The Man Who Would Be King (film)
The Man Who Would Be King is in Britsk-Amerikaanske aventoerefilm út 1975 ûnder rezjy fan John Huston. De senario fan Huston en Gladys Hill wie basearre op it koarte ferhaal The Man Who Would Be King fan 'e bekende Ingelske skriuwer Rudyard Kipling, út 1888. De haadrollen waarden spile troch Sean Connery en Michael Caine as twa Britske aventoerslju en âld-ûnderofsieren yn Britsk-Ynje dy't harsels kening meitsje wolle fan Kafiristan, in ôfhandige úthoeke fan Afganistan. Christopher Plummer fertolke de rol fan sjoernalist Rudyard Kipling, oan wa't se harren ferhaal dogge. De film wie in produksje fan filmstudio Columbia Pictures en waard troch de filmkritisy tige goed ûntfongen.
The Man Who Would Be King | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Huston | |
produsint | John Foreman | |
senario | John Huston Gladys Hill | |
basearre op | it ferhaal fan Rudyard Kipling | |
kamerarezjy | Oswald Morris | |
muzyk | Maurice Jarre | |
filmstudio | Columbia Pictures | |
distribúsje | Columbia Pictures (ynternasjonaal) Allied Artists (Noard-Amearika) | |
spilers | ||
haadrollen | Sean Connery Michael Caine | |
byrollen | Christopher Plummer Saeed Jaffrey Shakira Caine | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 18 desimber 1975 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aventoerefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 129 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $8 miljoen | |
opbringst | $11 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeYn 1885 yn Britsk-Ynje kriget de jonge sjoernalist Rudyard Kipling, wylst er jûns let noch oan it wurk is yn it kantoar fan syn krante, besite fan in yn fodden klaaide, wol sljochtsinnich lykjende bidler. Dat blykt nimmen oars te wêzen as Peachy Carnehan, in âld-sersjant yn it Britske Leger yn Ynje, en in âlde kunde fan Kipling. Carnehan fertelt de sjoernalist it ferhaal oer hoe't hy en syn maat Danny Dravot, in oare âld-ûnderofsier, fier foarby de grinzen fan Britsk-Ynje nei Kafiristan reizge binne, in ôfhandige úthoeke fan Afganistan, mei as doel om dêr harren fortún te meitsjen.
Trije jier earder wie Kipling mei Dravot en Carnehan yn 'e kunde kommen doe't Carnehan Kipling syn festhorloazje stiel. Doe't er lykwols in frijmitselderssymboal oan it keatling ûntdiek, besefte er dat er in mei-frijmitselder berôve hie, en fielde er him twongen om it horloazje werom te jaan. Doedestiden wiene Carnehan en Dravot dwaande mei in plan om in pleatslike radja ôf te parsen, mar Kipling stiek harren in stôk yn 'e speaken troch harren oan te jaan by de Britske distriktskommissaris. Carnehan wist lykwols foar te kommen dat hy en Dravot út Britsk-Ynje deportearre waarden troch de kommissaris sels te sjantearjen.
Om't se thús yn Ingelân inkeld op in earmoedich bestean rekkenje koene, en mei't se frustrearre wiene oer it gebrek oan mooglikheden foar lukrative kriminaliteit yn Britsk-Ynje, in koloanje dy't, iroanysk genôch mei troch harren eigen ynset as militêren, almar beskaafder en mear oan regels bûn waard, doeken de beide mannen letter yn it kantoar fan Kipling op mei in riskant plan. Se wiene fan doel om Ynje alhiel te ferlitten en mei tweintich gewearen en byhearrende munysje nei Kafiristan te reizgjen, in ôfhandige úthoeke fan Afganistan, dêr't de befolking noch út heidens bestie dy't noch net bekeard wiene ta de islaam. It wie in krite dy't frijwol ûnbekend wie yn Jeropa, en dêr't sûnt de tiid fan Aleksander de Grutte amper noch lju fan bûtenôf yn trochkrongen wiene. Harren plan wie om dêr harren tsjinsten oan te bieden oan in pleatslik hearsker, dyselde te helpen om syn buorlju te ferslaan en harren gebieten te feroverjen, dan de hearsker ôf te setten, al syn besit te stellen en nei Britsk-Ynje werom te kearen beladen mei rykdommen. Kipling besocht de mannen dit plan earst te ûntpraten, mar doe't er foar it ferstân krige dat se wisberet wiene om troch te setten, joech er Dravot syn frijmitselderssymboal mei as teken fan bruorskip.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Neffens it ferhaal dat Carnehan trije jier letter oan Kipling fertelt, sprieken hy en Dravot earst plechtich ôf dat se gjin alkohol brûke soene, en dat se it likemin oanlizze soene mei froulju. Dêrnei sette de beide mannen ôf op in lange en nuodlike tocht troch it lân benoarden de Khyberpas, dy't de grins fan Britsk-Ynje mei Afganistan markearret. Inkele wiken lang tsjogge se te foet troch it berchlân fan eastlik Afganistan, wêrby't se baditen fan harren ôfslaan moatte en te meitsjen krije mei sniestoarmen en lawines. By tafal moetsje se dêr in Goerka, in Nepaleeske soldaat yn Britske tsjinst, dy't him Billy Fish neame lit. Dat is de iennichste oerlibbene fan in Britske ekspedysje nei Afganistan. Mei't er de pleatslike taal sprekt, is er foar Dravot en Carnehan fan ûnskatbere wearde as se yn Kafiristan oankomme.
Hja begjinne troch harren tsjinsten oan te bieden oan 'e haadman fan in doarp dat slim te lijen hat ûnder oerfallen troch de ynwenners fan buordoarpen. Dravot en Carnehan traine in groepke pleatslike manlju yn it gebrûk fan 'e tweintich gewearen dy't se meisleept hawwe út Britsk-Ynje wei, en komme dêrnei fanwegen tsjin ien fan 'e hate buordoarpen. Yn 'e striid wurdt Dravot yn it boarst rekke troch in pylk, mar de punt komt net troch syn bandelier fan behurde lear hinne, dat hy rekket net ferwûne. Syn eigen mannen sawol as de fijannige doarpelingen beskôgje dat as wat boppenatuerliks, en se begjinne Dravot as in god te beskôgjen.
Neitiid folget oerwinning op oerwinning, en eltse kear jouwe de krigers fan 'e fersleine doarpen harren by it leger fan Dravot en Carnehan. Uteinlik is der net ien mear oer yn Kafiristan dy't it tsjin harren opnimme kin of wol, en wurde se troch de heidenske hegepreester fan it lân útnûge en kom nei de hillige stêd Sikandergul. Dêr wurdt op oanstean fan 'e hegepreester it foarfal mei de pylk neispile, mei as doel om te sjen oft Dravot in man is of in god, wat ôfhinget fan 'e fraach oft er bliedt of net (want goaden dogge dat net). As de hegepreester him it oerhimd iepenlûkt om dat te bepalen, is er ferbjustere om Kipling syn frijmitselderssymboal te sjen dat Dravot oan in keatling om syn hals draacht. It symboal is nammentlik itselde symboal dat Aleksander de Grutte yn Kafiristan efterlitten hie doe't er ûnthiet dat er in soan stjoere soe om oer it gebiet te regearjen.
Dravot wurdt dan ynhuldige as kening en as god, en de hegepreester nimt him mei nei de keninklike skatkeamer, dy't grôtfol leit mei ûnfoarstelbere hoemannichten goud en juwiellen. Dat is no allegear fan Dravot. Carnehan wol hawwe dat se tegearre nachts útpike sille sadree't de berchpassen wer begeanber binne mei safolle bút as se mar drage kinne. Dravot, lykwols, hat no de smaak te pakken krigen en begjint nocht te krijen oan 'e ferearing fan 'e lju dy't him as god beskôgje. Hy spilet foar rjochter by ûnienichheden en feardiget wetten út. De macht fan syn keninklike status stiget him njonkelytsen alhiel nei de holle, en hy dreamt der sels fan om as útlânsk steatshaad in besyk te bringen oan keninginne Fiktoaria en as gelikense mei har te praten. As er fereale rekket op in kreas famke dat Roxana hjit, de namme fan 'e frou fan Aleksander de Grutte, seit er syn ûnthjit op om it net mei froulju oan te lizzen. Hy wol nammentlik mei it fanke trouwe om in dynasty te stiftsjen.
Roxana is lykwols deabenaud foar de godkening dy't Dravot wurden is, mei't se mient dat de oanrekking fan in god foar har de dea betsjutte sil. As er besiket har te tútsjen, byt se him yn it wang. Eltsenien sjocht dan hoe't Dravot bliedt, en men beseft dat er dochs gjin wiere god is, mar in bedrager. Breinroer oer sok skelmdwaan besykje de Kafirs Dravot en Carnehan te gripen. De mannen besykje harsels te ferdigenjen, mar de oermacht is te grut, en se wurde oermastere. Neitiid wurdt Dravot twongen en rin nei de midden fan in toubrêge oer in djippe kleau, wêrnei't de touwen oan wjerskanten trochsnien wurde. Wylst er út folle boarst de hymne The Son of God Goes Forth to War sjongt, stoart er yn 'e djipte, dêr't er tepletter slacht tsjin 'e rotsen. Carnehan wurde krusige tusken twa dinnebeammen, mar as er de oare moarns noch yn libben is, wurdt dat sjoen as in wûnder. De Kafirs litte him dan gean, mar hy is troch syn tramtearring yn lichem sawol as geast ta in brutsen man wurden. Uteinlik fynt er as bidler it paad nei Britsk-Ynje werom, dêr't er Kipling opsiket om syn ferhaal te dwaan. Neitiid jout er him wer ôf, mar op it buro fan 'e sjoernalist lit er in sek efter. As Kipling dêryn sjocht, ûntdekt er Dravot syn ôfhoude en rotsjende holle, mei de goudene kroan der noch op.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Daniel Dravot | Sean Connery |
Peachy Carnehan | Michael Caine |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Rudyard Kipling (ferteller) | Christopher Plummer |
Billy Fish | Saeed Jaffrey |
Roxana | Shakira Caine |
Ootah | Doghmi Larbi |
distriktskommissaris | Jack May |
Kafu Selim | Karroom Ben Bouih |
Babu | Mohammad Shamsi |
Ghulam | Albert Moses |
Mulvaney | Paul Antrim |
ofsier | Graham Acres |
dûnsers | De Blauwe Dûnsers fan Goulamine |
Produksje
bewurkje seksjeThe Man Who Would Be King wie al desennialang in film dy't de Amerikaanske regisseur John Huston meitsje woe, nei't er as jonge Kipling syn koarte ferhaal The Man Who Would Be King lêzen hie. Oarspronklik wied er fan doel en ferfilmje dat ferhaal yn 'e 1950-er jierren, mei de Amerikaanske akteurs Clark Gable en Humphrey Bogart yn 'e rollen fan Dravot en Carnehan, mar it slagge him net om it projekt fan 'e grûn te krijen. Doe't Bogart yn 1957 stoar, folge troch Gable yn 1960, moast er om oare haadrolspilers omsjen. Yn 'e 1960-er jierren frege Huston Burt Lancaster en Kirk Douglas foar de film, en letter Richard Burton en Peter O'Toole. Begjin 1970-er jierren naam er kontakt op mei Robert Redford en Paul Newman. It wie Newman dy't him de rie joech om Britske akteurs yn 'e haadrollen te casten, en dêrby neamde er ek de nammen fan Sean Connery en Michael Caine. Fral Caine wie tige entûsjast oer it projekt doe't er foar de rol fan Carnehan frege waard; dat hie der mei te krijen dat syn rol yn it senario oarspronklik skreaun wie foar Bogart, dy't yn syn jonkheid syn favorite akteur wie.
Wat de oare rollen oanbelange, wie Christoper Plummer, dy't de rol fan Rudyard Kipling spile, in ferfanging op it lêste momint foar Richard Burton. De iennichste froulike rol yn 'e film, dy fan Roxana, wie oarspronklik bedoeld foar Tessa Dahl, de dochter fan berneboekeskriuwer Roald Dahl en aktrise Patricia Neal. Dahl wie tige entûsjast en hie har al hielendal taret op 'e rol. Op it lêste stuit besleat Huston lykwols dat der in aktrise komme moast dy't fysyk mear liek op 'e lânseigen befolking fan Kafiristan, d.w.s. mei swart hier en in dûnkerder hûdskleur as Dahl harres. "We moatte earne in Arabyske prinsesse sjen te finen," soe Huston ûnder iten tsjin Caine sein hawwe. By datselde diner wie ek Caine syn Yndo-Guyaneeske frou Shakira oanwêzich en tegearre mei Caine wist Huston har doe te bepraten om 'e rol fan Roxana op har te nimmen.
The Man Who Would Be King waard opnommen yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire en op lokaasje yn Frankryk en yn Ouarzazate, yn Marokko. Wylst se dêr wiene makken sawol Connery as Caine fûleindich beswier tsjin 'e rasistyske behanneling fan Saeed Jaffrey, dy't yn 'e rol fan 'e Goerka Billy Fish cast wie. Caine fertelde letter dat Connery hichtefrees hie en dat er neat te noflik wie ûnder de opnamen fan 'e sêne wêryn't er nei de midden fan in toubrêge oer in djippe kleau rinne moast. It wie stuntman Joe Powell dy't de fal fan 24,3 m fan 'e toubrêge útfierde en delkaam op in steapel matrassen en kartonnene doazen. Hy fierde de stunt sekuer út, mar as der wat misgien wie, hie it perfoarst syn dea betsjut.
Regisseur Huston wie ek by de film belutsen as senarioskriuwer, yn 'e mande mei Gladys Hill. Filmrodusint wie John Foreman foar de filmstudio Columbia Pictures. Dy die de wrâldwide distribúsje, útsein yn Noard-Amearika, dêr't de distribúsje fersoarge waard troch de Allied Artists Pictures Corporation. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Oswald Morris, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Maurice Jarre. Der wie in budget beskikber fan $8 miljoen. The Man Who Would Be King gie op 18 desimber 1975 yn 'e bioskopen yn premiêre. De film waard letter ferskate kearen útbrocht en werútbrocht op dvd, de lêste kear yn 2010 troch Sony Pictures Home Entertainment.
Ferskillen mei it ferhaal fan Kipling
bewurkje seksjeThe Man Who Would Be King is oer it algemien in trouwe ferfilming fan it ferhaal fan Kipling út 1888. Der binne lykwols lytse ferskillen:
- Yn 'e film is de sjoernalist Kipling de ferteller; yn it ferhaal wurdt de namme fan 'e sjoernalist net neamd, en wurdt inkeld suggerearre dat it om Kipling sels giet.
- De skatkeamer mei de rykdommen fan Aleksander de Grutte, dy't Dravot en Carnehan yn 'e film te sjen krije, komt yn it ferhaal net foar.
- Billy Fish, yn 'e film in Goerka dy't earder yn it Britske Leger tsjinne, is yn it ferhaal in lânseigen haadman út Kafiristan, dy't trou is oan Dravot en Carnehan.
- Yn 'e film fungearret Billy Fish as tolk foar Dravot en Carnehan, wylst yn it ferhaal Dravot withoefolle talen sprekt, wêrûnder de taal fan Kafiristan.
- Yn 'e film rekket Dravot fereale op 'e kreaze Roxana en beslút op basis dêrfan om har ta frou te nimmen; yn it ferhaal beslút er earst om te trouwen en sjocht er syn breid pas op 'e brulloft.
- Yn 'e film lit Carnehan de ôfhoude holle fan Dravot efter op it buro fan Kipling, wylst Carnehan yn it ferhaal de holle inkeld sjen lit oan 'e nammeleaze ferteller, om him dêrnei wer mei te nimmen.
- De film einiget as Kipling de holle fan Dravot sjocht, mar it ferhaal giet dêrnei noch fierder: de oare deis sjocht de ferteller Carnehan yn 'e middeissinne by de wei lâns krûpen, en lit er him nei it pleatslike gesticht bringe. As er dêr twa dagen letter neifraach nei him docht, wurdt him ferteld dat Carnehan stoarn is oan in sinnestek.
Untfangst
bewurkje seksjeThe Man Who Would Be King waard troch de filmkritisy goed ûntfongen en krige oer it algemien loovjende resinsjes. Yn it tydskrift New York skreau John Simon dat hy de film beskôge as Huston syn bêste wurk sûnt The African Queen, 23 jier earder. Yn Time skreau Jay Cocks: "John Huston woe dizze film al mear as tweintich jier meitsje. It wie it wachtsjen wurdich." De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert joech de film fjouwer stjerren en foege dêr oan ta: "It is lang lyn dat der in eskapistysk fermaak west hat dat sa skamteleas en spannend en ûnderhâldend wie."
Guon resinsinten fûnen lykwols dat de film te lang wie en dat Caine syn rol oeraktearre hie. Sa skreau it blêd Variety: "Oft it no de bedoeling fan John Huston wie of net, [d]it ferhaal fan aksje en aventoer is in te min útwurke komeedzje, foar it meastepart troch de minne prestaasje fan Michael Caine." Sawol Sean Connery as Michael Caine fûnen lykwols The Man Who Would Be King de bêste fan alle films út harren oeuvre. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't filmresinsjes sammelet, hat de film it tige hege goedkarringspersintaazje fan 96%.
Resultaat
bewurkje seksjeThe Man Who Would Be King brocht yn totaal $11 miljoen op, wat op in budget fan $8 miljoen delkomt op in winst fan $3 miljoen. De film waard nominearre foar fjouwer Oscars: bêste art direction (Alexandre Trauner, Tony Inglis en Peter James); bêste adaptearre senario (John Huston en Gladys Hill); bêste kostúmûntwerp (Edith Head); en bêste filmediting (Russell Lloyd). Komponist Maurice Jarre waard fierders nominearre foar in Golden Globe yn 'e kategory bêste orizjinele filmmuzyk. Edith Head waard ek nominearre foar in BAFTA Award foar bêste kostúmûntwerp, en Oswald Morris waard nominearre foar in BAFTA Award foar bêste sinematografy.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |