Boskplaat
De Boskplaat is in natoergebiet oan de eastside fan it waadeilân Skylge fan sa'n 10 by 5 kilometer. It is yn behear by Steatsboskbehear.
Bisten
bewurkje seksjeUntelbere fûgelsoarten briede op de Boskplaat, dy't yn it briedseizoen dêrom ek foar in part net tagonklik is. Wichtige briedlokaasjes fan Sulvermiuw, Lytse Sjouwerman en Leppelbek binne sluten foar publyk fan 15 maart oant 15 augustus. Wol kin it sânpaad lâns de dunerige it hiele jier troch brûkt wurde. Op fochtige klaaiige grûn tusken de sâltfegetaasje op it skor lâns de waadkant fan de Boskplaat, mar benammen op de ouwerwâlen fan de slinken dy't it skor trochsnije, libbet it Mûze-earke. Dat is in longslak dy't op it lân libbet, mar seewetter foar de fuortplanting nedich hat. Oan de Noardseekant fan de Boskplaat spiele neist de skulpen út de tsjintwurdige seefauna ek in soad fossile skulpen oan dy't ôfkomstich binne út it Eemien, de waarme perioade foar de lêste iistiid.
Plaat
bewurkje seksjeSa't de namme al fermoeden docht wie it gebiet yn eardere tiden in losse sânplaat eastlik fan Skylge. De geul tusken de twa, it Koggedjip, is lykwols tichtslibbe. Tusken 1931 en 1937 is it gebiet mei Skylge ferbûn troch de oanlis fan in stodyk mei in lingte fan hast 9 kilometer, dy't de namme Derk Hoekstra Stodyk krigen hat. Yn it earstoan wie it de bedoeling mei de oanlis fan dy stodyk in oanset te jaan ta it skeppen fan kultuerlân. Uteinlik is it gebiet útgroeid ta ien fan de meast weardefolle natoergebieten fan Nederlân. Yn 1970 krige it gebiet de status fan Europeesk Natoerreservaat. De Boskplaat is sûnt 1910 eigendom fan Steatsboskbehear.
Misbegryp
bewurkje seksjeIn algemien misbegryp oer de Boskplaat is dat it gebiet eartiids beboske west hawwe soe. It tsjinoerstelde is wier. 'Bosk' betsjut yn de âlde beneaming gewoan 'ferheging yn it lânskip of 'dún'.
Planten
bewurkje seksjeIt westlike part fan it natoerreservaat heart net by de oarspronklike sânplaat, mar is in part fan it âlde dúngebiet fan Skylge. Dêr lizze inkele hege dunen, wêrûnder it ferneamde aktyf stowende Parapludún. Yn dit dúngebiet is spontaan in grut bjirkebosk ûntstien, dat de namme Bjirkefallei hat. Troch in dúnbrân yn 2004 is fan dit bosk lykwols 65 hektare ferlern gien. Bysûndere plantesoarten yn dit part fan de Boskplaat binne Miggekrûd, Glop, Bearedrúf, Toffels-en-skuon, Skylger Sigge, Heiderinkelbel en Duvelsklau. Ek komme hjir inkele falleien foar mei fegetaasjes fan Leppeltsjeheide, dy't ek wol Cranberry neamd wurdt.
De Groede
bewurkje seksjeDe Groede is in kweldergebiet dêr't al hast 100 jier Skylger fee op weide wurdt. De fegetaasjes fan de kwelder fan de Boskplaat binne tsientallen hektares grut en besteane benammen út Skieppe-ear, Fliekrûd, Grutte Skieppetonge, Seetaaite, Anel, Kweldergêrs, Seegers, Sudden, Seesâltgers, Waadsigge en Sâlte Sigge. De ferneamde biolooch Victor Westhoff is yn 1947 promovearre op in ûndersyk nei de gearstalling fan dizze kwelderfegetaasjes.
Benoarden de stodyk is nei 1970 op it Noardsee-strân in nije dunerige ûntstien, wêrtroch in part fan de strânflakte ôfsnien is dat sûnt begroeid rekke is. Dit stik hjit fan Cupido's Polder. Hjir is ien fan de grutste groeiplakken fan Lytse Skieppetonge yn Nederlân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Visser G., 1994. De Bosplaat, Terschellingers scheppen een Europees natuurreservaat. Van Gorcum, Assen. Westhoff, V., 1947. The vegetation of dunes and salt-marshes on de the Dutch islands of Terschelling, Vlieland and Texel. Diss. R.U. Utrecht |