The Dictator (film út 2012)
The Dictator is in Britsk-Amerikaanske satiryske swarte komeedzje, dêr't ek eleminten fan in romantyske komeedzje yn ferwurke sitte. De film datearret út 2012 en stie ûnder rezjy fan Larry Charles. It wie in projekt fan 'e Britske komyk Sasha Baron Cohen, dy't de titelrol spile en teffens as senarioskriuwer en produsint by de film belutsen wie. De wichtichste ûnderstypjende rollen waarden spile troch Anna Faris en Ben Kingsley. De titel betsjut "De Diktator". It ferhaal giet oer Haffaz Aladeen, de diktator fan it fiktive Noardafrikaanske lân Wadiya, dy't ûnder in besyk oan 'e Feriene Naasjes yn New York troch syn omke Tamir ferfongen wurdt troch in dûbelgonger dy't docht wat Tamir seit. Aladeen ûntkomt lykwols oan 'e dea en wurdt winkelbetsjinde yn in feganistyske supermerk, dêr't er op wraak sint en plannen smeit om wer oan 'e macht te kommen. Behalven mei diktators en de Arabyske wrâld hat de film ek de gek mei Joaden en de Feriene Steaten. Fan 'e filmkritisy krige The Dictator mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie it in kommersjeel súkses.
The Dictator | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Larry Charles | |
produsint | Sacha Baron Cohen Alec Berg Anthony Hines David Mandel Scott Rudin Jeff Schaffer Todd Schulman | |
senario | Sacha Baron Cohen Alec Berg David Mandel Jeff Schaffer | |
kamerarezjy | Lawrence Sher | |
muzyk | Erran Baron Cohen | |
filmstudio | Four By Two Films | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Sacha Baron Cohen Anna Faris | |
byrollen | Ben Kingsley Jason Mantzoukas John C. Reilly Bobby Lee | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 16 maaie 2012 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | satiryske swarte komeedzje | |
taal | Ingelsk (ek wat Hebriuwsk) | |
spyltiid | 83 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $65 miljoen | |
opbringst | $179,4 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeIt fiktive Noardafrikaanske lân Wadiya (op in lânkaart toand mei deselde grinzen as Eritreä) wurdt no al jierrenlang regearre troch admiraal-generaal Haffaz Aladeen. Dat is in bernige, seksistyske, rasistyske, anty-Westerske, antysemityske diktator, dy't himsels omjout mei tsjeppe boarstige froulike liifwachten, en dy't fierders islamistysk terrorisme oanfiteret en eigen nukleêre wapens ûntwikkelje lit om Israel te ferdylgjen. Hy biedt yn syn paleis ûnderdak oan 'e echte Osama bin Laden, nei't de Amerikanen in jier earder dy syn dûbelgonger fermoarde hawwe. (Dêr hat er trouwens al spyt fan, mei't je neffens Aladeen pas witte wat terrorisme is as je nei it húske moatte nei't Bin Laden dêr krekt west hat.)
Op it persoanlike flak jout Aladeen lieding oan in kultus fan selsferhearliking, bgl. troch alderhanne wurden út it Wadiyaanske wurdboek te ferfangen troch "Aladeen". Syn rykdom en politike ynfloed brûkt er om alderhanne Hollywood-stjerren te beteljen om seks mei him te hawwen, ûnder wa Megan Fox, Oprah Winfrey en Arnold Schwarzenegger. Eins is er lykwols mar in sielich mantsje dat tige iensum is.
Nettsjinsteande al Aladeen syn nuvere fiten is it syn ûnwil om 'e grutte ierdoaljefoarrieden fan Wadiya eksploitearje te litten, dat ta in konfrontaasje mei it Westen liedt. Aldadeen hat nammentlik op syn heite stjerbêd in ûnthjit oan syn heit dien, dy't foar him diktator wie, dat er it lânskip en de natoerskientme fan Wadiya nea bedjerre soe troch de oaljeyndustry yn it lân ta te litten. Dat kin it oan oalje ferslave Westen lykwols net tastean, dat de Feilichheidsried fan 'e Feriene Naasjes jout Aladeen in ultimatum om 'e ierdoaljemaatskippijen yn syn lân oalje opboarje te litten, of oars komt der in militêre ynfal. Aladeen beslút dêrop nei it Haadkertier fan 'e Feriene Naasjes yn New York te reizgjen om 'e Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes ta te sprekken.
De earste nachts nei syn oankomst yn New York wurdt Aladeen bewusteleas slein en ûntfierd út syn hotelkeamer. As er wer bykomt, wurdt er fêstholden troch Clayton, in Amerikaanske hierling dy't foar de doer fan syn ferbliuw yn New York oansteld wie as haad befeiliging. It docht bliken dat dy Clayton eins in hiermoardner is, dy't betelle wurdt om Aladeen út 'e wei te romjen. Ynstee dat er de diktator gewoan deasjit, wol er him op yngewikkelde wize deamartelje. Hy begjint mei it ôfskearen fan it ikoanysk ringburd fan 'e diktator. As er dat neitiid foar de eagen fan Aladeen ferbrâne wol, stekt er by fersin himsels yn 'e brân. Clayton komt om, wylst Aladeen himsels wit te befrijen om dêrnei yn syn ûnderguod en mei in kealskeard kin te ûntsnappen. Hy stelt de klean fan in dakleaze en tsjocht New York yn.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As er weromkomt by syn hotel, it Lancaster, ûntdekt Aladeen lykwols dat de steatsgreep it wurk is fan syn ferriedlike omke en rjochterhân Tamir Aladeen. Dyselde hie syn broer, Aladeen syn heit, opfolgje wollen as diktator, mar waard oerslein. Sûnt hat er tasjen moatten hoe't syn omkesizzer der in potsje fan makket. No hat er de echte Aladeen ferfongen troch de dûbelgonger Efawadh, in ûnnoazele geitehoeder dy't krekt docht wat hy seit (as er teminsten begrypt wat der fan him frege wurdt, wat lang net altyd sa is). It is Tamir syn bedoeling om Efawadh in nije, demokratyske grûnwet ûndertekenje te litten, dy't de doar iepenje soe foar Westerske ierdoaljemaatskippijen. Mei Exxon, BP, Gazprom en de Sineeske steatsoaljemaatskippij hat Tamir oerienstimming berikt oer it beteljen fan in 'finerslean' oan himsels.
De echte Aladeen is sûnder syn burd ûnwerkenber, dat hy komt it hotel net yn. Underwilens lêst Tamir yn 'e krante dat der in ferkoald lyk fûn is; dat is fan Clayton, mar Tamir giet derfan út dat it fan Aladeen is. As Aladeen middenmank in demonstraasje tsjin himsels mei geweld it Lancaster Hotel besiket binnen te kringen, wurdt er delhuft troch de plysje. Hy wurdt rêden troch de feministyske aktiviste Zoey, dy't har dappere mei-demonstrant (tinkt se) meinimt nei har feganistyske supermerk anneks cateringservice en him in baan oanbiedt. Aladeen stegeret har ôf en pykt út nei't er har en al har meiwurkers op 'e meast polityk ynkorrekte wize misledige hat. By tafal sjocht Aladeen letter op 'e strjitte "Nukleêre" Nadal rinnen, it eardere haad fan it nukleêr wapenprogramma fan Wadiya, dy't Aladeen eksekutearje litten hie nei in rûzje oer de foarm fan 'e te ûntwikkeljen kearnwapens (rûn of puntich). De diktator snapt net hoe't hy noch libje kin, en folget him nei de buert Lyts Wadiya, dy't befolke wurdt troch allegear flechtlingen en asylsikers út syn heitelân. Yn it "Dea oan Aladeen"-Restaurant, sjocht Aladeen noch folle mear lju fan wa't er de eksekúsje befelle hat. Nei in mislearre krewearjen om syn identiteit te ferbergjen, wurdt Aladeen der troch in ober fan it restaurant fan beskuldige in 'Aladeen-sympatisant' te wêzen. Hy wurdt op in hier nei lyncht, mar "Nukleêre" Nadal, de iennichste dy't begrypt wa't se foar harren hawwe, komt him te help. Hy leit Aladeen út dat syn boal by it ferset sit, en dat gjinien fan alle minsken dy't er eksekutearje litten hat ek wier eksekutearre is. Ynstee binne se allegearre it lân útsmokkele en yn ballingskip gien yn 'e Feriene Steaten. Nadal stimt deryn ta om Aladeen te helpen de gearspanning fan Tamir leech te lizzen en wer diktator te wurden, op it betingst dat er sels dan wer haad fan it nukleêre wapenprogramma wurde mei.
Mei't de cateringservice fan Zoey it kontrakt krigen hat om it iten en drinken te fersoargjen op 'e seremoanje wêrby't Efawadh de nije grûnwet ûndertekenje sil, stiet Nadal der o sa by Aladeen op oan om werom te gean nei Zoey, syn ûntskuldigings oan te bieden en de baan dy't se him oanbea dochs noch oan te nimmen. Op dy manear kin er nammentlik maklik yn it Lancaster Hotel ynfiltrearje, Efawadh útskeakelje, syn plak ynnimme en op it moment suprème de grûnwet ferskuorre ynstee fan him ûndertekenje. Mei tsjinnichheid jout Aladeen ta dat dat in goed plan is, dat hy giet werom nei Zoey, makket it goed mei har en komt yn har saak te wurkjen. Se groeie nei inoar ta nei't Zoey syn seksuele avânses ôfstegeret en him (troch in tichte doar hinne) leart hoe't er himsels ôflûke moat (wat er earder nea leard hat om't der oant no ta altyd wol in frou wie om seks mei te hawwen).
Mei Nadal giet Aladeen op in rûnflecht foar toeristen yn in helikopter, wêrby't se it om-en-by fan it Lancaster Hotel út 'e loft wei ferkenne wolle. Harren uterlik, taal en de dwersferkearde wurden dy't se brûke, oertsjûgje de oare toeristen der lykwols fan dat se Arabyske terroristen binne dy't in nije oanslach op New York út 'e loft wei oan it tarieden binne. Fan gefolgen wurde se arrestearre. As Zoey delkomt op it plysjeburo om 'e boarch foar Aladeen yn te lizzen, seit se de plysje wiidweidich it mannewaar op oer etnysk profilearjen en rasisme. Dy konfrontaasje makket dat Aladeen fereale op har rekket.
Om har te helpen, bepraat er har om him foarman yn har saak te meitsjen, wêrnei't er as in diktator yn it lyts regaad makket en dingen docht dêr't Zoey te goed foar is, lykas de takeferdieling fan 'e wurknimmers oanpasse sadat se tenei putsjes opknappe dêr't se oanlis foar hawwe, ferfelende klanten op hurdhannige manear it gat fan 'e doar wize, en in stellende meiwurker derfan oertsjûgje syn libben te betterjen troch him te marteljen mei elektryske skokken. As in ynspekteur fan 'e Waretsjinst de saak mar in midsmjittige wurdearring jout, lit Aladeen syn frou en bern gizelje oant er omlyk wol. As de grutte supermerkkeatling oare kant strjitte de saak fan Zoey út 'e merk driget te drukken, leit Aladeen dêr in ôfhoude holle tusken de wettermeloenen, wat ta de sluting fan it filiaal liedt. (De holle is fan in al ferstoarn ûnderwrâldfiguer, dy't Nadal en Aladeen yn 'e deakiste ûnthalze hawwe om't er krekt sa'n burd hat as Aladeen hie. Aladeen moat dat burd wer hawwe om it plak fan Efawadh ynnimme te kinnen.)
Meitiid krije Aladeen en Zoey in relaasje, mar sy makket it út as Aladeen oan har opbychtet wa't er eins is. Se kin net fan in man hâlde dy't syn eigen folk sa brút ûnderdrukt. Boppedat seit se de catering fan 'e seremoanje ôf. Dat betsjut dat Aladeen en Nadal in oare manear fine moatte om Aladeen yn it hotel te krijen. Se beslute ta in zipline fan in foaroersteand gebou ôf. Aladeen kringt troch it finster de hotelkeamer fan Efawadh yn, oan wa't Tamir ferteld hie dat Aladeen siik wie. No fertelt Aladeen de ûnnoazele suffert dat er wer better is en sa kin er sûnder swierrichheden syn eigen plak wer ynnimme.
By de ûndertekeningsplechtichheid ferskuort Aladeen de nije grûnwet foar it each fan 'e gearklofte media. Hy lit Tamir arrestearje en hâldt dêrnei in hertstochtlike taspraak oer de deugden fan 'e diktatuer boppe dy fan 'e demokrasy. [Yn dy satiryske monolooch beskriuwt er in diktatuer, mar neamt er allegear dingen op dy't ek fan tapassing binne op 'e Feriene Steaten.] As er lykwols in gûlende Zoey efter yn 'e seal gewaarwurdt, feroaret de taspraak stadichoan fan toan. Aladeen swart úteinlik dat er Wadiya demokratisearje sil en eksploitaasje fan 'e oaljefjilden tastean sil, mar net ûnder de grûnwet fan Tamir, dy't de rykdom yn 'e hannen fan in lyts klykje lju om 'e macht hinne jaan soe, mar op in wize wêrby't de hiele befolking fan 'e nije wolfeart profitearje sil. Zoey komt nei foarren ta en Aladeen ferklearret har syn leafde. Underwilens brekt de poerrazene Tamir los en besiket Aladeen dea te sjitten, mar Efawadh springt yn 'e baan fan it skot en wurdt yn 'e holle rekke. Lokkigernôch binne de harsens foar him gjin lichemsdiel fan belang, dat hy oerlibbet it ûnferoare. Tamir wurdt neitiid yn 'e boeiens slein en ôffierd.
In jier letter wurde yn Wadiya de earste demokratyske ferkiezings holden, dy't troch kiezeryntimidaasje en stimbusfraude einigje yn in oerweldigjende oerwinning foar presidint-premier-admiraal-generaal Aladeen. Neitiid trout er mei Zoey, mar by it sluten fan it houlik wurdt er ûnoangenaam ferrast as bliken docht dat sy Joadsk is. Under de ôftiteling wurde bylden toand fan it konfoai fan Aladeen (dat no troch de ynfloed fan Zoey bestiet út eko-freonlike auto's) by in besyk fan 'e presidint oan Nadal. Dyselde is no wer haad fan it nukleêr wapenprogramma fan Wadiya, mar hy en Aladeen krije op 'e nij rûzje oer de foarm fan 'e kearnbommen. Yn in tillefyzje-ynterview mei har en Aladeen makket Zoey bekend dat se swier is fan harren earste bern; Aladeen reägearret troch te freegjen oft it "in jonkje of in abortus" is.
Langere ferzje
bewurkje seksjeDer bestiet ek in langere ferzje fan 'e film, dy't net yn 'e bioskoop útbrocht is om't er yn 'e Feriene Steaten net troch de filmkeuring kommen wie. Dy ferzje is 98 minuten lang tsjin 83 minuten foar de bioskoopferzje. It ferskil is foar it meastepart seksuele ynhâld en dialooch. Sa is der in sêne wêryn't Aladeen efteryn de supermerk yn 'e sliep falt en ien fan syn eardere liifwachten, Etra, him op befel fan Tamir besiket te fermoardzjen troch him dea te slaan mei har ûnbidich grutte boarsten. In oare tafoege sêne is in petear fan Zoey mei Ogden, de manager fan it Lancaster Hotel, wêrby't it cateringkontrakt ferbrutsen wurdt.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
presidint-premier-admiraal-generaal Haffaz Aladeen | Sacha Baron Cohen |
Zoey | Anna Faris |
- byrollen
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeThe Dictator waard regissearre troch Larry Charles nei in senario fan Sacha Baron Cohen, Alec Berg, David Mandel en Jeff Schaffer. Neffens Schaffer en Mandel wie it útwrydske personaazje fan Aladeen basearre op wiere eksintrike diktators, lykas Kim Jong-il fan Noard-Koreä, Idi Amin fan Oeganda, Mûammar Chadaffi fan Lybje, Mobutu Sese Seko fan Saïre en Saparmoerat Nijazov fan Turkmenistan. Filmdistributeur Paramount Pictures hold út dat de film ynspirearre wie troch de roman Zabibah and the King, fan 'e Iraakske diktator Saddam Hoessein, mar The New York Times berjochte letter dat dêr net folle fan oan wie. Neffens de begjintitels is de film opdroegen oan 'e "leafdefolle oantins" oan Kim Jong-il.
As produsinten wiene Baron Cohen, Berg, Mandel, Schaffer, Anthony Hines, Scott Rudin en Todd Schulman by it projekt belutsen foar de filmstudio Four By Two Films. De film wie in Britsk-Amerikaanske ko-produksje, dêr't in budget foar beskikber wie fan $65 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Lawrence Sher, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Erran Baron Cohen.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar The Dictator setten yn juny 2011 útein en duorren oant yn augustus fan dat jier. De sênes yn New York waarden dêr ek opnommen, mar foar de sênes yn it net echt besteande Wadiya waard filme yn Marokko en op it Kanaryske eilân Fuerteventura. It Plaza de España, yn it Spaanske Sevilla, gie troch foar it eksterieur fan it paleis fan Aladeen.
De Feriene Naasjes wegeren om sênes foar de film opnimme te litten yn harren haadkertier yn New York. Dat leine se neffens Baron Cohen út troch te sizzen: "Wy fertsjintwurdigje in protte diktators, en dy sille tige lulk wurde troch hoe't jo harren portrettearje, dus jo kinne hjir net filmje." Doe't in wurdfierder fan sekretaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes Ban Ki-moon dêr troch de media oer ûnderstien waard, woed er inkeld sizze: "Sacha Baron Cohen hat in geweldich gefoel foar humor." De sênes yn it haadkertier fan 'e Feriene Naasjes waarden sadwaande opnommen yn 'e Grumman Studios yn Bethpage (New York).
Hoewol't Aladeen ôfskildere wurdt as in antysemyt dy't Israel ferdylgje wol, is de taal dy't er yn ferskate sênes yn 'e film sprekt (en dy't skynber foar Arabysk trochgean moat), eins Hebriuwsk, mei't Baron Cohen sels in Joad is.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan The Dictator waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 16 maaie 2002 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. De film waard dat jiers yn septimber ek fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 8 maaie 2012.
Sinsuer
bewurkje seksjeThe Dictator waard yn ferskate lannen dy't regearre waarden troch in echte diktator om foar de hân lizzende redens ferbean. Dêrûnder wiene Wyt-Ruslân, Tadzjikistan en Turkmenistan. Yn Kazachstan waard er ferbean nei earst twa wiken yn 'e bioskopen fertoand te wêzen. Yn Oezbekistan mocht er wol fertoand wurde, mar pas nei't de sinsuer der tolve minuten oan byldmateriaal út knipt hie. Yn Maleizje waard de film ferbean omreden fan 'e ferskate fulgariteiten dy't deryn foarkamen, dy't beskôge waarden as net yn oerienstimming te bringen mei de noarmen en wearden fan it lân. Yn Pakistan kaam in swier sinsurearre ferzje út. Yn Itaalje waard de ferwizing nei de "Italjaanske premier" yn 'e sêne mei Megan Fox feroare yn 'e generike term "politikus" om 'e doetiidske Italjaanske premier Silvio Berlusconi, op wa't de ferwizing rjochte wie, net foar de holle te stjitten.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige The Dictator mingde resinsjes. The Washington Post hie it net op The Dictator stean. De krante skreau: "Baron Cohen is lokkigernôch opholden mei it yn 'e fâle rinne litten fan echte minsken foar teannekromjende fraachpetearen. Mar in iere grap mei in Wii-spultsje dat basearre is op 'e oanslaggen op 'e Olympyske Spullen fan München is der fier by troch, in running joke oer dat Hollywoodstjerren harsels protituëarje soene, sakket al rillegau yn, en litte we de regel oan hâlde dat grappen oer ferkrêfting gewoan net grappich binne." Slant Magazine wie noch útsprutsener en skreau dat The Dictator "ien fan 'e grutste komeedzjeteloarstellings fan it jier" wie, en dat de film "net sasear kontroversjele kwestjes oankaartet, as wol toant hoe't in grutte satirist de planke mis slaan kin."
Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times, lykwols, joech de film 3 fan 4 stjerren en skreau: "[De film] is behalven obseen, walchlik, skatologysk, fulgêr, rou, ensfh. ek grappich. Mei't ik Sascha Baron Cohen de film oanpriizgjen sjoen hie yn ûntelbere praatprogramma's, wie ik bang dat er oanfiele soe as déjà-vu. Mar nee. [Baron Cohen] makket der hjirmei oanspraak op dat er de bêste noch wurkjende komeedzjefilmmakker is. En yn in taspraak [yn 'e film] oer diktatueren oefenet er ûnmeilydsume politike satire út."
Yn it tydskrift Rolling Stone ferliek Peter Travers The Dictator mei grutte satires oer diktators út it ferline, lykas Duck Soup (1933) fan 'e Marx Brothers en The Great Dictator (1940) fan Charlie Chaplin. De Irish Examiner neamde de film in "fleurich wansmaaklike 'fisk-út-it-wetter'-komeedzje, dy't sân yn it each fan 'e politike korrektheid struit". Deselde krante skreau ek: "gjin ûnderwerp is feilich – de terroristyske oanslaggen fan 11 septimber, ferkrêfting, seksuele gelikensens, it joadendom – en de film fan Larry Charles wâdet ek bliidmoedich oer maatskiplike taboes hinne, wêrby't er faker rekke sjit as mist wylst de titulêre despoat him tjirget yn dy kapitalistyske boarterstún dy't New York hjit."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Dictator in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 222 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is ferskriklik ûngelikens, mar konsekwint provokatyf, en dêrmei in […] komeedzjefilm dy't dermei troch kin." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Dictator in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 41 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeThe Dictator brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $59,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $119,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $179,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $65 miljoen betsjut dat in winst fan $114,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|