Adelaide

haadstêd fan Súd-Austraalje (Austraalje)
(Trochferwiisd fan Adelaide (Austraalje))

Adelaide (Ingelske útspr.: [ˈædəleɪd], likernôch: "ed-dul-leed"; Lûdsfragmint beharkje) is de haadstêd fan 'e Australyske steat Súd-Austraalje en de op fjouwer nei grutste stêd fan it lân. Yn 'e regel wurdt mei 'Adelaide' ferwiisd nei de stêdekloft, dy't anno 2020 krapoan 1,4 miljoen ynwenners telde; de eigentlike gemeente Adelaide beslacht inkeld it stedssintrum en hie dat jiers mar 26.000 ynwenners. Adelaide leit oan 'e Australyske súdkust en de Grutte Australyske Bocht. De stêd waard yn 1836 stifte en ferneamd nei Adelheid fan Saksen-Meiningen (yn it Ingelsk Adelaide), de keninginne-gemalinne fan it Feriene Keninkryk en Hannover en de frou fan kening Willem IV. Histoarysk stie Adelaide bekend om syn godstsjinstfrijheid en progressive politike herfoarmings. Hjoed de dei is de stêd benammen ferneamd om syn withoefolle festivals en sporteveneminten en natoerskientme.

Adelaide
Emblemen
   
Bestjoer
Lân Austraalje
steat Súd-Austraalje
Sifers
Ynwennertal 1.376.601 (stêd, 2020)
26.177 (gemeente, 2020)
Oerflak 3.259,8 km² (stêd)
15,6 km² (gemeente)
Befolkingsticht. 422,3 / km² (stêd)
1.678,0 / km² (gemeente)
Hichte 50 m
Oar
Stifting 1836
Tiidsône UTC +9.30
Simmertiid UTC +10.30
Koördinaten 34°55′39″S 138°36′00″E
Offisjele webside
www.cityofadelaide.com.au
Kaart
Adelaide (Austraalje)
Adelaide
De lizzing fan Adelaide yn Austraalje.
Dizze side giet oer de stêd yn Austraalje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Adelaide (betsjuttingsside).

Adelaide leit yn it suden fan Austraalje en yn it súdeasten fan 'e Australyske steat Súd-Austraalje, dêr't it de haadstêd fan is. De stêd leit oan 'e kust fan 'e Golf fan Sint-Finsint, in baai fan 'e Grutte Australyske Bocht, dy't sels wer ûnderdiel útmakket fan 'e Súdlike Oseaan. By Adelaide rint de kust fan noard nei súd; de igge leit sadwaande oan 'e westkant fan 'e beboude kom. De stêd hat yn syn gehiel in oerflak fan 3.259,8 km², wylst de gemeente Adelaide mar 15,6 km² beslacht. De stêd rint by de kust wei oant 20 km yn it binnenlân op. Fan noard nei súd mjit de stêd yn totaal 96 km. Adelaide leit op 'e Flakte fan Adelaide oan 'e noardkant fan it nei it suden ta útstykjende Fleurieu-skiereilân. Oan 'e eastkant wurdt de stêd begrinzge troch it foarlân fan it Mount Loftyberchtme.

 
In lânkaart fan Adelaide en omkriten.

Oant fier yn 'e njoggentjinde iuw waard it gebiet dêr't no Adelaide leit, bewenne troch de Kaurna, in Aboriginal-folk dat mar 300 leden telde en dat syn heitelân Tarndanyangga neamde. Troch de blanke kolonisten fan it gebiet waarden de Kaurna oantsjut as de Cowandilla. Yn febrewaris 1836 waard de Britske koloanje Súd-Austraalje stifte, wêrnei't de kolonisaasje fan it wengebiet fan 'e Kaurna al rillegau op gong kaam. Binnen twa of trije desennia dêrnei wiene de Kaurna, harren yngewikkelde taal en harren rike kultuer frijwol útrûge. Yngeande dokumintearring troch iere sindelingen hat in moderne oplibbing fan sawol de etnyske groep as de taal mooglik makke.

Súd-Austraalje wie de iennichste fan 'e seis Britske koloanje yn Austraalje dy't frijwillich kolonisearre waard troch frije minsken; de oare fiif ûntstiene allegear as strafkoloanjes. Súd-Austraalje wie it betinksel fan Edward Gibbon Wakefield, dy't fêststeld hie dat de oare Australyske koloanjes te lijen hiene ûnder in groanysk tekoart oan arbeidskrêften om't se eltsenien dy't dêr oankaam daliks in stik grûn joegen. Yn Súd-Austraalje liet er sadwaande de grûn ferkeapje foar in priis dy't ûnbetelber wie foar de legere maatskiplike klassen. Dat betsjutte dat sokken hurd foar de rikere ynwenners wurkje moatte soene om ea sels grûn keapje te kinnen. Oan 'e oare kant hie Súd-Austraalje fan it begjin ôf oan wol godstsjinstfrijheid heech yn findel stean en waard de koloanje in feilich ûntwyk foar eltsenien dy't ferfolge waard om syn religieuze opfettings.

It koloniaal regear fan Súd-Austraalje sette yn desimber 1836 mei syn wurk útein by de Alde Gombeam, yn wat no de foarstêd Glenelg North is. It plak dêr't de haadstêd fan 'e nije koloanje komme moast, waard mei soarch útsocht en opmetten troch kolonel William Light, dy't tsjintwurdich as ien fan 'e stifters fan Adelaide beskôge wurdt. Neitiid waard it ûntwerp fan Light sekuer folge by de bou fan 'e stêd. It stedssintrum kaam deunby de rivier de Torrens te lizzen. It roasterfoarmige strjitteplan waard ûnderbrutsen troch grutte pleinen en brede leanen foar in goede berikberens fan it sintrum en trochstreaming fan it ferkear.

Om't Adelaide troch frije kolonisten boud wie en bewenne waard, fûn men it yn 't earstoan net nedich om in finzenis te bouwen, mei't der mei sokke oprjochte lju grif gjin misdie wêze soe. Dat pakte fansels oars út, dat yn 1838 waard der dochs mar in tichthûs set. Yn 1841 krige de oant doe ta fierhinne agraryske ekonomy fan Adelaide in ympuls doe't deunby, yn Glen Osmond, sulver ûntdutsen waard. Nei't de rivier de Murray, dy't eastlik fan Adelaide útmûnet yn 'e Grutte Australyske Bocht, yn 1853 mei súkses foar it earst befearn wie troch Francis Cadell, waarden der fia dy rivier hannelsbetrekkings oanknope mei de koloanjes Fiktoaria, Nij-Súd-Wales en Queenslân. Yn 1867 waard de Universiteit fan Adelaide oprjochte.

 
It krúspunt fan North Terrace en King William Street yn it sintrum fan Adelaide yn 1938.

By de swiere ekonomyske resesje dêr't de Australyske koloanjes yn 'e 1890-er jierren ûnder te lijen hiene, waard Adelaide net sa slim troffen as Sydney en Melbourne. Boppedat waarden yn dy tiid nije sulver- en leadminen iepene by Broken Hill. (Dat leit yn Nij-Súd-Wales, mar yn it efterlân fan Adelaide.) Tsjin 'e tiid dat Austraalje yn 1901 feriene waard, wie Adelaide nei Sydney en Melbourne de op twa nei grutste stêd fan it lân, in posysje dy't it in grut diel fan 'e tweintichste iuw behold, oant it úteinlik ynhelle waard troch Brisbane en Perth.

Under de Earste Wrâldoarloch teagen 28.000 jonge mannen út Adelaide oer see om oan 'e kant fan 'e Alliëarden te fjochtsjen. Nei de oarloch draaide de ekonomy yn 'e stêd in skoft as in tierelier, oant de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren dêr in ein oan makke. De Twadde Wrâldoarloch brocht nij ûnk en lijen foar jonge soldaten dy't nei it front stjoerd waarden en harren famyljes, mar ek nije ekonomyske heechtijdagen om't de yndustry ûnder de oarlochsynset bloeide as nea tefoaren. Nei de oarloch drige de ekonomyske foarspoed wer fuort te êbjen, mar autofabrikanten lykas General Motors, Holden en Chrysler namen de ferlitten fabriken foar oarlochsmaterieel oer. Yn 1955 waard de Mannum-Adelaidepiiplieding oanlein, dy't drinkwetter út 'e rivier de Murray nei Adelaide ta brocht.

 
It stedssintrum fan Adelaide.

Yn 'e 1970-er jierren krige Adelaide de namme de progressyfste stêd fan Austraalje te wêzen troch de maatskiplike herfoarmings dy't trochfierd waarden ûnder it Súdaustralyske regear fan premier Don Dunstan. Sa wie de steat it earste diel fan Austraalje dat yn 1975 homoseksualiteit as misdriuw út 'e wet skraste. De stêd waard ek in sintrum foar de skiene keunsten troch fuort te borduerjen op it twajierliks Festival fan de Keunsten fan Adelaide (AFA), dat yn 1960 úteinset wie. Yn 'e 2010-er jierren begûn it steatsregear oansjenlik mear út te jaan oan 'e ynfrastruktuer fan Adelaide. Sa waard der in nij stadion boud foar it spyljen fan Australysk fuotbal en ek waard it nije Keninklik Sikehûs fan Adelaide set.

Adelaide is de haadstêd fan Súd-Austraalje en de sit fan it regear fan Súd-Austraalje. De stêd (of stêdekloft) bestiet út njoggentjin ûnderskate gemeenten. De binnenstêd foarmet de City of Adelaide, in gemeente mei mar 26.000 ynwenners.

Yn 'e pleatslike ekonomy fan Adelaide slacht de sûnenssoarch mei 13% foar master op as sjoen wurdt nei it tal arbeidsplakken. In oare grutte wurkjouwer is de oerheid fan Súd-Austraalje. De yndustry yn 'e stêd is no fierhinne konsintrearre op 'e produksje fan definsjetechnology en high-techapparaten. It lêste autofabryk yn 'e stêd, fan General Motors Holden, gie yn 2017 ticht. Yn 2018 waard Adelaide útkeazen as it plak dêr't it haadkertier komme soe fan it nije Australyske Romtefeart Agintskip (ASA), dat yn 2020 iepen gie. It wichtichste produkt fan it agraryske gebiet om Adelaide hinne is wyn.

 
It haadgebou fan 'e Universiteit fan Súd-Austraalje.
 
In prieel yn it Elder Park.
 
De kust fan Adelaide by Glenelg.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Susterstêden

bewurkje seksje

De gemeente Adelaide hat fiif susterstêden, hjirûnder werjûn op folchoarder fan it oangean fan 'e stêdebân.

Neffens gegevens út 2020 hie Adelaide as stêd dat jiers in befolking fan 1.376.601 minsken. De befolkingstichtens bedroech 422,3 minsken de km². De gemeente Adelaide hie yn 2020 in befolking fan 26.177 minsken en in befolkingstichtens fan 1.678,0 de km². De rest fan 'e sifers dy't hjir jûn wurde, jilde foar de hiele stêd. Fan 'e ynwenners dêrfan wie yn 2020 27,6% âlder as 55 jier (Australysk gemiddelde: 25,6%) en 17,7% jonger as 15 jier (Australyske gemiddelde: 19,3%).

 
It Parlemintsgebou fan Súd-Austraalje.

Der binne út 'e folkstelling fan 2016 gegevens bekend oer it etnyske komôf fan 'e befolking fan Adelaide (wêrby't men ta mear as ien etnyske groep hearre kin). It meastepart fan 'e befolking is fan Ingelsk komôf (39%), wylst 33% as etnisiteit Australysk opjoech. Neffens it Australysk Buro foar Statistyk hearre dy lju yn oergrutte mearderheid ta de "Anglo-Keltyske groep" (wêrmei't bedoeld wurdt dat harren foarâlden ôfkomstich binne fan 'e Britske Eilannen). Oare etnyske groepen mei mear as 1% fan 'e befolking yn Adelaide binne: Skotten (8,7%), Ieren (8,5%), Dútsers (7,2%), Italjanen (7,2%), Sinezen (4,1%), Griken (2,9%), Ynjers (2,6%), Nederlanners (1,7%), Fjetnamezen (1,6%), Poalen (1,4%), Australyske Aboriginals en Torresstrjitte-eilanners (1,4%) en Filipino's (1,1%).

Op taalkundich mêd waard yn 2016 fêststeld dat yn Adelaide 75,4% fan 'e befolking yn 'e hûs inkeld Ingelsk spriek. Oare talen dy't yn 'e hûs in protte sprutsen waarden, wiene Italjaansk (2,1%), Mandarynsk (2,1%), Gryksk (1,7%), Fjetnameesk (1,4%) en Kantoneesk (0,7%).

Wat religy oangiet, bestiet mear as de helte fan 'e befolking fan Adelaide út kristenen en 28% út ateïsten en agnosten (Australysk gemiddelde: 22,3%). De grutste kristlike denominaasjes wiene de Roomsk-Katolike Tsjerke (21,3%), de Anglikaanske Tsjerke (12,6%) en de Ferienjende Tsjerke yn Austraalje (7,6%). De ûnderskate Eastersk-Otterdokse Tsjerke makken 3,5% fan 'e befolking út. Fierders wie der yn 2011 in joadske mienskip yn Adelaide dy't út mear as 1.000 persoanen bestie. De earste synagoge yn 'e stêd waard al yn 1871 boud, doe't der 435 joaden wiene. De earste moskee (dy't letter ôfbrutsen is) op it plak dêr't de Moskee fan Marree no stiet, waard yn 1861 boud foar de "Afgaanske" mienskip. Dat wiene kamielelieders dy't oer it algemien net út Afganistan, mar út Britsk-Ynje kamen en etnyske Patanen, Balûtsjen, Pûndjaby en Sindy wiene.

 
De Sint-Petruskatedraal.

Berne yn Adelaide

bewurkje seksje

Adelaide hat in Mediterraan klimaat, mei hjitte, drûge simmers en koele winters mei tuskenbeiden delslach. Yn jannewaris, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 29,6 °C, en yn july, de kâldste moanne, is dat 15,4 °C. Rekôrtemperatueren wiene 46,6 °C op 24 jannewaris 2019 en –0,4 °C op 8 juny 1982. It tal dagen dat de temperatuer simmerdeis boppe de 40 °C útkomt, bedroech altyd mar in pear, mar begûn yn 'e 2010-er jierren ta te nimmen. Adelaide kriget jiers trochinoar 541,2 mm delslach. Sniefal komt net foar.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side en ûnder: References, op dizze side.