy't har heit, majoar Henry Terrill, yn Teksas hat. McKay is in trochkalme man, dy't as seeman en letter kaptein wurke hat foar de rederij fan syn famylje. Op it plak fan bestimming oankommen, moetet er Julia Maragon, de pleatslike skoaljuffer, dy't de bêste freondinne fan Pat is.

As McKay en Pat út it doarpke mei de postkoetshalte oer de flakte nei de ranch fan har heit ride, wurde se oanholden en lestich fallen troch de dronken soannen fan Rufus Hannassey, de aartsfijân fan majoar Terrill. De mannen, dy't oanfierd wurde troch de ferfelende Buck Hannassey, de âldste broer, narje it pear wat troch yrritante opmerkings te meitsjen, de spot te driuwen mei McKay, syn hoed ôf te pakken en him in skoftke mei lasso's fêst te hâlden. As Pat harren mei in gewear te liif wol, pakt McKay har it wapen ôf. Hy soarget derfoar dat de sitewaasje net fierder eskalearret en nei in skoftke ferlieze de Hannasseys harren belangstelling foar it spultsje en ride fuort. Pat is poerrazen oer it ynsidint, mar McKay snapt net wêr't se har sa oer opwynt. Hy fertelt har dat in nijeling op in skip altyd troch de rest fan 'e bemanning op 'e iene of oare manear ûntgriene wurdt, en dat dit wol wat ferlykbers wêze sil, mei't hy nij is yn it Westen.

Nei't se op 'e Terrill-ranch arrivearre binne, komt McKay yn 'e kunde mei majoar Terrill. De oare moarns ier strúnt er it hiem fan 'e ranch ôf, dêr't er oan 'e praat rekket mei de Meksikaanske cowboy Ramón Gutierrez, op wa't er in tige positive yndruk makket om't er Spaansk blykt te ferstean. Steve Leech, de foarman fan 'e ranch, besiket McKay safier te krijen om op in hynder te klimmen dat Ald Tonger hjit, mar as alle cowboys tastreame om te sjen wat der barre sil, begrypt McKay dat it wer in oare foarm fan ûntgriening is. Hy betanket foar de eare en seit tsjin Leech dat it miskien letter noch wolris kin. Under it brea-iten hellet McKay in ornaminteel kistke mei twa duëllearpistoalen foar it ljocht, dy't er by wize fan geskink oan majoar Terrill jout.

Nei it miel sammelet de majoar alle beskikbere cowboys om wraak te nimmen op 'e Hannasseys foar it ynsidint fan 'e foargeande dei. McKay seit dat der eins neat oan 'e hân wie en dat er wol mindere dingen meimakke hat. Hy besiket de majoar safier te krijen dat dy de saak gewurde lit, mar Terrill seit dat manlju yn it Wylde Westen sokke dingen net gewurde litte. Hy nûget McKay út om mei harren te gean, mar dêr fielt McKay hielendal neat foar. Sadwaande ride Terrill en Leech mei de cowboys mar sûnder McKay nei de ranch fan 'e Hannasseys, dy't yn in delling stiet dy't allinne mar tagonklik is fia de smelle kleau Blanco Canyon. Dêr treffe se inkeld froulju en bern thús oan, dy't se yntimidearje. Se sjitte de grutte houtene wettertûne lek en ride dan nei it doarp ta, dêr't se Buck Hannassey en syn bruorren yn it pleatslike bordeel treffe. Buck sels wit him beskûl te hâlden yn in lege wein mei opsteande sydberjes, mar syn trije bruorren wurde finzennommen. Majoar Terrill lit harren meinimme nei de pleatslike hierstâl, dêr't er harren troch Leech en syn cowboys yninoar slaan lit.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens is Pat, dy't lulk is oer it yn har eagen leffe hâlden en dragen fan har ferloofde, fan 'e Terrill-ranch fuortriden om ôf te kuoljen. McKay bliuwt sadwaande suver lykme-allinne efter, mei inkeld Ramón as selskip. Hy sjocht dan syn kâns skoan om sûnder gleskegnuvers ris wat te prebearjen. Nei't er Ramón op it hert drukt hat dat nimmen hjirfan witte mei, sealet er Ald Tonger op en besiket it hynder te beriden. Ald Tonger wol dêr neat fan witte, en smyt him tsientallen kearen ôf, mar eltse kear klaut de koppige McKay wer oerein en klimt er wer yn it seal, oant man en hynder úteinlik ta in ferstânhâlding komme.

De jûns wurdt op 'e Terrill-ranch in feest holden ta eare fan 'e oankommende trouwerij fan Pat en McKay. Op it hichtepunt fan 'e festiviteiten kringt in bewapene Rufus Hannassey it haadgebou fan 'e ranch binnen om majoar Terrill it mannewaar op te sizzen. Hy makket dúdlik dat it him net folle skele kin dat syn soannen in wan bruien krigen hawwe, mei't se dat wol fertsjinne hawwe sille, mar hy warskôget dat Terrill-en-dy de folgjende kear dat se nei Blanco Canyon ride om froulju en bern te terrorisearjen, dêr net libben mear weikomme sille. Hy daget majoar Terrill út om him no en hjir, foar it each fan alle feestgongers, dea te sjitten. As Terrill dêr net op reägearret, seit er dat er makliker foar him meitsje sil troch fuort te rinnen, sadat Terrill him yn 'e rêch sjitte kin, wat ommers mear syn styl is. It ynsidint makket foar McKay pynlik dúdlik wat er sa njonkelytsen as freze, dat er hjir yn Teksas midden yn in langjierrige en heech oprinnende fete telâne kommen is.

De oare deis set McKay ôf foar in rit oer de flakten, wêrfan't eltsenien yn Teksas opskept wat "in grut lân" it is. McKay, dy't de oseaan wend is, fynt dat wol wat tafallen. Hy fertelt inkeld oan Ramón dat er fuortgiet en seit tsjin nimmen wat er yn 't sin hat. Sadree't Pat en majoar Terrill syn ôfwêzigens opmerke, begjinne se harren ûngerêst te meitsjen, want op 'e flakten kin men maklik ferdwale en in Easterling as McKay hat hielendal gjin hoop om dêr it paad te finen.

Dy typyske ûnderskatting fan McKay syn fermogens blykt nearne op basearre te wêzen. De seeman hat in lânkaart en in kompas en rêdt him prima. Hy riidt nei de rivier Big Muddy, dy't it iennichste oerflaktewetter yn 'e wide omkriten foarmet dat yn 'e drûge jiertiid net opdrûget. It is ien fan 'e dingen dêr't de Terrills en de Hannasseys om fjochtsje. De rivier leit op it lân fan 'e âlde Maragon-ranch, dy't eigendom is fan 'e lêste telch út dat skaai, skoaljuffer Julie Maragon. Har pake en heit joegen yn 'e drûge tiid altyd de keppels kij fan sawol de Terrills as de Hannasseys tagong ta de rivier. Julie wol de âld ranch eins wol ferkeapje, mar as se him oan Terrill ferkeapet, sil dy de Hannasseys tagong ta it wetter wegerje, en as se him oan Hannassey ferkeapet, sil dy itselde mei de Terrills dwaan. McKay biedt oan om 'e Maragon-ranch te keapjen as houliksgeskink foar Pat, mar seit dêrby ta dat er ek de Hannasseys tagong ta de rivier jaan sil. Julie beslút op syn oanbod yn te gean en de ranch oan him oer te dwaan.

Underweis werom nei de Terrill-ranch stjit McKay by nacht op Leech en in groepke cowboys dy't om in kampfjoer hinne sitte nei't se de hiele dei nei McKay oan it sykjen west hawwe. Leech beweart neitiid dat er McKay fûn hat (wylst it dúdlik oarsom wie), en dat McKay ferdwaald wie (wat net wier is). Werom op 'e ranch siket Leech, dy't eins sels in eachje op Pat hat, rûzje mei McKay troch him in liger te hjitten as McKay besiket út te lizzen dat er nea ferdwaald wie. McKay wegeret lykwols om himsels ta in fjochtpartij manipulearje te litten, en seit tsjin Leech dat dy noris begripe moat dat hy (McKay) net op 'e betingsten fan oaren wediveret, net mei hynders, net mei wapens en ek net mei de fûsten. Leech bliuwt yn betizing efter, en majoar Terrill en Pat keare McKay teloarsteld de rêch ta, mei't se net begripe kinne hoe't immen sa foar it each fan alle cowboys syn eigen leffens tentoanstelle doar. Werom yn it haadgebou fan 'e ranch freget McKay Pat oft se net witte wol wat er dien hat yn it skoft dat er fuort wie, mar sy seit dat har dat neat skele kin, en ferwyt him dat er har te skande makke hat mei syn leffe hâlden en dragen. McKay seit dêrop dat er de oare moarns syn yntrek yn it hotel yn it doarp nimme sil, en Pat antwurdet dat har dat skoan taliket.

Letter dy nacht makket de sliepeleaze McKay Leech wekker yn in bygebou fan 'e ranch. No't der nimmen by is, wol er wol mei de foarman fjochtsje. De beide mannen rinne in ein de flakte op en begjinne opinoar yn te slaan. Leech ferwachtet dat er gau-gau mei McKay ôfweve kin, want yn syn belibbing kin der mar ien útlis wêze foar it feit dat in man inkeld fjochtsje wol as nimmen it sjen kin, en dat is dat er der wis fan is dat er ferlieze sil. Mar McKay blykt in like taaie fjochter te wêzen as Leech sels, en as de beide mannen op 'e lêst skjin ynein binne, beslute se it gefjocht mar ûnbeslist te litten. McKay freget Leech, wylst er fuortrint: "Wat hawwe wy hjir no eins mei bewiisd?" Dat is in gedachte dy't Leech oan it tinken set. Hy begjint einlings respekt foar McKay te krijen.

Nei't McKay de oare moarns de ranch ferlitten hat, komt Julie Maragon del en fynt de stúmjende Pat allinne yn har sliepkeamer. Julie leit hat út dat McKay de Maragon-ranch foar har kocht hie, en teffens kriget se fan Ramón los dat McKay Ald Tonger beriden hat. Pat freget hokfoar man oft soks no yn it geheim docht, en Julie antwurdet dat dat it soarte man is dat beslist net beskuldige wurde wol fan opskeppen. Pat beslút om te besykjen de rûzje mei har ferloofde by te lizzen. Werom yn it doarp moetet Julie McKay, dy't har freget oft er de Maragon-ranch wol hâlde mei no't er dy net mear as houliksgeskink oan Pat jaan sil. Julie stimt yn mei syn plan om sels rancher te wurden op 'e Maragon-ranch. Letter komt Pat del yn it hotel, wêrby't se McKay de duëllearpistoalen weromjout dy't er oan 'e majoar jûn hie. Se besiket it skeel mei him by te lizzen, mar McKay hat no begrepen dat er in freeslike flater begien hawwe soe as er mei Pat troud wie. Syn beslút om syn relaasje mei har te ferbrekken stiet fêst. Hja freget him wêrom't er dan de Maragon-ranch foar har kocht hat. As er har útleit dat der gjin sprake fan wêze koe dat de Hannasseys de tagong ta de Big Muddy ûntsein waard, beseft se dat se him nea begripe sil en giet se fuort.

Underwilens makket Rufus Hannassey plannen om majoar Terrill te fluch ôf te wêzen. Syn soan Buck hat him wysmakke dat Julie Maragon fereale op him is, en Rufus, dy't neat fan 'e ferkeap fan 'e Maragon-ranch ôfwit, hat hoop dat er troch in houlik fan Buck mei Julie oan har ranch komme kin, wêrnei't er de Terrills tagong ta de Big Muddy ûntsizze sil. Sadwaande lit er Julie ûntfiere en nei syn ranch bringe. Julie hellet him lykwols gau út 'e dream, mei't se neat fan Buck witte wol. As se fertelt dat se de Maragon-ranch oan McKay ferkocht hat, dy't Rufus Hannassey noch altyd as de oansteande skoansoan fan majoar Terrill sjocht, beslút Rufus Julie finzen te hâlden, en dêrmei Terrill-en-dy Blanco Canyon yn te lokjen, dêr't er harren yn 'e nauwe kleau útrûgje wol troch harren fan boppenôf te besjitten. Nachts kringt Buck de keamer yn dêr't Julie opsletten is, en besiket har te ferkrêftsjen, mar ear't it dêrta komme kin, wurdt er ûnderbrutsen troch syn heit, dy't him in pak op 'e hûd jout, sadat er him op fernederjende wize ôfjaan moat.

Sadree't Terrill heart fan 'e ûntfiering fan Julie Maragon, docht er persiis wat Rufus Hannassey ferwachte, troch mei al syn cowboys nei Blanco Canyon te riden. Terrill-en-dy wurde lykwols ynhelle troch McKay, dy't nei de Hannassey-ranch riidt mei inkeld Ramón by him. Dêr oankommen leit McKay oan Rufus Hannassey út wêr't de foarke fêstsit: de Maragon-ranch bliuwt sines ek al is syn houlik mei Pat Terrill no fan 'e baan, en de Terrills en de Hannasseys krije allegearre frije tagong ta de Big Muddy. Ek easket er dat Hannassey Julie gean lit. Underwilens hat Buck Hannassey lykwols Julie ynflústere dat der McKay deasjitte sil as se net soarget dat er ophoepelet. Julie beart dêrom dat se út frije wil by de Hannasseys kommen is en dat McKay har gewurde litte moat.

Rufus Hannassey beseft dat McKay en Julie inoar besykje te beskermjen om't se fereale opinoar rekke binne. Hy twingt syn soan Buck om akkoart te gean mei in formeel duël mei McKay, wêrfoar't de beide duëllearpistoalen ynset wurde dy't McKay by him hat. Beide mannen kinne dêr mar ien kear mei sjitte. Se moatte mei de rêgen tsjininoar oan stean gean, tagelyk elts tsien stappen byinoar wei nimme, har omdraaie en wachtsje op 'e tastimming fan Rufus foar't se sjitte meie. Buck hâldt him lykwols net oan 'e regels en sjit sadree't er him omdraait. Hy mist lykwols en ferwûnet McKay inkeld lichtsjes mei in skampskot. Dêrnei kin McKay de tiid nimme foar syn skot, en hy rjochtet syn pistoal sekuer op Buck. Nei in stikmannich tellen kin dy de spanning net mear oan en lit er syn wier aard sjen troch yninoar te krimpen en beskûl te sykjen ûnder in wein. Dat iepentlik fertoan fan leffens besljochtet it duël foar McKay, dy't de saak fierders gewurde litte wol. Buck grypt lykwols de revolver fan ien fan 'e Hannassey-cowboys en wol McKay fan efteren deasjitte, mar wurdt ynstee sels deasketten troch syn eigen heit.

Wylst Rufus Hannassey mei it libbenleaze lichem fan syn soan yn 'e earms sit, jouwe McKay, Julie en Ramón harren stilwei ôf. Rufus lit harren gean, mar betinkt him dan en riidt harren efternei. Underwilens binne majoar Terrill en syn mannen Blanco Canyon binnengien. Leech hie dat driuwend ôfret, mar de majoar wol nei gjin rede harkje. Yn 'e smelle kleau komme se fêst te sitten as de cowboys fan Hannassey grutte obstakels foar en efter harren falle litte, wêrnei't se harren fan boppenôf ûnder fjoer nimme. McKay-en-dy wurde ynhelle troch Hannassey, dy't harren hjit om stil te hâlden. Hy riidt harren foarby en jout syn mannen opdracht om op te hâlden mei sjitten. Dan daget er majoar Terrill út om te foarskyn te kommen efter de rots wei dêr't de man beskûl socht hie. De beide âlde mannen komme foarinoar oer te stean yn in twadde, minder formeel duël, en sjitte inoar mei harren gewearen frijwol tagelyk dea, wêrmei't de fete besljochte wurdt. Alle cowboys, sawol dy fan Terrill as dy fan Hannassey, komme út harren skûlplakken foar 't ljocht en stoarje ûntdien del op 'e liken fan 'e beide mannen, wylst McKay en Julie foarbyride om mei-inoar in nij libben op te bouwen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Gregory Peck.
 
Jean Simmons.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
James McKay Gregory Peck
Julie Maragon Jean Simmons
Steve Leech Charlton Heston
Patricia "Pat" Terrill Carroll Baker


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Rufus Hannassey Burl Ives
majoar Henry Terrill Charles Bickford
Ramón Gutierrez Alfonso Bedoya
Buck Hannassey Chuck Connors
Rafe Hannassey Chuck Hayward
Dude Hannassey Buff Brady
Cracker "Blackie" Hannassey Jim Burk
frou Hannassey Dorothy Adams
Terrill-cowboy #1 Chuck Roberson
Terrill-cowboy #2 Bob Morgan
Terrill-cowboy #3 John McKee
Terrill-cowboy #4 Peter Lawman

The Big Country waard regissearre troch William Wyler, dy't earder ek films as Wuthering Heights (1939) en Roman Holiday (1953) makke hie. Hy wurke nei in senario fan James R. Webb, Sy Bartlett en Robert Wilder op basis fan 'e westernroman The Big Country fan Donald Hamilton, dy't yn 1958 yn boekfoarm útkaam, mar yn 1957 ûnder de titel Ambush at Blanco Canyon al as fúljeton ferskynd wie yn The Saturday Evening Post. Wyler wie foar de filmstudio's Anthony Productions en Worldwide Productions ek as produsint by de film belutsen, tegearre mei haadrolspiler Gregory Peck. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Franz F. Planer, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Jerome Moross

De sênes yn 'Blanco Canyon' waarden filme yn it Steatspark Red Rock Canyon, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. De sênes op 'e Terrill-ranch en dy op 'e romte waarden opnommen yn it foarlân fan 'e Sierra Nevada, ek yn Kalifornje, yn 'e neite fan 'e stêd Farmington.

Regisseur William Wyler stie derom bekend dat er altyd in útwrydsk tal takes fan sênes filme, ornaris sûnder oan 'e akteurs út te lizzen wat se oan harren aktearjen feroarje moasten behalven de ynstruksje "doch it better". The Big Country wie wat dat oanbelange, gjin útsûndering. In grut diel fan 'e cast, aktrises Jean Simmons en Carroll Baker ynbegrepen, rekke sa traumatisearre troch dy behanneling dat se neitiid jierrenlang wegeren om it yn fraachpetearen oer de opnamen fan The Big Country te hawwen. Simmons sei letter dat boppe-op Wyler syn kryptyske oanwizings ek noch oanhâldend op it alderlêste stuit feroarings yn it senario oanbrocht waarden, wat it foar de akteurs ekstra dreech makke. Gregory Peck en Wyler, dy't goede freonen wiene, hiene op 'e filmset allegeduerigen rûzje, en sprieken nei it meitsjen fan The Big Country trije jier net mei-inoar, hoewol't se har letter mei-inoar fermoedsoenen. Ek Wyler en Charles Bickford rekken geregeldwei deilis, krekt sa't se dat tritich jier earder, yn 1929, dien hiene by de opnamen fan Hell's Heroes. Burl Ives hold letter lykwols út dat er him op 'e set fan The Big Country skoan fermakke hie.

Ear't de opnamen foltôge wiene, stapte Wyler op it fleantúch nei Rome om te begjinnen oan syn folgjende filmprojekt, Ben-Hur. Hy droech it filmjen fan 'e lêste sênes, oer McKay en Julie, ta ferromming fan 'e akteurs oer oan syn assistint Robert Swink. De opnamen dy't dy makke, wie Wyler sa wiis mei, dat er Swink letter in brief skreau wêryn't er him kompliminten makke en it hie oer "folsleine perfeksje".

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The Big Country waard fersoarge troch United Artists (UA). De film gie op 13 augustus 1958 yn Atlantic City yn premiêre. Yn 1981 giene de distribúsjerjochten mei de oername fan UA oer nei Metro-Goldwyn-Mayer (MGM).

De filmkritisy wiene foar it meastepart fol lof oer The Big Country. It tydskrift Variety neamde de film "ien fan 'e bêste films fan it jier" mei in "adekwate, folwoeksen" plot, "dy't by publyk fan alle soarten yn 'e smaak falle moatte soe." Neffens Harrison's Reports wie de film "in earsteklas superwestern, prachtich werjûn […]. It is in lange film, miskien te lang foar wat it ferhaal te bieden hat, mar der is nea in saai momint fan begjin oant ein, en hy hâldt jins belangstelling stevich fêst." Yn The Washington Post hie Richard L. Coe benammen lof foar de kamerarezjy fan Franz F. Planer, dy't er omskreau as "ûntsachlik". Fierders wiene "de personaazjes solide, de ferhaalline stevich, it aktearjen earsteklas, de muzyk mear as swierich […]."

Yn 'e Los Angels Times neamde Philip K. Scheuer The Big Country "te selsbewust 'epysk' om geweldich neamd te wurden", mar dêr heakke er oan ta: "yn 'e bêste stikken, dy't gauris foarbykomme, is er better as goed." John McCarten fan The New Yorker wie minder oer de film te sprekken. Neffens him wiene de aktearprestaasjes fan Charles Bickford en Burl Ives it bêste, "[m]ar sels sy kin men amper as oannimlike figueren sjen, en wat de rest fan 'e cast oanbelanget, dy kin omskreaun wurde as in soadsje houten klazen." The Monthly Film Bulletin skreau dat it besykjen fan The Big Country om in boadskip oer te bringen foar it meastepart "oerflakkich en aldendeisk" wie. De resinsint ferfette: "it sintrale personaazje fan McKay, op in monotoan eigenfoldiene toan spile troch Gregory Peck, komt nea ta libben. It is foar it meastepart oan 'e […] klimaktyske gefjochtssêne yn 'e canyon te tankjen, en oan it nijsgjirrige spyljen fan Burl Ives as Rufus, dat it gjin ûnsympatike film wurdt […]."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Big Country in ûnferbetterlik goedkarringspersintaazje fan 100%, basearre op 11 ûnderskate resinsjes.

It is ûnbekend wat de totale opbringst fan The Big Country krekt wie, sa't ek it budget ûnbekend is. Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht de film yn 'e bioskopen $3,5 miljoen op. Yn it Feriene Keninkryk wie it de op ien nei populêrste film fan 1959. De Amerikaanske presidint Dwight Eisenhower mocht sà oer The Big Country, dat er de film op fjouwer jûnen efterinoar yn it Wite Hûs fertoane liet. Yn in opinypeiling dy't yn 2006 troch it Britske tydskrift Empire holden waard, kaam The Big Country op it 187e plak te stean op in list fan 'e bêste films ea makke. Yn datselde jier waard de film foar preservaasje útornearre troch it Academy Film Archive.

The Big Country wûn yn 1959 de Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur (Burl Ives). De film waard nominearre foar twa Oscars, wêrûnder dy foar bêste filmmuzyk, en wûn de priis foar bêste byrol fan in akteur (Ives). De film waard ek nominearre foar de Britske BAFTA Award foar bêste film, wylst William Wyler nominearre waard foar de Directors Guild of America Award foar bêste rezjy fan in spylfilm.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.