Unstoppable (film út 2010)

Unstoppable is in Amerikaanske aksjeskriller en rampefilmút 2010 ûnder rezjy fan Tony Scott, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington, Chris Pine en Rosario Dawson. De titel betsjut "Net te Stopjen" of "Untsjinkearber". De film is loskes basearre op it wier barde ynsidint mei de CSX 8888, en fertelt it ferhaal fan in frachttrein dy't op 'e rin giet en de beiden mannen dy't har libben weagje om him te stopjen. Unstoppable wie de lêste film dy't Tony Scott regissearre foar syn ferstjerren. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Unstoppable waard yn 2011 nominearre foar de Oscar foar bêste lûdsmontaazje.

Unstoppable
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Tony Scott
produsint Julie Yorn
Tony Scott
Mimi Rogers
Eric McLeod
Alex Young
senario Mark Bomback
basearre op ynsidint mei de CSX 8888
kamerarezjy Ben Seresin
muzyk Harry Gregson-Williams
filmstudio Dune Entertainment
Scott Free Productions
Prospect Park
Millbrook Farm Productions
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Denzel Washington
Chris Pine
Rosario Dawson
byrollen Ethan Suplee
Kevin Dunn
Kevin Corrigan
Lew Temple
T.J. Miller
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 26 oktober 2010
foarm langspylfilm
sjenre aksjeskriller / rampefilm
taal Ingelsk
spyltiid 98 minuten
budget en resultaten
budget $85-100 miljoen
opbringst $167,8 miljoen

Wylst se op in ranzjearterrein yn noardlik Pennsylvania in frachttrein fan 'e (fiktive) Allegheny and West Virginia Railroad (AWVR) ferpleatse, litte de ynkompetinte spoarweimeiwurkers Dewey en Gilleece de trein by fersin op eigen krêft ôfsette sûnder dat der immen oan board is. Mei't se yn 't earstoan miene dat er op it heuvelige terrein allinne mar oan it útrôljen is, oarderet terreinmaster Connie Hooper Dewey, Gilleece en lasker Ned Oldham om der yn 'e auto efteroan te gean. As blykt dat de trein it punt dêr't se him opwachtsje wolle, al foarby is, kriget Oldham foar it ferstân dat er op folle krêft oan it riden is. Mei't de trein út 39 wagons bestiet dy't lutsen wurde troch twa GE AC4400CW-road-switcher-lokomotiven efterinoar (#777 foarop en #767 dêr fuort efteroan), is dat in grut probleem.

Connie nimt kontakt op mei Oscar Galvin, de adjunkt-direkteur fan 'e AWVR mei foech oer treinoperaasjes, en warskôget de pleatslike plysje en de steatsautoriteiten om alle spoarwei-oergongen ôf te sluten. Scott Werner, in ynspekteur fan 'e Federal Railroad Administration (FRA), ûntdekt by in besyk oan it ranzjearterrein dat acht fan 'e 39 wagons laden binne mei it tige giftige en licht ûntflambere raande fenol, wat betsjut dat in ûntspoaring fan 'e trein yn bewenne gebiet in grutte ramp mei foar 't neist in protte deadlike slachtoffers feroarsaakje soe. It nijs fan 'e op 'e rin sleine trein lekt al rillegau út nei de media, dy't oan ien wei troch oer de gefaarlike en spektakulêre sitewaasje begjinne te berjochtsjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Connie oppenearret om 'e trein mei opsetsin ûntspoare te litten op it tinbefolke plattelân, foar't er gruttere plakken berikke kin. Galvin ferwiist dat idee lykwols daliks nei de foddekoer, om't de skea oan 'e trein de spoarweimaatskippij hannen fol jild kostje soe. Ynstee lit er twa oare keppele lokomotiven, dy't bestjoerd wurde troch masinist Judd Stewart, foàr de op 'e rin sleine trein ride om dy ôf te remjen, sadat in oare spoarweiwurknimmer, de eardere marinier Ryan Scott, út in helikopter nei lokomotyf #777 abseile kin om dêr de rem derop te setten.

It plan rint lykwols út op in fiasko as Scott bewusteleas rekket trochdat er oan 'e abseilkeabel tsjin it foarrút fan 'e efteropkommende #767-lokomotyf slein wurdt. As Stewart dêrnei besiket om 'e #777 (en dêrmei de hiele trein) in sydspoar op te lieden, slagget it him net om 'e trein dêrfoar genôch ôf te remjen. Inkeld syn eigen beide lokomotiven ride it sydspoar op, dêr't se troch har te grutte faasje ûntspoare. Stewart komt dêrby om, wylst de trein op 'e rin gewoan rjocht troch riidt op it haadspoar. Connie en Galvin beseffe dat de trein no ûntspoare sil yn 'e Bocht fan Stanton, in skerpe bocht yn 'e spoarline dêr't dy op in fiadukt oer de beboude kom fan 'e tichtbefolke (fiktive) stêd Stanton (Pennsylvania) hinne laat wurdt. Galvin stimt dêrom einlings yn mei plannen om 'e trein ûntspoare te litten bûten it lytsere plak Arklow (Pennsylvania).

Underwilens is in oare frachttrein fan 'e AWVR, lutsen troch lokomotyf #1206 mei oan board de mei desennia oan ûnderfining bejeftige masinist Frank Barnes en de griene kondukteur Will Colson, op itselde spoar ûnderweis yn 'e tsjinstelde rjochting. De warskôging oan harren oer de op 'e rin sleine trein komt te let om in sydspoar yn te slaan, mei't harren trein dêrfoar tefolle faasje hat. Barnes wit, krekt foar't it ta in frontale botsing komt, syn trein in koart parallel rinnend útwykspoar foar needgefallen op te stjoeren. De #777 is dan al sa tichtby, dat er de lêste beide wagons fan 'e #1206 fan it spoar riidt. Yn it foarbygean sjocht Barnes dat de lêste wagon fan 'e #777 in iepen keppeling hat. Dat betsjut dat er syn eigen lokomotyf oan 'e op 'e rin sleine trein keppelje kin om dy ôf te remjen foar't er de Bocht fan Stanton berikt.

Wylst Colson de wagons fan 'e #1206 loskeppelet op it útwykspoar, jout Barnes syn plan troch oan Connie en Galvin. Dy lêste wiist it sûnder mear ôf, om't er de sitewaasje al ûnder kontrôle hat troch de ûntspoaring by Arklow. Barnes oppenearret syn op jierren fan ûnderfining mei treinen basearre miening dat dy ûntspoaring net wurkje sil, om't de #777 ûnderwilens safolle feart opboud hat, dat er dwers troch de ûntspoaringsmeganismen hinne batse sil. Galvin bedriget Barnes mei ûntslach as er syn sin trochset en him mei it spul bemuoit, mar Barnes fertelt syn baas koeltsjes dat er syn oansizzing fan ferplichte pinsjonearring op heal pinsjoen al oer de post ûntfongen hat. Dêrop drigemintet Galvin dat er Colson ûntslaan sil as dy Barnes net tsjinhâldt, mar Colson is deprimearre troch syn mislearre houlik mei syn fan him ferfrjemde rekke frou Darcy, dy't in kontaktferbod tsjin him ynstelle litten hat. Dat it ferlies fan syn baan kin him eins net bjuster folle skele. De opsternate Galvin wurdt sadwaande straal negearre troch de beide mannen, ta bewûndering fan Connie, dy't al lang skjin har nocht fan har baas hat, en Barnes en Colson temûk ynformaasje trochspilet dy't Galvin harren net tahawwe wol.

Barnes en Colson ride harren #1206 foarút fan it útwykspoar en smite him dêrnei yn 'e achterút. Trochdat harren lokomotyf no gjin wagons mei hoecht te lûken, witte se de fuortdinderjende #777 stadichoan by te heljen. As de #777 op Arklow ta komt, besiket de gearklofte plysje de brânstofôfslutingsknop op 'e sydkant fan 'e trein yn te drukken troch der mei mannemacht op te sjitten. It slagget harren lykwols net en reitsje it lytse knopke op it hurd bewegende doelwyt. Sa't Barnes al foarsein hat, raast de #777 dwers troch de ûntspoaringsmeganismen hinne, sûnder der skea fan te ûnderfinen. Mei't er wit dat Barnes syn idee no it iennichste noch is dat in ramp foarkomme kin, nimt FRA-ynspekteur Werner de kontrôle oer de sitewaasje fan Galvin oer. Neitiid kin Connie oan Barnes en Colson einlings de folsleine en iepentlike stipe jaan dêr't se ferlet fan hawwe. Underwilens komt Colson syn frou Darcy fan bêd ôf en heart op it nijs wat der geande is en hokfoar rol har man dêryn spilet. Barnes syn teenage-dochters Nicole en Maya, dy't as servearsters yn in Hooters-breastaurant wurkje, sjogge dêre op 'e tillefyzje yn hokfoar sitewaasje harren heit behelle rekke is.

De #1206 fan Barnes en Colson hellet einlings de #777 yn. By it besykjen om harren lokomotyf op 'e keppeling fan 'e lêste wagon fan 'e #777 oan te sluten, ûntslute se by ûngelok de fersegeling fan 'e wagon, dy't nôt befettet. Fan gefolgen wurde se neitiid oanhâldend bestood troch fuortwaaiend nôt. De keppelpin wol net slute, dat Colson weaget him yn 'e nôtwyn en skopt de pin te plak. Dêrby rekket syn foet lykwols beknypt en ferwûne. Hy wit himsels te rêden, mar mankepoatet neitiid werom nei de kabine fan 'e #1206. Om't Colson no dúdlik net by steat is om oer de trein hinne te klimmen nei de beide lokomotiven oan 'e foarkant, nimt Barnes dy taak op him, wylst Colson efterbliuwt yn 'e #1206 en de trein troch dynamysk remjen stadiger besiket gean te litten. Barnes weaget syn libben troch oer it dak fan 'e gefaarlik fluch bewegende treinwagons nei foarren te draven, wêrby't er eltse kear tusken twa wagons hânmjittich de rem by de efterste wagon derop set.

Troch it gebrek oan ûnderfining fan Colson by it betsjinjen fan 'e lokomotyf reitsje de remmen fan 'e #1206 op 't lêst stikken, mei as gefolch dat de hiele trein wer mear faasje begjint te meitsjen. It docht lykwols bliken dat de trein genôch ôfremme is om 'e Bocht fan Stanton te heljen, want hoewol't ferskate wagons in sikestûkjend momint oan ien kant mei de tsjillen los komme fan 'e rails, falle se wer werom sûnder dat it ta in ûntspoaring liedt. As de #777 de bocht útkomt en wer almar mear feart begjint te krijen, komt Barnes op in stuit út by in wagon mei iepen lading, dêr't er net fierder kin. Oldham, dy't yn syn pick-uptruck de trein al fan it begjin ôf folget, arrivearret mei plysjebegelieding njonken de #1206 op in dykje dat parallel oan it spoar rint. Colson wit, nettsjinsteande syn ferwûne foet, yn 'e laadbak fan 'e auto te springen, wêrnei't Oldham him nei de lokomotyf ta riidt. Dêr slagget it Colson om in hantfet oan 'e sydkant fan 'e trein fêst te gripen krekt foar't de parallelwei ophâldt en Oldham boppe-op 'e rem moat. Colson skuort himsels oan board fan 'e lokomotyf en smyt de rem derop, sadat de trein einlings en te'n lêsten ta stilstân brocht wurdt.

Neitiid wurde Barnes, Colson en Oldham ynhelle as helden. Barnes wurdt opwachte troch syn dochters, wylst Colson syn frou Darcy, no't har man op in hier nei dea rekke is, ta it besef kommen is dat se him dochs net kwyt wol. Barnes, dy't widner is, en Connie moetsje inoar foar it earst en tusken harren liket in fonk oer te springen. Barnes giet mei in folslein pinsjoen út it wurk, en Galvin wurdt ûntslein, om't er libbens yn gefaar brocht hat trochdat er inkeld each hie foar jild en net foar minsken. Connie kriget promoasje en nimt Galvin syn funksje oer. Dewey, dy't ferantwurdlik is foar it hiele debakel, rekket syn baan by it spoar kwyt en giet oan it wurk as ober yn in fastfoodrestaurant.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Denzel Washington.
 
Chris Pine.
 
Rosario Dawson.
haadrollen
personaazje       akteur/aktrise
Frank Barnes Denzel Washington
Will Colson Chris Pine
Connie Hooper Rosario Dawson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Dewey Ethan Suplee
Oscar Galvin Kevin Dunn
Ned Oldham Lew Temple
FRA-ynspekteur Scott Werner Kevin Corrigan
Bunny Kevin Chapman
Gilleece T.J. Miller
Darcy Colson Jessy Schram
Judd Stewart David Warshofsky
Janeway Andy Umberger
Nicole Barnes Elizabeth Mathis (Miss Teen Michigan 1998)
Maya Barnes Meagan Tandy (Miss Teen California 2007)
koördinator Spoarfeiligenskampanje Aisha Hinds
Ryan Scott Ryan Ahern

Unstoppable waard ynspirearre troch en loskes basearre op it ynsidint mei de CSX 8888 yn 2001. Dêrby rekke in frachttrein fan CSX Transportation dy't lutsen waard troch lokomotyf #8888 op in ranzjearterrein yn Walbridge (Ohio) ûnbemanne op 'e rin doe't in spoarweimeiwurker útstapte om in foutyf ôfstelde wiksel oan te passen. De trein ried op dat stuit stapfoets en de meiwurker miende dat er de rem derop setten hie. Mar hy wie mis, want eins hied er de trein, foar't er derút sprong, ynsteld op folle krêft foarút. Mei't by dat type lokomotyf "fol gas" en "boppe-op 'e rem" mei deselde hendel yn deselde stân oanjûn waarden nei't der earst in oare operaasjemodus ynsteld wurde moast, wie dat in begryplike flater.

Twa fan 'e wagons befetten, krekt as yn 'e film, it uterst giftige en licht ûntflambere raande fenol, dat (yn sterk fertinne foarm) as yngrediïnt fan ferve brûkt wurdt. De ûnbemanne trein lei op eigen krêft mei in faasje fan 82 km/h in ôfstân fan 106 km ôf troch noardlik Ohio, wêrby't om 'e nocht besocht waard om him ûntspoare te litten. Doe't in twadde trein fan efteren oankeppele, koe de faasje werombrocht wurde ta 11 km/h. Masinist Jon Hosfeld slagge it doe om dravend op 'e #8888 te springen en de trein krekt bûten Kenton (Ohio) ta stilstân te bringen. Aldergeloks rekke nimmen ferwûne by dat ynsidint.

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Unstoppable waard regissearre troch Tony Scott, foar wa't it de lêste film wie dy't er makke foar syn hommels ferstjerren yn 2012. Hy wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch Mark Bomback. As produsinten wiene Julie Yorn, Mimi Rogers, Eric McLeod, Alex Young en Scott sels by it projekt belutsen foar de filmstudio's Dune Entertainment, Scott Free Productions, Prospect Park en Millbrook Farm Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $85 oant 100 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ben Seresin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Harry Gregson-Williams.

De opnamen foar Unstoppable setten op 31 augustus 2009 útein. Der waard filme op lokaasje yn Martins Ferry, Bellaire, Mingo Junction, Steubenville en Brewster yn 'e Amerikaanske steat Ohio; Pittsburgh, Emporium, Milesburg, Tyrone, Julian, Unionville, Port Matilda, Bradford, Monaca, Eldred, Turtlepoint, Port Allegany en Carnegie yn Pennsylvania; en Portville en Olean yn New York.

De spoarline yn 'e film is de Buffalo Line fan 'e Western New York and Pennsylvania Railroad, dy't twa moannen lang oerdeis brûkt waard foar de opnamen, wylst der nachts normaal spoarferkear oerhinne gie. It spoarfiadukt by it fiktive plak Stanton (Pennsylvania), dêr't de trein suver ûntspoart, wie eins it B & O Railroad Viaduct tusken Bellaire yn Ohio en Benwood yn West-Firginia. De beide lokomotiven fan 'e trein op 'e rin, #777 en #767, waarden 'spile' troch fjouwer GE AC4400CW's, dy't leased wiene fan 'e Canadian Pacific Railway (CP). CP #9777 en #9758 giene yn 'e begjinsênes fan 'e film foar de beide lokomotiven troch, en de wat butste en dûkte CP #9782 en #9751 waarden letter yn 'e film ynset. De #1206 fan Barnes en Colson wie eins in EMD SD40-2 yn lease fan 'e Wheeling and Lake Erie Railway.

 
#9777, in GE AC4400GW-lokomotyf fan 'e Canadian Pacific Railways, waard brûkt foar de begjinsênes fan Unstoppable. (Fotografearre yn 2010, nei't er oerferve wie.)

De sênes yn it Hooters-breastaurant dêr't Barnes syn beide dochters wurkje, waarden opnommen yn in echt restaurant fan 'e Hooters-keatling yn Wilkins Township, dat fuortby Pittsburgh leit. Dêrfoar waarden tsien tsjeppe echte Hooters-servearsters út 'e hiele Feriene Steaten wei oerflein dêrhinne.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Unstoppable waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 26 oktober 2010 yn Los Angeles yn premiêre, wêrnei't er op 12 novimber fan dat jier iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 7 desimber 2010 by platemaatskippijen La-La Land Records en Fox Music. Unstoppable kaam op 15 febrewaris 2011 út op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Unstoppable oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy murk op: "As it giet om poer fakmanskip is dit in treflike film." Yn The New York Times priizge Manohla Dargis de fisuele styl fan Unstoppable en skreau dat Scott "in ûnferwachts rike wrâld fan puffende, razende treinen skept dy't like moaie yndustriële en natuerlike lânskippen trochsnije." De resinsint fan The Globe and Mail út Toronto wie minder fan Unstoppable sjarmearre, en neamde de film "in opportunistyske politike allegory oer in ekonomy dy't op 'e rin gien is en sektoaren dy't ferswakke rekke binne troch ûntslaggen, ûnderbemanning en de ûnmeilydsumens fan grutte bedriuwen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Unstoppable in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 191 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er krekt like fluch, lûd en ûntsjinkearber is as de trein dêr't er oer giet, is [de film] perfekt fermaak foar yn 'e bioskoop – en de bêste film dy't regisseur Tony Scott yn jierren makke hat." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Unstoppable in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 32 resinsjes.

Unstoppable brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $81,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $86,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $167,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $85 oant 100 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $67,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Unstoppable waard yn 2011 nominearre foar de Oscar yn 'e kategory bêste lûdsmontaazje (Mark Stoeckinger), mar ferlear fan Inception. De film waard ek nominearre foar de Teen Choice Award foar favorite aksjefilm.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.