Evangeelje fan Jehannes
It Evangeelje fan Jehannes, yn it oarspronklike Gryksk: τὸ Εὐαγγέλιον κατὰ Ἰωάννην, to Euangelion kata Ioannin (mar meastentiids koartwei Jehannes neamd), is in evangeelje dat erkend wurdt as ien fan 'e fjouwer kanonike evangeeljes. It is it fjirde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel en it iennichste kanonike evangeelje dat net ta de synoptyske evangeeljes rekkene wurdt. It fertelt fan it libben en ûnderrjocht, de dea en de weropstanning út 'e dea fan 'e joadske learmaster Jezus fan Nazaret, dy't troch de kristenen beskôge wurdt as de messias en de Soan fan God. De earste Fryske oersetting fan it folsleine Evangeelje fan Jehannes waard om 1913 hinne makke troch G. Hornstra.
Evangeelje fan Jehannes | ||
Papirus 52 is de âldste tekst dy't fûn is fan it Jehannesevangeelje; datearre om 125 hinne. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Εὐαγγέλιον κατὰ Ἰωάννην ("Euangelion kata Ioannin") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 90 – 100 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Evangeelje fan Lukas | |
● folgjend diel | Hannelingen fan de Apostels | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Evangeelje fan Johannes | |
publikaasje | [net útjûn (±1913)] | |
oersetter | G. Hornstra |
Skriuwer en oarsprong
bewurkje seksjeNeffens Jehannes 21 soe dit evangeelje fuortkomme út it tsjûgenis fan ien fan 'e dissipels fan Jezus, "de dissipel dy't Jezus leafhie", wêrmei't neffens de kristlike tradysje út 'e twadde iuw de apostel Jehannes bedoeld wêze soe. It Evangeelje fan Jehannes is wat de skriuwstyl oanbelanget de trije brieven fan Jehannes net wanlyk, mar neffens de measte hjoeddeiske bibelwittenskippers is Jehannes dochs net de skriuwer fan it nei him neamde evangeelje. Op grûn fan resint ûndersyk is men fan tinken dat Jehannes nei gedachten yn trije stadia skreaun is en tusken 90 en 100 syn definitive foarm krige. Neffens dizze, frij algemien akseptearre teory binne der ferskate skriuwers oer gear west. Earst waard der in ferslach skreaun op grûn fan in persoanlik tsjûgenis fan Jezus (dat mooglikerwize fan 'e apostel Jehannes kommen wêze kin); dêrnei waard dy tekst oanfolle en oardere mei help fan oare boarnen; en einlings waard it nochris op 'e nij besjoen yn 'e kontekst fan 'e oare trije kanonike evangeeljes.
Underskie mei de synoptyske evangeeljes
bewurkje seksjeIt Evangeelje fan Jehannes wykt gâns ôf fan 'e trije oare nijtestamintyske tsjûgeferslaggen fan it libben fan Jezus (de evangeeljes fan Mattéus, Markus en Lukas), dy't fanwegen harren ûnderlinge oerienkomsten bekendsteane as de synoptyske evangeeljes. Wylst fan Lukas 35% út unyk tekstmateriaal bestiet dat yn net ien fan 'e oare evangeeljes foarkomt, fan Mattéus 20% en fan Markus sels mar 3%, bedraacht dat persintaazje foar Jehannes mear as 90%. Oars as de trije synoptyske evangeeljes wiist Jehannes Jezus ûnderskate kearen dúdlik oan as de godlike Soan fan God, wylst Jezus foar it earst ek oer himsels as sadanich sprekt. Ek ferskilt de omskriuwing fan Jehannes de Doper dy't Jehannes jout fan dy yn 'e oare evangeeljes. Jehannes makket Jehannes de Doper eksplisyt ûnderhearrich oan Jezus, en bringt syn rol werom ta dy fan in seinboade dy't de komst fan Jezus foarsizze moat; dit mooglik yn reäksje op it ûntstriden fan Jezus syn superioriteit troch oanhingers fan 'e kultus fan Jehannes de Doper (wa har leauwe oant hjoed de dei fuortlibbet yn it mandeïsme). Fierders set Jezus him yn dit evangeelje ek folle skerper ôf tsjin 'e joaden (en benammen de joadske skriftlearden), wat de lettere gearstalling fan Jehannes en de groeiende kleau tusken kristendom en joadendom wjerspegelet.
Neffens de mearderheid fan 'e hjoeddeiske bibelwittenskippers is it boadskip fan Jezus sa't Jehannes dat wjerjout grutdiels net te ferienigjen mei Jezus syn boadskip sa't de trije synoptyske evangeeljes dat útdrage. Fierdersoan beskôget men de synoptyske evangeeljes as tichter sawol yn tiid as wierheid by de histoaryske Jezus steand. Oangeande oare eleminten, lykwols, is men fan tinken dat de foarstelling derfan yn Jehannes better of histoarysk sjoen akkurater is as dy yn Mattéus, Markus of Lukas. Dêrby giet it û.m. om 'e beskriuwing fan Jeruzalim en omkriten en de gearsit fan 'e joadske Hege Rie foarôfgeande oan Jezus syn arrestaasje.
Ynhâld
bewurkje seksjeJehannes kin opdield wurde yn fjouwer parten: in prolooch, in hymne wêryn't Jezus identifisearre wurdt as it Wurd en as God; it boek fan 'e wûndertekens, dat fertelt fan Jezus syn libben en fral syn ûnderrjocht; it boek fan 'e passy, it ferhaal fan 'e arrestaasje, tramtearring, krusiging, dea en weropstanning út 'e dea fan Jezus; en in epilooch wêryn't de opstiene Jezus yn Galileä ferskynt oan syn dissipels.
Skaaimerken
bewurkje seksjeDe skaaimerken fan dit evangeelje kinne oantsjut wurde as:
- de mystike relaasje tusken de Soan en God de Heit;
- de mystike relaasje tusken de ferlosser en de leauwenden;
- it buorkundich meitsjen fan 'e Hillige Geast as Treaster foar de leauwenden;
- it promininte plak fan 'e leafde yn it kristlik leauwe krijt syn gerak.
Jehannes is benammen oan net-joadske kristenen rjochte. Dat docht bliken út ferskate joadske útdrukkings dy't omstandich útlein wurde. In stylskaaimerk fan it Evangeelje fan Jehannes is de irony dy't bygelyks ta utering komt yn 'e passaazje dêr't it folk tusken Barabbas en Jezus kieze moat.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe earste Fryske fertaling út it Evangeelje fan Jehannes wie nei gedachten de proefoersetting fan Jehannes 1:1-28 en 3:1-21, dy't koart nei 1860 makke waard troch Joast Hiddes Halbertsma (hânskrift yn besit fan Tresoar; yn 1971 yn omstavere foarm útjûn troch Jacob Jetses Kalma en Ype Poortinga). It earste hiele haadstik út Jehannes (Jeh. 11) waard oerset troch Gerben Colmjon en yn 1863 útjûn as taheakke by dy syn Beknopte Friesche Spraakkunst. Yn 1914 waard as in soarte fan fúljeton in oersetting fan Jehannes 1 o/m 12 fan 'e hân fan Gerben Postma en Pieter de Clercq útjûn yn it blêd Yn ús eigen tael. It earste folsleine Jehannesevangeelje yn it Frysk wie dat dat G. Hornstra om 1913 hinne foltôge; dizze oersetting waard lykwols nea útjûn en it hânskrift is neitiid spitigernoch by de famylje ferlern gien. Inkeld in fragmint (Jeh. 1:1-14), dat troch S.E. Wendelaar Bonga publisearre waard yn it artikel Bibeloersettingen yn 'e Fryske Tael, yn By de Fryske Bibel (Ljouwert, 1944-1945), is derfan bewarre bleaun.
It hiele Frysktalige Nije Testamint kaam út yn 1933, yn in fertaling fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, deselden dy't yn 1943 ferantwurdlik wiene foar de earste folsleine bibeloersetting (in útjefte fan it Nederlands Bijbelgenootschap yn opdracht fan it Kristlik Frysk Selskip). Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel. Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan it Evangeelje fan Jehannes waard dêrby dien troch drs. H.J. Brouwer. Lykwols kaam der yn 1994 in nije evangeeljefertaling út fan Wybren Jan Buma e.o., ûnder de titel De Fjouwer Evangeeljes, op 'e nij ferfryske.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |