The Legend of Tarzan (film)

The Legend of Tarzan is in Australysk-Britsk-Amerikaanske histoaryske fantasy-aventoerefilm út 2016 ûnder rezjy fan David Yates, mei yn 'e haadrollen Alexander Skarsgård as Tarzan en Margot Robbie as Jane. De titel betsjut "De Leginde fan Tarzan". De film is basearre op 'e Tarzan-ferhalen fan 'e Amerikaanske skriuwer Edgar Rice Burroughs. It ferhaal folget Tarzan en Jane by harren weromkear nei Afrika, dêr't se op útnûging fan 'e Belgyske kening Leopold II de Kongofrijsteat, syn persoanlike koloanje, besichtigje sille. It blykt lykwols in falstrik te wêzen: Leopold hat ferlet fan jild en longeret op 'e diamantminen yn it gebiet dat behearske wurdt troch it Afrikaanske stamhaad Mbonga. Dyselde hat foar syn meiwurking de útlevering fan Tarzan easke. The Legend of Tarzan krige mingde oant negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Hoewol't de film it goed die yn 'e bioskopen, wie de opbringst omreden fan it blastige budget net genôch om 'e belutsen filmstudio's fan in ferlies te rêden.

The Legend of Tarzan
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur David Yates
produsint Jerry Weintraub
David Barron
Alan Riche
Tony Ludwig
senario Adam Cozad
Craig Brewer
basearre op de Tarzan-ferhalen fan
   Edgar Rice Burroughs
kamerarezjy Henry Braham
muzyk Rupert Gregson-Williams
filmstudio Village Roadshow Pictures
RatPac-Dune Entertainment
Jerry Weintraub Productions
Riche/Ludwig Productions
Beaglepug Productions
Dark Horse Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Alexander Skarsgård
Margot Robbie
byrollen Christoph Waltz
Samuel L. Jackson
Djimon Hounsou
Sidney Ralitsoele
skaaimerken
lân/lannen Austraalje
Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 27 juny 2016
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske fantasy-
   aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
budget $180 miljoen
opbringst $356,7 miljoen

Op 'e Kongokonferinsje fan 1884-1885 yn Berlyn wurdt it streamgebiet fan 'e rivier de Kongo, yn Sintraal-Afrika, fierhinne tawiisd oan 'e Belgyske kening Leopold II, dy't it gebiet neitiid yn personele uny mei Belgje regearret as de Kongofrijsteat, dat in persoanlike besitting fan him is. (Pas yn 1907 soe it gebiet, nei desennia fan wanbestjoer, as de Belgyske Kongo in koloanje fan 'e Belgyske steat wurde.) Omreden fan 'e oanlis fan in spoarline en ferskate oare djoere ynfrastrukturele projekten is Leopold twongen en slút ûnbidige lienings ôf foar de finansiering fan syn nije lân. Hy stjoert dêrop syn persoanlike gesant Léon Rom nei de Kongofrijsteat ta, dêr't dyselde de legindaryske diamantminen fan Opar feilichstelle moat. De militêre ekspedysje fan Rom wurdt lykwols yn in mûklaach lokke en ôfslachte. Inkeld hysels oerlibbet dat barren. Mbonga, it stamhaad dat de krite fan Opar behearsket, wol mei him hantsjebakke: de diamanten yn ruil foar de útlevering fan syn aartsfijân, Tarzan.

De man dy't ienris Tarzan neamd waard, hat Afrika lykwols acht jier lyn al ferlitten en is nei Ingelân weromkeard om him te fêstigjen op it lângoed fan it aadlike laach dêr't er út stammet. As John Clayton III, 5e greve fan Greystoke, besiket er dêre no in nij bestean op te bouwen mei syn Amerikaanske frou Jane Porter, de dochter fan in sindeling en skoalmaster, dy't yn Afrika opgroeid is. Hy wol syn Afrikaanske ferline efter him litte, mar dat falt noch net ta, want sûnt syn weromkear is it ferhaal fan "Tarzan fan 'e Apen" wrâldferneamd wurden. Kening Leopold II stjoert fia de Britske premier Robert Gascoyne-Cecil, 3e markys fan Salisbury, in útnûging oan Clayton om nei de havenstêd Boma te reizgjen, yn 'e Kongofrijsteat, sadat er dêr de foarútgong besichtigje kin dy't ûnder it bestjoer fan Leopold plakfûn hat. Clayton beskôget dat lykwols as in publisiteitsstunt en betanket foar de ear.

George Washington Williams, de negroïde gesant fan 'e Amerikaanske presidint Benjamin Harrison, betrout oan Clayton syn fermoedens ta dat Leopold yn 'e Kongofrijsteat de slavernij ynfierd hat foar de lânseigen befolking, mei as doel om genôch arbeiders foar de rubberplantaazjes te besetten dy't him by steat stelle sille om fan it gebiet in winstjaande ynvestearring te meitsjen. Hy seit ferlet te hawwen fan Clayton syn meiwurking oan 'e útnûging fan Leopold, om sels de Kongofrijsteat binnenkomme te kinnen, sadat er dêr mei eigen eagen sjen kin wat der geande is. Mei dat argumint wit er Clayton te bepraten om dochs nei Afrika ôf te reizgjen. As Jane, dat heart, is se alhiele feringele om "nei hûs" te gean en har freonen werom te sjen. Clayton besiket har dúdlik te meitsjen dat se net mei kin om't it te gefaarlik is, nammenste mear mei't Jane koartby in miskream krigen hat. Sy leit har dêr net by del en stumet krekt sa lang oant har man tajout.

Clayton, Jane en Williams reizgje per skip nei de Kongofrijsteat, dêr't se har lykwols oan lân sette litte ear't it skip yn 'e haven fan Boma arrivearret. Rom en syn hierlingen, dy't yn Boma wachtsje om Tarzan yn 'e hechten te nimmen, komme sadwaande bedragen út. It trijetal reizget geandefoets oer lân nei it ynlânske doarp dêr't Jane opgroeid is. Dêre wurde se ferwolkomme troch Muviro, it stamhaad fan 'e Kûba, dy't Jane as in dochter beskôget, en moetsje se ferskate oare freonen, lykas de jonge kriger Wasimbu en dy syn frou Eshe.

Wylst it doarp dy jûns feest fiert om 'e weromkear fan harren âlde freonen, leit Jane oan Williams út dat Tarzan oarspronklik troch de Afrikaanske stammen fan it gebiet beskôge waard as in kweageast. Yn flashbacks wurdt it ferhaal fan 'e jonkheid fan Clayton fertelt: de skipbrek dy't syn âlden, John II en Alice Clayton yn dit diel fan Afrika strânje liet, it ferstjerren fan Alice oan sykte, de dea fan John doe't er deaslein waard troch Kerchak, de oanfierder fan 'e Mangani-gorilla's, en hoe't harren poppe dêrnei oannommen waard troch it gorillawyfke Kala, dy't Tarzan grutbrocht tegearre mei har biologyske soan Akut. De jonge Jane rôp by de opgroeiende Tarzan grutte nijsgjirrigens op, oant er himsels foar it earst oan har sjen liet doe't se mei de bern út it doarp yn it oerwâld oan it sideplakboartsjen wie. Dyselde deis rêde er har libben doe't se oanfallen waard troch Kerchak, mei as gefolch dat de gorillalieder ynstee him in wan bruien joech dat him op in hier nei deadie. Jane ferplege him yn it doarp oant er wer opbettere.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens is Rom mei syn hierlingen op 'e rêdboat de Adelaar oer de rivieren nei it doarp fan Muviro fearn. Nachts as eltsenien sliept, oerfalle se it doarp, wêrby't Rom Muviro deasjit en Clayton finzen nimt. Ek Jane wurdt finzennommen, krekt as Wasimbu en in stikmannich oare jongemannen, dy't ta slaaf makke wurde om foar Rom-en-dy as drager te tsjinjen. Wylst de hierlingen mei harren finzenen weromkeare nei de boat, wurde se lykwols oanfallen troch de restearjende Kûba-krigers ûnder lieding fan Williams, dy't bewapene is mei fjoerwapens. De Amerikaan sjit ferskate hierlingen dea, wêrnei't de rest op in stuit it hazzepaad kiest, mei efterlitting fan in stevich fêstbûne Clayton. Rom-en-dy ûntkomme op harren boat mei Jane en de negerslaven. Dêr makket Rom oan Jane bekend dat de hiele útnûging in falstrik wie om Clayton nei de Kongo te lokjen, sadat er Tarzan útleverje kin oan Mbonga. No't Tarzan him troch de fingers glûpt is, wol er Jane as lokies brûke, want hy is der wis fan dat har man efter har oan komme sil.

Clayton, dy't nei it ferlies fan Jane stadichoan wer ferfalt nei syn eardere ferwyldere steat as Tarzan, siket himsels mei Williams en de Kûba-krigers in paad troch it oerwâld nei de nije Belgyske spoarline. Se interje in foarbykommende trein en nei in koart, fûleindich gefjocht oermasterje se de militêren fan 'e Kongofrijsteat dy't dêrmei ûnderweis binne. Neitiid ûntdekke se dat de trein ek in grut tal Kongoleeske negerslaven ferfiert. In Belgyske yngenieur langet harren syn hiele boekhâlding oer, wêryn't it troch Leopold goedkarde plan fan Rom fêstlein is om 'e lânseigen befolking foar alderhanne doel as slaven yn te setten en in reuseftige legermacht fan 20.000 hierlingen oan te lûken om elts ferset yn bloed te smoaren. De diamanten fan Opar foarmje de kaai foar alle plannen. De Kongofrijsteat is frijwol fallyt en kin inkeld mei de diamanten de hierlingen betelje dy't nedich binne foar de folsleine ûnderwerping fan it lân. Mei de boeken hat Williams no it bewiismateriaal dêr't er ferlet fan hie om it skrikbewâld fan kening Leopold yn 'e Kongofrijsteat oan 'e kaak te stellen.

Tarzan en Williams drage de Kûba-krigers op om 'e slaven op 'e trein frij te litten en derfoar te soargjen dat de boeken it lân útsmokkele wurde en nei Londen ta stjoerd wurde, dêr't se yn ûntfangst nommen wurde sille troch de 3e greve fan Greystoke, Tarzan syn pake. Sels reizgje se fierder troch it oerwâld om Rom syn rêdboat yn te heljen. Dêrfoar moatte se troch it territoarium fan 'e Mangani-gorilla's, dy't no oanfierd wurde troch Tarzan syn pleechbroer Akut. Dyselde beskôget him as in ôffallige, en Tarzan moat him befjochtsje foar it rjocht om troch syn territoarium te gean. Yn harren gefjocht jout de folle gruttere, fluggere en sterkere Akut him in flink wan bruien, oant foar eltsenien dúdlik is wa't hjir it dominante mantsje is. Wylst Williams letter Tarzan syn wûnen fersoarget, bychtet er op dat er dreaun wurd troch skuldgefoelens. Nei't er yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch tsjin 'e Konfederearre Steaten fan Amearika fochten hie, waard er in hierling, en as sadanich focht er yn Meksiko tsjin 'e Frânske besetting en letter foar de Feriene Steaten yn 'e Amerikaanske Yndiaanske oarloggen. Wat Rom en Leopold mei de Kongolezen dwaan wolle, ferskilt neffens Williams net sa folle fan wat de Amerikanen mei de Yndianen dien hawwe.

Underwilens witte Jane en Wasimbu oan Rom-en-dy te ûntsnappen troch oerboard te springen en nei de wâl te swimmen. Om't se wit dat Rom efter har oan komme sil, stjoert Jane Wasimbu by har wei om help te heljen. Har flecht troch it oerwâld einiget as se yn it fermidden fan in troep mangani-gorilla's bedarret. Dêrtroch kinne Rom en syn hierlingen har byhelje en op 'e nij finzen nimme. De driigjende sitewaasje mei de gorilla's rint út op in slachting as ien fan 'e senuweftige hierlingen by fersin de trekker oerhellet en in gorilla deasjit. De hierlingen rjochtsje in bloedbad mank de apen oan, mar Tarzan, dy't op it leven ôfkomt, rêdt Akut sels fan 'e dea. Dêrnei beslûpe Akut en de troch skea en skande wiis wurden leden fan syn troep de hierlingen en deadzje gâns fan harren op har weromtocht nei de Adelaar.

Rom bejout him nei Opar, dêr't er in kiste fol diamanten fan Mbonga kriget nei't er dyselde derfan bewissige hat dat Tarzan him op 'e hakken sit. As Tarzan yn 'e rotsdelling fan Opar arrivearret, wurdt him it paad tichtset troch Mbonga en al syn krigers, wylst er efter harren gewaarwurdt hoe't Jane troch Rom-en-dy wer oan board fan 'e rêdboat sleept wurdt. Hoewol't er fier yn 'e minderheid is, falt er Mbonga-en-dy oan. Yn it gefjocht wurdt troch de wurden fan Mbonga en Tarzan en in flashback dúdlik makke dat it stamhaad Tarzan hatet om't dyselde syn ienlingssoan deamakke hat. It folk fan Mbonga hie it nammentlik foar de moade om by wize fan oergongsritueel fan it man-wurden de jonges derop út te stjoeren om in Mangani-gorilla te deadzjen, en de soan fan Mbonga deade Kala, de mem fan Tarzan. Ut wraak kaam dy him doe tenei en sloech him dea. Tarzan wurdt Mbonga yn it gefjocht oermânsk, mar sparret syn libben. De oankomst fan Akut en de oare gorilla's, dy't Tarzan rêchdekking biede, komt foar dat Tarzan troch Mbonga syn krigers ombrocht wurdt. Der ûntstiet in ympasse, dy't Williams de kâns jout om 'e oanwêzigen wat sûn ferstân oan te praten en derop te wizen dat Léon Rom en syn hierlingen hjir de mienskiplike fijân fan eltsenien binne.

Rom nimt Jane en de diamanten mei werom nei Boma, dêr't er in legerke fan 1.000 hierlingen gearlutsen hat. Foar de kust leit in float mei nochris 20.000 man te wachtsjen oant Rom de betelling yn diamanten oan 'e korrupte bankier Frum foldien hat. Tarzan, Williams, Mbonga, Wasimbu, krigers fan ferskate stammen en Akut en syn gorilla's binne Rom lykwols nei Boma folge. Mei help fan in troep liuwen jaget Tarzan in reuseftige keppel gnoes op 'e rin, dwers troch it kamp fan Rom syn hierlingen en de gebouwen fan Boma hinne. De havenstêd wurdt folslein ferwoastge en gâns hierlingen komme om. It slagget Rom om mei guon oaren en de finzen Jane te ûntkommen nei de haven, dêr't Jane troch Williams en Tarzan rêden wurdt. Rom set mei syn rêdboat de see op om 'e kiste mei diamanten by Frum te bringen, mar Williams bemannet in efterlitten masinegewear yn 'e haven en trochsingelet de boat mei kûgels, dat er begjint te sinken.

Tarzan swimt nei de stjoerleaze boat ta, dêr't er de steammasine op 'e heechste stân set, sadat de steamtsjettel úteinlik ûntploffe sil. Ear't dat barre kin, besiket Rom him te wjirgjen mei syn keatling fan spinneside, mar Tarzan lûkt mei it útbringen fan in pearingsrop de oandacht fan in kloft Nylkrokkedillen, dy't op 'e boat taswimme. Hy wit los te kommen en hâldt Rom oan it keatling fêst op it almar skeaner steande dek. As de krokkedillen der binne, lit er los; Rom glidet by it dek del it wetter yn en wurdt libben ferslynd troch de krokkedillen. Mominten letter eksplodearret de rêdboat. Neitiid stoarret Jane yn 'e haven tusken hope en wanhope út oer de see, oant in dweiltrochwiete Tarzan har fan efteren omearmet.

Yn 'e neisleep fan it aventoer keart Williams werom nei Ingelân, dêr't er de bewizen fan it wanbestjoer fan Leopold foarleit oan in skokte Lord Salisbury. In jier letter hawwe Tarzan en Jane har foargoed yn it Kûba-doarp yn Afrika nei wenjen set, yn it âlde hûs fan Jane har heit. Jane skinkt dêr it libben oan harren earste poppe, wylst Tarzan dêr in diel fan 'e tiid trochbringt troch mei Akut en de oare gorilla's oan lianen fan beam ta beam te slingerjen troch it oerwâld.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Alexander Skarsgård.
 
Margot Robbie.
 
Samuel L. Jackson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Tarzan / John Clayton III, 5e greve fan Greystoke Alexander Skarsgård
Jane Porter Clayton, grevinne fan Greystoke Margot Robbie


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Léon Rom Christoph Waltz
George Washington Williams Samuel L. Jackson
stamhaad Mbonga Djimon Hounsou
Wasimbu Sidney Ralitsoele
stamhaad Muviro fan 'e Kûba Yule Masiteng
Frum Simon Russell Beale
premier Robert Gascoyne-Cecil, 3e markys fan Salisbury Jim Broadbent
majoar Kerckhover Casper Crump
kaptein Moulle Ben Chaplin
Eshe Mimi Ndiweni
John Clayton II, 4e greve fan Greystoke Hadley Fraser
Alice Clayton, grevinne fan Greystoke Genevieve O'Reilly
Tarzan, 5 jier Christian Stevens
Tarzan, 18 jier Rory J. Saper
Akut, Tarzan syn pleechbroer Matt Cross
Kala, Tarzan syn pleechmem Madeleine Worrall
Kerchak, lieder fan 'e Mangani-gorilla's William Wollen

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

De tarieding foar in nije Tarzan-film wie al yn 2003 úteinset mei in nij senario fan John August. Tsjin 2008 wurke men lykwols oan in oare ferzje, dêr't it senario foar skreaun wie troch Stephen Sommers en Stuart Beatle. Dy film moast, neffens de berjochten dy't nei bûten kamen, kwa sfear op 'e Pirates of the Caribbean-filmsearje lykje. Yn 2011 soe Craig Brewer, dy't it hiele senario werskreau, de film regissearje, mar safier kaam it net. Yn 2012 waard ynstee David Yates as regisseur oanlutsen. Hy waard keazen út in list fan gadingmakkers dêr't ek Susanna White en Gary Ross op stiene. Yn april 2013 kaam de produksje om budgetêre redens in skoft stil te lizzen.

Yates wurke úteinlik foar The Legend of Tarzan nei in senario dêr't sawol Brewer as Adam Cozad oan wurke hie, en dat mar loskes basearre wie op 'e Tarzan-romansearje fan Edgar Rice Burroughs. As produsinten wiene Jerry Weintraub, David Barron, Alan Riche en Tony Ludwig by it projekt belutsen foar de filmstudio's Village Roadshow Pictures, RatPac-Dune Entertainment, Jerry Weintraub Productions, Riche/Ludwig Productions, Beaglepug Productions en Dark Horse Entertainment. De film wie dêrmei in Australysk-Britsk-Amerikaanske ko-produksje. Der wie in budget beskikber dat $180 miljoen bedroech. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Henry Braham, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rupert Gregson-Williams.

Produsint Weintraub woe, nei't it skynt, foar de rol fan Tarzan oarspronklik de Amerikaankse Olympyske medaljewinner yn it swimmen Michael Phelps hawwe, mei't yn 'e bekende Tarzan-films út 'e 1930-er jierren in oare swimmer, Johnny Weissmüller, mei grut súkses de titelrol fertolke hie. Nei't er Phelps lykwols it komyske tillefyzjeprogramma Saturday Night Live presintearjen seach, betocht er him al nei twa minuten. Serieuze gadingmakkers foar de rol wiene Henry Cavill, Tom Hardy en Charlie Hunnam, mar de kar foel úteinlik op 'e Sweedske akteur Alexander Skarsgård. Dyselde trainde fjouwer moannen foar syn rol en kaam dêrby krapoan 11 kg oan yn spiermassa.

Regisseur Yates woe neffens de berjochten dat Jessica Chastain yn 'e rol fan Jane cast waard, mar as dat wier wie, krige er syn sin net. Emma Watson, Sarah Bolger, Lucy Hale, Eleanor Tomlinson en ferskate oare aktrises waarden yn omtinken nommen, mar Amerikaanse Emma Stone en Australise Margot Robbie wiene de favoriten fan 'e produsinten. Uteinlik waard de rol taparte oan Robbie. Samuel L. Jackson wie fan it begjin ôf oan al de akteur dy't de filmmakkers foar eagen stien hie foar de rol fan George Washington Williams.

De opnamen foar The Legend of Tarzan setten op 30 juny 2014 útein en duorren persiis 70 filmdagen, oant en mei 3 oktober fan dat jier. It meastepart fan it filmwurk waard dien yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden yn it Ingelske Hertfortshire. Dat betsjutte dat der neitiid witwat útjûn wurde moast oan special effects om 'Afrika' der reälistysk útsjen te litten, mar in artikel yn The Wall Street Journal rekkene foar dat filmjen op lokaasje yn it eigentlike Afrika noch folle djoerder west hawwe soe. Yn 'e studio's waard in tropysk reinwâld neiboud dat bestie út sawol libbene as neibearde planten en dat ek in funksjonearjende wetterfal omfette. Kedleston Hall, by Kedleston yn Derbyshire, gie troch foar it lânhûs Greystoke Manor. De sêne mei Tarzan en Jane yn 'e beam yn Ingelân waard opnommen yn in sederbeam op it lângoed fan Highclere Castle, by Highclere yn Hampshire.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The Legend of Tarzan waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 27 juny 2016 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 1 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 24 juny 2016 by platemaatskippij WaterTower Music. De film kaam op 11 oktober 2016 út op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige The Legend of Tarzan oer it algemien mingde oant negative resinsjes. Sa omskreau Peter Debruge fan it tydskrift Variety de film as: "in praatsk en foar it meastepart blastich besykjen fan 'e Britske regisseur David Yates om fuort te bouwen op 'e epyske fisy dy't er fia in oare dierbere literêre held oan 'e lêste oere fan 'e Harry Potter-films skonk." Yn 'e Britske krante The Guardian skreau Jordan Hoffman: "Tawijde aktearprestaasjes binne net genôch om dizze film te rêden fan ûnkomfortabele koloniale bylden, ûnynspirearre special effects en saaie ferhaallinen."

Yn it blêd Rolling Stone skreau Peter Travers: "It is teminsten om oan te sjen." Dêr heakke er oan ta dat soks mei in protte simmerfilms neffens him net it gefal wie. Manohla Dargis fan The New York Times joech The Legend of Tarzan lykwols in positive resinsje. Hja skreau: "Wat dizze film genietberder makket as in protte recycle ferhalen fan dit soarte, is dat de filmmakers Tarzan in betochtsume, ymperfekte make-over jûn hawwe."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Legend of Tarzan in goedkarringspersintaazje fan 36%, basearre op 225 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] hat mear djipgong as in protte films oer dit klassike personaazje, mar dat is net genôch om 'e aldendeiske plot of it trage tempo goed te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Legend of Tarzan in goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 41 resinsjes.

The Legend of Tarzan brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $126,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $230,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $356,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $180 miljoen betsjut dat in winst fan $176,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dy wiene heger as de winst, dy't teminsten $400 miljoen bedrage moatten hie om 'e filmstudio's lykman te meitsjen. It blêd Deadline Hollywood berekkene dat The Legend of Tarzan sadwaande úteinlik in ferlies notearje moast fan likernôch $40 miljoen. Warner Bros. hold lykwols út dat de film himsels weromfertsjinne hie.

The Legend of Tarzan waard yn 2017 nominearre foar de Saturn Award yn 'e kategory bêste aksje- of aventoerefilm.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Tarzan (filmsearje)
 
live action-films
stomme films Tarzan of the Apes (1918) • The Romance of Tarzan (1918) • The Revenge of Tarzan (1920) • The Son of Tarzan (1920) • The Adventures of Tarzan (1921) • Tarzan and the Golden Lion (1927) • Tarzan the Mighty (1928) • Tarzan the Tiger (1929)
mei Johnny Weissmüller Tarzan the Ape Man (1923) • Tarzan and His Mate (1934) • Tarzan Escapes (1936) • Tarzan Finds a Son! (1939) • Tarzan's Secret Treasure (1941) • Tarzan's New York Adventure (1942) • Tarzan Triumphs (1943) • Tarzan's Desert Mystery (1943) • Tarzan and the Amazons (1945) • Tarzan and the Leopard Woman (1946) • Tarzan and the Huntress (1947) • Tarzan and the Mermaids (1948)
mei Lex Barker Tarzan's Magic Fountain (1949) • Tarzan and the Slave Girl (1950) • Tarzan's Peril (1951) • Tarzan's Savage Fury (1952) • Tarzan and the She-Devil (1953)
mei Gordon Scott Tarzan's Hidden Jungle (1955) • Tarzan and the Lost Safari (1957) • Tarzan and the Trappers (1958) • Tarzan's Fight for Life (1958) • Tarzan's Greatest Adventure (1959) • Tarzan the Magnificent (1960)
mei Jock Mahoney Tarzan Goes to India (1962) • Tarzan's Three Challenges (1963)
mei Mike Henry Tarzan and the Valley of Gold (1966) • Tarzan and the Great River (1967) • Tarzan and the Jungle Boy (1968)
oare autorisearre Tarzan-films Tarzan the Fearless (1933) • The New Adventures of Tarzan (1935) • Tarzan and the Green Goddess (1938) • Tarzan's Revenge (1938) • Tarzan, the Ape Man (1959) • Tarzan's Deadly Silence (1970) • Tarzan the Ape Man (1981) • Greystoke: The Legend of Tarzan (1984) • Tarzan and the Lost City (1998) • The Legend of Tarzan (2016)
 
animaasjefilms
Tarzan-franchise fan Disney Tarzan (1999) • Tarzan & Jane (2002) • Tarzan II (2005)
oare autorisearre animaasjefilms Tarzan of the Apes (1999) • Tarzan (2013)