De Slag om de Schelde

De Slag om de Schelde (ynternasjonale titel: The Forgotten Battle, "De Fergetten Fjildslach") is in Nederlânsk-Belgysk-Amerikaanske histoaryske oarlochsfilm út 2020 ûnder rezjy fan Matthijs van Heijningen jr. De haadrollen waarden spile troch Susan Radder, Jamie Flatters en Gijs Blom. De titel ferwiist nei de Slach om 'e Skelde, in bloedich treffen tusken de Kanadezen en de Dútsers oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, by de befrijing fan it Siuwske eilân Walcheren, dy't nedich wie sadat de Alliëarden fia de haven fan Antwerpen befoarriede wurde koene. De plot fan 'e film folget trije persoanen: Teuntje Visser, in jonge Siuwske frou dy't yn konflikt rekket mei de Dútske besetter as har broer Dirk oppakt wurdt foar in fersetsdie; Will Sinclair, in jonge Ingelske soldaat waans fleantúch boppe Seelân delsketten wurdt; en Marinus van Staveren, in Nederlânske kollaborateur dy't tsjinst nommen hat by de Dútske Wehrmacht. Fan 'e filmkritisy krige De Slag om de Schelde oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e bioskopen prestearre de film teloarstellend, mar dat wie foar it meastepart te witen oan 'e beheinings dy't oplein waarden oan bioskoopbesyk yn it ramt fan 'e koroanapandemy.

De Slag om de Schelde
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Matthijs van Heijningen jr.
produsint Alain de Levita
Paula van der Oest
Mark van Eeuwen
senario Paula van der Oest
kamerarezjy Lennert Hillege
muzyk Emilie Levienaise-Farrouch
filmstudio Levitate Film
Caviar
EO
NPO
Netflix
distribúsje September Films
spilers
haadrollen Susan Radder
Jamie Flatters
Gijs Blom
byrollen Jan Bijvoet
Tom Felton
Marthe Schneider
Coen Bril
Justus von Dohnányi
skaaimerken
lân/lannen Nederlân
Belgje
Feriene Steaten
premiêre 14 desimber 2020
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske oarlochsfilm
taal Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk
spyltiid 123 minuten
budget en resultaten
budget €14 miljoen
opbringst $6,0 miljoen

Nei harren lânings op 'e strannen fan Normanje op D-Day tsjogge de Alliëarden stadich op nei it noarden en befrije se de Belgyske stêd Antwerpen. Dy is ideaal om as befoarriedingshaven te fungearjen, mar de tagong ta Antwerpen fia de Westerskelde wurdt behearske troch de gebietsdielen Siuwsk-Flaanderen (yn it suden) en Walcheren en Súd-Bevelân (yn it noarden) fan 'e Nederlânske provinsje Seelân. As de Alliëarden Siuwsk-Flaanderen befrije, flechtet in grut diel fan 'e dêr legere Dútske troepen de Westerskelde oer nei Walcheren.

Op Walcheren wurket Teuntje Visser op 'e sekretary fan it stedhûs fan Flissingen ûnder de NSB-boargemaster Oostveen. Se hat gjin sympaty foar de Dútsers, mar fielt har ek net roppen om dyselden te dwerseidzjen. Ynstee is se benammen dwaande mei har eigen oerlibjen fan wat in tiid fan oanboazjende krapte is. Teuntje har heit is in dokter, dy't sawol sike Siuwen as ferwûne Dútske soldaten behannelet, en dêrom troch guon beskôge wurdt as in kollaborateur. Teuntsje har jongere broer Dirk is, sûnder dat sy der aan fan hat, belutsen by it ferset. Hy is ek in amateur-fotograaf mei in eigen dûnkere keamer yn 'e kelder fan syn heite wente. As der in Dútske kolonne foarbykomt, goait Dirk yn in ûnberette opstiging in stien, dy't in frachtweinsjauffeur op 'e holle rekket en trije deaden feroarsaket as de frachtwein dêrnei in pear rinnende soldaten oerriidt. De nije Dútske befelfierder op Walcheren, kolonel Berghof, furdiget dêrop in arrestaasjebefel tsjin Dirk út, sadat er ûnderdûke moat.

Underwilens fjochtet Marinus van Staveren as Nederlânsk frijwilliger by de Waffen-SS oan it Eastfront tsjin it Reade Leger. Nei't er swierferwûne rekke is yn 'e striid, kriget er yn in fjildhospitaal kunde oan in Dútske luitenant dy't beide skonken kwytrekke is. De man is folslein desyllúzjonearre rekke oer de Dútske lieders en de oarloch en fertelt Marinus oer wat er sjoen hat doe't er in skoft as bewekker yn it ferneatigingskamp Chelmno ynset waard. As Marinus opbetteret, besoarget de luitenant, foar't dy himsels troch de holle sjit, him in oerpleatsing nei Nederlân, dêr't er as adjudant en tolk foar kolonel Berghof oan it wurk kin.

Yn Ingelân wurdt de jonge sersjant Will Sinclair traind as piloat fan sweeffleantugen dêr't loftlâningstroepen en materieel mei ferfierd wurde. Syn ienheid wurdt lang om let ynset yn 'e Slach om Arnhim, dy't diel útmakket fan Operaasje Market Garden, in Alliëard besykjen om 'e brêgen oer de Grutte Rivieren te feroverjen. Om't er noch minderjierrich is, hat Will foar syn dielname oan dy striid ferlet fan 'e tastimming fan syn heit, dy't in kolonel by de Royal Air Force is. As syn heit him nee ferkeapet, liicht Will syn befelfierend ofsier, kaptein Tony Turner, foar dat er àl tastimming krigen hat. By de oertocht oer Seelân yn in Airspeed Horsa wurdt harren tastel delsketten troch it Dútske loftdoelgeskut. Se komme del yn it wetter fan in splis steande polder op it eilân Skouwen. Kaptein Turner rekket slim ferwûne en moat neitiid troch Will en de oare oerlibbenen, John, Nigel en de Nederlânske Ingelânfarder Henk Sneijder, op in flot meifierd wurde.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op Walcheren nimme de Dútsers op befel fan Berghof in stikmannich jonges yn gizeling dy't se driigje te eksekutearjen as Dirk Visser himsels net oanjout. Dokter Visser en Teuntje geane nei Berghof ta om mei him te ûnderhanneljen oer de betingsten foar de oerjefte fan Dirk, en yn it kantoar fan 'e kolonel moetsje se Marinus. Berghof ûnthjit dat de jonge in mylde straf krije sil, wernei't Dirk ôfskie nimt fan Teuntje en harren heit en himsels oanjout. Teuntje, dy't fan Dirk oan 'e weet kommen is dat har bêste freondinne Janna ek by it ferset sit, besiket it ferset te sjantearjen om Dirk te befrijen. Dat docht se troch te driigjen in nustje foto's efter te hâlden dy't Dirk makke hat fan 'e Dútske ferdigeningswurken by it Sloe lâns, de see-earm dy't Walcheren fan Súd-Bevelân skiedt. Uteinlik seit de pleatslike fersetslieder Pim den Oever ta om sa'n befrijingsaksje prebearje te sillen as Teuntje in kaart fan it Sloe út it argyf fan it stedhûs stelt. Teuntje weaget har eigen libben troch dat te dwaan.

Underwilens ûntdekt Marinus dat Dirk yn 'e kelders fan it stedhûs martele wurdt troch de SD om nammen fan oare fersetslju los te krijen. As Dirk lang om let brekt en nammen begjint te neamen, is Marinus oanwêzich as kolonel Berghof befel jout om Dirk mei de oare fersetslju dea te sjitten. Mei't er sympaty foar Teuntje en har heit hat en hieltyd fierder desyllúzjonearre rekket oer de saak dêr't er sa lang foar fochten hat, besiket er Teuntje te warskôgjen, mar se wurde tegearre sjoen, wêrnei't Marinus syn post as adjudant kwytrekket en tenei inkeld noch as sljochtwei soldaat ynset wurdt. Boppedat komt de warskôging te let en wurdt Dirk foar it fjoerpeloton brocht. Troch in wreed tafal, of miskien wol boaze opset fan Berghof, is Marinus dejinge dy't Dirk deasjitte moat.

Will-en-dy moetsje in Siuwske boer dy't harren fertelt dat it Kanadeeske Leger it suden fan Seelân binnentein is. Dêrop beslút kaptein Turner dat se in boatsje sykje moatte om 'e Easterskelde oer te stekken nei Súd-Bevelân. It finen fan in gaadlike boat is makliker sein as dien, en twa fan 'e soldaten yn it selskip, John en Nigel, wurde iepentlik opstannich om't se har leaver oan 'e Dútsers oerjaan wolle. As se yn in ferlitten hûs, yn in plak dat derûnder strûpt is om't de seediken trochstutsen binne, in pear flessen jenever fine, partsje se dy op in jûn om oant se leech binne. De oare moarns, as Will wekker wurdt, binne John en Nigel poater, en wat minder is, se hawwe alle foarrieden meistellen. Kaptein Turner stjoert Will en Henk derop út om in boat te sykjen wylst hy yn it hûs efterbliuwt.

As se letter, sûnder wat bedijd te hawwen, weromkomme, leit der in rubberboat by de foardoar. It docht bliken dat de ferwûne kaptein Turner ûntdutsen is troch in pear Dútske soldaten. By de konfrontaasje dy't dêrop folget, sjit Will beide Dútsers dea, mar kaptein Turner wurdt troch ien fan 'e beide fijannen troch de holle sketten. Will is wisberet om it plan fan Turner troch te setten troch mei de rubberboat fan 'e Dútsers de Easterskelde oer, mar Henk, dy't net swimme kin en wetterfrees hat, wegeret om mei. Sadwaande set Will lykme-allinne ôf. Mei de tonge út 'e bek slagget Will syn oertocht, wêrnei't er in skoft oer de ikkers en troch de greiden fan Súd-Bevelân doarmet, oant er in kolonne fan it Kanadeeske Leger foarby kommen sjocht en him dêrby jout.

Nei de dea fan Dirk leveret Teuntje de stellen kaart fan it Sloe ôf by Janna en Den Oever, dy't sels mar nauwerneed oan 'e Dútsers ûntkommen is. Hy leit út dat de Dútsers de Sloedaam, de iennichste lânferbining tusken Walcheren en Súd-Bevelân, swier fortifisearre hawwe, sadat de Kanadezen der dêr net trochkomme sille. It Sloe sels liket ien en al slyk en sânplaten en dêrmei ûnbegeanber te wêzen, mar op 'e kaart dy't Teuntje stellen hat, stiet in bochtich farwetter oanjûn dat de Kanadezen brûke kinne om troepen efter de Dútske linys op Walcheren oan lân te bringen. De kaart en de foto's dy't Dirk makke hat, moatte nei de Kanadezen ta brocht wurde, mar mei twa skotwûnen yn it liif kin Den Oever dat sels net dwaan. Hy freget Janna om syn plak yn te nimmen, mar dy wifket. Dêrop nimt Teuntje it pakketsje oan en seit dat sy en Janna it tegearre oerbringe sille. Se bejouwe harren nei it Sloe, dêr't se by nacht yn in roeiboat dy't dêr foar harren klearlein is, besykje oer te stekken nei Súd-Bevelân. Se wurde lykwols trappearre troch in Dútske patrûlje, dy't harren ûnder fjoer nimt. Janna wurdt rekke, en Teuntje triuwt har yn 'e boat, smyt har de papierren ta en skoot de boat it wetter op foar't se twongen is om harsels oan 'e Dútsers oer te jaan.

Will makket diel út fan 'e Kanadeeske ienheid dy't besiket de Sloedaam te forsearjen, wylst Marinus ien fan 'e Dútske soldaten is dy't harren tsjinkeart. De Kanadezen moatte har mei swiere ferliezen weromlûke op Súd-Bevelân. Koarte tiid letter treft in Kanadeeske patrûlje de roeiboat mei de swierferwûne Janna op 'e Súdbevelânske igge fan it Sloe oan. Se wurdt nei in fjildhospitaal brocht dêr't se komt te ferstjerren, mar net foar't se de kaart fan it Sloe en de foto's fan 'e Dútske fortifikaasjewurken ôfjûn hat oan 'e Kanadezen.

Dy nachts stekt in kontingint Kanadeeske soldaten, mei Will dêrby, yn boatsjes fia it farwetter dat op 'e kaart oanjûn is, it Sloe oer nei Walcheren, wylst it meastepart fan 'e Kanadeeske troepen in nije oanfal op 'e Sloedaam útfiert. Will-en-dy geane oan lân en falle de Dútsers yn 'e rêch oan, mei as gefolch dat de Dútske ferdigening ynstoart. De Dútske Wehrmacht lijt swiere ferliezen, mei't der gâns soldaten omkomme. It meastepart fan 'e rest jout him oer. In stikmannich flechtsje de mânselhege reidfjilden yn en ûntkomme. Under dy lêsten is Marinus, dy't efterfolge wurdt troch Will. Marinus komt Will fan efteren oer it mad en rjochtet in pistoal op him, mar kiest derfoar om net te sjitten. As er fuortgiet, beslút Will en doch lyk om lyk, dat hy lit him gean.

Marinus jout him fierder nei it westen wer by de Dútske troepen yn in kommandopost dêr't Teuntje finzen holden wurdt. As it berjocht komt dat de Kanadezen yn oantocht binne, folget der in evakuaasje dy't halje-trawalje útfierd wurdt. Ien Dútske ofsier beslút it him oan tiid te dwaan om Teuntje earst noch eefkes stânrjochtlik te eksekutearjen. Marinus, dy't no folslein klear is mei de oarloch, grypt yn en stekt de ofsier del, wêrnei't er de man mei de kolf fan syn eigen pistoal deaslacht. Yn 'e wrakseling hat de ofsier Marinus lykwols twaris yn it boarst witten te sjitten, en neitiid ferstjert er wylst Teuntje helpeleas tasjocht. Will is by de Kanadeeske foarhoede dy't mominten letter de Dútske kommandopost berikt, en hy ken yn Marinus de Dútske soldaat werom dy't er de foargeande nachts ûntkomme litten hat. As de Kanadezen fierder optsjogge yn 'e rjochting fan Flissingen en Middelburch, set Teuntje harren geandefoets efternei om nei hûs.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Susan Radder.
 
Gijs Blom.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise         
Teuntje Visser Susan Radder
sersjant Will Sinclair Jamie Flatters
Marinus van Staveren Gijs Blom


byrollen
personaazje             akteur/aktrise
dokter Visser Jan Bijvoet
kaptein Tony Turner Tom Felton
Janna Marthe Schneider
Henk Sneijder Coen Bril
kolonel Berghof Justus von Dohnányi
Dirk Visser Ronald Kalter
John Theo Barklem-Biggs
Nigel Scott Reid
Pim den Oever Mark van Eeuwen
Bill Robert Naylor
kolonel Sinclair Richard Dillane
kolonel Stewart Dylan Smith
Melis Bart Harder
sersjant Mackay Gordon Morris

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

De Slag om de Schelde waard makke om in frij ûnbekende episoade út 'e Nederlânske skiednis en it ferrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch te beljochtsjen, nammentlik: de Slach om 'e Skelde, wêrby't tusken 2 oktober en 8 novimber 1944 yn totaal 6.367 Kanadeeske militêren, 6.506 oare Alliëarden en 10.000 oant 12.000 Dútske soldaten omkamen. Yn 2020 wie de befrijing fan Nederlân persiis 75 jier lyn, en de film moast it betinkingsjier ôfslute. Dêrta waard opdracht jûn ta it meitsjen fan 'e film troch it Nasjonaal Fûns foar Frede, Frijheid en Feteranesoarch (ek bekend as it 'vfonds'). It doel wie om 'e hjoeddeistige jongerein op in oansprekkende wize bekend te meitsjen mei ferskate aspekten fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Lykas yn oare kwaliteitsfilms oer de Twadde Wrâldoarloch ornaris ek dien wurdt, sprekke de ferskillende nasjonaliteiten yn De Slag om de Schelde har eigen taal, wat betsjut dat de film Nederlânsk-, Ingelsk- en Dútsktalich is.

De Slag om de Schelde waard regissearre troch Matthijs van Heijningen jr. nei in senario fan Paula van der Oest op basis fan in idee fan Van der Oest en Jesse Maiman. As produsinten wiene Alain de Levita, Mark van Eeuwen en Van der Oest by it projekt belutsen foar Van Heijingen syn filmstudio Levitate Film en it Belgyske Caviar. De film waard ko-produsearre troch de EO, de NPO en de Amerikaanske streamingtsjinst Netflix. Dêrmei wie it in Nederlânsk-Belgysk-Amerikaanske ko-produksje. Teffens wie it de earste Nederlânske produksje dêr't Netflix by belutsen wie. Foar De Slag om de Schelde wie in budget beskikber fan 14 miljoen; dêrmei wie de film de op ien nei djoerste Nederlânske oarlochsfilm aller tiden, nei Zwartboek (2006). De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Lennert Hillege, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Emilie Levienaise-Farrouch.

De opnamen foar De Slag om de Schelde setten yn it neijier fan 2019 útein en fûnen foar it meastepart plak yn Litouwen. Guon sênes waarden yn Flissingen en Middelburch opnommen, en in diel fan 'e eigentlike fjildslach waard filme yn 'e omkriten fan Sint-Truiden, yn Belgysk Limburch.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan De Slag om de Schelde waard fersoarge troch September Films. De film gie op 14 desimber 2020 yn Flissingen yn premiêre. It wie de bedoeling dat er op 17 desimber yn 'e Nederlânske bioskopen iepenje soe, wêrnei't er yn 'e rin fan 2021 op 'e tillefyzje útstjoerd wurde soe troch de EO en bûten Nederlân distribuëarre wurde soe fia streamingtsjinst Netflix. De koroanapandemy bedoar de boel lykwols, mei't yn ferbân dêrmei ûnder de lanlike lockdown de bioskopen in skoft hielendal sletten wiene en dêrnei mar beheind iepen mochten. Op 15 desimber, de deis nei de galapremiêre, waard bekendmakke dat de bioskooppremiêre foar it algemiene publyk foar ûnbeskate tiid útsteld wurde soe. Uteinlik kaam De Slag om de Schelde pas op 5 juny 2021 yn 'e Nederlânske bioskopen en waard er op 23 desimber fan dat jier foar it earst op 'e tillefyzje útstjoerd troch de EO. Op Netflix wie de film te sjen fan 15 oktober 2021 ôf.

Fan 'e filmkritisy krige De Slag om de Schelde oer it algemien positive resinsjes. De webside High on Films rikkemandearre syn lêzers oan: "Slaan dizze net oer!", want "[it] is in spannende oarlochsfilm dy't wurket" oer in diel fan 'e Twadde Wrâldoarloch "dat it mainstreampetear [oer dat konflikt] net helle hat." De webside Decider, dy't syn lêzers by eltse resinsje foar de kar steld om 'e film "te streamen of oer te slaan", rette diskear oan om De Slag om de Schelde te streamen. Dêr waard as kommentaar oan taheakke: "[Dizze film] komt it berik en it gefoel fan in oarlochsepos benei, wylst er dochs syn fokus op it tige ferskillende trijetal persoanen […] behâldt dy't foarbestimd binne om inoar yn 'e oarloch te moetsjen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat De Slag om de Schelde in goedkarringspersintaazje fan 100%, mar dat is mar basearre op 7 ûnderskate resinsjes, en jout dus gjin lykwichtich byld. Fan lju dy't de film sjoen hiene, krige De Slag om de Schelde op Rotten Tomatoes in goedkarringspersintaazje fan 77%, wat in bettere yndikaasje fan 'e kwaliteit fan 'e film is.

De Slag om de Schelde brocht yn 'e bioskopen yn totaal $5.976.231 op. As men dy opbringst ôfset tsjin it budget fan 14 miljoen, is, nettsjinsteande it ferskil fan muntienheid tusken Amerikaanske dollars en euro's, dúdlik dat de film foar miljoenen ferlies makke. Dat is lykwols foar it meastepart te witen oan 'e beheinings oan bioskoopbesyk dy't yn ferbân mei de koroanapandemy oplein waarden doe't De Slag om de Schelde útkaam, en net sasear oan gebrek oan belangstelling by de bioskoopgongers.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side, en ûnder References, op dizze side.