It Oerd en De Hon
It Oerd en de Hon binne natoergebieten fan dunen, kwelders en waad, op de eastpunt fan It Amelân. Oerd is neamd nei in ferdwûn doarp op It Amelân. Op it heechste dún fan it eilân, de Oerdblinkert (+24 meter) stiet in skûlhutte mei ynformaasjeboerd fan behearder It Fryske Gea.
It Oerd en De Hon | ||
It Oerd | ||
lokaasje | ||
neiste plak | It Amelân | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 1100 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
Helmplanten hâlde it stosân fêst, efter de earste dunerige is de boaiem al minder sâlt en ryk oan kalk. Yn de dellings groeie parnassia en strântûzengûnekrûd, op de dúntoppen dúnklimmer en blauwe seestikel. Ticht by it waad op de kwelder groeit kwelderkrûd, skieppe-ear en fliekrûd. By eb sitte der tûzenen fûgels dy ’t om fretten sykje. Koloanjes sulverkob, ûnwaarsfûgel en lytse sjouwerman. Leppelbekken briede sûnt 1994 yn de dunen. Yn it gebiet sitte mear as tweintich deiflinters en sechtich nachtflinters.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |