Alfde Alvestêdetocht

(Trochferwiisd fan Alvestêdetocht fan 1956)

De Alfde Alvestêdetocht wie de alfde offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 14 febrewaris 1956. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. Jeen Nauta, Jan J. van der Hoorn, Aad de Koning, Maus Wijnhout en Anton Verhoeven kamen fiifresom oer de einstreek mei in tiid fan 8 oeren en 46 minuten. Nei dielde oerwinnings by de Fyfde Alvestêdetocht fan 1933 en de Sechsde Alvestêdetocht fan 1940 hie de organisaasje op soks lykwols it near lein, om't men it wedstrydelemint oanfiterje woe. It skeinen fan 'e regels kaam it fiiftal fan 1956 dêrom op diskwalifikaasje te stean. Der waard lykwols net in oare winner oanwiisd.

Alfde Alvestêdetocht
De rûte fan 'e Alfde Alvestêdetocht (mei de klok mei)
De rûte fan 'e Alfde Alvestêdetocht (mei de klok mei)
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum 14 febrewaris 1956
evenemint Alvestêdetocht
edysje 11
bysûnderheden
soarte evenemint reedriderstocht
org. troch Fer. De Fryske Alve Stêden
winner(s) offisjeel gjint (sjoch tekst)
winnende tiid 8:46 oeren
tal dielnimmers 259 wedstrydriders
6.070 toerriders
offisjele webside
www.elfstedentocht.nl

Organisaasje en omstannichheden

bewurkje seksje

Nei't de winter fan 1954 op 1955 net genôch iis opsmiten hie om in Alvestêdetocht te hâlden, koe it yn 'e dêropfolgjende winter fan 1955 op 1956 wer heve. De Alfde Alvestêdetocht waard útskreaun foar 14 febrewaris 1956. Nei it grutte súkses fan 'e Tsiende Alvestêdetocht fan 1954 skreaune in rekôroantal fan 6.329 riders har yn. It bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden, dat twa jier earder noch warskôge hie dat de tocht omreden fan 'e waarsomstannichheden swier wurde soe (hoewol't dat efterôf tafoel), die dat diskear net. Dochs wiene de waarsomstannichheden yn 1956 eins minder as twa jier earder. It frear dat it ongele en troch in ticht wolketek wie de sinne de hiele dei net te sjen. Boppedat wie de kwaliteit fan it iis oer it generaal min te neamen.

Ljouwert–Harns

bewurkje seksje

Oan 'e wedstryd diene 259 reedriders mei, dy't om 5.30 oere moarns op 14 febrewaris 1956 ôfsetten by Posthuma's Autospuitynstallaasje oan 'e Ferlingde Skrâns yn Ljouwert. Dêrwei draafden se nei it Van Harinxmakanaal om sa gau mooglik de redens ûnder te binen en fuort. Johan Weerman fan Nijeholtwâlde wie as earste by it iis, mar Piet Smit fan Amsterdam sette as earste ôf.

Koart nei 6.30 oere bliek by trochkomst by de earste stimpelpost yn Snits dat har al twa kloften riders fan it peloton losmakke hiene: in tolvemans groep op kop en in tsienmans groep dêr koart efter. In protte bekende nammen út eardere edysjes fan 'e Alvestêdetocht befûnen har ek diskear wer foaroan yn 'e wedstryd. Fuort bûten Snits ferraanden de beide foarste groepen ta ien grutte kopgroep fan twaentweintich man, dy't yn Drylts tagelyk ôfstimpele. Neitiid fûnen hieltyd mear ûntsnappers út it peloton oansluting by de kopgroep, dy't sadwaande by trochkomst yn Sleat al út fjirtich man bestie.

Op 'e Luts by Balk, dêr't mar in smelle streek iis sniefrij makke wie, besochten Jeen van den Berg fan Nij Beets en Jeen Nauta fan Warten, nei in koart Frysktalich oerlis dat foar de measte net-Friezen yn 'e groep net nei te kommen wie, om tegearre út 'e kopgroep te ûntsnappen. De oaren setten de efterfolging yn, wat de kloft útriek ta in lange sliert. Tsien man koene de beide Jenen folgje, sadat der in nije, behindigere kopgroep ûntstie fan tolve man. Al nei in pear hûndert meter moast it earste lid fan dy groep opjaan doe't er averij oan syn Fryske trochrinners oprûn. In skuor yn it iis late eefkes letter ta in falpartij wêrby't nochris twa man by de kopgroep wei rekken.

By trochkomst yn Starum bestie de kopgroep sadwaande noch mar út njoggen man. Underweis nei Hylpen moast ek Ger Bestebreurtje him weromfalle litte, dat om 9.05 oere kaam in kopgroep fan acht man troch yn Warkum. Hja leine doe fiif minuten foar op har neiste efterfolger, Bestebreurtje. De gearwurking yn 'e kopgroep wie poerbêst, en eltsenien wiksele netsjes fan beurt by it foarop riden. Om 9.40 oere stimpelen de acht mannen ôf yn Boalsert. De foarsprong op 'e twadde groep, dy't de ôffallers út 'e kopgroep ûnderwilens opfage hie, bedroech dêr njoggen minuten.

It Pakt fan Froubuorstermole

bewurkje seksje

Yn Harns namen de leden fan 'e kopgroep eefkes de tiid om in pear glêzen limonade te drinken, in hapke te iten en wat te bekommen, foar't se wer fierder giene oer de Seisbierrumerfeart. Yn Frjentsjer die bliken dat se it har dêrmei dochs wat tefolle oan tiid dien hiene, want in groepke fan fjouwer efterfolgers dy't út 'e twadde kloft wei riden wie, krige harren yn it each en besocht oansluting te finen. De kopgroep sette dêrom fannijs de sokken deryn, mar in pear hûndert meter fierderop rieden Jaap van der Meer en Age Tichelaar fan Frjentsjer yn in skuor, wêrnei't se it kontakt mei de rest fan 'e groep ferlearen. In skoftke letter kaam ek Jeen van den Berg, de winner fan 'e Tsiende Alvestêdetocht fan 1954, te fallen. Hy stie yn bestân en jou op, mar nei't er in hoartsje bekommen wie, besleat er dochs troch te setten en bûn er de redens wer ûnder.

De kopgroep bestie dêrnei noch út fiif man: Jan J. van der Hoorn fan Ter Aar, Aad de Koning fan Poarmerein, Jeen Nauta fan Warten, Anton Verhoeven fan Dussen en Maus Wijnhout fan Lisserbroek. Dy mannen hiene sa njonkelytsen al safolle mei-inoar meimakke, dat se it net mear tsjininoar opnimme woene. Yn 'e omkriten fan Froubuorstermole sleaten dy it saneamde Pakt fan Froubuorstermole, om mei syn allen earmke-om oer de einstreek te gean. Koart nei't se ôfstimpele hiene yn Dokkum en werom giene oer de Dokkumer Ie nei Bartlehiem, seagen se Jeen van den Berg har yn 'e mjitte kommen, dy't noch ûnderweis wie nei Dokkum. Se hiene net ferwachte dat dy harren sa deun op 'e hakken siet, dat se begûnen noch wat tempo te meitsjen.

 
Jeen Nauta, Jan J. van der Hoorn, Aad de Koning, Maus Wijnhout en Anton Verhoeven komme fiifresom oer de ein-streek by de Alfde Alvestêde-tocht fan 1956.

Yn Ljouwert ferwachte it massaal tastreamde publyk by de finish op 'e grêft by de Prinsetún, ûnder de Aldehou, in spannende einsprint te sjen. Doe't de kopgroep einlings opdaagjen kaam, waard it omsteand laach lykwols danich teloarsteld: de mannen rieden kalmkes njonken inoar nei de einstreek, en lieten har dêr mei syn fiven earmke-om oerhinne glydzje. Dy fertoaning koe mar in koel applauske fan it publyk loskrije. Hja hiene de Alvestêdetocht útriden yn in tiid fan 8 oeren en 46 minuten. Dat wie gjin rekôr, mar dat wie fanwegen it minne iis ek net te ferwachtsjen. Van den Berg waard sechsde op acht minuten nei it fiiftal, en de rest fan 'e riders wie mear as njoggen oeren nedich om 'e tocht te foltôgjen. Yn totaal kamen der 109 fan 'e 259 wedstrydriders binnen twa oeren nei de earsten binnen; de oare 150 man waard neffens de regels fan 'e wedstryd diskwalifisearre.

Diskwalifikaasje fan 'e winners

bewurkje seksje

Krekt as it publyk yn Ljouwert wie it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden mei stomheid slein dat de leden fan it Pakt fan Froubuorstermole de regels fan 'e wedstryd sa oan har lears lape hiene. Der waard yn elts gefal nei it finishen fan 'e fiif mannen gjin winner huldige, sa't de bedoeling west hie. Nei berie waard besletten dat it bestjoer dit net oer syn kant gean litte koe. Nauta, Van der Hoorn, De Koning, Wijnhout en Verhoeven waarden diskwalifisearre en út it klassemint skrast om't se der gjin sportive wedstryd fan makke hiene. Dat betsjutte dat dy mannen ek gjin Alvestêdekrúske krigen. Yn harren plak woe it bestjoer Jeen van den Berg ta winner útroppe, mar dy lei gau-gau it near op dat plan troch te sizzen dat hy dêr gjin rjocht op hie en der dêrom net oan meiwurkje soe. Jan de Jong, de foarsitter fan 'e sjuery, makke dêrop bekend dat der gjin winner útroppen waard.

posysje dielnimmer wenplak tiid opmerkings
1 Jeen Nauta Warten 8:46 diskwalifisearre
1 Jan J. van der Hoorn Ter Aar 8:46 diskwalifisearre
1 Aad de Koning Poarmerein 8:46 diskwalifisearre
1 Maus Wijnhout Lisserbroek 8:46 diskwalifisearre
1 Anton Verhoeven Dussen 8:46 diskwalifisearre
6 Jeen van den Berg Nij Beets 8:54
7 Piet Kruger Huizinge 9:02
8 Age Tichelaar Frjentsjer 9:02
9 Klaas Lefferstra Stobbegat 9:03
10 Henk Lamberts Wageningen 9:04

Oan 'e toertocht fan 'e Alfde Alvestêdetocht diene 6.070 riders mei. Fan harren kamen 4.739 foar de limyt fan midsnacht oer de einstreek en wûnen sa it fel begearde Alvestêdekrúske.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht