Wonder Woman (film út 2017)

Wonder Woman is in Amerikaansk-Sineeske superheldefilm fan it alternate history-subsjenre út 2017, ûnder rezjy fan Patty Jenkins, mei yn 'e haadrollen Gal Gadot en Chris Pine. De film is basearre op it personaazje Wonder Woman, in superheldinne út 'e strips fan William Moulton Marston en H.G. Peter fan útjouwerij DC Comics. It ferhaal folget de Amazône-prinsesse Diana as se har magyske eilân ferlit om in ein te meitsjen oan 'e Earste Wrâldoarloch, wêrfan't se fermoedet dat dy it wurk is fan 'e god Ares, de aartsfijân fan 'e Amazônes. Wonder Woman wie it fjirde diel fan 'e filmsearje fan it Utwreide Universum fan DC. De film waard troch de filmkritisy oer it algemien mei positive resinsjes ûntfongen, en groeide yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses. Wonder Woman wûn fierders ferskate wichtige prizen. De film waard sjoen as de earste echte feministyske superheldefilm.

Wonder Woman
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Patty Jenkins
produsint Charles Roven
Deborah Snyder
Zack Snyder
Richard Suckle
senario Allan Heinberg
basearre op Wonder Woman fan
William Moulton Marston
en H.G. Peter
kamerarezjy Matthew Jensen
muzyk Rupert Gregson-Williams
filmstudio DC Films
RatPac Entertainment
Atlas Entertainment
Cruel and Unusual Films
Tencent Pictures
Wanda Pictures
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Gal Gadot
Chris Pine
byrollen Robin Wright
Connie Nielsen
Saïd Taghmaoui
Ewen Bremner
Eugene Brave Rock
Danny Huston
Elena Anaya
David Thewlis
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Sina
premiêre 15 maaie 2017
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 141 minuten
budget en resultaten
budget $120–150 miljoen
opbringst $821,8 miljoen
prizen Empire Award
Hugo Award
Satellite Award
Saturn Award
SAG Award
filmsearje
filmsearje Wonder Woman
● folgjend diel Wonder Woman 1984

Yn it hjoeddeistige Parys ûntfangt Diana Prince (Wonder Woman) in âlde foto fan Wayne Enterprises, dy't begelaat wurdt fan in brief fan Bruce Wayne (Batman). Op 'e foto, dy't makke is ûnder de Earste Wrâldoarloch, stiet sysels mei fjouwer manlju. It ropt oantinkens yn har wekker.

As de dochter fan keninginne Hippolyta fan 'e Amazônes wurdt Diane grutbrocht op it magyske, ferburgen eilân Themyscira, yn 'e Middellânske See. De Amazônes binne ûnstjerlike froulike kriichsters dy't skepen binne troch de god Seus om 'e minskheid te beskermjen. Seus syn soan, de oarlochsgod Ares, waard lykwols oergeunstich op 'e minsken en makke plannen om harren te ferdylgjen. Doe't de oare goaden him tsjinkeare woene, deade er harren allegearre, mar Seus brûkte it lêste bytsje fan syn krêft om Ares te ferwûnjen en op 'e flecht te driuwen. Ear't er stoar, joech Seus oan 'e Amazônes in skriklik wapen, de 'Goadedeader', sadat se ree wêze soene foar de weromkear fan Ares.

As famke kriget Diana dy ferhalen te hearren fan har mem. Sy wol ek in kriichster wurde, lykas de oare Amazônes, mar har mem wol dat net lije. Har muoike Antiope, de legeroerste fan 'e Amazônes, traint har dêrom yn it geheim oant keninginne Hippolyta ûntdekt wat der geande is. Antiope wit har suster te bepraten, en fan it iene uterste yn it oare jout Hippolyta har dan opdracht om Diana te trainen sa't noch nea in Amazône traind is, sadat se de bêste kriichster fan 'e wrâld wurde sil.

In ûnbeskaat tal jierren letter is Diana in jonge frou dy't yndie de bêste kriichster fan alle Amazônes wurden is. Op in dei kringt in fleantúch troch de beskermjende bân fan mist om Themyscira hinne en stoart foar de kust del. Diana springt yn see en rêdt de piloat, dat de Amerikaanske kaptein Steve Trevor blykt te wêzen. In Dútsk marineskip folget it fleantúch nei Themyscira, mar de Dútske soldaten wurde troch de Amazônes deade as se op it eilân lânje. Dêrby komt Antiope om. Mei har lêste wurden trunet se Diana oan om 'e bûtenwrâld yn te gean. Neitiid wurdt kaptein Trevor ûnderfrege mei de Lasso fan Hestia, dy't him twingt om 'e wierheid te sizzen. Hy fertelt de Amazônes dat de bûtenwrâld fertart wurdt troch in grutte oarloch: it is 1918 en de Earste Wrâldoarloch is yn syn einstadium oanbelâne. Trevor is in Alliëarde spion dy't in notysjeboekje stellen hat fan dr. Isabel Maru, in skiekundige dy't yn opdracht fan 'e Dútske generaal Erich Ludendorff in deadliker foarm fan gifgas oan it ûntwikkeljen is.

Yn 'e oertsjûging dat Ares ferantwurdlik is foar de oarloch, wol Diana mei Trevor nei de bûtenwrâld reizgje om 'e striid mei him oant te gean. Hippolyta leit dêr lykwols it near op. Dêrop beslút Diana om dan mar sûnder goedkarring fan har mem te gean. Se bewapenet harsels mei it swurd Goadedeader, in byhearrend skyld en de Lasso fan Hestia en klaaid har yn in readferve boarstkuras, in blau rokje en ûnderearmplaten. Sa risselwearret se om mei Trevor it eilân yn in sylboat te ferlitten. Op it strân komt Hippolyta harren lykwols efternei en fermoedsoenet Diana har mei har mem by in triennich ôfskie.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Londen oankommen leverje Trevor en Diana it notysjeboekje fan Maru ôf by de Alliëarde legerlieding, dy't ûnder lieding fan sir Patrick Morgan besiket en slút in wapenstilstân mei de Dútsers. Diana, dy't as boppenatuerlike Amazône hûnderten talen sprekt, fertaalt de heal yn it Turksk en heal yn it Sûmearysk skreaune notysjes fan Maru, dêr't út blykt dat Ludendorff fan doel is om syn nije, deadlikere gifgas oant it Westfront op 'e Alliëarde troepen los te litten. Om't de ûnderhannelings oer de wapenstilstân in krúsjaal stadium berikt hawwe, beslute de Alliëarde autoriteiten de ynformaasje te negearjen. Syn oarders om him der fierder net mei te bemuoien yn 'e wyn slaand, rekrutearret Trevor de Marokkaanske spion Sameer, de Skotske skerpskutter Charlie en de Yndiaanske smokkelder Chief Napi om him te helpen en kom foar dat Ludendorff syn plan yn 'e praktyk bringe kin.

Mei finansjele stipe fan Morgan reizgje se fiifresom nei it front yn Belgje ta, dêr't Diana op eigen manneboet troch it nimmenslân hinne kringt om in Dútske rinfuorge yn te nimmen. Dêrnei befrijt se mei help fan Trevor, Sameer, Charlie en Chief Napi it deunby leine Flaamske doarp Veld. Nei de befrijing wurdt it team dêr troch in pleatslike fotograaf op 'e foto set. Se bringe de nacht yn it doarp troch en Diana en Trevor reitsje der fereale opinoar. As se te hearren krije dat de oare deis op in kastiel yn 'e neite fan Veld in galafeest holden wurde sil foar it Dútske opperbefel, ynfiltrearje Trevor en Diana dêr ûnôfhinklik faninoar. Trevor wol te witten sjen te kommen wêr't it gifgas opslein is, sadat er it ferneatigje kin, wylst Diana generaal Ludendorff deadzje wol, mei't se derfan oertsjûge rekke is dat hy eins Ares is. Trevor wit Diana krekt op 'e tiid tsjin te hâlden, om't er benaud is dat se syn misje yn gefaar bringe sil mei har ûnberet dwaan. Dêrtroch kin Ludendorff lykwols by wize fan demonstraasje foar de oare Dútske ofsieren in gifgasoanfal op Veld útfiere litte, wêrby't alle ynwenners fan it doarp omkomme.

Diana jout Trevor dêr de skuld fan. Se efterfolget Ludendorff nei in basis dêr't it gifgas yn in bommesmiter laden wurdt om it út te goaien boppe Londen. Diana kringt de basis binnen, siket Ludendorff op en deadet him. Se rekket lykwols yn betizing as de oarloch dêrtroch net ophâldt. Dêrop ferskynt sir Patrick Morgan oan har, dy't útbringt dat hý eins Ares is. Hy fertelt Diana dat er de minsken inkeld ideeën ynflústeret en ynspiraasje jout, mar dat it úteinlik harren eigen beslissing is om geweld te brûken, mei't se allegearre ynherint korrupt binne. As Diana him besiket de deadzjen mei har swurd Goadedeader, ferneatiget er it wapen sûnder muoite en lit er har witte dat sysels de wiere Goadedeader is, mei't se de dochter is fan Seus en Hippolyta. Hy besiket har te bepraten om har by him te jaan, sadat se tegearre de minskheid útrûgje en fan 'e Ierde wer in paradys meitsje kinne. Diana wol dêr lykwols neat fan witte en it gefjocht tusken de beide goaden wurdt ferfette.

Underwilens hawwe Trevor, Sameer, Charlie en Chief Napi it laboratoarium fan dr. Maru ferneatige. Trevor stelt de bommesmiter mei it tige brânbere gifgas oan board en fljocht nei in feilige hichte foar't er it oanstekt. Der folget in ûnbidige ûntploffing, wêrby't it fleantúch yn in fjoerbal feroaret en hysels omkomt. Ares besiket dêrop om Diana har fertriet en razernij te brûken om har Maru deadzje te litten. Sa wol er har korrumpearje sadat se kwetsber wurdt foar fierdere manipulaasje. Mar har oantinkens oan Trevor litte har beseffe dat minsken behalven kwea ek goedens yn harren hawwe. Se sparret Maru en deadet ynstee Ares, wêrmei't de oarloch ta in ein komt.

Yn 'e tsjintwurdige tiid stjoert Diana in e-mailberjocht oan Bruce Wayne, wêryn't se him betanket foar de foto fan har, Trevor, Sameer, Charlie en Chief Napi. Se is, yn har alter ego Wonder Woman, noch altyd aktyf as striidster foar frede en tsjin ûnrjocht, mei't se no begrypt dat inkeld leafde de wrâld wier rêde kin.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Gal Gadot.
 
Chris Pine.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Diana, prinsesse fan 'e Amazônes / Wonder Woman Gal Gadot
kaptein Steve Trevor Chris Pine


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Antiope Robin Wright
Hippolyta, keninginne fan 'e Amazônes Connie Nielsen
Sameer Saïd Taghmaoui
Charlie Ewen Bremner
Chief Napi Eugene Brave Rock
generaal Erich Ludendorff Danny Huston
dr. Isabel Maru / Doctor Poison Elena Anaya
sir Patrick Morgan / Ares David Thewlis
Etta Candy Lucy Davis
de tolvejierrige Diana Emily Carey
de achtjierrige Diana Lilly Aspell
Menalippe Lisa Loven Kongsli
Orana Mayling Ng
Acantha Florence Kasumba
Egeria Madeleine Vall Beijner
Aella Hayley Jane Warnes
Artemis Ann Wolfe
Venelia Doutzen Kroes
Euboea Samantha Jo
fjildmaarskalk Douglas Haig James Cosmo
Darnell Steffan Rhodri

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Wonder Woman wie it fjirde diel fan 'e filmsearje fan it Utwreide Universum fan DC, en de twadde film wêryn't it personaazje fan 'e superheldinne Wonder Woman foarkaam, nei Batman v Superman: Dawn of Justice, út 2016. Dat personaazje wie basearre op 'e strips fan William Moulton Marston en H.G. Peter, dy't fan 'e 1940-er jierren ôf by útjouwerij DC Comics publisearre waarden. Der wie yn 1996 foar it earst sprake fan in film oer Wonder Woman, dy't Ivan Reitman produsearje en mooglik ek regissearje soe. It projekt kaam lykwols jierrenlang fêst te sitten yn 'e preproduksjefaze. U.o. Jon Cohen, Todd Alcott en Joss Whedon wiene der op ferskate mominten by belutsen. Uteinlik kundige filmstudio Warner Bros. yn 2010 oan dat de film op steapel stie. Dêrnei duorre it likegoed noch seis jier ear't er útkaam.

Regisseur waard úteinlik Patty Jenkins, dy't wurke nei in senario dat Allan Heinberg skreaun hie op basis fan in ferhaal dat betocht wie troch himsels, Zack Snyder en Jason Fuchs. As produsinten wiene by it projekt belutsen Zack Snyder, Deborah Snyder, Charles Roven en Richard Suckle foar de filmstudio's DC Films, RatPac Entertainment, Atlas Entertainment en Cruel and Unusual Films út 'e Feriene Steaten en Tencent Pictures en Wanda Pictures út Sina. Foar Wonder Woman wie in budget beskikber fan $120 oant 150 miljoen. De kamerarezjy waard fierd troch Matthew Jensen, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Rupert Gregson-Williams.

 
Regisseur Patty Jenkins (rj.) mei Geoff Johns, de algemien direkteur fan DC Comics.

De opnamen foar Wonder Woman setten op 21 novimber 2015 útein en duorren oant 6 maaie 2016, wêrnei't yn novimber fan dat jier by reshoots noch wat missende sênes sketten waarden. Opnamelokaasjes wiene yn Ingelân, Frankryk en Itaalje. De binnendoarsênes waarden filme yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden, yn Ingelske greefskip Hertfordshire.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Wonder Woman waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 15 maaie 2017 yn Sjanghai yn premiêre, wêrnei't er op 2 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. De nasjonale Britske premiêre yn Londen, op 31 maaie, gie oer omreden fan 'e bomoanslach op it konsert fan Ariana Grande yn Manchester, op 22 maaie. Op 31 maaie iepene Wonder Woman al wol yn 'e bioskopen yn Belgje, Singapoer en Súd-Koreä. Yn Libanon, Algerije, Tuneezje en Katar waard de film ferbean omreden fan 'e Israelyske nasjonaliteit en militêre tsjinst fan haadrolspylster Gal Gadot, en fral om har behimmeljende útspraken yn it foardiel fan it hâlden en dragen fan it Israelyske Leger yn 'e Gaza-oarloch fan 2014. Wonder Woman waard op 29 augustus 2017 frijjûn as digitale download en kaam op 19 septimber fan dat jier út op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Wonder Woman oer it algemien positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 444 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It spannende en oprjochte Wonder Woman, dat ûnderstipe wurdt troch it garismatyske optreden fan Gal Gadot, slagget op spektakulêre wize." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Wonder Woman in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 50 resinsjes.

Wonder Woman brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $412,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $409,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $821,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $120 oant 150 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $671,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It tydskrift Deadline Hollywood berekkene dat alles boppe $300 miljoen foar de studio's skjinne winst west hawwe moat. Dêrmei wie Wonder Woman de op fiif nei meast opbringende film fan 2017.

 
In model yn Ruslân posearret ferklaaid as Wonder Woman foar de filmposter.

Wonder Woman wûn en waard nominearre foar in grut tal prizen. Sa waard de film nominearre foar fjouwer Britske Empire Awards, wêrfan't er ien wûn, foar bêste science fiction- of fantasyfilm. Wonder Woman waard nominearre foar trije Critics' Choice Awards en wûn ien, foar bêste aksjefilm. De film wûn ek de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje, de Satellite Award foar bêste filmmuzyk, de Teen Choice Award foar bêste aksjefilm en de Screen Actors Guild Award foar bêste groepsoptreden fan stuntlju.

Aktrise Gal Gadot wûn foar har fertolking fan 'e rol fan Wonder Woman de Rising Star Award op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs, de Virtuosos Award op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara, de Saturn Award foar bêste aktrise en de Teen Choice Award foar bêste aktrise yn in aksjefilm. Har tsjinspiler Chris Pine wûn de Teen Choice Award foar bêste akteur yn in aksjefilm. Wonder Woman wûn ek de MTV Movie & TV Award yn 'e kategory bêste gefjocht (fan Wonder Woman tsjin 'e Dútske soldaten).

In ferfolch op Wonder Woman, dat Wonder Woman 1984 komme soe te hjitten, soe yn juny 2020 yn 'e bioskopen komme. De premiêre moast lykwols útsteld wurde omreden fan 'e wrâldwide pandemy fan it koroanafirus dy't it hiele iepenbiere libben lamlei. De film waard dêrom, ûnder foarbehâld, ferskood nei 14 augustus 2020. Gal Gadot spilet yn 'e nije film op 'e nij de rol fan Wonder Woman. In trêde film yn 'e rige, foarearst noch sûnder titel, waard yn jannewaris 2019 oankundige. Los dêrfan waard yn desimber 2019 troch regisseur Patty Jenkins ek in spin-off-film oankundige dy't net oer Wonder Woman, mar oer de oare Amazônes gean soe.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

DC Extended Universe (filmsearje)
Man of Steel (2013) • Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) • Suicide Squad (2016) • Wonder Woman (2017) • Justice League (2017) • Aquaman (2018) • Shazam! (2019) • Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) • Wonder Woman 1984 (2020) • Zack Snyder's Justice League (2021) • The Suicide Squad (2021) • Black Adam (2022) • The Flash (2022) • Aquaman 2 (2022) • Shazam! Fury of the Gods (2023)