Peaskefjoer

(Trochferwiisd fan Peaskebult)

In peaskefjoer, as peaskfjoer, is in tradysje dy't yn in part fan Jeropa op earste en twadde Peaskedei plakfynt. Net oeral wurde de peaskefjoeren op ien fan de peaskedagen oanstutsen. Yn parten fan Jeropa wurde de bulten al op de sneon foar Peaske oanstutsen, op Stille Sneon. By de tradysje wurde peaskebulten yn de brân stutsen. Foar dizze bulten wurdt in hiel soad hout ynsammele, dêr't de bult wol inkele tsientallen meters heech troch wurde kin.

In peaskebult op Twadde Peaskedei by Onstwedde yn 2004.

Op de bulten komme meastentiids in protte minsken út de mienskip ôf. Om de bulten hinne kinne hapkes iten wurde en wurdt der bier dronken. Ek it meitsjen fan muzyk komt in protte foar by de peaskefjoeren.

Fan peaskefjoeren wurdt oannomd dat it in âld Germaansk barren is dat syn oarsprong al foar it Kristendom fynt. Mei it oanstekken fan de peaskebulten wurdt it oanbrekken fan de maaitiid fierd, of de oerwinning fan de maaitiid op de winter. De Germanen leauden wierskynlik dat it fjoer harren beskerme tsjin kweageasten. Ek soe it goed wêze foar de fruchtberens fan de grûn, de jiske fan de peaskebulten waard eartiids oer it lân hinne struid.

Yn de 17e iuw hat de Protestantske tsjerke besocht de tradysje te stopjen, mar dat is nea slagge. Wol hawwe de Roomsk-Katoliken de tradysje ferdraaid ta in Roomsk feest.

Oan de ein fan de 20e iuw waard it hieltyd slimmer om de peaskefjoeren te organisearjen troch de strange miljeuregels. Yn de measte gemeenten resultearre dat yn gemeentlike bepalings dy't ûnder oare sizze dat allinnich snoeihout op de peaskebult komme mei.

Dizze tradysje fynt plak yn Denemark, it noarden en it easten fan Nederlân, Switserlân, Eastenryk en yn de eastlike parten fan Dútslân, wêrfan it Harz-gebiet de eastlike grins foarmet.

Yn Nederlân komme de peaskefjoeren it meast foar yn Fryslân (benammen yn de Stellingwerven), Grinslân, Drinte, Twinte en ek yn Noard-Brabân.

Peaskebulten binne dêr û.o. yn Elslo, Aldeberkeap, Aldeholtpea, Aldeholtwâlde, Aldhoarne, Aldlemmer, Appelskea, Bontebok, Boyl, Easterstreek, Finkegea, De Fochtel, Gersleat, Haskerdiken, Hoarnstersweach, It Oranjewâld, Jobbegea, Ketlik, Langedike, Oerterp, Ousterhaule, Ravenswâld, Reahel, Rotsterhaule, Mildaam, Nijeholtwâlde, Sint Jansgea, Sint Nyk, Sonnegea, Terbant, Vegelinsoard, Ychten.

Op Tessel en yn Noard-Fryslân wurde ek oan dit soarte tradysjes dien. Op Tessel wurde yn de simmer, fan 30 april op 1 maaie grutte houtbulten yn de brân stutsen. Dizze fjoeren wurde meierblissen neamd. Yn Noard-Fryslân en parten fan Dútslân wurdt op Sint-Piter, op 21 febrewaris, oan biikebrennen dien.

Wrâldrekord

bewurkje seksje

It wrâldrekord fan de heechste peaskbult stiet op namme fan it buorskip Espelo, by Holten. De hichte fan dy peaskebult wie 27 meter.

Keppeling om utens

bewurkje seksje