Sniestoarm fan 14 febrewaris 1979
De sniestoarm fan 14 febrewaris 1979 wie yn Fryslân de swierste sniestoarm fan 'e tweintichste iuw. Om't de waarlju yn 't foar sein hiene dat it teiwaar wurde soe en dat de snie Nederlân net berikke soe, kaam dit barren foar eltsenien as in folsleine ferrassing. Der foel safolle snie dat yn Fryslân, mar ek yn Grinslân en noardlik Drinte, it ferkear ta stilstân kaam en it iepenbiere libben folslein lamlein waard troch it rûnom foarkommen fan sniedunen fan 3 m heech.[1] It duorre in skoftke ear't de earnst fan 'e sitewaasje ta de rest fan Nederlân trochkrongen wie. Uteinlik moast de Keninklike Lânmacht mei swier materieel fanwegen komme om 'e wegen yn Noard-Nederlân wer begeanber te meitsjen en pleatsen en hiele doarpen dy't totaal fan 'e bûtenwrâld ôfsletten wiene, te ûntsetten.
sniestoarm fan 14 febrewaris 1979 | ||
In bioskoopsjoernaal út 1979 oer de sniestoarm fan 14 febrewaris. | ||
bysûnderheden | ||
type ramp | stoarm | |
subtype | sniestoarm | |
oarsaak | ekstreem winterwaar | |
datum | 14–17 febrewaris 1979 | |
lân | Nederlân | |
provinsjes | Fryslân Grinslân Drinte | |
statistiken | ||
deaden | 1 | |
ferwûnen | ûndúdlik | |
skea | in protte blikskea, delkommen tillefoan- en heechspanningslinen en miste ynkomsten |
Wat foarôf gie
bewurkje seksjeDe winter fan 1978 op 1979 wie yn Nederlân tige strang en soe de boeken yn gean as de op fiif nei strangste winter fan 'e tweintichste iuw.[2] Ek om 'e jierwiksel hinne wie der al gâns snie fallen en hie der strange froast west, mei twa sniestoarmen, op sneon 30 desimber en tiisdei 2 jannewaris. Dat stelde lykwols noch net folle foar yn ferliking mei wat der mids febrewaris barde.[3]
Yn jannewaris 1979 bestie yn Fryslân de hoop dat der sechstjin jier nei de Tolfde Alvestêdetocht fan 1963 einlings en te'n lêsten wer ris in tocht der tochten ferriden wurde koe. Hoewol't it dêr beslist lang genôch foar frear, woe it iis lykwols troch de oanhâldende sniefal mar net tsjûk genôch wurde. Op tongersdei 25 jannewaris koe it draaiboek foar in alvestêdetocht definityf opburgen wurde, mei't it pak snie fan 6 sm dat doe delkaam, oan alle yllúzjes in ein makke. Dêrmei kaam de sniehichte op 'e measte plakken yn Fryslân boppe de 20 sm út.[4] Tagelyk stiek doe de wyn op, sadat it boppeste laachje fan it snietek yn stosnie feroare en der wat barde dat efterôf besjoen in lytse generale rippetysje wie foar de sniestoarm fan 14 febrewaris.[5]
De wyn gie in dei letter wer wat lizzen, mar it bleau kâld, in inkele reinerige dei bûten beskôging litten. Op snein 11 febrewaris foel der wer in sintimeter snie, op 'e middei en jûn fan moandei 12 febrewaris folge troch noch mear. Om't de temperatuer moandeis boppe it friespunt útkommen wie, late dat ta izel. Tsjin dy tiid waard der net mear struid, mei't de provinsje en de gemeenten de striid tsjin it winterwaar opjûn hiene. Fan gefolgen waard it troch izel sjippeglêd. Dat wie it ek noch op 'e moarn fan tiisdei 13 febrewaris.[5]
Waarsfoarsizzings
bewurkje seksjeTsjin dy tiid wiene de ferskillen yn temperatuer tusken Noard-Nederlân en de rest fan it lân tige grut wurden. Wylst it ûnder de Grutte Rivieren hast 10 °C en teiwaar wie, frear it noch yn Fryslân, Grinslân en de noardlike helte fan Drinte.[6] It KNMI yn De Bilt foarsei de jûns fan 13 febrewaris dat it teiwaar him fierder nei it noarden ta útwreidzje soe, en dat de oare deis de winter yn Nederlân foarby wêze soe.[7] De Fryske waarman Hans de Jong fan De Gerdyk wiisde lykwols op in hegedrukgebiet yn it noarden fan Skandinaavje, dat him nei it suden ta begûn út te wreidzjen. Op basis dêrfan foarsei hy foar de kommende dagen trochsettende kjeld en delslach, dy't ûnder ynfloed fan in stoarmdepresje boppe It Kanaal mank gean soe mei in stoarmeftige eastewyn.[7]
De sniestoarm
bewurkje seksjeOp 'e jûn fan tiisdei 13 febrewaris kaam de swierste sniestoarm fan 'e tweintichste iuw oer Fryslân en oare dielen fan Noard-Nederlân. Tsjin 'e ein fan 'e middei waard it ferkear al stillein troch oanboazjende izel, dy't op 'e beammen sa'n gewicht krige, dat grouwe tûken ôfbrieken. In stoarmwyn út it noardeasten brocht letter op 'e jûn gâns nije snie.[7] Tagelyk begûn it fûl te friezen.[8] Fan om it friespunt hinne gie de temperatuer ûnderút nei –7 °C, mar de gefoelstemperatuer lei noch folle leger.[9] Tsjin midsnacht koe boppe in tinkbyldige line fan Harns nei Grins en sa fierder nei de Dútske grins net ien de diken mear op. Geandewei de nacht fan 13 op 14 febrewaris skode dy line stadichoan fierder op nei it suden. De wyn berikte útsjitters fan orkaaneftigens, 11 op 'e skaal fan Beaufort.[7]
Skriuwer Geert Mak wijde yn syn ferneamde boek Hoe't God Ferdwûn út Jorwert in passaazje oan 'e sniestoarm fan 14 febrewaris:
De iiskâlde poalwyn boaldere oer de Fryske flakten. De izel toffele op 'e strjitten, de dakken en de beammen fan it doarp, en doe kaam de snie, hieltyd mear en hieltyd tichter. "Dit sil wat wurde," seine de manlju dy't yn Het Wapen van Baarderadeel om 'e kachel sieten, wylst de flokken by de ruten opstoden. Sa út en troch gie der ien efkes nei bûten om it spul troch it gat te gnuven – al wie it suver ûnmooglik om yn 'e wyn oerein te bliuwen. De jonge notaris en de ûnderwizer rieden harsels fêst doe't se mei eigen eagen sjen woene hoe heech oft de dunen yn it bûtengebiet al wiene. Mei man en macht slagge it healwei trijen nachts om 'e auto los te krijen. Dy't dêrnei noch fêstrekke, hie gjin skyn fan kâns.
Tsjin 10.00 oere moarns op woansdei 14 febrewaris wie it hiele noarden fan Nederlân ien grutte wite stowende flakte, dêr't net bûtendoar te ferkearen foel. De stoarm hold oan, en datselde gou foar de sniefal.[7] Underwilens hie men yn 'e rest fan Nederlân net troch wat der yn it noarden geande wie. Op 'e moarn fan 14 febrewaris ferkundige de nasjonale radiostjoerder Hilversum 1 dat der "in het noorden enige sneeuwbuitjes gevallen waren." Yn it echt stie de snie doe yn Jorwert al oan 'e daksgoaten ta.[10] En dat wie beslist gjin útsûndering. Underwilens hold de stoarm ek yn 'e nacht fan woansdei 14 op tongersdei 15 febrewaris noch oan. Yn 'e rin fan dy dei begûn it wat waar wat del te bêdzjen, mar tsjin 'e jûn boaze de wyn wer oan, mei as gefolch dat, hoewol't it net mear snijde, har troch ferstowing dochs nije sniedunen foarmen op wegen en paden dy't al skjinfage wiene.[7]
Freed 16 febrewaris kipe om 'e middeisoere sawier de sinne eefkes troch de wolkens hinne. Party lju lieten har dêrtroch nei bûten ta lokje, wat ta swierrichheden late doe't yn 'e neimiddei de wyn wer oanwakkere ta hurd, mei nije stosnie ta gefolch.[11] Pas op sneon 17 febrewaris klearre it waar echt op, en dy jûns foel der wat izelrein dy't in tin laachje iis op 'e sniebulten oanmakke. Dat hie it positive resultaat dat de snie ophold fan stowen, sadat skjinfage weidielen net hieltyd op 'e nij dien hoegden te wurden. De folgjende wike waard it teiwaar en begûn it snietek hiel stadich fuort te ranen.[12]
Gefolgen
bewurkje seksjeIt gefolch fan 'e sniestoarm wie dat de ferbinings en it iepenbiere libben yn Fryslân, Grinslân en it noarden fan Drinte fan woansdei oant sneon folslein lamlein waarden. Oeral rûnen ier op woansdeitemoarn auto's fêst fan lju dy't de earnst fan 'e sitewaasje net ynseagen en dochs gewoan nei it wurk besochten te gean. Yn Fryslân ûntstiene sadwaande by Wurdum, de kop fan 'e Ofslútdyk en De Lemmer wiere autotsjerkhôven, en op It Hearrenfean soargen skjirjende frachtweinkombinaasjes foar gaos. Yn 'e rin fan 'e dei rekken alle trochgeande diken ôfsletten troch sniedunen en strâne auto's. Inkeld de Wâldwei tusken Ljouwert en Drachten bleau, sij it mei muoite, begeanber om't de beamwâlen oan 'e eastkant de snie tsjinkearden.[13]
Tsjin 10.00 moarns wiene alle doarpen yn Fryslân fan 'e bûtenwrâld ôfsletten,[13] en yn Grinslân wie dat net oars. Mar de swierrichheden troch de snie beheinden har net ta it bûtengebiet. Sels yn in stêd as Ljouwert wiene oant de middei fan freed 16 febrewaris hiele wiken op harsels oanwiisd om't de ferbinings mei de binnenstêd ferlern gien wiene.[7] Yn it noardeasten en westen fan Fryslân berikte de hichte fan sniedunen troch sniefal en opstowing fan snie mei-inoar in hichte fan 3 meter.[7] Yn Haulerwyk kaam in man om it libben doe't er by it útgraven fan syn fêstrûne auto troch de kjeld befongen rekke of mooglik fergiftige waard troch de útlaatgassen.[14] Underwilens waard it tillefoannet swier oerbelêste, sadat it lok wat jouste wie as men fia dy wei immen berikke koe.[14]
Yn dy sitewaasje spile Radio Fryslân (it lettere Omrop Fryslân) yn Fryslân in rol fan libbensbelang, krekt sa't Radio Noard dat die yn Grinslân en Drinte. Ut 'e studio yn Ljouwert wei wiene Gryt van Duinen, Rein Tolsma en Eelke Lok fan woansdei oant en mei sneon 40 oeren yn 'e loft om ferslach te dwaan fan 'e sitewaasje yn 'e provinsje en oer wat de oerheid by de ein hie om 'e ynwenners te helpen.[14] Yn guon útstjoerings waarden mear as 700 tillefoantsjes fan harkers behannele. Guon dêrfan wiene sels fan offisjele oerheidsynstânsjes, dy't fia de radio boadskippen oaninoar trochjoegen om't dat de iennichste manear wie dat se mei-inoar yn kontakt komme koene.[15]
Op it Fryske plattelân wie de sitewaasje fral problematysk foar melkfeehâlders. Dy koene de molke net kwyt om't de molkrider harren pleatsen net berikke koe, wylst se likemin oan feefoer foar de kij komme koene as se dat net al hiene. Guon boeren wiene twongen om 'e molke fuortrinne te litten, wylst oaren it fergees weijoegen oan minsken út it doarp.[16] In protte molkriders giene út ferantwurdlikheidsgefoel nettsjinsteande de minne omstannichheden dochs de dyk op, en fan harren rekken in soad fêst yn 'e sniedunen. Boeren mei trekkers of doarpelingen mei skeppen moasten harren dan loslûke of útgrave.[17]
Yn gruttere plakken sloegen in soad minsken oan it hamsterjen, mar by lytse doarpswinkels koe dat net om't dêr rantsoenearring plakfûn.[18] Benammen op it plattelân ûntstie troch de isolaasje fan 'e bûtenwrâld yn in protte doarpen in gefoel fan solidatiteit ûnder de ynwenners.[15][19] Lju út it bûtengebiet dy't nei it sikehûs moasten, waarden dêrhinne oerbrocht mei helikopters fan 'e Ryksplysje en guon dy't ôfkomstich wiene fan 'e Fleanbasis Ljouwert en de Fleanbasis Deelen.[20]
Snieromjen
bewurkje seksjeIt snieromjen gie yn 't earstoan muoisum om't snieskowers op guon plakken sels fêstrekken, wylst oant sneon skjinskode stikken dyk hiderkear wer ûnder de snie stoden. Ek wie de ûnderlinge kommunikaasje en dêrtroch ek de koördinaasje tusken de ferskate oerheidstsjinsten planút min. Dat kaam foar in grut part trochdat kommunikaasje troch de needsitewaasje behindere waard, mar op beskate punten spile ek burokrasy in negative rol.[21] Fan tongersdei 15 febrewaris ôf waard de Keninklike Lânmacht mei swier materieel ynset. Mei rupsfiertugen waarden doe tichtsittende wegen begeanber makke nei doarpen en pleatsen en fêstrekke auto's losskuord.[21][22]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Haadboarnen:
Sjoch foar boarnen en oare literatuer ek: Referenties, op dizze side. |