Kingsman (franchise)

(Trochferwiisd fan Kingsman: The Red Diamond)

Kingsman is in Britsk-Amerikaanske mediafranchise basearre op de aventoeren fan de aginten fan Kingsman, in fiktive Britske geheime tsjinst, dy't net liëarre is oan 'e Britske oerheid, mar ynstee in partikulier inisjatyf is. De franchise sette yn 2012 útein mei de Marvel-strip The Secret Service, dy't skreaun en tekene waard troch de Britske tekstskriuwer Mark Millar en striptekener Dave Gibbons. Yn 2014 waard de earste Kingsman-film makke troch regisseur Matthew Vaughn. In twadde film kaam út yn 2017. Ferskate oare films en in tillefyzjesearje binne anno 2019 yn 'e preproduksjefaze, wylst ien film yn 'e postproduksjefaze oanbelâne is en yn 2020 yn 'e bioskoop komt.

Kingsman
betinker Mark Millar
Dave Gibbons
eigner The Walt Disney Company (fia
Marvel Comics en 20th Century Fox)
lân Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
begjinjier 2012
films
langspylfilms Kingsman: The Secret Service
Kingsman: The Golden Circle
The King's Man (postproduksje)
United Kingsman (pland)
Statesman (pland)
koarte films #TBT: That Time Archer Met
   Kingsman
tillefyzje
searjes Kingsman (pland)
spultsjes
fideospultsjes Kingsman: The Golden Circle
literatuer
romans Kingsman: The Golden Circle:
The Official Movie Novelization
strips The Secret Service
Kingsman: The Big Exit
Kingsman: The Red Diamond
muzyk
soundtracks Kingsman: The Secret Service
Kingsman: The Golden Circle
offisjele webside
marvel.com/…/secret_service

The Secret Service

bewurkje seksje

De hiele mediafranchise fan Kingsman giet werom op 'e striprige The Secret Service fan tekstskriuwer Mark Millar en striptekener Dave Gibbons, wêrfan't it earste diel yn 2012 by Marvel Comics ferskynde (en it lêste yn 2013). It giet oer Gary "Eggsy" Unwin, dy't troch syn omke, Jack London, rekrutearre wurdt om as agint te wurkjen foar de partikuliere Britske geheime tsjinst Kingsman. Eggsy ûndergiet dêrfoar in trijejierrich trainingsprogramma, wêrby't er ferskate hiermoarden útfierd en in Kolombiaanske drugsbaas finzennimt.

Wylst er ûndersyk docht nei in stikmannich ûntfierings fan bekende persoanen, komt Eggsy de oan grutheidswaansin lijende James Arnold op it spoar, in ûndernimmer op it mêd fan mobile tillefony, dy't fan doel is om in satellytsinjaal te brûken om derfoar te soargjen dat de minskheid himsels ôfslachtet, om sa it probleem fan 'e oerbefolking fan 'e wrâld op te lossen. Dan wurdt London troch Arnold fermoarde om't er mei syn freondinne sliept hat. Eggsy is skokt troch de dea fan syn omke, en as er ûntdekt dat Arnold de stipe hat fan heechpleatste persoanen binnen de Kingsman-organisaasje, set er op eigen manneboet mei in pear oare aginten yn training in oerfal op 'e geheime basis fan Arnold op, dy't fêstige is yn it binnenste fan in berch yn Switserlân.

By de oerfal nimme Eggsy-en-dy it op tsjin Arnold syn trewanten, wêrûnder de eardere Kingsman-aginte Gazelle. Se befrije de bekende persoanen, wêrûnder Pierce Brosnan, Patrick Stewart en David Beckham. As Arnold it satellytsinjaal aktivearret, wurdt der wrâldwiid in 'neurologyske weach' útstjoerd nei de mobile tillefoanen fan Arnold syn bedriuw. Hy wachtet yn spanning ôf oant de grutte slachting begjinne sil, mar om't ien fan Eggsy syn meistanners de frekwinsje feroare hat, begjinne de minsken oer de hiele wrâld seks mei-inoar te hawwen ynstee dat se inoar besykje te fermoardzjen. Wylst Arnold yn betizing efterbliuwt, wurdt er deade troch Eggsy.

Kingsman: The Big Exit

bewurkje seksje

Yn 'e septimber- en oktobernûmers fan 'e Playboy waard yn 2017 in op himsels steand ferfolch op The Secret Service publisearre, mei as titel Kingsman: The Big Exit. It wie skreaun troch Rob Williams en tekene troch Ozgur Yildirim. Yn it ferhaal wurdt Eggsy ynset om 'e kontroversjele "alimintaasje"-betelling te bewekjen fan it Feriene Keninkryk oan 'e Jeropeeske Uny yn it ramt fan 'e Brexit. It giet om £100 miljard yn goudsteaven, dy't hy nei Brussel ta begeliede moat. Dêrby moat er it opnimme tsjin in terroristyske Britske pro-Brexitorganisaasje mei de namme The Union Jacks, dy't besiket it jild foar it Feriene Keninkryk werom te stellen. Uteinlik komt oan it ljocht dat Eggsy syn misje mar in ôfliedingsmaneuver wie, om Kingsman in ferlechje te jaan en weef ôf mei The Union Jacks, wylst de 100 miljard troch Kingsman sels efteroer drukt wurdt, om der neitiid yn Ingelân sikehuzen en skoallen mei te finansieren.

Kingsman: The Red Diamond

bewurkje seksje

In twadde op himsels steande ferfolch, Kingsman: The Red Diamond, kaam yn 2017 by Image Comics út. Yn dat ferhaal nimt Eggsy it op tsjin Jakobus Du Preez, in Súdafrikaanske mynboumagnaat dy't oan it haad stiet fan in organisaasje dy't "The Red Diamond" hjit. Du Preez hat in snoad plan yn wurking steld om al it papierjild te ferfangen troch goud en juwiellen, wat himsels de machtichste man fan 'e wrâld meitsje soe. Om him tsjin te hâlden, moat Eggsy gearwurkje mei Kwaito, in kreaze swarte aginte fan 'e Súdafrikaanske Geheime Tsjinst (SASS), mei wa't er earst ferskate kearen yn botsing komt, mar letter in leafdesrelaasje kriget.

Kingsman: The Secret Service

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kingsman: The Secret Service.

Ein 2014, begjin 2015 kaam de earste film út dy't basearre wie op 'e striprige The Secret Service, mei as titel Kingsman: The Secret Service. Dêryn wurdt it ferhaal fan 'e striprige werferteld, mei as wichtichste ferskillen dat Eggsy net by Kingsman behelle wurdt troch syn omke Jack London, mar troch Harry Hart, in freon fan syn heit silger. Hart wurdt fermoarde troch de mobile-tillefonyprodusint, dy't hjir Richmond Valentine hjit, as er tefolle te witten komt oer dy syn snoade plannen. Neitiid moat Eggsy de wrâld sjen te rêden fan Valentine syn sljochtsinnige bedoelings.

Kingsman: The Secret Service waard regissearre troch Matthew Vaughn, op basis fan in senario skreaun troch himsels en Jane Goldman. Produsinten wiene Vaughn, David Reid en Adam Bohling foar Marv Films, Cloudy Productions, Shangri-La Entertainment en TSG Entertainment. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan George Richmond en de filmmuzyk waard fersoarge troch Henry Jackman en Matthew Margeson. De filmdistribúsje waard dien troch 20th Century Fox. De haadrollen waarden fertolke troch Taron Egerton as Eggsy, Colin Firth as Harry Hart en Samuel L. Jackson as Richmond Valentine. De film waard op 13 desimber 2014 fertoand op it filmfestival Butt-Numb-A-Thon yn Austin (Teksas), en gie op 14 jannewaris 2015 yn premiêre. Hy brocht goed $414 miljoen yn 't laadsje op in budget fan $81 oant 94 miljoen.

Kingsman: The Golden Circle

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kingsman: The Golden Circle.

De twadde film, Kingsman: The Golden Circle, kaam út yn 2017. Dêryn wurdt it Londenske haadkertier fan Kingsman ferwoastge troch in raketoanfal fan Poppy Adams, dy't oan it haad stiet fan it machtichste drugskartel fan 'e wrâld. Sy hat har drugs fermongen mei in stadich wurkjend gif, sadat hûnderten miljoenen minsken mei de dea bedrige wurde. Adams hat it tsjingif, mar yn ruil dêrfoar easket se dat yn 'e Feriene Steaten alle drugs legalisearre wurde. By de raketoanfal binne alle Kingsman-aginten omkommen útsein Eggsy en syn maat Merlin, mar troch in needprotokol te folgjen, komme dy beide yn kontakt mei Statesman, de Amerikaanske susterorganisaasje fan Kingsman. Dêr moetet Eggsy ek syn âlde mentor Harry Hart wer, dy't dochs net deasketten blykt te wêzen, mar troch aginten fan Statesman mei avansearre technology rêden is. Mei feriene krêften moatte Kingsman en Statesman dan Poppy Adams tsjinhâlde.

De rezjy fan Kingsman: The Golden Circle waard wer dien troch Matthew Vaughn, it senario wie wer fan 'e hân fan Vaugh en Jane Goldman, en as produsinten wiene Vaughn, David Reid en Adam Bohling by de film belutsen foar de filmstudio's TSG Entertainment, Marv Films en Cloudy Productions. De kamerarezjy waard fannijs fierd troch George Richmond, en de filmmuzyk wie wer fan 'e hân fan Henry Jackman en Matthew Margeson. De filmdistribúsje waard fersoarge troch 20th Century Fox. Taron Egerton en Colin Firth kearden werom yn 'e rollen fan Eggsy en Harry Hart, en fierders spilen ek grutte nammen as Julianne Moore, Halle Berry, Elton John, Jeff Bridges en Channing Tatum mei. De film gie op 18 septimber 2017 yn premiêre en brocht wrâldwiid hast $411 miljoen op tsjin in budget fan $104 miljoen.

The King's Man

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The King's Man.

In trêde film, The King's Man, waard oankundige yn 2018 as Kingsman: The Great Game. It wie op dat stuit noch de bedoeling dat de film ein 2019 yn 'e bioskopen komme soe. Dizze film krige yn juny 2019 syn úteinlike titel en waard lang om let útbrocht yn 2021. The King's Man is in prequel dy't it ferhaal fertelt fan 'e oprjochting fan 'e feilichheidstsjinst Kingsman. De film, dy't ta it alternate history-sjenre heart, spilet ûnder de Earste Wrâldoarloch, in konflikt dat yn 'e film mei opsetsin feroarsake wurdt troch de yntriizjes fan in geheim genoatskip dêr't û.o. Grigori Raspûtin, Gavrilo Pincip, Mata Hari, Erik Jan Hanussen (de adviseur fan keizer Wilhelm II op it mêd fan it okkulte) en Vladimir Iljitsj Lenin ta hearre. In pasifistyske Ingelske ealman, Orlando hartoch fan Oxford, komt de gearspanners op it spoar troch syn út tsjinstfolk besteande ynternasjonale spionnerûnte. Yn 'e mande mei syn soan Conrad, syn butler Shola en syn gûvernante Polly besiket er harren te dwerseidzjen en de oarloch te beëinigjen.

The King's Man waard regisearre troch Matthew Vaughn nei in senario fan himsels en Dave Gibbons op basis fan it stripboek The Secret Service fan Mark Millar. De haadrol waard spile troch Ralph Fiennes as de hartoch fan Oxford, mei yn 'e wichtichste byrollen Harris Dickinson as Conrad Oxford, Djimon Hounsou as Shola, Gemma Arterton as Polly, Rhys Ifans as Raspûtin, Charles Dance as generaal Kitchener, Matthew Goode as Morton, Daniel Brühl as Hanussen, Joel Basman as Princip en Valerie Pachner as Mata Hari. De film gie op 5 desimber 2021 yn premiêre en brocht wrâldwiid $126 miljoen op tsjin in budget fan $95 miljoen.

Plande filmprojekten

bewurkje seksje

Yn 2018 waard oankundige dat der in ferfolch komme soe op Kingsman: The Golden Circle, hoewol't dêr doe noch gjin titel foar bekend wie. Letter waard foar it projekt as wurktitel United Kingsman oannommen. Dizze film soe it ôfslutende diel fan 'e trilogy oer Eggsy en Harry Hart wurde moatte. Dêrnjonken binne der plannen foar teminsten nochris twa Kingsman-films en ien spin-off-film oer Statesman, dy't as wurktitel simpelwei Statesman hat.

Op 20 july 2017 brocht 20th Century Fox in animearre koarte film út dy't in crossover omfette fan 'e spionaazjetekenfilmsearje Archer en de Kingsman-franchise. De titel wie #TBT: That Time Archer Met Kingsman, en yn 'e haadrollen wiene Eggsy en Sterling Archer te sjen, oan wa't stim jûn waard troch stimakteurs Taron Egerton en H. Jon Benjamin. Yn 'e tekenfilm ûntdekt Eggsy dat de knoffelige Archer by tafal it geheime arsenaal fan Kingsman fûn hat en him út 'e fuotten makke hat mei wapens en sterke drank. Hy daget Archer út ta "in kompetysje foar echte hearen": in drinkwedstryd, wêrby't er Archer út 'e ljochten helpe wol troch him út in fergiftige glês drinke te litten. Archer drinkt lykwols gewoan út 'e flesse oant er himsels bewusteleas sûpt hat. Eggsy, dy't misledige is troch Archer syn ûnbeskaafd hâlden en dragen, beslút om nei de Feriene Steaten te gean "om se dêr in leske te learen."

Tillefyzjesearje

bewurkje seksje

Yn juny 2018 makke Matthew Vaughn bekend dat in achtdielige tillefyzjesearje oer Kingsman yn 'e preproduksjefaze wie.

Fideospultsjes

bewurkje seksje

Tagelyk mei de film Kingsman: The Golden Circle waard yn septimber 2017 in fideospultsje mei deselde titel útbrocht troch de Súdkoreaanske produsint NHN Entertainment. Yn it spultsje, foar op 'e mobile tillefoan, kamen ek personaazjes foar út Kingsman: The Secret Service. Oars as de films hie it fideospultsje gjin grou taalgebrûk, en kaam der inkeld "myld reälistysk geweld" yn foar. Fanwegen de ôffallende belangstelling waarden de servers fan it spultsje op 24 april 2018 ôfsletten. Der wie doe noch in oar fideospultsje foar de mobile tillefoan, mei as titel Kingsman: The Secret Service, yn ûntwikkeling.

Fan 'e film Kingsman: The Golden Circle ferskynde op 22 septimber 2017 in 'ferboeking' yn 'e foarm fan 'e roman Kingsman: The Golden Circle: The Official Movie Novelization, skreaun troch Tim Waggoner.

Der binne fan 2015 ôf, doe't de earste film yn 'e bioskopen kaam, withoefolle produkten op 'e merk brocht dy't besykje mei te liftsjen op it súkses fan 'e Kingsman-franchise. Dêrby giet it om strikken, boesgroentsjes, sinnebrillen, paraplu's, skuon, horloazjes, whiskey en sa mear. Foarbylden fan merken dy't sokke artikels produsearje, binne kleanprodusinten Cutler and Gross, Mackintosh en Adidas, horloazjemakkers TAG Heuer en de Bremont Watch Company, en distillearderijen Old Forester en GlenDronach.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.