Man of Steel (film)

Man of Steel is in Amerikaanske superheldefilm út 2013 ûnder rezjy fan Zack Snyder, mei yn 'e haadrollen Henry Cavill en Amy Adams. De titel betsjut "Man fan Stiel", wat in bynamme is fan 'e superheld Superman. De film is in reboot fan 'e filmsearje oer Superman en teffens it earste diel út 'e DC Extended Universe-searje. De plot jout it oarsprongsferhaal fan Superman wer en lit sjen hoe't er as poppe troch troch syn bûtenierdske âlden nei de Ierde stjoerd wurdt, krekt foar't harren eigen planeet, Krypton, ferneatige wurdt. Op 'e Ierde komt er del op it plattelân fan Kansas, dêr't er fûn en grutbrocht wurdt troch minsklike pleechâlden, dy't him de namme Clark Kent jouwe. As er folwoeksen wurden is, nimt er de mantel op fan beskermer fan 'e Ierde, wannear't de Kryptoanyske generaal Zod it fuortbestean fan 'e minskheid bedriget. Man of Steel krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. In ferfolchfilm mei de titel Batman v Superman: Dawn of Justice kaam út yn 2016.

Man of Steel
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Zack Snyder
produsint Charles Roven
Christopher Nolan
Emma Thomas
Deborah Snyder
senario David S. Goyer
basearre op Superman fan DC Comics
kamerarezjy Amir Mokri
muzyk Hans Zimmer
filmstudio Warner Bros.
Legendary Pictures
DC Films
Syncopy Inc.
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Henry Cavill
Amy Adams
byrollen Michael Shannon
Antje Traue
Diane Lane
Kevin Costner
Russell Crowe
Ayelet Zurer
Christopher Meloni
Laurence Fishburne
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 10 juny 2013
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 143 minuten
budget en resultaten
budget $225 miljoen
opbringst $668,1 miljoen
filmsearje
filmsearje DC Extended Universe
● folgjend diel Batman v Superman: Dawn
   of Justice

Plot bewurkje seksje

De planeet Krypton is destabilisearre rekke troch it útmynjen fan 'e planetêre kearn. De wittenskipper Jor-El foarseit oan 'e bestjoersrie dat de wrâld noch mar dagen te gean hat foar't er himsels útinoar skuorre sil. Wat nimmen wit, is dat Jor-El in ketter is, dy't de eugenetika fersmyt dêr't de Kryptoanyske beskaving op basearre is. Bern wurde op Krypton produsearre yn ûnderwetterkreamkeamers, wêrby't yn 't foar fêstlein wurdt hokker rol oft se yn it libben krije sille: arbeider, soldaat, wittenskipper, bestjoerder, ensfh. Jor-El en syn frou Lara Lor-Van hawwe lykwols yn it geheim en foar it earst yn milennia in bern op 'e natuerlike wize te wrâld brocht, harren soan Kal-El.

Wannear't de lieder fan 'e striidkrêften, generaal Zod, besiket om in steatsgreep út te fieren, makket Jor-El fan 'e dêrút fuortkommende gaos gebrûk om 'e Kodeks te stellen, in digitalisearre list fan alle mooglik fariaasjes op it Kryptoanyske genoom. Om 'e Kryptoanjers as soarte te rêden, foeget er de ynhâld fan 'e Kodeks ta oan 'e genetyske koade fan Kal-El. Dêrnei lizze hy en Lara de poppe yn in lyts romteskip, dat se lansearje mei as bestimming in jonge wrâld dêr't al in yntelliginte soarte wêzens libbet: de Ierde. Zod besiket de lansearring fan it romteskip tsjin te kearen, mar dat slagget net. Ut wrok stekt er Jor-El dea. Nei't syn steatsgreep mislearre en hysels en syn meistanners finzen nommen binne, wurde se ynferzen en yn in romteskip nei de Fantoomsône stjoerd, in soarte fan parallelle diminsje. Dêrtroch ûntkomme se lykwols oan 'e ferneatiging wannear't de planeet Krypton him net folle letter folslein útinoar skuort, sadat alle libben op dy wrâld omkomt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It romteskipke fan Kal-El komt del op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Kansas, by it plakje Smallville, dêr't de poppe fûn wurdt troch lânbouwer Jonathan Kent en syn frou Martha, dy't in ûnferfolle bernewinsk hawwe. Hja hâlde stil hoe't hja oan it jonkje kommen binne, mar adoptearje him en bringe him grut. Haren soan, dy't Clark Kent hjit, liket minsklik, mar is dat net. Neigeraden dat er âlder wurdt, ûntwikkelet er boppenatuerlike krêften, lykas supersterkens en lasereagen, dy't er op oantrúnjen fan syn heit geheim hâldt. Jonathan Kent sit der sa oer yn wat der fan syn soan wurde sil as bekend wurde soe dat er in bûtenierdsk wêzen is, dat er sels rêding wegeret as er by in tornado ferwûne rekket, yn 'e folle wittenskip dat it syn dea betsjutte sil. Belêstge mei skuldgefoelens om't er syn heit rêde kinnen hie mar dat, troch nei him te harkjen, net dien hat, begjint Clark troch Noard-Amearika te swalkjen. Op ferskillende plakken bout er ûnder in skûlnamme in nij bestean op oant er yn in needsitewaasje syn superkrêften brûke moat, wêrnei't er mei de noardersinne ferdwynt om op in oar plak op 'e nij te begjinnen.

Lois Lane, in sjoernaliste foar de Daily Planet, in krante yn 'e grutte stêd Metropolis, kriget opdracht om 'e ûntdekking te ferslaan fan in riedseleftich skip yn it poaliis fan it eilân Ellesmere, yn it Arktysk gebiet fan Kanada. Dr. Emil Hamilton en kolonel Nathan Hardy fan it Amerikaanske Leger, dy't mei de Kanadezen de lieding oer it ûndersyk hawwe, fertelle har dat se earst tochten dat it in âlde ûnderseeboat út 'e tiid fan 'e Sovjet-Uny wie, mar no docht bliken dat de iislaach dêr't it skip yn sit, mear as 22.000 jier âld is. Clark Kent hat ek lucht fan it ûndersyk krigen, en ûnder in nije skûlnamme hat er as sljochtwei arbeider it ûndersyk witten te ynfiltrearjen. Op in nacht brânt er mei syn lasereagen in tunnel troch de oerbleaune, noch net ferwidere laach iis om it skip hinne, mar hy wurdt opmurken troch Lois, dy't him folget en syn tunnel ûntdekt.

It docht bliken dat it skip it Kryptoanysk ferkenningsskip is dat de Ierde ûntdutsen hat en de koördinaten fan 'e lokaasje nei Krypton weromstjoerd hat. Dêrtroch koe Jor-El syn soan 33 jier lyn nei de Ierde stjoere. As Clark oan board fan it skip giet, stekt er it foarwerp mei in aparte foarm, dat syn Jonathan en Martha Kent by him yn it lytse romteskipke fûn hawwe dêr't er mei nei de Ierde komme is, yn in útsparring mei deselde foarm yn in betsjinningspaniel. Dêrtroch wurdt de keunstmjittige yntelliginsje op wat eins in gegevensdrager is, upload nei de boardkompjûter fan it skip. De keunstmjittige yntelliginsje nimt de foarm oan fan Clark syn biologyske heit Jor-El en leit Clark út wêr't er wei komt en wêrom't er nei de Ierde stjoerd is. Underwilens aktivearret Lois, dy't it skip ek binnenkrongen is, by fersin in befeiligingssysteem, dat har libbensgefaarlik ferwûnet. Clark brûkt foar har eagen syn superkrêften om har te rêden, troch mei syn lasereagen har wûne ticht te skroeien sadat se net deabliede sil. Neitiid pykt er út mei it ferkenningsskip, ta alteraasje fan Hamilton en Hardy.

Clark lânet it ferkenningsskip op in ôfhandich plak yn it Noardpoalgebiet, wêrnei't er him klaait yn it blauwe unifoarm mei de reade cape dat him oanbean wurdt troch Jor-El. Op oantrúnjen fan Jor-El begjint er syn boppenatuerlike fermogens te trainen. Sa ûntdekt er dat er ek fleane kin. Underwilens betteret Lois op fan har ferwûning en skriuwt se in artikel wêryn't se iepenhertich fertelt oer al har ûnderfinings en fermoedens. It slagget har lykwols net en bepraat Perry White, har haadredakteur by de Daily Planet, om it resultearjende stik ôf te printsjen. Dat leit deroan dat Lois yn it artikel frijmoedich skriuwt oer technology dy't net fan dizze wrâld is en in moeting mei in bûtenierdsk wêzen yn in 22.000 jier âld romteskip. Hoewol't it Amerikaanske Leger wit dat it hiele ferhaal wier is, wurdt dat nei bûten ta by heech en by leech ûntkend om't de hiele kwestje ta steatsgeheim bestimpele is.

De saak lit Lois net los, dat se giet op 'e siik nei har mysterieuze rêder. Troch nei ûnferklearre rêdingsaksjes te sykjen, slagget it har en folgje it spoar fan Clark en syn withoefolle identiteiten werom nei Smallville yn Kansas, dêr't se fia-fia yn kontakt komt mei Martha Kent. Hoewol't dy neat oer har soan loslitte wol, fynt Lois Clark letter werom by it grêf fan syn heit. It is de bedoeling fan Lois om Clark syn identiteit en it feit dat er in bûtenierdsk wêzen is dat temûk op 'e Ierde libbet, út te bringen. Mar as er har yn it koart syn libbensferhaal ferteld hat, mei spesjale oandacht foar de selsopoffering fan syn heit, stapt se fan dat idee ôf. Haadredakteur White is bliid dat se har healwize ideeën farre lit, mar erchtinkend oer de redens foar har hommelse feroaring fan gedachten.

Underwilens binne generaal Zod en syn folgelingen troch de ferneatiging fan Krypton oan 'e Fantoomsône ûntsnapt. Neitiid reizgje se de âlde Kryptoanyske koloanjes ôf, út 'e tiid foar't de Kryptoanyske bestjoersried besleat ta in polityk fan isolasjonisme. Se sykje nei oar oerlibbenen (dy't se net fine), mar fral nei Kal-El. Underweis bergje se ferskate dingen dy't har letter mooglik noch fan pas komme sille, wêrûnder in 'wrâldmotor': in reuseftich terrafoarmingsapparaat. Uteinlik komme Zod-en-dy nei 33 jier sykjen by de Ierde oan, koart nei't Lois har twadde moeting mei Clark hân hat. Nei't er fêststeld hat dat Kal-El him op 'e planeet befynt, easket Zod fan 'e minsklike regearings fan 'e Ierde de útlevering fan dyselde. Mei't it útlekt is dat Lois op 'e hichte is fan 'e identiteit fan it bûtenierdske wêzen dat al sa lang middenmank de minsken tahâldt, wurdt sy troch de FBI arrestearre. Se wegeret lykwols de mûle iepen te dwaan. Ynstee jout Clark himsels frijwillich oer oan 'e Amerikaanske autoriteiten.

By de útlevering fan Clark easket Zod ynienen ek de útlevering fan Lois. Kolonel Hardy wegeret dêroan mei te wurkjen en is ree om it fuortbestean fan 'e Ierde op it spul te setten om Lois te beskermjen, mar Lois giet frijwillich mei Clark. Se wurde oerbrocht nei it romteskip fan Zod-en-dy, dêr't de wittenskipper Jax-Ur in meunster fan Clark syn genen nimt. Zod, syn froulike ûnderkommandant Faora-Ul en syn oare trewanten geane ûnderwilens op 'e siik nei de Kodeks dy't Jor-El stellen hie, en ferrinnewearje op harren syktocht it boerespultsje yn Smallville dêr't Clark opgroeid is. Jax-Ur ûntdekt lykwols by de proeven dy't er mei de genen fan Clark docht dat de Kodeks diel útmakket fan syn genoom. It docht al rillegau bliken dat Zod fan doel is om fan 'e Ierde in nij Krypton te meitsjen, befolke troch genetysk suvere Kryptoanjers wa har genoom yn 'e Kodeks fêstlein is. Dêrfoar moat alle libben dat op 't heden op 'e Ierde bestiet, de minskheid ynbegrepen, earst wol útrûge wurde.

Lois is op it Kryptoanyske romteskip finzen setten yn in sel mei in beskoattele betsjinningspaniel. Clark hat har lykwols op in ûnbewekke momint de gegevensdrager fan Jor-El tastoppe, dêr't er earder it Kryptoanyske ferkenningsskip mei ûntskoattelje koe. As Lois it ding yn it betsjinningspaniel stoppet, wurdt de keunstmjittige yntelliginsje fan Jor-El yn 'e boardkompjûter fan it skip fan generaal Zod upload. Mei help fan Jor-El ûntkomt Lois út har sel, deadet se ferskaten fan Zod syn trewanten en wit se in ûntsnappingskapsule te berikken, wêrmei't se it skip ûntflechtet. De kapsule rekket lykwols skansearre as er besketten wurdt troch Faora-Ul. Underwilens brekt Clark los en ûntkomt ek hy mei help fan Jor-El fan it skip. Hy fljocht de stikkene ûntsnappingskapsule fan Lois efternei en rêdt op 'e nij har libben troch har op te fangen krekt foar't se te pletter slaan sil op it ierdoerflak. Se bedarje wer yn Kansas, en Zod stjoert Faora-Ul en in oare trewant efter harren oan.

By in konfrontaasje tusken Clark en de beide Kryptoanjers yn it sintrum fan Smallville wurdt it hiele stedsje hast mei de grûn lyk makke. Kolonel Hardy en it Amerikaanske Leger besykje alle bûtenierdske wêzens, dus Clark ynbegrepen, te deadzjen mei kûgels, raketten en bommen, mar se ûntdekke hoe'n bytsje ynfloed sokke wapens op lju fan Krypton hawwe. Nei't Clark Faora-Ul op in hier nei deadet, wurde sy en har meistanner troch Zod fan it Ierdoerflak evakuëarre. Hardy, waans libben yn it gefjocht troch Clark rêden is, ferklearret oan syn manskippen: "Dizze man is net ús fijân." Neitiid begjinne de minsken Clark oan te tsjutten as "Superman".

Zod beslút it oer in oare boech te goaien. Hy set de wrâldmotor yn, dy't yn 'e Yndyske Oseaan in gat yn 'e Ierdkoarste boarret. Syn romteskip set er op it dêrfoar oerlizzende plak fan 'e Ierde yn, wat de binnenstêd fan Metropolis blykt te wêzen. Tegearre begjinne de beide masines de Ierde te terrafoarmjen yn it wjerbyld fan Krypton, sûnder moederaasje foar ierdsk libben. Foar't se fan it romteskip fan Zod ûntkaam, hat Jor-El tsjin Lois sein dat Zod syn swakke plak foarme wurdt troch de motors fan syn skip. Op basis fan dat idee betinkt dr. Hamilton in plan om 'e motors fan it Kryptoanyske ferkenningsskip op te starten fuort by de motors fan it skip fan Zod. Dêrtroch soe in weromkeppelingslus ûntstean moatte dy't Zod-en-dy weromstjoert nei de Fantoomsône.

Wylst Clark nei de Yndyske Oseaan fljocht en nei in protte swierrichheden oerwûn te hawwen de wrâldmotor ferneatiget, dogge kolonel Hardy, dr. Hamilton en Lois in wraam op it romteskip fan Zod yn in Hercules-transportfleantúch dat it Kryptoanyske ferkenningsskip yn 'e laadromte hat. Ear't se it skip fan Zod berikke kinne, wurde se oanfallen troch de Kryptoanjers, wêrby't Faora-Ul de Hercules interet. By it folgjende gefjocht wit sy oant yn 'e cockpit troch te kringen, wylst Lois út 'e laadklep fan it tastel rûgelet. It slagget dr. Hamilton, dy't troch Faora-Ul negearre wurdt, om it ferkenningsskip op te starten mei de gegevensdrager fan Jor-El. Krekt foar't Faora-Ul kolonel Hardy deameitsje sil, rjochtet er de Hercules op it skip fan Zod. De botsing bringt de motors fan 'e beide Kryptoanyske romteskippen mei-inoar yn kontakt, mei as gefolch dat it skip fan Zod, it wrak fan 'e Hercules en eltsenien dêr oan board nei de Fantoomsône sûgd wurdt.

Clark arrivearret krekt op 'e tiid by Metropolis om 'e fallende Lois wer op te fangen, wêrnei't se harren earste tút útwikselje. Harren romantysk momint wurdt lykwols rou ûnderbrutsen troch Zod, dy't as iennichste efterbleaun is om't er him op it stuit fan 'e botsing yn in Kryptoanysk jagertastel befûn. No't syn skip en bemanning ferlern binne en dêrmei ek de iennichste hope om Krypton werlibje te litten, swart Zod wraak op 'e Ierde en al syn bewenners. Clark ûnthjit dat er him tsjinhâlde sil en der ûntstiet in nij gefjocht tusken de beide giganten, dat einiget yn in spoarstasjon, dêr't Clark Zod yn 'e hâldgreep nimt. As Zod mei syn lasereagen in húshâlding mei twa lytse bern driget dea te baarnen, draait Clark him de nekke om. Neitiid nimt Clark de namme "Superman" oan praat er mei de Amerikaanske oerheid ôf om dat men him gewurde litte sil yn ruil foar syn ûnthjit dat er syn krêften nea tsjin 'e minskheid brûke sil. Om temûk gefaarlike sitewaasjes benei komme te kinne, nimt er yn Metropolis ûnder de namme Clark Kent in baan as sjoernalist oan by de Daily Planet.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Henry Cavill.
 
Amy Adams.
 
Michael Shannon.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise   
Superman / Clark Kent / Kal-El Henry Cavill
Lois Lane Amy Adams


byrollen
personaazje akteur/aktrise
generaal Zod Michael Shannon
Faora-Ul Antje Traue
Martha Kent Diane Lane
Jonathan Kent Kevin Costner
Jor-El Russell Crowe
Lara Lor-Van Ayelet Zurer
kolonel Nathan Hardy Christopher Meloni
Perry White Laurence Fishburne
luitenant-generaal Calvin Swanwick Harry Lennix
dr. Emil Hamilton Richard Schiff
robot Kelor Carla Gugino (stim)
Jax-Ur Mackenzie Gray
Steve Lombard Michael Kelly
Jenny Jurwich Rebecca Buller
Clark Kent as teenager Dylan Sprayberry
Lana Lang Jadin Gould
Kenny Braverman Rowen Kahn
Pete Ross as bern Jack Foley
Pete Ross as folwoeksene Joseph Cranford
kaptein Carrie Ferris Christina Wren
Tor-An Richard Cetrone
Car-Vex Samantha Jo
Dev-Em II Revard Dufresne
Nadira Apollonia Vanova

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

De preproduksje fan Man of Steel begûn al yn 2008, doe't filmstudio Warner Bros. omseach nei senarioskriuwers en regisseurs om in reboot te meitsjen fan 'e filmsearje oer Superman. Yn 2009 die in rjochter yn in rjochtsaak dy't tsjin Warner Bros. oanspand wie troch de erven fan Jerry Siegel, de betinker fan it oarsprongsferhaal fan Supeman, dat dyselden foar 50% eigner wiene fan 'e auteursrjochten op dat ferhaal. Dêrby waard fertsjutske dat Warner Bros. de famylje Siegel gjin royaltys ferskuldige wie foar eardere films, mar as se net in reboot fan 'e Superman-searje begûnen foàr 2011, soene de erven Siegel de studio oankleie kinne foar ferlerne ynkomsten oan in net-produsearre film. Sadwaande wie der sprake fan in beskate haast om 'e produksje fan 'e film oan 'e gong te krijen.

Man of Steel waard úteinlik regissearre troch Zack Snyder nei in senario fan David S. Goyer op basis fan in idee fan Goyer en Christopher Nolan. As produsinten wiene Nolan, Charles Roven, Emma Thomas en Deborah Snyder by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., Legendary Pictures, DC Films en Nolan syn Syncopy, Inc. Dêrmei wie de film in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $225 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Amir Mokri, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar Man of Steel setten op 1 augustus 2011 útein en duorren oant yn febrewaris 2012. Foar de produksje waard de mei opsetsin misliedende wurktitel Autumn Frost brûkt, sadat in tarin fan fans de opnamen net dreger makke as se hoegden te wêzen. Der waard filme yn 'e omkriten fan Chicago: by de Lofthaven DuPage en yn Plano (Illinois) en teffens yn 'e Chicago Loop. De sênes yn Alaska oan it begjin fan 'e film (dêr't Clark op in krabfiskersboat wurket en letter yn in kroech, waarden opnommen yn Ucluelet en Nanaimo yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. De binnendoarsênes waarden filme yn 'e Mammoth Studios yn Burnaby, in foarstêd fan Vancouver.

 
Regisseur Zack Snyder (l.), mei akteurs Henry Cavill (m.) en Russell Crowe (rj.) by de wrâldpremiêre fan Man of Steel yn Sydney.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Man of Steel waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 10 juny 2013 yn Sydney yn premiêre, en iepene dêrnei op 14 juny yn 'e Amerikaanske en Britske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 11 juny by platemaatskippij WaterTower Music. Man of Steel waard op 12 novimber 2013 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Man of Steel mingde resinsjes. Oer it algemien wie der lof foar de aksjesênes en de kamerarezjy, mar krityk op it tempo, de toansetting (dy't troch de measte resisinten as te somber beskôge waard) en it gebrek oan karakterûntwikkeling by de haadpersoanen. Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times neamde Man of Steel "in foar it meastepart teloarstellende film mei ûnderûntwikkele personaazjes, en mei gefjochtssênes wêrby't it gaspedaal folslein yndrukt wurdt, mar dy't mar fuortslepe en neat nijs te bieden hawwe op it mêd fan kreätiviteit mei special effects." Yn The Boston Globe skreau Ty Burr: "Wat der ûntbrekt oan dizze Superman-saga is in gefoel fan lichthertigens". Ann Hornaday fan The Washington Post fûn dat Man of Steel "in útsûnderlik ûnoangename sjochûnderfining" wie, wêrfoar't se benammen "Hans Zimmer syn bombastyske, oerprodusearre soundtrack" ferantwurdlik hold.

Oan 'e oare kant fan it spektrum parte Jim Vejvoda fan IGN oan Man of Steel in skoare fan 9 ta op in skaal fan 1 oant 10. Hy hie benammen lof foar de aktearprestaasjes fan Kevin Costner, Russell Crowe en Michael Shannon. Yn it tydskrift Rolling Stone joech Peter Travers de film 3 fan 4 stjerren. Hy skreau: "[de film] is beslist in hobbelige rit. Mar men kin net blyn bliuwe foar syn merakels." Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter fûn de reboot fan 'e Supersman-rige folslein ûnnedich, mar hy fûn Man of Steel in film dy't striele fan it selsfertrouwen en hy hie lof foar de oandacht foar details fan regisseur Zack Snyder. Yn in resinsje op 'e webside RogerEbert.com parte Matt Zoller Seitz de film 3 fan 4 stjerren ta en kwalifisearre er it as "in ferbjusterjende film". Richard Corliss fan it blêd Time wie ek ûnder de yndruk fan 'e film. Hy skreau: "De film kriget op prachtige wize fêste grûn ûnder de fuotten, net as de bûtengewoane krêften fan Kal-El toand wurde, mar wannear't de yn ûnstjoer brochte minsklikheid fan Clark Kent dramatisearre wurdt. It 'super'-diel fan Man of Steel is mar sa-sa, mar it 'man'-diel is super."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Man of Steel in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 337 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De sikestûkjende aksje en it spektakel yn Man of Steel kinne net alhiel de omwei troch it territoarium fan 'e generike kaskreaker kompinsjearje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Man of Steel in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 47 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Man of Steel brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $291,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $377,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $668,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $225 miljoen betsjut dat in winst fan $443,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Neffens de webside Deadline Hollywood levere dat in skjinne winst op fan $42,7 miljoen. Tsjin juny 2019 hie Man of Steel oan 'e ferkeap fan dvd's en blu-ray's nochris $111 miljoen binnenswile.

Prizen bewurkje seksje

Man of Steel wûn de MTV Movie Award foar bêste held (Henry Cavill). By de Saturn Awards waard de film nominearre yn trije kategoryen, foar de prizen foar bêste stripferfilming, bêste optreden fan in jongere akteur (Dylan Sprayberry as in jonge Clark Kent) en bêste special effects. Man of Steel waard ek nominearre foar in Annie Award, in Critics' Choice Award, in People's Choice Award en fjouwer Teen Choice Awards.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


DC Extended Universe (filmsearje)
Man of Steel (2013) • Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) • Suicide Squad (2016) • Wonder Woman (2017) • Justice League (2017) • Aquaman (2018) • Shazam! (2019) • Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) • Wonder Woman 1984 (2020) • Zack Snyder's Justice League (2021) • The Suicide Squad (2021) • Black Adam (2022) • The Flash (2022) • Aquaman 2 (2022) • Shazam! Fury of the Gods (2023)