It Bûtefjild

(Trochferwiisd fan Bûtefjild)

It Bûtefjild is in natoergebiet dêr't it Ottema-Wiersmareservaat, Oer de Wiel, de Sippen-finnen, d’Amelannen, de Bouwepet, Japmuoiskolk en Swarte Broek diel fan binne.

It Bûtefjild
It Bûtefjild
It Bûtefjild
lokaasje
neiste plak Feanwâlden, Readtsjerk
oare ynformaasje
oerflak 319 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea

It Bûtenfjild, fanâlds de namme fan it gebiet tusken Feanwâlden, De Falom en Readtsjerk, bestiet út wiete, skrale greiden, broekbosken, ferlâne petgatten, iepen wetterplassen, grutte reid- en rûchtefjilden en in streamdal fan in âld rivierke. Doe't it streamdal ûntstie yn de foarlêste iistiid (150.000 oant 100.000 jier lyn) binne in protte swerfkeien út Skandinaavje meikomd en yn dit gebiet lizzen bleaun.

Yn it gebiet komt de Swartstippelige parlemoerflinter foar.

Ea wie it Bûtefjild in grut fean. Yn de 15e iuw waard dêr turf wûn troch de skiere Muontsen fan úthôf de Skierstins, dy't by it kleaster Klaarkamp yn Rinsumageast hearde. Wat oerbleau wie in sompich lânskip. Yn de krisisjierren fan de 20e iuw oant en nei de Twadde Wrâldoarloch waard it Bûtefjild ûntgûn troch de N.V. Ontginningsmaatschappij De Drie Provinciën. Under oaren tankzij de doetiidske eigners, de hearen Ottema en Wiersma, is in grut part fan it natuergebiet sparre bleaun en hat it no de status fan reservaat. It dielgebiet 'd'Amelannen' waard troch ruilferkaveling krigen. It part 'Oer de Wiel' is koartlyn werombrocht yn de oarspronklike wiete tastân.

Dielgebieten

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard