Noardlik Idahogrûniikhoarntsje
It noardlik Idahogrûniikhoarntsje (wittenskiplike namme: Urocitellus brunneus; foarh. Spermophilus brunneus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus). Dit bist komt inkeld foar yn in pear lytse gebieten yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Idaho. Foarhinne waarden it noardlik Idahogrûniikhoarntsje en it súdlik Idahogrûniikhoarntsje (Urocitellus endemicus) ta deselde soarte rekkene, mar yn 2018 wiisde DNA-ûndersyk út dat it eins twa ferskillende soarten binne. It noardlik Idahogrûniikhoarntsje lit in beskate mjitte fan seksuele dimorfy sjen en hâldt der in herbivoar dieet op nei. It bistke fersliept acht moannen fan it jier mei syn wintersliep. De IUCN klassifisearret it noardlik Idahogrûniikhoarntsje as bedrige.
noardlik Idahogrûniikhoarntsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Urocitellus brunneus | ||||||||||||
Howell, 1928 | ||||||||||||
IUCN-status: bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding
bewurkje seksjeIt ferspriedingsgebiet fan it noardlik Idahogrûniikhoarntsje is behindich en omfettet inkeld in diskontinu areaal yn 'e Rocky Mountains fan it westen fan 'e Amerikaanske steat Idaho. It beslacht trije enklaves yn 'e delling fan rivier de Weiser. Dat is in sydrivierke fan 'e Snake, in gruttere rivier dy't op dat punt de grins foarmet fan Idaho mei Oregon. Dêrnjonken is der in fjirde enklave in stik súdeastliker, yn it Salmrivierberchtme, oan 'e súdeastkant fan 'e Cascade-opslachmar.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeIt noardlik Idahogrûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 16,8–19,4 sm, mei in sturtlingte fan 3,9–6,5 sm. De earkes binne lyts en mjitte mar 1,3–1,8 sm, en de efterpoaten binne koarter as 4 sm. It gewicht rint útinoar fan 109–258 g. Dit bist fertoant in beskate mjitte fan seksuele dimorfy yn 'e sin dat de mantsjes ornaris grutter en swierder binne as de wyfkes. Fierders is it gewicht oan 'e ein fan 'e simmer fierwei it grutst, wylst de bistkes oan 'e ein fan 'e wintersliep sterk fermeagere en dus folle lichter binne. De pels hat in rodzich grize kleur mei readbrune plakken en is op 'e bealch ljochter as op 'e rêch. Om 'e eagen hinne sit in ring fan witich hier, wylst de kiel griis is.
Biotoop
bewurkje seksjeNoardlike Idahogrûniikhoarntsjes hâlde fan in iepen biotoop. Har wenstige habitat bestiet út drûch, rotsich greidlân mei djippe ierde om hoalen yn te graven. It leafste moat dat lânskip hjir en dêr wat beammen hawwe, benammen besteande út 'e ponderosadin (Pinus ponderosa) en de douglasspjirre (Pseudotsuga menziesii). It noardlik Idahogrûniikhoarntsje komt foar op in hichte fan 1.150–1.550 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeNoardlike Idahogrûniikhoarntsjes grave trije ûnderskate soarten hoalen. Nêsthoalen binne bedoeld foar de fuortplanting en om jongen grut te bringen. Dy binne ornaris 5–11 sm djip en oanlein yn ierde mei in goede ôfwettering. De eigentlike nêstkeamer befynt him yn it djipste diel fan 'e hoale. Saneamde 'helphoalen' binne simpelwei bedoeld as beskûl yn gefal fan need, bgl. as der in rôffûgel oerfljocht. Helphoalen binne minder as 50 sm lang en wurde net tichter as op in ôfstân fan 100 m by de nêsthoale wei oanlein. Ta einbeslút hawwe noardlike Idahogrûniikhoarntsjes ek noch in aparte soarte hoale foar de wintersliep, dy't bestiet út ien inkele gong. De ierde dy't de bistkes opdolle by it graven fan harren hoalen litte se net by de yngong op in bulte lizzen, mei't dat de yngong maklik gewaar te wurden meitsje soe. Ynstee ferspriede se it yn it om-en-by fan 'e hoale.
It noardlik Idahogrûniikhoarntsje hâldt fan augustus oant ein april in wintersliep fan 8 moannen. Yn 'e earste beide wiken fan 'e aktive perioade yn begjin maaie set de peartiid útein, dy't mar 12–13 dagen duorret. Dêrby wurde tyldriftige wyfkes claimd troch mantsjes en beskerme tsjin oare mantsjes. Nei de eigentlike pearing wurdt it mantsje troch it wyfke út har hoale ferjage. Fan dat punt ôf is it fuortplantingsproses wat dêr't mantsjes neat mear mei te krijen hawwe. De draachtiid duorret 24–25 dagen, wêrnei't in smeet fan 2–7 mar ornaris 5 jongen te wrâld komt. Dy bliuwe yn 'e hoale oant se ôfwûn wurde. Wyfkes produsearje mar ien smeet jongen yn 't jier. Mantsjes fan it noardlik Idahogrûniikhoarntsje binne mei 2 jier geslachtsryp, mar wyfkes al mei 1 jier.
Fretten
bewurkje seksjeOp it menu fan it noardlik Idahogrûniikhoarntsje steane fral planteknoppen, gerzen, rusken, siggen en de griene dielen fan strûken en beammen.
Natuerlike fijannen
bewurkje seksjeDe wichtichste natuerlike fijannen fan it noardlik Idahogrûniikhoarntsje binne de sulverdas (Taxidea taxus), de prêrjewolf (Canis latrans), de langsturtwezeling (Neogale frenata) en ferskate soarten rôffûgels, benammen de prêrjefalk (Falco mexicanus), de cooperhauk (Astur cooperii), de Amerikaanske hauk (Astur atricapillus), de readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis) en de Amerikaanske blauwe hoanskrobber (Circus hudsonius).
Status
bewurkje seksjeIt noardlik Idahogrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "bedrige", mei't it noch mar yn in pear lytse gebieten foarkomt. It ferspriedingsgebiet besloech foarhinne in oerflak fan 1.600 km², mar omfettet no noch mar sa'n 20 km². De wichtichste reden foar dy tebekgong is habitatferlies. In telling út 2022 troch it Departemint fan Fisk en Wyld fan Idaho (IDFG) suggerearre dat de hiele wrâldpopulaasje fan it noardlik Idahogrûniikhoarntsje noch út sa'n 2.000 eksimplaren bestiet.
Yn it Prekolumbiaanske Tiidrek libben noardlike Idahogrûniikhoarntsjes yn ponderosadinnebosken, dy't periodyk platbaarnd waarden troch de Yndiaanske befolking fan westlik Idaho. De boskbrânen skoepen mear iepen terrein middenmank de bosken, dêr't de noardlike Idahogrûniikhoarntsjes fan profitearren. Nei de kolonisaasje fan Idaho troch de Amerikanen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, ûntstie der om 1910 hinne in maatskiplike beweging dy't derop rjochte wie om 'e natoer te beskermjen en dêrom it near lei op it opsetlik oanstekken fan boskbrannen.
Iroanysk genôch waard it noardlik Idahogrûniikhoarntsje dêr de dupe fan, mei't de iepen plakken yn 'e bosk tichtgroeiden. Wol waard der noch wâld kappe foar de hout- en papieryndustry, mar de folsleine kealslach dêr't dat mei mank gie, hie ta gefolch dat de bosk tichter (want mei beammen fan allegear deselde âldens) weromgroeide, sadat der alhiel gjin iepen plakken mear oerbleaune. It iepen lân dat der noch wie, waard brûkt foar it weidzjen fan fee, dat deselde soarte planten fret as noardlike Idahogrûniikhoarntsjes en dus mei de bistkes konkurrearret.
Fierders binne ek in protte noardlike Idahogrûniikhoarntsjes opsetlik fergiftige troch de minske om't se as ûngedierte beskôge waarden. Sa hiene boskwachters yn it Nasjonaal Wâld Payette it fan 1933 oant 1942 foar de moade om grûniikhoarntsjes "op te romjen" fanwegen de (misse) ûnderstelling dat se beammen oanfrieten. Tusken 1930 en 1980 waarden ek troch feeboeren yn westlik Idaho in protte grûniikhoarntsjes fergiftige om't se it gers frieten dat de boeren harren fee tahawwe woene en om't se hoalen groeven dêr't it fee en de hynders fan 'e boeren yn weisakje koene mei in brutsen skonk ta gefolch.
Sûnt 2000 hat it noardlik Idahogrûniikhoarntsje in beskerme status ûnder de Amerikaanske Endangered Species Act. Yn 2003 waard in beskermingsplan ynsteld troch de U.S. Fish & Wildlife Service, in ynstânsje fan 'e Amerikaanske federale oerheid, mei as eindoel om 'e populaasje noardlike Idahogrûniikhoarntsjes wer nei 5.000 eksimplaren ta te bringen. Dêrta waard 13 km² fan it Nasjonaal Wâld Payette útroppen ta habitat foar it noardlik Idahogrûniikhoarntsje. Mei de oanbuorjende OX Ranch, dy't in oerflak hat fan 3.113 km², waard in saneamde Safe Harbor Agreement ("Feilige Haven Oerienkomst") tekene, sadat noardlike Idahogrûniikhoarntsjes dêr gjin striebreed mear yn 'e wei lein waard.
Undersoarten
bewurkje seksjeIt noardlik Idahogrûniikhoarntsje is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|