Batman v Superman: Dawn of Justice

Batman v Superman: Dawn of Justice is in Amerikaanske superheldefilm út 2016 ûnder rezjy fan Zack Snyder, mei yn 'e haadrollen Henry Cavill as Superman en Ben Affleck as Batman. De titel betsjut "Batman fersus Superman: Dage fan Rjochtfeardichheid". It ferhaal folget de superhelden Superman en Batman, dy't sûnder dat se it trochhawwe, tsjininoar op set wurde troch de manipulaasje fan 'e psychopatyske jonge miljardêr en sakeman Lex Luthor. Dyselde is obsedearre rekke troch it idee om Superman te ferneatigjen en sjocht yn Batman in stik ark om dat doel te berikken. Batman v Superman: Dawn of Justice is it twadde diel út 'e DC Extended Universe-filmsearje oer de superhelden fan stripútjouwerij DC Comics. De film folget as sadanich op Man of Steel, út 2013. It folgjende diel is Suicide Squad, in film dy't krekt as Batman v Superman: Dawn of Justice yn 2016 útkaam. It personaazje fan Batman is net itselde as dat troch Christian Bale spile waard yn 'e Dark Knight-trilogy, en wat dat oangiet, tsjinnet Batman v Superman: Dawn of Justice dus as in reboot fan 'e Batman-rige. Hoewol't Batman v Superman: Dawn of Justice de op seis nei meast opbringende film fan 2016 wie, krige de film oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en prestearre er yn 'e bioskopen ûnder ferwachting.

Batman v Superman:
Dawn of Justice
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Zack Snyder
produsint Charles Roven
Zack Snyder
útfierend
   produsint
Christopher Nolan e.o.
senario Chris Terrio
David S. Goyer
basearre op personaazjes fan DC Comics
kamerarezjy Larry Fong
muzyk Hans Zimmer
Junkie XL
filmstudio Warner Bros.
RatPac-Dune Entertainment
DC Films
Atlas Entertainment
Cruel and Unusual Films
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Henry Cavill
Ben Affleck
byrollen Amy Adams
Jesse Eisenberg
Gal Gadot
Diane Lane
Jeremy Irons
Laurence Fishburne
Holly Hunter
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 19 maart 2016
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 152 minuten
budget en resultaten
budget $250–300 miljoen
opbringst $873,6 miljoen
filmsearje
filmsearje DC Extended Universe
● foarich diel Man of Steel
● folgjend diel Suicide Squad

Yn in flashback nei syn bernetiid draaft in jonge Bruce Wayne by de begraffenis fan syn âldelju wei, dy't deasketten binne by in strjitrôf. Mei feart en faasje siket er in paad troch in bosk op it lângoed dat no sines is, oant er yn 'e grûn wei sakket en yn in oergroeide grot falt. Wylst er op 'e boaiem fan 'e grot heal yn 'e sûs leit, kriget er in fizioen fan in rûntsjedraaiende mealstream fan flearmûzen dy't him optilt nei it ierdoerflak.

Werom yn 'e hjoeddeistige tiid wurdt de Ierde oanfallen troch de bûtenierdske Kryptoanyske generaal Zod en syn trewanten (sjoch: Man of Steel). Dyselden wolle der in nij Krypton fan meitsje, mar moatte dêrfoar de minskheid earst útrûgje. De planeet wurdt ferdigene troch Superman, in Kryptoanjer dy't as poppe nei de Ierde stjoerd is en op it plattelân fan Kansas troch minsklike âlden grutbrocht is. Yn 'e gaos en ferneatiging dy't de stêd Metropolis treffe as Zod-en-dy en Superman inoar befjochtsje, besiket Wayne de wurknimmers fan syn bedriuw te rêden, dy't wurkje yn in wolkekliuwer yn it sintrum fan Metropolis. Hy komt lykwols te let, mei't gebou sa slim skansearre rekke is dat it ynstoart. Wayne besiket in wurknimmer te helpen dy't mei de beide skonken ûnder in grut brokstik beton telâne kommen is, mar lit him efter as in lyts famke ferplettere driget te wurden troch fallend pún. Hy wit har te rêden, mar har mem is omkommen by it ynstoarten fan it kantoargebou.

Oardel jier nei't Superman mei help fan it Amerikaanske Leger generaal Zod ferslein hat, is de bûtenierdske superheld in kontroversjeel figuer wurden. In grut diel fan 'e minskheid sjocht him as in soarte fan ferlosser, wylst oaren him net fertrouwe en ornearje dat er de Ierde yn in hânomdraai ferneatigje kin as er it ea op 'e heupen kriget. Ien fan dy lêste kategory is miljardêr Bruce Wayne, dy't Superman as in eksistinsjele bedriging foar de minskheid sjocht. Sels operearret er, yn 'e foarm fan 'e Batman (letterlik: "Flearmûzeman"), al tweintich jier as figilante en superheld yn syn wenplak Gotham City, dat oan 'e oare kant fan 'e baai leit, rjocht foar Metropolis oer. Oars as de measte Superman-kritisy fielt hy himsels roppen om wat oan it Superman-probleem te dwaan. Ek yn it Amerikaanske Kongres wurde fragen steld, en der is in kommisje fan 'e Amerikaanske Senaat ûnder lieding fan senator June Finch fan Kentucky ynsteld om 'e mooglike bedriging te bestudearjen dy't Superman foar de minskheid ynhâldt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens steurt sjoernalist Clark Kent, it geheime alter ego fan Superman, him oan 'e figilantistyske útspattings fan Batman. Hy fynt dat soks yn in demokratyske maatskippij net troch de bûgel kin en set útein mei it skriuwen fan in rige artikels yn 'e krante The Daily Planet om 'e misdieden fan Batman oan 'e kaak te stellen. Sawol Wayne as Kent wurde, sûnder dat se it beseffe, manipulearre troch de psychopatyske jonge miljardêr en sakeman Lex Luthor, dy't obsedearre rekke is troch it idee om Superman te ferneatigjen en yn Batman in stik ark sjocht om dat doel te berikken.

Luthor besiket senator Finch oer te heljen om him in grut stik kryptonyt ymportearje te litten út it gebiet fan 'e Yndyske Oseaan, dat dêr ûntdutsen is nei it besykjen fan Zod om 'e Ierde op 'e nij te terrafoarmjen. Hy wiist derop dat kryptonyt it iennichste bekende materiaal is wêrfan't fêststiet dat it ferswakjende effekten op Kryptoanjers hat en yn grut genôge hoemannichten sels deadlik is. It is dêrom wichtich om sa'n wapen tsjin Superman efter de hân te hawwen. Finch fermoedet dat Luthor syn eigen aginda hat en wegeret har meiwurking, mar Luthor smokkelet it kryptonyt likegoed it lân yn. In ûnderhearrige fan Finch dy't symptatisearret mei Luthor syn anty-Superman-opstelling soarget der boppedat foar dat Luthor tagong kriget ta it Kryptoanyske ferkenningsskip (sjoch: Man of Steel) en ta it stoflik omskot fan generaal Zod.

Wayne kriget ûnderwilens foar it earst Luthor yn it fizier as er útfynt dat de Russyske wapenhanneler Anatoli Knjazev mei him yn kontakt stiet. Knjazev is foar Wayne fan belang om't er fan it bestean fan kryptonyt heard hat, en útsocht hat dat Knjazev it iennichste fan dy stof yn syn besit hat. Op in galajûn ta eare fan Luthor, dy't holden wurdt yn it haadkertier fan syn bedriuw LexCorp, is Wayne ien fan 'e útnûge gasten, wylst Kent der as sjoernalist oanwêzich is. Wayne makket fan 'e gelegenheid gebrûk om kodearre ynformaasje streekrjocht út it mainframe fan 'e kompjûter fan LexCorp te stellen. Kent is erchtinkend oer Wayne syn aktiviteiten, mar wurdt ôflaat troch in grutte brân yn Ciudad Juárez, dêr't ferlet is fan syn boppeminsklike fermogens as Superman om in lyts famke te rêden.

De ynformaasje dy't Wayne stellen hat, wurdt lykwols wer fan him stellen troch in ûnbekende tsjeppe frou, antykhannelster Diana Prince. Sy jout it him werom nei't it har net slagget en brek troch de kodearring hinne. Dêrby seit se tsjin Wayne dat Luthor in foto stellen hat dy't fan har is en dy't se weromhawwe wol. Wylst Wayne de kodearring troch syn superkompjûter kreakje lit, falt er yn 'e sliep en dreamt er oer in post-apokalyptyske wrâld, wêryn't er sels oan it haad stiet fan in rebûlje tsjin in boasaardige Superman. Hy wurdt wekker makke troch in ûnidentifisearre maskere persoan, dy't troch in poarte yn it tiid-romtekontinuum ferskynt, him smeekt om "de oaren" te finen en seit dat Lois Lane "de kaai" is, foar't er like hommels as er ferskynd is, wer ferdwynt. Wayne beskôget dat as ûnderdiel fan syn dream. As de ynformaasje dekodearre is, blykt Luthor dossiers by te hâlden oer ferskate lju mei boppeminsklike krêften. Ien fan harren is Diana Prince, fan wa't er in foto út 'e Earste Wrâldoarloch hat dêr't se persiis like âld liket as no.

Wayne komt troch de dekodearre ynformaasje ek oan 'e weet dat Luthor it kryptonyt fia de haven fan Gotham City de Feriene Steaten yn smokkelje wol. Hy seit tsjin syn butler, assistint en surrogaat-heit Alfred Pennyworth dat er fan doel is it kryptonyt te stellen om it te brûken om Superman te deadzjen. As syn alter ego Batman docht er in wraam op it kryptonyt wannear't dat de haven útslûke wurdt, mar hoewol't er it guod op in hier nei wit te ûnderskeppen, wurdt er op it beslissende momint tsjinkeard troch Superman, dy't mient dat er in nije misdie troch Batman foarkomd hat.

Senator Finch en har kommisje hâlde ûnderwilens in harksitting oer de metoaden dy't Superman brûkt hat om generaal Zod-en-dy te ferslaan. De beskuldiging is dat Superman dêrfoar in ûnferantwurde mjitte fan geweld brûkt hat yn tichtbefolke gebiet, mei as gefolch withoefolle deaden en ferwûnen. Ien fan 'e tsjûgen tsjin Superman is Wallace Keefe, deselde man dy't Wayne besocht te rêden doe't syn skonken ferplettere wiene troch in brokstik fan in ynstoart gebou. Keefe hat it oerlibbe, mar syn beide skonken binne amputearre en hy sit no yn 'e rolstoel. Minder noch, syn frou en bern binne by it gefjocht tusken Superman en Zod-en-dy omkommen. Keefe is neitiid alhiel trochdraaid en hat de iepenbierheid opsocht troch it stânbyld te bekladzjen dat yn Metropolis foar Superman oprjochte is. It is Luthor dy't him yn kontakt brocht hat mei senator Finch.

Superman komt opdaagjen foar de harksitting, ree om him te ferdigenjen tsjin ûnfûndearre beskuldigings, ek al wurdt er sels tramtearre troch skuldgefoelens oer de lju dy't er net fan Zod en syn trewanten rêde kinnen hat. As Finch de harksitting iepenet, is de iennichste dy't skitteret troch ôfwêzigens Lex Luthor. Op basis fan in petear dat se mei Luthor fierd hat, beseft Finch wat der oan 'e hân is, mar dan is it te let. Wallace Keefe lit in bom ôfgean dy't er yn syn rolstoel ferburgen hat en deadet dêrmei alle oanwêzigen útsein Superman. Neitiid jout Superman himsels de skuld fan it barren om't er mar inkele meters fan Keefe ôf stie en dochs gjin idee hie dat de man fan doel wie en begean in terroristyske oanslach. De media freegje har lûdop ôf oft Superman ynkompetint is of mandélich oan 'e oanslach. Dêrop lûkt Superman him werom heech yn 'e bergen yn selsopleine ballingskip.

Batman makket gebrûk fan 'e gaos dy't it gefoch fan 'e oanslach is troch yn te brekken yn it haadkertier fan LexCorp en Luthor syn kryptonyt te stellen. Hy brukt in diel fan 'e stof om kryptonytgas te produsearjen, dêr't er ferskate gasgranaten mei follet. Fan 'e rest makket er in spear mei in punt fan kryptonyt. Luthor bejout him nei it Kryptoanyske ferkenningsskip en wit mei de fingerôfdrukken fan generaal Zod tagong te krijen ta de boardkompjûter en dêrmei ta in reuseftige database fan bûtenierdske technology. As er leard hat hoe't er dwaan moat wat er yn 't sin hat, bringt er it lyk fan generaal Zod nei de regeneraasjekeamer fan it skip, dêr't er syn eigen bloed brûkt om it om te foarmjen en wer ta libben te bringen.

Luthor lit troch Anatoli Knjazev en syn trewanten sawol Superman syn pleechmem, Martha Kent, as Superman syn freondinne Lois Lane ûntfiere. Lois lit er by him bringe op it dak fan 'e wolkekliuwer dy't it haadkertier fan LexCorp húsfêstet, wêrnei't er har oer râne smyt om Superman út syn skûlplak te lokjen. Sa't er al ferwachte hie, heart en werkent Superman de gjalp fan Lois wêr't er ek mar is op 'e wrâld, en ferskynt er op 'e tiid om Lois op te fangen foar't se te pletter falt. Nei't er har feilich delset hat, giet er nei Luthor om ferhaal te heljen, mar Luthor lit him foto's sjen fan syn mem, dy't troch Knjazev-en-dy finzen holden wurdt. Luthor hat derfoar soarge dat er sels net wit wêr't se har fêsthâlde, sadat Superman de lokaasje net út him slaan kin. Hy jout Superman in oere de tiid om Batman te ferslaan, en as dat net slagget sil syn mem libben ferbaarnd wurde.

Superman fljocht nei Gotham City ta, dêr't er syn dilemma oan Batman besiket út te lizzen, mar dyselde is net yn 'e stimming om te harkjen. De beide superhelden reitsje yn gefjocht, wêrby't Superman Batman in flink wan bruien jout oant Batman Superman sterk ferswakket troch him it gas út in kryptonytgasgranaat ynazemje te litten. Dan binne de rollen omdraaid en kriget Superman derfan lâns. It gas is lykwols al mei gauwens útwurke, wêrnei't Batman wer in pak op 'e hûd kriget. Troch in twadde kryptonytgasgranaat wurdt Superman wer sadanich ferswakke dat Batman him oer kin. Hy stiet op it punt om him te deadzjen mei de kryptonytspear, as Superman him taflústeret dat er op dizze wize "Martha deamakket" en dat er "Martha rêde" moat. Batman reägearret as troch in brims stutsen, mei't Martha de namme fan syn eigen mem, Martha Wayne, wie. Syn betizing duorret langernôch dat Lois de beide superhelden berikke kin. Nei't sy oan Batman útlein hat wat der geande is, komt er einlings ta besinning en beseft er hoe folslein oft er himsels troch Luthor brûke litten hat. Hy en Superman prate ôf dat Batman Martha Kent rêde sil, sadat Superman de hannen frij hat om mei Luthor ôf te weven, dy't him yn it Kryptoanyske ferkenningsskip befynt en dêr perfoarst neat goeds útheeft.

Batman set de miljarden dollars yn dy't er oant technology útjûn hat om Knjazev op te spoaren. Mei help fan Alfred kringt er it gebou binnen dêr't Knjazev en syn mannen har ferskânze hawwe en skeakelet de hiele binde út. As er úteinlik it fertrek binnenkringt dêr't Knjazev in flammewerper op Martha rjochte hâldt, beëiniget er de gizeling troch de brânstoftank op 'e rêch fan 'e krimineel lek te slaan en oan te stekken. Dêrtroch giet Knjazev sels yn ljochte lôge op, wylst Batman Martha beskermet troch oer har hinne lizzen te gean en de flammen op te fangen mei syn ûntrochkringbere Batmanpak. Superman konfrontearret Luthor mei it mislearjen fan syn plan, mar it docht bliken dat Luthor noch in reserveplan hat, besteande út it reuseftige meunster dat er fan it lyk fan Zod en syn eigen bloed skepen hat. Superman en it meunster binne oaninoar weage, en sels as Superman fersterking kriget fan Batman en de ynienen opdûkende Diana Prince, dy't Wonder Woman blykt te wêzen, kinne se it wêzen net oer. It Amerikaanske Leger sjit in atoombom ôf op it meunster, mar dat wurdt dêr inkeld sterker fan.

Superman beseft dat it wêzen fanwegen syn fierhinne Kryptoanyske genen krekt as hysels kwetsber wêze moat foar kryptonyt, dat hy hellet de troch Lois opfandele kryptonytspear fan Batman op en speetst dêr it meunster mei. It meunster giet dea, mar yn syn lêste libbensstuiten stekt er Superman troch it hert mei in bonkich útsteksel oan syn earm. Mei't Superman al slim ferswakke wie troch syn bleatstelling oan 'e neite fan it kryptonyt, beskikt er op dat stuit net oer syn normale ûnkwetsberens of regenerative fermogens, en fan gefolgen ferstjert er oan syn ferwûnings.

Neitiid wurdt Luthor oppakt en yn 'e finzenis smiten. Batman siket him dêr op om him te fertellen dat Luthor tenei gjin fin mear ferroere kin sûnder dat hy it wit. Luthor toant him lykwols selsfoldien oer de dea fan Superman en stelt dat de Ierde no kwetsber is foar bûtenierdske bedrigings. Yn Metropolis wurdt mei swide pracht en preal en militêre parades in steatsbegraffenis holden foar Superman. Dy is fierhinne symboalysk, mei't de deakiste leech is, al wit frijwol nimmen dat. The Daily Planet printet in lyts berjocht ôf dat sjoernalist Clark Kent as ûnskuldich omstanner omkommen is by it gefjocht tusken de superhelden en it meunster fan Luthor. Syn begraffenis wurdt holden yn Smallville, yn Kansas, dêr't er opgroeid is, mei Martha Kent en Lois Lane as djipdrôven. Martha jout Lois in kefert dat Superman har tastjoerd hie om't er Lois dermei ferrasse woe as se wer yn Smallville wiene; it blykt in trouring te befetsjen. Bruce Wayne en Diana Prince binne allebeide op 'e begraffenis oanwêzich. Hy freget har om him te helpen en fyn mear potinsjele superhelden mei boppeminsklike fermogens, om't er sa'n foargefoel hat dat de wrâld ferlet fan harren hawwe sil. Lois is de lêste dy't it tsjerkhôf ferlit. Lang om let goait se de earste hânfol ierde op 'e deakiste, keart har ôf en rint fuort. Dêrtroch sjocht se net hoe't de ierde opstiget en los boppe de kiste sweeft.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Henry Cavill.
 
Ben Affleck.
 
Amy Adams.
 
Jesse Eisenberg.
 
Gal Gadot.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise              
Superman / Clark Kent Henry Cavill
Batman / Bruce Wayne Ben Affleck


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lois Lane Amy Adams
Lex Luthor Jesse Eisenberg
Wonder Woman / Diana Prince Gal Gadot
Martha Kent Diane Lane
Alfred Pennyworth Jeremy Irons
Perry White Laurence Fishburne
senator June Finch Holly Hunter
Wallace Keefe Scoot McNairy
Anatoli Knjazev Callan Mulvey
Mercy Graves Tao Okamoto
it meunster Robin Atkin Downes (motion-capture)
Thomas Wayne Jeffrey Dean Morgan
Martha Wayne Lauren Cohan
presidint fan 'e Feriene Steaten Patrick Wilson (stim)
CIA-agint Jimmy Olsen Michael Cassidy
minister fan Definsje Calvin Swanwick Harry Lennix
majoar Carrie Farris Christina Wren
Jonathan Kent Kevin Costner (cameo)
robot Kelor Carla Gugino (stim
generaal Amajagh Sammi Rotibi
Kahina Ziri Wunmi Mosaku
Jack O'Dwyer Hugh Maguire
The Flash / Barry Allen Ezra Miller (cameo)
Aquaman / Arthur Curry Jason Momoa (cameo)
Cyborg / Victor Stone Ray Fisher (cameo)
dr. Silas Stone Joe Morton (cameo)
senator Purrington senator Patrick Leahy (cameo)
gûverneur fan Nij-Jersey senator Debbie Stabenow (cameo)
himsels astronoom Neil deGrasse Tyson (cameo)
harsels ferslachjouster Soledad O'Brien (cameo)
himsels nijslêzer Anderson Cooper (cameo)
harsels ferslachjouster Dana Bash (cameo)
harsels presintatrise Nancy Grace (cameo)
himsels presintator Charlie Rose (cameo)
himsels kommentator Andrew Sullivan (cameo)
himsels sjoernalist Vikram Gandhi (cameo)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Batman v Superman: Dawn of Justice waard, krekt as Man of Steel, it foargeande diel út 'e DC Extended Universe-filmsearje, regissearre troch Zack Snyder. Dyselde wurke nei in senario fan Chris Terrio en David S. Goyer. As produsinten wiene Snyder sels en Charles Roven by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., RatPac-Dune Entertainment, DC Films, Atlas Entertainment en Cruel and Unusual Films. Christopher Nolan wie as útfierend produsint yn in advisearjende rol yn 'e produksje behelle. Foar de film wie in budget beskikber fan $250 oant 300 miljoen, ôfhinklik fan hokker boarne men leauwe wol. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Larry Fong, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer en Junkie XL.

De opnamen foar Batman v Superman: Dawn of Justice setten op 19 maaie 2014 útein en duorren oant en mei 5 desimber fan dat jier. De film waard foar in grut part opnommen yn Detroit, yn 'e Amerikaanske steat Michigan. Oare filmlokaasjes wiene Chicago (Illinois) en Yorkville (Illinois). De woastynsênes út 'e dream fan Bruce Wayne soene opnommen wurde yn Marokko, mar omreden fan in útbraak fan ebola yn West-Afrika (in hiel ein fan Marokko ôf) waard ynstee keazen foar Nij-Meksiko.

 
In parsekonferinsje ta promoasje fan Batman v Superman: Dawn of Justice op 'e San Diego Comic-Con fan 2015. F.l.n.rj.: regisseur Zack Snyder en akteurs Holly Hunter, Jeremy Irons, Gal Gadot, Jesse Eisenberg, Amy Adams, Henry Cavill en Ben Affleck.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Batman v Superman: Dawn of Justice waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 19 maart 2016 yn Meksiko-Stêd yn premiêre, en iepene dêrnei op 25 maart yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 18 maart 2016 by platemaatskippij WaterTower Music. Op dvd en blu-ray waard fan Batman v Superman: Dawn of Justice njonken de bioskoopferzje fan 152 minuten ek in extended cut útbrocht, dy't mei in spyldoer fan 183 minuten beskikt oer 31 minuten bykommend byldmateriaal.

Fan 'e filmkritisy krige Batman v Superman: Dawn of Justice oer it algemien negative resinsjes. Krityk wie der fral op 'e dûnkere, sombere toansetting fan 'e film. Sa neamde Robbie Collin fan The Telegraph de film "humorleas" en "de minst koherinte kaskreaker yn jierren". Yn 'e Chicago Tribune omskreau Michael Phillips Batman v Superman: Dawn of Justice as "hast folslein saai". Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone kaam ta in wat myldere konklúzje: "better as Man of Steel, mar ûnder de hege latte dy't lein is troch Nolan syn Dark Knight."

Jake Coyl fan parseburo Associated Press (AP) skreau: "[de film] kûgelet net mei de kinetyske faasje fan Mad Max: Fury Road, noch huppelet er mei de relatyf fearkrêftige gong fan in Marvel-film; ynstee plantet er him fuort mei in operateske swidens dy't er noris al en dan wer net wiermakket." Folle positiver wie Andew Barker fan Variety, dy't skreau: "as in poer fisueel spektakel rêdt Batman v Superman it mei gemak op om 'e bioskoopdoarren fan 'e hingen te blazen." Nicolas Barber fan 'e BBC neamde de film "in fjouwer stjerre-epos."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Batman v Superman: Dawn of Justice in leech goedkarringspersintaazje fan 29%, basearre op 437 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] smoart in potinsjeel yndrukwekkend ferhaal, en guon fan 'e meast ikoanyske superhelden fan 'e Feriene Steaten, yn in sombere twirre fan aksje dy't inkeld troch special effects oandreaun wurdt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Batman v Superman: Dawn of Justice in goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 51 resinsjes.

Batman v Superman: Dawn of Justice brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $330,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $543,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $873,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $250 oant 300 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $573,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Neffens Deadline Hollywood hie Batman v Superman: Dawn of Justice ferlet fan in opbringst fan $800 miljoen om folslein út 'e kosten te kommen. Dat slagge dus, mar de film prestearre yn 'e bioskopen ûnder ferwachting. Allinnich al yn 2016 waard yn 'e Feriene Steaten nochris 82,4 miljoen fertsjinne oan 'e ferkeap fan dvd's en blu-ray's fan 'e film.

Batman v Superman: Dawn of Justice wûn gjin wichtige prizen, mar waard wol nominearre foar de Saturn Award foar bêste stripferfilming en fierders in Critics' Choice Award, in People's Choice Award, seis Teen Choice Awards en fiif Kids' Choice Awards.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


DC Extended Universe (filmsearje)
Man of Steel (2013) • Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) • Suicide Squad (2016) • Wonder Woman (2017) • Justice League (2017) • Aquaman (2018) • Shazam! (2019) • Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) • Wonder Woman 1984 (2020) • Zack Snyder's Justice League (2021) • The Suicide Squad (2021) • Black Adam (2022) • The Flash (2022) • Aquaman 2 (2022) • Shazam! Fury of the Gods (2023)