North Vancouver (distriktgemeente)
It distrikt North Vancouver is in distriktgemeente op it Legere Fêstelân, yn it súdwestlike diel fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. It makket diel út fan 'e stêdekloft fan Vancouver en omjout de stêd North Vancouver oan trije kanten. It distrikt kin karakterisearre wurde as in rike en stille foarstêd sûnder folle heechbou. Yn 2016 wie it distrikt North Vancouver de op ien nei rykste gemeente fan Kanada, nei it oanbuorjende West Vancouver. It distrikt hie yn 2016 goed 85.000 ynwenners. It hat syn eigen brânwacht, mar op it mêd fan 'e plysje heart it ta de foechgebiet fan 'e federale Royal Canadian Mounted Police.
North Vancouver (distriktsgemeente) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kanada | |
Provinsje | Britsk-Kolumbia | |
Reg. distrikt | Metro Vancouver | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 85.395 (2016) | |
Oerflak | 160,8 km² | |
Befolkingsticht. | 531,1 / km² | |
Stêdekloft | Vancouver | |
Hichte | 0 - 1.449 m | |
Oar | ||
Stifting | 1862 | |
Tiidsône | UTC –8 | |
Simmertiid | UTC –7 | |
Koördinaten | 49°18′40″N 123°01′10″W | |
Offisjele webside | ||
www.dnv.org | ||
Kaart | ||
Lizzing yn Britsk-Kolumbia.
|
Geografy
bewurkje seksjeIt distrikt North Vancouver makket diel út fan 'e regio fan it Legere Fêstelân. It leit yn it noardlike part fan Metro Vancouver, it regionale distrikt fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia dat de stêdekloft fan Vancouver omfiemet. It wurdt fan Vancouver sels skaat troch de Burrard-ynham, in fjord dy't fan 'e Strjitte fan Georgia út djip yn it fêstelân fan 'e provinsje op snijt. It distrikt North Vancouver hat in oerflak fan 160,8 km², en omjout de folle lytsere stêd North Vancouver, dy't ek oan 'e Burrard-ynham leit, oan alle trije oare kanten. Yn it westen foarmet de rivier de Capilano de grins fan it distrikt North Vancouver mei de stêd West Vancouver, dy't it distrikt fan 'e kust skiedt. Mei syn trijen steane de trije gemeenten West Vancouver, de stêd North Vancouver en it distrikt North Vancouver ek wol bekend as de North Shore ("Noardkust").
Yn it noarden grinzget it distrikt North Vancouver oan Squamish. Yn it easten wurdt it distrikt begrinzge troch de Indian Arm, in yn noardlike rjochting útstykjende sydfjord fan 'e Burrard-ynham. Oare kant dat wetter lizze Anmore, Belcarra en Port Moody. It distrikt North Vancouver bestiet út in ridlik flakke stripe lân oan 'e igge fan 'e Burrard-ynham, mar wurdt wat langer wat bercheftiger neigeraden dat men fierder noardlik komt. It noardlikste diel fan it distrikt makket ûnderdiel út fan it Kustberchtme. It hichteferskil yn it distrikt rint fan seenivo oan 'e igge fan 'e Burrard-ynham oant 1.449 m boppe seenivo oan 'e noardgrins.
It beboude diel fan it distrikt wreidet him yn in east-westrjochting út by de igge fan 'e Burrard-ynham lâns en oer it heuvelige foarlân fan 'e bergen. Hoewol't der gjin dúdlik stedssintrum bestiet, binne der wol ferskate wyksintra oan te wizen op basis fan in gearklûntering fan detailhannel. Fan west nei east binne dat: Edgemont Village, Upper Lonsdale, Lynn Valley, Main Street, Parkgate en Deep Cove. Yn it distrikt lizze ek inkele lytse Yndianereservaten, wêrûnder it Burrard Inlet Reservaat 3 fan 'e Tsleil-Wautût Naasje en it Capilano Reservaat 5 fan 'e Skwamisj Naasje.
It distrikt North Vancouver stiet mei Vancouver yn ferbining troch twa brêgen oer de Burrard-ynham: de First Narrows Bridge, better bekend as de Lions' Gate Bridge, en de Ironworkers Memorial Second Narrows Crossing. Der is ek in spoarbrêge, de Second Narrows Bridge, en fierders fart der in fearpont fan SeaBus oer de fjord, dy't lykwols gjin fiertugen meinimt. It distrikt North Vancouver hat oars as de stêd mei deselde namme net folle heechbou. De stêd hat dan ek in oansjenlik hegere befolkingstichtens as it distrikt. Maatskiplik hat it distrikt North Vancouver folle mear gemien mei West Vancouver as mei de stêd North Vancouver, dy't yn trochsneed folle earmer, of alteast minder ryk, is. Bewenners fan Vancouver sels meitsje lykwols hast nea ûnderskie tusken wat se "de beide North Vans" neame.
Skiednis
bewurkje seksjeIt lân fan it distrikt North Vancouver wurdt al tûzenen jierren lang bewenne troch de Skwamisj (Squamish) en Tsleil-Wautût (Tsleil-Waututh), dat Kust-Salisjaanske folken binne. It ierste kontakt dat dy Yndianen mei Jeropeänen hiene, fûn mooglik plak yn 1579, doe't de Ingelske kaper en ûntdekkingsreizger sir Francis Drake de kust oandie fan wat letter Britsk-Kolumbia wurde soe. Yn elts gefal stiet fêst dat der yn 1791 kontakt wie mei de Spaanske ekspedysje fan Juan Carrasco en José María Narváez. Yn 1792 waard de kust fan 'e Burrard-ynham better ferkend troch de Spanjert Dionisio Alcalá Galiano. Datselde jiers arrivearre ek de earste Britske ekspedysje yn it gebiet, dy't ûnder lieding stie fan George Vancouver.
Yn 1846 setten de earste blanke kolonisten dy't oer lân nei it westen ta reizge wiene, harren oan 'e Burrard-ynham nei wenjen. It duorre lykwols noch oant 1862 ear't men úteinsette mei it kapjen fan 'e bosken oan 'e noardigge fan 'e ynham. Dêrta waard dat jiers Pioneer Mills yn it gebiet fêstige, in houtseagerij dy't de earste foarm fan yndustry yn 'e krite wie. Dat barren wurdt gauris as it begjin fan it distrikt North Vancouver beskôge, want om 'e seagerij hinne groeide al rillegau it stedsje Moodyville, dat de iennichste wenkearn tusken de Burrard-ynham en it Kustberchtme bleau oant de houtseagerij yn 1901 tichtgie. Tsjin dy tiid wie yn it gebiet yn 1891 de earste gemeente oprjochte, ûnder de namme District of North Vancouver.
Yn 'e iere tweintichste iuw fûn yn North Vancouver in wiere ûnreplik goed-boom plak, dy't spekulanten fan withoefier oanloek, ûnder wa de Ingelske skriuwer Rudyard Kipling. Yn dyselde snuorje begûn North Vancouver him te ûntjaan ta de foarm dy't it no hat. It distrikt krige yn 1902 syn earste hotel, yn 1905 syn earst bank en datselde jiers waard ek de earste pleatslike krante oprjochte. De yndustry wie yn dy tiid benammen rjochte op 'e skipsbou. De grutste wurkjouwer yn it distrikt waard Wallace Shipyards (letter Burrard Dry Dock), dy't him yn 1906 oan 'e noarderigge fan 'e Burrard-ynham fêstige. Troch groeiende wolfeart en ekonomyske foarútgong skate de stêd North Vancouver him yn 1907 fan it distrikt ôf, en West Vancouver yn 1912. Yn 1915 kaam Moodyville, dat oarspronklik bûten it distrikt bleaun wie, derby te hearren. Fan dat stuit ôf binne de grinzen itselde bleaun.
Mei't de ferbining mei Vancouver fan it heechste belang wie foar de ekonomy fan it distrikt, waard al yn 1866 in 'feartsjinst' mei in roeiboat ynsteld. In profesjonele fearpont naam de tsjinst yn 1867 oer en bleau oant 1958 aktyf. Yn 1914 waard it distrikt North Vancouver fanút it easten oer lân oansletten op it Kanadeeske spoarweinetwurk. Tsjin dy tiid wie it dien mei de ekonomyske heechtijdagen en wie der in wrâldwide resesje geande, dy't noch oanboaze waard troch it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch. Yn 'e Krisisjierren gie it noch helte minder mei it distrikt, dat te meitsjen krige mei reuseftige begruttingstekoarten doe't de pylders fan 'e Lions' Gate Bridge, wêrfan't de oanlis troch de Grutte Depresje fertraging oprûn, raamd waard troch ferskate skippen. Mei dêrom waarden sawol it distrikt as de stêd North Vancouver yn 1933 ûnder kuratêle fan it provinsjaal bestjoer pleatst.
Uteinlik kaam de Lions' Gate Bridge, dy't de earste lânferbining mei Vancouver foarme, yn 1938 ree. De fraach nei befoarrieding fan 'e Alliëarde troepen late ûnder de Twadde Wrâldoarloch ta in weropbloei fan 'e ekonomy fan it distrikt. In protte oarlochsskippen foar de Keninklike Kanadeeske Marine waarden troch Burrard Dry Dock boud. Nei de oarloch waard yn 1960 de Ironworkers Memorial Second Narrows Crossing oanlein, yn 1969 folge troch in spoarbrêge, de Second Narrows Bridge. Yn 1977 waard fierders op 'e nij in feartsjinst ynsteld troch SeaBus.
It distrikt North Vancouver hjoed de dei
bewurkje seksjeHoewol't it de swiere yndustry wie (benammen skipsbou), dy't de ekonomy fan it distrikt North Vancouver it grutste part fan 'e tweintichste iuw behearske en geande holden hat, fiere tsjintwurdich lichte yndustry en de tsjinstesektor de boppetoan. In soad bedriuwen yn it distrikt meitsje no high-techprodukten of dogge dêr marketing foar. Fierders hat it distrikt no ek in libbene filmyndustry yn it ramt fan Hollywood North, sa't de film- en tillefyzjesektor fan 'e stêdekloft fan Vancouver neamd wurdt.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De Capilano-hingbrêge oer rivier de Capilano liedt kuierders nei West Vancouver. De hingbrêge giet oer priveelân en foar tagong moat betelle wurde.
- De Lynn Canyon-hingbrêge yn in park yn it distrikt (frije tagong).
- Grouse Mountain, in skyheuvel dy't men berikke kin fia in gondelbaan of oer it Grouse Grind-kuierpaad.
- It Provinsjaal Park Mount Seymour, in oare bestimming foar skyers en kuierders.
- De Cleveland-daam, in keardaam yn it Regionaal Park De Capilano-rivier. Yn dy omkriten binne ek kuierpaden troch de ûnoantaaste natoer.
- De Mount Fromme, in berch dy't in populêre bestimming is foar mountainbikers.
- De Northlands Golfbaan, in iepenbiere golfbaan dy't rund wurdt troch it gemeentebestjoer fan it distrikt North Vancouver.
- It Maplewood Flats Natoergebiet, in natoergebiet dat gaadlik is foar fûgelspotten en kuierjen.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2016 hie it distrikt North Vancouver dat jiers in befolking fan 85.395 minsken. De befolkingstichtens bedroech dêrmei 531,1 minsken de km². De hiele stêdekloft fan Vancouver telde yn 2011 goed 2,3 miljoen ynwenners. It distrikt North Vancouver wie yn 2016 de gemeente mei de op ien nei rykste befolking fan Kanada, nei dy fan 'e oanbuorjende gemeente West Vancouver.
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking fan it distrikt North Vancouver oangiet, dy wie yn 2016 sa: 70,9% blanken; 10,3% Eastaziaten; 6,5% Westaziaten (benammen etnyske Perzen); 3,6% Súdaziaten; 2,7% Súdeastaziaten; 1,7% Yndianen; 0,9% Latino's; 0,8% Mety (Métis); 0,6% swarten; 0,3% Arabieren; 0,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Op taalkundich mêd waard fêststeld dat yn it distrikt North Vancouver yn 2016 74,4% fan 'e befolking it Ingelsk as memmetaal spriek. De op ien nei grutste memmetaal yn it distrikt, mei 5,2%, wie it Perzysk. Dêrnei folgen it Dútsk (2,1%), it Koreaansk (1,9%), it Spaansk (1,4%), it Kantoneesk (1,4%) en it Frânsk (1,2%). Fan 'e oarspronklike, Salisjaanske talen fan it distrikt wurdt it Halkomelem, fan 'e Tsleil-Wautût en in grut tal oare lytse Kust-Salisjaanske folken, noch mar troch in pear hûndert minsken sprutsen, wylst it it Skwamisj mei noch 7 sprekkers op stjerren nei dea is.
Berne yn 'e distriktgemeente North Vancouver
bewurkje seksje- Dan George (1899-1981), opperhaad, dichter, akteur en aktivist
- Leonard George (1946-2017), akteur
Klimaat
bewurkje seksjeIt distrikt North Vancouver hat in seeklimaat, mei oangenaam waarme simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis omtrint 22 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat omtrint 6 °C. It distrikt kriget jiers trochinoar 1.831 mm delslach, mei dêrûnder 1.806 mm rein en oer it hiele winterhealjier ferdield 24,9 sm snie. Der binne jiers trochinoar 173,5 dagen dat it reint, en 6,2 dagen dat it snijt.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|