Smelle Ie
Smelle Ie is in doarp oan it Smeliester Sân yn de gemeente Smellingerlân.
Smelle Ie | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Smellingerlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 45 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 3,33 km², wêrfan: - lân: 2,90 km² - wetter: 0,42 km² | |
Befolkingsticht. | 16 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 06' N 6° 01' E | |
Lokaasje Smelle Ie (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân | ||
Offisjele webside | ||
Side Smelle Ie-De Wylgen-Bûtensfallaat | ||
Kaart | ||
Smelle Ie hat 45 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. It is it lytste doarp fan de gemeente, mar wie eartiids it haadplak en nammejouwer fan de gritenij.
Skiednis
bewurkje seksjeDe ierste fermelding fan Smelle Ie datearret út 1230 as Smalena. Oare nammen wiene Smelna (1326), Smelne (1392) en Smellinghera couent (1450). De namme betsjut letterlik smel wetter yn 'e Wide Ie.
Tusken 1200 en 1250 waard yn Smelle Ie in benediktynsk dûbelkleaster stifte, in kleaster dus foar nonnen en muontsen. De tige gaadlik keazen lokaasje lei op de râne tusken heger en leger lizzende grûn. Der wie al in delsetting, want út argeologysk ûndersyk yn 1922 en 1980 die bliken dat der al earder in houten tsjerke stie, dy't letter ferfongen waard troch in tsjerke fan dowestien. De bruorren fan it Onser Lyewe Vrouwen Smelgeraconvent holden harren dwaande mei turfwinning en stiften pleatsen yn 'e kontrijen, lykas dy yn De Flearbosk. De pleatsen waarden dan wer ferpachte oan boeren, dy't de pacht betellen mei harren produkten. It kleaster hie in úthof oan It Foarwurk by Oerterp. Sûnt 1392 waard it kleaster allinne noch neamd as in benediktynsk nonnekleaster.
Troch it kleaster groeide Smelle Ie út as it bestjoerlike sintrum fan Smellingerlân. Yn 1453 hie Smelle Ie it rjocht in jiermerk te organisearjen en yn 'e 14e en 15e iuw wennen ek de grytmannen yn Smelle Ie.
Mei de ynfiering fan de herfoarming kaam der in ein oan it kleaster. De kleastergebouwen binne yn de rin fan de tiid ôfbrutsen, it sloopmateriaal waard û.o. brûkt foar it ferstevigjen fan diken en paden. Mar der binne noch jimmeroan spoaren werom te finen, lykas de nammen Kleasterkampen, Muontsereed en Muontsegroppe en de ynrjochting fan it lân. De lokaasje fan it kleaster is bekend en opfallend yn it lânskip troch de heger lizzende grûn. Troch argeologysk ûndersyk is it bekend dat de dowestiennen tsjerke in ienskippich gebou west hat mei in wat smeller rûn koer.
Nei de opheffing fan it kleaster rekke Smelle Ie yn it neigean. De grytmannen setten harren nei wenjen yn Aldegea en Smelle Ie waard sels in buorskip fan Boarnburgum. Dat bleau sa oant 1955, doe't Smelle Ie tagelyk mei De Feanhoop, De Wylgen en Goaiïngahuzen de doarpsstatus krige.
Oan it begjin fan de 21e iuw rekke Smelle Ie noch wat grûn kwyt oan De Feanhoop. Earder hie it doarp ek noch in stikje lân oerdroegen oan De Wylgen nei't der in jachthaven oanlein wie. Op de grins fan it doarpsgebiet fan De Feanhoop en dat fan Smelle Ie hat it Wetterskip Fryslân oan de Bûtendiken yn de jierren 2019-2020 in nij gemaal mei in fiskpassaazje boud. De fiskpassaazje ferbynt de Wide Mûntsegroppe mei it Krûme Gat en it natoergebied Petgatten De Feanhoop.[3]
Mienskip
bewurkje seksjeSmelle Ie hat in mienskiplik doarpsbelang mei De Wylgen en de buorskip Bûtensfallaat. Ek de flagge en it wapen fan de twa doarpen binne mienskiplik.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 2004 | 2012 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 89 | 50 | 47 | 48 | 42 |
Keunstwurk
bewurkje seksjeYn 2018 krige it doarp yn it ramt fan in WOODlandart projekt it keunstwurk 'De Trije Muontsen ûnderweis'. It keunstwurk is in ûntwerp fan Jitze Sikkema en makke fan wylgeteannen.
Sêge
bewurkje seksjeNeffens in âlde profesije soe in bruorremoard út it laach fan kening Redbad de ûndergong betsjutte fan de wolfarrende stêd Wartna. Yn 'e tiid dat it âlde heidenske leauwe plak meitsje moast foar it kristlike leauwe hie abt Bouwe fan it Smelnekleaster it plan om dwers troch de hillige wâlden in feart te graven. De smit Wybo út Wartna, dy't út it laach fan Redbad stamde, wie mei syn mem trou oan it âlde leauwe; hja moasten neat fan de kristenen ha en om it plan fan abt Bouwe te kearen seagen hja gjin oare mooglikheid as de abt moast dea. It slagge Wybo om by it Smelnekleaster te abt te fermoardzjen, mar doe't syn mem de pij fan abt wat iepentearde seach hja op it boarst fan de abt Redbad's wapen en moast hja fêststelle dat Wybo syn lang lyn ferlerne broer fermoarde hie. Dêrmei kaam de profesije út fan de bruorremoard en mei waard Wartna troch in grutte wetterfloed troffen. Alle ynwenners ferdronken en sa ek Wybo. Mar syn geast soe nea rêst fine. Dat wie it begjin fan in lange rige spûkferhalen yn 'e kontrijen fan de Lang-Sleatemer-man.[4]
Ek oer it wetter fan Smelle Ie koe it nuver spûkje en skippers klagen nochal ris oer in spûk dat oer it skip sweefde. Nei de reformaasje waard yn Smelle Ie regelmjittich in non sjoen, dy't boppe strewellen en beammen dûnse wylst hja socht nei it kleaster dat net mear bestie.[5][6]
Publikaasje(s)
bewurkje seksje- Pleatslik Belang "Uit de geschiedenis van Smalle Ee, De Wilgen en Buitenstvallaat " (2005)
Strjitten
bewurkje seksjeBûtendiken, Kleasterkampen, Moune Ein.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Smellingerlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldegea • Boarnburgum • Drachten • Drachtster Kompenije • De Feanhoop • Goaiïngahuzen • De Houtigehage • Koartehimmen • Nyegea • De Pein • De Rottefalle • Smelle Ie • De Tike • De Wylgen | ||
Buorskippen: Bûtenstfallaat • Eibertsgeasten • De Folgeren • Galhoeke • De Geasten • De Kletten • De Koai • Luchtenfjild • Middelbuorren • Noarderein • Nijtap • Opperbuorren • Puntpeal • Sânbuorren • Sytebuorren • It Súd • Suderheide • Utein • Wierren | ||
· · |