Thelma & Louise
Thelma & Louise is in Amerikaanske misdiefilm en roadmovie út 1991 ûnder rezjy fan Ridley Scott, mei yn 'e haadrollen Susan Sarandon en Geena Davis. Dyselden waard ûnderstipe troch û.o. Harvey Keitel en Michael Madsen yn guon fan 'e wichtichste byrollen, en ek Brad Pitt yn ien fan earste grutte filmrollen. It ferhaal giet oer twa freondinnen, de servearster Louise en de húsfrou Thelma, dy't tegearre in pear dagen op fakânsje sille. As Thelma op in hier nei ferkrêfte wurdt, sjit Louise de dieder dea. Dêrnei slane de beide froulju op 'e flecht foar de plysje. Fan 'e filmkritisy krige Thelma & Louise oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie it in kommersjeel súkses. De film wûn in Oscar, in Golden Globe en ferskate oare wichtige prizen. Sûnt de film útkommen is, hat er him ûntjûn ta in wiere filmklassiker, dy't gâns ynfloed útoefene hat op oare artistike wurken. Fral de einsêne wurdt beskôge as ikoanysk. Yn 2016 waard Thelma & Louise foar behâld foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.
Thelma & Louise | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ridley Scott | |
produsint | Ridley Scott Mimi Polk Gitlin | |
senario | Callie Khouri | |
kamerarezjy | Adrian Biddle | |
muzyk | Hans Zimmer | |
filmstudio | Pathé Entertainment Percy Main Productions Star Partners III Ltd. | |
distribúsje | Metro-Goldwyn-Mayer | |
spilers | ||
haadrollen | Susan Sarandon Geena Davis | |
byrollen | Harvey Keitel Brad Pitt Michael Madsen Christopher McDonald | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 24 maaie 1991 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | misdiefilm, roadmovie | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 129 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $16,5 miljoen | |
opbringst | $45,4 miljoen | |
prizen | 1 × Oscar 1 × Golden Globe |
Plot
bewurkje seksjeDe sekuere servearster Louise Sawyer, dy't der wol wêze doar, en de dimmene en gaoatyske húsfrou Thelma Dickinson wenje yn in lyts stedsje yn Arkansas en binne inoars bêste freondinnen. Se hawwe ôfsprutsen om der tegearre in pear dagen tuskenút te gean, op in koarte fakânsje dy't se trochbringe sille yn in fakânsjehúske yn 'e bergen, dat fan in kollega fan Louise is. It probleem is dat Thelma it net tsjin har oerhearskjende man Darryl, in tapytferkeaper, doar te sizzen. Nei der in skoft tsjinoan skytskoarre te hawwen, beslút se sûnder wat te sizzen fuort te gean wylst Darryl op syn wurk is en in bryfke foar him efter te litten dêr't se alles yn útleit. Louise, dy't in knipperljochtrelaasje ûnderhâldt mei de lakonike muzikant Jimmy, hoecht net ien wat út te lizzen om't Jimmy it meastepart fan 'e tiid op 'en paad is.
Tsjin 'e jûn hâlde de beide froulju op inisjatyf fan Thelma ho by in countrykroech anneks nachtklub, dêr't Thelma dûnset en flirt mei in sjarmante frjemdling dy't fan Harlan hjit. Wylst Louise eefkes nei it húske is, lit de lichtlik beskonken Thelma har troch Harlan meitroaie nei bûten ta. Op it parkearterrein besiket er har dêrnei te ferkrêftsjen, mar op it lêste momint komt Louise tuskenbeiden, dy't him de revolver fan Darryl tsjin 'e holle oan set. (Dy hie Thelma meinommen foar it gefal se yn 'e bergen oanfallen wurde soene troch in bear.) Harlan lit Thelma gean, mar wylst de beide froulju fuortrinne, ropt er harren ferskate fulgariteiten nei, en dêrop draait Louise har om en sjit him dea yn in hommelse opwâling fan razernij.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Neitiid wol Thelma nei de plysje gean, mar Louise is bang dat nimmen leauwe sil dat Harlan besocht hat Thelma te ferkrêftsjen, om't withoefolle lju har mei him drinken en dûnsjen en laitsjen sjoen hawwe. Boppedat foarme er op it stuit dat sy him deaskeat al gjin bedriging mear, wat betsjut dat sysels likegoed it tichthûs yndraaie sil foar moard. Dat, op ynstigaasje fan Louise naaie de beide froulju út. Nei't se yn in oar plak de nacht yn in motel trochbrocht hawwe, komt Louise ta de konklúzje dat der foar har neat oars op sit as om nei Meksiko te flechtsjen, dêr't se ûnberikber wêze sil foar it Amerikaanske rjochtssysteem. Om dêr te oerlibjen, hat se lykwols ferlet fan jild. Dêrom skillet se Jimmy op en freget him om 'e $6.500 dy't op har sparrekken stiet, oer te meitsjen nei in bank yn Oklahoma City. Thelma is der net wis fan wa't sy sil, mei't sy neat ferkeards dien hat, mar se beslút om yn elts gefal oant Oklahoma City by Louise te bliuwen.
Underwilens is it lyk fan Harlan fûn en resjersjeur Hal Slocumb fan 'e Arkansaanske Steatsplysje wurdt op 'e moardsaak set. Hy befreget it personiel en de besikers fan 'e kroech en ûntdekt dat Harlan Puckett in minnenien wie, dy't fêste klant wie by de pleatslike plysje en op in kweanamme lei as it gie om syn omgong mei froulju. De algemiene opfetting liket te wêzen dat er diskear it ferkearde frommes tenei kommen is. Op basis fan it sinjalemint fan Thelma en Louise en it merk auto dêr't se yn rieden (Louise har opfallende turkwaze Ford Thunderbird kabriolet út 1966), wit Slocumb de beide froulju te identifisearjen. Yn 't earstoan wol er harren inkeld as tsjûgen hearre, mar as er ûntdekt dat Darryl Dickinson in revolver fan itselde type mist as dêr't Harlan Puckett mei deasketten is, begjint er foar it ferstân te krijen dat de beide froulju de moardners binne nei wa't er siket. It muoit Slocumb wol om 'e froulju, mei't er goed foar it ferstân hat dat se gjin echte kriminelen binne, mar yn prinsipe oppassende boargers dy't troch omstannichheden in ferkearde kar makke hawwe.
Underweis komme Thelma en Louise ferskate kearen in knappe jonge lifter tsjin, in omswalkjende cowboy dy't J.D. hjit. Thelma wit Louise lang om let te bepraten om 'e jongeman mei te nimmen nei Oklahoma City. Under de reis flirt se oan ien wei troch mei him en hy mei har. Yn Oklahoma City docht bliken dat Jimmy it jild fan Louise net oermakke hat, mar it persoanlik brocht hat. Dat hie Louise net ferwachte. Se wol Jimmy net noch mear by de saak belûke as se al dien hat, dat se beslút om it mei him út te meitsjen. Hy docht har in houliksoansiik, mar se ferkeapet him nee. Se bringe de nacht tegearre pratende troch yn Jimmy in motelkeamer. Thelma, dy't de $6.500 foar Louise yn bewarring hat, wurdt yn in oare motelkeamer opsocht troch J.D. Nei koart wifke te hawwen, lit se him deryn. J.D. fertelt har dat er eins in oerfaller is en leit út hoe't je in winkel oerfalle moatte. Letter dy nachts hawwe se seks.
De oare moarns nimme Louise en Jimmy ôfskie, wêrnei't Jimmy op hûs oan giet. Thelma is tige optein. Se hie oant no ta har hiele libben allinne noch mar mei Darryl op bêd west, en de ôfrûne nacht hat se foar it earst in orgasme krigen. Mar as de beide froulju weromkeare nei Thelma har motelkeamer, dêr't se it kefert mei it jild efterlitten hat, is it jild poater, en J.D. krekt-en-gelyk. Mei't it jild har hiele takomst wie, stoart Louise dan alhiel yn. Sûnder jild foar iten en drinken en foar benzine hat se gjin inkele kâns om Meksiko te berikken. Thelma fielt har tige skuldich, dat se beslút J.D. syn útlis yn 'e praktyk te bringen en begiet mei Darryl syn revolver in winkeloerfal. Dêrtroch hawwe de froulju earst wer genôch jild, dat de reis kin fierder. Louise jout Thelma opdracht om in rûte nei Meksiko út te stippeljen, mar har betingst is dat se beslist net troch Teksas wol. Dêr is har ea wat oerkommen dêr't se net oer prate wol. (It wurdt lykwols al rillegau dúdlik dat se dêr ferkrêfte is, wat ek de reden wie dat se sa breinroer op Harlan syn útroppen reägearre.) It probleem is dat Teksas pal tusken Oklahoma en Meksiko yn leit. De froulju moatte dus mei in reuseftige omwei troch de Oklahoma Panhandle, Utah en Nij-Meksiko harren doel sjen te berikken.
Wilens hat de Amerikaanske federale resjerzje FBI de lieding krigen oer de saak fan 'e froulju, om't se de grins fan Arkansas mei Oklahoma oerstutsen binne. Resjersjeur Slocumb út Arkansas bliuwt lykwols by de saak belutsen. Hy ûnderfreget Jimmy, dy't him fertelt dat er Louise $6.500 brocht hat. Letter ûnderfreget er J.D., dy't yn 'e tuskentiid oppakt is mei justjes minder as $6.500 by him. De oerfaller wol earst neat sizze, mar Slocumb wit him sa ûnder druk te setten dat er him úteinlik oan 'e praat kriget. Sa komt de plysje te witten dat de beide froulju fan doel binne om nei Meksiko ta, wat Thelma J.D. yn fertrouwen meidield hie. Slocumb hat ûnderwilens ek opdjippe wat der yn Teksas mei Louise bard is. Hy sympatisearret mei de froulju en hat der begryp foar dat se nei de moard op Harlan net nei de plysje gien binne, mar troch de wapene oerfal fan Thelma, dêr't er fral J.D. de skuld fan jout, hawwe se harrensels safolste djipper yn 'e swierrichheden brocht. Troch Darryl Dickinson op te skiljen, dêr't de plysje de de tillefoan ôfharket, komt Louise mei Slocumb yn kontakt. Hy praat op har yn om har oer te jaan, mar wit har net te oertsjûgjen.
Hoewol't net ien fan beide froulju no noch nei hûs kin sûnder yn 'e finzenis te belânjen, seit Thelma dat se it begripe sil as Louise fan gedachten feroaret. Sy kin it ommers samar wer oanlizze mei Jimmy. Mar sels kin Thelma, no't se in priuwke fan 'e frijheid hân hat, nea wer werom nei Darryl. Louise bewissiget har freondinne derfan dat sy likemin werom giet. Yn Nij-Meksiko wurde de beide froulju foar te hurd riden oanholden troch in plysjeman. Mei't se beseft dat er de arrestaasjebefellen tsjin harren fine sil as er in bon útskriuwt, bedriget Thelma him mei Darryl syn revolver. De froulju slute de plysje op yn 'e kofferbak fan syn eigen auto en nimme syn tsjinstwapen mei. Letter komme se wer de gleie frachtweinsjauffeur tsjin dy't se al ferskate kearen earder ynhelle hawwe, en dy't eltse kear obsene gebearten nei harren makket. Diskear lokje se him mei nei in parkearterrein, dêr't se easkje dat hy harren syn ûntskuldigings oanbiedt. As er dat wegeret, besjitte se syn tankwein dy't fol mei branje sit, dat it ding ûntploft yn in reuseftige fjoersee. De froulju litte de flokkende en mâltjirgjende frachtweinsjauffeur efter by it wrak fan syn truck mei oplizzer.
Dat blykt efternei net sa'n ferstannige set west te hawwen, want troch de reekwolkens wit de FBI harren yn in helikopter op te spoaren. De pleatslike plysje komt mei grut materieel fanwegen en nei in spektakulêre efterfolging wurde de beide froulju klemriden oan 'e râne fan 'e Grand Canyon. Slocumb, dy't dêre mei de FBI arrivearret, besiket om 'e nocht de sitewaasje te ûntsenuwjen. De plysje oarderet de froulju om 'e motor fan harren auto út te setten en mei de hannen omheech út te stappen. Eltse oare aksje sil opfetten wurde as ferset tsjin arrestaasje. Thelma noch Louise lokket it oan om harren oer te jaan. Thelma stelt foar om it gaspedaal yn te drukken en "gewoan troch te riden". Louise freget har oft se dêr wol wis fan is, en Thelma antwurdet befêstigjend. De beide freondinnen tútsje inoar en gripe inoars hannen fêst. Dêrop jout Louise fol gas en riidt de Ford Thunderbird mei grutte faasje fan it hege klif de Grand Canyon yn. Slocumb draaft der noch wanhopich efteroan, mar kin neat mear dwaan om harren mienskiplike selsmoard tsjin te hâlden.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Louise Sawyer | Susan Sarandon |
Thelma Dickinson | Geena Davis |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
resjersjeur Hal Slocumb | Harvey Keitel |
J.D. | Brad Pitt |
Jimmy Lennox | Michael Madsen |
Darryl Dickinson | Christopher McDonald |
FBI-agint Max | Stephen Tobolowsky |
Harlan Puckett | Timothy Carhart |
plysjeman yn kofferbak | Jason Beghe |
servearster Lena | Lucinda Jenney |
gleie frachtweinsjauffeur | Marco St. John |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeThelma & Louise ûntstie yn 'e maitiid fan 1988, doe't Callie Khouri, dy't doedestiden muzykprodusinte wie, ûnderweis fan har wurk nei har appartemint yn Santa Monica, der in earste idee foar krige. Se bestege in healjier oan it skriuwen fan it senario, wêrfoar't se ynspiraasje putte út eigen ûnderfinings en har freonskip mei countrysjongster Pam Tillis. Khouri hie in ferfilming yn 'e holle as ûnôfhinklike film, mei harsels as regisseur en har kollega Amanda Temple (de frou 'e Ingelske filmmakker Julien Temple), as filmprodusinte. Temple tocht dat der mear ynsiet en gie mei it skript te suteljen by de grutte filmstudio's yn Hollywood lâns.
Doe't se gjin positive reäksjes krige, liet se it senario sjen oan har freondinne Mimi Polk Gitlin, dy't de deistige lieding hie oer Ridley Scott syn filmstudio Percy Main Productions (letter omneamd ta Scott Free Productions). Gitlin gie dermei nei Scott, dy't nei it lêzen fan it skript tige entûsjast wie. Hy kocht foar $500.000 de filmrjochten oan en helle Pathé Entertainment oan board as finansier, dat doedestiden ûnder it bewâld stie fan Alan Ladd jr., in freon fan Scott. It wie de bedoeling dat Scott de film produsearje soe, wylst immen oars regisseur wurde soe. Hy frege dêr û.o. Kevin Reynolds en Richard Donner foar, mar krige eltse kear nul op rekest. Hy wifke oft er de film oars sels regissearje moast, en waard dêrta úteinlik oerhelle troch aktrise Michelle Pfeiffer.
Mei Scott as regisseur en hysels en Polk as produsinten foar Percy Main Productions, Pathé Entertainment en Star Partners III Ltd., wie foar Thelma & Louise in budget beskikber fan $16,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Adrian Biddle, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer.
Casting
bewurkje seksjeMichelle Pfeiffer en Jodie Foster waarden oarspronklik cast yn 'e titelrollen. De preproduksje fan Thelma & Louise duorre lykwols mar ta, sadat beide aktrises úteinlik oare rollen oannamen: Pfeiffer yn Love Field en Foster yn The Silence of the Lambs. Doe waarden Meryl Streep en Goldie Hawn frege foar de haadrollen, mar Streep bliek letter net te kinnen om't se, doe't de opnamen úteinlik begjinne soene, al oare ferplichtings hie, wylst de produsinten Hawn net de juste aktrise foar de rol fûnen. Yn harren stee waarden Geena Davis (dy't al krapoan in jier lang kampanje fierd hie om 'e rol fan Thelma te bemachtigjen) en Susan Sarandon keazen. Beiden folgen yngeande autoriid- en sjitlessen om harren op 'e rollen ta te rieden.
Scott helle persoanlik filmstjer Harvey Keitel oer om 'e byrol fan 'e sympatike Arkansaanske resjersjeur Hal Slocumb op him te nimmen; de beide mannen koene inoar goed om't se gearwurke hiene oan Scott syn debút as regisseur, de film The Duellists, út 1977. Geena Davis rette har eks-freon Christopher McDonald oan foar de rol fan Thelma har bazige man Darryl. Scott woe Michael Madsen hawwe foar de rol fan 'e benei-ferkrêfter Harlan Puckett, mar Madsen fielde dêr neat foar. Hy woe wol de rol fan Louise har frijer Jimmy spylje. Foar de rol fan 'e sjarmante mar efterbakse swalker J.D. waarden û.o. George Clooney, Robert Downey jr., Mark Ruffalo, John Mellencamp, Dylan McDermott en Dermot Mulroney yn omtinken nommen. De rol gie úteinlik nei Billy Baldwin, mar doe't dy ferstek gean litte moast, wist in tige jonge Brad Pitt mei de rol fan J.D. ien fan syn earste wichtige filmrollen te bemachtigjen.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Thelma & Louise setten op 11 juny 1990 útein en duorren oant en mei 31 augustus fan dat jier. Hoewol't de foarfallen yn 'e film har ôfspylje op 'e rûte fan Arkansas nei de Grand Canyon yn Arizona, waard Thelma & Louise eins folslein opnommen yn 'e Amerikaanske steaten Kalifornje en Utah. De wichtichste filmlokaasjes wiene Bakersfield (Kalifornje) en Moab (Utah). Guon sênes waarden filme yn Monument Valley, it La Salberchtme en it Nasjonaal Park Arches en by La Sal Junction en it spûkstedsje Cisco, allegearre yn eastlik Utah. De einsêne by de Grand Canyon waard eins opnommen krekt bûten it Steatspark Dead Horse Point, yn súdeastlik Utah.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Thelma & Louise waard fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). De film waard op 20 maaie 1991 foar it earst fertoand, bûten de kompetysje om, op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene Thelma & Louise op 24 maaie 1991.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Thelma & Louise oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau Janet Maslin yn The New York Times dat de film in "ferrassing" wie mei in "fûnkeljend senario", it oant doe ta "ûnoansprutsen talint" fan regisseur Ridley Scott foar "útskroevene komeedzje en libbene Amerikaanske lânskipsbylden", en "ûnferwachte helpboarnen yn 'e foarm fan 'e beide stjerren, Susan Sarandon en Geena Davis". Yn 'e Chicago Sun-Times joech Roger Ebert oan Thelma & Louise 31/2 fan 4 stjerren. Hy wie ek tige loovjend oer de film, mar hie der argewaasje fan dat it lêste byld fan 'e film foar't de ôftiteling begûn sa'n ûnfoege haast liek te hawwen.
Krityk wie der fral fan lju dy't it feministyske boadskip fan 'e film net wurdearje koene. Guon kritisy fûnen dat Thelma & Louise befoaroardiele wie tsjin manlju en dat de ôfskildering fan manlju yn 'e film ûnearlik wie. Nettsjinsteande dat waard by in opinypeiling ûnder 81 foaroansteande Amerikaanske filmkritisy Thelma & Louise it twadde plak op in ranglist fan 'e bêste films fan 1991 taparte. Dêrby moast de film inkeld The Silence of the Lambs foargean litte.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Thelma & Louise in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 152 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Trochdat de film tagelyk sawol grappich as hertferskuorrend is en grôtfol aksje sit, is Ridley Scott syn Thelma & Louise in machtige, goed aktearre roadmovie, dy't útgroeit boppe it feministyske boadskip dat de kearn foarmet." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Thelma & Louise in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 12 resinsjes.
Tsjintwurdich wurdt Thelma & Louise beskôge as in wiere filmklassiker. Fral de einsêne, as de froulju it ravyn yn ride, en de sêne wêryn't se de tankwein fan 'e ûnfatsoenlike frachtweinsjauffeur opblaze, binne ikoanysk wurden en neitiid gauris neibeard yn tekenfilms, fideospultsjes, fideoclips, reklamespotsjes en parodyen. Yn 2016 waard Thelma & Louise troch de Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeThelma & Louise brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $45,4 miljoen yn 't laadsje. It is ûnbekend hoe grut oft de opbringst fan 'e film yn oare lannen en territoaria wie. Mar as men de Noardamerikaanske opbringst ôfset tsjin it budget fan $16,5 miljoen betsjut dat al in winst fan $28,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
bewurkje seksjeBy de Oscars waard Thelma & Louise yn 1992 nominearre foar 6 prizen yn 5 kategoryen. Dêrûnder wiene bêste regisseur, twaris bêste aktrise (Geena Davis en Susan Sarandon), bêste kamerarezjy en bêste filmmontaazje. De film wûn de Oscar foar bêste orizjinele senario (Callie Khouri). By de Golden Globes waard Thelma & Louise nominearre foar 4 prizen yn 3 kategoryen, wêrûnder bêste film – drama en twaris foar bêste aktrise (Davis en Sarandon). De film wûn de Golden Globe foar bêste senario. Khouri wûn foar har skript ek de Writers Guild of America Award foar bêste filmsenario. Teffens waard Thelma & Louise nominearre foar twa MTV Movie Awards.
Om utens wûn Thelma & Louise de David di Donatello, de wichtichste Italjaanske filmpriis, yn 'e kategory bêste bûtenlânske aktrise, dy't nei Davis en Sarandon tegearre gie. De film waard fierders nominearre foar de David di Donatello foar bêste bûtenlânske film. Yn dyselde kategory waard Thelma & Louise ek nominearre foar de César du Cinéma, de wichtichste Frânske filmpriis, en foar de Australyske AFI Award. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Thelma & Louise nominearre foar 8 prizen yn 7 kategoryen: bêste film, bêste rezjy, twaris bêste aktrise (Davis en Sarandon), bêste orizjinele senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje en bêste orizjinele filmmuzyk.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Thelma & Louise
- (in) Ynformaasje oer Thelma & Louise yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |