Bill Paxton (folút: William Paxton; Fort Worth (Teksas), 17 maaie 1955Los Angeles, 25 febrewaris 2017) wie in Amerikaansk akteur, dy't û.m. bekend wie fan syn rollen yn films as Aliens, Tombstone, Predator 2, Apollo 13, Twister en Titanic. Op 'e tillefyzje wied er û.m. te sjen yn de searje Big Love. Hy wûn yn 1986 in Saturn Award en yn 1995 in Screen Actors Guild Award, en ek waard er fjouwer kear nominearre foar in Golden Globe en ien kear foar in Emmy. Njonken syn aktearwurk wie Paxton ek aktyf as regisseur en as sjonger.

Bill Paxton
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme William Paxton
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 maaie 1955
berteplak Fort Worth (Teksas)
stoarn 25 febrewaris 2017
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Dútsk
Frânsk
Ingelsk
Nederlânsk
  Noarsk
Skotsk
Ulstersk
Welsk
jierren aktyf 19752017
prizen Saturn Award 1986
SAG Award 1995
offisjele webside
Bill Paxton yn 'e IMDb

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Paxton waard yn 1955 berne yn Fort Worth, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, as de soan fan John Lane Paxton en dy syn frou Mary Lou Gray. Syn heit wie in sakeman, gruthanneler yn hout en museumdirekteur, dy't út en troch aktearre. Syn mem wie roomsk, en hy en syn bruorren en susters waarden yn dat leauwe grutbrocht.

Paxton wie fan mingd etnysk komôf, mei Dútske, Frânske, Ingelske, Nederlânske, Skotske en Ulsterske (d.w.s. protestantske Noardierske) foarâlden yn 'e lêste pear generaasjes, mei fierder ôf noch wat Noarsk en Welsk bloed dêropta. Ien fan syn betoerpakes wie Elisha Franklin Paxton, dy't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) as brigadegeneraal tsjinne yn it leger fan 'e Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika, en yn 1863 yn Firginia sneuvele yn 'e Slach by Chancelorsville. Paxton wie ek út 'e fierte besibbe oan aktrise Sara Paxton.

Paxton makke ûnderdiel út fan 'e kliber folk dy't bûten stie te wachtsjen doe't presidint John F. Kennedy op 'e moarn fan 22 novimber 1963 yn Fort Worth út it Hotel Texas nei bûten kaam. Letter dy deis soed er ûnder in riidtoer troch de oanswettende stêd Dallas deasketten wurde. Foto's dêr't op te sjen is hoe't in achtjierrige Paxton boppe de mannichte út tild wurdt om in glimp fan 'e presidint op te fangen, meitsje diel út fan 'e kolleksje fan it Sixth Floor Museum at Dealy Plaza, yn Dallas, dat oan 'e moard op Kennedy wijd is.

 
Paxton (it bern dat boppe de mannichte útstekt) op 22 novimber 1963 by it fatale besyk fan presidint John F. Kennedy oan Dallas en Fort Worth.

Paxton genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Arlington Heights High School yn Fort Worth, dêr't er yn 1973 slagge foar syn eineksamens. Dêrnei stiek er mei syn skoalfreon Danny Martin de Atlantyske Oseaan oer om yn Ingelân te studearjen oan Richmond, De Amerikaanske Ynternasjonale Universiteit yn Londen. De beide maten kamen dêr yn 'e kunde mei in oare Teksaan, Tom Huckabee. Trijeresom makke de mannen ûnder harren stúdzje koarte films mei in Super 8-kamera, dêr't se sels de sets foar bouden. Yn 1975, doe't er tweintich jier wie, ferfear Paxton nei Los Angeles, dêr't er foar regisseur leare woe. Hy ûnderhold himsels dêr troch by ferskate filmstudio's op 'e rekwisite-ôfdieling te wurkjen. Nei't er troch ferskate filmopliedings yn Súdlik Kalifornje ôfwiisd wie, besleat er op in stuit om ynstee fan regisseur akteur te wurden.

It begjinnen fan in aktearkarriêre woe foar Paxton earst net bot slagje, en dêrfandinne figurearre er jierrenlang yn lytse roltsjes. Sa wied er yn 1984 te sjen as in strjitkrimineel yn 'e science fiction-film The Terminator, mei Arnold Schwarzenegger, en ferfolle er de rol fan 'e narjende âldere broer Chet yn Weird Science, fan regisseur John Hughes, út 1985. Datselde jiers spile er ek in plysje yn 'e aksjefilm Commando, op 'e nij mei Arnold Schwarzenegger.

Ein santiger, begjin tachtiger jierren regisearre Paxton sels ferskate koarte films en teffens de fideoklip fan it nûmer Fish Heads, fan Barnes en Barnes, dy't te sjen wie ûnder it tillefyzjeseizoen 1980-1981 fan it komyske sketcheprogramma Saturday Night Live. Ek ferfolle Paxton rollen yn in pear fideoklips, wêrûnder dy foar it nûmer Shadows of the Night, fan Pat Benatar, út 1982, dêr't er in nazy-ofsier yn spile. Datselde jiers besochten Paxton en syn maat Andrew Todd Rosenthal om it yn 'e muzykyndustry te 'meitsjen' as it duo Martini Ranch. Yn 1988 brochten se by de platemaatskippij Sire Records in album út mei as titel Holy Cow. De fideoklip foar harren single Reach waard regisearre troch James Cameron.

Ien fan Paxton syn earste gruttere rollen as akteur wie dy fan 'e romtemarinier Hudson yn 'e science fiction-fim Aliens, út 1986, mei Sigourney Weaver. Foar dy rol wûn er in Saturn Award. Yn 1990 spile Paxton in resjersjeur yn 'e science fiction-film Predator 2, mei Danny Glover. Yn 1994 wurke er wer gear mei James Cameron, doe't er yn dy syn film True Lies spile. Trije jier letter hied er ek in byrol yn Cameron syn spektakelfilm Titanic (1997), oer it sinken fan 'e Titanic.

Yn 1993 spile Paxton Morgan Earp (in broer fan Wyatt Earp) yn 'e western Tombstone, oer de histoaryske Sjitpartij by de O.K.-kraal. Yn 1995 fertolke er de rol fan astronaut Fred Haise yn 'e histoaryske film Apollo 13, mei Tom Hanks, dêr't se (mei de rest fan 'e cast) in Screen Actors Guild Award foar wûnen. Ek spile er in tornadojager yn Twister (1996), fan regisseur Jan de Bont, as tsjinspiler fan Helen Hunt. Teffens hie Paxton yn 'e 1990-er jierren haadrollen in dûnkere drama's, lykas One False Move (1992) en A Simple Plan (1998). Foar syn rol yn 'e tillefyzjefilm A Bright Shining Lie waard er yn 1999 nominearre foar in Golden Globe.

 
Paxton yn april 2010.

Paxton regissearre de spylfilms Frailty (2001), dêr't er ek de haadrol yn spile, en The Greatest Game Ever Played (2005). Yn 2001, fjouwer jier nei't er yn 'e film Titanic spile hie, gied er mei regisseur James Cameron op ekspedysje nei it plak dêr't de echte RMS Titanic sonken wie. Ghosts of the Abyss, de dokumintêre dêroer, kaam yn 2003 út, en Paxton fersoarge dêr de voice-over by. Datselde jiers spile Paxton ek mei, as sheriff, yn 'e fideoklip fan it nûmer Eat You Alive, fan Limp Bizkit. Fan 2006 oant 2011 spile er fierders de haadrol fan Bill Henrickson yn 'e tillefyzjesearje Big Love, oer in polygamistyske mormoan dy't mei trije froulju troud is. Foar dy rol waard er trije kear nominearre foar in Golden Globe, yn 2007, 2008 en 2010. Fierders waard er yn 2012, tegearre mei syn tsjinspiler Kevin Costner, nominearre foar in Emmy Award foar harren rollen yn 'e minysearje Hatfields & McCoys.

Yn 2013 wie Paxton mei û.o. Denzel Washington en Mark Wahlberg te sjen yn misdiefilm 2 Guns, wêryn't er de rol fan in korrupte CIA-agint fertolke. Fierders spile Paxton yn 2014 de rol fan 'e smjunt John Garret yn 'e tillefyzjesearje Agents of S.H.I.E.L.D. Ek hied er datselde jiers in byrol as sersjant-ynstrukteur yn 'e film Edge of Tomorrow, mei Tom Cruise en Emily Blunt. Yn 'e mande mei Jon Bernthal, Rose McGowan en John Malkovich wied er in spylber personaazje yn it fideospultsje Call of Duty: Advanced Warfare, dat yn 2014 útkaam. Yn 2015 spile Paxton de rol fan Sam Houston, de earste presidint fan 'e Republyk Teksas, yn 'e minysearje Texas Rising, oer de Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch. En yn 'e postúm yn 2017 útstjoerde (mar yn febrewaris 2016 opnommen) tillefyzjesearje Training Day spile er resjersjeur Frank Roarke.

Priveelibben

bewurkje seksje

Paxton troude yn 1979 mei in Kelly Rowan, mar dat houlik einige al yn 1980 yn in skieding. Yn 1987 wertroude er mei in Louise Newbury, mei wa't er de rest fan syn libben troud bleau. Mei syn twadde frou hie Paxton twa bern, dochter Lydia en soan James Paxton, dy't ek akteur waard.

Bill Paxton litte al sûnt syn trettjinde oan in hertoandwaning (in skansearre aortyske hertklep), feroarsake troch in oanfal fan akute reuma. Op 14 febrewaris 2017 ûndergied er in iepenhertoperaasje yn it Cedars-Sinai Medical Center, in foaroansteand sikehûs yn Los Angeles, om 'e skea te reparearjen en tagelyk in aorta-aneurysma wei te nimmen. De útkomst wie net wat men derfan ferwachte hie, en in dei letter moast er op 'e nij in operaasje ûndergean om in skansearre krânsslachier te reparearjen. Oer de tsien dagen dêrnei gie syn tastân fluch efterút, en op 25 febrewaris 2017 krige er in oerhaal dy't er net oerlibbe.

Bill Paxton waard 61 jier âld. Syn stoflik omskot waard kremearre en byset op it Forest Lawn-begraafplak by Hollywood. Syn djipdrôven spanden in jier letter in rjochtsaak oan tsjin 'e sjirurch dy't de oarspronklike operaasje útfierd hie. Hja beskuldigen him derfan dat er "riskante en ûnkonvinsjonele" metoaden brûkt hie en sels net yn 'e operaasjekeamer oanwêzich wie doe't de tastân fan Paxton te lijen krige ûnder komplikaasjes.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1975 Crazy Mama John net fermeld op 'e ôftiteling
1981 Butcher, Baker, Nightmare Maker Eddie ek bekend as Night Warning
1981 Stripes soldaat #8
1983 Reckless "Bobo"
1983 The Lords of Discipline Gilbreath
1983 Mortuary Paul Andrews
1983 Taking Tiger Mountain Billy Hampton
1984 Streets of Fire barkeeper Clyde
1984 Impulse Eddie
1984 The Terminator strjitkrimineel
1985 Weird Science Chet Donnelly
1985 Commando plysje #1 by ûnderskepping
1986 Aliens marinier William Hudson wûn de Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur
1987 Near Dark Severen
1988 Pass the Ammo Jesse Wilkes
1989 Slipstream Matt Owens
1989 Next of Kin Gerald Gates
1989 Back to Back Bo Brand
1990 Brain Dead Jim Reston
1990 The Last of the Finest Howard "Hojo" Jones
1990 Navy SEALs Floyd "God" Dane
1990 Predator 2 resjersjeur Jerry Lambert
1991 The Dark Backward Gus
1992 One False Move sheriff Dale "Hurricane" Dixon
1992 The Vagrant Graham Krakowski
1992 Trespass Vince
1993 Boxing Helena Ray O'Malley
1993 Indian Summer Jack Belston
1993 Monolith Tucker
1993 Tombstone Morgan Earp
1994 Future Shock Vince
1994 True Lies Simon
1995 Apollo 13 Fred Haise wûn de Screen Actors Guild Award foar bêste cast
1995 The Last Supper Zachary Cody
1995 Frank and Jesse Frank James
1996 Twister Bill Harding nominearre foar de Saturn Award foar bêste akteur
1996 The Evening Star Jerry Bruckner
1997 Traveller Bokky
1997 Titanic Brock Lovett nominearre foar de Screen Actors Guild Award foar bêste cast
1998 A Simple Plan Hank Mitchell
1998 Mighty Joe Young prof. Gregory O'Hara
2000 U-571 luitenant-op-see Mike Dahlgren   
2000 Vertical Limit Elliot Vaughn
2001 Frailty heit Meiks ek regisseur
2002 Spy Kids 2: The Island of Lost Dreams "Dinky" Winks cameo
2003 Ghosts of the Abyss ferteller dokumintêre
2003 Resistance majoar Ted Brice
2003 Spy Kids 3-D: Game Over "Dinky" Winks cameo
2004 Broken Lizard's Club Dread "Coconut Pete" Wabash
2004 Thunderbirds Jeff Tracy as stimakteur
2004 Haven Carl Ridley
2005 Magnificent Desolation: Walking on the Moon 3D Edgar Mitchell koarte film
2007 The Good Life Robbie
2011 Haywire John Kane
2011 Tornado Alley ferteller dokumintêre
2012 Shanghai Calling Donald
2013 The Colony Mason
2013 2 Guns CIA-agint Earl
2013 Red Wing Jim Verret
2014 Million Dollar Arm Tom House
2014 Edge of Tomorrow sersjant-ynstrukteur Farell
2014 Nightcrawler Joe Loder
2015 Pixies Eddie Beck as stimakteur
2016 Term: Life resjersjeur Joe Keenan
2016 Mean Dreams Wayne Caraway
2017 The Circle Vinnie Holland postúm útbrocht
tillefyzje
1983 Deadly Lessons Eddie Fox tillefyzjefilm
1985 An Early Frost Bob Maracek tillefyzjefilm
1985 The Atlanta Child Murders Campbell minysearje
1986 Fresno Billy Joe Bobb minysearje
1986 Miami Vice resjersjeur Vic Romano gastrol; ôfl. Streetwise
1987 The Hitchhiker Trout gastrol; ôfl. Made for Each Other
1993 Tales from the Crypt Billy DeLuca gastrol; ôfl. People Who Live in Brass Hearses
1998 A Bright Shining Lie John Paul Vann tillefyzjefilm;
nominearre foar de Golden Globe foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
2003 Frasier Ernie gastrol; ôfl. Analyzed Kiss
2006–2011 Big Love Bill Henrickson fêste rol; 53 ôfl.
3 × nominearre foar de Golden Globe foar bêste akteur yn in dramasearje (2007, 2008, 2010)
3 × nominearre foar de Satellite Award foar bêste akteur yn in dramasearje (2006, 2007, 2009)
2012 Hatfields & McCoys Randolph McCoy minysearje
nominearre foar de Emmy Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
nominearre foar de Screen Actors Guild Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
2013 JFK: The Day that Changed Everything ferteller dokumintêre
2014 Agents of S.H.I.E.L.D. John Garrett weromkearende rol; 6 ôfl.
2015 Texas Rising Sam Houston minysearje
2015 The Gamechangers Jack Thompson tillefyzjefilm
2017 Training Day resjersjeur Frank Roarke fêste rol; 13 ôfl.; postúm útstjoerd
fideoklips
1980 Fish Heads haadpersoan nûmer fan Barnes & Barnes; ek regisseur
1982 Love Tap haadpersoan nûmer fan Barnes & Barnes
1982 Shadows of the Night nazy-ofsier nûmer fan Pat Benatar
1983 Soak It Up haadpersoan nûmer fan Barnes & Barnes
1984 Ah Ā byrol nûmer fan Barnes & Barnes
1986 How Can the Labouring Man Find Time for Self-Culture?    byrol nûmer fan Martini Ranch
1987 Touched by the Hand of God byrol nûmer fan New Order
1988 Reach haadpersoan nûmer fan Martini Ranch
2003 Eat You Alive sheriff nûmer fan Limp Bizkit
fideospultsjes
2015 Call of Duty: Advanced Warfare Kahn spylber personaazje

Produksjewurk

bewurkje seksje
Filmografy as regisseur, produsint en senarioskriuwer
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1977 The Egyptian Princess: An Unfolding Fantasy filmprodusint koarte film
1980 Saturday Night Live regisseur 1 ôfl.
1980 Fish Heads regisseur
útfierend produsint   
senarioskriuwer
fideoklip by it nûmer fan Barnes & Barnes
1981 Love Tap senarioskriuwer fideoklip by it nûmer fan Barnes & Barnes
1982 Scoop filmprodusint
senarioskriuwer
koarte film
1988 Reach filmprodusint fideoklip by it nûmer fan Martini Ranch
1988 How Can the Laboring Man Find Time for Self-Culture?    filmprodusint fideoklip by it nûmer fan Marini Ranch
1997 Traveller filmprodusint
2001 Frailty regisseur nominearre foar de Saturn Award foar bêste regisseur
2005 The Greatest Game Ever Played regisseur
2007 The Good Life útfierend produsint
2011 Tattoo regisseur
senarioskriuwer
2013 Parkland filmprodusint

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.