Akkadysk

(Trochferwiisd fan Akkadysk-Assyrysk)

It Akkadysk (Akkadysk: 𒀝𒅗𒁺𒌑, Akkadû) soms ek wol Assyrysk-Babyloanysk of Assyro-Babyloanysk neamd, is in útstoarne taal út 'e Aldheid fan Mesopotaamje, dy't ta de Eastsemityske kloft fan 'e Semityske talen rekkene wurdt. It waard fan oarsprong sprutsen yn wat no it noardwestlike diel fan Irak is, de krite om 'e stêd Akkad hinne, dêr't it nei ferneamd wie. It Akkadysk is oerlevere yn 'e foarm fan ynskripsjes yn spikerskrift op klaaitabletten fan likernôch 2500 f.Kr. ôf. It wie de offisjele taal fan ferskate beskavings, wêrûnder it Akkadyske Ryk en letter ek de Assyryske en Babyloanyske riken, dêr't de wichtichste dialekten fan it Akkadysk nei neamd binne: it Assyrysk en it Babyloanysk. Tsjin 'e tiid fan 'e ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid, om 1200 f.Kr. hinne, wie it Akkadysk de lingua franca fan it hiele Midden-Easten wurden, Egypte ynbegrepen. Yn 'e tiid fan it Nijassyryske Ryk, om 'e achtste iuw f.Kr. hinne, rekke it stadichoan yn ûnbrûk en waard it as sprektaal ferfongen troch it Arameesk. As deade taal waard it neitiid noch iuwenlang brûkt foar de wittenskip en as liturgyske taal. De lêst bekende Akkadyske tekst datearret út 'e earste iuw nei Kristus.

Akkadysk
algemien
oare namme(n) Assyrysk-Babyloanysk,
Assyro-Babyloanysk
eigen namme 𒀝𒅗𒁺𒌑, Akkadû
lânseigen yn Irak
Syrje
tal sprekkers 0 ( ±600 f.Kr.)
skrift spikerskrift
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
   ● Semitysk
       ● Eastsemitysk
          ● Akkadysk
dialekten Assyrysk †, Babyloanysk †,
Marioatysk †, Tell Beydar
taalstatus
offisjele status Akkadysk Ryk
Assyrysk Ryk
Babyloanysk Ryk
taalkoades
ISO 639-1
ISO 639-2 akk
ISO 639-3 akk

Taalbesibskip

bewurkje seksje

It Akkadysk heart krekt as û.o. it Arabysk, it Hebriuwsk, it Malteesk en it Amhaarsk fan Etioopje ta de Semityske talen. Dy meitsje sels wer ûnderdiel út fan 'e gruttere Afro-Aziatyske taalfamylje, yn 'e mande mei de Berbertalen fan Noard-Afrika, it útstoarne Egyptysk, de Kûsjityske talen (lykas it Somalysk), de Tsjadyske talen (lykas it Hausa fan noardlik Nigearia) en de Omoatyske talen fan súdwestlik Etioopje. Binnen de Semityske talen foarmet it Akkadysk tegearre mei in oare útstoarne taal út 'e Aldheid, it Eblaïtysk, de taalkloft fan 'e Eastsemityske talen.

 
Ynskripsje yn it Akkadysk op 'e Obelisk fan Manisjtûsjû, útstald yn it Louvre.

Dy talen ûnderskaten har fan 'e Middensemityske talen (û.m. it Hebriuwsk en Arabysk) en de Súdsemityske talen (û.m. it Amhaarsk) troch de ûnderwerp-saaklik foarwerp-tiidwurdsfolchoarder yn 'e sinsbou. Oare Semityske talen hawwe datoangeande nammentlik in folchoarder dy't útgiet fan tiidwurd-ûnderwerp-saaklik foarwerp of fan ûnderwerp-tiidwurd-saaklik foarwerp. Taalkundigen ornearje dat de ôfwikende wurdfolchoarder yn 'e sinsbou fan 'e Eastsemityske talen fuortkomt út beynfloeding troch it (net oan dy talen besibbe) Sûmearysk, dat ek in ûnderwerp-saaklik foarwerp-tiidwurdsfochtoarder hie.

In oar ferskil fan it Akkadysk mei oare Semityske talen is dat it mar oer ien wriuwklank beskikt dy't gjin siisklank is: [x] (de 'ch' fan "berch"), dy't yn 'e transliteraasje fan it Akkadysk nei it Latynske alfabet skreaun wurdt as 'ḫ'. De faryngale (komt yn it Frysk net foar) en glottale (h) konsonanten, dy't yn û.m. it Arabysk en it Hebriuwsk in promininte rol spylje, wiene yn it Akkadysk al út 'e útspraak weiwurden foar't it foar it earst oerlevere waard.

Akkadyske eigennammen waarden foar it earst oerlevere yn Sûmearysktalige teksten fan 'e ein fan 'e earste helte fan it trêde milennium f.Kr.2600 f.Kr.). De âldste yn it Akkadysk skreaune tekst, yn 'e foarm fan in ynskripsje yn spikerskrift op in klaaitablet, datearret fan likernôch 2500 f.Kr. It spikerskrift wie oarspronklik ûntwikkele foar it skriuwen fan it Sûmearysk, dat súdlik fan Akkad yn Mesopotaamje sprutsen waard. It Akkadysk ûntjoech him meitiid ta ferskate histoaryske taalstadia:

 
It segel fan 'e Akkadyske kening Naram-Sin.

Ien fan 'e ierste Akkadyske ynskripsjes waard ûntdutsen op in kom dy't opgroeven waard yn Oer, yn súdlik Mesopotaamje. Dêrby gie it om in boadskip oan in kening Meskiagnunna fan Oer (±2485-2450 f.Kr.) fan syn frou Gan-saman, fan wa't fermoede wurdt dat se út Akkad ôfkomstich wie. Nei't Sargon fan Akkad yn 2334 f.Kr. it Akkadyske Ryk stifte hie, waard it Akkadysk de offisjele taal fan dat ryk (hoewol't it Sûmearysk ek in beskate formele status hie). It waard dêrtroch fan dy tiid ôf folle mear skreaun en it wreide him mei it ryk út oer hast it hiele Midden-Easten. Yn Mesopotaamje brocht it Akkadyske Ryk foar it earst Akkadysksprekkers en Sûmearysksprekkers ûnder ien bewâld, mei as gefolch dat der in kulturele symbioaze tusken dy beide groepen ûntstie en twataligens de noarm waard.

Earne oan 'e ein fan it trêde milennium f.Kr. of it begjin fan it twadde milennium f.Kr. ferfong it Akkadysk it Sûmearysk as sprektaal yn sintraal en súdlik Mesopotaamje, mar wannear krekt is mank saakkundigen noch altyd ûnderwerp fan debat. Nei de fal fan it Akkadyske Ryk, yn 2154 f.Kr., waarden fan 2112 f.Kr. ôf, ûnder de Trêde Dynasty fan Oer, oerheidsdokuminten wer skreaun yn it Sûmearysk, mar dat wie doe hurd ûnderweis om in deade, poer literêre en liturgyske taal te wurden, ferlykber mei de sitewaasje fan it Latyn trijetûzen jier letter yn Midsiuwsk Jeropa. De measte saakkundigen binne it deroer iens dat it Sûmearysk yn elts gefal tsjin 'e achttjinde iuw f.Kr. útstoarn en as sprektaal ferfongen wie troch it Akkadysk.

 
In klaaitablet fan it Epos fan Gilgamesj, mei spikerskrift skreaun yn it Akkadysk.

It Aldakkadysk, dat oan 'e ein fan it trêde milennium f.Kr. útinoar foel yn it Aldassyrysk en it Aldbabyloanysk, ferskilde oanmerklik fan dy beide lettere taalfarianten, dy't de âldste taalstadia fan 'e Assyryske en Babyloanyske dialekten foarmen. Mear as 20.000 mei spikerskrift beskreaune klaaitabletten binne fan it Aldakkadysk weromfûn yn Kültepe, in argeologysk fynplak yn Anatoalje. It Aldbabyloanysk fan súdlik Mesopotaamje wie û.m. de taal fan 'e Babyloanyske kening Hammoerabi en syn wetten út 'e achttjinde iuw f.Kr., dy't ien fan 'e âldste kodifisearrings fan wetten fan 'e wrâld foarmen. It Aldassyrysk ûntjoech him yn it twadde milennium f.Kr. parallel oan it Aldbabyloanysk yn noardlik Mesopotaamje. Om't it lykwols inkeld in sprektaal wie (want de Assyryske keningen skreaune yn it Aldbabyloanysk), binne der net folle lange teksten yn oerlevere.

Om 1530 f.Kr. hinne giene it Aldbabyloanysk en it Aldassyrysk oer yn it Midbabyloanysk en Midassyrysk, in ferdieling dy't markearre wurdt troch de Kassityske ynvaazje fan Babyloanje. De Kassiten, dy't trijehûndert jier lang yn Mesopotaamje hearsken, joegen harren eigen taal op yn it foardiel fan it Akkadysk en hiene mei dêrom net folle ynfloed op 'e ûntwikkeling fan dy taal. Op syn hichtepunt wie it Midbabyloanysk de skriuwtaal fan 'e diplomasy yn it hiele Heine Easten, Egypte ynbegrepen. Underwilens hie it Midassyrysk him tsjin 'e tiid fan 'e ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid ûntjûn ta in sprutsen lingua franca yn it meastepart fan it Midden-Easten. Yn dy snuorje waarden in grut tal lienwurden út 'e Noardwestsemityske talen en it net-Semityske Hoerritysk yn it Akkadysk opnommen, mar dy bleaune fierhinne beheind ta gebrûk troch lju dy't it Akkadysk net as memmetaal hiene en krongen mar kwealk it eigentlike Akkadysktalige heitelân binnen.

 
In ynskripsje yn it Let-Babyloanysk fan 'e Perzyske kening Kserkses I út 'e 5e iuw f.Kr.

It meastepart fan 'e oerlevere teksten yn it Akkadysk datearret út 'e Izertiid fan it Midden-Easten, fan 'e perioade fan 'e tsiende iuw f.Kr. ôf. Yn totaal binne by argeologyske opgravings hûnderttûzenen Akkadyske teksten en tekstfragminten opdobbe, dy't kwa ûnderwerp útinoar rinne fan skiedkundich, mytologysk en literêr fia juridysk, wittenskiplik en polityk oant persoanlike briefkerij.

Yn it earste milennium f.Kr., doe't sprutsen waard fan it Nijassyrysk en it Nijbabyloanysk, ferlear it Akkadysk syn status as lingua franca en as diplomatike taal yn it foardiel fan it Arameesk (spesifyk it Aldarameesk). Yn 't earstoan wiene de beide talen frij gelyk yn status, sa't fêststeld wurde kin oan 'e hân fan it tal oerlevere teksten. Klaaitabletten waarden yn it Akkadysk skreaun, wylst teksten op papyrus of perkamint yn it Arameesk steld wiene. It Nijassyrysk libbe wer op doe't it Nijassyryske Ryk yn 'e tsiende iuw f.Kr. in wichtige grutmacht yn it Midden-Easten waard, mar teksten dy't eksklusyf yn dy taal skreaun wiene, ferdwûnen binnen tsien jier nei de ferwoastging fan 'e Assryryske haadstêd Ninevee yn 612 f.Kr. De oerhearsking fan Aram-Damaskus troch it Nijassyryske Ryk, fan 'e achtste iuw f.Kr. ôf, late paradoksaal genôch net ta in nije hegemony fan it Akkadysk yn it Midden-Easten, mar ta de fêstiging fan it Arameesk as lingua franca yn it Nijassyryske Ryk.

Nei de fal fan dat ryk, dat ferovere waard troch Achaimenidyske Perzen, hold de bloei fan it Arameesk oan, wylst it mei it Akkadysk fierder yn it neigean rekke. Fan dy tiid ôf sprekt men inkeld noch fan Let-Babyloanysk, mei't it Assyrysk yn noardlik Mesopotaamje alhiel útdôve wie. It tinken is dat it Let-Babyloanysk gjin sprektaal mear wie, of oars mar yn tige beheinde mjitte. Wierskynlik wie it Akkadysk fan dy tiid ôf in deade taal, dy't lykwols noch brûkt waard (mar hieltyd minder) as skriuwtaal, en teffens as liturgyske taal yn 'e earetsjinst. Yn it Hellenistyske Tiidrek krige it Akkadysk in nije knau, doe't it fierder marginalisearre waard troch de fêstiging fan it Hellenistysk Gryksk, it lêste stadium fan it Aldgryksk, as lingua franca yn it eardere Perzyske Ryk. Nettsjinsteande dat bleau it Let-Babyloanysk spikerskrift oant fier yn 'e Partyske Tiid yn gebrûk as literêre tradysje. De lêst bekende Akkadyske tekst is in astronomyske almenak út 79 of 80 nei Kristus.

Hjoed de dei binne it Arameesk-Assyrysk en it Mandeesk twa Arameeske talen dy't noch in beskate wurdskat fan Akkadyske lienwurden en inkele grammatikale aspekten fan it Akkadysk omfetsje.

It Akkadysk waard foar it earst werûntdutsen yn 1767, doe't de taalkundige Carsten Niebuhr wiidweidich kopyen fan teksten yn spikerskrift makke en dy yn Denemark útjoech. De ûntsifering fan 'e teksten sette neitiid fuortendaliks útein, en dêrby wiene twatalige teksten fan grut belang, benammen guons dy't yn sawol it Akkadysk as it Aldperzysk opsteld wiene. Om't de teksten ferskate keningsnammen befetten (dy't yn beide talen fonetysk gelyk wiene), koene fonetyske tekens faninoar skaat en identifisearre wurde, in ûnderwerp dêr't Georg Friedrich Grotefend yn 1802 in baanbrekkend wurk oer publisearre. Tsjin dy tiid wie al dúdlik wurden dat it Akkadysk in Semityske taal wie. De úteinlike trochbraak foar de ûntsifering kaam mids njoggentjinde iuw fan Edward Hincks, Henry Rawlinson en Jules Oppert. Yn 2011 publisearre it Oriïntalistysk Ynstitút fan 'e Universiteit fan Chicago in alomfiemjend wurdboek fan it Akkadysk, dat bestie út 21 dielen.

As skrift brûkte it Akkadysk it spikerskrift, dat oarspronklik ûntwikkele wie om it Sûmearysk yn te skriuwen. It Sûmearysk, dat ek al lang útstoarn is, wie ynsafier bekend in isolearre taal, dy't alhiel net oan it Akkadysk besibbe wie. It spikerskrift wie yn in protte opsichten dan eins ek ûngaadlik foar it Akkadysk. Sa koene ferskate wichtige Semityske fonemen (lykas ejektive konsonanten) der net mei werjûn wurde. Boppedat wie it in wurdliddeskrift, d.w.s. in skrift dat opboud is út tekens dy't steane foar ien konsonant plus ien fokaal, wat gauris swierrichheden opsmiet foar in Semityske taal dy't foar it meastepart bestie út wurden mei in stam fan trije konsonanten en ien of mear fokalen.

 
It spiker-wurdliddeskrift sa't dat om 2200 f.Kr. yn gebrûk wie foar it Akkadysk en it Sûmearysk.

In karakter fan it spikerskrift bestie út in tal kylfoarmige yndrukken dy't oanbrocht waarden yn wiete klaai. Yn Akkadyske teksten koene sokke symboalen brûkt wurde om wer te jaan:

  1. Sûmearyske logogrammen, d.w.s. karakters dy't basearre wiene op ôfbyldings en dy't hiele wurden fertsjintwurdigen;
  2. Sûmearyske wurdlidden;
  3. Akkadyske wurdlidden;
  4. fonetyske tafoegings.

It spikerskrift sa't it foar it Akkadysk brûkt waard, ûntjoech him lykwols meitiid ta in wier wurdliddeskrift, wylst de oarpronklike logografyske foarm op in twadde plan kaam, al waarden logogrammen noch wol faak brûkt foar konsepten as "god" en "timpel". Sadwaande kin it teken AN in (net-fonetysk) logogram wêze foar it wurd ilum ("god"), mar ek de (fonetyske) namme fan 'e god Anû fertsjintwurdigje of sels it wurdlid -an-.

In bykommende eigenaardichheid fan it Akkadysk spikerskrift is dat in protte tekens gjin dúdlik ôfbeakene fonetyske wearde hawwe. Beskate symboalen, lykas aḫ, meitsje gjin ûnderskie tusken ferskillende fokaalklanken. Noch bestiet der in protte koördinaasje yn 'e oare rjochting; it wurdlid -ša-, bygelyks, wurdt werjûn troch it teken ŠA, mar ek troch it teken NĪĜ. En beide tekens waarden gauris foar itselde wurdlid yn ien en deselde tekst brûkt.

Taaleigenskippen

bewurkje seksje

It Akkadysk waard fan it begjin ôf oan sterk beynfloede troch it Sûmearysk, dat al in langere tradysje as skriuwtaal hie, en dat direkt súdlik fan it Akkadyske taalgebiet yn Mesopotaamje sprutsen waard. De beynfloeding oer en wer tusken de beide talen wie sels sa sterk dat taalkundigen sprekke fan in Sprachbund. Yn 'e mear as 20.000 Aldakkadyske teksten dy't by Kültepe, yn Anatoalje, opgroeven binne, komme fierders Hettityske lienwurden en nammen foar, dy't dêrmei de âldst oerlevere wurden foarmje út alle Yndo-Jeropeeske talen.

Fonology en transliteraasje

bewurkje seksje

Om't it Akkadysk as in sprutsen taal al sa lang útstoarn is en der gjin beskriuwings fan 'e útspraak oerlevere binne, hawwe taalkundigen alles dat oer de fonetyk en fonology fan it Akkadysk bekend is, ôfliede moatten út it gebrûk fan 'e taal yn 'e teksten dy't àl oerlevere binne en de relaasje fan 'e taal mei oare Semityske talen, wêrfan't de útspraak wol bekend is. Hjirûnder wurdt de klankynventaris fan it Akkadysk beskreaun sa't dy yn 2004 fêststeld is troch John Huehnergard en Christopher Woods fan 'e Universiteit fan Cambridge. De transliteraasje fan 'e klanken is it saneamde DMG-Umschrift, dat troch it Deutsche Morgenländische Gesellschaft foarsteld is foar alle Semityske talen.

It Akkadysk beskikte oer njoggentjin konsonanten, wêrfan't b, d, k, l, m, n, p en t deselde útspraak hiene as yn it Frysk (en ek yn 'e transliteraasje sa skreaun wurde). Ferskate oare konsonanten binne Frysksprekkers ek bekend mei: de [ɡ] fan "goed" (transliterearre as g), de [j] fan "jas" (transliterearre as y), de [w] fan "skowe" (transliterearre as w), en [x] oftewol de ch fan "berch" (transliterearre as ḫ). Fierders hie it Akkadysk ek in siisklank dy't yn útspraak útinoar rûn fan [s] (s fan "sêd") oant [ʃ] (sj fan "sjippe"), en dy't transliterearre wurdt as š. De útspraak fan 'e r (transliterearre as r) rûn útinoar fan [ɣ] (g fan "bûge") oant [ʁ] (de Limburchske g). Twa gearstalde wriuwklanken (affrikaten) wiene [ʦ] (ts fan "tsiis"), tranliterearre as s, en [ʣ] (dz fan "widze"), transliterearre as z. Ta einbeslút wiene der noch trije ejektive konsonanten (dy't mei mear as gewoanlike krêft útsprutsen wurde): [k’] (transliterearre as q), [s’] (transliterearre as ṣ) en [t’] (transliterearre as ṭ).

 
It ierst oerlevere twatalige Sûmearysk-Akkadyske klaaitablet, datearjend fan it regear fan 'e Akkadyske kening Rimûsj. It boppeste diel is yn it Sûmearysk en it ûnderste yn it Akkadysk. No te sjen yn it Louvre.

It Akkadysk befette fierders fjouwer fokalen. Dêrfan komme trije ek yn it Frysk foar: [e], de ee fan "leed" (transliterearre as e); [i], de y fan "wyt" (transliterearre as i); en [u], de û fan "rûch" (transliterearre as u). De [ä] (transliterearre as a) is in a-klank dy't midden yn 'e mûle útsprutsen wurdt en mear nei de u fan "put" útskaait as nei de a fan "lam". It bestean fan [o] (o fan "bok") is foarsteld op basis fan Semityske taalferliking, mar it spikerskrift kin dêr troch syn beheinde fonetyske werjefte fan it Akkadysk gjin goed bewiis foar jaan. Konsonanten sawol as fokalen komme yn it Akkadysk allegearre foar yn koarte en lange foarm. Lange konsonanten wurde yn 'e tranliteraasje werjûn troch ferdûbeling, wylst lange fokalen skreaun wurde mei in makron: (ā, ē, ī, ū). It ferskil is by sawol konsonanten as fokalen betsjuttingsûnderskiedend, en wurdt bygelyks brûkt by grammatikale ferbûgings: iprusu ("dat er besleat") en imprusū ("sy besleaten").

Taalfarianten dêr't mei wissichheid fan sein wurde kin dat se dialekten fan it Akkadysk wiene, binne:

  • it Assyrysk, sprutsen yn noardlik Mesopotaamje;
  • it Babyloanysk, sprutsen yn sintraal en súdlik Mesopotaamje;
  • it Marioatysk, sprutsen yn 'e stêd Mari en omkriten, oan 'e middenrin fan 'e Eufraat yn wat no Syrje is;
  • it dialekt fan Tell Beydar, yn en om 'e stêd Tell Beydar, yn noardlik Syrje.

It Eblaïtysk, dat sprutsen waard yn 'e stêd Ebla en omkriten yn wat no Syrje is, waard foarhinne ek as in Akkadysk dialekt beskôge. Tsjintwurdich wurdt it lykwols oer it algemien as in selsstannige Eastsemityske taal klassifisearre.

Guon taalkundigen binne fan betinken dat it Aldakkadysk, dat yn 'e âldere teksten brûkt wurdt, gjin âlder taalstadium fan 'e lettere Assyryske en Babyloanyske dialekten wie, mar in trêde dialekt, dat ier útstoar en doe troch it Assyrysk en Babyloanysk ferfongen waard. Yn elts gefal hiene dy beide taalfarianten har tsjin 'e tweintichste iuw f.Kr. ta de wichtichste dialekten ûntwikkele.

It Assyrysk en it Babyloanysk binne maklik útinoar te hâlden. It Babyloanysk en it dêr nau mei besibbe Marioatysk wiene folle ynnovativer as it Assyrysk en de minder nau besibbe Eblaïtyske taal. Taalfernijings diene har sadwaande earder foar yn it Babyloanysk as yn it Assyrysk. Hoewol't it oer it algemien mear argaysk wie, ûntjoech it Assyrysk sels ek beskate ynnovaasjes, lykas fokaalharmony, in ferskynsel dat yn it Babyloanysk net foarkaam. It Eblaïtysk wie sels noch konservativer as it Assyrysk, en hie in produktive twatalsfoarm beholden (njonken it inkeltal en it meartal) en in betreklik foarnamwurd dat yn namfal, oantal en geslacht ferbûgd wurde koe. Dat wiene skaaimerken dy't yn it Akkadysk al net iens mear foarkamen yn it ierst oerlevere Aldakkadysk.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Sources en Further Reading, op dizze side.