Ender's Game (film)
Ender's Game is in Amerikaanske militêre science fiction-oarlochsfilm út 2013 ûnder rezjy fan Gavin Hood, mei yn 'e haadrollen Asa Butterfield en Harrison Ford. De titel ferwiist nei de haadpersoan en betsjut "It Spultsje fan Ender". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1985 fan auteur Orson Scott Card. It ferhaal spilet yn in dystopyske takomst, fyftich jier nei't in ynvaazje fan 'e Ierde troch in ras fan bûtenierdske wêzens, de Formics, ôfslein is. Om in nije ynvaazje foar te kommen, falt de minskheid werom op 'e ynset fan bernesoldaten. De bysûnder talintearre jonge Andrew "Ender" Wiggin wurdt yn dat ramt útornearre foar in oplieding oan in militêre akademy dy't fêstige is yn in romtestasjon. Ender's Game krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen.
Ender's Game | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Gavin Hood | |
produsint | Gigi Pritzker Linda McDonough Alex Kurtzman Roberto Orci Robert Chartoff Lynn Hendee Orson Scott Card Ed Ulbrich | |
senario | Gavin Hood | |
basearre op | de roman fan Orson Scott Card | |
kamerarezjy | Donald McAlpine | |
muzyk | Steve Jablonsky | |
filmstudio | OddLot Entertainment Chartoff Productions Taleswrapper K/O Paper Products Digital Domain Sierra/Affinity | |
distribúsje | Summit Entertainment | |
spilers | ||
haadrollen | Asa Butterfield Harrison Ford | |
byrollen | Hailee Steinfield Viola Davis Ben Kingsley Abigail Breslin | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 24 oktober 2013 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | militêre science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 114 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $115 miljoen | |
opbringst | $125,5 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeYn 'e takomst riedt de minskheid him ta op in oarloch mei in ras fan bûtenierdske wêzens dy't de Formics hjitte. Fyftich jier earder hawwe dy in wraam op 'e Ierde dien, wêrby't miljoenen minsken omkamen. De ynvaazje waard úteinlik tsjinkeard troch Mazer Rackham, dy't mei syn strieljager it memmeskip fan 'e Formics raamde en ferneatige. Neitiid is de oant dy tiid sa ferdielde minskheid gearklofte as in ienheid om foar te kommen dat sa'n ynvaazje ea wer barre kin. Mei't ornearre wurdt dat inkeld bern de linigens fan geast hawwe om te antisipearjen op wat de bûtenierdsen dwaan sille, falt de minskheid werom op it gebrûk fan bernesoldaten. Bejeftige bern wurde troch de Ynternasjonale Romtefloat by de âldelju wei helle en nei in militêre akademy stjoerd om traind te wurden om befelhawwers fan 'e float te wurden yn gefal fan in nije oarloch.
De alvejierrige kadet Andrew "Ender" Wiggin lûkt mei syn oanlis foar simulearre romtegefjochten de belangstelling fan rekrutearder kolonel Hyrum Graff en psychologe majoar Gwen Anderson. Sûnder him dêroer te ynformearjen ûnderwerpe se him oan ferskate psychologyske tests troch him yn ferskillende stressfolle sitewaasjes te pleatsen. De lêste fan dy tests beslacht it ferwiderjen fan it ymplantaat yn syn nekke, dêr't de ofsieren de kadetten mei yn 'e gaten hâlde, om te sjen hoe't er omgiet mei ôfwizing. Ender hat op dat stuit krekt op slûchslimme wize de arrogante kadet Stilson ferslein by in simulaasje, eat dat Stilson opfettet as falskspyljen. Op in stil plakje komt er Ender letter oer it mad, mar dy huft him del en as Stilson net ûnthjitte wol dat er him fierder gewurde litte sil, slacht him hielendal yninoar. De ferwidering fan syn ymplantaat liket foar Ender in reäksje op dy fjochtpartij te wêzen, en hy nimt oan dat er dêrom út 'e oplieding smiten wurdt.
Thús siket Ender treast foar syn fertriet oer de beëiniging fan syn oplieding en syn skuldgefoelens oer wat er Stilson oandien hat by syn âldere suster Valentine, mei wa't er in tige nauwe bân ûnderhâldt. Hy wurdt lykwols fierder narre troch syn âldere broer Peter, dy't jaloersk is op Ender om't hy sels as te gewelddiedich foar de militêre oplieding beskôge waard. Graff en Anderson komme del en fertelle Ender en syn âldelju dat it ferwiderjen fan it ymplantaat in test wie en dat er noch altyd ûnderdiel fan it programma is. Tsjin 'e wil fan Ender syn mem nimt Graff de jonge mei en bringt him nei in militêre akademy dy't fêstige is yn in romtestasjon yn in baan om 'e Ierde. Graff lûkt Ender mei opsetsin foar oer de oare kadetten, om't er de jonge isolearre hâlde wol. It gefolch fan 'e manipulaasje fan 'e kolonel is dat Ender in ferstjitling sûnder freonen wurdt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De kadetten wurde yn seksjes pleatst en krije ûnderrjocht op alderlei mêd ynsafier't dat te meitsjen hat mei kriichskunde. Yn 'e saneamde "Striidkeamer", in grut bolfoarmich oanhingsel fan it romtestasjon dêr't gjin swiertekrêft is, wurde se troch it spyljen fan spultsjes traind yn oarlochfiering yn 'e romte. Ender toant dêr syn talint troch nije strategyen te betinken dy't âldere kadetten al dy tiid oer de holle sjoen hawwe. Hy is lykwols ek ien dy't him net maklik ûnder it gesach fan oaren deljout. Oan sersjant-ynstrukteur Dap freget er wêrom't er gjin e-mails fan syn âlden en suster ûntfangt. Sa komt er oan 'e weet dat alle kommunikaasje mei de kadetten ûnmooglik makke is, om't berjocht fan thús troch kolonel Graff mar as ôflieding sjoen wurdt fan 'e oplieding. As er dêroer trochfreget, wurdt er troch Dap bestraft, mar wint er fan syn seksjegenoaten it earste respekt. Letter, as er him omreden fan syn rjochtfeardichheidsgefoel oankantet tsjin narjen, makket er syn earste freonen, de kadetten Bean en Alai.
Graff pleatst Ender dêrop oer nei in oare seksje, it Salamanderleger, dat ûnder lieding stiet fan 'e arrogante kadet Bonzo Madrid. Dyselde beskôget Ender omreden fan syn leeftyd en gebrek oan lichemsgrutte daliks as ballêst dy't er sa gau mooglik sjen moat kwyt te reitsjen. Hy beslist dêrom dat Ender net mei de rest fan 'e seksje traine mei. It iennichste froulike lid fan it Salamanderleger, Petra Arkanian, slút lykwols freonskip mei Ender en begjint him yn harren frije tiid te trainen. As Bonzo dat gewaar wurdt, besiket er dêr it near op te lizzen, mar Ender, dy't him mei wurden wol oer kin, bepraat him om 'e saak gewurde te litten, mei't Ender earder troch in oare seksje akseptearre wurde sil (sa't Bonzo wol) as er better traind is. By in wedstryd tsjin it Loaihoarsleger yn 'e Striidkeamer driget it Salamanderleger in nederlaach te lijen. Ender, dy't fan Bonzo opdracht krigen hie om by de yngong te bliuwen en neat te dwaan, brekt syn ûnthjit om al Bonzo syn befellen op te folgjen en wit der tegearre mei Petra in oerwinning foar it Salamanderleger út te slepen. Neitiid lokwinsket eltsenien Bonzo mei syn slagge taktyk. Ynstee dat er dêr ynnommen mei is, rekket er breinroer fan fernedering en bedriget er Ender, by in petear ûnder fjouwer eagen, mei de dea as dy him ea wer sa foar gek set.
Oan syn eigen lot oerlitten, spilet Ender op syn tablet in fideospultsje yn in fantasywrâld, dat troch majoar Anderson ûntwurpen is by wize fan in psychologyske test. Yn ien sitewaasje betinkt Ender in folslein nije oplossing om in skynber ûnoplosber probleem te omsilen. Fierderop moetet er in Formic en dêrnei in simulearre foarm fan syn suster Valentine, dy't him meilokket de ruïne fan in ynstoart kastiel yn. Binnendoar ûntdekt er in oar byld fan Valentine, mar as er deunby komt, feroaret it yn in simulearre foarm fan Peter, dy't Ender besiket fêst te gripen. Dat makket him sa kjel dat er it spultsje beëiniget. Graff, dy't Ender oan ien wei troch yn 'e rekken hâldt, is poerlulk oer de gong fan saken mei it spultsje en ropt Anderson op it matsje. Sy leit him út dat it spultsje bedoeld is om in ynteraksje te wêzen mei it ferstân fan 'e spiler. Hoe't de bylden fan Valentine en Peter yn it spultsje bedarre binne, kin se net útlizze.
Graff befoarderet Ender ta de lieder fan syn eigen seksje, it Drakeleger, dat gearstald wurdt út biljante, mar dreech te hantearjen kadetten, dy't ûnder de juste lieder lykwols útblinke kinne soene. Under harren binne Bean en Alai, mar ek de narder Bernard. Hja wurde oan hieltyd dregere testen ûnderwurpen. As ien fan 'e kadetten, Fly Molo, syn ankel ferstûket, stjoert Graff Petra om him te ferfangen. By in wedstryd yn 'e Striidkeamer tsjin sawol it Salamanderleger as it Loaihoarsleger witte se troch Ender syn ynnovearjende ideeën fan in frijwol ûnwinbere posysje út dochs de oerwinning te beheljen. Graff is djip ûnder de yndruk. Bonzo is des duvels en falt Ender oan as er neitiid ûnder de dûs stiet. Ender, dy't goed fjochtsje kin trochdat er thús oan ien wei troch op syn kop sitten wurdt troch syn broer Peter, slacht fan him ôf. As Bonzo jitris op him ta komt, jout er him in set mei de fuotten. Bonzo falt efteroer, komt mei de holle ûngelokkich op 'e râne fan in opstapke telâne en rekket slim ferwûne.
Ender, dy't neitiid tramtearre wurdt troch skuldgefoelens, begeliedt Bonzo nei in spesjalisearre klinyk op it Ierdoerflak. As Graff him net gean litte wol, tsjinnet er syn ûntslach yn. Dêrop oertsjûget Graff Valentine derfan dat it fuortbestean fan 'e minskheid derfan ôfhinget oft Ender syn oplieding trochset of net. Valentine hellet Ender dêrnei oer om troch te gean. Graff nimt Ender net mei werom nei de militêre akademy, mar nei in foarútskoude legerbasis fan 'e minskheid op in ferovere planeet yn 'e neite fan 'e thúswrâld fan 'e Formics.
Dêr moetet Ender de deawaande Mazer Rackham, dy't dochs net omkommen is (sa't rûnom tocht wurdt), doe't er de Ierde mei syn heldedie fan 'e Formic-ynvaazje rêde. Rackham is in Nijseelanner dy't oan syn heitekant ôfstammet fan 'e Maöary en in gesicht hat dat oerdutsen is mei tribal-tatoeaazjes (tā moko). Hy leit Ender út hoe't er ûntdiek dat de ynvaazje oanstjoerd waard fan ien memmeskip ôf, en dat alle Formics opholden te funksjonearjen en meitiid stoaren doe't er dat memmeskip ferneatige. De legerlieding ornearret dat de Formics krekt as eamels, de bistesoarte dêr't se it faakst mei ferlike wurde, bestean moatte út folken dy't oanstjoerd wurde troch ien inkele keninginne, en dy't ferneatige wurde kinne troch de keninginne te deadzjen.
Op 'e basis moetet Ender ek de oare kadetten fan it Drakeleger wer, dy't dêrhinne oerpleatst binne om him te helpen. Mei-inoar nimme se de folgjende moannen diel oan yntinsive trainingssimulaasjes fan grutskalige romteslaggen tusken de minsklike float en dy fan 'e Formics. Rackham, dy't mei Graff de lieding oer de trainings hat, leit benammen de klam op it Molekulêr Loslittings Apparaat fan 'e float (byneamd de "Lytse Dokter"), dat eltse soarte matearje desyntegrearje litte kin. De training is sa oanhâldend en yngeand dat de bern op in stuit amper noch oan sliepen takomme en út sliepgebrek flaters begjinne te meitsjen. Dat komt harren op in beskrobbing fan Rackham te stean, dy't har foarhâldt dat sliepen yn oarlochssitewaasjes in lúkse is dy't wolris ûnbeskikber wêze kin. Majoar Anderson hat beswieren tsjin dizze gong fan saken en protestearret by kolonel Graff, dy't lykwols net nei har harkje wol, om't de tiid begjint te driuwen. Anderson tsjinnet har ûntslach yn, dat troch Graff akseptearre wurdt.
By in trainingssimulaasje dy't oankundige is as de alderlêste foar't se yn it echt de striid mei de Formics oangean sille, moatte Ender en de oare kadetten fia in ansible fan op ôfstân lieding jaan oan 'e Ynternasjonale Float as dy de thúswrâld fan 'e Formics oanfalt, dêr't de Formics ûnderwilens in grutte nije eigen float opboud hawwe. De planeet is oerbefolke en drûch, en hat oan it oerflak sa'n hege temperatuer dat libbene wêzens dêr mar in pear oeren deis fertoeve kinne, dat it is net dreech om te betinken wêrom't de Formics dêr wol wei woene. By de test is de floatlieding as waarnimmer oanwêzich, admiraal Chamrajnagar, de opperbefelhawwer, ynbegrepen.
As de simulaasje begjint, befynt de Ynternasjonale Float him deunby de thúswrâld fan 'e Formics, mar in reuseftige float fan 'e fijân blokkearret him it paad. De Formics dogge lykwols neat en Ender freget him ôf oft se soms kommunisearje wolle, mar dat kin fansels net yn in oarlochssimulaasje. Dat hy falt oan en wit troch it ynsetten fan 'e Lytse Dokter, dy't betsjinne wurdt troch Petra, de fijannige float te ferneatigjen. Om 'e Formics de genedeklap te jaan, falt er dêrnei de planeet oan. Alle skippen dy't de Formics yn reserve holden hiene, besykje him tsjin te kearen, mar Ender offeret syn troepeskippen op om 'e Lytse Dokter troch syn jagers beskermje litte te kinnen. As de Lytse Dokter wer opladen is, lit er Petra op 'e planeet sels sjitte. Op it planeetoerflak ûntstiet in keatlingreäksje wêrby't de desyntegraasje him yn in razend tempo oer de hiele wrâld ferspriedt en dêrby alle libben op 'e planeet ferneatiget. Ender en syn kadetten ferkeare yn jûchheistimming om't se de test mei goed gefolch trochstien hawwe.
De floatlieding bliuwt lykwols earnstich. Dan komt in grut bedroch oan it ljocht: it wie gjin simulaasje, it wie allegearre echt. Ender fierde echt it befel oer de Ynternasjonale Float, mar de floatlieding hie besletten him dat net te fertellen om't se bang wiene dat er senuweftich wurde soe as er wist dat it diskear gjin simulaasje wie. Ender syn wrâld stoart yn. Hy beseft dat er mei it opofferjen fan 'e troepeskippen tsientûzenen minsken de dea yn stjoerd hat. En wat noch slimmer is, hy hat befel jûn om genoside te dwaan op in folslein ras fan bûtenierdske wêzens. Graff besiket him derfan te oertsjûgjen dat er in held is, mar Ender wit dat er tenei altyd as in moardner beskôge wurde sil. Graff seit dat se wûn hawwe en dat dat it iennichste is wat telt. Ender raast him yn it gesicht dat it der net om giet òft je winne, mar hoe't je winne. Graff lit him ferdôvje om him te kalmearjen.
Yn syn sliep pakt Ender bot mei syn emoasjes om, en as er wekker wurdt mei inkeld Petra dy't him selskip hâldt, beseft er einlings en te'n lêsten wat him de hiele tiid al sa dwers sit oan 'e planeet dêr't de foarútskode legerbasis fêstige is. Ien fan 'e bouwurken dy't de Formics hjir set hawwe, en dêr't hy út syn keamer wei op útsjocht, liket krekt op 'e ruïne fan it kastiel út it fideospultsje dat er op 'e militêre akademy spile. Hy rekket derfan oertsjûge dat de Formics, dy't gjin stimbannen hawwe, op telepatyske wize mei him besocht hawwe te kommunisearjen. Hy giet allinne it bouwurk yn en ûntdekt yn 'e tunnels djip ûnder de grûn de lêste oerlibjende Formic-keninginne, dy't stjerrende is. Om't hja syn tinzen lêze kin, wit hja wat syn rol west hat by de útrûging fan har ras. De keninginne leit him in klau op 'e kiel om him te deadzjen, mar as se fielt hoe'n berou oft er fan syn die hat, lit se him gewurde. Ender komt fan har oan 'e weet dat de Formics op 'e Ierde inkeld in boarne fan wetter sochten en nea in konflikt mei de minskheid hawwe woene, dat inkeld troch in misferstân en rimpene aksje ûntstie. De keninginne lit Ender it aai sjen dat se beskermet, dêr't in nije keninginne yn sit, en jout it him op 'e noed.
No't de oarloch beëinige is, en Ender foar syn rol befoardere wurdt ta admiraal, kin er fierder dwaan en litte wat er wol. Dat komt him ferhipte goed út. Hy nimt in lyts romteskip en set ôf. Yn in brief oan Valentine fertelt er dat er fan doel is en reizgje djip de romte yn, dêr't er in gaadlike ûnbewenne planeet sykje sil om mei it keninginne-aai in nije Formic-koloanje te stiftsjen.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Ender Wiggin | Asa Butterfield |
kolonel Hyrum Graff | Harrison Ford |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
kadet Petra Arkanian | Hailee Steinfield |
majoar Gwen Anderson | Viola Davis |
kolonel Mazer Rackham | Ben Kingsley |
Valentine Wiggin, Ender syn suster | Abigail Breslin |
kadet Bean | Aramis Knight |
kadet Alai | Suraj Parthasarathy |
kadet Bonzo Madrid | Moisés Arias |
kadet Bernard | Conor Carroll |
kadet Dink | Khylin Rhambo |
sersjant-ynstrukteur Dap | Nonso Anozie |
Peter Wiggin, Ender syn broer | Jimmy Pinchak |
John Paul Wiggin, Ender syn heit | Stevie Ray Dallimore |
Theresa Wiggin, Ender syn mem | Andrea Powell |
kadet Stilson | Caleb J. Thaggard |
ynstruktrise | Jasmine Kaur |
admiraal Chamrajnagar | Tony Mirrcandani |
kadet Fly Molo | Brandon Soo Hoo |
kadet Pol Slattery | Cameron Gaskins |
piloat | Orson Scott Card (allinne stim; cameo) |
reus yn fideospultsje | Gavin Hood (stim en motion capture; cameo) |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeEnder's Game is basearre op 'e roman Ender's Game, fan 'e Amerikaanske science fiction-skriuwer Orson Scott Card. Sûnt dat boek yn 1985 ferskynde, wie Card net botte happich om 'e filmrjochten te ferkeapjen. Uteinlik skreau er sels yn 1998 it earste senario op basis fan syn roman, nei't er belutsen rekke wie by de oprjochting fan 'e filmstudio Fresco Pictures. Yn 2003 tsjinne er dat skript yn by Warner Bros., mar dêr kaam neat fan. Fjouwer jier letter skreau Card in folslein nij senario, dat yn febrewaris 2009 oankocht waard troch OddLot Entertainment. Yn septimber 2010 waard Gavin Hood oannommen as regisseur, dy't sels ek wer in nij senario skreau.
Yn 2011 sleat Summit Entertainment, in dochterûndernimming fan Lionsgate Films, him oan by de produksje as finansier en distributeur. As produsinten wiene Card, Gigi Pritzker, Linda McDonough, Alex Kurtzman, Roberto Orci, Robert Chartoff, Lynn Hendee en Ed Ulbrich by it projekt belutsen foar de filmstudio's OddLot Entertainment, Chartoff Productions, Taleswrapper, K/O Paper Products, Digital Domain en Sierra/Affinity. Foar de film wie in budget beskikber fan $115 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Donald McAlpine, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Steve Jablonsky. De opnamen foar Ender's Game setten op 27 febrewaris 2012 útein en fûnen plak yn New Orleans.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Ender's Game waard fersoarge troch Summit Entertainment. De film gie op 24 oktober 2013 yn yn premiêre yn 'e Dútske bioskopen, en iepene dêrnei op 25 oktober yn 'e Britske bioskopen en pas op 1 novimber yn 'e Amerikaanske en Kanadeeske bioskopen.It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 22 oktober 2013 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Ender's Game waard op 11 febrewaris 2014 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Ender's Game mingde resinsjes. Ferskate foaroansteande resinsinten hiene in protte lof foar de film. Sa neamde Peter Debruge Ender's Game yn it tydskrift Variety "in yndrukwekkend, ta neitinken stimmend astro-aventoer dat profitearret fan in sa grut mooglik skerm." En Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times priizge de "ferbluffende en prachtich moaie bylden dy't it doek oan 'e râne ta bedekke". De film sels neamde er "in útdaagjend aventoer dat de measte jonge fans fan it boek tefredenstelle moat, wylst de folwoeksenen der ek yn weireitsje kinne."
Yn The Hollywood Reporter hie Marc Bernardin lykwols krityk op it ferhaal fan 'e film, dat nei neffens him djipgong en empaty miste. De as ûnferfilmber beskôge sênes yn 'e gewichtleazens fan 'e Striidkeamer wiene dan nei syn miening wol wer prachtich útfierd; allinne spitich, skreau er dat Ender's Game sa koart nei Gravity útkaam, wêryn't in sitewaasje fan gewichtleazens noch folle better yn byld brocht wie. Yn 'e Britske krante The Guardian neamde Peter Bradshaw Ender's Game "fisueel oansprekkend nettsjinsteande dat er oerladen is mei ideeën." Hy konkludearre: "De apokalyptyske ein fan 'e film lit sjen dat it each in stik grutter wie as de mage, wat ideeën oangiet, mar it sjocht der allegear goed út en it ratteljende ferhaal stûket net."
Op 'e webside RogerEbert.com skreau Simon Abrams: "De film […] is fierstente aardich, en dêr hat it drama swier ûnder te lijen. […] It grutste probleem fan 'e film is in kwestje fan toan en karakterisearring: de personaazjes prate allegeduerigen oer hoe gemien oft se wol net binne, mar út harren dieden blykt hiel wat oars." Folle negativer wie Joe Neumaier yn 'e New York Daily News, dy't de film 0 fan 4 stjerren joech en him omskreau as "ien fan 'e saaiste, domste, langtrieddichste films fan dit jier. […] Dune is krekt Lawrence of Arabia yn ferhâlding ta dit ding." Yn The Wall Street Journal skreau Joe Morgenstern: "Net allinne omfettet Ender's Game ferskate sênes mei gjin swiertekrêft, mar dit […] fiasko hat ek gjin drama, gjin spanning, gjin humor, gjin sjarme en gjin oantrekkingskrêft."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Ender's Game in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 219 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Al is er net alhiel like ta neitinken stimmend is as it boek, dochs slagget it [de film] om in loflik tal goed aktearre, fakkundich skreaune science fiction-sensaasjes te leverjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Ender's Game in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 39 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeEnder's Game brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $61,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $63,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $125,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $115 miljoen betsjut dat in winst fan $10,5 miljoen. Mei't dêr de marketingkosten noch ôf moatte, litte Ender's Game eins in oansjenlik ferlies fan nei alle gedachten om 'e $68 miljoen hinne.
Skraste ferfolchfilms
bewurkje seksjeOarspronklik hie it de bedoeling west en meitsje ien of mear ferfolchfilms op Ender's Game, dy't dan ek wer basearre wurde soene op 'e boeken fan Orson Scott Card. It liek regisseur Gavin Hood de baas en slaan de direkte ferfolchroman Speaker for the Dead oer om Children of the Fleet te ferfilmjen. Mar troch it tige teloarstellende resultaat fan Ender's Game kaam fan dy plannen neat en waard in grouwe streek troch alle mooglike ferfolchfilms helle.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Ender's Game
- (in) Ynformaasje oer Ender's Game yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |