Fryske kultuer
De kultuer fan Fryslân, of Fryske kultuer, binne alderlei kultueruterings op it mêd fan sport, muzyk, film, toaniel en keunst yn Fryslân. Dêrnjonken moat ek tocht wurde oan Fryske tradysjes en oare besibbe saken.
Taal
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Frysk.
Frysk is de taal dy’t troch de minsken yn Fryslân sprutsen wurdt. De taal is sûnt 1995 te brûken yn it wetlik rjocht en kin de taal brûkt wurde yn gearkomsten fan de gemeenterieden en de Fryske Steaten. It is tsjintwurdich de twadde rykstaal fan Nederlân.
It Frysk hat ferskate gruttere en lytsere dialekten, mar oer it algemien wurdt de taal yndield yn it Klaaifrysk, Wâldfrysk, Súdhoeksk en Noardhoeksk. Ek binne der noch lytsere dialekten as it Aastersk, Hylpersk, Skylgersk en Skiermûntseachsk.
Nei de Fryske taal wurdt der, yn benammen de gruttere stêden, ek in soad Stedfrysk en Nederlânsk sprutsen. Yn It Bilt komt it Biltsk foar, dat lykas it Stedfrysk in mingtaal is fan it Frysk en Nederlânsk. Yn de Stellingwerven wurdt noch in soad Stellingwerfsk sprutsen, in Nedersaksysk dialekt.
Leauwe
bewurkje seksjeFryslân is ôfsetten tsjin Nederlân in provinsje dêr’t in soad minsken net leauwe. Dêr’t yn Nederlân 40,9% gjin godstsjinst oanhinget leit dat persintaazje yn Fryslân op 48,8%. De measte minsken yn Fryslân dy’t al in godstsjinst oanhingje binne Herfoarme (19,2%), Reformearre (19,1%) of Roomsk Katolyk (8,1%). De Islam en oare godstsjinsten hawwe yn totaal in persintaazje fan 4,8%.[1]
Sport
bewurkje seksjeFryslân is ferneamd om syn eigen sporten as fierljeppen, keatsen en skûtsjesilen. Elts jier wurdt de keatswedstriid de PC yn Frjentsjer organisearre, dat in soad media-omtinken opsmyt. Ek it skûtsjesilen krijt elts jier in soad omtinken en lûkt tûzenen minsken by de wedstriden
Fierders binne dêr noch de twa proffuotbalklups fan de provinsje: SK Cambuur Ljouwert en SK It Hearrenfean. It iisstadion Thialf op It Hearrenfean is it stadion dêr’t in soad nasjonale en ynternasjonale reedrydwedstriden hâlden wurde. Ek is dit de lokaasje dêr’t iishokkyferiening It Hearrenfean Flyers har wedstriden ôfwurket.
Literatuer
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Fryske literatuer.
Jierliks komme der likernôch 100 Frysktalige boeken út. It binne benammen literêre wurken. Non-fiksje komt allinne foar by ûnderwerp as de taalkunde, regionale skiednis en religieuze ûnderwerpen.[2] It meast ferkochte Frysktalige boek is de roman De Gouden Swipe (1941) fan Abe Brouwer.
De Stifting It Fryske Boek organisearre oant 2010 alle jierren de Fryske Boekewike, dêr ûnder oare it Fryske Boekewikegeskink by útjûn wurdt. Sûnt 2010 wurdt der alle jierren yn 'e hjerst de Moanne fan it Fryske Boek organisearre, mei in soad literêre aktiviteiten rûnom yn de provinsje.
Ferneamde Fryske skriuwers
bewurkje seksje(ûnfolslein)
Media
bewurkje seksjeDer wurde yn Fryslân ferskate kranten útbrocht dy't ek yn it Frysk skriuwe, de grutsten binne de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd. Ek hawwe in soad doarpen yn Fryslân in eigen doarpskrante.
Dêrnjonken is der Omrop Fryslân dy't Frysktalige telefyzje en radio útstjoerd.
Film
bewurkje seksjeYn it ferline binne der ferskate Frysktalige films makke.
- Kar út twa (1937)
- De Dream (1985)
- De Gouden Swipe (film) (1996)
- It Fryslân fan Pieter Verhoeff (1999)
- Nynke (2001)
- Kameleon Sjocht Yn It Waar (2002)
- Sportman fan de ieu (2006)
- Yn dat sykjen sûnder finen (2006)
Muzyk
bewurkje seksjeDer ferskine sa’n tweintich Frysktalige kompakt skiven it jier, almeast mei popmuzyk.
Ferskate Frysktalige nûmers hawwe de lêste jierren de nasjonale hitparades helle, lykas Bonkefeart fan Anneke Douma, In nije dei fan De Kast, en Wêr bisto fan Twarres. Dy lêste wie de earste Frysktalige nûmer ien ea yn de Nederlânske muzyklisten.
Sûnt 2004 stjoert Omrop Fryslân alle jierren op 31 desimber de Fryske Top 100 út, in samling fan 100 bêste Fryske nûmers neffens de stimmers. Sûnt 2006 wurdt alle jierren de Fryske Music Night organisearre. Ferskate Fryske en Nederlânske sjongers jouwe by dat barren optredens.
Ferneamde Fryske sjongers en groepen
bewurkje seksjeToaniel
bewurkje seksjeToaniel is nau besibbe mei de Fryske kultuer. Yn mear as 140 doarpen yn Fryslân is in amateurtoanielferiening. Guon fan dy ferienings fiere ek iepenloftspullen op, bygelyks yn Jorwert, Dronryp en De Himrik.
It grutste teater fan Fryslân stiet yn Ljouwert, de stêdsskouboarch De Harmonie. Dy skouboarch is sels ien fan de grutste fiif fan it lân.[3] Ek Drachten hat in skouboarch, dêr stiet De Lawei. Yn beide teaters wurde optredens jûn troch minsken en groepen dy’t nasjonaal en ynternasjonaal bekend binne. Fierders steane yn Ljouwert, Kollum, Frjentsjer, Boalsert, Snits en op It Hearrenfean ek noch teaters.
Tradysjes
bewurkje seksjeNjonken Sinteklaas op 5 desimber komt yn Grou op 21 febrewaris Sint Piter del. Op de eilannen kinne de minsken Sunneklaas.
Yn it súdeasten fan de provinsje wurde mei peaske wol peaskefjoeren oanstutsen. Ek is yn dy omkriten yn it ferline it begryp âldjiersploech ûntstean. Dizze ploegen helje om âld en nij hinne stunts út en dogge it ien en oar foar de mienskip fan harren doarp.
Eveneminten
bewurkje seksjeYn Fryslân wurde alle jierren tal fan eveneminten organisearre, dêr't guon fan tige goed oanskreaun steane, en dy't ek minsken fan bûten Fryslân en Nederlân lûke.
Hjirûnder in net folsleine list fan festivals yn Fryslân:
- Oerol (Skylge)
- Feanhoopfestival (De Feanhoop)
- Snitswike (Snits)
- Aaipop (Nijlân)
- Fryske Music Night (Ljouwert)
- Oerrock (Oerterp)
- Taptoe (De Harkema)
- Wâldrock (Burgum)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|