Strjitten yn Damwâld

Wikimedia-list

De Strjitten yn Damwâld:

Herberch De Krúswei oan de Haadwei 42


Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

  • Achterwei - ek Efterwei
  • Ald Mear - Oan de Ald Mear is de wenningbou sûnt 1992 hurd ynfold. De Alde Mear wie in sleat en grinsskieding tusken Dantumawâld en Moarrewâld.
  • A. Prakkenstrjitte - strjitte yn de nijbouwyk fan Moarrewâld krige op 26 maart 1968 de namme A. Prakkenstrjitte. Arnoldus Prakken wie fan 1872 - 1917 ynwenner fan de Wâlden en sûkereifabrikant en boer.
  • Badhúswei - De gemeenteried besleat op 26 april 1951 fan de Haadwei ôf yn Moarrewâld ûngefear 120 meter wei oan te lizzen fan wat letter in stikje Badhúswei waard. Nei 120 meter bûgde de wei noardlik ôf nei wat de Nijewei waard. It diel Badhúswei fanôf de Nijewei is yn 1956 oanlein. It badhús mei dêrby de gymseal waard yn 1956 yn gebrûk nomd. De strjitnamme is op 4 april 1960 troch de gemeenteried fêststeld.
  • Bakkerswei - nei Harke Jans Hofman, hy waard Harke 'bakker' neamd. Neist Bakkersreed wie de wei bekend as 2e Halereed. Harke Jans Hofman wie 43 jier bakker op de hoeke Mounewei mei de Bakkerswei, dêr't yn 1950 de wenning Mounewei 9 setten waard. Harke troude yn 1874 mei Jinke Everts de Jong út Driesum, se ferstoar nei 10 jier houlik. Dêrnei troude Harke mei Hiltsje Hedmans Annema. Yn de begjinjierren besoarge 'Harke bakker' bôle yn in sek, dy't er op de rêch droech. Letter hied er in kroade en dêrnei sutele er mei in karre en kêd. Begjin 1875 waard de bakkerij eigendom fan Harke Jans Hofman. Yn de nacht fan 5 op 6 maaie 1943 is de bakkerij ôfbaarnd.
  • Blauhússtrjitte - Oan de súdkant fan de Doniaweg begûn de bebouwing mei it hûs fan dokter Berend van der Sluis. Oan it eardere 'Blauwhús' op dit terrein is de namme Blauwhússtrjitte ûntliend. Njonken it 'Blauhús' stie in pleats dy't sloopt waard doe't de Rabobank boud waard. De pleats stie op it plak dêr't no it parkearplak by de bank is. Foardat de Blauhússtrjitte yn 1968 oanlein waard stie dêr it houten kantoargebou fan de gemeenteûntfanger. De grûn fan dêr't no de Blauhússtrjitte is, wie yn de oarlochsjierren sa'n oardel meter ôfgroeven foar de Ljouwerter fleanbasis.
  • Boarkensloane - rint oan de westside fan Damwâld fan de Hearewei nei de Koarndyk. De Borken hat in ryk ferline, oan de ein fan de dearinnende 'Borkensreed' wie eartiids in grutte poel, mei reiden en greiden der om. As it simmerdeis lang drûch wie, koe men troch de poel wâdzje. Oan de súdwestside wie in djippe poel, dêr't in soad snoek yn siet. Der is ea in otter fongen. Oan de Borkensreed stie eartiids in wynmotor dy't it wetteroerskot fan de Borken yn de Dongfeart pompte. By de Wynmotor wie ek in einekoai. Yn desimber 1920 binne alle beammen om de koai rûge en ferkocht. Foar de poel, oan 'e ein fan de Borkensreed lei in grut stik lân dat 'It âlde tsjerkhôf' neamd waard. Der waard beweard dat dêr eartiids in tsjerkhôf west hawwe moat. Archeologen hawwe it lân alris ûndersocht en der yn om dold, mar hawwe neat fûn. Tsjintwurdich rint de Lauwersseewei troch dit persiel lân. Winterdeis koe op it lâniis oan de Borkensreed riden wurde. Der waarden dan om 1920/1930 faak hurdriden foar skoalbern hâlden.
  • Broekhústerpaad -
  • Broekpôlen -
  • Bûterblom - wylde plant Bûterblom
  • Camstrastrjitte -It aadlike laach Camstra hie in soad besittings yn Dantumadiel.
  • Conradi-Veenlandstrjitte - Jikke Ubelina Sijke Willemina Conradi-Veenland helle as baakster mear as 5000 poppen op de wrâld. Yn it begjin fan har baakstertiid yn 1895 yn Moarrewâld hat se wiidweidige oantekeningen byhâlden. Se wie troud mei Egbert Johannes Conradi, de lettere postkantoarhâlder. Yn 1898 wie Jikke ien fan de earsten yn de Dokkumer Wâlden dy't in fyts kocht. Oant dy tiid rûn se fan Moarrewâld nei Rinsumageast, Driesum en soms ek De Westerein foar de soarch, meidat hja neist partikulier- ek gemeentebaakster wie. Op 12 septimber 1972 is Jikke Conradi-Veenland yn de âldens fan 100 jier yn Ljouwert ferstoarn. Hja kaam te hôf yn Damwâld.
  • Dirk Fontein de Jongstrjitte - Dirk Fontein de Jong wie boer, lid fan de Steaten fan Fryslân fan 1871 oant 29 jannewaris 1898 en lid fan Deputearre Steaten fan 8 novimber 1881 oant 29 jannewaris 1898. Hy hat him tige ynsetten foar de belangen fan Ikkerwâld.
  • Dammeloane -
  • Damwâldsterreedsje - paad tusken Dokkum en Dantumawâld
  • De Coninckstrjitte - Justus Bartholomeus de Coninck hearde ta de famyljes mei oansjen yn Drinte. Hy wie midden 18e iuw dykgreve fan Easter Nij-Krúslân en Boerumerlân en ferstoar op 10 maart 1771 op 53-jierige leeftiid. Troch syn frou, Theodora Sufrida fan Unia, hie hy in tal pleatsen yn Moarrewâld súd fan de hjoeddeiske Doniawei.
  • De Halewei - De Halen is in sawat twa meter hege sânrêch súd fan de doarpen Driezum-Ikkerwâld. De Halereed en de Halepaden wienen simmerdeis earttiids moudige ferbinings en min te beriden. Yn de hjerst en winter wienen stikken fan de reden en paden bytiden drek- en modderpuollen. De wei is sûnt 1954 befluorre. Yn 1927 wienen der ek al plannen om 450 meter fan de Halereed te ferhurdzjen. Alhoewol't de boargemaster en wethâlders net ûntkenden dat de dyk oan ferhurding ta wie, besleaten se dat het net oan de gemeente wie om de Halereden en -paden te ferbetterjen. Wannear't men der by de Halereed oan begjinne soe, soe der gjin ein oan komme, want yn de gemeente leinen frijwat sânpaden. Pas 27 jier letter waard ynstimd mei weiferhurding.
  • De Moarrewei -
  • Dokter Olijslagerstrjitte -
  • Doniawei - De wei fan Ikkerwâld oant Driezum wie foar de gearfoeging fan Ikkerwâld, Moarrewâld, Dantumawâld yn Damwâld de Foarwei. Sûnt begjin santiger jierren hjit de wei fan de Krúswei oant Wâlterswâld de Doniawei. De namme komt fan Doniastate yn Dantumawâld. De eardere state stie op it persiel dêr't no de wenningen Doniawei 111 en 113 steane. Oan de súdkant derfan, tsjin de doarpswei, is noch in restant te sjeen fan de eardere brede grêften, krektas dat it gefal is ten easten fan Doniawei 113. De wei hjitte earder de Macadamwei. De minne dyk bestie út stienslach, de saneamde makadam. As de stienslach wer fernijd waard, wie der op de fyts hast net oer te kommen en yn de hjerst wie it in moddertroep troch it ferfier fan sûkereiwoartels op de weinen nei de fabriken yn Dantumawâld. By teiwaar yn winter en maitiid wie der troch it opteien foar weinen ek hast gjin trochkommen oan. De betonwei fan Dantumawâld nei Driezum waard ± 1938 ferbettere. Yn oktober 1953 waard de wei fan de Krúswei oant Dantumawâld ferbrede, wat nochris barde yn 1985.
  • Dr. Jacob Botkepaad - geakunde leafhawwer en Frysksinnige Jacob Botke
  • Ds. Germswei - Yn 1960 waard besluten in lange strjitte yn Ikkerwâld-Moarrewâld de namme ds. Germswei te jaan. Oant 1965 wie it lykwols gjin lange wei, omdat pas yn 1965 it gedielte tusken De Halewei en de J.R. Kloostermanstrjitte oanlein is. Dûmny Frederik Hendrik Germs, wie fan 1897 - 1929 predikant oan de herfoarme gemeente yn Ikkerwâld. Op 20 febrewaris 1902 waard yn Ikkerwâld de CHU-ôfdieling Dantumadiel oprjochte, dêr't dûmny Germs sekretaris fan waard. Yn maaie 1918 kaam der ek yn Ikkerwâld sa'n ôfdieling dêr't er ek foarsitter fan waard. Germs sette him yn 1919 yn foar de oprjochting fan de Kristlike ULO. De skoalle gie iepen yn 1920. De dûmny die ek war om yn Moarrewâld en kristlike skoalle te stiftsjen, útgeande fan de Nederlânsk Herfoarmen en Kristlik Grifformearden. De skoalle, Foarwei 54, wie yn july 1926 klear.
  • Dwarsloane - In tige âlde wei is de Dwarsloane. Theunis Eintes Teunissen makket yn 1938 yn 'Ald Dantumadiel. De Dokkumer Wâlden' melding fan de loane yn de 17e iuw 'nei de Broek en it fean'. Jierrenlang wie de strjitte fan de noardkant ôf oant it Halepaad bestrjitte mei balstienen, fierder wie it in modderreed. Om 1920 besleat men dat in klinkerwei better wêze soe, mar doe't de balstienen ferfongen wurde moasten sieten de stiennen troch de iere froast yn de grûn fêstferzen. Wachtsje op teiwaar? Boargemaster Thys Nauta wist wol rie. It moast en it koe en sa waard der turf op de wei ferbaarnd sadat de waarmte de keien yn de grûn losweakke. Dochs wie it mar de fraach oft it idee it winske resultaat hawwe soe, want de bewenners hellen de hiele of heal ferbaarnde turven fan de wei en stookten der thús de kachel mei oan. It westlike diel fan de Dwarsloane leit yn Broeksterwâld en hjit de Oasterloane. Yn Broeksterwâld wie sprake fan 'yn 't oasten' en 'febryksloane', ûntliend oan de sûkereidrûgerij 'It nij febryk,' no Dwarsloane 4, rjochting de Mieden. De strjitte hie gjin namme oant de gemeente yn 1964 foar it strjittegedielte ûnder Dantumawâld en Wâlterswâld de namme Dwarsloane fêststelde. Soks barde mei omdat dit de yn de folksmûle brûkte namme wie.
  • Eintemastrjitte - Yn Moarrewâld wie de namme Eintemastrjitte ferbûn oan in stimdragende sate, dy't oan de súdkant fan de hjoeddeiske Doniawei stie. De strjitte is ein sechtiger jierren oanlein.
  • Fermanjepaad - rint nei de meniste tsjerke Fermanje. Eartiids wie men net sa romtinkend yn opfetting yn in soad saken as tsjintwurdich. Der wie in tiid dat de menisten gjin yngong of útgong fan harren fermanje fan en nei de iepenbiere wei hawwe mochten. It gebou moast fan de oare kant nadere wurde. Der rûn in paad fan d haadwei ôf nei it suden en dat bûgde ôf nei it Fermanjegebou. Omdat eartiids net ien wei ferhurde wie makke it net folle út oft de fermanje fan de noard- of súdkant benadere waard. Oant yn de sechtiger jierren bleau it paad ûnferhurde, it wie in paad foar klompen en learzen. Nei in tiid fan drûchte wie it paad, dat fan de Tramwei en de Dammeleane te berikken wie, in moaie wannelrûte. Mar as it hurd reind hie wie it paad sa goed as ûnbegeanber en moasten de bewenners as se mei drûge fuotten nei de Tramwei woenen, wachtsje op in foarbykommende trekker. Yn 1961 waard in sânbêd makke en waard de ôfwettering fan it paad ferbettere. It soe noch oant 1975 duorje eardat in asfaltwei oanlein waard.
  • Finnewei - wie fanâlds de Sintelwei, in wetterskipswei fan wetterskip 'De Finne en Hoogfinne'. It wetterskip is yn 1876 oprjochte en bestie oant 1968.
  • Foarwei -
  • Frijstêd - De Frijstêd rint fan it súdwesten fan Damwâld en wie yn eardere tiden in âlde ûnferhurde reed. De Frijstedsjers wienen neffens de ferhalen in fjochtlustich folkje en stiene gau mei messen klear. De measte bewenners fan de Frijstêd hienen in earmoedich bestean en wiene mollefanger, murdejeier of aaisiker fan berop. De grûn om de hjoeddeiske Frijstêd wie eartiids net folle wurdich en te skraal om der bou op te hawwen. De eigeners fan de lannen wennen meast op ôfstân fan it gebiet en hienen gjin omsjen nei de heidegrûn dy't dochs gjin fertuten die. Sa barde it faak dat minsken dy't gjin jild hienen om in hûs te keapjen sa'n lape grûn ynnommen en der in planke- of seaddehutte op setten. As de hutten klear wienen waarden de strûken om it hûs oprêden en waarden der túntsjes oanlein. De seadden waarden út de tichtby lizzende Broekpôlen helle. De spitketen wienen de basis fan de Frijstêd. Doe't der letter belesing fan de boude keten betelle wurde moast waard dy meast troch de persoanen betelle dy't de grûn yn besit nomd hienen. Dêrtroch hienen de bewenners ek wat rjocht op de grûn. By in proses dat letter om it besit fan de grûn fierd is waarden de belestingbetellers yn it gelyk steld. Sa bestie de buert út in achttal wenningen dêr't letter op wettige wize de lettere huzegroep boud waard. Troch dizze kwestje waard de huzegroep de Frijstêd neamd.
  • Gerben Postmastrjitte - Gerben Postma, ( Dantumawâld, 6 juny 1847 - Moarrewâld, 13 juny 1925 ), wie in ûnderwizer-auteur. Gerben is in soan fan kastlein en keapman Jan Wiegers Postma en Lysbeth Gerbens de Vries. Earst ûnderwizer, letter Frysk skriuwer. As er him letter yn Moarrewâld nei wenjen set lit er oan de hjoeddeiske haadwei in nije wenning sette.
  • Gerrit Durkswei - Ein 1993 waard de Gerrit Durkswei oanlein. De strjitnamme wie al yn 1970 troch de gemeenteried fêststeld. Gerrit Durks van der Staal wenne oan de Romkeloane dêr't er ek syn tún hie. Maitiids fûn er wurk as lânarbeider, simmerdeis wie er skippersfeint. Hy hat in soad mei klaai fan de terpen út Noard-Fryslân fard nei earme en lege stikken lân yn Dantumadiel. As dit wurk dien wie begûn it wurk yn de sûkereidrûgerij fan Anne Hedmans Annema yn Ikkerwâld, hjoeddeisk persiel Foarwei 152. Hy wie dêr sûnt 1882 stamper. Dat wurk wie fan begjin septimber ôf oant yn desimber, of sadree't de froast ynfoel. Yn de wintermoannen wie hy ek dwaande mei flaaksbraken of houtkappen, tenminsten as it 'iepen wetter' wie. Mannich arbeider hie in stikje bou. Gerrit Dirks van der Staal hierde bougrûn fan de notaris dêr't hy sûkerei ferboude. Folle letter levere hy sûkerei oan de koöperative sûkereidrûgerij 'De Iendracht' yn Ikkerwâlde. De drûgerij einige mei skuld. It tekoart moast troch de leden opbrocht wurde. De skuld fan Gerrit Dirks wie om 1927; 345,09 gûne. Nei sn ferstjerren yn 1932 draaiden de widdo en de bern foar de skuld op. Gerrit Dirks van der Staal wie lang foarsitter fan de Herfoarme tsjerkefâdij Ikkerwâld en hie it grêfregister fan it Ikkerwâldster tsjerkhôf. Fierder wie hy bestjoerslid fan de begraffenisferiening 'Momento Mori' yn Ikkerwâld. Dêrneist wie hy mei-oprjochter fan de federaasje begraffenisferienings yn Dantumadiel. Hy ferstoar op 22 juny 1932 op 76-jierige leeftiid.
  • Gjalt Wiegers van der Meistrjitte - leit mei it Nij Tjaerda-kompleks op de eardere Gjalt Wiegershale yn Moarrewâld. Gjalt Wiegers van der Mei is yn 1888 yn Moarrewâld berne en dêr op 25 oktober 1938 ferstoarn. Hy buorke op de pleats oan de mr P.T. Van der Herberglaan en as leechsteand pân op 15 juny ôfbaarnde. Van der Mei wie meioprjochter en bestjoerslid fan meardere wetterskippen, ûnder oare De Yndyk ûnder Ikkerwâld, oprjochte yn septimber 1904, dêr't hy oant syn ferstjerren foarsitter fan wie. Hy wie bestjoerslid fan De Lege Miede, fan it wetterskip De Broek (1906), fan it foarlopich bestjoer fan it wetterskip It Easter Reidfjild yn novimber 1908. By de oprjochting fan it wetterskip It Suder- en Easter Reidfjild yn july 1912 waard hy foarsitter. By syn ôfskied op 27 febrewaris 1933 wie hy noch foarsitter. Hy hie sitting yn de kommisje dy't op 3 septimber 1912 gear kaam om yn De Falom de oprjochting fan wetterskip Unlâns Opfeart te besprekken. Yn augustus 1914 waard hy bestjoerslid fan wetterskip De Dammeleane, dêr't hy foarsitter fan wie doe't hy him yn 1934 net werkiesber stelde. Op 29 oktober 1928 wie yn Hurdegaryp de ferkiezing fan 10 folmachten fan it wetterskip It Bûtenfjild. Gjalt Wiegers van der Mei waard ien fan de keazenen. By syn ôfskied hjirfan ein 1937 waard hy beaneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Under oare yn 1933 wie hy bestjoerslid fan wetterskip Iewâl ûnder Rinsumageast. Gjalt Wiegers van der Mei hie ek oare bestjoersfunksjes. Sa wie hy yn 1906 sekretaris fan de Folksbank yn Moarrewâld en foarsitter fan it koöperative bûterfabryk 'De Dokkumer Wâlden' yn Ikkerwâld. Yn augustus 1916 waard yn Moarrewâld in koöperative Feriening ta Oanfier fan Feefoer oprjochte, wêrfan Gjalt Wiegers van der Mei as besjoerslid beneamd waard. Hy wie diaken fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke yn Moarrewâld. Op 17 novimber 1895 waard hy notabel, op 8 desimber 1895 tsjerkefâd en op 2 desimber 1901 presidint-tsjerkefâd. Gjalt Wiegers van der Mei liet foar syn soan Johannes Gjaltjs van der Mei de pleats Dwersleane 2 sette.
  • Griene Krússtrjitte - hjir stie it gebou fan it Griene Krús.
  • Haadwei - eartiids de 'Púnwei' en letter de 'Tramwei'. It is in âlde wei mar gjin trochgeande wei, want pas om de 19e iuw kaam de wei súdlik fan De Falom ta stân. De Haadwei is in oantal kearen ferbettere, ûnder oare yn 1930 is de wei fan Dokkum oant Quatrebras ferbettere. It fytspaad is yn 1955 oanlein op de trambaan. Yn 1958 is de hjoeddeiske Haadwei ta stân komd. Earst de 4 kilometer fanôf de Efterwei yn Moarrewâld oant de brêge yn De Falom. Heal oktober 1959 wie de hiele haadwei klear. De ferbettering fan de totale wei hie mear as in jier duorre en joech in soad oerlêst. Yn Moarrewâld is tagelyk ek it fuotpaad oanlein.
  • Hielke Sijbesmastrjitte - op 4 july 1985 ûnthuld troch de doe 88-jierige Hielke Sijbesma, dy't yn Súdhorn wenne. De Sijbesmastrjitte is deunby it eardere gemeentlike slachthûs, dêr't Sijbesma 40 jier lang, fan 1923 - 1963 in soad wie. Dizze strjitte leit neist it gemeentehûs oan de Hynsteblom. It gemeentebestjoer stimde op 27 jannewaris 1981 yn mei de namme dy't foardoegen wie troch slachter Gerben S. Dijkstra, dy't 4 july 1985 sei dat karmaster Sijbesma net ferjitten wurde moast. Hielke A. Sijbesma ( Jiskenhuzen 8 maaie 1897 ) hie meardere funksjes yn it tsjerklik en maatskiplik libben fan Moarrewâld en omkriten.
  • Halepaad - paad nei De Halen
  • Heerke Ateswei - Heerke Ates Visser, ( Ikkerwâld, 21 juny 1896 - dêre, 15 novimber 1968) wie in weinmakker yn Ikkerwâld.
  • Hearewei - Nei't Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld ien waarden moasten dielen fan de foarwei in oare namme hawwe. Oars soe de wei fan de grins Wâlterswâld oant de Kapelle by Rinsumageast deselde namme hawwe. De wei fanôf de Nederlânsk Herfoarme tsjerke yn Ikkerwâld waard 25 maaie 1971 Hearewei, omdat de wei yn de folsmûle sa wol neamd waard. De gemeenteried fan Dantumadiel besleat 26 maaie 1930 de wei fan Moarrewâld oant Stienendam te ferbetterjen en dêr in asfalt-betonwei fan te meitsjen
  • Hoeksterloane - it tige âlde wei, want iuwen lyn skynt it in diel fan it paad nei Dokkum west te hawwen. Eartiids waard de Hoeksterloane de 'driuwleane' neamd, grif omdat der in soad fee oer de loane nei de lannen dreaun waard. Oan de ein fan de wei lei eartiids in marke, de 'Jantsje See' neamd. De smelle Hoeksterloane wie ynearsten oant persiel 33 ferhurde, dêrnei waard it in sânreed. Utgeande it wetterskip De Jantsje Seepolder kamen belanghebbenden yn 1937 gear om te stimmen ier de ferhurding fan de Hoeksterloane. It wetterskipsbestjoer krige yn maart 1938 berjocht fan it ministearje dat de ferhurding trochgong fine koe. Ein fjirtiger jierren waard de hiele Hoeksterloane in klinkerwei.
  • Hynsteblom - wylde plant Hynsteblom
  • Yndyksloane - leane nei it buorskip Yndyk. Fan de Efterwei rint de Yndyksloane yn noardllike rjochting troch de lannen oant de trije terpen by it eardere Dokkumer marke. Eartiids waard de Yndyksloane de Koarndyk neamd, mar troch de ruilferkaveling hawwe ferskate diken in oare namme krigen. Om 1912 oerstreamde de noardlike kant fan de Yndyksloane geregeldwei, dêrop waard de wei yn 1913 ferbrede. Oan de ein fan de leane, oan de noardkant fan de Lauwersseewei stie eartiids in houten brechje oer de Reidwâldsterfeart. Yn de besettingsjierren is de brêge troch de brânstofkrapte sloopt en ein jierren 40 is der in betonnen brechje foar yn it plak komd. De brêge waard op inisjatyf fan wetterskip De Yndyk boud.
    It begjin fan de Yndyksloane, sawat de earste kilometer, rûn eartiids oant de 'nije feart', in opslach foar preammen en skipkes. De nije feart rûn bylâns de Yndyksleane en wie foar ferfier fan terpgrûn mei in praam nei de lannen. Fan de feart is troch de ruilferkaveling net folle mear oerbleaun. Yn de tiid foar de nije feart rûn op itselde plak in âlde grêft dy't de 'Alde Dorama' neamd waard. Dorama wie in famylje mei in soad lân oan de grêft.
    Earne oan de wei lei in heimsinnich boskje mei beammen en strewellen, dat 'beppe kelder' neamd waard. Der waard sein dat dêr eartiids in grêfkelder west hie.
  • Jitse de Grootwei - Jitse de Groot, ( Aldwâld, 10 jannewaris 1844 - Moarrewâld, 25 maaie 1910 ), wie in skoalmaster, bankdirekteur en bestjoerder yn ferskate ferienings yn Moarrewâld.
  • J.R. Kloostermanstrjitte - Op it tsjerkhôf fan Twizel stiet de grêfstien fan Jan Ritskes Kloosterman ( 23 febrewaris 1847 - op 17 febrewaris 1914 ). It noardlike diel fan de Kloostermanstrjitte heart ta de earste neioarlochske huzen fan Ikkerwâld. Foar 13 april 1960 wie dit de Mounewei. De ried besleat op 19 april 1956 trottoirs oan te lizzen, de oanleine wei wie foar dy tiid te smel en de net ferhurde bjirmen wienen modderpuollen. Jan Ritskes Kloosterman hat begjin 1900 sa'n oardel jier eigener west fan de nôtmoune, dy't stie op it steed fan wat no it túnsintrum is. De mole is yn de nacht fan 7 op 8 juny 1911 ôfbaarnd. Doe't de moune mei hûs en meubels út in fallisemint op 17 augustus 1901 ferkocht waard, wie Jan Ritskes Kloosterman út Apeldoorn de keaper. Yn 1903 ferkocht hy de mûne alwer. Jan Ritskes Kloosterman skreau Fryske natoerpoezij mei religieuze ynslach; Fryske wâldblomkes (1883), Finneblomkes (1907) en Fryske stikken (1912).
  • Johannes Durksloane - komt al foar op de gritenijkaart fan Schotanus-Halma út 1718 en de strjitnamme is by riedsbeslút op 23 july 1962 fêststeld. Johannes Dirks de Vries wenne tusken 1764 en 1825 op in boerespultsje oan de leane en oant 1891 wenne soan Dirk Johannes der. Dêrom waard de leane yn de folksmûle wol de 'Durk Jehannesloane' neamd. De leane stie mei hjerst en winter faak hielendal ûnder wetter, wêrtroch't men ttroch it lân rinne moast om drûge fuotten te hâlden.
  • Johannes Douweswei - Johannes Douwes wie in Falomster dy't op 24 febrewaris 1780 op 65-jierige leeftiid ferstoar. Hy hat yn de Dokkumer Wâlden in man mei oansjen west. Want de grytman beneamde him ta meirjochter (wethâlder). Under lieding fan de grytman waard mei in fjouwertal bysitters it bestjoer en de rjochtspraak oer de gritenij dien oant 1795. Nei it werstel fan de ûnôfhinklikheid yn 1815, krige it gritenijbestjoer net mear de rjochtspraak yn hannen. Johannes Douwes wie ek boer, keapman, ûntfanger fan de belestingen en dus bysitter. Hy waard op 4 desimber 1739 lidmaat fan de Meniste gemeente, mar gie yn 1752 oer nei de Nederlânsk Herfoarme gemeente in Dantumawâld. Grif doe't hy beneamd waard as bysitter fan de gritenij, want amtners hearden by de Herfoarme tsjerke te wêzen. Oerheidsamtners wienen dan foar menisten ek net weilein. Yn de meniste tsjerke wie oant 1975 de bank mei it famyljewapen fan Johanne Douwes. Dit wapen is no efteryn de tsjerke te sjen. Yn de herfoarme tsjerke ynDantumawâld stiet op de balustrade fan it oargel de namme Johannes Douwes en syn famyljewapen.
  • K.A. van Kleffensstrjitte - Klaas Aukes van Kleffens, Moarrewâld, 19 april 1815 - dêre, 14 maart 1906 ), wie in riedslid, bestjoerder en earelid fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou.
  • Koarndyk - By de útfiering fan de ruilferkaveling Dantumdadiel waard yn 1966/1967 fanôf de Efterwei oant de Borkensleane in nije wei oanlein: de Koarndyk. Fanâlds bestie de Koarndyk ek. Op de gritenijkaart Dantumadiel út 1718 hjit de wei fanôf de efterdyk yn Ikkerwâld 'Korndijk' en fierderop tot oan 'de trije terpen' by it saneamde Dokkumermarke Yndyksleane.
  • Koekoeksblom - wylde plant koekútsblom
  • Koailoane - nei de tichtbylizzende einekoai. Yn 1511 waard al oer in einekoai sprutsen. It kadaster fan 1832 sprekt fan 'water en bosch met eendevangst'. Yn 1967 is de Koaileane oanlein en om 1980 is de wei ferbrede. Sûnt 1972 sit hjir ek it oerslachstasjon. De Koaileane wie yn 1967 amper oanlein of de wei krige lanlike bekendheid, fanwege de ûnthulling fan de namme 'Generaal Spoor Hoeve' op de koaipleats Koaileane 10, fan Wiebren F. de Vries. Yn de pleats lei al in boerd 'Rom Sicht' klear om op de gevel setten te wurden, mar in tv-programma brocht dêr ûnferwachts feroaring yn. Yn in telefyzjerubryk waard in útstjoering wijd oan in wraakt optreden fan Nederlânske soldaten yn Ynje, wat lilke reaksjes teweech brocht ûnder âld-striders. Taeke Damstra en Ale Wierstra út Kollum kamen inkele dagen nei de útstjoering by Wiebren F. de Vries oft hy der foar fielde de namme fan syn heechste kommandant generaal Simon Hendrik Spoor te earen mei de namme op de pleats. Wiebren F. de Vries wie daliks foar. Hy wie mei de 7 desimber difyzje op 7 jannewaris 1947 nei Ynje gien en op 19 april 1949 as wachtmaster fan it rezjiment Huzaren fan Boreel behâlden weromkomd. De namme 'Generaal Spoor Hoeve' wie dus in reaksje op de lanlike alteraasje nei in tv-útstjoering. It gewest Fryslân en de ôfdieling Dantumadiel fan it Feteranen Legioen Nederlân hienen de plechtichheid fan de ûnthulling tarieden. Net allinnich út Fryslân kamen feteranen nei de doe noch smelle Koaileane, mar út tal fan ôfdielingen út Nederlân. Frou H.T. Spoor-Dijkema ûnthulde de namme, wêrnei't it Wilhelmus songen waard.
  • Koweblomke - wylde plant Koweblomke. Yn de simmer fan 1994 waard mei de bou fan de earste huzen begûn yn dit bestimmingsplan Damwâld noardwest II. Per 2009 feroare de namme Madeliefje ferfryske nei Koweblomke. Oan de eastkant fan it Koweblomke stie oant 2000 it kassekompleks fan H. Veenstra. Nei de sloop bleau it terrein noch jierren leech. Yn 2010 sille de lêste huzen setten wurde.
  • Krúswei - Yn 1880 waard der it gemeentehûs en it loazjemint boud, gebouwen dy't hjoed de dei noch altiten it byld bepale. Fan 1881 tot 1947 wie de Krúswei it halteplak fan de tramline en is der net folle oan it byld feroare. Mar dat wurdt oars yn de fyftiger jierren, wannear't de tram plak makke aht foar de bus, en de ferkearssituaasje oan it drokker wurdende autoferkear oanpast wurde moat.
  • Lauwersseewei - wetternamme Lauwerssee
  • Lytse Loane - De Lytse Loane wie de wei fan Broek ûnder Ikkerwâld nei de efterwei yn Ikkerwâld. De Lytse Loane rûn oer de Ikkerwâld Hale dêr't tûzenen jierren âlde skrabers en pylkpunten fûn binne. De Lytse Loane fan de Foarwei ôf yn súdlike rjochting wie it oant begjin fyftiger jierren faak net te brûken troch de rein en de lege lizzing. Gearwurking om de wei te befluorjen wie min te berikken omdat de wei tahearde oan twa wetterskippen wêrfan't de regleminten wizige wurde moasten. Dat moast úteinlik dien wurde troch it provinsjaal bestjoer. Pas yn de riedsfergadering fan 28 maart 1952 waard besluten ta weiferhurding. De Lytse Loane waard yn 1953 straten en yn 1956 waarden de trottoirs oanlein. De betsjutting fan de name Lytse Loane is wat frjemd omdat it ien fan de langste strjitten fan it doarp is. Op in kaart út 1847 waard de leane de 'Klynlaan' neamd, wat leech fean betsjut. Yn it Frysk waard hjir de Lytse Loane fan makke, mar doe't mei de tiid de strjitnammen nei it Nederlânsk oersetten waarden is hjir sûnder der by nei te tinken de Kleine laan fan makke. Yn 2009 is de strjitte wer oersetten yn it Frysk en waard it wer Lytse Loane.
  • Master de Grootstrjitte - yn it útwreidingsplan Moarrewâld-noardeast. Neamd nei Jitze de Groot dy't fan 1873 - 1903 haad wie fan de iepenbiere skoalle yn Moarrewâld en oprjochter fan sjongkoar 'De ontluikende bloem'.
  • Master Klokwei - Tweintich wenningen yn de dûbele wenlaach binne as earste yn 1981 boud. De strjitte is ferneamd nei Jacob Klok, ûnder oare skoalmaster en ferstsstrider út Ikkerwâld. Fan him stiet oan de foarwei in monumi nt. ynfo oer Jacob Klok Ynformaasje is hjir en hjir te finen.
  • Mefrou Schiffstrjitte - Eke Lambertine Hermana Schiff-de Jong wie ponghâldster fan de ôfdieling Dantumawâld en omkriten fan it Griene Krús, dat begjin 20e iuw oprjochte waard. De wenning Doniawei 51 wie earder it Griene Krús-gebou. It hûs wie earder eigendom fan widdo Schiff-de Jong, berne yn Dantumawâld op 29 maaie 1858, ferstoarn yn De Haach op 20 desimber 1941. Yngeande 1 januari 1939 skonk hja it wykgebou oan de Griene Krús-ôfdieling. Eke Schiff-de Jong hat de wenning Doniawei 75 bouwe litten. Se pleite op in Groene Krús-gearkomst fan 12 febrewaris 1903 foar it opsetten fan in naaiferiening, dy't bydrage koe oan it wurk fan it Griene Krús. De gearkomst gie akkoard, it waard bekend as de naaikrânse fan it Griene Krús.
  • Moarrewei - It bedriuwenterrein hjit De Moarren.
  • Mounetille - Op 24 maart 1966 werd het doarpshûs "Mounetille" yn Ikkerwâld troch de Sekretaris fan de Fryske Plankommisje, M. Apperlo, iepene, hy krijt de skjirre oanrikt troch de 5-jierige Adrienne Scholten. De tariedings foar de bou hawwe sân jier duorre. De earste plannen foar in doarpshûs binne der al yn 1959. De oanbesteding folget pas op 5 jannewaris 1965, op 19 jannewaris folget de gunning, en op 17 maart fan dat jier wurdt begûn mei bouwen. It doarpshûs is in ûntwerp fan arsjitekt J.C. Teeuw út Ljouwert. It gebou stiet oan de foarwei, mar om de ferkearsfeiligens komt de yngong oan de foarkant oan de Mounewei. By binnenkomst is der oan de rjochterside in garderobe, foyer mei buffet en in kokentsje. Oan de linkerkant binne twa fergadersealtsjes. De grutte seal hat in kapasiteit foar 400 minsken en hat in grut toaniel mei dêrûnder in klaairomte. De totale kosten bedrage 270.000,00 Gûne. 90% Fan de kostenpost wurdt troch de provinsje en de gemeente betelle. De oare 10% waard troch de boargers byien brocht. De Herfoarme gemeente fan Moarrewâld en ikkerwâld drage 50.000,00 Gûne by oan de bou, earst wie dit bedrach orneare foar de bou fan nije lokalen by de tsjerke. De namme Mounetille komt fan in eardere moune yn de omjouwing en tille as symboal foar in brechje dat minsken ûnderling ferbynt en dat ek tinkendocht oan in dowetille om yn en út te fleanen. It behear fan de Mounetille kin ûndanks dat it net winstjouwend hoegde te wêzen net mear kostendekkend, wêrop besluten wurdt om it doarpshûs yn septimber 2000 te sluten. Yn 2002 waard it doarpshûs ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it nije gebou, dat de namme Nije Tille krige. De skiednis like him te werheljen, moast der op de Mounetille mar leafst 7 jier wachte wurde, foar de bou fan de Nije Tille is de dei fan hjoed noch gjin skeppe de grûn yn gien.
  • Mûnewei -
  • Mr. P.A. Bergsmastrjitte - nei Petrus Adrianus Bergsma († Dokkum, 1824 ), gemeentesekretaris fan Dantumadiel fan 1780 - 1782 en grytman fan de gemeente fan 1782 - 1812. Bergsma befoardere de sûkereibou yn de Dokkumer Wâlden. Hy soe stikken lân hierd hawwe ûnder de kondysje dat in diel mei sûkerei beboud wurde moast. Syn sûkereidrûgerij yn Dantumawâld wie it lettere 'âld febryk'. Dizze drûgerij stifte hy yn 1792 en soe de grutste fan it hiele keninkryk wêze. Bergsma hie fierder in hynstefokkerij yn Dantumawâld en wie tsjerkefoud. Syn namme stiet yn de klok út 1786. Bergsma stie ek bekend as de útfiner fan it brûken fan sâlt foar it fee. Yn it bysûnder om sterke broei en skimmel foar te kommen.
  • Mr. P.T. van der Herbergloane - Pieter Taekes van der Herberg waard 11 july 1906 yn Eanjum berne. Gie nei de kristlike HBS yn Ljouwert. Nei syn oanfoljend steatseksamen foar talitting oan de universiteit, studearre hy Rjochten oan de Frije Universiteit yn Amsterdam en slagge yn febrewaris 1936 foar it doktoraal eksamen yn de rjochten. Hy begûn in abbekatepraktyk yn Ljouwert en dosearde dêr Lanboubedriuwslear oan de rykslânbouwinterskoalle. Yn de besettingsjierren siet er yn it ferset. Hy organisearre de Oardertsjinst yn Fryslân. Earst mei boargemaster Haersma Buma fan Wymbritseradiel en nei dy syn ferstjerren mei notaris Smid en op it lêst mei Meijer. Van der Herberg wie kontaktpersoan foar de Fryske fersetsminsken mei de sjef-staf fan de sintrale lieding. Op 16 april 1945, fuort nei de befrijiing, weaard hy beneamd as waarnimmend boargemaster fan Dantumadiel en ta foarsitter fan de 7e keamer fan it tribunaal, dat nei de befrijing sitting hâlde yn Dokkum foar de berjochting fan persoanen, dy't yn de besettingsjierren yn meardere of mindere mate oan de ferkearde kant stien hienen. Op 21 maaie 1958 krige Van der Herberg in slim ferkearsûngelok yn Grins. Hy waard by it oerstekken fan in strjitte oanriden troch in trollybus en rûn ûnder oare in skedelbasisfraktuer op, wêrfan hy stadich opknapte mar waard eins net mear de âlde. Hy ferstoar yn it Akademysk sikehûs yn Grins op 1 febrewaris 1965.
  • Nije Hale -
  • Nijewei -
  • Nij Tjaerda -
  • Notaris Hellemastrjitte -
  • Ringhersmastrjitte -yn 1968 neamd nei de Ringhersmastate, dêr't no it notariskantoar fan mr. Leegstra stiet. It wie in stimhawwende pleats. Dêr't de Ringhersmastrjitte rint stienen twa wenningen. Neist Doniawei 12 rûn súdlik in paad nei de beide wenten dy't yn 1959 en 1965 ôfbrutsen waarden.
  • Roggeblom - wylde plant Roggeblom
  • Romkeloane - in iuwenâlde reed mei oan beide kanten arbeiderwenten. De reed ktige yn 1970 de namme Romkeleane, foarhinne wie it 'de âld reed'. Dizze Romke wie Romke Visser (1837 - 1930), dy't oan de eastkant fan de reed, flakby de Foarwei wenne. Romke Visser wie fuorman en ried mei syn diligence benammen woansdeis nei de merk yn Dokkum en op freed nei Ljouwert. Yn de Romkeleane wie earttiids in frij brede sleat dy't bekend stie as de Ritske-Eltsje grêft, dêr't winterdeis de bern riden learden.
  • Rommert de Breestrjitte - Rommert de Bree, ( Dantumawâld 25 maaie 1875 - Ermelo, 24 oktober 1961 ) wie in boer en bestjoerder fan in soad ferienings yn Dantumawâld en omkriten.
  • Schwartzenbergloane -
  • Schwartzenbergstrjitte - Schwarzenberg en Hohenlansberg binne foaroansteande âlde lagen. Om 1550 kaam de famylje troch in houlik nei Fryslân. Twa neisieten wienen yn de earste helte fan de 18e iuw grytman yn Dantumadiel: fan 1713 oant 1725 Georg Wolfgang en fan 1725 oant 1758 Michael Onuphirus. Dêr't húsarts Van Den Bremer wennet stie destiids in pleats, dy't eigendom wie fan in telch út dit laach.
  • Sikke Boukeswei - oanlein yn 1974, de alve âldereinhuzen binne in jier letter boud. Ferneamd nei Sikke Boukes Haalstra. Sikke Boukes kaam út in earme húshâlding mei in pear kij en net folle lân sadat hy meardere kearen mei de hûnekarre de bjirmen ôf gie om gers te heljen. Der wie doe ek in rymke oer him: "Sikke Boukes draagt schoenen met toukes. Ik zag aan het haar, dat het Sikke Boukes waar". Sikke Boukes Haalstra hearde ta de earste dragers fan de begraffenisferiening 'Memento Mori' yn Ikkerwâld. Hy ferstoar dêre op 29 augustus 1933 yn 'e âldens fan 87 jier.
  • Singel - De Singel is in âlde wei, want pas yn 1853 wie de wei oer de Falom rjochting Feanwâlden klear. Yn 1453 moast der yn Dantumadiel in wei komme wêroer't keaplju oer lân reizgje koenen. Foar dy tiid sil de ferbining nei it suden dus striemin west hawwe. Folle letter, ûnder oare yn de 17e iuw, is de Singel opknapt troch baron Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, dy't yn Rinsumageast wenne. De Singel, destiids bekend ûnder de nammen Hartochsleane, Schwartzenbergsingel, Lange Singel, Westsingel of Westerleanesingel wie oant yn de hjoeddeiske wenning Schwartzenberghleane 2 besit fan de earmfâden yn Ikkerwâld. Foar de boeren, dy't oan de Singel harren lannen hien, wie de ferbining tige wichtich. Mar it wie faak in min begeanber paad. Yn 1878 frege de earmfâdij fan Ikkerwâld B en W de 'Westcingel' te ferbetterjen, mar it antwurd is ôfwizend. Uteinlik komt de ferhurding der yn 1913.
  • Sjollemastrjitte - De wenningen binne yn 1973 en 1974 boud. Sollemazathe hat yn in fier ferline op it steed stien, dêr't sûnt 1971 de Rabobank stiet. It hat grif in wichtige pleats west. Op it plak fan Sjollemazathe stie letter it 'Blauhús' dat sûnt 1906 de wenning wie fan dokter Berend van der Sluis. Yn 1482 wie yn Moarrewâld 'het Syolama gued'. Tiessa Syollama hie yn 1511 de sate. Om 1610 bewenne Thijesse Eyntes Siollama de Sjollemasate. Yn 1640 bewennen de bruorren Sjoerd Tjeerds Sjollema en Bartele Tjeerds Sjollema de sate tichtby de Krúswei.
  • T.E. Teunissenwei - De earste wenningen oan de strjitte ferriisden tusken 1971 en 1973, wylst ein tachtiger-, begjin njoggentiger jierren de wenningbou eastliker oan de strjitte begûn. Foar de oansluting fan de T.E. Teunissenwei op de Haadwei moast in wenning sloopt wurde. Neamd nei Theunis Eintes Teunissen, auteur en fersekeringsagint út Dantumawâld.
  • Thiedamawei - Thiedemastate wie in pleats dy't oan deâlde doarpsgrins Alde Mear stie tusken Moarrewâld en Dantumawâld, súdlik fan Haadwei 1. Tusken 1970 en 1971 bine de earste huzen oan de Thiedemawei boud. Oan de ferlinging fan de strjite waard yn de twadde helte fan de tachhtiger jierren boud.
  • Tjeerd Foekesloane - nei Tjeerd Foekes Wiegersma, ( Dantumawâld, 3 maaie 1821, - dêre, 7 april 1907 ). Op 26 jannewaris 1925 waard in begjin makke mei de bestrating fan de wetterskipswei. Yn 1954 besocht it wetterskip de wei oan de gemeente oer te dragen, mar dêr trape de gemeente net yn omdat it publyk belang net grut genôch achte waard. Neffens it rapport fan de gemeente wie de wei yn minne steat.
  • Trekwei - In iuwenâlde ferbining rjochting Dokkum, blkens it boek 'Ald Dantumadiel, De Dokkumer Wâlden' fan Theunis Einte Teunissen. Nei de earste plannen foar it meitsjen fan in wei mei feart sûnt 1633 duorre it oant 1666 eardat de wei klear wie. De feart begûn oant 1761 by de hjoeddeiske pleats Trekwei 10. Yn 1760 wienen Petrus Fooy en Elisabeth Steringa eigener wurden fan de feart en trekfeart mei de ferpichting de foart oan de Herberch of de 'Kerkebuyren' ta troch te lûken. Om 1928 waard de Trekwei ferhurde. Oant dy tiid wie de trekwei by hjerst en winterdeis faak ûnbegeanber. De feart wie te smal en faak te ûndjip foar gruttere skippen. Eigentlik koe Dantumawâld oer wetter allinnich berikt wurde mei lytse snikken en preammen. Yn 1915 waard der troch de gemeente in bedrach fan 40.000,00 Gûne beskikber steld om de feart te ferbreedzjen, mar dat bliek om 'e nocht. It beurtskip fan Dantumawâld lei oan de ein fan 'it opfeartsje' (noardlik fan it hûs Trekwei 6), ûnder in ôfdak dat as skiphûs brûkt waard. De lêste beurtskipper wie fan 1925 - 1929 Wybe Jans de Vries, tegearre mei syn soan Jan Wiebes de Vries. Eardere beurtskippers binne heit en soan Bartele en Tamme Oegema en Jan Bosch. Yn 1937 waard 'De Styntsjebrêge' oer de feart sloopt en kaam er in daam foar yn 't plak, wêrmei't it foar de skipfeart by Dantumawâld foargoed dien wie.
  • Tsjerkewei - Yn Dantumawâld is it strjitsje njonken de Nederlânsk herfoarme tsjerke oan de Doniawei, de Tsjerkewei neamd.
  • Van Aernsmastrjitte - de namme waard yn 1968 fêsteld. Yn 1987 is de strjitte oanlein en yn de twadde helte fan dat jier waard de earste wenning boud, dat is no perseeel 31. Yn 1988 wie de wenning klear en in heal jier letter waard de twadde wenning yn de strjitte boud. Gysbertus fan Aernsma wie fan 1628 oant 1631 grytman fan Dantumadiel. Hy wie in soan fan Arent fan Aernsma en Margaretha Fockens.
  • Willemstrjitte - Willem Johannes Veenstra (1860-1947), hie in pioniersrol yn de ôfdieling Moarmerwâlde fan Patrimonium. Yn 1895 waard 'Patrimonium' as sosjaal maatskiplike feriening, fan wêrrút yn 1916 de 'Wenningstichting Patrimonium' fuortkomd is. Foardat yn 1916 de seis dûbele Patrimonium-wenningen en yn 1919 de oare 17 wenningen en in slachterwinkel oan de Willemstrjitte bod waarden, wie it bou- of greidlân oan de noardrâne fan de Broekpôlen. De wenningen binne dus út 1917 en 1919. De eardere reed lâns de wenningen waard yn de simmer fan 1925 ferhurde. De wei krige doe de namme Willemstrjitte.
  • Wopkemawei -
  • Wâlddyk -
  • Wyger Martensstrjitte - Yn de riedsfergadering om 5 desimber 1975 waard op útstel fan de hear R. Smit, de troch B&W foarstelde namme Van Aernsmastrjitte yn it bestimmingsplan 'De Vermaning' feroare yn Wieger Martensstrjitte. Oan de Wyger Martensstrjitte leit û.o. de iisbaan fan iisklup 'De Wâlden' en de kristlike basisskoalle 'De Bron'.
    Wieger Martens waard yn 1698 berne op de pleats fan syn âlden oan de Efterwei yn Ikkerwâld. Hy hie grif in foaroansteand plak yn de menniste gemeente fan Dantumadiel. As leafde- of likeprediker wie hy foargonger tusken 1728 - 1740. Wieger Martens ferstoar op 3 novimber 1751 yn Ikkerwâld. Syn pakesizzer Wieger Martens lei op 29 april 1767 de earste stien foar de nije fermanje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje