Psalmen
De Psalmen, yn it oarspronklike Hebriuwsk: תְהִלִּים, Ṯehillīm, foarmje in boek fan lyryske lieten yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach binne de Psalmen it 15de boek (fan 24) en falle se ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) binne se it 19de boek (fan 39) en hearre se ta de Poëzij en Wiisheid. It wurd "Psalmen" komt fan it Grykske Ψαλμοί, Psalmoi, dat "lieremuzyk" of "gesangen foar by de harpe" betsjut. Ornaris binne der 150 psalmen, dy't ferskate foarmen hawwe kinne, lykas hymnen, kleilieten, tanklieten en wiisheidslieten. De earste Fryske oersetting fan it folsleine bibelboek Psalmen, fan dû. Geart Aeilco Wumkes, kaam yn 1937 út.
Psalmen | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | תְהִלִּים ("Ṯehillim") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 10e – 6e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Job | |
● folgjend diel | Spreuken | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Psalmen | |
publikaasje | 1937, Amsterdam | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | Geart Aeilco Wumkes |
Oarsprong en skriuwer
bewurkje seksjeIt datearjen fan 'e yndividuële psalmen is dreech en gauris sels ûnmooglik bleken. Frijwat lykje ier yn 'e skiednis fan it keninkryk Israel skreaun te wêzen, yn 'e earste helte fan it earste milennium f.Kr. of noch earder, wylst oaren mooglikerwize fan nei de Babyloanyske Ballingskip binne (dy't yn 'e sechsde iuw f.Kr. plakfûn). Hoewol't in grut part fan 'e psalmen taskreaun wurde oan 'e bibelske kening David, is it hoegenamt net wis dat hy ek wier-wier de skriuwer wie.
Yn ferskate passaazjes út 'e Bibel komt David nei foarren as in muzikaal man, dy't û.m. de tramtearre en opsternate kening Saul mei syn harpspyljen delbêde, en sjongend en dûnsjend foar de Arke útgie by de yntocht dêrfan yn Jeruzalim. Yn 'e Deade-Seerôlen (11QPsa) wurde oan him allinnich al 3600 lofsangen taskreaun. Hy soe 73 fan 'e 150 bibelske psalmen skreaun hawwe, wylst guon oaren fan 'e profeet Moazes wêze soene. De mearderheid fan 'e moderne bibelwittenskippers sjocht de psalmen lykwols earder as it wurk fan ûnderskate anonime skriuwers of groepen skriuwers.
Bysûnderheden
bewurkje seksjeIn protte fan 'e psalmen hawwe boppeskriften dy't muzikale referinsjes en oare oanwizings jouwe, en yn guon gefallen sels in beskate meldij oantsjutte, dy't yn earder dagen, nei't men oannimme mei, rûnom bekend west hawwe sille; der is lykwols gjin muzikale notaasje oerlevere. De joadske tradysje dielt de Psalmen op yn fiif ûnderskate dielen, elkmis mei in eigen lofprizing, besteande út Psalm 1-41; Psalm 42-72; Psalm 73-89; Psalm 90-106; en Psalm 107-150.
De langste psalm is Psalm 119, dy't bestiet út 176 twaregelige fersen, yn groepkes fan 8 fersen wêrfan't yn it Hebriuwsk elk begjint mei ien fan 'e letters fan it Hebriuwske skrift. De koartste psalm is Psalm 117, dy't mar twa fersen omfettet, oftewol 26 wurden (yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978); mei it boppeskrift ynbegrepen komt it op 32 wurden. Mei't eltse psalm in apart haadstik foarmet, is dit it koartste haadstik fan 'e hiele Bibel. Yn acht nommen dat it foarhinne yn kristlike fermiddens yn Fryslân wenst wie om middeis nei it waarm iten in hiel haadstik út 'e Bibel foar te lêzen, waard yn 'e ûngetiid, as de boeren it razend drok hiene en sadwaande hastich wiene, yn 'e regel Psalm 117 lêzen; dan wie oan 'e religieuze ferplichtings foldien en koe men gau wer oan it wurk. Dêrfandinne dat Psalm 117 yn it Frysk de namme fan 'e Ungetiidspsalm krigen hat.
Bibelhaadstik | De Ungetiidspsalm Nije Fryske Bibeloersetting (1978) |
---|---|
Psalm 117 (boppeskrift skeanprinte) |
Loovje de Hear fan de folken Loovje de Heare, alle folken, ferheegje Him, alle naasjes, want machtich is Syn geunst oer ús en de trou fan de Heare is foar ivich. Halleluja. |
Oare psalmen
bewurkje seksjeNjonken de 150 kanonike psalmen binne der ek noch guon oare. Psalm 151, dy't troch de protestantske denominaasjes en de Roomsk-Katolike Tsjerke as apokryf beskôge wurdt, wurdt troch de meast eastersk-otterdokse tsjerken (û.m. Gryksk-Otterdokse Tsjerke, de Russysk-Otterdokse Tsjerke en de Georgysk-Otterdokse Tsjerke) wol as kanonyk erkend, en foarmet yn 'e measte eastersk-otterdokse Bibels dan ek gewoan ûnderdiel fan it boek fan 'e Psalmen. Guon oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, wêrûnder de Syrysk-Otterdokse Tsjerke, rekkenje behalven Psalm 151 ek de Psalmen 152-155 ta de kanon. Fierders binne der dan noch de saneamde Psalmen fan Salomo, achttjin psalmen dy't ek fan joadske oarsprong binne en dy't nei gedachten oarspronklik yn it Hebriuwsk skreaun west hawwe moatte, mar dy't inkeld oerlevere binne yn Grykske en Syryske oersettings. Dy psalmen wurde troch gjin inkelde wichtige hjoeddeiske joadske of kristlike groep as kanonyk sjoen.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe Fryske oersetting fan 'e Psalmen giet werom op in Aldfrysk hânskrift út 'e tolfde iuw, dêr't yn it Frysk glossen oanbrocht wiene by de fierders Latynsktalige tekst. Yn 'e santjinde iuw makke Gysbert Japiks in fyftichtal Frysktalige psalmeberimings. Yn 1856 ferskynde yn it blêd Iduna in nijmakke Aldfryske oersetting fan Psalm 2 ûnder de titel The Òthera Psalm (Prôve fon aldfrîske boekstoyinge). Psalm 139 en in stikmannich fragminten út Psalmen 19, 90 en 126 waarden oerset troch Gerben Colmjon en yn 1863 útjûn as taheakke by dy syn Beknopte Friesche Spraakkunst. Gerben Postma fertaalde yn 1906 Psalmen 1, 3, 4, 6, 12, 18-20 en 22-25, wêrfan't de printkladde yn besit is fan Tresoar. Yn 1913, resp. 1914 kamen Psalm 98 en Psalm 25 út yn it tydskrift Yn ús eigen tael, yn in oersetting fan Gerben Postma en Pieter de Clercq, wylst dyselde beide mannen yn 1911 harren fertaling fan Psalm 15 en 23 al apart útjûn hiene. Dû. Geart Aeilco Wumkes joech yn 1919 yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. oersettingsfragminten fan eigen hân fan Psalmen 77, 107 en 137 út.
De earste folsleine oersetting fan 'e Psalmen yn it Frysk, ek fan Wumkes, ferskynde yn 1937 yn in aparte útjefte ûnder de titel It Boek fen de Psalmen. Nei't Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma mei de útjefte fan harren Alde Testamint yn 1943 de earste folsleine bibeloersetting foltôgen, makke It Boek fen de Psalmen dêr ûnderdiel fan út. Mar om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel. Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan 'e Psalmen waard dêrby dien troch dû. R. Bijl, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Ulbe van Houten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|