Justice League (film)

Justice League is in Amerikaanske superheldefilm út 2017 ûnder rezjy fan Zack Snyder en Joss Whedon, mei yn 'e haadrollen Ben Affleck en Gal Gadot. De titel betsjut "Liga fan Rjochtfeardichheid". De film giet oer it superheldeteam mei deselde namme út 'e strips fan útjouwerij DC Comics, en makket diel út fan 'e filmsearje fan it DC Extended Universe. Hy folget as sadanich op Wonder Woman en giet foarôf oan Aquaman. It ferhaal fan Justice League folget Batman en Wonder Woman as dy beiden nei de dea fan Superman yn Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) ferskate oare superhelden sammelje om 'e Ierde te ferdigenjen tsjin 'e supersmjunt Steppenwolf en syn leger fan bûtenierdske parademoanen.

Justice League
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Zack Snyder
Joss Whedon
produsint Charles Roven
Deborah Snyder
Jon Berg
Geoff Johns
útfierend
   produsint
Ben Affleck
senario Chris Terrio
Joss Whedon
basearre op de Justice League
   fan DC Comics
kamerarezjy Fabian Wagner
muzyk Danny Elfman
filmstudio Warner Bros.
DC Films
RatPac-Dune Entertainment
Atlas Entertainment
Cruel and Unusual Films
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Ben Affleck
Gal Gadot
byrollen Ezra Miller
Ray Fisher
Jason Momoa
Henry Cavill
Jeremy Irons
Ciarán Hinds
Amy Adams
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 13 novimber 2017
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 120 minuten
budget en resultaten
budget $300 miljoen
opbringst $657,9 miljoen
filmsearje
filmsearje DC Extended Universe
● foarich diel Wonder Woman
● folgjend diel Aquaman

De produksje fan Justice League rekke yn 'e swierrichheden doe't Snyder omreden fan it ferstjerren fan syn dochter oan it begjin fan 'e postproduksjefaze ôfstân die fan syn posysje as regisseur. Whedon naam it wurk doe fan him oer, mar hy feroare it senario en die reshoots fan har eltse sêne, sadat it in folslein oare film waard as wat Snyder foar eagen stien hie. Fan 'e filmkritisy krige Justice League negative resinsjes. Yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol, mar net súksesfol genôch om út 'e kosten te kommen mei ien fan 'e djoerste produksjebudgetten út 'e filmskiednis en dêroerhinne noch tige mânske útjeften op it mêd fan marketing. It feroarjen fan it oarspronklike ferhaal troch Whedon lokke fûleindige krityk út fan 'e fans, mar ek fan leden fan 'e cast. De oanhâldende krityk late yn 2021 ta it útbringen fan in director's cut fan 'e film troch Zack Snyder. Dat wie eins in folslein oare film, dy't bekend kaam te stean as Zack Snyder's Justice League.

Plot bewurkje seksje

Fiiftûzen jier lyn besocht de supersmjunt Steppenwolf mei syn legerskaren fan bûtenierdske, troch gefoelens fan eangst oanlutsen parademoanen de Ierde te feroverjen troch de enerzjy fan 'e trije 'Memmekisten' te kombinearjen. Syn krewearjen waard lykwols dwerseide troch in ferbûn fan 'e Olympyske goaden, de Amazônes, de Atlanten en de minskheid, stipe troch teminsten ien bûtenierdsk wêzen (in Griene Lantearne). Nei't Steppenwolf ferslein wie en twongen ta in fernederjende ôftocht, waarden de trije Memmekisten útinoar helle. Ien waard yn bewarring jûn oan 'e Amazônes en kaam neitiid ûnder oanhâldende bewekking op Themyscira, it eilân fan 'e Amazônes. De twadde waard yn bewarring jûn oan 'e Atlanten, dy't it ding sekuer bewekken op 'e boaiem fan 'e oseaan. De trêde waard yn bewarring jûn oan 'e minskheid en yn it djipste geheim op in ûnbekend plak bedobbe.

Yn 'e tsjintwurdige tiid is de minskheid twa jier nei de dea fan Superman (sjoch: Batman v Superman: Dawn of Justice) noch altyd yn rou. Troch it hommels weifallen fan dy krigele superheld binne de trije Memmekisten reäktivearre, wat in noch altyd op wraak sinnende Steppenwolf weromhelle hat nei de Ierde. Syn bedoeling is om 'e Memmekisten op te spoaren en se wer mei-inoar te ferbinen, sadat er harren kombinearre enerzjy brûke kin om 'e ekology fan 'e Ierde te ferdylgjen en yn it stee dêrfan de planeet te terrafoarmjen yn it wjerbyld fan syn eigen helske thúswrâld. Hy spoart al rillegau de Memmekiste fan 'e Amazônes op Themyscira op, dêr't er de bewekjende Amazônes en keninginne Hippolyta ferslacht, de Memmekiste stelt en útpykt foar't de legioenen fan 'e Amazônes him tsjinkeare kinne. Hippolyta brûkt neitiid in oerâld synjaal om har dochter Wonder Woman te warskôgjen, dy't al mear as hûndert jier middenmank de minsken libbet ûnder de skûlnamme Diana Prince.

Underwilens is Bruce Wayne, oftewol Batman, mei help fan syn butler Alfred Pennyworth dwaande mei it sykjen nei oare superhelden, sadat se harren ferienje kinne foar de ferdigening fan 'e Ierde tsjin bedrigings fan bûtenôf. Nei't de warskôging fan har mem dat Steppenwolf weromkeard is har berikt hat, jout Diana har by him. Wayne spoart Arthur Curry op, dy't as Aquaman, de soan fan keninginne Atlanna fan Atlantis boppenatuerlike krêften yn 'e see hat, mar it slagget him net om dyselde te bepraten en smyt de lapen mei him gear. Hy hat mear súkses mei Barry Allen, in jongeman dy't as The Flash it fermogen hat om flugger te bewegen as it each folgje kin. De sosjaal ûnhandige Allen kin wol wat freonen brûke, dat hy jout him entûsjast by Wayne-en-dy. Underwilens nimt Diana kontakt op mei Victor Stone, in jongeman dy't deadlik ferwûne rekke is by in ûngemak, mar troch syn heit, de wittenskipper Silas Stone, yn libben holden is troch syn ferlern giene lichemsdielen te ferfangen troch masine-ûnderdielen, sadat er Cyborg wurden is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Stone wifket oer it foarstel fan Diana, mar wurdt oerhelle troch tadwaan fan Steppenwolf, dy't syn heit en ferskate oare wurknimmers fan it laboratoarium S.T.A.R. Labs ûntfiert. It docht nammentlik bliken dat de Memmekiste dy't oan 'e minskheid yn bewarring jûn wie, ûnder de Earste Wrâldoarloch fûn is troch Britske argeologen. Fia-fia is er úteinlik by de S.T.A.R. Labs bedarre, dêr't er nei syn reäktivearring nei de dea fan Superman troch Silas Stone brûkt waard om it libben fan Victor Stone te rêden. Steppenwolf hat it spoar fan 'e minskene Memmekiste oan it laboratoarium ta folge, en besiket troch ûnderfreging fan 'e wurknimmers te efterheljen wêr't it artefakt belâne is, net wittende dat Victor Stone it stellen hat om foar te kommen dat syn heit it foar fierdere eksperiminten op him brûke soe.

Underwilens set Steppenwolf nei de boaiem fan 'e oseaan ta om 'e Atlantyske bûtenpost oan te fallen dêr't de Memmekiste bewarre wurdt dy't de Atlanten op 'e noed hawwe. Hy deadet de bewekkers en ferslacht prinsesse Mera fan Xebel, wêrnei't er útpykt mei Memmekiste. Curry komt te let om him tsjin te kearen, mar wurdt troch dit foarfal twongen om him te betinken en him dochs by Wayne-en-dy te jaan. Wayne en Diana sette mei Allen en Stone in rêdingsaksje op tou foar de S.T.A.R. Labs-wurknimmers, dy't Steppenwolf nei in tunnelstelsel ûnder in eilantsje yn 'e haven fan Gotham City bringe litten hat. Se komme krekt op 'e tiid om Stone syn heit en de oaren te rêden, mar ferdrinke op in hier nei as Steppenwolf de tunnels lek slacht, sadat it seewetter nei binnen ta spielt. Inkeld troch de tidige oankomst fan Curry, dy't ommers macht oer de see hat, oerlibje se dy konfrontaasje.

Neitiid hellet Stone de trêde Memmekiste foar 't ljocht út it sideplak dêr't er it ding weibrocht hie. It is dúdlik dat sy fiifresom net tsjin Steppenwolf opkinne. Wayne beslút dat se de Memmekiste brûke moatte om Superman wer út 'e dea op te wekjen, net inkeld om Steppenwolf te ferslaan, mar ek om 'e minskheid wer hoop te jaan. Stone en Allen liket dat harren bêste opsje ta. Diana en Curry binne skeptysk, mar geane úteinlik akkoart. Allen en Stone grave it lichem fan Clark Kent op en bringe him nei it Kryptoanyske ferkenningsskip yn 'e haven fan Metropolis (sjoch: Batman v Superman: Dawn of Justice), dêr't se it wûnderlik goed bleaune stoflik omskot yn 'e amnioatyske floeistof fan 'e genesiskeamer lizze. Wannear't se de Memmekiste opstarte en yn 'e floeistof pleatse, wurdt Superman mei súkses wer ta libben brocht.

Hy lijt lykwols oan ûnthâldsferlies en falt de oare superhelden oan. Superman jout harren in bêst wan bruien oant Wayne syn reserveplan yn wurking stelt troch Kent syn oarehelte Lois Lane bringe te litten. As er har sjocht, kalmearret Superman, pakt har op en fljocht mei har nei it boerespultsje yn Smallville dêr't er opgroeid is. Dêr is nei syn dea troch de bank beslach op lein om't syn mem Martha de hypoteekôflossings net mear opbringe koe. Op dat beladen plak komt syn ûnthâld al rillegau werom. Lois skillet Martha op, dy't fuortendaliks delkomt en mei har pleechsoan weriene wurdt.

Underwilens is it Steppenwolf yn 'e gaos nei de weropstanning fan Superman slagge om 'e trêde Memmekiste te stellen doe't dy ûnbewekke efterbleau yn it Kryptoanyske ferkenningsskip. Hy bringt it ding by syn beide wjergaders yn in ferlitten kearnsintrale yn noardlik Ruslân, dêr't er mei de enerzjy fan 'e kombinearre Memmekisten úteinset mei it wer-terrafoarmjen fan 'e Ierde. Wayne, Diana, Allen, Stone en Curry reizgje dêrhinne om him tsjin te hâlden. Se klearje harrensels in paad troch it leger fan parademoanen om Steppenwolf sels te berikken, mar it slagget harren net om him langernôch ôf te lieden sadat Stone de Memmekisten útinoar helje kin. As de need it heechst is, arrivearret de Superman, dy't no wer hielendal de âlde is. Hy helpt Allen by de evakuaasje fan 'e Russyske boargers út it oanbuorjende doarp, jout Steppenwolf in pak op 'e hûd en assistearret Stone by it útinoar skuorren fan 'e Memmekisten. Dêrnei ferslane de superhelden mei syn seizen Steppenwolf foargoed. De smjunt rekket benaud foar harren, wat syn eigen parademoanen oanlûkt. Wylst er foar syn libben fjochtet tsjin in hiele kliber parademoanen wurdt Steppenwolf foar de twadde kear fan 'e Ierde ferballe.

Nei de striid sette Wayne en Diana in haadkertier op foar harren nije organisaasje fan superhelden, dy't se de Justice League neame (de "Liga foar Rjochtfeardichheid"). Wayne foarsjocht in tafel mei seis sitten; Diana heakket dêroan ta: "Mei romte foar mear." Diana, dy't sûnt de Earste Wrâldoarloch in weromlutsen bestean laat hat, bejout har op oantrúnjen fan Wayne as superheldinne wer yn 'e publisiteit. Underwilens bemachtiget Allen, mei help fan syn nije freonen, in baantsje by in kriminologysk laboratoarium yn syn wenplak Central City, mei as úteinlik doel om 'e ûnskuld fan syn heit Henry te bewizen, dy't feroardiele is ta in libbenslange finzenisstraf foar de moard op Allen syn mem. Stone wurket gear mei syn heit Silas om syn nije fermogens fierder te ûntwikkeljen en better yn 'e macht te krijen. Curry keart werom nei see en Superman nimt as syn alter ego Clark Kent syn âlde berop as sjoernalist wer op. It boerespultsje dêr't er opgroeid is, wurdt wer eigendom fan syn mem nei't miljonêr Wayne de bank opkocht hat dêr't hja har hypoteek by útstean hie.

Yn in sêne healwei de ôftiteling beslute The Flash en Superman in wedstrydsje te dwaan om te sjen wa fan har beiden it earst de Amerikaanske westkust berikke kin.

Yn in sêne dy't nei ôfrin fan 'e ôftiteling folget, is Lex Luthor, de aartsfijân fan Superman, ûntsnapt út it Arkham Asylum. Hy rekrutearret Slade Wilson, alias Deathstroke, om syn eigen ferbûn fan supersmjunten te begjinnen.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Ben Affleck.
 
Gal Gadot.
 
Ezra Miller.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise       
Bruce Wayne / Batman Ben Affleck
Diana Prince / Wonder Woman Gal Gadot


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Barry Allen / The Flash Ezra Miller
Victor Stone / Cyborg Ray Fisher
Arthur Curry / Aquaman Jason Momoa
Clark Kent / Superman Henry Cavill
Alfred Pennyworth Jeremy Irons
Steppenwolf Ciarán Hinds
Lois Lane Amy Adams
Martha Kent Diane Lane
keninginne Hippolyta fan 'e Amazônes Connie Nielsen
kommissaris James Gordon J.K. Simmons
prinsesse Mera van Xebel Amber Heard
dr. Silas Stone Joe Morton
Henry Allen Billy Crudup
lieder fan groep terroristen Michael McElhatton
ynbrekker Holt McCallany
Zeus Sergi Constance
Ares Nick McKinless (lichem)
David Thewlis (gesicht)
Artemis Aurore Lauzeral
kening Atlan fan Atlantis Julian Lewis Jones
kening Arthur Francis Magee
Slade Wilson / Deathstroke Joe Manganiello (cameo)
Lex Luthor Jesse Eisenberg (cameo)
plysjeman Marc McClure (cameo)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

In superheldefilm oer de Justice League út 'e strips fan útjouwerij DC Comics waard al yn febrewaris 2007 troch filmstudio Warner Bros. taret, mar it projekt waard foar jierren op 'e lange baan skood omreden fan produksjefertragings, ôffallende resultaten fan oare superheldefilms en budgetêre soargen. Uteinlik waard Justice League dochs makke as ûnderdiel fan 'e DC Extended Universe-filmsearje. Zack Snyder waard ynhierd as regisseur, dy't earder ek de foargeande dielen Man of Steel (2013) en Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) regisearre hie. Foar Justice League wurke er op basis fan in senario dat skreaun wie troch Chris Terrio.

As produsinten wiene Charles Roven, Deborah Snyder, Jon Berg en Geoff Johns by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., DC Films, RatPac-Dune Entertainment, Atlas Entertainment en Cruel and Unusual Films. Haadrolspiler Ben Affleck hie as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar Justice League wie in budget beskikber fan $300 miljoen, wat it ta ien fan 'e djoerste films aller tiden makke. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Fabian Wagner, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Danny Elfman.

 
Regisseur Zack Snyder, dy't hommels by de produksje fan Justice League wei rekke.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar Justice League setten op 11 april 2016 útein en duorren oant yn oktober fan dat jier. De binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden, yn it Ingelske greefskip Hertfordshire. Foar de bûtendoarsênes waard op lokaasje filme op ferskate plakken yn Ingelân en Skotlân, mar ek yn Chicago en Los Angeles yn 'e Feriene Steaten en yn Djúpavik yn Iislân.

De opnamen fan Justice League wiene problematysk, mei't filmprodusint Geoff Johns dielen fan it senario werskreau, wat ta spul mei senarioskriuwer Chris Terrio en de studiobazen by Warner Bros. late. Boppedat wie Warner Bros. ûntefreden oer hokker kant it mei de film útgie ûnder de rezjy fan Snyder, temear om't syn eardere film Batman v Superman: Dawn of Justice negative resinsjes fan 'e filmkritisy krigen hie. Neffens ferskate media soe de studio in gearkomste oer it al opnommen byldmateriaal belein hawwe, dêr't Seth Grahame-Smith, Andrea Berloff, regisseur en produsint Joss Whedon en Allan Heinberg, dy't it skript foar Wonder Woman skreaun hie, oanwêzich wiene. It gefolch wie dat der withoefolle werskriuwings fan (dielen fan) it senario dien waarden wylst de opnamen al lang en breed úteinset wiene.

Postproduksje bewurkje seksje

Yn maaie 2017, doe't de postproduksje fan Justice League noch oan 'e gong wie, moast Zack Snyder syn posysje as regisseur opjaan sadat er omgean koe mei it ferstjerren fan syn dochter Autumn. Yn syn plak waard troch Warner Bros. Joss Whedon oansteld om 'e postproduksje fan 'e film ôf te meitsjen, hoewol't Snyder yn 'e begjintitels en op 'e ôftiteling as iennichste as regisseur fermelden waard. Whedon kaam ynstee as senarioskriuwer te boek te stean.

 
Joss Whedon naam as regisseur de produksje fan Justice League oer fan Zack Snyder.

Fan july oant en mei septimber 2017 ferrjochte Whedon wiidweidige reshoots fan sênes dy't neffens him oars moasten en teffens fan nije, troch himsels skreaune sênes (dy't sa'n 80 bledsiden oan skript besloegen. Dat feroare de film folslein. Produsint Charles Roven sei letter yn in fraachpetear dat fan 'e úteinlike film 80% oant wol 85% út byldmateriaal bestie dat troch Snyder filme wie by de oarspronklike opnamen. Snyder sels rûsde dat de film mar foar 25% út materiaal bestiet dat troch him opnommen wie, en kameraregisseur Fabian Wagner hold út dat mar 10% fan it oarspronklike byldmateriaal de film helle.

Kevin Tsujihara, de algemien direkteur fan Warner Bros., bepaalde dat de film net langer wêze mocht as 2 oeren, en sadwaande waard dat persiis de spyldoer dy't by de filmmontaazje oanholden waard. Dy moast boppedat, nettsjinsteande alle fertragings en swierrichheden by de produksje fan Justice League, ôfraffele wurde om't Warner Bros. yn gjin gefal de premiêredatum opskowe woe. Reden dêrfoar wie dat as de film op 'e tiid útkaam, de studiobazen harren bonussen noch ynkassearje koene foarôfgeande oan 'e fúzje fan Warner Bros. mei telekombedriuw AT&T.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Justice League waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 13 novimber 2017 yn it Dolby Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 17 novimber 2017 yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 10 novimber 2017 by platemaatskippij WaterTower Music. Justice League kaam op 13 febrewaris 2018 beskikber as digitale download en waard op 13 maart fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Filmkritisy bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Justice League oer it algemien negative resinsjes. Sa kwalifisearre Todd McCarthy fan it tydskrift The Hollywood Reporter de film as "fisueel lilk en saai". Hoewol't er lof hie foar de aktearprestaasjes fan Gal Gadot en Ezra Miller, skreau er: "Wurgens, werhelling en in omslachtige oanpak fan útlis binne de biedwurden fan dizze saak". Yn The Washington Post wie Alyssa Rosenberg ek min te sprekken oer Justice League. Se fûn de film "symboalysk foar hoe't superheldefilms har yn it ekosysteem fan Hollywood yngroeven hawwe" en "in dúdlik foarbyld fan it feit dat súkses dat sjenre net ferheft hat". Rosenberg seach, wat de plot oanbelange, amper ferskil mei in protte foargeande superheldefilms, mar fûn dat Justice League him ûnderskate troch "guon fan 'e lilkste en meast nutteleaze special effects."

De foaroansteande ynternetfilmkritikus James Berardinelli wie in bytsje positiver en joech de film 2 fan 4 stjerren. Neffens him stiek Justice League lykwols bleek ôf yn ferliking mei in superheldefilm as The Avengers (2012), in diel út it konkurrearjende Marvel Extended Universe. Yn Rolling Stone parte Peter Travers oan Justice League 21/2 fan 4 stjerren ta. Hy hie lof foar de cast, mar krityk op 'e aksjesênes en it senario. Owen Gleiberman fan it blêd Variety fûn Justice League in ferbettering oer eardere films út it DC Extended Universe, mei't de film net "rommelich of bombastysk" wie, mar "licht, skjin en simpel". En Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy fûn it in film "mei in protte humor en enerzjy", en priizge de cast, yn 't bysûnder Gal Gadot.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Justice League in goedkarringspersintaazje fan 39%, basearre op 409 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Justice League ljept oer in stikmannich oare DC-films hinne, mar dy grutte sprong is net genôch om 'e dûnkere estetyk, tinne personaazjes en gaoatyske aksje ôf te skodzjen, dêr't de franchise al fan it begjin ôf oan lêst fan hat." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Justice League in goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 52 resinsjes.

 
De regisseur en cast fan Justice League op 'e San Diego Comic-Con fan 2016. F.l.n.rj.: Zack Snyder, Ben Affleck, Gal Gadot, Ray Fisher, Ezra Miller, Jason Momoa en Henry Cavill.

Cast en crew bewurkje seksje

De yngeande bemuoienissen fan Joss Whedon mei de reshoots en de filmmontaazje yn 'e postproduksjefaze late ta hurde krityk op it úteinlike oansjen fan Justice League troch leden fan 'e filmcrew en cast. Sa neamde senarioskriuwer Chris Terrio de úteinlike bioskoopferzje fan 'e film "in die fan fandalisme". Hy besocht om 'e nocht om syn namme út 'e begjintitels en de ôftiteling fan 'e film skrast te krijen, om't er der neat mear mei te krijen hawwe woe. Fan 'e leden fan 'e cast kaam de lûdste krityk fan Gal Gadot en Ray Fisher. Yn july 2020 bewearde Fisher fierders dat de behanneling dy't cast en crew op 'e filmset fan 'e reshoots fan Whedon krigen hiene, "grof, misledigjend, ûnprofesjoneel en folslein ûnakseptabel" west hie.

Lûde krityk op Whedon syn ferzje fan Justice League kaam ek fan Patty Jenkins, de regisseur fan Wonder Woman, de foargeande film út it DC Extended Universe. Sy hie mei Zack Snyder hieltyd nau gearwurke om derfoar te soargjen dat de kontinuïteit tusken harren films net yn 'e knipe kaam, troch bgl. gjin details te feroarjen oan it foarkommen en it kostúm fan Wonder Woman. Mar Whedon maalde dêr blykber net om, want yn syn reshoots waarden de personaazjes toand sa't se der yn eardere films net útsjoen hiene.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Justice League brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $229,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $428,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $657,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $300 miljoen betsjut dat in winst fan $357,9 miljoen. It probleem wie dat Justice League troch de mânske marketingkosten, neffens de webside IndieWire ferlet hie fan wol $750 miljoen om kyt te spyljen, sadat de produsinten úteinlik mei in oansjenlik ferlies sitten bleaune, dat neffens Deadline Hollywood sa'n $60 miljoen bedroech.

Prizen bewurkje seksje

Justice League waard nominearre foar de Teen Choice Awards yn 'e kategoryen favorite aksjefilm, favorite aksjefilmakteur (Henry Cavill) en twaris foar favorite aksjefilmaktrise (Gal Gadot en Amy Adams). De film waard ek nominearre foar de Kids' Choice Awards foar favorite akteur (Ben Affleck) en favorite aktrise (Gal Gadot).

Director's Cut bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Zack Snyder's Justice League.

In grutte kloft fans wie sa ûntefreden oer de bioskoopferzje fan Justice League, dy't it wurk wie fan Joss Whedon, dat der jierrenlang in net-ôflittende, kampanje fierd waard foar in director's cut fan 'e film dy't montearre wurde soe troch Zack Snyder. Yn maart 2019 befêstige Snyder dat er sa'n film yninoar set wie, mar dêroan heakke er ta dat it oan filmstudio Warner Bros. wie om te besluten oft dy director's cut útbrocht wurde soe of net. Insiders by Warner Bros. liek dat ûnwierskynlik ta, mar de fêsthâldendheid fan 'e fans die dochs fertuten, en yn maart 2021 waard de director's cut úbrocht ûnder de titel Zack Snyder's Justice League.

Fan gefolgen wurdt de oarspronklike bioskoopferzje fan 'e film no wol oantsjut as de Whedon cut, of ek wol as Josstice League (in wurdboarterij mei Whedon syn foarnamme Joss). Zack Snyder's Justice League waard rûnom beskôge as de bettere ferzje fan 'e film, mar lykwols holden Warner Bros. en DC Films fêst oan 'e oarspronklike bioskoopferzje as de kanonnike ferzje fan 'e film, wylst de lieding fan DC Films Zack Snyder's Justice League omskreau as "in dearinnende wei".

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


DC Extended Universe (filmsearje)
Man of Steel (2013) • Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) • Suicide Squad (2016) • Wonder Woman (2017) • Justice League (2017) • Aquaman (2018) • Shazam! (2019) • Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) • Wonder Woman 1984 (2020) • Zack Snyder's Justice League (2021) • The Suicide Squad (2021) • Black Adam (2022) • The Flash (2022) • Aquaman 2 (2022) • Shazam! Fury of the Gods (2023)