Malaysia Airlines-flecht 17

Malaysia Airlines-flecht 17, better bekend as MH17, wie in fêste fleanferbining yn 'e boargerloftfeart fan Amsterdam (Skiphol) nei de Maleizyske haadstêd Kuala Lumpur. Op 17 july 2014 stoarte in Boeing 777 fan 'e Maleizyske loftfeartmaatskippij Malaysia Airlines del by it doarp Hrabove, yn 'e eastlike Oekraïne, yn in gebiet dêr't op dat stuit in pro-Russyske opstân geande wie. Oan board wiene 298 minsken, wêrûnder 196 mei de Nederlânske nasjonaliteit. Der wiene gjin oerlibbenen. Troch de oarlochssitewaasje yn it gebiet ferrûn it bergjen fan 'e stoflike omskotten fan 'e slachtoffers en it ûndersyk op 'e crashsite tige muoisum. De oarsaak fan 'e fleanramp wie nei alle gedachten in besjitting troch pro-Russyske rebellen, dy't it passazjierstastel oanseagen foar in transporfleantúch fan it Oekraynske leger.

Malaysia Airlines-flecht 17
It belutsen fleantúch, fotografearre yn 2010.
It belutsen fleantúch, fotografearre yn 2010.
bysûnderheden
type ramp fleanramp
oarsaak delsketten
datum 17 july 2014
tiid 16.18 oere (EEST)
lân de Oekraïne
provinsje Donjetsk
plak Hrabove
statistiken
deaden 298
ferwûnen 0
net-ferwûnen 0
lokaasje
Malaysia Airlines-flecht 17 (Oekraïne)
Malaysia Airlines-flecht 17
Lokaasje fan 'e fleanramp yn 'e Oekraïne.

Begjin 2014 briek de Oekraïnekrisis út, wêrby't leden fan 'e Russyske minderheid yn de Oekraïne yn reäksje op it ôfsetten fan 'e pro-Russyske Oekraynske presidint Viktor Janûkovitsj en mei aktive stipe fan 'e Russyske presidint Vladimir Pûtin de wapens opnamen tsjin it nije, pro-Jeropeeske regear yn Kiëv. Earst konsintrearre it skeel him op it skiereilân de Krim, dat yn maart troch Russyske troepen beset en ûnrjochtlik anneksearre waard. Dêrnei ferpleatsten de swierrichheden har nei it uterste easten fan it Oekraynske fêstelân, dêr't pro-Russyske rebellen yn 'e provinsjes Donjetsk en Lûhansk fanút Ruslân bewapene en treend waarden. Oars as op 'e Krim, dêr't de krisis frijwol sûnder militêr treffen ferrûn wie, briek yn 'e eastlike Oekraïne in ûnmeilydsum útfochten boargeroarloch út, wêrby't de rebellen en it Oekraynske leger inoar mei swiere wapens bestookten.

Op 14 juny waard in Iljûsjin Il-76 fan it Oekraynske leger, dy't ûnderweis wie nei it ynternasjonale fleanfjild fan Lûhansk, troch de rebellen delsketten, wêrby't alle 49 ynsittenden omkamen. Op 29 juny makken Russyske parse-agintskippen bekend dat de rebellen by de ferovering fan in basis fan 'e Oekraynske Loftmacht in Bûk-raketsysteem bútmakke hiene, wêrmei't it harren mooglik waard om fleantugen fanôf grutte hichte del te heljen. Dyselde deis sette de saneamde Folksrepublyk Donjetsk in berjocht mei deselde ynhâld op Twitter, dat sûnt lykwols ferwidere is. Op 14 july waard in Antonov-26-transportfleantúch fan 'e Oekraynske Loftmacht troch de rebellen delsketten wylst it op in hichte fan 21.000 foet fleach. Neffens Amerikaanske ynljochtingetsjinsten suggerearre it bewiismateriaal dat it tastel fanôf Russysk grûngebiet delhelle wie. Op 16 july skeaten de rebellen noch in Oekraynske Sûchoi Sû-25-strieljager del.

 
It oangeande tastel yn 2011.

Ferskate loftfeartmaatskippijen hiene ein maart, by it útbrekken fan 'e fijannichheden yn 'e eastlike Oekraïne, harren fleanrûtes ferlein sadat dy net mear oer it oarlochsgebiet giene. Dêrûnder wiene Korean Air, Asiana Airlines en British Airways. Yn april warskôge de Ynternasjonale Boargerloftfeartorganisaasje regearings foar de risiko's dy't de boargerloftfeart boppe de eastlike Oekraïne rûn. De Amerikaanske Federal Aviation Administration (FAA) liet ek in warskôging útgean, mar dat gie oer de Krim en it gebiet besuden de crashsite fan MH17. Neffens it deiblêd De Telegraaf waard it Nederlânske regear trije dagen foar de ramp nochris spesifyk warskôge troch it Oekraynske regear, yn ferbân mei it delsjitten fan 'e Antonov-26. Yn totaal holden 37 loftfeartmaatskippijen oan mei it fleanen oer it oarlochsgebiet, en yn 'e wike foar de ramp trochkrústen sa'n 900 ûnderskate passazjiersfleantugen itselde gebiet as MH17. De measten dêrfan wiene flechten fan Aeroflot, Singapore Airlines, Ukraine International Airlines, Lufthansa en Malaysia Airlines. Op 1 july waard it loftrom boppe de provinsje Donjetsk troch it Oekraynske regear sletten ûnder de 26.000 foet (7.900 m), en op 14 july ûnder de 32.000 foet (9.800 m).

Malaysia Airlines-flecht 17 waard ûnderholden mei in Boeing 777, type 777-2H6ER, searjenûmer 28411, registraasje 9M-MRD. Dat wie de 84ste Boeing 777 dy't produsearre wie. It fleantúch ferrjochte syn earste flecht op 17 july 1997, persiis 17 jier foar de ramp, en waard nij oplevere oan 'e Maleizyske loftfeartmaatskippij Malaysia Airlines op 29 july 1997. It waard oandreaun troch twa Rolls-Royce Trent 892-motors en koe oant 282 passazjiers ferfiere (35 business class en 247 economy class). Foar de ramp hie it tastel 75.322 fleanoeren makke ûnder in totaal fan 11.434 flechten. It krige syn lêste ûnderhâldsbeurt op 11 july 2014, yn in hangaar fan Malaysia Airlines op 'e ynternasjonale lofthaven fan Kuala Lumpur. It fleantúch hie in ûnderhâldsskiednis sûnder technyske swierrichheden of ôfwikings, en it foarriedige rapport fan 'e Undersyksrie foar Feilichheid, fan 9 septimber 2014, konkludearre dat it tastel him yn in loftweardige kondysje befûn en dat der gjin inkele reden wie om oan te nimmen dat de ramp troch in technyske mankemint feroarsake wêze kinne soe.

 
In blommesee op Skiphol, ta oantins oan 'e slachtoffers fan 'e ramp.

Malaysia Airlines-flecht 17 hie in bemanning fan 15 persoanen, wêrûnder twa gesachfierders, Wan Amran Wan Hussin út Kuala Kangsar en Eugene Choo Jin Leong (Sineesk: 朱仁隆; pinyin-transliteraasje: Zhū Rénlóng) út Seremban. Der wiene ek twa ko-piloaten, Ahmad Hakimi Hanapi en Muhd Firdaus Abdul Rahim. Alle bemanningsleden hiene de Maleizyske nasjonaliteit. Eugene Choo Jin Leong wie in lid fan 'e Sineeske minderheid yn Maleizje; de oare trije piloaten wiene etnyske Maleiers.

Flecht 17 hie in totaal oantal fan 283 passazjiers, hoewol't der yn in Boeing 777 eins mar romte is foar 282 passazjiers. Dat der in passazjier "tefolle" wie, komt om't der ferskate poppen oan board wiene, dy't dus gjin eigen sitplak nedich wiene. Fan 'e passazjiers kaam it meastepart, sa'n 68%, út Nederlân. Yn de earste trije kolommen fan 'e tabel hjirûnder stiet de nasjonaliteit fan 'e passazjiers en bemanningsleden fan flecht MH17 fermeld sa't dy werjûn waard yn it media statement 7 fan Malaysia Airlines, fan 19 july 2014. De gegevens oer dûbele nasjonaliteiten waarden letter pas dúdlik, en binne foar de folsleinens tafoege.

nasjonaliteit tal passazjiers tal bemanningsleden dûbele nasjonaliteiten meiteld tal lju mei dûb. nasj.
  Nederlân 193 0   Fjetnam
  Belgje
  de Feriene Steaten
  Itaalje
  Maleizje
3
1
1
1
1
  Maleizje 28 15   Nederlân 1
  Austraalje 27 0
  Yndoneezje 12 0   Nederlân 1
  it Feriene Keninkryk 10 0   Súd-Afrika 1
  Belgje 4 0
  Dútslân 4 0   Nederlân 1
  de Filipinen 3 0
  Kanada 1 0   Roemeenje 1
  Nij-Seelân 1 0
totaal 283 15 totaal 12

Under de passazjiers wiene dus neffens de offisjele telling 193 Nederlanners, 28 Maleiziërs, 27 Australiërs, 12 Yndoneziërs, 10 Britten, 4 Belgen, 4 Dútsers, 3 Filipino's, 1 Kanadees en 1 Nijseelanner. Under de Nederlanners wiene twa Friezen, it troude pear Auke Dalstra en Aafke Dalstra-De Vries, fan 'e Gordyk.[1][2] Oan board wiene lykwols ek ferskate lju mei in dûbele nasjonaliteit. Under de lju dy't yn 'e offisjele berjochtjouwing troch de loftfeartmaatskippij foar Nederlanners oanmurken waarden, wiene 3 dy't ek de Fjetnameeske nasjonaliteit hiene en 1 elk dy't ek de Amerikaanske, Belgyske, Italjaanske, resp. Maleizyske nasjonaliteit hiene.

Fierders wie der ûnder de lju dy't as Maleiziërs opjûn wiene ek noch immen dy't ek in Nederlânsk paspoart hie. Itselde wie it gefal mei ien fan 'e Dútske passazjiers en in Yndonezyske pjut. Yn totaal komt dêrmei it tal slachtoffers mei de Nederlânske nasjonaliteit op 196. Dêrnjonken hie ien Brit behalven in Britsk paspoart teffens de Súdafrikaanske nasjonaliteit, wylst de iene Kanadees ek in Roemeensk paspoart hie.

Under de passazjiers wiene 3 poppen en 77 oare minderjierrigen. Behalven yndividuele passazjiers wiene der teminsten tweintich groepkes dy't yn famylje- of gesinsferbân reizgen, en yn it laadrom befûnen har twa hûnen en in stikmannich fûgels. Seis fan 'e passazjiers wiene ûnderweis nei de Tweintichste Ynternasjonale AIDS Konferinsje, yn it Australyske Melbourne. Ien fan harren wie heechlearaar Joep Lange, in AIDS-ekspêr en earder foarsitter fan it Ynternasjonaal AIDS Genoatskip, dat de konferinsje organisearre.

 
De rûte fan flech MH17.

Oare bekende ynsittenden wiene de Nederlânske PvdA-senator Willem Witteveen (in soan fan 'e eardere fise-premier en minister fan Finânsjes Johan Witteveen); Wim Bakker, de eardere foarsitter fan 'e PvdA-ôfdieling Zoetermeer; de Australyske skriuwer Liam Davison; de Maleizyske aktrise Shuba Jay; en de Foalendamske drummer Cor Schilder, fan 'e band Vast Countenance, dy't foar it ynstappen in foto fan it fleantúch op syn Facebook-side pleatste mei de tekst "Mocht hij verdwijnen, zo ziet hij d'r uit", ferwizend nei de ferdwining fan Malaysia Airlines-flecht 370, in fearnsjier earder.

Malaysia Airlines-flecht 17 sette op tongersdei, 17 july 2014 ôf fan 'e Amsterdamske lofthaven Skiphol om 12.14 oere Sintraaljeropeeske Simmertiid (CEST). De reis gie nei de Maleizyske haadstêd Kuala Lumpur, dêr't it fleantúch op freed, 18 july om 6.00 oere moarns pleatslike tiid (0.00 oere CEST) oankomme moast. By it yngean fan it Oekraynske loftrom, om likernôch 15.00 Eastjeropeeske Simmertiid (EEST) (14.00 oere CEST), stige it tastel yn oerlis mei de flechtlieding yn Dnjepropetrovsk fan 31.000 foet (9.450 m) nei 33.000 foet (10.060 m), om't it loftrom yn 'e eastlike Oekraïne fanwegen de oarlochssitewaasje ûnder de 32.000 foet sletten wie.

 
De earste stoflike omskotten komme oan yn Eindhoven.

Doe't MH17 oer it oarlochsgebiet boppe de provinsje Donjetsk fleach, en wylst de Oekraynske flechtlieding yn Dnjepropetrovsk dwaande wie mei de oerdracht fan 'e flecht oan 'e Russyske flechtlieding yn Rostov oan de Don, ferdwûn it fleantúch om 16.18 oere EEST (15.18 oere CEST) ynienen fan 'e radar. It die bliken dat MH17 delstoart wie westlik en noardwestlik fan it doarp Hrabove, yn 'e neite fan 'e stêd Torez, op likernôch 40 km fan 'e Russyske grins. Ien fan 'e doarpsbewenners filme it delkommen fan (in diel fan) it fleantúch mei de mobile tillefoan. It feit dat de brokstikken oer in gebiet fan 34 km² ferspraat leine, en dat de sturt op 10 km ôfstân fan 'e rest fan 'e fleantúch lei, wiisde derop dat it tastel heech yn 'e loft útinoar spat wie. Alle ynsittenden wiene dêrby om it libben kommen.

Likernôch 90 minuten neitiid, doe't dúdlik waard wat der bard wie, sleaten de Oekraynske autoriteiten it hiele Oekraynske loftrom foar de boargerloftfeart. Foto's fan 'e crashsite, dy't koart nei de ramp nommen binne, litte ferwrongen brokstikken fan 'e romp, wjukken en motors fan flecht MH17 sjen en teffens ferspraat lizzende bagaazje en oare persoanlike besittings en liken. In diel fan 'e brokstikken kaam yn in fjild deunby wenten telâne, en tsientallen stoflike omskotten foelen del yn ikkers en guon yn huzen.

 
Yn in lange staasje fan lykweinen wurde de stoflike omskotten fan Eindhoven nei Hilversum brocht.

Der waard yn 't earstoan in protte makke fan 'e ûnearbiedige wize dêr't de rebellen en de pleatslike bewenners op omgien hawwe soene mei de stoflike omskotten fan 'e ynsittenden, en boppedat waard melding makke fan grutskalige plonderings en dieverij fan bankpassen, creditcards, sieraden, mobile tillefoans en oare kostberheden. Meitiid belune dy berjochtjouwing stadichoan, en op 6 augustus moast de Nederlânske premier Mark Rutte foar de kamera tajaan dat fan 'e eardere rapportaazjes fan gaos en kriminaliteit op 'e crashsite nei alle gedachten net folle oan wie. Hoewol't der sûnder mis weardefolle dingen, lykas trouringen, ferdwûnen, is nea mei wissichheid fêststeld oft dy ûnder of pas nei de ramp weiwurden binne. Ek it omgean mei de liken bliek letter folle earbiediger west te hawwen as dat earst tocht waard.

It fuortheljen fan 'e stoflike omskotten fan 'e crashsite begûn frijwol daliks, mei't dy dêr yn 'e simmerhjittens net lang lizze bliuwe koene. De deis nei de ramp wiene 181 fan 'e 298 liken al fûn. Op 20 july waarden dy yn Torez yn kuolwagons laden, om nei Charkov ferfierd te wurden. De earste Nederlânske ûndersikers arrivearren op 21 july, doe't neffens de Oekraynske autoriteiten 282 lichems en 87 lichemsfragminten burgen wiene. Dyselde jûns noch waard úteinset mei it ferfier fan 'e stoflike omskotten oer it spoar fan Torez nei Charkov. Dêrwei waarden se mei twa transportfleantugen, in Lockheed C-130 Hercules fan 'e Nederlânske Loftmacht en in Boeing C-17 Globemaster III fan 'e Australyske Loftmacht, oerbrocht waarden nei Eindhoven Airport, yn Nederlân, om doe mei in plysje-eskorte yn in lange staasje fan lykweinen oer ôfsette snelwegen nei de Korporaal Van Oudheusdenkazerne yn Hilversum brocht te wurden, dêr't it identifikaasjeproses begjinne soe.

 
De Nederlânske flagge healstôk foar it stedhûs fan Hoarn, op 23 july 2014, de earste dei fan nasjonale rou sûnt 1962.

It ferfier en de ûntfangst yn Nederlân fan 'e stoflike omskotten gie mank mei grutte earbied en sober seremonieel, yn it bywêzen fan djipdrôven en fan pommeranten út Nederlân en de oare troffen lannen. By de oankomst fan 'e earste grutte groep lichems, dy't fanwegen romtegebrek yn 'e transportfleantugen ferdield wie oer ferskate dagen, wiene û.m. kening Willem-Alexander en keninginne Máxima oanwêzich, en waard it barren streekrjocht op 'e nasjonale tillefyzje útstjoerd. Foar 23 july waard yn Nederlân foar it earst sûnt it ferstjerren fan keninginne Wilhelmina, yn 1962, in dei fan nasjonale rou útroppen. Yn 'e folgjende moannen waard it oankomstritueel noch ferskate kearen werhelle, eltse kear dat der nije minsklike resten op 'e crashsite oantroffen waarden. De lêste kear dat dat foarfoel, wie yn april 2015. Tsjin dy tiid wiene alle slachtoffers identifisearre op 2 Nederlanners nei, dêr't gjin resten fan weromfûn binne.

It Nederlânske Iepenbier Ministearje beävensearre dat de ferstjerrensaktes fan frijwol alle 196 slachtoffers mei de Nederlânske identiteit, en dêropta ek fan dyjingen mei in oare nasjonaliteit dy't yn Nederlân wenne hiene, yn ien kear opmakke waarden. It wie de earste kear dat soks foar sa'n grut tal minsken tagelyk dien waard. Op 17 july 2017, persiis trije jier nei de ramp, waard yn Vijfhuizen, yn 'e neite fan Skiphol, it Nasjonaal Monumint MH-17 yn gebrûk nommen, besteande út in betinkingsbosk dêr't foar alle slachtoffers in beam oanplante wie, en in lange wand dêr't alle nammen fan 'e slachtoffers yn gravearre wiene. It monumint waard iepene troch kening Willem-Alexander en keninginne Maxima.

 
Nederlânske en Australyske plysjeminsken besjogge op 'e crashsite in brokstik.

Yn oerlis mei Maleizje, dat syn hannen fol hie oan 'e ferdwining fan Malaysia Airlines-flecht 370, earder yn 2014, en de Oekraïne, dat mei de boargeroarloch ek al mear as genôch eigen swierrichheden hie, waard oerienkommen dat Nederlân, as swierst troffen lân, it foartou nimme soe by it ûndersyk nei de fleanramp. Dat ûndersyk, dat ûnder auspysjes fan 'e Undersyksrie foar Feilichheid plakfûn, ferrûn lykwols tige dreech, fanwegen de aktive oarlochssitewaasje yn it crashgebiet. Der waard in Nederlânsk-Australysk-Maleizyske misje útstjoerd ûnder befel fan kolonel Cornelis Kuijs, fan 'e Keninklike Maresjesee, mar it duorre lang foar't dy feilich op 'e crashsite telâne koe, en doe moast de misje al rillegau wer weromlutsen wurde fanwegen it oplôgjen fan 'e boargeroarloch. Neitiid waarden noch ferskate lytsskaliger misjes útstjoerd, dy't weardefol bewiismateriaal sammelen.

De swarte doazen (de flightdatarecorder en de cockpitvoicerecorder) waarden koart nei de ramp troch de rebellen fûn en op 20 july te Donjetsk oerdroegen oan in Maleizyske delegaasje, dy't se trochjoech oan it ynternasjonale ûndersykstiim. Op fersyk fan Nederlân waarden se troch Britske saakkundigen útlêzen yn in laboratoarium yn it Ingelske Farnborough, dêr't fêststeld waard dat der net mei knoeid wie en dat de ynformaasje beholden bleaun wie. Der wie lykwols oant it momint fan 'e ramp neat nuvers te hearren op 'e cockpitvoicerecorder, en neat ûngewoans te sjen op 'e flightdatarecorder, wat it fermoeden dat it om in besjitting gie, fersterke. Yn 'e hjerst fan 2014 waarden ek de gruttere wrakstikken fan flecht MH17 burgen, dy't mei frachtweinen op transport set waarden nei Nederlân, en op 3 desimber oankamen op 'e Loftmachtbasis Gilze-Rijen.

 
In Bûk-raketsysteem.

De Nederlânske autoriteiten fierden tagelyk twa lykstrekich opgeande ûndersiken út, ien fan 'e Undersyksrie foar Feilichheid om simpelwei de oarsaak fan 'e ramp te bepalen, en dêrnjonken in strafrjochtlik ûndersyk troch it Nederlânsk Ministearje fan Justysje nei de dieders. Hoewol't it ûndersyk op dit stuit (mids 2015) noch geande is, waard yn in foarriedich rapport, dat de Undersyksrie op 9 septimber 2014 publisearre, stelt dat it (doe) beskikbere bewiismateriaal der op liek te wizen dat flecht MH17 delstoart wie troch tadwaan fan in "eksterne oarsaak". Dêrmei hold de Undersyksrie in slach om 'e earm, mar op grûn fan ynformaasje dy't neitiid nei bûten ta brocht is, waard dúdlik dat de ûndersikers de miening tagedien wiene dat Malaysia Airlines-flecht 17 it slachtoffer wurden wie fan in fanôf de grûn mei in stik loftdoelgeskut ôfsketten raket, wierskynlik it Bûk-raketsysteem dat om 'e tiid fan 'e ramp hinne út Ruslân wei oanfierd waard en daliks nei de crash halje-trawalje wer oer de grins werombrocht waard.

Oangeande it strafrjochtlik ûndersyk wurke Nederlân gear mei de oare leden fan it saneamde Mienskiplik Undersykstiim (Joint Investigation Team, JIT), te witten: Belgje, Austraalje, de Oekraïne en Maleizje. Behalven in wrakstik dat dúdlike spoaren liek te fertoanen fan in loftdoelraket, rjochte it strafrjochtlik ûndersyk him ek benammen op ferskate uterings op it ynternet troch de rebellen (op Twitter en Facebook) en op ôflústere tillefoanpetearen tusken rebellen, dêr't út blike soe dat de rebellen flecht MH17 oansjoen hiene foar in transportfleantúch fan 'e Oekraynske Loftmacht, en dêrom aktyf besocht hiene it tastel del te heljen. Doe't letter bliken die dat se ynstee in passazjiersfleantúch delsketten hiene, soene se yn panyk besocht hawwe de bewizen fan harren dieden te fertsjustermoanjen. It JIT beweart mear as 300 ûnderskate tsjûgenissen oangeande (dielen fan) dizze gong fan saken sammele te hawwen.

Fral it strafrjochtlik ûndersyk waard fan it begjin ôf oan tsjinwurke troch net inkeld de pro-Russyske rebellen yn 'e Oekraïne, mar ek troch Ruslân sels. Moskou hold lange tiid by heech en by leech fol dat flecht MH17 delhelle wie troch in Oekraynske strieljager mei as doel om 'e Russen de skuld op 'e lea te skowen. Doe't de bewizen har opsteapelen en dy teory net mear folholden wurde koe, hiene de Oekraïners it mei in eigen Bûk-raketsysteem dien. Mids 2015 kundige premier Rutte oan dat er der by de Feilichheidsrie fan 'e Feriene Naasjes op oankringe soe en stel in FN-tribunaal yn om 'e skuldigen te berjochtsjen, mar op 15 july drige Ruslân, dat in permaninte sit yn 'e Feilichheidsried hat, oer elts útstel yn dy rjochting in feto út te sprekken. Doe't Nederlân trochsette, makken de Russen op 29 july har drigemint wier troch in foarstel ta in FN-tribunaal te torpedearjen.

 
It oarlochsgebiet, mei yn rôs it gebiet dat op it momint fan 'e ramp yn hannen fan 'e rebellen wie. It dûnkerreade rjochthoekje is it gebiet dêr't op grûn fan analyze troch ekspêrs fan fêststeld is dat de raket der ôfsketten wêze moat.

Saakkundigen hawwe oanjûn dat in alternatyf wêze kinne soe dat de lannen fan it JIT no in eigen tribunaal sûnder formele goedkarring fan 'e FN oprjochtsje kinne. In twadde mooglikheid is dat Nederlân en syn bûnsgenoaten besykje om in FN-tribunaal oprjochte te krijen fia in stimming yn 'e Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes, dêr't alle lidsteaten sitting yn hawwe. In twatrêde mearderheid soe dêrfoar foldwaande wêze en gjin inkelde lidsteat hat dêr in fetorjocht. Sa'n tribunaal soe lykwols folle minder foech hawwe as ien dat mei goedkarring fan 'e Feilichheidsried oprjochte is, en Ruslân soe bgl. gjin inkele ferplichting hawwe om fertochten út te leverjen. It liket dan ek tige ûnwierskynlik dat de skuldigen efter de besjitting fan Malaysia Airlines-flecht 17 oppakt en berjochte wurde kinne sille salang't Ruslân harren de hân boppe de holle hâldt.

Op 13 oktober 2015 brocht de Undersyksrie foar Feilichheid syn definitive rapport nei bûten ta oer de ramp mei flecht MH17. Dêryn waard fêststeld dat de oarsaak fan 'e fleanramp in fan 'e grûn ôfsketten Bûk-raket wie, dy't deunby de cockpit fan it passazjiersfleantúch ûntplofte en it tastel folslein trochsingele mei lytse metaaldieltsjes. De piloaten wiene sûnder mis op slach dea, en it liket ûnwierskynlik dat de passazjiers noch langernôch libbe hawwe om har fan har lot bewust te wêzen. Teffens waard fêststeld dat de raket ôfsketten west hawwe moat út gebiet dat troch de pro-Russyske rebellen behearske waard. Ruslân kaam daliks swiere krityk op it rapport, dat iensidich opsteld wêze soe, mei konklúzjes dy't polityk motivearre wêze soene.

It JIT publisearre op 28 septimber 2016 syn rapport, wêryn't it tiim stelde der nei yngeand ûndersyk fan oertsjûge te wêzen en der boppedat ûnûntkrêftber bewiis foar fûn te hawwen dat flecht MH-17 delhelle is mei in loftdoelraket fan it type Bûk, dy't ôfsketten is út in ikker by Pervomaiskyj, yn gebiet dat doedestiden yn 'e hannen wie fan 'e pro-Russyske rebellen. Boppedat skreau it JIT yn syn rapport dat der net de minste twifel oer bestean koe, dat it oangeande loftdoelgeskut troch Ruslân oan 'e rebellen levere wie, koart tefoaren út Ruslân oanfierd wie en daliks neitiid halje-trawalje wer weromstjoerd waard nei Ruslan ta. Nei de iepenbiermakking fan dizze feiten waard der út Ruslân wei op 'e nij swiere krityk op it ûndersyk utere. Op 5 july 2017 waard bekendmakke dat de JIT-lannen oerienkommen wiene dat de ferantwurdliken foar de ramp mei Malaysia Airlines-flecht 17 yn Nederlân en troch in Nederlânske rjochter berjochte wurde sille.

Op 15 desimber 2017 waard bekend dat de Russyske luitenant-generaal Nikolaj Tkatsjev identifisearre wie as dejinge dy't nei alle gedachten de oarders joech foar de ferpleatsing fan 'e Bûk-raketlansearynrjochting yn 'e dagen foarôfgeande oan 'e fleanramp. It ûndersykskollektyf Bellingcat makke op 25 maaie 2018 bekend dat it yn gearwurking mei it Russyske ûndersyksplatfoarm The Insider de namme efterhelle hie fan in twadde hege Russyske militêr dy't by it delheljen fan flecht MH-17 belutsen wie: kolonel Oleg Ivannikov, in funksjonaris fan 'e Russyske militêre ynljochtingetsjinst GRU.

Op 24 maaie 2018 makke it JIT by wize fan tuskentiidske rapportaazje bekend dat út ûndersyk definityf bleken wie dat de Bûk-raket dêr't flecht MH-17 mei delhelle waard, ôfkomstich wie fan in raketlansearynrjochting fan 'e 53e Anty-Fleantúch Raketbrigade fan it Russyske Leger, stasjonearre yn Koersk. Boppedat wie fêststeld dat op 23 juny 2014 in konfoai fan likernôch fyftich fiertugen mei seis Bûk-raketynstallaasjes út Koersk wei nei it easten fan 'e Oekraïne ôfset wie. Op basis fan dizze útkomsten fan it ûndersyk stelden Nederlân en Austraalje op 25 maaie 2018 de Russyske steat oanspraaklik foar syn oandiel yn 'e fleanramp. Dyselde deis sleat in groep fan 130 neibesteanden, wêrûnder likernôch 100 út Nederlân, him oan by de rjochtsaak dy't troch de Amerikaanske abbekaat Jerry Skinner by it Jeropeesk Hôf foar de Rjochten fan de Minske tsjin Ruslân oanspand wie út namme fan 33 neibesteanden út Maleizje, Austraalje en Nij-Seelân. De skeaclaim dy't Skinner foar dy earste groep yntsjinne hie, bedroech $330 miljoen, dat mei de nije oanklagers sil de úteinlike skeaclaim tsjin Ruslân yn 'e miljarden rinne.

Op 17 septimber 2018 joech generaal Nikolaj Parsjin, in wurdfierder fan it Russyske Ministearje fan Definsje, in parsekonferinsje wêryn't er in alternative teory op 't aljemint brocht oer wat der mei flecht MH-17 bard is. Nei't Ruslân dat jierrenlang ûntkend hie, joech it no ta dat it ferkearsfleantúch delhelle wie mei in Bûk-raket, mar de oangeande Bûk-raket soe al yn desimber 1986 levere wêze oan in militêre ienheid fan it doetiidske Reade Leger dy't legere wie yn 'e Oekraïne. Sadwaande soe it wapen nei it ynstoarten fan de Sovjet-Uny yn 'e hannen kommen wêze fan it Oekraynske Leger. It soe dus de Oekraïners west hawwe, en net de Russyske opstannelingen yn 'e eastlike Oekraïne dy't stipe en fan wapens foarsjoen waarden troch Ruslân, dy't flecht MH-17 út 'e loft sketten hiene. Parsjin en generaal Igor Konasjenkov besochten dy teory te ûnderbouwen mei in ferskaat oan argyf- en fideomateriaal, mar se giene foarby oan beskate konklúzjes fan it JIT, mei as wichtichste punt dat it plak dêr't de raket wei ôfsketten wie, op dat stuit yn 'e hannen wie fan 'e Russen. Fierders krigen Nederlânske sjoernalisten op 'e parsekonferinsje net de mooglikheid om fragen te stellen. Westerske saakkundigen beskôgen de Russyske teory as in nij besykjen fan 'e Russen om harsels skjin te praten en/of om betizing te siedzjen, en ferwiisden de konklúzjes fan it Russyske Ministearje fan Definsje frijwol unanym nei de foddekoer.

Op 19 juny 2019 makke it JIT bekend dat der fjouwer persoanen yn steat fan beskuldiging steld wiene. Dêrby gie it om 'e Russen Igor Girkin, Sergej Dûbinskij en Oleg Pûlatov en om 'e Oekraïner Leonid Chartsjenko. Alle fjouwer wiene dy yn liedingjaande funksjes belutsen by de opstân yn 'e eastlike Oekraïne. De rjochtsaak tsjin harren set op 9 maart 2020 útein yn it Justisjeel Kompleks Skiphol yn Badhoevedorp. De fjouwer fertochten wiene net by harren proses oanwêzich. Girkin, Dûblinski en Chartsjenko wegeren mei te wurkjen. Pûlatov wurke wol en liet him fertsjintwurdigje troch in abbekaat, mar kaam sels net oer nei Nederlân. Op 17 novimber 2022 oardiele de rjochter dat Girkin, Dûblinski en Chartsjenko skuldich wiene oan massamoard. De trije mannen waarden by ferstek feroardiele ta libbenslange finzenisstraf. Pûlatov wie neffens de rjochter, oars as syn trije mei-beklagen, net aktyf skuldich oan it delheljen fan flecht-MH17, al hied er der wol kennis fan. Hy waard frijsprutsen.

Troch de ramp mei flecht MH17 is de eangstme ûnder passazjiers oangeande it fleanen oer oarlochsgebieten dramatysk oanboaze. Ferskate loftfeartmaatskippijen hawwe dêrom oankundige dat se dat net mear dwaan sille. Koart nei de crash liet Malaysia Airlines witte dat it gjin flechten mear útfiere sil mei flechtnûmer MH17. De fleanferbining tusken Amsterdam en Kuala Lumpur wurdt sûnt 29 july 2014 oantsjut as MH19.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. MH17: De Verhalen over de Slachtoffers
  2. Dag van Nationale Rouw yn: De Woudklank

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.